Syntaktyske skaaimerken fan sprutsen taal út it Korpus Sprutsen Frysk

Eric Hoekstra

En eh no yn it begjin wie iderien faneh dan moatte we no ek geef prate. Dat kin ik net hear en it, at ik no wat yn it Nederlânsk sis eh kin dat dan wol. Eh dat is hielendal ûnsin fansels. No ja binnen in oere kaam der it grofste praat út dus. (sitaat út KSF)

Abstract

In this article an overview is presented of syntactic properties characteristic of spoken language. Data are culled from the Corpus of Spoken Frisian, collected by the Fryske Akademy (Frisian Academy). The article focuses especially on the question of how loose, often disrupted, sentences are connected to each other and fitted into a larger semantic structure. It turns out that the semantic object-of relation (complement-of relation) is relevant for connecting sentences to each other, as well as the if-then relation. A string of sentences as a whole may typically function as a semantic object to verbs of saying and the like, or as the consequence in an if-then semantic structure. Complementisers are naturally important for connecting sentences. It is shown that several phenomena characteristic of spoken language involve the complementiser: examples include complementiser repetition around a topic, and the complementiser of direct citation fan ('of').

1. Ynlieding [noat 1]

Yn sprutsen taal is de gearhing tusken sinnen oars as yn skreaune taal. Yn skreaune taal wurdt men derta twongen en swet sinnen faninoar ôf troch it brûken fan lêstekens lykas punten en komma's en al sa mear. Dy misse yn sprutsen taal, en it is bytiden dan ek net maklik te sizzen wêr't de iene sin ophâldt en de oare begjint. Gekkernôch steurt ús dat aspekt fan sprutsen taal net. Alteast, as wy sprutsen taal beharkje dan binne wy ús net bewust fan werhellingen, sinnen dy't ûnôf binne, dizenige ferwizingen en sa mear. Oer it ginneraal pleagje niisneamde 'lekken en brekken' fan sprutsen taal ús net. Blykber is ús ynterpretatyf fermogen der hiel goed op ôfjage. Dat moat dus wol in krêftich systeem wêze. Der is nammers ek noch gjin spraakkompjûter dy't spraak sa goed ferstean kin as de minske sels; sterker noch, de prestaasjes fan kompjûters op it mêd fan spraakwerkenning bliuwe fier benefter by dy fan minsken. In goede spraakkompjûter kinne wy earst meitsje at wy sels folslein troch ha hoe't sprektaal yninoar stekt.

Hoe slagget it minsken en konstruearje út de biten en brokken dy't de fragmintaryske uteringen fan sprektaal foarmje in koherint gehiel? Fansels is de fraach nei de formele struktuer fan it gruttere gehiel dêr't losse en/of fragmentaryske uteringen har ynterpretatyf gerak yn krije in meta-fraach dy't yn it bestek fan ien artikel gjin ienfâldich antwurd krije kin. Lykwols hoopje wy al troch analyze fan sprektaalferskynsels (seksje 3 en 4) in idee te krijen fan mooglike antwurden. De basis dêrfoar sil wêze in ferkenning en foarriedige ynvintarisaasje fan sprektalige ferskynsels dy't op it heechste nivo fan uteringen, by it oaninoar keppeljen fan uteringen, in rol spylje. It doel fan dit artikel is it jaan fan sa'n foarriedige ynvintarisaasje. Dy jout tagelyk in idee fan de ferskillen tusken sprektaal en skriuwtaal as it giet om it ferbinen fan sinnen.

Der is by de stúdzje fan sprutsen taal in protte omtinken foar net formeel-taalkundige aspekten, lit ús sizze, foar aspekten fan sprutsen taal oangeande de ynhâld fan de ynteraksje. Sa ha Wodak & Meyer (2001) in boek redigearre mei de faaks misliedende titel "Methods of Critical Discourse Analysis". Dat giet net oer de metoaden of analyze fan sprutsen of skreaune taal, mar draacht yn feite marksistyske tinzen út oer politike propaganda troch machthawwers, hypotezen dy't empirysk amper te hifkjen binne. Dat wurk, faak ynspirearre op Habermas, Marx of Foucault, helpt ek net om taalkundich ynsjoch yn sprutsen taal te krijen. Der is oars yn sokke net-taalkundige stúdzjes ek omtinken foar de analyze fan oare as politike aspekten fan petearen, lykas bliken docht út de artikelen presentearre yn Schenkein (1978), dêr't bygelyks sjoen wurdt nei de presentaasje fan grappen (Sacks 1978) en klachten (Sharrock & Turner 1978). Oer it ginneraal wurdt oannommen dat de stúdzje fan sprutsen ynteraksje syn woartels hat yn de sosjale wittenskippen, filosofy en taalkunde (Schiffrin 1987: 2).

Wy fine dan ek folle minder omtinken foar taalkundige aspekten fan sprutsen taal as foar oare aspekten. Der is yn it bysûnder net folle skreaun oer de syntaktyske ôfwikingen fan sprutsen taal yn ferliking mei taal skreaun neffens de regels fan preskriptive grammatika's. Der binne fansels ek geunstige útsûnderingen lykas it wurk fan Banfield (1973,1982) oer tekstgearhing, it wurk fan J. de Vries (2001), dy't in semi-wittenskiplik oersjoch jout fan ferskate taalkundige ferskynsels dy't neffens him ta de sprektaal hearre en Jansen (1981) syn stúdzje fan beskate syntaktyske konstruksjes yn sprektaal. Wat langer ferlyn hat W. de Vries (1910-1911, 1911-1912) in treflik oersjoch jûn fan allerhanne dialekt- en sprektaalferskynsels. Oer it ginneraal is it omtinken fan taalkundigen, benammen fan korpustaalkundigen, lykwols rjochte op de skriuwtaal; binnen it ramt fan de generative grammatika hat sprektaal oars justjes mear omtinken krige as dêrbûten, mei't dy taalkundigen net-preskriptive taaloardielen as útgongspunt fan ûndersyk namen. Yn dit artikel sille de taalkundige aspekten fan sprektaal beljochte wurde.

2. Metodologyske aspekten

Der sil yn dit artikel in kwalitative ferkenning jûn wurde fan hoe't de syntaksis helpt om uteringen yn sprutsen taal meiinoar te ferbinen. Fan in kwantitative ferkenning kin pas sprake wêze as oan twa betingsten foldien is. Foarst, it korpus moat grut genôch wêze om oan signifikânsje-easken te foldwaan. Oard, der moatte kwalitative ferkenningen útfierd wêze om alteast in idee te hawwen fan wat nijsgjirrige ûndersyksobjekten fan kwantitatyf ûndersyk wêze kinne soene. Oars kin de ûndersiker syn ûndersyk net of amper adekwaat foarm jaan (cf. Tacq 1997: 21-22). Kwalitative ferkenningen fan Fryske sprektaal ha der amper west dat in kwantitatyf ûndersyk soe yn 'e loft komme te hingjen. Hjir wurdt keazen foar in kwalitative ferkenning fan sprutsen taal.

It korpus dat hjir brûkt wurdt is it Korpus Sprutsen Frysk. Op dit stuit is dat korpus allinnich op de Fryske Akademy te rieplachtsjen, mar de ferwachting is dat it yn 2006 fia Ynternet foar alleman te rieplachtsjen wêze sil. Der wiene likernôch 50.000 wurden transkribearre op 1-1-2005. Yn it ramt fan it Korpus Sprutsen Frysk, is oant no ta materiaal sammele yn de neikommende petearkategoryen:

Dialooch (2 of mear sprekkers)

Monolooch (1 sprekker)
Konversaasje Ferhaal
Ynterview Kommentaar
Diskusje Nijs
Gearkomste Lêzing
Les Foarlêze



Net alle sammele materiaal is like nijsgjirrich foar syntaktysk ûndersyk nei sprutsen taal. Dêrfoar is spontane sprutsen taal, konversaasje, it meast brûkber. Yn formelere sjenres wurdt de syntaksis mear of minder skriuwtalich. Der wurdt nammers ek algemien oannommen dat it taalgebrûk yn formelere petearsitewaasjes skriuwtaliger wurdt [noat 2], dus mei ynformele sitewaasjes ha wy de measte kâns op sprektalige ferskynsels. Foarlêzen teksten steane it tichtst by skreaune teksten, wat syntaksis oanbelanget, en binne dêrom it minst nijsgjirrich as men ferskillen tusken skriuwtaal en sprektaal efterhelje wol. Ik sil dêrom myn data fierhinne helje út it minst formele sjenre, gewoane konversaasjes. De neikommende seksje giet neier yn op it probleem fan it takennen fan struktuer oan sprutsen taal.

3. It syntaktysk strukturearjen fan sprutsen Frysk

3.1. Data

Yn seksje 3 en 4 sille wy in ferkenning en foarriedige ynvintarisaasje jaan fan sprektalige ferskynsels dy't op it heechste nivo fan uteringen, by it oaninoar keppeljen fan sinnen, in rol spylje. Yn seksje 3.1 oant en mei seksje 3.4 sille wy de neikommende sekwinsje fan uteringen, dêr't guon fan sokke ferskynsels har yn oppenearje, neier analysearje.

(1) Wy wolle ek sa sa mei sa weinich mooglik jild wat dwaan yn ider gefal datsto net at it jild der net mear komst datsto stopje moatst.

Dizze utering kin opdield wurde yn koherinte syntaktyske ienheden. Wy diele krekt sa lang op oant wy lytse ienheden ha dy't neffens it taaloardiel fan 'e taalbrûker ynoarder binne, of, as dat net slagget, oant wy by de yndividuele wurden bedarre binne. Dêrby geane wy foarby oan útspraakflaters, mei't it ús hjir giet om it syntaktysk perspektyf op de ferskillen tusken sprektaal en skriuwtaal. Sa'n yndieling smyt de neikommende sekwinsje fan syntaktyske ienheden (of lytsere uteringen) op:

1.1. wy wolle ek sa /
1.2. sa /
1.3. mei sa weinich mooglik jild wat dwaan /
1.4. yn ider gefal datsto net /
1.5. at it jild der net mear komt / [noat 3]
1.6. datsto stopje moatst.

Wy sille de syntaktyske ienheden, de oergong fan de iene ienheid op de oare en benammen de gruttere struktuer dêr't de ienheden yn thús hearre, besykje te eksplisitearjen. It sil bliken dwaan dat benammen de noasje komplementskip fan belang is om sinnen oaninoar te relatearjen. De ferskynsels fûn yn 1.1 oant en mei 1.6 wurde mei help fan oare foarbyldsinnen út it korpus yn seksje 3.5 en 3.6 neier analysearre. De ferskynsels besprutsen yn seksje 3 betreffe allegear de bynwurden "dat" en "as".

3.2. Ienheid 1.1: oer "wolle" en syn komplemint.

It tiidwurd "wolle" nimt ornaris in komplemint dat útdrukt wat men wol, mar yn (1.1) mist in komplemint. Wat is dan it komplemint fan "wolle" yn (1.1)? It komplemint fan "wolle" is alles dat folget yn (1.3-1.6), want dat jout wer wat der allegear wold wurdt. Dat wy observearje:

(2) It komplimint fan "wolle" strekt him oer meardere syntaktyske ienheden út.

Ien en oar kin yllústrearre wurde troch de sprektaal fan (1.1-1.6) yn skriuwtaal om te setten. Dat smyt in wjergader op lykas yn (3):

(3) Wy wolle ek mei sa weinich mooglik jild wat dwaan en wy wolle yn ider gefal net, at it jild der net mear komt, datsto stopje moatst.

It is dus sa dat losse syntaktyske ienheden gearhing krije trochdat se as komplemint fan in wurd yn in oare ienheid analysearre wurde kinne. Yn sprektaal wurdt komplemintskip oer it ginneraal minder faak eksplisyt oanjûn as yn skriuwtaal. As harkers begripe wy dat de syntaktyske ienheden (1.3-1.6) allegear it komplemint fan "wolle" oanbelangje. De ynterne struktuer fan (1) wurdt no wat dúdliker:

(1') Wy wolle ek sa sa [[1.3: mei sa weinich mooglik jild wat dwaan] [1.4-1.6: yn ider gefal datsto net at it jild der net mear komt datsto stopje moatst]].

Sinnen (1.3-1.6), tusken de bûtenste fjouwerkante heakken yn (1), sketse it komplemint fan "wolle". Dat bestiet út in opsomming fan twa saken, lykas troch de binnenste fjouwerkante heakken oanjûn is: (1.3) en (1.4-1.6). De opsomming is ymplisyt; der is gjin njonkenskikkend bynwurd "en" oanwêzich, al is de ynterpretaasje fan in opsomming fansels al dy fan njonkenskikkende koördinaasje. [noat 4] Lit ús dan de lidden fan de opsomming neier besjen.

(1.3), it earste lid fan 'e opsomming fan wat men wol, is in konstruksje mei in inkelde ynfinityf. (1.4-1.6), it twadde lid, is in komplekse konstruksje, dy't oanjout wat men NET wol. Yn de kompleksje konstruksje sit ek wer in negaasje; beide negaasjes heffe inoar op en de pragmatyske betsjutting is dat de sprekker wol dat se yn alle gefallen trochgean kinne. De syntaktyske ienheden (1.4-1.6) krije meiinoar har ynterpretatyf gerak yn de syntaktyske struktuer fan in AS-DAN sin. (1.5) foarmet de AS-sin, (1.4) en (1.6) foarmje de DAN-sin.

It komplemint fan "wolle" rint oer de losse fragmintaryske ienheden (1.3 - 1.6). Yn sprektaal kin it komplemint fan in tiidwurd dus oer mear as ien utering trochrinne. Dat betsjut dat komplemintskip in rige losse ienheden fan in ynterpretaasjeramt foarsjocht, in konklúzje dy't wy alsa formulearje:

(4) Komplemintskip jout in ynterpretaasjeramt foar uteringen.

No is komplemintskip in syntaktysk-semantysk begryp. Semantysk jout it komplemint fan "wolle" oan wat men wol. Syntaktysk is it komplemint ûnderskikt oan "wolle", wurdt it ynlaat troch "dat", as it in (pro)nomen is kriget it akkusatyf, en al sokke formele syntaktyske easken mear. De syntaktyske struktuer is faak net folslein oanwêzich. Nettsjinsteande kriget de sekwinsje fan sinnen (1.3-1.6) al de korrekte ynterpretaasje fan komplemint fan "wolle" te wêzen. Hjirûnder geane wy djipper op de analyze fan de ienheden yn dy't wy yn (1) ûnderskaat ha.

3.3. Ienheid 1.2: werhelling fan 'sa'.

Yn (1.1), (1.2) en (1.3) komt it wurdsje "sa" foar, mar mei ûngelikense syntaktyske funksje en yn ûngelikense syntaktyske struktueren. Yn (1.1) funksjonearret "sa" as in bywurdlike bepaling by "wolle", mei as semantysk effekt dat der wat oer it komplemint fan "wolle" sein wurdt; yn (1.3) dêrfoaroer funksjonearret "sa" as bywurdlike bepaling by "weinich". It "sa" fan (1.2) is in op himsels steande werhelling fan it "sa" fan (1.1).

'Sa' yn (1.1) is in koarte foaroankundiging fan (1.3). Yn (1.2) wurdt 'sa' werhelle. It soe wêze kinne dat de sprekker dat docht om tiid te winnen (cf. Romijn 1998:72). Yn (1.3) kiest de sprekker foar in oare syntaktyske struktuer, no mei "sa" as bywurdlike bepaling by "weinich". It earste "sa" kin dan moai noch as in foarútwizend pronomen ynterpretearre wurde. De skriuwtaaloersetting fan (1.1) kinne wy no noch oanskerpje ta (6) (der binne ek oare mooglikheden ta skriuwtaaloersetting):

(6) Wy wolle ek sa. Wy wolle mei sa weinich mooglik jild wat dwaan en wy wolle yn ider gefal net at it jild der net mear komt datsto stopje moatst.

Oer it ginneraal treffe wy werhellingen fan wurden oan as de sprekker besiket tiid te winnen, mei't er noch net wit hoe't er wat sizze sil.

3.4. Ienheden 1.4-1.6: de werhelling fan 'datst'.

De ynfinityfsin yn (1.3) sprekt foar himsels dat dy litte wy hjir fierder gewurde. Besjoch nochris (1.4 - 1.6), hjirûnder werhelle as (7):

(7) Yn ider gefal datsto net, as it jild der net mear komt, datsto stopje moatst.

Wy kinne in pear dingen oan (1:4-1:6) obstrewearje dy't yn de skriuwtaal net botte faak foarkomme sille.

(8) De werhelling fan bynwurd + pronomen, "datsto", wurdt yn 'e skriuwtaal almeast ôfkard.
(9) It ynknipen fan de negaasje "net", tegearre mei de AS-sin "at it jild der net mear komt" tusken de twa foarkommens fan "datst", wurdt yn 'e skriuwtaal almeast ôfkard.

It werheljen fan it bynwurd, mei dêr in konstituent tusken plakt, is by útstek sprektaal. Fansels is de werhelling net ferplichte yn sprektaal. De konstruksje hat net folle omtinken krigen, om't it omtinken almeast op skriuwtaal rjochte is. [noat 5] In pear eigenoanrette foarbylden kinne de konstruksje neier yllustrearje:

(10) Ik tink dat Jan dat dy moarn komt.
(11) Se seine dat yn Harns dater dêr wenne hat.
(12) Miskien datst mei in hammer datst it dêrmei dwaan kinst.

Dizze foarbylden litte sjen dat der tusken twa dat-en maklik in konstituent stean kin. Fierder hâldt en draacht it bûgde bynwurd datst him krekt lyk as dat.

It kin noch gekker mei dizze konstruksje: it is sels mooglik en spjalt in koördinaasje fan twa nominale konstituenten (Hoekstra 1995):

(13) Ik tink dat Jan en dat Pyt inoar net meie.

Hjir sit "Jan en" ynknypt tusken de twa dat-en. Obstrewearje ek dat de spjalte koördinaasje him foar oerienkomst yn persoan en getal mei it tiidwurd hâldt en draacht as in gewoane koördinaasje. It foarbyld makket dúdlik dat wy eins net sizze meie dat der in konstituent tusken de twa dat-en stiet, mei't "Jan en" yn (13) gjin konstituent is. Oare eigen oanrette foarbylden stypje dy konklúzje:

(14) Ik tink dat Goaitsen Denise en dat Dennis Aaltsje tute hat.

Hjirby moat opmurken wurde dat koördinaasje útsoarte in dreech ûnderwerp is dêr't in protte oer skreaun is. Hoewol't ús korpus beheind is, fine wy dêr ek foarbylden (sûnder koördinaasje) dêr't wat oars as ien konstituent tusken de twa bynwurden stiet:

(15) Mar no hoopje ik mar dat se dat dat se it wol leuk fynt.

Yn boppesteand foarbyld stiet tusken de twa dat-en net ien konstituent, mar twa. [noat 6] De werhelling fan bynwurden fynt men yn skriuwtaal amperoan, yn sprektaal is it och sa gewoan. De krekte syntaktyske analyze fan de bynwurdwerhelling litte wy hjir gewurde.

3.5. Dat-sinnen as kompleminten by oare tiidwurden.

It is gjin isolearre ferskynsel dat in komplemint (hjirûnder in objekt) út mear as ien syntaktyske ienheid bestiet. Besjoch it neikommende foarbyld mei "bedoele":

(16) Ja sa bedoel ik [[dat er it miskien foar syn musyk brûkt of sa] [dat it dan wol handich wie]].

De ynterne struktuer fan it komplemint by "bedoele" is dy fan twa losse dat-sinnen, dy't de semantyske relaasje fan in as-dan sin meiinoar ûnderhâlde. Dat wurdt synjalearre troch it wurdsje "dan" midden yn de twadde utering. Dat wurdsje wiist werom nei in as-sin, yn dit gefal de foargeande sin. It wurdsje "as" wurdt sels net brûkt: de struktuer fan de as-dan sin wurdt net syntaktysk útdrukt mar oproppen troch it brûken fan it ferwizende "dan". Yn 'e sprektaal wurdt de as-dan semantyk yn in komplemint by tiidwurden as "tinke", "wolle", "bedoele" hiel faak útdrukt troch twa dat-sinnen, mei yn de twadde dat-sin it wurdsje "dan" as ferwizer nei de foargeande sin. Hoewol't it almeast as ynkorrekt beskôge wurdt, is in sin lykas (16) ek wolris yn skriuwtaal te finen: in as-sin is dan de konstituent dy't it maklikst tusken twa dat-en foarkomt.

Yn in oersetting nei de skriuwtaal ta wurdt de syntaktyske foarm fan in as-dan sin better sichtber, lykas yn it neikommende foarbyld:

(17) Ja, ik bedoel dat [[as er it miskien foar syn muzyk brûkt of sa], it dan wol handich wie]

Hjir stiet nei it wurdsje "dat" in folsleine as-sin, folge troch de dan-sin dy't de folchoarder hat fan in bysin. Dy folchoarder is logysk korrekt want it as-dan gehiel wurdt ynlaat troch it ûnderskikkend bynwurd "dat". Sinnen lykas (17) sille wy lykwols earder yn 'e skriuwtaal fine, minder yn 'e sprektaal. Yn it Korpus Sprutsen Frysk ha ik fan dit type mar ien foarbyld fine kinnen:

(18) nei't ik ferteld hie dat ik op kursus gean soe bearde ik wakker dat [[as ik nei Frankryk emigreare wie] der ek net ien freegje soe wêrom't ik yn de frede Frânsk leare wolle soe]

Dat foarbyld waard sein yn in formele diskusje troch immen dy't it Frysk as twadde taal leard hie. Dat befestiget it skriuwtalige karakter fan 'e konstruksje. Yn de sprektaal fine wy hjir earder in dat-dat konstruksje lykas yn (16) of in as-dan-konstruksje mei haadsinfolchoarder yn 'e dan-sin lykas yn (19):

(19) ik wit seker dat as N. dat wer lêst dan seit dy wer fan

Net allinnich by "bedoele" kin in komplemint foarkomme dat útdrukt wurdt troch in rige losse syntaktyske ienheden. In stikwat ienheden dy't meiinoar it komplemint fan "witte" foarmje fine wy yn it neikommende foarbyld:

(20) No ha ik ek ja. ik wit noch wol [[datik dat eh toen wy noch lyts wienen ensa toen[noat 7] hiest de skoallefakânsje] [dat wie earst wer hiel leuk] [giest op fakânsje] [endan op it lêst dan hiest sa echt fanwat moat ik no dwaan] [koest dy noch ferfele]]

It komplemint fan "witte", it objekt, bestiet út de rige fan fiif ienheden dy't folget. In subjekt-komplemint fan dit type is fansels ek mooglik, lykas yn it neikommende foarbyld:

(21) No en it rare [at ik op de Gysbert folder fan dat sy dy't sy hawwe dêr't alle aktiviteiten op stean dêr stiet net iens it kongres fan de Akademy op] no dat fyn ik wol hiel raar

It subjekt fan "raar" is wer de rige losse ienheden tusken de fjouwerkante heakken. Dy begjint mei in as-sin dy't net ôfmakke wurdt ("at ik op de Gysbert folder fan") folge troch twa sinnen by "folder", de earste mei bysinsfolchoarder, de twadde mei haadsinsfolchoarder. Dan begjint in nije sin dy't semantysk de funksje fan dan-sin hat. It rychje ienheden as gehiel is it semantysk komplemint fan "raar".

3.6. It AS-DAN ferbân as strukturearder fan uteringen.

It sil sa stadichoan gjin nij dwaan, wat ymplisyt al earder bliek, dat it as-dan ferbân ek uteringen strukturearret. Besjoch it neikommende foarbyld:

(22) Ja [asto by ús bist] en [do hast in middei en datsoarte programma's] no dat dat dat dan hasto natuerlik eh karút

De fetprinte sin hat de betsjutting fan in as-sin. Dus soe it in bysin wêze moatte mei it tiidwurd efteroan. Mar it hat de foarm fan in selsstannige haadsin mei it tiidwurd "hast" op it twadde plak. De losse haadsin wurdt ynpast troch him as in komplemint by "as" te ynterpretearjen. Dit ferskynsel, ek wol asymmetryske koordinaasje neamd, is earder al obstrewearre troch De Vries (1911-1912:181). En fansels hiene wy by it besprek fan sin (1) ek al sjoen hoe't it as-dan ferbân helpt om losse ienheden yn te passen yn in gruttere ynterpretative struktuer.

3.7. Konlúzje

Yn seksje 3 hat bliken dien hoe't in sekwinsje fan ienheden opknipt wurde kin yn lytse analysearbere ienheden dêr't in syntaktyske funksje oan tawiisd wurde kin. Fierders die bliken dat syntaktysk-semantyske ferbannen lykas komplemintskip mear as ien syntaktyske ienheid omfiemje kin en sa tsjinje om ienheden yn in grutter ynterpretaasjeramt yn te passen, ek al binne net alle syntaktyske markearringen fan 'e skriuwtaal oanwêzich. It as-dan ferbân tsjinnet allyksa om losse ienheden yn in gruttere struktuer yn te passen. Soks fynt ek plak yn skriuwtaal, mar minder faak; yn skriuwtaal wurde syntaktyske ferbannen faker eksplisyt oanjûn, bygelyks troch syntaktyske ûnderskikking. It ferskil tusken sprektaal en skriuwtaal is earder gradueel as absolút.

4. It wurdsje "fan" as strukturearder fan sprektaal

4.1. Ynlieding

De niis besprutsen ferskynsels ha amper omtinken yn de taalkundige literatuer krigen, mar fan de dêrby belutsen wurden "dat" en "as" is algemien bekend dat it bynwurden binne, wurden dy't sinnen ferbine. Fan it wurdsje "fan", dat yn dizze seksje behannele wurdt, is lykwols amper bekend dat it sinnen ynliede kin, benammen sinnen yn de direkte rede. Yn sprektaal wurdt nammentlik faak rapportearre wat in oar sei en of wat men sels op in beskaat stuit sei of tocht. Yn dy kontekst kin it wurdsje "fan" brûkt wurde as sinynlieder. Besjoch de neikommende twa foarbylden:

(23) Ja ik hie ik wist it eh earst net en ik belde A. en dy sei fan no B. soe ek noch komme.
(24) En toen jim seinen fan wy gean nei it boekebal ik sei fan ja toen sei ik ek fan hin is it no alwer in nij boekebal.

Op dit type sinnen is foar it Frysk earder alris wiisd troch bygelyks J. Hoekstra (1990), foar it Hollânsk troch W. de Vries (1911-1912: 158-160) en oaren. Yn 'e skriuwtaal soe men yn ditsoarte sitewaasjes gauris in yndirekte rede brûke: yn it foarlizzende foarbyld soe dan "sizze dat" brûkt wurde folge troch in ynbêde dat-sin mei it tiidwurd efteryn de sin. Fansels kin men yn skriuwtaal ek de direkte rede brûke; dy wurdt dan oanjûn troch skrapkes ("").

De relevante parten fan 'e sinnen (23-24) kinne oerset wurde nei de skriuwtaliger yndirekte rede as yn (25-26), mei weilitten fan ynterjeksjes lykas "hin" en "no" [noat 8] :

(25) Dy sei dat Bert ek noch komme soe. (Dy sei fan no B. soe ek noch komme.)
(26) Doe frege ik oft it no alwer boekebal wie. (Toen sei ik ek fan hin is it no alwer in nij boekebal.)

"Fan' hat yn 'e sprektaal as funksje in direkte rede te synjalearjen, wylst 'dat' de yndirekte rede synjalearret.

4.2. 'Fan' as strukturearder fan uteringen

"Fan" oppenearret him net allinnich by "sizze" mar ek by "tinke", lykas yn de foarbylden hjirûnder.

(27) No ik hie wol dagen dat ik tink fan [Jezus wat giet dat langsum] en no ja flean ik der trochhinne.
(28) Mar der binne ek boeken dan tinksto fan [ik moat eefkes al al dy ferhalen trochnimme ofsa]. Kin dat net by de moandei stean.
(29) En it dat tocht ik al fan kin dy man net earder ôfsizze.

Yn dizze gefallen giet it om in rapportaazje fan ferbaal materiaal, oars as by it komplemint of objekt fan "wolle" bygelyks, dêr't wy dan ek gjin "fan" fine. Fierders wurdt "fan" net allinnich by "tinke" en "sizze" brûkt. Besjoch de neikommende foarbylden:

(30) Wêze
En eh no yn it begjin wie iderien fan eh dan moatte we no ek geef prate.

(31) Sokssawat
(a) Dus hy hie echt sokssawat fan no moat ik dit no dwaan en eh. ik sei ja natuerlik moatst dat dwaan.
(b) Ik hie wol sokssawat fan no de poëzie dat dy wie yn 15 16 jier net oan bar west"

(32) Belje
Mar ja troch dy persoan waard ik wer belle want ach Fryslân is ek sa lyts ju fan moat ik it no dwaan of net.

(33) Hawwe
En dan op it lêst dan hiest sa echt fan wat moat ik no dwaan. Koest dy noch ferfele ...

(34) Fraach
Dat wie dan noch wer dy Q. N. fraach ek fan eh wat no as ik boven de 30 bin mar ik skriuw iets wat beslist foar bern is.

(35) Oankomme
No ynienen kaam Z. oan fan dat parseberjocht moat fuort

Sa't út boppesteande sinnen bliken docht is it ferbân fan "fan" mei it foargeande hiel los. Sagau as in persoan wat seit of tinkt, dan kin de oergong mei it foarôfgeande makke wurde troch "fan", ek al komt it tiidwurd "sizze" of "tinke" der alhiel net by foar. Idiomen as "sokssawat ha fan" en "wêze fan" kinne blykber yn kombinaasje mei in minsklik ûnderwerp de betsjutting ha fan "tinke" of "sizze". [noat 9] "Fan" synjalearret dat in sprekker sprekkend ienfierd wurdt, en de ik hoecht dêrom net de sprekker te wêzen fan de sin as gehiel. Sa is yn (32) de "ik" net de sprekker fan de sin as gehiel, mar de persoan dy't belle dy't letterlik oanhelle wurdt yn de fan-sin. It haadsinkarakter fan de sin dy't op 'fan' folget blykt fierders net allinnich út de haadsinfolchoarder mar ek út it feit dat dy gauris ynlaat wurdt troch in útrop, in ynterjeksje lykas 'no', 'eh' en sa mear.

4.3. Fan mei bysinfolchoarder

De konstruksje mei "fan" wurdt almeast folge troch direkte rede en is yn formele skriuwtaal amper oanwêzich. [noat 10] Yn ynformele skriuwtaal fine wy de konstruksje al. Yn 'e sprektaal is it in gongbere konstruksje. Lykwols fynt men net altiten in direkte rede nei "fan". Sjoch mar nei foarbyld (38) út it korpus, dêr't op "fan" in dat-sin folget:

(36) Oer

Mar it wie dat dêr hie M. noch sa'n ferhaal oer fan eh dat it sa spitich wie dat Hylke Goainga noait krigen hie.

Yn 'e foarbylden fan de foarige seksje kinne wy de direkte rede nei "fan" ek oersette nei in dat-sin of in oft-sin en yndirekte rede.

(37) Wêze

(a) En eh no yn it begjin wie iderien fan eh dan moatte we no ek geef prate.
(b) En eh no yn it begjin wie iderien fan eh dat sy dan no ek geef prate moasten. (konstruearre)

(38) sokssawat

(a) Dus hy hie echt sokssawat fan no moat ik dit no dwaan en eh. ik sei ja natuerlik moatst dat dwaan.
(b) Dus hy hie echt sokssawat fan no oft er dit no dwaan moast en eh. ik sei ja natuerlik moatst dat dwaan. (konstruearre)

(39) Belje

(a) Mar ja troch dy persoan waard ik wer belle want ach Fryslân is ek sa lyts ju fan moat ik it no dwaan of net.
(b) Mar ja troch dy persoan waard ik wer belle want ach Fryslân is ek sa lyts ju fan oft ik it no dwaan moast of net. (konstruearre)

(40) Hawwe

(a) En dan op it lêst dan hiest sa echt fan wat moat ik no dwaan. Koest dy noch ferfele ...
(a) En dan op it lêst dan hiest sa echt fan watst no dwaan moatst. Koest dy noch ferfele ... (konstruearre)

(41) Oankomme

(a) No ynienen kaam Z. oan fan dat parseberjocht moat fuort
(b) No ynienen kaam Z. oan fan dat dat parseberjocht fuort moatst (konstruearre)

De konstruearre sinnen lykje foar myn taalyntuïsjes net ûnmooglik. It is al sa dat de bysinnen nei 'fan' in bytsje nuver binne, en yn alle gefallen minder goed as de korrespondearjende haadsinnen. Nei 'fan' kin in dat-sin mei ûnderskikking komme, al ha wy yn it korpus folle mear foarbylden mei 'fan' folge troch haadsinfolchoarder en direkte rede.

5. Utlieding

Gearhing en begryplikens fan taal wurde befoardere troch it brûken fan bynwurden. Se jouwe in relaasje tusken sinnen oan, en suggerearje sa hoe't sinnen yn it gruttere gehiel fan it discours, it ferhaal, passe. Lykwols wurde se gauris weilitten. Yn dit artikel is omtinken jûn oan ferskate manieren om losse ienheden yn sprektaal yn in grutter gehiel yn te passen. It die bliken dat it begryp komplemint fan belang is om de ienheden yn uteringen meiinoar te ferbinen, ek al wurdt sa'n komplemint net altyd troch in bynwurd ynlaat. Soms is der sprake fan in werhelling fan bynwurden dy't neffens de skriuwtaal net tastien is. Losse ienheden kinne net allinnich as komplemint by in tiidwurd opfette wurde, mar ek as ûnderdiel fan in as-dan ferbân. Yn sa'n gefal kin it bynwurd "as" ôfwêzich wêze. Dêrnjonken spilet yn sprektaal it wurd "fan" in wichtige strukturearjende rol, as it giet om it ynpassen fan ienheden yn 'e direkte rede yn it gruttere strukturele gehiel fan it petear. Dêrmei ha wy in lytse ynvintarisaasje jûn fan sprektalige manieren om ienheden oaninoar te keppeljen.

Noaten

1. Foar tips, kommentaar en / of diskusje betankje ik Siebren Dyk, Liefke Reitsma, Tryntsje van der Wal - Gorter, Willem Visser, de redaksje fan It Beaken en de bywêzigen op 'e temamiddei fan it Taalkundich Wurkferbân fan 9 oktober 2004 te Ljouwert.

2. In fonologysk foarbyld fan skriuwtaal yn formelere sitewaasjes jout Van Bree (2004:221, http://www.dbnl.org/tekst/bree001hist01/index.htm): "... d-deletie in bijv. rijden, blijde: rijen, blijeenz. De d-loze vormen treffen we bij alle klassen in conversatiestijl aan; in meer formele stijl wordt de d echter ongetwijfeld onder invloed van het schriftbeeld uitgesproken. We hebben hier tegelijkertijd een voorbeeld van een verschil in 'register': spreektaal tegenover schrijftaal." Politisy, dy't by ústek yn formele sitewaasjes ferkeare, dogge gauris writen en praat sa skriuwtalich mooglik.

3. Feitliks stiet der yn 'e transkripsje net "komt" mar "komst". Dy flater kin ûnder ynfloed fan "datst" ta stân kommen wêze. Yn dit artikel woe ik it oer dat type flaters net ha, al hoe nijsgjirrich at se ek binne.

4. Yn skriuwtaal spilet itselde probleem. Dêr moatte sinnen ek in plak fine yn in gruttere struktuer sûnder dat eksplisyt oanjûn is hoe. Yn sprektaal is dat noch mear it gefal, trochdat der yn sprektaal minder syntaktyske ûnderskikking is as yn skriuwtaal. Ik wol ek net suggerearje dat it ferskil tusken sprektaal en skriuwtaal prinsipieel is. Foar de measte skaaimerken jildt dat it ferskil tusken sprektaal en skriuwtaal him sit yn gradaasjes fan hjir wat mear en dêr wat minder.

5. De konstruksje wurdt op wiisd yn Hoekstra (1993:201) en (De Vries 2001: 534-535). Sjoch Jansen 1981: 198-241 foar in ferlykbere werhellingskonstruksje mar dan mei de persoansfoarm as werhelle illemint, lykas hjirûnder (foarbyld nommen út KSF):
(i) hy is yn eh yn Ljouwert is er berne
De kloft "yn Ljouwert" stiet tusken de twa foarkommens fan 'e persoansfoarm 'is'. Dy konstruksje litte wy gewurde, mei't wy ús yn dit artikel rjochtsje op bynwurden.

6. Dêrmei hat de Vries (2001:534) ûngelyk as er der sûnder mear fan praat dat "een of ander zinsdeel" him tusken de twa bynwurden oppenearret.

7. Hollannismen lykas "toen" foar goefrysk "doe" wurde yn 'e transkripsjes foarsjoen fan in koade dy't oanjout dat it om in hollannisme giet. Yn de sinnen yn dit artikel binne dy koades weilitten om it lêzen te bemaklikjen, en om't hollannismen net it ûnderwerp fan dit artikel binne.

8. Opfallend is dat wy der yn 'e skriuwtaaloersetting ta twongen wurde en lit stopwurdsjes lykas "no, hin, ja" wei. Stopwurdsjes lykas "no, hin, ja" spylje yn skriuwtaal amper in rol.

9. De konstruksje mei 'wêze fan' is yn 'e wurdboeken net te finen. Faaks is er troch syn sprektalich aard oan it omtinken ûntkommen. In reviewer suggerearret dat de konstruksje miskien ûntstean is as kontaminaasje fan 'it wie foar iderien sa dat ...' en 'iderien hie it sa dat ...'.

10. Wat wy al yn formele skriuwtaal fine is "ik tocht fan al" en "ik tocht fan net". Mar dêr is fansels gjin sprake fan direkte rede. De sprekker wurdt dêr ommers net sprekkend of tinkend ynfierd.

Bibliografy

Banfield, A. (1973) "Narrative style and the grammar of direct and indirect speech". Foundations of Language 10, 1-39.

Banfield, A. (1982) Unspeakable sentences. Narration and representation in the language of fiction. Routledge & Kegan Paul, Boston.

Bree, C. van (1996 / 2004) Historische taalkunde. 1996: Acco, Leuven Amersfoort / 2004: http://www.dbnl.org/tekst/bree001hist01/index.htm .

Hoekstra, E. (1993) On the Parametrization of Functional Projections in CP. A..J. Schafer (ed) 23th Proceedings of the North-East Linguistic Society 1992. U. of Massachusetts, Amherst, (1993), 191-204.

Hoekstra, E. (1995) "Ik denk dat Jan en dat Piet elkaar niet mogen". Taalkundig Bulletin 25, 158-159.

Hoekstra, J. (1990) "Hy sei fan net". Taalsnipels 144. Friesch Dagblad 28-04-1990.

Jansen, F. (1981) Syntaktische konstrukties in gesproken taal. Huis aan de Drie Grachten, Amsterdam.

Romijn, K. (1998) "EH: substitutie- en aarzelingsinterjectie". Taalkundig Bulletin 28, 72-87.

Sacks, H. (1978) "Some Technical Considerations of a Dirty Joke." In Schenkein (ed.), 249-269.

Schenkein, J. (1978, ed.) Studies in the Organization of Conversational Interaction. Academic Press, New York.

Schiffrin, D. (1987) Discourse markers. Cambridge University Press, Cambridge.

Sharrock, W.W. & R. Turner (1978) "On a Conversational Environment for Equivocality." In Schenkein (ed.), 173-197.

Tacq, J. (1997) Multivariate Analysis Techniques in Social Science Research. From Problem to Analysis. Sage Publications, London.

Vries, J. de (2001) "Onze Nederlandse spreektaal." SDU Uitgevers, Den Haag.

Vries, W. de (1910-1911, 1911-1912) Dysmelie. Opmerkingen over syntaxis. (Verhandeling behorende bij het programma van het gymnasium der gemeente Groningen voor het jaar 1910-1911) (Idem, 1911-1912). B. Jacobs, Groningen.

Wodak, R. & M. Meyer (2001) "Methods of Critical Discourse Analysis". Sage Publications, London.