Eric Hoekstra
Tydskrift foar Fryske Taalkunde 9, 24-29.
1. De -en + ymperatyf/ynfinityf is in soad oer skreaun. It undersyk hat tige nijsgjirrige feiten opsmiten, en it is wol wis dat noch net alles ûntdutsen is. In fraach der’t elkenien it andert wol op wite wolle sil, is lykwols de neikommende: wa hat it earst dizze konstruksje opmurken, en wa hat der it earst yngeand oer skreaun?
2. Op it mêd fan ‘e frisistyk is it Miedema (1957)
dy’t omtinken freget foar dizze konstruksje. Efkes in foarbyldsje út
Miedema syn stik, dy’t in aardich tal sinnen út ‘e literatuer gearfandele
hat: hja wierne by steat en bliuw stil wei. Lykas Miedema seit:
“De konstruksje nei en hat de funksje fan in ûnderskikte sin
mei om ... te”. Dat we koene yn it niisneamde foarbyld lykegoed
sizze: hja wiene by steat om stil wei te bliuwen.
De âldste ferwizing yn Miedema syn stik is nei
Sytstra & Hof (1925:170). Dy neamme it ferskynsel al, mar se geane
der net op yn. Ik sitearje (harren komintaar is oerset nei it Frysk): “apart
binne lykwols de neikommende sinnen: wy meije wol hinnegean en ride
hwet oan; wy meije der wol om tinke en jowe (jaen) de bûrren gjin
lêst.”
Wa hat der it earst yngeand oer skreaun? De âldste
ferwizing is nei Overdiep (1937a). Overdiep (1937a:564-567) jout yndie
in stikmennich foarbylden.
Undersikers dy’t nei Miedema kamen, ferwize net altiten
mear nei Overdiep of Sytstra-Hof. Oaren, lykas Hoekema (1958), Hoekstra
(1987), De Haan (1990) ferwize al nei ien fan beiden, of beiden. Dat guon
it net dogge is in natuerlike ûntjouwing, goed of net goed, dêr
wol ik it net oer hawwe. It giet my derom en jou wat omtinken oan in taalkundige
dy’t dizze konstruksje earder as Overdiep en Sytstra-Hof yngeand op it
aljemint brocht hat.
3. Dysmelie. Opmerkingen over Syntaxis liket in
“cult” boek te wêzen. Ik hie der nea fan heard mar ik waard yn ien
en deselde wike, ûnôfhinklik fan mekoar, tipt troch Jaap van
Marle en troch Jan-Wouter Zwart. It is skreaun troch de Grinslânske
taalkundige Wobbe de Vries, hikke en tein yn Noordhorn yn it Grinslanner
Westerkertier.
It boek ferskynde yn twa dielen, 1910-11 en 1911-12,
as in part fan it Programma van het Onderwijs van het Stedelijk Gymnasium
te Groningen. Dêr wie Wobbe de Vries learaar. Yn dy tiid wie
it benammen yn Dútslân net ûngewoan dat in leraar dy’t
wittenskiplik warber wie in wittenskiplik stik skreau yn sa’n ûnderwiisprogramma.
Dysmelie is publisearre op in tige obskuer plak,
yn it programma fan in gymnasium. Dat ferklearret, alteast foar in part,
werom’t Wobbe de Vries net neamd wurd troch better net te witen gjin ien
dy’t oer dy konstruksje skreaun hat. In oare reden is dat Overdiep himsels
him net sitearret. Overdiep hat in lang stik oer de en + ymperatyf/ynfinityf
yn syn Stilistische Grammatica, mar fergees siket men de namme fan De Vries.
Yn it Voorbericht betankt Overdiep lykwols al “de Nestor van onze
dialectologen, Dr. W. de Vries, die mij ook bij de correctie groote diensten
heeft bewezen”. Ik wit net wat der efter dat ook stiket. Mar ik
wol it hjir fierder ek net ha oer de drege fraach oft Overdiep te deun
west hat met ferwizings nei De Vries.
Wol aardig is dat Overdiep (1937b,1939) wiisd hat op
de wichtigens fan it Frysk foar de stúdzje fan it Nederlânsk
út in histoarysk en dialektologysk eachweid wei, en op it feit dat
it Frysk folle tichter by de deistige sprektaal stiet as it Hollânsk.
In sitaat (oerset nei it Frysk út Overdiep 1937b): Yn it Frysk
fiele wy de sprutsen folkstaal fuortendaliks klopjen yn elke soarte fan
literatuer. ... Ek hjiroan giet in “neerlandikus” en “germanist” te gast.
De honger sil lykwols net by elkenien like grut wêze.
Van Haeringen (1954:59) referearret oan Dysmelie
as “a very personal work, full of precise observations, but weak in composition”.
Spitigernôch hienen de boeken fan De Vries “a regrettably ephemeral
existence, and hardly ever were for sale in the normal book-trade”. Ut
in hjoeddeisk eachweid wei is de komposysje fan in boek lykwols net tige
wichtich foar wittenskiplike wurdearring. Boppedat is it de ûngewoane
ynhald, mear as de komposysje, dy’t der foar soarget dat it boek net maklik
te lêzen is. Lit ús no ris besjen wat De Vries oer de en
+ ymperatyf/ynfinityf konstruksje te sizzen hat.
4. De Vries (s.181) seit it neikommende oer de en + ymperatyf/ynfinityf (oerset nei it Frysk):
Ungelyk is de haadsinfolchoarder nei en (dus by formele njonkenskikking) dy’t yn deistige taal foarkomt, dêr’t in offisjeler taalgebrûk in ûnderskikte sin mei dat hawwe wold hie, dat is .... Foarbylden: Die vent waagt het en komt ons weer onder de ogen. Heb ‘t hart es en doe dat nog een keer!, Hij nam de moeite en ging alles zelf na.
Yn dizze foarbylden hat it tiidwurd yn de en-sin lykwols noch in tiidsmarkearring. Dat hat De Vries wol sjoen. Op s.183 giet er fierder:
Opmerklik is dat at sa’n en twa ynfinitiven ferbynt dat dan de twadde drekt nei en komt: Hij zal (moet) ‘t niet wagen en doen dat nog één keer; sa’t it liket folget it hjir soartgelikense sinnen mei ferbum finitum, dat fansels foar syn oanfolling stiet.
Sadwaande dat De Vries útstelt dat it brûken
fan en yn ûnderskikking in ûntjouwing is út it
brûken fan en yn njonkenskikking. Hy hat dan ek al in stikmennich
foarbylden jûn fan dizze konstruksje dy’t syntaktysk en semantysk
njonkenskikkend binne. Hy hat bygelyks al sjoen dat yn in njonkenskikking
dy’t as gehiel ûnderskikt is, it twadde konjunkt haadsinfolchoarder
hawwe kin, lykas yn bygelyks (s.179): Toen ze daar zoo bijzat en ze
begreep er niks van. Yn ‘e generative literatuer wurdt de observaasje
fan dit ferskynsel, dat dan de namme hat fan assymmetrical coordination,
gauris taskreaun oan Höhle (1990). De Vries jout fansels ek foarbylden
mei in ynfinityf yn it twadde konjunkt: Ze stelde nog veur, of Vaoder
neit mit de koetse gaon wol en nemen de knecht mit (Oldambt).
Overdiep (1937a:564-567) syn besprek fan dizze konstruksje
is lang sa yngeand net as dat fan De Vries. De Vries is it om ynsjoch yn
de taalfeiten te dwaan. Hy fergeliket, makket nije sinnen, observearret
en analysearret, út in taalkundig eachweid wei, wylst it Overdiep
inkeld of foaral om de stylistyske skaaimerken fan de sinnen giet. Sa analysearret
Overdiep (1937a:564-565) bygeliks de neikommende twa sinnen ferskillend:
Wó’ je ris soo goed weze-n-in zegge med’r is, of ..., en,
Wees maar zoo wijs en geven hem zijn zin. De earste is in koordinaasje,
mei gearlûking fan subjekt en persoansform, en wurdt brûkt
foar “twa oan inoar folgjende handelingen”. De twadde is subordinaasje,
fanwegen (i) de yntonaasje (ii) de ritmyk (iii) it foaroplûken fan
de ynfinityf (“ek yn sinnen dêr’t yn de earste sin gjin pendant as
ynfinityf stiet!”). It liket my lykwols ta dat Overdiep net sjoen hat dat
de earste sin ambigu is, en likegoed as de twadde sin in ûnderskikking
wêze kin. Foar De Vries is dizze ambiguiteit tige wichtich, om’t
er útstelt dat sinnen mei ûnderskikkend en (lykas de
niisneamde twadde sin) ûntstien binne út sinnen dy’t legitime
koordinaasjes binne (lykas de niisneamde earste) dy’t ûnderskikkend
ynterpretearre waarden.
Dat De Vries mei dit type ferklearring komt hinget
gear mei it feit dat er in warber etymolooch wie. Laat de etymolooch De
Vries wurden fan wurden ôf, de syntaksisman De Vries laat sinnen
fan sinnen ôf. Dat makket dat De Vries ticht by in transformasjoneel
eachweid is, folle tichter as Overdiep dy’t oannimt dat de foarm fan in
sin stilistysk beskaat wurdt. Is De Vries altemets in transformasjonalist
avant la lettre, Overdiep is in funksjonalist avant la lettre. Men moat
lykwols net ferjitte dat ôflieding foar transformasjonalisten in
mentalistysk barren is, wylst it foar etymologen (junggrammatiker) in histoarysk
barren is. De oerienkomsten tusken junggrammatiker etymologen en generative
fonologen binne faker opmurken (Ton Goeman, pratendeweis). It hoecht jin
derom net te fernuverjen dat at in etymolooch lykas De Vries omtinken jout
oan syntaksis dat er dan wol wat liket op in generativist.
Gearfetsjend meie we sizze dat De Vries de en + ymperatief/ynfinityf-konstruksje
net allinnich earder neamd hat as Overdiep mar ek moai yngeand analysearre.
Hy ûnderskiedt it foarkommen fan de ynfinityf yn in twadde konjunkt
yn “wiere” njonkenskikking fan it foarkommen fan de ynfinityf yn ûnderskikkende
syntaktyske omkriten, en docht ûnderskate nijsgjirrige observaasjes
dêr’t hjoeddedei noch fan beard wurde mei.
5. De Vries hat better net te witten gjin foarbylden mei
in ymperatyf (in keal tiidwurd), allinnich met in ynfinityf of in bûgd
tiidwurd. Dêr leit ek de fertsjinste fan frisisten yn ‘e fyftiger
jierren lykas Miedema (1957) en Hoekema (1958) dy’t besykje om de Fryske
fernijing fan ynfinityf nei ymperatyf te ferklearjen, en dy’t it hâlden
en dragen fan dizze konstruksje foar it Frysk yngeand beskreaun ha. De
en+ynfinityf op himsels yn dizze syntaktyske omkriten is neffens
Hoekema net allinnich Frysk mar ek Saksysk (sjoch ek Veldman 1991) en Hollânsk,
en hy jout Saksyske en Midnederlânske foarbylden dy’t him dêryn
gelyk jouwe. De konstruksje is ek yn it wurk fan Christiaan Huygens te
finen (Hermkens 1987).
My tinkt dat dizze konstruksje wis Frysk en Saksysk is,
mar hoe Hollânsk oft er is is net dûdlik. At men ûnder
Hollânsk ferstiet foarkommend yn Noard-Hollân of
Súd-Hollân dan sil er grif Hollânsk wêze.
Mar der sit yn dy twa provinsjes in soad Frysk substraat. At men ûnder
Hollânsk Frankysk ferstiet dan soe men ek nei âlde Nederfrankyske
teksten sjen moatte, en nei de hjoeddeiske dialekten fan Brabân en
Limburch (ferlykje Veldman 1991, noat 5). At er der net foarkomt, dan is
dizze konstruksje foar it neist troch it Frysk substraat in part fan it
hjoeddeiske Hollânske dialekt wurden. At it al yn Nederfrankyske
teksten foarkomt, en yn de hjoeddeiske dialekten fan Brabân en Limburch,
dan ha wy altemets te krijen mei in âld substraat ferskynsel, of
mei in algemien taalkundig ferskynsel dat rûnom opdûke kin.
Yn de Nearlandistyk hat dizze konstruksje gjin omtinken
krigen dat makket. Ien reden is dat de konstruksje yn it Frysk yn ‘e standerttaal
foarkomt, wylst er yn it Hollânsk inkeld yn ‘e dialekten foarkomt.
In oare reden is dat de syntaksis net earder as mei de opkomst fan ‘e generative
grammatika omtinken krige fan in grut tal taalkundigen.
6. Yn dizze historiografyske noat ha ik omtinken frege
foar Wobbe de Vries syn krewearjen op it mêd fan ‘e sintaksis, troch
sjen te litten hoe’t hy tweintich jier foar Overdiep al de en + ymperatyf/ynfinityf
konstruksje yngeand beskreaun hat. Ik sil net sizze dat er de earste wie.
Wa wit hat in oar him foar west, ek al witte wy it noch net. Mar at jo
sjogge hoe’n empiryske djipgong oft de man hat dan meie we him wol ris
werombringe yn ‘e skiednis fan ‘e taalkunde, en lês syn boeken en
neam syn namme. Dêr wie it my om te dwaan.
Betanknoat
Ik betankje Ton Goeman, Cefas van Rossem en Jan-Wouter
Zwart foar diskusje, en de redaksje fan TFT foar nuttich kommentaar.
Bibliografy
Haan, G, de (1990) “De Friese Imperativus-Pro-Infinitivo”.
Taal en Tongval. De Schutter, G., M. Gerritsen & C. van Bree
(red.) Themanummer Syntaxis, 87-107.
Hermkens, H.M. (1987) “Syntagma’s uit de omgangstaal
bij Huygens”. Yn: A.Th. van Deursen e.o. (red) Veelzijdigheid als levensvorm.
Sub Rosa, Deventer.
Hoekema, T. (1958) “Men moast ris besykje en fyn it komôf
fan in spesifyk Frysk syntagme”. Us Wurk 7, 17-23.
Hoekstra, J. (1987) “‘Verb second’ en de ‘Imperativus
pro infinitivo’ in het Fries”. TABU 17, 85-95.
Höhle, T. (1990) “Assumptions about Asymmetric Coordination
in German”. In J. Mascaro & M. Nespor (eds) Grammar in Progress:
GLOW Essays for Henk van Riemdsijk. Foris, Dordrecht, 221-235. Basearre
op Höhle (1983), in net publisearre Ms., Universiteit fan Tübingen.
Miedema, H.T.J. (1957) “It bynwurd en mei in ymperatyf
of ynfinityf”. Pompebledden 28, 232-235.
Overdiep, G.S. (1937a) Stilistische Grammatica van
het Moderne Nederlands. Tjeenk Willink, Zwolle.
Overdiep, G.S. (1937b) “Het belang van het Fries voor
de studie van het Nederlands”. Frysk Jierboek 1937, 110-124.
Overdiep, G.S. (1939) “Over Nederlandse en Friese taalkunde”.
It Beaken 1, 68-84.
Sytstra, O.H. & J.J. Hof (1925) Nieuwe Friesche
Spraakkunst. R. van der Velde, Leeuwarden.
Veldman, F. (1991) “De en-constructie in het Gronings”.
Us Wurk 42, 104-121.
Vries, W. de (1910-1912) “Dysmelie. Opmerkingen over
Syntaxis”. In Programma van het Onderwijs. Gymnasium te Groningen.
B. Jacobs, Groningen.