Eric Hoekstra

 

Betsjuttingsaspekten fan it foarheaksel –UNT yn it Frysk en –ONT it Nederlānsk

 

Abstract

This articles provides an investigation of the semantic properties of the prefix ūnt- / ont- in Frisian and Dutch, which is related to un- in English. Researchers disagree sharply in the distinctions they draw between the various semantic uses of this prefix, as we will show. The lack of agreement indicates that something is wrong with the way in which subdivisions are made. These researchers (De Haas & Trommelen 1993, Hendriks, Kas & Laport 1994, J. Hoekstra 1998) share the dogma that semantic subdivisions must be made with the help of the word (the verb) that is homophonous with the root (the correlate. This dogma causes several complications, for example, when the correlate fails to occur as an independent word, and, as a result, semantic subdivion on this ground fails. It is argued that semantic subdivision is more succesful if semantic and formal considerations are teased apart. Furthermore, semantic subdivision is argued to be more succesful in case it employs the notion of (pragmatic) contrary, which is well-known from cognitive grammar (Lakoff & Johnson 1980 and others).

 

1. Objekt fan ferwizing en manear fan ferwizen [noat 1]

Betsjutting is ūnder oaren in saak fan perspektyf, sa't Lakoff & Johnson (1980) wiidweidich sjen litten ha. Algemien bekend is it neikommende foarbyld:

 

(1a)      It glźs is noch healfol

(1b)      It glźs is al healleech

 

Yn beide gefallen giet it om in glźs dat oan it leechreitsjen is en dat op in stuit foar de helte in relevante floeistof as wetter of bier befettet. Dy stān fan saken kin likegoed mei (1a) as mei (1b) werjūn wurde. It ferskil sit him yn it perspektyf, de manear fan sjen: yn (1a) beskiedt de oarspronklike follens fan it glźs it perspektyf, yn (1b) beskiedt de mooglik te ferwachtsjen legens it perspektyf.

 

Yn fūle diskusjes oer it fuortbestean fan it Frysk spilet itselde perspektivisme in rol. In positiveling seit, 50% fan de Friezen sprekt noch Frysk; in negativeling seit, 50% fan de Friezen sprekt al gjin Frysk mear. Hoewol’t se deselde stān fan saken beskriuwe, jouwe se dy ūngelyk wer. Har werjefte ferriedt yn beide gefallen har grūnhālding: de ien tinkt śt it ferline wei, de oar fanśt in takomst dy’t er mient te kennen.

 

Yn de semantyk wurdt it ferskil tusken (1a) en (1b) ek wol beneamd mei help fan de termen yntinsjoneel en ekstinsjoneel (Gamut 1982). De standertsin om dat śt te lizzen is:

 

(2) De moarnsstjer is de jūnsstjer

 

Yn beide gefallen giet it om itselde objekt śt de wurklikheid, nammentlik de planeet Fenus. De manier fan ferwizen is wer ferskillend, ōfhinklik fan it eachweid, dat mei it stuit fan merkbiten partueret: moarns of jūns. Moarnsstjer en jūnsstjer binne ekstinsjoneel itselde, mar yntinsjoneel ferskillend. Allyksa binne sinnen (1a) en (1b) ekstinsjoneel itselde, mar yntinsjoneel net.

 

Al dizze foarbylden litte sjen dat betsjutting mear is as beskriuwing fan in stān fan saken. By betsjutting giet it ek om de manear fan beskriuwen, en dan spylje saken as perspektyf in rol. De rol fan perspektyf kriget in protte omtinken yn de saneamde Kognitive Taalkunde (Lakoff & Johnson 1980, Lakoff 1987, Langacker 1987, 1991). In foarbyld fan perspektivisme is it tellen. Wy, en sprekkers fan in protte oare talen, telle yn tsientallen, om’t śs liif tsien fingers hat (Heine 1997:19 en fierder). Us perspektyf op getallen is alsa fundearre op it tal fan śs fingers.

 

Yn it foarlizzende artikel wol ik yngean op de betsjutting fan it foarheaksel –ūnt, dat him bygelyks oppenearret yn tiidwurden lykas ūntkomme en ūntkrije. Dźrby sil ik it Fryske –ūnt ferlykje mei it Hollānske –ont. Yn seksje 2 sil ik ferskate yndielingen fan betsjuttingsskiften fan dat foarheaksel besprekke. Ik sil dźrnei sjen litte dat perspektivisme ek in rol spilet by it neier karakterisearjen fan de betsjutting fan dit foarheaksel.

 

2.  Betsjuttingsskiften fan –ūnt en –ont.

 

2.1. 6 skiften foar Hollānsk –ont

 

Hendriks, Kas & Laport (1992), dy’t har basearje op it WNT, ūnderskiede de neikommende  6 betsjuttingsskiften foar –ont.

 

(3a)      Ferwidering: ontfutselen, ontgaan, ontkomen, ontvluchten.

(3b)      Skieding: ontbinden, ontleden.

(3c)      Tsjinoersteld fan korrelaat sūnder –ont: ontdekken, ontladen, ontsluiten, ontspannen.

(3d)      Ferlies fan in saak of eigenskip: ontbladeren, onteigenen, onthoofden, ontmannen.

(3e)      Begjin: ontbranden, ontdooien, ontkiemen, ontnuchteren, ontwaken.

(3f)       Oarssoartich: yn neifolging fan Frānsk dénuder lykas ontbloten of dźr’t gauris gjin

            korrelaat sūnder ont- bestiet, of net mei de partuerlike betsjutting lykas ontcijferen.

 

Yn har yndieling brūke se it begryp "korrelaat". It korrelaat is it wurdpart dat oerbliuwt as wy ont- weilitte. It wurdt ek wol grūnwurd neamd, hoewol’t dat misliedend is, mei’t it eins in wurdpart is, dat gauris mar lang net altiten homofoan (lyklūdend) is mei in ūnōfhinklik besteand wurd. Om dit te yllustrearjen: yn ontspannen is –spannen it korrelaat, dat homofoan is mei it tiidwurd anneks ūnōfhinklik besteand wurd spannen. By ontginnen is –ginnen  it korrelaat, mar dźrby mist in wjergader ginnen dat him als selsstannich (tiid)wurd oppenearret.

 

By de yndieling yn (3) freegje Hendriks, Kas & Laport har ōf (1992:137) wźrom oft  ōfliedingen mei –ont sokke ūngelikense, bytiden absolśt net relatearre betsjuttings ha. Ik sil yn seksje 3 sjen litte dat de earste fjouwer betsjuttingsskiften perfoarst wol relatearre en sels nau relatearre binne. It fyfte betsjuttingskift is ek relatearre, mar kin wol as ōfsūnderlik skift bestean bliuwe. It sechte skift kin oer de oare skiften ferdield wurde, dat der bliuwe by eintsjebeslśt twa oer.

 

Ik woe alderearst koartwei de fizy op morfology bekritisearje dy’t ha wol dat ontdekke syngroan ōflaat is fan dekke, lykas dien wurdt troch Hendriks, Kas & Laport, en oare morfologen. Arguminten tsjin it ōflieden fan gearstalde wurden fan wurden binne op oare plakken jūn of suggerearre, foar ūnt-ōfliedings bygelyks troch Sassen (1979).  Sassen (1979:67) wiist derop dat ontstoppen kwa betsjutting ōflaat is, net fan stoppen mar fan verstoppen, bygelyks yn verstopte en ontstopte rioolbuizen. [noat 2]

 

Goed bekend binne ek de gefallen dźr’t it korrelaat sūnder prefiks net bestiet. Hendriks, Kas & Laport skowe sokke gefallen, lykas ontbloten njonken *bloten, yn it skift (3f). Mar fan ontfutselen, tawiisd oan skift (3a), bestiet ek gjin wjergader *futselen. Sokke wurden wurde ek wol ‘formeel geleed’ ofwol formeel gearstald neamd. Yn sokke gefallen kin lykwols gjin sprake wźze fan semantyske komposysje fan ont- en -futselen, wylst de yndieling yn (3) soks al foarūnderstelt.

 

As wy nei betsjutting sjogge, dan moatte wy fźststelle dat ontdekken en dekken (skift 3c fan tsjinoerstelden) ek net folle mear meiinoar te krijen ha. Jawis, formeel bestiet ontdekke śt ont- + -dekken, mar dekken is net it tsjinoerstelde fan ontdekken:

 

(4a)      Columbus ontdekte Amerika                            

(4b) *   Columbus dekte Amerika niet (af, toe)

 

As dekken en ontdekken wier tsjinoerstelden wiene, dan soe sin (4b) mooglik wźze moatte. Mar (4b) kin net, ek net mei partikels lykas af of toe taheakke. Punt is dat de betsjuttingen fan dekken en ontdekken net folle meiinoar te krijen ha, op syn heechst is der in wif metafoarysk ferbān. Ontdekken is in idioom dat, śt in syngroan perspektyf wei, net komposysjoneel is, dat wol sizze, de betsjutting fan ontdekke is net de optelsom fan de betsjuttings fan it prefiks ont- en de woartel -dekken. De Haas & Trommelen (1993:78) jouwe mear foarbylden fan dit type: ontbieden, ontbijten, ontduiken, ontgroeien, ontkomen, ontmoeten, ontvangen.  Wy dogge der better oan en gean śt fan formele gearstaldens ('geleedheid'), sūnder te claimen dat de woartels ek as selsstannige wurden bestean moatte, en de bybehearrende betsjutting ha moatte. Sa’t De Haas & Trommelen (1993:78) sizze: “het verband tussen afleiding en correlaat is slechts van een vormelijke aard”.

 

In oar punt fan krityk is it tawizen fan ontbloten oan skift 6. Jawis, *bloten bestiet net, mar bloot al. Ontbloot en bloot binne hast itselde (krekt as ontnuchterd en nuchter), dat ontbloten soe better oan skift 3e tawiisd wurde kinne. [noat 3] De problemen mei de yndieling binne keunstmjittich en wurde teweibrocht troch it dogma dat wat folget op ont- eins as ūnōfhinklik tiidwurd bestean moatte soe. Litte wy dat dogma gewurde en sjogge wy suver nei de betsjutting, dan kin ontbloten by skift 3e yndield wurde.

 

Op de yndieling yn 6 skiften, los fan ferkearde tawizingen fan ont-tiidwurden, ha ik oare krityk. Ik mis nammentlik in oantsjutting fan wat de 6 skiften, of in part derfan, mienskiplik ha. De 6 skiften wurden no foarsteld as in list fan 6 net neier relatearre skiften. Net om ‘e nocht roppe Hendriks, Kas & Laport śt: “Waarom nu dragen afleidingen met ont- zulke verschillende, soms zelfs absoluut niet aan elkaar gerelateerde, betekenissen?”

 

Ear’t ik neier op dizze problemen yngean, wol ik earst de yndielingen fan De Haas & Trommelen (1993) en Jarich Hoekstra (1998) besprekke.

 

2.2. 7 skiften foar Hollānsk –ont

 

De Haas & Trommelen sjogge earst nei de syntaktyske kategory fan it korrelaat as it as wurd foarkomt, en meitsje dan neiere semantyske ūnderskiedings:

 

(5) ont- + tiidwurd

(5a) Begjin: ontkiemen, ontslapen, ontspruiten, ontwaken.

(5b) Tsjinoerstelde fan korrelaat: ontbinden, ontladen, ontnemen, ontsluiten, ontspannen.

(5c) Ferwidering: ontduiken, ontgroeien, ontkomen, ontlopen, ontsnappen, ontworstelen.

 

(6) ont- + haadwurd (+ ynfinityf śtgong, dy't ik hjirūnder net mear oanjou): ontbossen, ontmaskeren, ontkurken, onthoofden, ontmaagden, ontwarren, ontzenuwen.

Betsjutting: “het ontdoen van de zaak waarnaar het substantief verwijst”.

(7) ont- + eigenskipsurd: onteigenen, ontbloten, ontnuchteren, ontharden, ontvreemden, mar net ontmoedigen.

Betsjutting1: “minder of niet A maken of worden”, bygelyks ontharden.

Betsjutting 2: “A maken of worden”, bygelyks ontbloten.

(8) ont- + haadwurd / tiidwurd: ontbranden (brand / branden), ontkalken (kalk / kalken)

(9) ont- + ? (net selsstannich besteand as wurd): ontginnen, ontberen, ontrieven, ontwaren, ontwrichten, zich ontfermen

 

Sa’t śt de skiften yn (8-9) blykt, is gauris net śt te meitsjen wat de kategory fan it korrelaat wźze soe, omdat dat net as selsstannich wurd foarkomt (*ginnen, * beren, * rieven, en sa mear) of omdat it korrelaat as twa selsstannige wurden foarkomt, tiidwurd en haadwurd (brand / branden en sa mear). By dizze skiften wurdt oars gjin neiere semantyske karakterisearring jūn.

 

By skift 6 giet it om “het ontdoen van de zaak waarnaar het substantief verwijst”. In foarbyld is “ontbossen”. Mar by ontbossen spilet it begryp ‘tsjinoerstelde’, hoewol net neamd troch De Haas & Trommelen, doch in grutte rol. Jawis, *bossen bestiet net. Mar tsjinoer ontbossen stiet wol foargoed bebossen! De noasje ‘tsjinoerstelde’ is in weromkommende konstante by de beskriuwing fan de skiften, dy’t wy sels yn seksje 3 ek benutsje sille.

 

De betsjutting fan skift (5b) wurdt oantsjut as “tegenovergestelde van korrelaat”. Mar ontbinden en binden binne hielendal net tsjinoerstelden. It tsjinoerstelde fan binden is sokssawat as losmaken. It tsjinoerstelde fan ontbinden is sokssawat as samenvoegen. Foar nemen en ontnemen jildt allyksa dat der gjin sprake is fan tsjinoerstelling. It tsjinoerstelde fan ontnemen is sokssawat as geven of teruggeven. De problemen ūntsteane omdat De Haas en Trommelen de betsjutting fan ont-tiidwurden mei alle geweld omskriuwe wolle mei help fan it korrelaat, dat wol sizze, it wurdpart dat oerbliuwt as wy ont- weilitte (de woartel). Mar soks is, śtgeande fan in syngroane analise sa't de   taallearder meitsje moat, net altyd mooglik.

 

2.3. 3 skiften foar Frysk ūnt-

 

Jarich Hoekstra (1998:149) ūnderskied 3 skiften fan ūnt-tiidwurden. Hy wiist foarst op in skift fan ūnt-tiidwurden dat ditransitieven binne, dus, dy’t in saaklik foarwerp en in meiwurkjend foarwerp ha.

 

(10a) Ditransitieven: ūntkrije, ūntnaderje, ūntnimme, ūntgnobje, ūntstelle, ūntstride, ūnttroaie.

 

Dy ha neffens him yn it Frysk frijwat produktyf west. Mei’t se yn it Nederlānsk net sa produktyf west ha, steane ditsoarte foarmingen, at se yn it Hollānsk net besteane, as earste faai om śt it Frysk te ferdwinen. Guon derfan ha as betsjutting ‘iemand iets afhandig maken’, lykas ūnthelje, ūntnaderje, ūntstelle en ūntgnobje. Te moai om wei binne ūntkreauwe, dat ‘betwisten’ betsjut, en ūnttroaie ‘aftroggelen’.

 

De oare twa skiften dy’t er ūnderskiedt binne:

 

(10b) Reversativen, “dy’t it risseltaat fan ‘e hanneling fan it grūnwurd ūngedien meitsje”: ūntdekke, ūntsmette, ūntspanne, ūntwikkelje. 

(10b) Yngoätiven, “dy’t it begjinnen fan ‘e hanneling fan it grūnwurd oantsjutte”.

 

Tsjin dy omskriuwings jildt itselde wat wy earder al op it aljemint brochten. Yn in protte gefallen binne de betsjuttings sa bot śtinoar groeid dat der gjin dśdlik en mienskiplik ferbān mear mei de hanneling fan it ‘grūnwurd’ is (dekke / ūntdekke), of der is sels hielendal gjin grūnwurd (*ginne, ūntginne). En wźr moatte wy ontgelden / ūntjilde plak jaan? Dat tiidwurd liket noch yngoätyf noch reversatyf te wźzen, en yn alle gefallen kin syn betsjutting net mei help fan it korrelaat gelden ūnder wurden brocht wurde, want dat mist yn de taal.

 

Jarich Hoekstra (1998:149) seit wol oars wat wichtichs oer dizze twa skiften: “Hollānske ont-tiidwurden dy’t ta de niisneamde skiften rekkene wurde kinne, moatte yn it Frysk faak oars omskreaun wurde”. Hjirūnder wat foarbylden, mei wat eigen foarbylden deroan taheakke:

 

(11) Reversativen

ontkleden                     śtklaaie

ontleden                       śtinoar helje / plśzje

ontvouwen                    iepenteare, śt ‘e doeken dwaan

ontraden                       ōfriede

ontkoppelen                 loskeppelje

ontsieren                       skeine

ontwennen                    ōfwenne

(12) Yngoätiven

ontbijten                       moarnsite

ontvlammen                  yn ‘e brān fleane

ontwaken                     wekker wurde

ontdooien                     begjinne te teien [noat 4]

ontkiemen                     śtsprute

ontploffen                     śtinoar ploffe / spatte

ontmoeten                    moetsje, treffe

 

It sil klearrichheid ha dat it foarheaksel ūnt- yn it hjoeddeistich Frysk oars wurket as syn Hollānske wjergader, sjoen it feit dat Hollānske  tiidwurden fan boppesteande beide betsjuttingsskiften gjin Fryske wjergader ha, of ynslūpsel binne, of minder frekwint brūkt wurde. It is in moai bewiis foar de taalkundige realiteit fan dy twa skiften, dat se yn it Frysk systematysk ūntbrekke, wylst de oaren wol oanwźzich binne. Alsa liket it oars hālden en dragen fan reversativen en yngoätiven bewiis foar dy skiften, al docht dat net ōf oan śs krityk op de definysje fan dy skiften. Yn it neikommende sil ik besykje de ont-tiidwurden yn te dielen sūnder gebrūk te meitsjen fan it korrelaat, it grūnwurd.

 

2.4. Gearfetting krityk op śtstelde skiften

 

3. Skiften op ‘e nij definearre

 

3.1. Pragmatysk negatyf

 

Wat ik mis yn de besteande beskriuwingen is dat de ont-tiidwurden dy’t net yngoätyf binne eins negatyf binne. It negative aspekt wurdt al ymplisyt oantsjut mei wurden lykas ‘ferwidering’, hanneling ūngedien meitsje’ en oare frazen dy’t brūkt binne om skiften te definearjen. Mei negatyf bedoel ik pragmatysk negatyf. Lit my dat neier śtlizze mei help fan it folle dan wol lege glźs. Fol en leech binne inoars tsjinoerstelde. Logysk besjoen is dat in symmetryske ferhālding: net fol = leech, en net leech = fol. Yn de minsklike taal ha wy lykwols oanstriid en kies in perspektyf en beskōgje ien fan de beide tsjinoerstelden as posityf en de oar as negatyf. Sa ūntstiet dan in asymmetryske ferhālding. Yn it gefal fan fol en leech besjogge wy normaliter fol as posityf en leech as negatyf. Sa’n wearde-oardiel, foaroardiel, kin by metafoarysk taalgebrūk boppe wetter komme. As ik sis ‘ik bin hielendal leech’, dan slacht dat op myn geastestastān, en it is negatyf bedoeld. Fansels bedoel ik net dat ik letterlik leech bin. Mei pragmatysk negatyf bedoel ik dat in wurd normaliter negatyf is yn de persepsje fan minsken.

 

In oar foarbyld fan in asymmetryske tsjinstelling is bygelyks it Ingelske up en down  (Lakoff & Johnson 1980). Down is negatyf, as begryp. It blykt śt idioom lykas: to be down 'jin geastlik min fielle'. Mar ek metafoaren brūke dan leechlizzende plakken, lykas yn ‘e put sitte. Dźrfoaroer stiet it positive be on top of the world. Der binne hūnderten fan ditsoarte foarbylden. Ik woe śthālde dat ont-tiidwurden in pragmatysk negatyf perspektyf kieze. Hjirūnder in listke fan tsjinoerstelden, mei it positive lid hieltyd earst:

 

(13)

fol                    leech

healfol              healleech

yn                     śt

op                    del

byinoar śtinoar

hjirhinne            hjirwei, fuort

oanwźzich        ōfwźzich

 

By it negative lid is gauris sprake fan ōfwźzigens fan eat fanśt in beskaat eachweid wei. Yn in sintsje as "hy giet de keamer śt" wurdt de keamer bygelyks leech. Fansels giet in persoan dy't fuortgiet altyd earne oars hinne. Ynstee fan niisneamd sintsje soene wy, logysk besjoen, ek sizze kind hiene: "hy giet de gong yn" of sokssawat. Itselde barren kin pragmatysk posityf of pragmatysk negatyf delset wurde.

 

Antonimepearen lykas fol-leech binne net symmetrysk mar asymmetrysk trochdat ien fan beide leden as pragmatysk negatyf sjoen wurdt. Blykber hat de minske in sterke oanstriid om in antonimepear asymmetrysk te oarderjen. Unōfhinklik bewiis foar dit ferskynsel is der ek. It oppenearret him by eigenskipswurden yn beskate morfologyske en syntaktyske konteksten (sjoch Dyk 1988:25, dy't him wer basearret op Bierwisch 1967, Givón 1970):

 

(14a)    Dy stōk is 50 sintimeter lang

(14b) * Dy stōk is 50 sintimeter koart

(15a)    Stōk A is heal/dūbeld sa lang as stōk B

(15b) * Stok B is heal/dūbeld sa lang as stōk A.

(16a)    witteheech, wittegrut, wittelang, wittedjip

(16b) * witteleech, *wittelyts, *wittekoart, *witteūndjip

 

It positive eigenskipswurd kin brūkt wurde om de hiele skaal tusken beide antonimen te bestriken, it pragmatysk negative eigenskipswurd krekt net. Yn de ūndersteande seksje sil sjen litten wurde dat ont-gearstallings pragmatysk negatyf binne. [noat 5]

 

3.2. Skiften (3a-d) fan Hendriks, Kas & Laport as pragmatysk negative tiidwurden

 

In foarbyld fan in negatyf perspektyf is ontharen. Men soe dat likegoed neutraal foarstelle kinne, sa’t bygelyks it tiidwurd skeare docht. Of men kin it posityf foarstelle troch in tiidwurd as opskjinje te brūken. Yn alle gefallen wurdt deselde sitewaasje, deselde stān fan saken beskreaun. Mar ontharen fokust op it weiwurden fan it hier en weiwurde is almeast pragmatysk negatyf. Skeare is neutraal. En opskjinje stelt it barren posityf foar as in skjin wurden.

 

It negative perspektyf fan ont-tiidwurden kinne wy mei in test oan it ljocht bringe. By ont-tiidwurden ferdwynt der wat. Ferlykje mar:

 

(17a) Hij onthaarde zijn borst tot er geen haar meer over was.

(17b) Hy skjinne syn boarst op oant er hielendal skjin / klear wie

 

Yn de (a)-sin is it proses as in weiwurden fan in eigenskip beskreaun, yn de (b)-sin is it selde barren beskreaun as it ferskinen fan in eigenskip. Beide perspektiven binne fansels legitym, mar se binne net identyk. It docht tinken oan it ferskil tusken heal leech en heal fol.

 

Ik sil no in tal foarbylden bydel rinne fan Hendriks, Kas & Laport:

 

(3a)      Ferwidering: ontfutselen, ontgaan, ontkomen, ontvluchten.

 

By ontfutselen rekket immen wat ‘kwyt’, by ontgaan is der wat ‘wei’, by ontkomen slagget immen by in oar ‘wei’, en allyksa by ontvluchten. De semantyk fan dizze tiidwurden hat in negatyf perspektyf. No it folgjende skift:

 

(3b)      Skieding: ontbinden, ontleden.

 

Yn beide gefallen wurde dingen śtinoar helle, en dat is pragmatysk negatyf. Ferlykje ek: se binne śtinoar, it falt as los sān śtinoar.  Hjir heart ontploffen ek thśs, dat yn it Frysk ommers oerset wurdt as śtinoar spatte. It barren wurdt hieltyd śt de pragmatysk negative poal wei beskreaun. It tredde skift:

 

(3c)      Tsjinoersteld (fan korrelaat sūnder –ont): ontdekken, ontladen, ontsluiten, ontspannen.

 

Dizze groep liket op de foargeande. By ontladen rekket eat syn lading kwyt; it Frysk brūkt dźr it negative partikel śt, as yn śtlade. By ontsluiten gean de gearstallende dielen fan in sluting śtinoar, by ontdekken rekket eat syn ūnbekend wźzen kwyt. In tiidwurd as fine jout dat lźste neutraal wer. It fjirde skift:

 

(3d)      Ferlies fan in saak of eigenskip: ontbladeren, onteigenen, onthoofden, ontmannen.

 

Dśdlikernōch wurdt it barren hjir as it ‘weiwurden’ fan eat foarsteld. De Fryske ditransitieven fan Jarich Hoekstra (ūntkrije, ūntgnobje, ūntprate) falle allegear yn dit patroan fan dat immen, de persoan oantsjut yn it meiwurkjend foarwerp, wat kwyt rekket. It yndirekt objekt, dat oars noch al ris weilitten wurde kin, is yn dizze gefallen ek ferplichte.

 

3.3. Skift (3e), yngoätiven

 

Skift (3e) bestiet śt tiidwurden mei de semantyske konnotaasje fan ‘begjinne, śtein sette’:

 

(3e)      Begjin: ontbranden, ontdooien [noat 5], ontkiemen, ontnuchteren, ontwaken.

 

Jarich Hoekstra brūkt dźr de term yngoätyf foar. De betsjutting lit him omskriuwe mei ‘begjinne’ of ‘wurde’: ‘begjinne te brānen’, ontkiemen 'begjinne te kimen', ‘begjinne te teien’, ‘nuchter wurde’, ‘wekker wurde’.

 

4. Konklśzje

 

Gearfetsjend, as wy de betsjutting fan ont-tiidwurden neier besjogge, ūnderskiede wy kwa betsjutting mar twa skiften:

 

 

Dźrmei stiet de śtstelde yndieling it tichtst by dy fan Jarich Hoekstra, dy’t njonken de ditransitieven ek mar twa skiften ūnderskate. Bewiis foar it bestean fan de yngoätive groep blykt śt it feit dat dy yn it Frysk feitliks mist, lykas opmurken troch Jarich Hoekstra. De pragmatysk negative groep is yn it Frysk folle minder produktyf, mei śtsūndering fan ditransitiven lykas ūntkrije en ūntstelle.

 

Fierder wurdt hjir, oars as  by de oanhelle auteurs, gjin gebrūk makke  fan it begryp korrelaat of grūnwurd. Ynstee dźrfan brūke wy it begryp fan pragmatysk negatyf, dat ek yn de kognitive taalkunde brūkt wurdt. It negative fan bygelyks ontploffen blykt moai śt de Fryske oersetting śtinoar ploffe, dat gebrūk makket fan it negative śt. Foar it fierder opdielen yn skiften kin men better achtslaan op formele eigenskippen lykas transitiviteit en ditransitiviteit, eigenskippen dy’t oars ek by De Haas & Trommelen en J. Hoekstra mei sukses brūkt wurde.

 

Ik ha yn dit artikel foaral wiisd op de emiryske problemen dy't har oppenearje as it besocht wurdt en definearje skiften fan gearstallings mei help fan it begryp 'korrelaat'. Lykwols sit der ek in teory-ynterne kant oan oan dizze kwestje. Yndielingen dy't gebrūk meitsje fan it begryp korrelaat geane derfan śt dat it korrelaat (de woartel) sels ek as ūnōfhinklik wurd bestiet. Dat giet tebek op transformasjonele morfologyske analyses dy't ha wolle dat wurden fan wurden ōflaat wurde, en dan binne gefallen as ontfutselen problematysk. Dźrmei komt de fraach op oft it wol sa is dat wurden fan wurden ōflaat wurde. Yn it bestek fan dit artikel is dy fraach ek net beanderjen, mar it liket wol mooglik om ont- en ūnt-gearstallings neier yn te dielen sūnder oan te nimmen dat wurden fan wurden ōflaat wurde moatte.

Noaten

 

 

1. Ik woe Rients Faber, Anne Popkema, Reinier Salverda, Willem Visser en in anonime reviewer betankje foar harren kommentaar op dit stik.

 

2. Sassen giet oars ek net yn op it feit dat dizze betsjuttings foaral mei de folsleine mulwurden fan niisneamde tiidwurden assosearre lykje te wurden, sa't in lytse ferkenning op it ynternet śtwiist. 

 

3. In ferlykber probleem oppenearret him ek by be-tiidwurden, sjoch Veenstra (1988).

 

4. Ynstee fan in ferhollānske “de bōle moat ūntteid wurde” ha ik obstrewearre “it iis moat noch śt ‘e bōle wei”. Slaan ek acht op it omheaksel śt-wei, dat śt in negatyf foarheaksel śt en in negatyf efterheaksel wei bestiet. Ut is yn metafoaryske konteksten nammentlik gauris pragmatysk negatyf: "dat is śt" (= efterhelle), "hy is derśt stapt" (= hat himsels tekoart dien), en sa fierder.

 

5. Ontdooien wurdt yn it Hollānsk foarsteld as in yngoatyf. As men yn it Frysk seit “it iis moat noch śt de bōle wei” wurdt itselde barren foarsteld as pragmatysk negatyf. Inselde barren kin dus yn ūnderskate talen oars werjūn wurde. By in yngoatyf wurdt it begjin fan in barren op de foargrūn steld, by in pragmatyske negatyf lykas ontbossen wurdt de ferliking mei it tsjinoerstelde (oanwźzichheid fan bos) op de foargrūn steld.

 

6. It falt buten it bestek fan dit artikel en besykje ek de yngoativen ūnder de teory fan pragmatyske negativen te beflappen. Yn takomstich ūndersyk soe ik dźr noch wolris op weromkomme wolle.

 


 

Bibliografy

 

Bierwisch, M. (1967) Some semantic universals of German adjectives. Foundations of Language 3, 1-36.

Gamut, L.T.F (1982) Logica, taal en betekenis. 2 delen. Het Spectrum, Utrecht.

Givón, T. (1970) Notes on the semantic structure of English adjectives. Language 46, 816-837.

Haas, W. de & M. Trommelen (1993) Morfologisch Handboek van het Nederlands. Een overzicht van de woordvorming. SDU Uitgeverij, ‘s Gravenhage.

Heine, B. (1997) Cognitive Foundations of Grammar. Oxford University Press, Oxford.

Hendriks, P., M. Kas & L. Laport (1994) De semantiek van afleidingen met ont-. De Nieuwe Taalgids 87-2, 136-144.

Hoekstra, J. (1998) Fryske Wurdfoarming. Fryske Akademy, Ljouwert.

Lakoff, G. & M. Johnson (1980) Metaphors we live by. Chicago University Press, Chicago.

Lakoff, G. (1987) Women, fire and dangerous things: what categories reveal about the mind. Chicago University Press, Chicago

Langacker, R. (1987) Foundations of cognitive grammar. Volume 1: Theoretical Perspectives. Stanford University Press, Stanford.

Langacker, R. (1991) Foundations of cognitive grammar. Volume 2: Theoretical Perspectives. Stanford University Press, Stanford.

Sassen, A. (1971/1979) “Over het bestaan en ontstaan van Nederlandse woorden.” 1971: inaugurele oratie, ongepubliceerd. 1979: in G.E. Booij (red.) Morfologie van het Nederlands. Huis aan de drie grachten, Amsterdam, 63-76.

Veenstra, D.H. (1988) Oer de grammatika fan be-ferba. Yn: Dyk, S. & G. de Haan (red.), Wurdfoarried en Wurdgrammatika. In bondel leksikale stśdzjes. Fryske Akademy, Ljouwert: 136-174.

Woordenboek der Nederlandsche Taal. Martinus Nijhoff, A.W. Sijthoff, ‘s Gravenhage.

 

 

 

Bibliografysk stikje

 

Eric Hoekstra, berne 1960, studearre Ingelsk en Algemiene Taalwittenskip yn Grins, dźr't er promovearre op taalferlykjend ūndersyk. Tusken 1992 en 1999 wurke er as dialektsyntaktikus op it Meertens Ynstitśt te Amsterdam. Sūnt wurket er op de Fryske Akademy. Hy joech yn dieltiid kolleezje oan de UvA yn 2002, en oan de RUG yn 2005, 2006 en 2007. Hy hat ek oer letterkunde publisearre (Johan van Hichtum, T.G. van der Meulen) en sette wurk fan Nietzsche oer yn it Frysk.