107 (mei Arjan Hut) Ta de nominalisearjende efterheaksels -ENS en
HEID. It Beaken 65, 19-39. 2003
Eric Hoekstra en Arjan Hut
Ta de nominalisearjende efterheaksels -ENS en -HEID
Frisian has two suffixes which build nouns from adjectives, -ENS and -HEID.
-HEID, but not -ENS, also occurs in Dutch. We will argue that the distribution of
-HEID in Frisian is sensitive to the distribution of -HEID in Dutch. -HEID tends to
occur more easily in words which are similar in both languages. We will further
argue that -ENS tends to be found in exclusively Frisian words. Thus -ENS seems
to be used as a marker of distancing. This correlates with the fact that -ENS is
much more productive in written Frisian than in spoken; note that written Frisian is
much more distanced from Dutch than the spoken language. We will furthermore
critically discuss some existing accounts of the distribution of -ENS and - HEID. Our
account sheds light on the way in which a bilingual situation affects the grammar of
the language that is under pressure from a status language.
1. Ynliedende opmerkingen [noat 1]
1.1. It empiryske probleem
Dêr't it Nederlânsk haadwurden fan eigenskipswurden ôfliedt mei it efterheaksel
-HEID, hat it Frysk njonken -HEID ek noch it efterheaksel -ENS ta syn foldwaan. In
pear foarbylden yllústrearje dat:
(1) a. Nederlânsk: speelsheid
b. Frysk: boartlikheid, boartlikens
(2) a. Nederlânsk: denkbaarheid
b. Frysk: tinkberheid, tinkberens
It is lykwols net sa dat -ENS en -HEID yn it Frysk inoar altyd (like maklik) ferfange
kinne, lykas yn boppesteande foarbylden al it gefal is. Somtiden is ien fan beide
efterheaksels of hielendal útsletten of komt it folle minder foar. Nim bygelyks in
wurd as "smoarch":
(3) -HEID útsletten a. smoargens b. * smoarchheid
Yn dit foarbyld is -HEID útsletten, en allinne -ENS mooglik. De oare kant út binne
der ek foarbylden dat -ENS útsletten liket:
(4) -ENS útsletten [sjoch ek noat 2] a. wiisheid b. * wizens
Dat bytiden is allinne -HEID mooglik, bytiden allinne -ENS en bytiden binne beide
mooglik. Dan riist as fansels de fraach dy't it sintrale empiryske probleem fan dit
artikel is:
(5) Wat is it systeem yn de distribúsje fan de efterheaksels -ENS en -HEID yn it
Frysk?
1.2. It teoretyske probleem
It teoretyske probleem hat te krijen mei it feit dat Frysk net in ûnôfhinklike taal is. As
der al minsken binne dy't it grutste part fan 'e tiid Frysk prate, skriuwe, lêze en
hearre, dan foarmje se in lytse minderheid. By in ûnôfhinklike taal is der in
mearderheid fan minsken dy't it grutste part fan 'e tiid dy taal praat, skriuwt, heart of
lêst. By it Frysk is dat net it gefal. Dat it Frysk is sosjologysk en polityk besjoen
earder in dialekt as in taal (Breuker 1993,2001a).
It is in feit dat de measte Fryskpraters in grut part fan 'e tiid Hollânsk prate, skriuwe,
lêze en hearre, wat by einsluten in gefolch fan de sosjaal-politike ôfhinklikens fan
Fryslân fan Hollân is. Dêr komt by dat Hollânsk de statustaal is, en foar master
opslacht yn de media en yn it ûnderwiis. De fraach is no: as der sa'n foarm fan
asymmetryske twataligens is, hat dat dan ek gefolgen foar de taalfeiten? Sjölin
(1976) hat dy fraach mei ja beändere, en hiele listen mei "ynterferinsjes" jûn,
gefallen dat it Frysk oanwiisber troch it Hollânsk beynfloede is.
It begryp "ynterferinsje" tsjut al oan dat sprekkers de talen net útinoar hâlde. Sa't yn
'e foarige ieu it Hollânsk fan Fryskpraters troch har Frysk yngeand beynfloede
waard, sa wurdt yn ús tiid it Frysk fan Fryskpraters yngeand troch har Hollânsk
beynfloede. It teoretysk probleem is:
(6) Hoe fertaalt de asymmetryske ferhâlding tusken Hollânsk en Frysk him nei de
distribúsje fan -ENS en -HEID yn it Frysk?
En dat is dan in spesjaal gefal fan de algemiene fraach nei hoe't taalkontakt en
dêrtroch taalferoaring yn syn wurken giet. By taalkontakt moatte wy net allinne tinke
oan sosjale ynteraksje tusken Fryskpraters en Hollânskpraters, mar ek en
benammen oan de gefolgen fan it feit dat Fryskpraters sels ek Hollânskpraters
binne: der is ek yntellektuele ynteraksje tusken de grammatika's en
wurdfoarrieden fan Frysk en Hollânsk yn ien en deselde holle.
1.3. Oarsprong taalmateriaal en grammatikaliteitsoardielen
Wy hat it yn it artikel oer "it Frysk" en dan fersteane wy dêrûnder it skreaune Frysk.
De relaasje tusken sprutsen Frysk en skreaun Frysk is net it ûnderwerp fan dit
artikel, al soe it fansels nijsgjirrich wêze om ek sprutsen data yn it ûndersyk te
beheljen. Wy sille ús data fierhinne út de Taaldatabank Nijfrysk helje. De
Taaldatabank Nijfrysk is in database dêr't allegear tweintichste-ieuske teksten yn
ynlêzen binne, mei-inoar sa'n 24 miljoen wurden. [noat 3] Dat soe út 'en rûgens
ekwivalint wêze oan sa'n 400 pocketboeken, dit om in idee te jaan fan de gruttens
fan 'e Taaldatabank.
It materiaal is yn ûnderskate staveringen: de nije stavering (likernôch 1980 oant
no), de akadeemjestavering (likernôch 1945 oant 1980) en de selskipsstavering
(1879 oant 1945). Dat betsjut dat wy by sykfragen by HEID ek op -HEIT sykje
moatte. Yn de foarbylden ha wy om praktyske redenen gewoan -HEID (net: -HEID /
-HEIT) skreaun, útsein as wy ynteressearre binne yn de tiid dat beskate
foarmingen mei -HEID har foardogge.
It ynlêzen materiaal komt fan ûnderskate tekstsoarten: krante-artikels,
beliedsstikken, wittenskiplike stikken, flotte lektuer, literatuer. De boarne is yn de
Taaldatabank by it materiaal oanjûn. Der is by de wurden gjin taalkundige
ynformaasje taheakke. Dat betsjut dat de taaldatabank mei oerlis brûkt wurde
moat. Om in foarbyld te jaan, net alle wurden op -ENS yn de taaldatabank befetsje
it efterheaksel -ENS. In foarbyld is bygelyks it bywurd "aansens", dat neat mei it
nominalisearjend efterheaksel te krijen hat, of de doarpsnamme "Peasens". It is
dus foargoed saak om de foarbylden út de Taaldatabank hieltyd goed troch te
nimmen. Wy sille it korpus yn de Taaldatabank Nijfrysk brûke om ús eigen
yntuysjes en dy fan oaren oangeande de distribúsje fan de efterheaksels -ENS en
-HEID te hifkjen.
1.4. Gearfetting fan dit artikel
De struktuer fan dit artikel is alsa. Yn seksje 2 besprekke wy earst in pear
ferskillen tusken -ENS en -HEID dy't ek fan ynfloed binne op de distribúsje derfan,
mar dêr't wy fierders neat oer te sizzen ha. Dy ferskillen ha te krijen mei
grammatikale en semantyske ferskillen tusken beide efterheaksels (seksje 2.1.
en 2.2.). Fierders wize wy yn seksje 2.3 op it feit dat -ENS fral in skriuwtalich
fenomeen is. Yn seksje 2.4. wurdt de hypteze prissentearre dat -ENS gefoelich is
foar de "fryskens" (it net Nederlânsk wêzen) fan it morfeem dêr't it him oan hechtet.
Oars sein, -ENS is in morfeem dat brûkt wurdt om distansjearring foar it
Nederlânsk oer fuort te sterkjen. Dat strykt mei it skriuwtalige karakter fan -ENS. De
Fryske skriuwtaal distansjearret him ommers mear fan it Nederlânsk as de Fryske
sprektaal.
Der binne yn de literatuer regels útsteld dy't de distribúsje fan -ENS korrekt
beskriuwe soene. Dy regels binne net basearre op in korpus fan taalmateriaal mar
op de eigen yntuysjes fan de ûndersiker. Dat lêste is legitym, mar kin, sa't wy sjen
litte sille, in te beheinde en idiosynkratyske fisy op de feiten opsmite. In korpus
lykas de Taaldatabank Nijfrysk befettet no ienris net taalfeiten fan mar ien spesifyk
persoan mar dy fan meardere persoanen, en soks jout in wider fiemjend
eachweid oangeande de feiten; fral as in ûndersiker de eigen yntuysjes dy't er
berapportearret as representatyf foar de hiele taalmienskip beskôget. De troch
oaren útstelde regels sille wy hifkje yn seksje 3. Wy litte sjen yn hoe fier as de
útstelde regels rillevant binne. Dat hâldt ek yn dat wy tsjinfoarbylden prissentearje
tsjin de útstelde regels. Opmerklik is dat der in patroan yn de problemen foar de
oare regels liket te wêzen. It aardige is dan dat de tendinsje dy't wy by wize fan
hypteze postulearre ha it patroan yn de tsjinfoarbylden fan de troch oaren útstelde
regels fierhinne beskriuwt. Dat wol net sizze dat de troch oaren útstelde regels
oerstallich binne. Us konklúzje sil dan ek wêze dat wy by de distribúsje fan -ENS
net mei hurde regels mar mei tendinsjes te krijen ha. Ien fan dy tendinsjes, better
net te witten noch net earder útsteld, is dat -ENS him by útstek hechtet oan
eksklusyf "Fryske" morfemen.
2. Observaasjes oangeande -ENS
2.1. Telberens
In opmerklik ferskil tusken -ENS en -HEID is dat -HEID in efterheaksel is mei in
meartalsfoarm en in ferlytsingsfoarm, wylst -ENS noch in meartalsfoarm noch in
ferlytsingsfoarm hat:
(7) Inkeldtal: idelheid / idelens
(8) Meartal: idelheden / * idelensen
(9) Ferlytsing: idelheidsje / * idelenske
De ôfwêzigens fan de foarmkategoryen "meartal" en "ferlytsing" betsjut fansels ek
dat de semantyske effekten dy't dêrmei gearhingje foar -ENS ôfwêzich binne.
2.2. -ENS hast hielendal ôfwêzich as earste lid fan gearstalling
Hoekstra (1990) wiist derop dat ôfliedingen mei -HEID faker semantyske
spesjalisaasje ûndergeane as ôfliedingen op -ENS. Hy relatearret dat oan it feit
dat der by -ENS gjin meartal en ferlytsing mooglik is, hoewol't it krekte aard fan it
ferbân ûndúdlik bliuwt. Fierder skriuwt er ek: "De grotere semantische
transparantie van -ENS blijkt ook uit het feit dat -ENS, behalve dat het geen
meervoud en verkleinvorm toelaat, ook niet kan optreden als eerste lid van een
samenstelling." Hoewol't ek hjir ûndúdlik is wêrom oft der in ferbân wêze soe
tusken semantyske transparânsje fan wurdparten en it foarkommen fan wurden yn
gearstallingen, is de observaasje sels fierhinne korrekt en nijsgjirrich. Besjoch de
neikommende foarbylden:
(10) -HEID yn it lofterlid fan in gearstalling
a. fruchtberheid - fruchtberheidsgod
b. ûnbewenberheid - ûnbewenberheidsferklearring
c. twatalichheid - twatalichheidsûndersyk
(11) gjin -ENS yn it lofterlid fan in gearstalling
a. fruchtberens - * fruchtberensgod
b. ûnbewenberens - * ûnbewenberensferklearring
c. twataligens - * twataligensûndersyk [noat 4]
As wy by wize fan stekpriuwke sykje yn de taaldatabank op gearstallingen mei
-HEID yn it lofterlid, en in twadde lid dat begjint mei in G- (dit om it tal foarbylden
beheind te hâlden), dan fine wy 38 soksoartige gearstallingen (inkeldtal en
meartal binne apart teld). Dy binne hjirûnder jûn, mei it tal foarkommens tusken
heakjes der efter:
(12) Wurden mei -HEIDSG- [noat 5]
betrouberheidsgraad (1) boasheidsgongen (1) feilichheidsglês (1)
feilichheidsgefoel (1) ferantwurdlikheidsgefoel (6) frijheidsgjalp (2) frijheidsgefoel
(1) fruchtberheidsgoaden (2) fruchtberheidsgod (2) gelegenheidsgedicht (1)
gelegenheidsgedichten (5) gelegenheidsgedichtsjes (1) gelegenheidsgenre (1)
gelegenheidsgerimel (2) gelegenheidsgesicht (1) gelegenheidsgroep (1)
ienheidsgefoel (2) ienheidsgefoelens (1) ienheidsgroei (1) jonkheidsgloarje (2)
keinheidsgurdlen (2) minderheidsgebieten (5) minderheidsgroep (6)
minderheidsgroepearring (1) minderheidsgroepearingen (6)
minderheidsgroepearrings (2) minderheidsgroepen (13)
minderweardichheidsgefoel (14) minderweardichheidsgefoelens (4)
minskheidsgroei (1) neatichheidsgrûn (1) reedlikheidsgefoel (1)
reinheidsgebrûken (1) rjochtfeardichheidsgefoel (2) swierrichheidsgraad (3)
weardichheidsgefoel (1) werklikheidsgehalte (1) wierheidsgehalte (4)
wurkgelegenheidsgroei (1)
Gearstallingen mei -ENS yn it lofterlid fine wy dêrfoaroer hast hielendal net.
Wy kinne ek noch in oar stekpriuwke nimme. Dan ferlykje wy fan in seldichste
foarm op -ENS en op -HEID it foarkommen as wurd en it foarkommen as lofterlid.
Dat as wy in foarm as "minderweardichheid" ha, dan kinne wy dat as wurd ferlykje
mei "minderweardigens", en wy kinne se as lofterlid fan in gearstalling meiinoar
ferlykje:
(13) Foarkommen as wurd versus foarkommen as lofterlid fan gearstalling
minderweardichheid: 6x as wurd - 60x as lofterlid
minderweardigens: 16x as wurd - 1x as lofterlid
Wy obstrewearje in asymmetry tusken it foarkommen as wurd en it foarkommen
as lofterlid fan in gearstalling: -ENS is hast hielendal útsletten as lofterlid fan in
gearstalling. Hoekstra syn observaasje kriget fan datoangeande stipe fan de
taaldatabank. Fraach is fansels: wêrom soe dit sa wêze? As -ENS as wurd
foarkomme kin, dan soe it doch ek as lofterlid fan in gearstalling foarkomme kinne
moatte. Wy komme dêr yn 'e rin fan it artikel op werom.
2.3. -ENS as skriuwtalich fenomeen
Ut de perioade fan it Midfrysk, dy't rint fan 1550 oant 1800, binne rûchwei krekt wat
mear as in miljoen wurden bewarre bleaun. Dy wurden sitte yn de Taaldatabank
Midfrysk dy't op Ynternet publisearre is (http://www.fa.knaw.nl/midf/index2.html). Yn
dat korpus kin mei de kompjûter socht wurde op ôfliedingen op -ENS. It docht
bliken dat der yn it Midfrysk mar in bytsje -ENS-ôfliedingen binne, 20 om krekt te
wêzen:
(14) -ENS-ôfliedingen yn it Midfrysk (omstavere nei it Nijfrysk)
âldens barskens blidens bûntens djoerens dommens drystens fettens fierens
frjemdens fûlens gauwens gelikens goedens grutskens leffens lilkens moaiens
snoadens wyldens
Opmerklik is fierder dat alle foarkommens út de achttjinde ieu komme, dus oan 'e
ein fan it Midfryske tiidrek. Oan de foarm fan de wurden op -ENS falt op dat it
allegearre twawurdliddigen binne, dus in ienwurdliddich wurdpart folge troch
-ENS. [noat 6]
Yn it Midfrysk wie der amper sprake fan in skriuwtaaltradysje (Feitsma 2001).
Hjoeddedei is dat foargoed oars. Sûnt de Romantyk is der sprake fan in konstante
produksje fan boeken, artikels en tydskriften yn it Frysk. Mei de skriuwtaal ûntstiet
as fansels in ferskil tusken skriuwtaal en sprektaal. Wy ha yn de taaldatabank in
grut tal wurden mei -ENS fûn. Yn it sprutsen Frysk fan al-den-dei is -ENS folle
minder faak oanwêzich, likemin as -ENS yn it Midfrysk prominint oanwêzich wie. It
sil dêrom net in al te kontroversjele útspraak wêze as wy stelle:
(15) -ENS is in markearder fan skriuwtaal.
Mei (15) beskriuwe wy in tendinsje. It is fansels net sa dat alle foarkommens fan
-ENS sûnder útsûndering skriuwtaal markearje. Der falt lykwols net oan te
ûntkommen dat der in ferskil is tusken sprutsen en skreaun Frysk wat it tal
foarkommens fan wurden op -ENS oanbelanget.
2.4. Formulearring fan de hypteze
Wannear't wy weromgeane nei de efterheaksels -ENS en -HEID en dy yn beide
talen, Frysk en Hollânsk, ferlykje, dan kin in elemintêr ferskil obstrewearre wurde:
-ENS komt net foar yn it Hollânsk, mar -HEID al, wylst se beide yn it Frysk
foarkomme. Dat -HEID yn it Hollânsk foarkomt, sil gefolgen ha foar -HEID yn it
Frysk, en, om't -HEID en -ENS konkurrearjende efterheaksels binne, sil it ek
gefolgen ha foar -ENS yn it Frysk. Men soe it neikommende ferwachtsje kinne:
(16) Fryske -HEID foarmen krije stipe fan har Hollânske wjergaders yn it gefal dat
dy lêsten tige frekwint binne. Dêr't -HEID yn it Frysk dy Hollânske stipe mist, sil
-ENS it navenant better dwaan, want -ENS en -HEID binne yn it Frysk
konkurrearjende efterheaksels.
-ENS liket te funksjonearjen as in markearder fan typysk Frysk taalgebrûk en as in
manier om de taal fan it Hollânsk te distansjearjen. Mei (16) ha wy de empiryske
hypteze fan it artikel formulearre. Under sille wy sjen dat dy ferwachting yndie
útkomt. Yn 'e neikommende seksje sille wy earst hifkje wat oaren oer de
distribúsje fan -ENS te sizzen ha.
3. Tendinsjes yn 'e distribúsje fan -ENS
3.1. Klam
Wy seagen yn seksje 2.3. al dat alle foarbylden fan -ENS ôfliedingen yn it Midfrysk
twawurdliddich binne en de klam op it earste wurdlid ha. Oars sein, -ENS stiet
daalks njonken de klam. No hat Van der Meer yn in rige fan trije artikels (1986,
1987 a,b) sjen litten dat klam ek yn it Nijfrysk fan ynfloed is op de distribúsje fan
-ENS. Hy klaait syn ferhaal wat oars yn, mar komt by deselde ginneralisaasje út.
Neffens him ha talen in oanstriid en stribje, as it heal kin, nei in ôfwikseling fan
beklamme en ûnbeklamme wurdlidden. [noat 7]
No is it sa dat -ENS gjin klam drage kin, en -HEID al (sekundêre klam). Dat de
ritmeregel fan Van der Meer foarseit dan dat -ENS him fral oan beklamme
wurdlidden hechtsje sil, en -HEID fral oan ûnbeklamme wurdlidden.
Ienwurdliddige morfemen lykas "tûk" of "kjel" binne altyd beklamme, en dus is
neffens de foarsizzing fan Van der Meer dêr allinne -ENS mooglik.
Der is aardich wat evidinsje te'n geunste fan Van der Meer syn ritmeregel. Van der
Meer wiist der sels op (ek Tamminga 1963) dat -ENS him mear as -HEID hechtet
oan ienwurdliddige morfemen. Yn de taaldatabank kinne wy dêr maklik foarbylden
fan fine:
(17)
tûkens - tûkheid 30 - 0
kjellens - kjelheid 48 - 0
batskens - batskheid 10 - 0
"Tûkheid" bygelyks soe neffens Van der Meer net foarkomme want dan stjitte twa
beklamme wurdlidden opinoar; -HEID is dêr fansels sekundêr beklamme. Yn it
Hollânske "domheid" is it fansels ek sa dat der twa beklamme wurdlidden opinoar
stjitte, mar dêr is gjin alternatyf efterheaksel lykas -ENS. De ritmeregel is fan
tapassing as der in kar is.
Lykwols binne der útsûnderingen op dat patroan, lykas Van der Meer sels ek
tajout. In stealtsje foarbylden folget ûnder:
(18) wierheid - wierens 2637 - 19
frijheid - frijens 1257 - 38
wiisheid - wizens 245 - 34
dwaasheid - dwazens 166 - 5
By dizze wurden is krekt de foarm op -HEID it normale gefal, wylst de foarm op
-ENS útsûnderlik is. De fraach is no oft de útsûnderingen op de tendinsje domwei
útsûnderingen binne, dy't yn in apart listje opsomme wurde moatte, of dat der
dochs ek wer in tendinsje yn 'e útsûnderingen te ûntdekken is.
3.2. In tendinsje yn 'e útsûnderingen
Besjoch nochris de útsûnderingen, no mei har Hollânske wjergaders derby:
(19) wierheid 2637 wierens 19 waarheid frijheid 1257 frijens 38 vrijheid wiisheid
245 wizens 34 wijsheid dwaasheid 166 dwazens 5 dwaasheid
It falt op dat de útsûnderingen yn it foarste plak frekwinte wurden binne en dat se
twad frijwat op de Hollânske wjergaders lykje. Dat bringt ús der ta om
ûndersteande hypteze oer it brûken fan -ENS en -HEID te formulearjen.
(20) -ENS-distansjearringstendinsje As in Frysk wurd gjin derop lykjende
Hollânske wjergader hat, wurdt -ENS makliker brûkt as -HEID.
Dy hypteze ûnderstelt dat der by -ENS sprake is fan in distansjearringseffekt. -ENS
sels hat gjin op himsels lykjende wjergader yn it Hollânsk, en soe him dan by
útstek hechtsje oan wurden dy't ek gjin op harsels lykjende wjergader yn it
Hollânsk ha. -ENS wurdt sa brûkt, mei de wurden dêr't it him oan hechtet, om
distansjearring fan it Hollânsk te wei te bringen.
Mar fansels is der ek sprake fan in tsjinoerstelde tendinsje, dy fan beynfloeding
troch en konformearring oan it frekwinte en rûnom te beharkjen Hollânsk. It Fryske
-HEID wurdt troch de fiergeande oerienkomst yn fonologyske foarm, ortografyske
foarm en morfologyske funksje relatearre oan it Hollânske -HEID. [noat 8] It Fryske
-HEID hat in machtige bûnsmaat dy't it Fryske -ENS misse moat. Dat smyt de
pendant fan (20) op:
(21) -HEID-konformearringstendinsje.
As in Frysk wurd in dêrop lykjende Hollânske wjergader hat, dan wurdt -HEID
makliker brûkt neigeraden dat de frekwinsje fan de Hollânske wjergader op -HEID
grutter is.
It ferbân tusken konformearring en frekwinsje is ûnkontroversjeel. Wat -HEID
oanbelanget ferwachtsje wy in tendinsje dat it Fyske -HEID stipe wurdt troch it
Hollânske -HEID, as de wurden yn beide talen opinoar lykje en der sprake is fan in
hege frekwinsje.
De feiten oangeande it hâlden en dragen fan -ENS en -HEID yn twawurdliddige
wurden passe aardich yn it patroan dat ús hyptezen foarsizze. Wy wolle beklamje
dat ús ENS-distansjearringstendinsje as oanfolling op de ritmeregel sjoen wurde
moat. Wy formulearje de ritmeregel sels leaver as in tendinsje, net as in hurde en
absolute regel, dy't mei klam te krijen hat:
(22) Klamtendinsje.
-ENS komt makliker foar as -HEID njonken in beklamme wurdlid.
Tenei sille wy dus net mear fan ritmeregel sprekke mar fan klamtendinsje. It
foarkommen fan -HEID yn foarbylden as "wierheid" wurdt dus tsjinwurke troch de
klamtendinsje, mar befoardere troch de -HEID-konformearringtendinsje.
Men kin jin ôffreegje hokker tendinsje oft sterker is: de klam-tendinsje of de
-HEID-tendinsje. Der binne lykwols mar in pear foarbylden dat de -HEID-tendinsje
it fan 'e klamtendinsje wint; it giet dêrby om allegear tige frekwinte wurden yn it
Hollânsk. Dêr foar oer steane in protte wurden dat de klamtendinsje (dy't -ENS
befoarderet) it wint fan 'e -HEID-tendinsje:
(23) myldens 129 myldheid 0 mildheid
wyldens 40 wyldheid 0 wildheid
fryskens 76 fryskheid 0 friesheid
blinens 48 blynheid 0 blindheid
swartens 16 swartheid 0 zwartheid
rikens 14 rykheid 0 rijkheid
witens 9 wytheid 0 witheid
grienens 51 grienheid 1 groenheid
dôvens 25 dôfheid 1 doofheid
stommens 27 stomheid 5 stomheid
klearens 67 klearheid 18 klaarheid
Wat is no it ferskil tusken dizze wurden, dêr't de klamregel wint, en de wurden
"wiisheid, dwaasheid, wierheid, frijheid"? Wy tinke oan in frekwinsjeferskil. De
wurden "wiisheid" en sa fierder binne alle fjouwer frekwinter as de wurden yn (23),
ferlykje (19). It is neffens ús de hege frekwinsje fan dy -HEID-wurden yn it Hollânsk
dy't makket dat se yn it Frysk om de klamregel hinne komme kinne. Dêr't de
klamregel en de -HEID konformearringstendinsje meiinoar stride, kin -HEID
allinne winne as der sprake is fan tige frekwinte wurden yn it Hollânsk. Dêrmei is
ek de ynfloed fan it Hollânsk op de distribúsje fan -ENS en -HEID foar it ljocht helle.
3.3. Stipe foar de -HEID- en -ENS-tendinsjes by foarmingen mei
ûnbeklamme lêste wurdlid (-LIK-)
Yn niisneamde foarbylden koene wy de -ENS en -HEID-tendinsjes net optimaal
sichtber meitsje, troch it effekt fan de klamtendinsje. Yn ús formulearring fan de
klamtendinsje wurdt neat oer it foarkommen fan -ENS en -HEID sein by in
ûnbeklamme wurdlid. Yn dat gefal is de klamtendinsje net fan tapassing, en kinne
wy de wurking fan de -ENS-distansearring en de
-HEID-konformearringstendinsjes better obstrewearje. Wy nimme no mei opsetsin
typysk Fryske wurden dy't net in daalks derop lykjende Hollânske wjergader ha: fan
dy gefolgen is de -HEID-tendinsje net fan tapassing. In foarbyld is "boartlik". Dêr
kin men sawol "boartlikheid" as "boartlikens" fan ôfliede. De klamtendinsje seit der
neat oer want "-lik-" hat gjin klam. Us hypteze (20) foarseit foar dat type fan
foarbylden dat se in tendinsje ha sille om -ENS te nimmen yn stee fan -HEID. Dat
komt út.
(24) Leaver -ENS as -HEID by typysk Fryske wurden nei ûnbeklamme wurdlid.
boartlikheid - boartlikens 0 - 26
bernlikheid - bernlikens 0 - 7
It wurd "boartlikheid" kriget gjin stipe fan in Hollânske wjergader, en wurdt minder
brûkt. As wy it tsjinoerstelde dogge en nim net typysk Fryske wurden (dus dan is
der al in -HEID- wjergader yn it Hollânsk), dan ferwachtsje wy dat de frekwinsje fan
it wurd in rolle spylje sil. Dat komt ek fierhinne út.
(25) By hegere frekwinsjes minder kâns op -ENS yn wurden mei derop lykjende
Hollânske wjergaders.
a. Hegere frekwinsjes, mear -HEID.
minsklikens - minsklikheid 29- 68
ferantwurdlikens - ferantwurdlikheid 121 - 131
mooglikens - mooglikheid 2 - 857
b. Lege frekwinsjes, -ENS wint rom.
betreklikens - beklikheid 17 - 4
oanhinklikens - oanhinklikheid 19 - 2
fatsoenlikens - fatsoenlikheid 24 - 4
tsjerklikens - tsjerklikheid 14 - 2
dúdlikens - dúdlikheid 75 - 57
Hege frekwinsje fan in -HEID-wurd yn it Hollânsk is dus fan ynfloed op
-HEID-wurden yn it Frysk. De wurdfoarrieden fan beide talen beynfloedzje inoar.
3.4. Hegere frekwinsje yn it Hollânsk stipet -HEID yn it Frysk
Wy seagen krekt dat "wiisheid" folle faker foarkomt as "wizens", en wy
suggerearren dat dat gearhong mei it feit dat de Fryske -HEID-foarm dêr stipe
kriget fan it tige frekwinte Hollânske "wijsheid". Wy kinne dat idee hifkje troch te
sjen hoe't it sit mei in Fryske ôflieding fan "wiis", nammentlik "healwiis", dy't yn it
Hollânsk net sa bestiet. Wy ferwachtsje dan dat -ENS it by "healwiis" folle better
dwaan sil as by "wiis", want it Hollânske "halfwijsheid" hat gjin frekwinsje dat
makket (noch los fan it betsjuttingsferskil) en sil it Fryske "healwiisheid" amper
stypje kinne.
(26) -ENS en -HEID by "wiis" en "healwiis"
wiisheid - wizens 245 - 34
healwiisheid - healwizens 1 - 31
Us ferwachting komt út. By "healwiis", dêr't gjin frekwinte Hollânske -HEID-foarm
ynterferearret, komt -ENS folle mear foar as by "wiis".
In oar type minimaal pear dat ús analyze stipe jout is it hâlden en dragen fan -ENS
en -HEID by "binlik" en "billik". "Binlik" is in wat Fryskere fariant fan "billik"; "billik"
komt lykwols yn Frysk en Hollânsk beide foar. Wy soene ferwachtsje dat -ENS it by
"binlik" better docht as by "billik", wylst it foar -HEID krekt oarsom wêze soe.
(27) binlikens - billikens 6 - 1
binlikheid - billikheid 12 - 12
-ENS docht it yndie better by "binlik", de Fryskere foarm, as by "billik. It liket as docht
-HEID it likegoed by "binlik" as by "billik". Mar de frekwinsje fan "binlik" as
eigenskipswurd is heger as dy fan "billik" (binlik:53-billik:27). Proporsjoneel
besjoen is der eins sprake fan in lichte tebekgong fan "binlik", sagau't "binlik" mei
-HEID kombinearre wurdt, wylst der proporsjoneel winst is foar de kombinaasje
fan "binlik" mei -ENS. De feiten passe yn ús analyse.
3.5. Wêrom't -ENS nei -SK sa sterk stiet. Probleem foar Van der
Meer.
Van der Meer (1986:123) wiist derop dat -ENS opfallend sterk stiet nei it
efterheaksel -SK. As wy dy claim neirinne mei help fan 'e Taaldatabank, dan blykt
dat yndie sa te wêzen. Der binne likernôch 100 foarbylden yn 'e Taaldatabank fan
wurden dy't útgeane op -SKENS, wylst der mar 3 foarbylden binne fan wurden op
-SKHEID. Wy jouwe in stealtsje foarbylden mei -SKENS en alle foarbylden mei
-SKHEID:
(28) Foarbylden op -SKENS
anti-frysk - anti-fryskens
anti-sosjalistysk - anti-sosjalistyskens
barbaersk - barbaarskens
batsk - batskens
(29) Alle foarbylden op -SKHEID
falsk - falskheid (5)
melaatsk - melaatskheid (1)
ûndogens - ûndogenskheid (1)
Wêrom stiet -ENS sa sterk nei -SK? Van der Meer kin it net ferklearje. De
klamregel makket ommers gjin ferskil tusken gewoane beklamme wurdlidden en
beklamme wurdlidden dy't op -SK útgeane. Wy kinne it lykwols ferklearje as in
distansjearringseffekt. -SK is nammentlik in typysk Frysk efterheaksel. It kriget dus
stipe fan 'e distansjearringstendinsje en sa kinne wy ûnderskie meitsje tusken
gewoane beklamme wurdlidden en beklamme wurdlidden dy't op -SK útgeane.
Dêrom stiet -ENS hjir sa sterk. [noat 9]
3.6. Stipe foar de -HEID en -ENS tendinsjes by foarmingen mei
ûnbeklamme lêste wurdlid. Probleem foar Hoekstra.
Hoekstra (1990, 1998) hâldt út, mei Tamminga (1963), dat -ENS en -HEID
gefoelich binne foar de morfologyske struktuer fan it wurd dêr't se har oan
hechtsje. Eigenskipswurden op -EL, -EM, -EN en -ER ha gjin útgong mei in
spesifike semantyske betsjutting (yn it jargon: dy binne morfologysk "ongeleed").
Dy soene neffens Hoekstra -ENS nimme. Wylst eigenskipswurden op -ICH, -LIK,
-BER en -SUM in útgong mei semantyske betsjutting ha (yn it jargon: dy binne
morfologysk "geleed"). Dy soene dan it efterheaksel -HEID nimme. Beide
foarsizzingen, útsein dy foar -ICH [noat 10], binne hifke mei help fan de
Taaldatabank. Besjoch earst de útkomsten foar -HEID:
(30) Nimme-LIK, -BER en -SUM fral -HEID?
LIKENS x -LIKHEID 237 - 277
BERENS x -BERHEID 83 - 62
SUMENS x -SUMHEID 57 - 38
Wy ha dizze foarbylden korrisjearre troch meardere foarkommens fan itselde wurd,
as in gefolch fan ferskate staveringen, as ien te tellen. By -LIK is der mar in lytse
foarkar foar -HEID; -BER en -SUM ha sels in lichte foarkar foar -ENS. Wy sjogge
dan dat de foarsizzing net útkomt: it is net sa dat -LIK, -BER en -SUM in foarkar foar
-HEID ha, en dêrmei is Hoekstra syn hypteze wjerlein.
(31) Nimme -EL, -EM, -EN en -ER fral -ENS?
ELENS x -ELHEID 22 - 18
EMENS x -EMHEID 4 - 0
ENENS x -ENHEID 77 - 131
ERENS x -ERHEID 32 - 31
By -EM binne der, tajûn, net genôch foarbylden om in konlúzje te lûken. By -EN
obstrewearje wy lykwols sels in foarkar foar -HEID. By -EL en -ER rinne -ENS en
-HEID praktysk lykop. Dat wy sjogge dat it ek net útkomt dat -EL, -EM, -EN en -ER in
foarkar foar -ENS ha. Hoe sit it dan? As wy de konkrete foarbylden besjogge dan
falt op dat spesifyk Fryske wurden mear -ENS nimme:
(32) Mear spesifyk Frysk:
beskamsumens - beskamheid 12 - 2
boartlikens - boartlikheid 26 - 3
bolbjirkenens - bolbjirkenheid 16 - 8
dizigens - dizichheid 5 - 0
fernimstigens - fernimstichheid 11 - 2
freedsumens - freedsumheid 8 - 3
gystenens - gystenheid 7 - 1
hoedenens - hoedenheid 37 - 2
krigelens - krigelheid 10 - 2
meilydsumens - meilydsumheid 28 - 4
mûtelens - mûtelheid 10 - 0
nuodlikens - nuodlikheid 5 - 0
neakenens - neakenheid 46 - 0
rêdsumens - rêdsumheid 18 - 3
sjongsumens - sjongsumheid 9 - 0
skrutelens - skrutelheid 16 - 0
tsjusterens - tsjusterheid 49 - 2
treflikens - treflikheid 28 - 7
warberens - warberheid 114 - 8
(33) Minder spesifyk Frysk:
aardichheid - aardigens 286 - 4
beskiedenheid - beskiedenens 75 - 22
bitterheid - bitterens 67 - 47
donkerheid - donkerens 7 - 6
earlikheid - earlikens 71 - 68
feilichheid - feiligens 210 - 84
ferantwurdlikheid - ferantwurdlikens 250 - 176
fergonklikheid - fergonklikens 27 - 17
fêstichheid - fêstigens 117 - 2
genegenheid - genegenens 47 - 1
gerjochtichheid - gerjochtigens 631 - 15
helderheid - helderens 20 - 8
idelheid - idelens 111 - 28
iepenheid - iepenens 43 - 20
mooglikheid - mooglikens 1075 - 9
rjochtfeardichheid - rjochtfeardigens 87 - 48
sekerheid - sekerens 21 - 1
seldsumheid - seldsumens 31 - 9
tefredenheid - tefredenens 29 - 11
ûntefredenheid - ûntefredenens 38 - 35
In moai minimaal pear is "donkerens / donkerheid" njonken "tsjusterens /
tsjusterheid". By de foarmingen mei it tige Fryske "tsjuster" docht -ENS it folle
better as by "donker", wylst -HEID it krekt by "donker" better docht as by "tsjuster".
Boppesteande feiten stypje de hypteze dat -ENS him better oan eksklusyf Fryske
wurden hechtet as oan net-eksklusyf Fryske, en dat -HEID it dêrtroch navenant
better docht by wurden dy't yn it Frysk en it Hollânsk wakker gelyk binne. Wy ha dat
ferklearre troch te suggerearjen dat -HEID-wurden yn it Frysk stipe krije kinne fan
de frekwinsje fan Hollânske op har lykjende wjergaders op -HEID. -ENS wurdt
dêrmei in markearder fan distansjearring.
3.7. Foarkommen fan -ENS by eigenskipswurden op -E
It Frysk hat in pear eigenskipswurden op -E dy't der yn it Hollânsk net binne, lykas
"besibbe" en "fereale". Neffens de foarm lykje se op ôfslutende mûlwurden fan
JE-tiidwurden. Lykas al synjalearre yn Tamminga (1963), kin -HEID dêr net
foarkomme, -ENS al:
(34) a. besibbens, ferealens b. * besib(be)heid, * fereal(e)heid
Dat is fansels krekt wat wy ferwachtsje, sjoen ús hypteze dat -ENS by typysk Fryske
wurden mear foarkomt. Yn boppesteande foarbylden is -HEID wol hiel
ûngrammaticaal; it is ús ûndúdlik wêrom't dat se wêze soe.
4. -ENS-wurden yn gearstallingen (nochris)
Yn seksje 2.2. neamden wy it feit dat -ENS-wurden hast net yn gearstallingen
foarkomme. Fraach is wêrom oft dat sa is. Neffens ús betinken binne der twa
mooglike hyptezen. Foarst, niisneamd feit kin in taalstrukturele ferklearring ha.
-ENS is ommers al defektyf trochdat it gjin meartals- en ferlytsingsfoarmen hat. Dat
soe op in manier, dy't neier ferklearre wurde moat, fan ynfloed wêze kinne op de
mooglikheid om gearstallingen te foarmjen. Sûnder in spesifike ferklearring út te
wurkjen, kinne wy al úthâlde dat by in "hurde" taalstrukturele ferklearring de feiten
navenant hurd wêze moatte. No is it sa dat de observaasje dat -ENS- wurden net
yn gearstallingen foarkomme as tendinsje korrekt is. It is lykwols sa dat in beheind
tal -ENS-wurden al yn gearstallingen foarkomt.
(35) Mei -KENS-:
gelikensensbegjinsel (13) sterkensberekkeningen (1)
(36) Mei -KHEID-:
earlikheidshalve (1) erfelikheidsûndersyk (1) erflikheidsfaktor (1)
fatsoenlikheidsbesyk (1) fatsoenlikheidshalve (1) fatsoenlikheidspolityk (1)
fatsoenlikheidsrage (1) ferantwurdlikheidsbesef (1) ferantwurdlikheidsgefoel (4)
fertroulikheidsfoarm (1) fertroulikheidspronomen (1) gelykheidsbeginsel (1)
hoflikheidsbesite (1) hoflikheidsfoarm (3) jonkheidsbyld (1) jonkheidsflinken (1)
jonkheidsidealisme (1) jonkheidsjierren (1) jonkheidslektuer (1)
jonkheidsoantinkens (1) meiferantwurdlikheidsheffing (2)
meiferantwurdlikheidssysteem (1) mooglikheidsbegjinsel (1)
mooglikheidsûndersyk (1) nije-seedlikheidsapostels (1) nije-seedlikheidskreten
(1) oanhinklikheidsbestjûgings (1) persoanlikheidsfoarming (2)
persoanlikheidskultus (1) persoanlikheidsûntwikkeling (1)
seedlikheidspolityk (2) seedlikheidspylken (1) ûnmooglikheidsbewiis (1)
ûnseedlikheidssektor (1) ûntfanklikheidsfragen (1) ûnôfhinklikheidsbeweging (1)
ûnôfhinklikheidsdream (1) ûnôfhinklikheidsferklearring (2)
ûnôfhinklikheidsstriders (1) werklikheidsgehalte (1) werklikheidsnivo's (2)
werklikheidswearde (1) wurklikheidseleminten (1) wurklikheidssin (4)
wurklikheidsskôging (1) wurklikheidswearde (1)
Om net yn 'e foarbylden te ferslaan, ha wy socht op -KENS- en op -KHEID-.
Hoewol't der yndie folle mear -HEID- yn de gearstalling opdûkt, is -ENS- net
hielendal útsletten. De foarbylden mei -ENS yn gearstalling binne gjin foarbylden
fan libben sprutsen Frysk taalgebrûk. Dat suggerearret dat wy mei in suver
skriuwtalige ûntjouwing te krijen ha, dy't benammen yn de polityk korrekte Fryske
hoeke foarkomt: de Frysksinnige oerheid is dêr in fertsjintwurdiger fan. As wy oare
foarbylden fan -ENS yn gearstallingen sykje, komme wy wer yn de polityk korrekte
Fryske hoeke út:
(37) op -GENS:
feiligensmaatregels (2) feiligensreden (1) grutskaligenstinken (1)
hússmoargensferwurking (1) hússmoargenskonteners (1)
hússmoargensproblemen (1) minderweardigenskompleks (1) smoargensstoart
(1) smoargensferbaarningsoven (2) smoargensbakken (1) smoargensdepot (2)
smoargensferbarningsoven (2) smoargensferbrâningsynstallaasje (2)
smoargensferwurking (6) smoargensheffing (2)
smoargenskompleks (2) smoargenskonteners (2) smoargensoerslach (1)
smoargensoerslachstasjon (3) [noat 11] swaksinnigenssoarch (3)
taalfeardigenstest (1) twataligensfraachstik (1) twataligensopfetting (4)
twataligensproblematyk (2) twataligenssituaasje (1) ûnwennigensaspekt (1)
Praktysk alle foarbylden komme fan oerheid of sjoernalistyk. Der is dus in groep
Fryskskriuwers dy't datsoarte fan gearstallingen mei -ENS tastiet. No soe sein
wurde kinne dat soks "min Frysk" is. Hokfoar negative namme as men de feiten
lykwols ek jout, der is blykber in fariant fan skriuwtaalfrysk dêr't se yn fûn wurde
kinne. De feiten oer -ENS yn gearstallingen binne dus alsa: útsletten yn Fryske
sprektaal en measte skriuwtaal, talitten troch in lytse polityk korrekte avant-garde
yn Fryske skriuwtaal.
No ha wy earder al sjoen dat -ENS überhaupt in sterk skriuwtalich ferskynsel is.
De hege flecht dy't -ENS nommen hat, hat it allinne yn 'e skriuwtaal nommen.
Fierder is it ûnkontroversjeel dat skriuwtaal as twadde taal oanleard wurdt (foar
safier as de skriuwtaal ôfwykt fan de sprektaal). Skriuwtaal wurdt ommers pas
oanleard tusken 6 en 16, rûchwei. Earstetaalwinning kriget rûchwei foar it seisde
jier syn beslach.
No ha twaddetaallearprosessen har eigen nuveraardichheden. Van Coetsem
(1988) en oaren ha ûntdutsen dat men bepaalde ferskynsels makliker as twadde
taal oanleart as oaren. It is bygelyks sa dat morfologyske ferskynsels dy't it hiele
wurd oanbelangje makliker leard wurde as ferskynsels dy't wurdparten
oanbelangje. Sa wurde ûnregelmjittige tiidwurden, at se frekwint binne, neffens
Van Coetsem (1988) frij maklik leard yn in twadde taal. Oan 'e oare kant wurde
prosessen ûnder it wurdnivo, lykas it taheakjen fan efterheaksels, minder maklik
leard. It foarkommen fan -ENS ûnder it wurdnivo is dus minder maklik te learen as
dat fan -ENS op wurdnivo. Sa soe de learberens fan twaddetaalprosessen
ferklearje kinne wêrom oft -ENS him makliker oan it wurdein wreidet as wannear't
it ynbêde is yn it lofterlid fan in gearstalling. Foar -HEID is dat net relevant, want
-HEID wurdt ommers yn de earste taal (likegoed yn de Fryske as yn de Hollânske
sprektaal) oanleard.
Oarsom is it by it útstjerren fan in talich ferskynsel sa dat morfologyske fenomenen
hieltyd mear beheind reitsje. No wie -ENS, foar't it troch de skriuwtaal oppikt waard,
al aardich beheind: gjin meartal, gjin ferlytsing, gjin gebrûk yn gearstalling en in
tige lege type- en tokenfrekwinsje. Yn 'e skriuwtaal hat -ENS in behoarlike hege
typefrekwinsje, in hege tokenfrekwinsje en in beheind gebrûk yn gearstallingen
opboud. De sitewaasje is dus aardich feroare, yn ferliking mei de sitewaasje yn it
Midfrysk en yn ferliking mei de sitewaasje yn de sprektaal.
5. Utlieding
Wy ha sjoen dat de distribúsje fan -ENS en -HEID yn it Frysk mei beskaat wurdt
troch de frekwinsje fan -HEID-wjergaders yn it Hollânsk. Dat is in moai foarbyld fan
yngeande ynterferinsje. It Frysk is gjin ûnôfhinklike taal lykas it Hollânsk, sa't De
Haan (1996), Breuker (2001a,b) en oaren sjen litten ha. Minsken ha beide talen yn
'e holle en dy beynfloedzje inoar.
Oan de oare kant is it Frysk taalkundich besjoen gjin dialekt. It efterheaksel -ENS
is yn it Hollânsk folslein ôfwêzich. It krewearjen om fan it Frysk in standerttaal te
meitsjen, dus in skriuwtaal, hat der sels foar soarge dat -ENS in hege flecht
nommen hat. Yn it oerlevere Midfrysk (wat mear as in miljoen wurden) kaam it
amper foar, yn 'e sprektaal is it yn beheind gebrûk, mar yn 'e skriuwtaal libbet it as
in hart. As der gjin Fryske skriuwtaal west hie, dan hie -ENS hast útstoarn west. In
skriuwtaal beskermet en ûntwikkelt de eigenheden fan in taal. Yn it Stêdfrysk, gjin
skriuwtaal, is it efterheaksel -ENS yn it taalkontakt mei it Hollânsk folslein troch
-HEID út it stee krongen (Van Bree 2001). Dat proses is yn de Fryske sprektaal oan
de gong, mar yn de skriuwtaal wurdt -ENS bewust propagearre.
Alsa lit it Frysk him, nei dizze stúdzje fan -ENS en -HEID, ek wer kenne as in
middenmoater tusken dialekt en standerttaal, dy't al wer oan syn eigen
besteansrjocht skept.
Noaten
1. Wy betankje Arjen Versloot foar syn help by it Midfrysk, Willem Visser, Oebele
Vries, Philippus Breuker en Siebren Dyk foar har kommentaar en de oanwêzigen
op de Morfologydagen (13/14-12-2001) foar har fragen by in mûnlinge
presentaasje fan in eardere ferzje fan dit stik.
2. Yn feite binne de feiten by dit soarte fan foarbylden yngewikkelder. Wy komme
dêr yn de rin fan it artikel op werom. Fierders sille wy mooglike semantyske
effekten bûten beskôging litte. Wa't leaut dat dy de distribúsje fan -ENS en -HEID
yn it Frysk ferklearje kin, sil soks sjen litte moatte.
3. Om't de juridyske rjochten op it materiaal yn 'e Taaldatabank noch net
foldwaande regele binne, kin de Fryske Akademy him no (maart 2003) noch net op
Ynternet iepenbier meitsje. Foar wittenskiplike doelen mei der lykwols al út
sitearre wurde. Dat as immen de taaldatabank foar ûndersyksdoelen brûke wol,
kin er him yn ferbining stelle mei de Fryske Akademy.
4. Feitliks binne der in pear gearstallingen mei in -ENS wurd yn it lofterlid. Dêr
komme wy letter noch op werom.
5. Wy wize der yn it foarbygean efkes op (mei tank oan Willen Visser) dat
gearstallingen mei - HEID yn it lofterlid yn 'e Taaldatabank (rjochterlid begjint wer
mei G) altiten in -S- as tuskenlûd nimme: de kweary -HEIDG- smyt neat op.
Spitigernôch is dit artikel net it plak om dat nijsgjirrige ûnderwerp fierder te
ûndersykjen.
6. "Gelikens" is yn de útspraak ek twawurdliddich as de schwa tusken /g/ en /l/
weifalt, lykas maklik bart.
7. Der binne ek efterheaksels dy't sels primêre klam drage, lykas -INNE yn
bygelyks "boerinne", dêr't de "boer-" mei in (útsoarte ûnbeklamme) sjwa
útsprutsen wurdt. Sokke foarbylden stypje de ritmeregel fan Van der Meer ek want
der ûntstiet in ôfwikseling fan beklamme en ûnbeklamme wurdlidden.
8. It Fryske meartal -HEDEN is identyk oan it Hollânske meartal -HEDEN. It Fryske
iental - HEID kin krekt sa útsprutsen wurde as yn it Hollânsk. Mar dêrnjonken
bestiet ek noch in Fryske útspraak mei in /i/. Dat ferbrekt de paralel mei it Hollânsk
mar amper, sjoen de identikens fan 'e bylûden.
9. By de trije tsjinfoarbylden "falskheid", "melaatskheid" en "ûndogenskheid" wize
wy derop dat "falskheid" en "melaatskheid" wat lykje op Hollânsk "melaatsheid" en
"valsheid". Der is gjin tsjinfoarbyld fan it type "batskheid", it typysk Fryske wurd
"batsk" folge troch -HEID. Wat "ûndogenskheid" oanbelanget, dat is troch guon
skriuwers miskien keazen om in wurd mei twa hast identike wurdlidden te mijen
"ûndogenskens". "Undogenskens" is oars ek gjin -SK wurd, al sil dat sprekkers
dy't de K fan it efterheaksel -SK net útsprekke net dúdlik wêze.
10. Fan -ICH binne tefolle foarbylden om hânmjittich te korrisjearjen. Korreksje is
needsaaklik, want oars wurde der ekstra foarmen teld fanwege de ûngelikense
staveringen ("aardigens" njonken "aerdigens"), en om ûnechte foarmen derút te
heljen ("ligens", âlderwetsk meartal, fariant fan "leugens").
11. By "smoargens" is it sa dat it net "it smoarch wêzen" betsjut mar mear konkreet
"ôfeart". Miskien bemaklikt dy konkrete semantyk it foarkommen fan dat -ENS wurd.
Soks kin net jilde foar de gearstallingen mei "twataligens", mei't dat wurd wol in
abstrakte betsjutting hat ("it twatalich wêzen").
Bibliografy
Bree, C. van (2001), "'Stadtfriesisch' und andere nichtfriesische Dialekte der
Provinz Fryslân". Yn: Handbuch des Friesischen, 129-138.
Breuker, P. (1993), Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk. Dissertaasje,
Universiteit Grins.
Breuker, P. (2001a), "The development of Standard West Frisian". Yn: Handbuch
des Friesischen, 711-721.
Breuker, P. (2001b), "West Frisian in Language Contact". Yn: Handbuch des
Friesischen, 121-129.
Coetsem, F. van (1988), Loan Phonology and the Two Transfer Types in Language
Contact. Foris, Dordrecht.
Feitsma, A. (2001), "Mittelfriesische Sprache und Literatur". Yn: Handbuch des
Friesischen, 704-711.
Haan, G. de (1996), "Taalferoaring troch taalkontakt." Yn: Philologia Frisica anno
1996, 93-116.
Handbuch des Friesischen. Handbook of Frisian Studies. 2001. H. Munske (red.).
In Zusammenarbeit mit N. Århammar, V. Faltings, J. Hoekstra, O. Vries, A. Walker
and O. Wilts. Tübingen: Max Niemeyer.
Hoekstra, J. (1990), "Adjectiefnominalisatie in het Fries". Yn: Interdisciplinair
Tijdschrift voor Taal- &;Tekstwetenschap (TTT) 9,4, 273-285.
Hoekstra, J. (1998), Fryske Wurdfoarming. Fryske Akademy, Ljouwert.
Meer, G. van der (1986), "De achterheaksels ENS en HEID yn it Frysk". Yn: Us Wurk
35, 108-130.
Meer, G. van der (1987a), "Friese afleidingen op ENS en HEID. Een geval van
morfologische rivaliteit?" Yn: Spektator 17, 360-367.
Meer, G. van der (1987b), "Nominaliseringen op ENS (>NIS) en HEID (in het Fries
en elders)". Yn: Taal en Tongval 39, 22-36.
Philologia Frisica anno 1996. Lêzingen fan it fjirtjinde Frysk Filologekongres 23, 24
en 25 oktober 1996. Redaksje: Ph. Breuker, S. Dyk, J. Ytsma, L. Jansma en W.
Visser. Ljouwert: Fryske Akademy.
Sjölin, B. (1976), "Min Frysk". Een onderzoek naar het ontstaan van transfer en
"code-switching" in het gesproken Fries. Bijdragen en mededelingen der
dialectencommissie van de Koninklijke Nederlandse Akademie van
Wetenschappen te Amsterdam. Noord-Hollandsche Uitgevers Maatschappij,
Amsterdam.
Tamminga, D. (1963), "Frijens, frijheit, frijichheit". Yn: Op 'e Taelhelling. Losse
trochsneden fan Frysk Taellibben. Diel 1. Utjouwerij A.J. Osinga, Boalsert,
224-227.