It Beaken 56, 55-57.
1. De sintrale ûndersyksfraach fan dit proefskrift is: wa praat
hokker taal tsjin wa en wannear? Dy fraach wurdt wiidweidich beandere
foar it Ljouwertersk fan hjoeddedei. It Ljouwertersk is beheind ta de húslike
domeinen en it wurdt net brûkt yn formele domeinen. Dat de skriuwer
praat fan in funksjonele distribúsje. Dêrnjonken wurdt it
Ljouwertersk mear praat troch minsken dy't in leech beropsnivo hawwe. It
oansjen fan it Ljouwertersk by de Ljouwerters (en oaren) is yn it algemien
leech; ek al wurdt it foar de húslike domeinen as fertroud oanfield,
it Ljouwertersk wurdt troch de measten net gaadlik achte foar formele domeinen.
In belangrike twadde fraach dy't it proefskrift besiket te beanderjen
is in histoarysken ien: hoe is it Ljouwertersk ûntstean? Jonkman
syn fisy is dat Friezen oerstapt binne (s.61) op in Hollânsk kleure
ferkearstaal. Dêrom is neffens him it Stedsk in Nederlânske
fariëteit en gjin Fryske fariëteit. Dy Hollânsk kleure
foarmen yn 'e niisneamde ferkearstaal waarden letter ferkrongen troch súdliker
foarmen (byg. zeun waard ferkrongen troch zoon, ensfh.).
De histoaryske en dialektologyske fisy fan Jonkman op it Ljouwertersk woe
ik it aansen noch efkes oer hawwe.
It proefskrift hat fjouwer parten. Yn 'e Ynlieding (s. 5-39)
set Jonkman it teoretysk ramt útinoar, rynsk yllustrearre mei help
fan earder ûndersyk nei oare stedsdialekten. De Skiednis (39-100)
giet oer it ûntstean en de ûntjouwing fan it Ljouwertersk.
De Tachtiger Jierren (101-184) befettet it ferslach fan in kwantitative
ferliking fan de trije taalgroepen yn Ljouwert op it stik fan de skaaimerken
taaleftergrûn, sosjale posysje en groepsidentifikaasje. Fierder giet
de skriuwer wiidweidich yn op taalhâlding en taalgedrach. It fjirde
part Ofsluting sprekt foar himsels. Oan ‘e ein fan it proefskrift
wurdt yn trije taheakken in metodologyske ferantwurding jûn, folge
troch de wenstige gearfettingen, hjir yn it Nederlânsk en it Ingelsk.
2. Wy hawwe te krijen mei in proefskrift dat net mei in slinger en in slach berêdden west hat. Benammen it part oer de tachtiger jierren is basearre op in ôfgryseliken soad feiten (enkêtes), dy't de yngeande konklúzjes wiidweidich stypje. Hjir sjogge wy de taalsosjology op syn best. Ek al giet de skriuwer bytiden wolris by Dokkum om om syn gedachten stal te jaan, dêr stiet foaroer dat it proefskrift lêst as in trein. Dat komt ek om't Jonkman gauris syn ynformanten sitearret, en dy hawwe fansels in rjochtutens fan sizzen dêr't de o sa foarsichtige taal dy't wy wittenskippers brûke tige fan opfleurt. De sintrale ûndersyksfraach (wa praat hokker taal tsjin wa en wannear), dy't ommers fierhinne beandere is yn it part oer de tachtiger jierren, woe ik it hjir fierder net oer hawwe.
3. Ik woe twa saken op it aljemint bringe dy’t yn ‘e dissertaasje wat
oan ‘e krapperein kommen bin en dy’t te krijen hawwe mei it ûntstean
fan it Ljouwertersk en de posysje dêrfan tusken it Nederlânsk
en it Frysk yn in dialektyndieling.
Neffens Jonkman is in groep Friezen yn Ljouwert en oare steden oerstapt
fan it Frysk op it Nederlânsk. Lykwols freegje ik my ôf oft
dat samar kin. Jonkman hat gelyk, en dat punt hat Professor Van Bree ek
op wiisd yn syn lêzing foar it Frysk Filologen Kongres fan 1993,
dat de groep der't wy it hjir oer hawwe, besocht hat om Nederlânsk
te praten. De taalwil wie op it Nederlânsk rjochte, lykas Van Bree
seit.
Mar it is ek dúdlik dat wolle en dwaan twa binne. Jo kinne net
samar fan de iene taal (Frysk) op 'e oare taal (Nederlânsk) oerstappe,
ek al wolle jo dat noch sa graach. We hawwe it hjir oer in tiid dat der
noch gjin ûnderwiis yn it Nederlânsk wie dat makke. It is dan
ek in te grutte simplifikaasje fan Jonkman en siz dat se samar oerstapten.
Wat bart er einliks, at jo besykje in frjemde taal te praten dy't jo
einliks amper kinne? Dan folje jo alles dat jo yn 'e frjemde of twadde
taal net witte oan mei wat jo út 'e memmetaal wol witte (sjoch Van
Coetsem 1988). At it Stedsk ek sa ûntstien is, dan ferwachtsje wy
dat it Stedsk noch in soad op it Frysk liket. Dat is ek sa, lykas Gosses
(1929,1933) al sjen litten hat. Mear resint hat Van Bree (1993 en op kommendeweis)
dat beskreaun, en ferklearre út it ferhelderjend eachweid wei fan
it learen fan in twadde taal. It docht bliken dat benammen de sintaksis,
de morfology (in ûnbeklamme wurdlidden) en de fonetyk fan it Stedsk
tige Frysk binne. De fonology is foaral Nederlânsk, de morfology
yn beklamme wurdlidden ek. Yn 'e wurdfoarried fine wy wurden en idiomen
dy't somtiden Frysk binne, somtiden Nederlânsk.
Sa prate Fryske bern ek at se besykje Nederlânsk (twadde taal)
te praten op skoalle, en se ha thús inkeld Frysk (earste taal) praat.
Op Jonkman syn promoasje frege Professor Meijering ek hoe't it kaam dat
it Nederlânsk fan ientalige Fryske bern liket op Stedsk, in observaasje
dy't oaren ek wolris dien hawwe. De ferklearring is itselde. Beiden (hjoeddeiske
bern en de Ljouwerters út ‘e sechtjinde ieu) besykje Nederlânsk
te praten mei help fan in Fryske grammatika.
Mei oare wurden: jo kinne wol miene dat jo Nederlânsk prate,
lykas dy Ljouwerters dienen, mar dêrom is it noch gjin Nederlânsk.
Jonkman jout hast gjin taalkundige argumentaasje. It is al te bot en spandearje
net mear as trije siden oan ‘e fono-, morfo- en leksikologyske ferliking
fan it Ljouwertersk mei it Nederlânsk en it Frysk (s.40-43), benammen
as jo fierderop konkludearje dat it Ljouwertersk in Nederlânsk en
gjin Frysk dialekt is.
No soe men sizze kinne: dêr is de skriuwer dan ek in taalsosjoloog
foar. Lykwols hie er him neffens my oan 'e taalkunde net brâne hoegd
at er dêr wat mear omtinken jûn hie oan bygeliks Gosses syn
wurk of dat fan Van Bree.
Wat in dialektyndieling oanbelanget, it sil klearrichheid hawwe dat
der gjin absolute dialektswetten te meitsjen binne. Ut sintaktysk eachweid
wei is it Stedsk in dialekt fan it Frysk, earder as fan it Nederlânsk.
Ut fonologysk eachweid wei, en in oar eachweid hienen de measte taalkundigen
yn it ferline net, is it Stedsk in dialekt fan it Nederlânsk. In
wittenskipper kin net in kar foar it iene eachweid meitsje, sûnder
it oare eachweid ûnrjocht te dwaan. Dat sa’n kar dochs withoefaak
al makke wurdt, is of in tajaan oan de tradysje dy no ien kear in yndieling
hawwe wol, of in tajaan aan taalpolitike winsken der’t de iene of just
de oare yndieling better mei strykt.
Ek de taalwil fan 'e Ljouwerters út 'e sechtjinde ieu liket
my net in reden om it Stedsk fan 'e hjoeddeiske Ljouwerters as in dialekt
fan it Nederlânsk te besjen. De taalwil fan ‘e hjoeddeiske Ljouwerter
is ommers grif net Nederlânsk, en neffens Jonkman syn enketerisseltaten
fiele se har Frysk. Boppedat kinne jo je ôffreegje oft je dialektswetten
mei help fan in psychologysk konsept as taalwil beskiede moatte.
Lykwols moat ik dêrby sizze dat myn kommentaar wider gappet as
it byt, mei’t it slacht op mar in lyts part fan Jonkman syn proefskrift.
4. Ik hoopje dat it proefskrift fan taalsjologen en sosjolinguisten
it omtinken kriget dat it fertsjinnet. De taal der't it yn skreaun
is sil it net oan lizze, ek al is der gjin Ingelske ferzje njonken de Nederlânske
en de Fryske. As it proefskrift net it omtinken kriget dat it fertsjinnet
dan hat dat neffens my earder te krijen mei de taal der't it proefskrift
oer skreaun is: sels Labov wie net ferneamd wurden at er skreaun
hie oer it stedsk fan Kuala Lumpur yn stee fan oer it stedsk fan New
York.
Betanknoat
Ik woe Cor van Bree, Jarich Hoekstra en de redaksje fan It Beaken
betankje foar nuttich kommentaar.
Bibliografy
Bree, C. van (1993) “Het probleem van het ontstaan van het Stadsfries
in het licht van nieuwe talen in contact-theoriën”. Lêzing,
20-10-1993. Trettjinde Frysk Filologekongres fan de Fryske Akademy,
Ljouwert.
Bree, C. van (op kommendeweis) “Het probleem van het ontstaan van het
Stadsfries in verband met nieuwe talen in contact-theoriën”. Yn de
hanlingen fan it Colloquium Neerlandicum te Wroclaw.
Coetsem, F. van (1988) Loan Phonology and the Two Transfer Types
in Language Contact. Foris, Dordrecht.
Gosses, G. (1929) “It Stêdfrysk”. It Heitelân 11,
270-274, 304-308.
Gosses, G. (1933) “Yetris it Stêdsk”. It Heitelân
15, 14-17.
Eric Hoekstra, P.J. Meertens Instituut (KNAW), Amsterdam