Eric Hoekstra
Ph.H. Breuker, S. Dyk, D. Gorter, L.G. Jansma en W. Visser
(eds) Philologia
Frisica anno 1993. Fryske Akademy, Ljouwert, 81-103.
1. Ynlieding
Der hat yn ‘t ferline striid west oer de fraach oft der
yn 'e dialekten fan Noard-Hollân jitte Fryske spoaren te finen binne.
Ik woe it oars besjen. Binne der nijsgjirrige oerienkomsten tusken Noard-Hollân
en Fryslân op taalkundich mêd? At we dy fraach posityf beanderje
kinne, dan leit it yn ‘e reden en tink ris oan Fryske spoaren. Ik sil yndie
arguminten jaan dat we by oerienkomsten tusken Noard-Hollân en Fryslân
tinke meie oan Fryske spoaren. Myn arguminten ha net te krijen mei de historyske
ûntjouwing fan it Noard-Hollânsk, mar mei ideeën oer taalkontakt.
2. Lyts oersjuch fan ‘e literatuer
2.1. Striidfraach. Lykas sein hat der yn it ferline
striid west oer de fraach in hoefier oft der nijsgjirrige taalkundige oerienkomsten
binne, en oft jo dy oerienkomsten Fryske spoaren neamme meie. Dat lêste,
Fryske spoaren, soe meibringe dat der Frysk praat is yn Noard-Hollân.
At men de literatuer lêst, dan falt it jin op dat der aardich wat
bargebiten west hat. De Keninklike Akademy foar Wittenskippen hat op 4
augustus 1942 sels in stúdzjedei organisearre, wêrop Karsten,
Heeroma en Gosses elts in lêzing oer dizze striidfraach joegen
De posysjes en arguminten fan guon taalkundigen dy’t
har mei boppesteande striidfraach dwaande holden ha wurde hjirûnder
werjûn. Derby wurdt útgongen fan twa yndielingskritearia.
Yn it foarste plak, wat is de posysje fan de wittenskipper yn ‘e diskusje
oer Fryske spoaren? Yn it twadde plak, hokker argumentaasje jout er foar
syn posysje?
2.2. Gjin Fryske spoaren, nea Frysk praat
Heeroma (1935:134, ferlykje ek 1942) fertelt ús
wat er tinkt fan Fryske spoaren yn Noard-Hollân (oerset nei Frysk):
Indien dus achter de Rekere Friezen hebben gewoond, wier taal overeenkomst heeft gehad met die der Friezen tussen Vlie en Lauwers, dan hebben zij in de Noordhollandse taal niet de geringste sporen nagelaten.
Syn wichtichst argumint is lykwols tige ymplisyt. Hy lit,
frijwat oertsjûgjend, sjen dat Noard-Hollân ien gebiet foarme
mei Súd-Hollân, at jo fierder in ‘e tiid werom geane. Oer
de ferskillen tusken Noard-Hollân en Súd-Hollân seit
er (121) dat Noard-Hollân in reliktgebied is dat âlde foarmen
fêst hâldt, wylst Súd-Hollân fernijd wurdt troch
eastlike of súdlike ekspânsjes. Men kin jin no ôffreegje:
hoe kin út 'e âlde ienheid fan Noard- en Súd-Hollân
ôflaat wurde dat it net Frysk west hat?
Lit ús Heeroma syn ymplisite argumint klear meisje:
Noard-Hollân foarme ien gebiet mei Súd-Hollân; at yn
Noard-Hollân Frysk praat is, dan moat yn Súd-Hollân
ek Frysk praat wêze; en dat is absurd. Mar Heeroma fertelt ús
net wêrom’t der yn Súd-Hollân gjin Frysk praat wêze
kin. Sûnder bewiis naam Heeroma oan dat yn Súd-Hollân
net Frysk praat wêze kin. Dêrfandinne dat ik syn argumint fersmite
moat: it is basearre op in oannimming dêr't gjin bewiis foar is.
Der binne út 'e nammekunde sels arguminten jûn troch Blok
(1959,1968) en oaren foar Fryske spoaren yn Súd-Hollân,
dêr’t ik it aansen noch efkes oer ha wol.
Pannekeet (1979:135) nimt in posysje yn dy’t op dy fan
Heeroma liket, al seit er it folle hoedener as Heeroma:
We blijven, o.a. gezien de geografische scheiding, voorlopig sterker geloven aan oerverwantschap dan aan fri. relicten.
Pannekeet jout lykwols al in rigeltsje oerienkomsten tusken
Fryske en Noard-Hollânske wurdfoarming, en konstatearret dat de oerienkomst
tusken it Noard-Hollânsk en it Fryk grutter is as de oerienkomst
tusken it Nederlânsk en it Noard-Hollânsk. Van der Meer (1982:156)
bestriidt dat, mar ik tink dat Pannekeet gelyk hat. We moatte ek betinke
dat it Nederlânsk al mear as 500 jier de sosjaal dominante taal is
yn Noard-Hollân. At wy dat achtslaan, is it in namste grutter wûnder
dat we noch safolle fine kinne.
It probleem mei oeroerienkomst is dat it net dúdlik
is wat oft it betsjut, en hoe’t it te falsifjerjen is. It argumint dat
Pannekeet foar oeroerienkomst jout is de geografyske skied tusken Noard-Hollân
en Fryslân. Dat argumint moatte we lykwols fersmite: de Súdersee
of it Flevomar stekt men maklik oer mei in skip, en farre wie in earder
tiden it middel fan ferfier, benammen yn it marrengebiet oan wjersiden
fan ‘e Súdersee. Boppedat wie de Súdersee lytser neigeraden
we fierder yn ‘t tiid werom geane. Oars sein, de geografyske skied wie
gjin skied.
As Pannekeet (en Heeroma) oeroerienkomst opfetsje wolle
as yngweoanske oeroerienkomst, dan soe men tinke dat de oare yngweoanske
omkriten lykas Seelân en Flaanderlân ek gauris meidogge mei
de oerienkomsten tusken Fryslân en Noard-Hollân. Mar dat liket
net sa te wêzen, foar sa fier oft ik dat no besjen kin.
Der is ek in oar probleem mei it idee dat we te krijen
ha mei yngweoanske oerienkomst. Om it yn ‘e wurden fan Schönfeld (Van
Loey 1959:xxxi) te sizzen: it yngweaonske gebiet is ferbrokkele. Alde oerienkomsten
binne tige oanfretten en hast net werom te finen. Mar de Noard-Hollânsk-Fryske
oerienkomsten binne, men soe hast sizze, sa geef as kryt. Dat sil ik jim
aansen sjen litten. Dat de oerienkomsten tusken Noard-Hollân en Fryslân
binne fierstente geef om yngweaonsk te wêzen.
2.3. Al Frysk praat, mar gjin spoaren mear
Daan (1957:197) nimt in aparte posysje yn, sa’t oan it
neikommende sitaat bliken docht:
Voor de tegenwoordige tijd zal niemand ook maar een ogenblik veronderstellen dat de dialecten van Noordholland duidelijke verwantschap met het Fries vertonen. ... Toch is het zeer waarschijnlijk dat er eertijds in Noordholland Fries is gesproken.
Neffens Daan is oan ‘e plaknammen te sjen dat der fan neisten Frysk praat is, en yndie jout de nammekunder har yn dizzen gelyk. Oan ‘e hjoeddeiske taal is it neffens har net mear te sjen. Se docht al in stikmannich suggestjes, jout in stikmannich potinsjele oerienkomsten. Lykwols hat Daan yn oar wurk in beskriuwing jûn fan ynfinitiven yn it Noard-Hollânsk dy’t it ús mooglik makket om in tige wichtige parallel tusken Frysk en Noard-Hollânsk op it aljemint te bringen, sa’t wy aansen sjen sille.
2.4. Al Frysk praat, Fryske spoaren assertearre mar
net jûn
Van Haeringen (1923) docht oars net as de arguminten
ôfkreakje dy’t jûn binne troch Muller (1923) en Vor der Hake
(1908) foar Fryske illeminten yn it ABN en de dialekten. It is nijsgjirrich
dat it Van Haeringen hjir giet om Súd-Hollân, Utert en súdliker.
Oer Noard-Hollân skriuwt er ien sintsje del (Van Haeringen 1923:2):
Daarentegen moet het als vaststaand gelden dat in Noord-Holland benoorden het IJ eenmaal Fries is gesproken en de sporen daarvan nog te zien zijn.
Hy fertelt ús spitigernôch net wat dy “spoaren”
binne, dat Van Haeringen ha we fierders net folle oan. Itselde jildt ek
foar Heeroma (1972), dy’t yn dat stik skriuwt dat der yn Noard-Hollân
wol Frysk praat wêze sil, mar gjin arguminten jout en dêrfandinne
is it ek net dúdlik werom’t er fan miening feroare is.
Woudt (1984) hat in nijsgjirrich boek skreaun dat tsjûget
fan syn leafde foar it Saanske dialekt. Hy fertelt ús (1984:47):
Zowel in het Westfries als in het Zaans kan op allerlei overeenkomsten met zelfs het huidige Fries worden gewezen.
Yndie, Woudt syn rigeltsje Saanske wurden (181-333) is genôch yn te finen dat nei Fryslân wiist. Lykwols spesifisearret Woudt sels net hokker oerienkomsten der tusken it Saansk en it Frysk binne.
2.5. Fryske spoaren assertearre en jûn
Dochs ha der ek guon west dy’t oerienkomsten mei it Frysk
opmurken ha. Ik neam hjir fan 'e taalkundigen Boekenoogen (1897/1971),
Karsten (1931), Gosses (1942), W. de Vries (1942) en Fokkema (1943). Boekenoogen
jout fonologyske oerienkomsten, en seit (1971:23):
Zoals hierboven reeds werd opgemerkt kunnen de eigenaardigheden van het Noordhollands niet uit het Frankische dialect van Holland worden verklaard. Wij moeten de verklaring elders zoeken en wel in het feit, dat de vroeger in Noord-Holland gesproken taal een Fries dialect was.
We meie Boekenoogen de heit neamme fan it idee dat it
Noard-Hollânsk tebek giet op âlder Frysk (substraat) en nijer
Nederlânsk (superstraat). Hy neamt it dan ek in Friso-Frankysk
dialekt.
Boekenoogen jout dan ek wat historyske oanwizings foar
dat idee. Ien is it sitaat fan ‘e fiskers út Wetterlân (“Waterland”)
sitearre yn Roemer-Visscher syn Sinnepoppen (158):
Hy leut, die ‘t leut, ick en leut naet
It fokalisme fan dit Wetterlânske sechje lit in
dúdlike oerienkomst mei it Frysk sjen.
Heeroma (1936:135) woe ha dat de Wetterlânske fiskers
hjir foar Roemer-Visscher in Frysk sechje sitearren, dat se op har reizen
heard hienen. Men heart fiskers net gau útlânske sechjes sitearjen,
foaral net mei in korrekt fokalisme; of it moast al wêze dat dat
fokalisme yn har eigen taal foarkaam .... Dat it liket my ta dat we Heeroma’s
idee hjir fersmite moatte, om’t it tige ûnwierskynlik is en om’t
der gjin bewiis foar is.
W. de Vries (1942) jout guon nammekundige en etymologyske
arguminten foar Frysk substraat yn Noard-Hollân. Hy wjerleit de arguminten
fan Heeroma tsjin Frysk substraat, lykas Gosses (1942, 1950).
Letter ha ek oaren de miening útsprutsen dat der
Frysk praat is yn Noard-Hollân en dat de spoaren derfan noch te sjen
binne. In moai oersjoch fine we ek yn ‘e skripsje fan Bakker (1992). Sjoch
ek Weijnen (1984), dy’t in lytse gearfetting jout fan guon arguminten út
‘e lûdûntjouwing en út ‘e stúdzje fan ‘e wurdfoarried.
2.6. Utlieding
It docht bliken dat der ûngelyk tocht wurdt oer de fraach oft der Frysk praat is yn Noard-Hollân en oft der noch spoaren fan werom te finen binne. Taalkundige arguminten, as dy al jûn wurde, binne hast altyd beheind ta de fonology of de wurdfoarried. It is nuttich om ek morfosyntaktyske evidinsje yn dizze striidfraach te beheljen. Dan blykt dat der nijsgjirrige oerienkomsten tusken it Noard-Hollânsk en it Frysk binne.
3. Syntaktyske oerienkomsten: ynfinitiven
3.1. Ynlieding
Jarich Hoekstra (1992) hat sjen litten dat te-ynfinitiven
deselde eigenskippen ha yn it Frysk, Noard-Frysk en it East-Frysk, en dat
it Noard-Hollânsk op syn minst foar in part mei docht. Ik sil no
yngeande parallellen sjen litte tusken Frysk en Noard-Hollânsk op
it mêd fan ynfinitiven, dy’t de oerienkomsten dy’t Hoekstra (1992)
al jûn hat fierder oanfolje. Neffens Hoekstra, sjoch ek Dyk (1992),
hinget dat kompleks fan eigenskippen gear mei it hawwen fan twa efterheaksels
foar ynfinitiven. De iene giet yn it Frysk út op -e, de oare
op -n. De lêste wurd ek wol gerundium neamd. Joast Halbertsma
hat yn 1865 al merkbiten dat de Fryske dialekten, mar net Ingelsk en Nederlânsk,
in ûnderskied tusken twa typen ynfinitiven bewarre ha: it type ynfinityf
op -e en it type ynfinityf op -en. No docht bliken
dat ek it Noard-Hollânsk, alteast dialekten dêrfan, sels no
noch dit ûnderskied bewarje. En ik bedoel net allinnich dat se it
fonologysk underskied bewarje, mar ek dat de bân tusken type ynfinityf
en syntaktyske omkriten deselde is.
3.2. Twa soarten ynfinitiven
De syntaktyske distribúsje fan elts soart is krekt
lyk yn Noard-Hollânsk en Frysk. Foar it Noard-Hollânsk, sjuch
Daan (1956), dêr’t sinnen (1-7) út wei komme; (8-9) komme
út Daan (1950); (10-12) komme út it tiidskrift “West-Frieslands
Oud & Nieuw” 60:101, and (13) komt út Butter (1944:148), in
boarne dy’t Daan (1956) ek brûkt hat. Foar it Frysk is dit ferskynsel
al beskreaun yn âlde grammatikas (bygeliks Van Blom 1889:126ff).
(1) a. Ik zag him liggEN NH
b. Ik seach him lizzEN Frysk
(2) a. Je hore enkeld de klok tikkEN NH
b. Jo hearre inkeld de klok tikjEN Frysk
(3) a. Hai voelde 't ankommEN NH
b. Hy fielde it oankommEN Frysk
(4) a. Het zal wel hangEN blaivE NH
b. It sil wol hingjEN bliuwE Frysk
(5) a. Vader zel deer voor zurregE NH
b. Heit sil der foar soargjE Frysk
(6) a. Je moete maar dinkE NH
b. Jo moatte mar tinkE Frysk
(7) a. Ik heb m'n heer knippE leiten NH
b. Ik ha myn hier knippE litten Frysk
(8) a. 't soup kouwE litte NH
b. it sop kâld wurdE litte Frysk
(9) a. Ik gaan te melkEN NH
b. Ik gean te melkEN Frysk
(10) a. DonderE deed it niet NH
b. TongerjE die it net Frysk
(11) a. Bai ‘t vallEN NH
b. By it fallen Frysk
(12) a. Wat ‘t raaiEN met ‘t hondekartje anbelanget NH
b. Wat it ridEN mei it hûnekarke oanbelanget Frysk
(13) a. Die d’r hele kapitaal in d’r twei hande zittEN
hewwe NH
b. Dy’t har hiele kaptaal yn har twa hannen sittEN ha
Frysk
Tiidwurden fan persepsje ha de EN-ynfinityf (1-3). Modale
helptiidwurden lykas sille,en moatte ha de E-ynfinityf (4-6).
It aspektuele helptiidwurd bliuwe nimt de EN-ynfinityf (4). It kausative
tiidwurd litte nimt ek de E-ynfinityf (7-8). Nei te komt
de EN-ynfinityf (9). Bij dwaan, mei foaroppleatsing fan de ynfinityf,
ha we wer de E-ynfinityf (10). By nominalisaasjes dy’t begjinne mei it
lidwurd it (sjoch De Haan 1984, Dyk & Hoekstra 1987, Visser
1988) fine we de EN-ynfinityf (11-12), lykas by in konstruksje mei hawwe,
dêr’t de ynfinityf as predikaat fungearret (13). We sjogge hoe’t
yn ferskate syntaktyske omkriten krekt deselde ynfinityf brûkt wurd
yn it Frysk en it Noard-Hollânsk.
It Noard-Frysk fan Feer hat ek twa typen ynfinitiven,
en dy wurde foar in grut part (net alhiel) brûkt yn deselde syntaktyske
omkriten. De neikommende Noard-Fryske sinnen komme út J. Hoekstra
(1992:106-107):
(14) Ynfinityf I (-e / - )
a. Wi skul üüb at letj paasE
we moasten op de lytse passE
b. Wi leet a temermaan en nei hüs apsaat
we litte de timmerman in nei hûs delsettE
(15) Ynfinityve II (-en)
a. Wi hiard’n jolIN am halep
we hearden him razEN om help
b. Det fulrIN faan a löwen
it fuorjEN fan ‘e liuwen
c. Hat as goor ei so lacht, (am) fering tu snaakIN
it is hielendal net sa maklik (om) Fering te pratEN
d. Hi blaft üüb een plak stunEN
hy bliuwt op ien plak stean (cf. sittEN)
Dat it is net inkeld dat Frysk, Noard-Hollânsk, East- en Noard-Frysk twa ynfinitiven ha, mar ek dat se fierhinne yn deselde syntaktyske omkriten foarkomme.
3.3. Eigenskippen fan preposysjonele ynfinitiven
Dit type ynfinityf kin foarôfgongen wurde troch
in preposysje-eftich wurdje, lykas út yn ‘e neikommende foarbylden:
(16) a. dat Jan uit te winkelen gaat NH
b. dat Jan uit winkelen gaat Ned
c. dat Jan út te boadskipjen giet Frysk
It preposysje-eftich wurdsje hoecht der net te wêzen.
De betsjutting fan it tiidwurd is lykwols altiten direksjoneel. Preposysjonele
ynfinitiven ha fierder as skaaimerk dat se altiten links fan it bûgde
tiidwurd foarkomme kinne. It is lykwols net allinnich yn it brûken
fan te dat der oerienkomst is.
Dit slach ynfinityf hat oard as skaaimerk dat it in passyve
betsjutting ha mei, lykas de neikommende sinnen sjen litte.
(17) a. Jan het te opereren weest NH
b. * Jan is wezen opereren Ned
c. Jan hat te operearjen west Frysk
(18) a. Ik gaan te heerknippen NH
b. * Ik ga haar te knippen Ned
c. Ik gean te hierknippen Frysk
It is op himsels nijsgjirrich dat hjir net iens in direkt
Nederlânsk ekwivalint jûn wurde kin. Sa’t men sjen kin rinne
Frysk en Noard-Hollânsk hielendal lykop mei menoar. Foar it Noard-Hollânsk,
sjuch Daan (1950:206-207) en oaren.
In tredde eigenskip fan dit slach ynfinitiven is dat
der nomeninkorporaasje by mooglik is (sjoch bygelyks Dyk 1992). Nomen-inkorporaasje
betsjut dat it haadwurd dat oars saaklik foarwerp wêze soe no ferskynt
as in part fan it tiidwurd. Nomen-inkorporaasje is yn it Noard-Hollânsk
en Frysk folle produktiver as yn it Nederlânsk.
(19) Noard-Hollânsk
a. Ik gaan te heerknippen
b. Ik kom te ov-ouwen (baarch útslachtsjen)
c. Je kom niet meer te vleisvragen (te freegjen oft ik
fleis
brek bin)
(20) Frysk
a. Ik gean te hierknippen
b. Ik kom te koslachtsjen
c. Komst net mear te fleisfreegjen
Sjuch ek de kaart dy’t Gerritsen (1991) makke hat fan ‘e geografyske distribúsje fan it ferskynsel yn Nederlân. It komt foar yn Noard-Hollân, Fryslân en (sjoch Schuurman 1987) Grinzerlân. By de grins mei Dútslân hâldt it lykwols net op. We kinne it ferskynsel ek weromfine yn it Noard-Frysk en it East-Frysk.
3.4. Brûken fan “te” by sentinsjele ynfinitiven
Noard-Hollânsk en Frysk brûke ek yn oare
syntaktyske omkriten te dêr't it Nederlânsk soks net
docht, lykas men sjen kin yn 'e neikommende sinnen (foar it Noard-Hollânsk,
Boekenoogen 1897:LXXIII, Karsten 1931:103, Daan 1950:206).
(21) a. Ik blaif te slapen NH
b. Ik blijf slapen Ned
c. Ik bliuw te sliepen Frysk
Dit slach wurd troch Hoekstra sentinsjeel neamd om’t se allinnich rjochts fan it bûgde tiidwurd foarkomme kinne yn ûnderskikte sinnen, en om’t de nomeninkorporaasje taliite. Frysk en Noard-Hollân gean lyk op yn it brûken fan te.
3.5. Folchoarder yn ‘e tiidwurdkloft
De folchoarder yn ‘e tiidwurdkloft yn 'e Noard-Hollânske
dialekten komt oerien mei dy yn it Frysk, net mei dy yn it Nederlânsk
(Boekenoogen 1897:LXXII en oaren). Besjoch bygelyks de neikommende sinnen:
(22) a. Toe had Duuw best bemerreke keunen NH (Butter,
p.43)
b. Toen had Duuw best kunnen merken Ned
c. Doe hie Duuw bêst merke kinnen Frysk
De folchoarder fan it Nederlânsk kin der yn it Frysk
en Noard-Hollânsk net op troch yn ditsoarte sinnen. Fan neisten binne
de feiten komplekser. Mar ik wol hjir net fierder op folchoarder en op
IPP-effekten yngean (Infinitivus-Pro-Participio).
Der binne ek oare syntaktyske oerienkomsten, lykas it
brûken fan it pronomen yn stee fan in refleksivum, it efterlitten
fan ferhâldingswurden, en sa fierder. Lykwols woe ik no de morfology
yn mei it doel om sjen te litten dat der ek nijsgjirrige oerienkomsten
binne. De betsjutting fan ‘e oerienkomsten kom ik aansen oer te praten.
4. Morfology
4.1. Bynmorfemen by gearstalling
Noard-Hollânsk en Frysk ha in produktyf bynmorfeem
yn -ers- (J. Hoekstra 1987). Dit bynmorfeem komt foar yn gearstalling:
(23) NH Frysk Nederlânsk
eterstoid iterstiid etenstijd
melkerstoid melkerstiid melktijd
hooiersweer haaierswaar hooiweer
huishouwersgeld húshâldersjild huishoudgeld
waskersdag waskersdei wasdag
Yn it Frysk keppelt -ers- in tiidwurdstamme oan
‘e lofterkant gear mei in haadwurd oan ‘e rjochterkant. Yn it Noard-Hollânsk
is dit bynmorfeem noch produktiver as yn it Frysk. It komt der in soad
foar by tiidwurd-haadwurd gearsetting, mar hat him dêrbûten
ek wreide (J. Hoekstra 1987). Dy lêste ûntjouwing soe dan tipysk
Noard-Hollânsk wêze kinne.
Hoekstra stelt út dat it bynmorfeem -ers-
ûntstean is út it efterheaksel -er foar nomina agentis
(lykas yn bakker, haaier, en sa fierder). Dat it wie yn it
ferline in gearstalling fan it type haadwurd-haadwurd. It eerste lid derfan
(it nomen agentis) wurde steefêst útwreide mei it -s-
bynmorfeem. Letter is de kloft -ers- weranalysearre as in bynmorfeem.
Deryn is it Noard-Hollânsk it fierste gongen.
Yn dizze historyske analyze giet it -ers- bynmofeem tebek
op in prodyktyf -er efterheaksel foar nomina agentes. Men kin jin
yntinke dat dat efterheaksel -er- ek al ringen weranalysearre is
as in bynmorfeem. Yndie, dat is krekt wat we yn it Noardfrysk fine (Århammar
1993, Mungard 1913/1974). It bynmorfeem is der dy -er-, dêr't
we it krekt oer hiene. Besjoch de neikommende foarbylden:
(24) Noardfrysk Helgolân skiirertid “húshimmeljen”
cf. NH huisuitdoenerstoid
Noardfrysk Söl feskernat “fiskersnet”
Noardfrysk Feer faskernet
cf. NH viskerman “fiskerman”
Noardfrysk Feer aprederkleet “ferklaaiersjûpe”
Noardfrysk Oomram deskerslont “ôfdroegersdoek”
Neffens Århammer is it -er- efterheaksel
tige produktyf yn it Helgolânsk. Ek foar de oare Noardfryske dialekten
is it net swier en fyn in pear foarbylden. Dat fan Noard-Hollân oant
Noard-Fryslân fine wy dit efterheaksel weranalysearre wurden as in
produktyf bynmorfeen.
De oerienkomst tusken Noard-Hollân en Frysk giet
fierder as de oerienkomst mei it Noardfrysk. Yn it Noard-Hollânsk
en it Frysk is -er- faak útwreide mei -s-. Boppedat
is hjir net inkeld it bynmorfeem itselde mar we fine dy ek yn deselde wurden.
Om’t it bynmorfeem net oeral like faak brûkt is kinne der fansels
ferskillen wêze yn 'e wurden dy’t it bynmorfeem keppelet. It -ers-bynmorfeem
is lykwols net folslein ûnbekend yn it Noardfrysk. It komt foar yn
in foarm as apredersbrek ‘ferklaaiersbroek’, om der ris ien te neammen.
Dat it ferskil tusken Noardfrysk en Frysk/Noard-Hollânsk is op syn
heechst in relatyf ferskil. Ek by oare ferbiningsfoarmenfoarmen fine we
oerienkomsten. Frysk en Noard-Hollânsk hawwe in bynmorfeem -s-
dy’t der yn dy wurden net is yn it Nederlânsk (Pannekeet 1979:130-135):
(25) NH Frysk Nederlânsk
bedsplank bedsplanke beddeplank
keelsgat kielsgat keelgat
slootswater sleatswetter slootwater
goo(t)sgat goatsgat gootgat
De -s- liket net inkeld produktiver yn Noard-Hollânsk en Frysk mar komt ek gauris yn deselde wurden foar. It is faaks net tafallich dat we hjir itselde lûd (-s-) tsjinkomme dat we krekt tsjinkamen as part fan -ers-. Dat -s- yn it Noard-Hollânsk en yn it Frysk produktiver wêze soe as yn it ABN soe moai strike mei Jarich Hoekstra syn idee dat -ers- ûnstean is út -er- útwreide mei dit bynmorfeem -s-.
4.2. Efterheaksels
It Frysk en it Noard-Hollânsk ha gjin ferbiningsfokaal
tusken haadwurd en ferlytsingsefterheaksel, lykas it Nederlânsk hat
(Boekenoogen 1897:LXI, Karsten 1931:79). Dat is fangefolgen dat it Frysk
en Noard-Hollânsk hjir mei in wurdlid minder ta kinne:
(26) a. mantje, pantje, spintje, ventje, zontje, boltje,
steltje,
tortje, hentje, enz. (NH)
b. mannetje, pannetje, spinnetje, vennetje, zonnetje,
bolletje, stelletje, torretje, hennetje, enz. (Ned)
c. mantsje, pantsje, spintsje, fentsje, sintsje, boltsje,
steltsje, hintsje (Frysk)
Fierders fine we benammen yn it âldere Noard-Hollânsk it efterheaksel -ke (Pannekeet 1979:132), mar yn it nijere Noard-Hollânsk is it weiwurden, en fine we -tje:
(27) Noard-Hollânsk Frysk Nederlânsk
kooike koaike kooitje
deurke doarke deurtje
popke popke popje
woifke wyfke wijfje
Wat fierder oft we yn ‘e tiid weromgean, wat grutter de
oerienkomst mei it Frysk wurdt. Dat makket ek dúdlik dat it Noard-Hollânsk
feroaret troch taalkontakt mei it Nederlânsk. De efterheaksels dy’t
net Nederlânsk lykje ferdwyne. Dat giet no al ieuwen sa, en it is
in mirakel dat der noch safolle oerienkomsten mei it Frysk te finen binne.
Ek by minder produktive efterheaksels rinne Frysk en
Noard-Hollânsk gauris lykop wylst it Nederlânsk it oars hat:
(28) groetenis groetenis groeten
anwenst oanwenst aanwensel
betrouwd betroud betrouwbaar
goedelek guodlik goedig
ienelek ienlik eenzaam
vergetelek ferjitlik vergeetachtig
allienig allinnich alleen
gebrekkelek breklik gebrekkig
Ek yn ‘e morfology binne yngeande parallellen te finen tusken de dialekten fan Noard-Hollân en it Frysk.
5. De wurdfoarried
Fierders binne der allerhande nijsgjirrige oerienkomsten dy’t de wurdfoarried oanbelangje. Spesjaal Karsten (1931) ferwiist wit-net-hoe-faak nei it Frysk (sjoch ek J. de Vries 1909, Nawijn 1928, Van der Meer 1982, Weijnen 1984 en de earder neamde Noard-Hollânske wurdlisten).
(29) Karsten (1931:196-201)
Noard-Hollânsk Frysk
hennemelker hinnemelker
hoinstere heisterje
hompe hompe
hondebaai hûnebei
op honk sitte te honk wêze
(30) Pannekeet (1984), Van der Meer (1982)
tokkere tûkerje
stikkend stikken
wezeling wezeling
dooieling deadeling
zuipe sûpe (haadwurd)
nei nei
begrotelijk begrutlik
kant kant
onkant ûnkant
krokke krôkje
bedare bedarje
(31) Saansk (Woudt 1984:220-221)
glop glop
gnap gnap
gnaphandeg knaphandich
gniepe (tiidwurd) gnypsk
gof goffe(rt)
(32) Gosses (1942)
blé blei
ienelik ienlik
an de jui weze oan ‘e jui wêze
mosk mosk
onsjoch ûnsjoch
sjouw sjou
verzin fersin
vuilendig fûleindig
zoete veentjes fintsjes
hai doegt hy docht
Men moat betinke dat foarkommen fan in wurd yn it WNT
(Woordenboek der Nederlansche Taal “Wurdboek fan ‘e Nederlânske
Taal”) net sizze wol dat it wurd inkeld Nederlânsk is en net Frysk
wêze soe. De reden is dat ferskate dialekten, lykas dy fan Noard-Hollân
en dy fan Grinzerlân foar in grut part tebek geane, op Frysk substraat,
lykas wy hjir foar Noard-Hollân sjen litten ha. Troch dy dialekten,
spesjaal troch Noard-Hollân, ha Fryske wurden tagong ta it Nederlânsk,
al stiet der trochstrings net by dat sa’n wurd ek yn it Frysk te finen
is (byg. fan jaar stiet it der al by, fan krôkje “krokken”
net; oer jaar sjoch Heeroma 1936).
Yn ‘e wurdfoarried binne der yngeande oerienkomsten mei
it Frysk, lykas yn ‘e morfosyntaksis. Yn ‘e neikommende paragraaf sille
wy besykje dy oerienkomsten te ferklearjen.
6. Taalkontakt
6.1 Ynlieding
We ha sjoen dat der yngeande oerienkomsten binne tusken
de dialekten fan Noard-Hollân en it Frysk op it mêd fan de
sintaksis, de morfology en de wurdfoarried. De fraach is no: hoe kin dat?
As it Noard-Hollânsk gewoan in dialekt fan it Nederlânsk is,
lykas dialektyndielingen ús fertelle, dan is it in riedsel dat der
sokke yngeande oerienkomsten mei it Frysk wêze soene. Van Coetsem
(1988) syn teory fan taalkontakt is it teoretysk ramt dêr’t we dy
fraach yn beanderje sille.
6.2. Taalkontakt
Cor van Bree (1993) hat okkerlêsten mei help van
Van Coetsem (1988) syn teory moai sjen litten hoe’t it Stêdsk tebek
giet op Frysk-Nederlânsk taalkontakt, en ik woe itselde úthâlde
foar it Noard-Hollânsk. Ik sil dy teory yn it kuort útein
sette. We wite dat ien taal in oare ferkringe kin as minsken yn sosjaal
kontakt, bûten 'e famylje, in oare taal brûke as dy’t se thús
prate. At minsken de grammatika fan 'e nije taal einliks net yn ‘e macht
ha, falle se tebek op 'e grammatika fan 'e taal dy’t se wol goed prate.
Mei oare wurden, at jo besykje en praat Nederlânsk, mar jo prate
fan hús út Frysk, dan folje jo alles dat jo yn it Nederlânsk
net witte oan mei it Frysk. Sa giet it gauris at men leart om in frjemde
taal te praten. It risseltaat is eat dat net earlik Frysk is en net earlik
Nederlânsk mar in nije taal. Neffens Van Coetsem sil sa’n taal de
neikommende skaaimerken ha. It sil in grut part fan 'e syntaksis, fan 'e
morfology en fan 'e wurdfoarried fan 'e memmetaal oernimme. Fan 'e twadde
taal komt foaral de fonology, en ek in part fan 'e wurdfoarried.
Van Coetsem’s teory past moai op 'e berte fan it Noard-Hollânsk
dialekt. De fonology is foar in grut part Nederlânsk. Mar yn 'e morfology,
de wurdfoarried en de syntaksis fine wy in soad dat oan it Frysk tinken
docht. Dy spesifike mingeling fan Frysk-Nederlânske skaaimerken is
just wat Van Coetsem syn teory foarseit at it Frysk de earste taal west
hat en it Nederlânsk de twadde. Sadwaande dat der is Frysk praat
yn Noard-Hollân. Dat dialekt is benammen yn ‘e útspraak ferhollânske,
ik tink, nei’t Westfryslân yn 1289 by Hollân kaam. Dat makket
dan ek dúdlik wêrom’t Stêdsk en it Noard-Hollânsk
wol wat faninoar wei ha, lykas opmurken troch Boekenoogen (1897), Fokkema
(1943) en oaren. Beide binne it risseltaat fan Frysk-Hollânsk taalkontakt,
mei Frysk as earste taal en Nederlânsk as twadde. Der binne fansels
ferskillen tusken it Noard-Hollânsk en it Stêdsk. It proses
hat him yn it Noard-Hollânsk ommers langer ferlyn ôfspiele;
it gong om ûngelikense dialekten fan Frysk en Nederlânsk (singroan
en diagroan), en sa fierder. Mar fierders lykje Noard-Hollânsk en
Stêdsk in soad op menoar. Dat it Stêdsk lit sjen hoe’t de skiednis
himsels herhellet. Van Coetsem syn teory kin sa de oerienkomst tusken it
Stêdsk en it Noard-Hollânsk ferklearje.
Van Coetsem syn teory ferklearret ek, wêrom oft
guon dialektologen yn it ferline de oerienkomst tusken Noard-Hollân
en Fryslân net sjoen ha. Betink dat de fonology fan it Noard-Hollânsk
dialekt Nederlânsk liket, krekt as Van Coetsem syn teory foarseit,
al binne sels hjir dochs jitte Fryske spoaren te finen (Gosses 1942, W.
de Vries 1942). De dialektologen wienen tige op 'e fonology ôfjage;
de syntaksis, de morfology en sels de wurdfoarried yn syn gehiel hienen
se net folle omtinken foar. En dat is just dêr't men de oerienkomsten
mei it Frysk fine kin. Om’t de dialektologen dus einliks allinnich nei
de fonology sjoen ha, ha se de morfo-syntaktyske oerienkomst mei it Frysk
net sjen kind.
7. Infleksjonele morfology
7.1. Ynlieding
Yn dizze paragraaf wurdt in demonstraasje jûn fan
hoe’t mei help fan Van Coetsem syn teory nije oerienkomsten fûn wurde.
Yn 7.2. giet it om in abstrakte intraparadygmatyske oerienkomst, ek al
is der puur fonologysk gjin oerienkomst. Dat hoecht jin, útgeande
fan Van Coetsem syn teory, net te fernuverjen omdat de fonology it meast
nei de twadde taal ta lûkt. Yn 7.2. giet it om in konkrete oerienkomst,
dy’t better net te witten net earder opmurken is.
7.2. Bûging yn ‘e notiid en ynfinityven
Besjoch no de bûging fan it tiidwurd yn ‘e notiid
yn ‘e trije talen dy’t we meiïnoar fergelykje:
(33) NH Nederlânsk Frysk
ik roep ik roep ik rop
je roepe je roept do ropst
hai roept hij roept hy ropt
Fonologysk liket it Noard-Hollânsk gewoan Nederlânsk.
Ommers, de útgongen fan it Noard-Hollânsk komme allegeare
foar yn it Nederlânsk, wylst it Frysk der útkypt mei syn twadde
persoan.
Mar lit ús no ris sjen nei hoe’t dy fonologyske
foarmen brûkt wurde yn ‘e morfosyntaksis. Dan is der oerienkomst
tusken Frysk en Noard-Hollânsk:
(34) NH Frysk Nederlânsk
I I I
II II II
III III II
It Frysk en it Noard-Hollânsk underskiede yn it iental noch de trije persoanen, wylst yn it Nederlânsk de twadde persoan gearflapt is mei de tredde (yn ynverzje mei de earste persoan). Dat at wy nei it abstrakte tiidwurdsysteem sjogge, dan rint Noard-Hollân lykop mei it Noarden, net mei it Westen. It Noard-Hollânsk makket lykas it Frysk in ûnderskied tusken de trije persoanen; de fonologyske foarmen fan ‘e útgongen binne lykwols krekt sokken dy’t ek yn it Frysk en it Nederlânsk te hearren binne. De fonologyske útgong dy’t inkeld Frysk en net Nederlânsk is, (-st), is eliminearre.
7.3. Sterk ôfslútend mulwurd
Besjoch de sterke ôfslútende mulwurden.
It Nederlânsk hat in -e (stavere as -en), dêr't
it Frysk yn guon gefallen -en hat . It Noard-Hollânsk hat
yn guon doarpen, neffens de risseltaten fan ‘e Wenker enkête, -en,
yn gefallen dat it Frysk it ek hat, lykas vallEN/fallEN, stolEN/stellEN,
vondEN/fûN, brokEN/brutsEN. De Wenker enkête is yn Nederlân
ôfrege as enkête 3 fan it P.J. Meertens Institút yn
Amsterdam (sjoch Vragenlijsten met Register (1931-1958); de risseltaten
fan ‘e Wenker enkête sitte yn it archyf fan it P.J. Meertens Institút).
It sterk ôfslutend mulwurd rint yn it Noard-Hollânsk lyk op
mei it Frysk, en net mei it Nederlânsk.
7.4. Konklúzje
De intraparadigmatyske struktuer fan it Noard-Hollânsk
lit oerienkomsten mei it Frysk sjen. Lykas yn it Frysk wurde yn it iental
de trije persoanen ûnderskieden, en wurdt de -n fan it sterke
ôfslútend mulwurd wudt yn guon gefallen al útsprutsen.
Van Coetsem syn teory bewiist syn nut ek op it mêd fan ‘e infleksjonele
morfology. Oan ‘e iene kant jout it in ramt om it patroan fan oerienkomsten
mei it Frysk en it Nederlânsk mei te ferklearjen. Oan ‘e oare kant
is it ek in instrument om nije oerienkomsten mei op it spoar te kommen.
8. Súd-Hollân yn it kuort
Ik leau dat Heeroma de stok by it rjochte ein hat at er
de ferskillen tusken Noard- en Súd-Hollân taskriuwt oan eastlike
en súdlike ekspânsjes. Ik leau dat Heeroma ek gelyk hat at
er tinkt dat der Frysk praat is of yn beide Hollannen, of yn gjin ien fan
beiden, om’t se yn it ferline ien gebiet foarme ha, út taalkundich
eachweid wei. Ik ha yn ‘e pleit west foar it idee dat der yn Noard-Hollân
noch gâns Fryske spoaren te finen binne, en dat der Frysk praat is.
At der yn Noard-Hollân Frysk praat is dan folget út ‘e troch
Heeroma oantoande ienheid fan Noard- en Súd-Hollân fansels
dat yn Súd-Hollân ek Frysk praat is.
Is der foar dy nijsgjirrige konklúzje ûnôfhinklike
evidinsje? Wis en wrachtig. De nammekundige Blok hat sjen litten, op it
Frysk Filologekongres fan 1966, dat it nammepatroan fan Súd-Hollân
oanslút by it Fryske (sjoch ek Blok 1959). Hy jout twa typen evidinsje.
Yn it foarste plak, evidinsje dy’t basearre is op it ferspriedingsgebiet
fan nammekundige efterheaksels. Sa kinne bygelyks de Nederlânske
heem-nammen ferklearre wurde as in útrinner fan ‘e Fryske
nammen. In twadde type evidinsje binne Fryske lûdferskynsels yn ‘e
nammen, lykas opgeande twalûden, dy’t er yn âlde fjildnammen
yn Súd-Hollân (by Valkenburg by Leien) fûn hat. Opgeande
twalûden wurde as typysk Frysk beskôge. We ha hjir te krijen
mei histoaryske fonologyske evidinsje, dy’t faak inkeld noch werom te finen
is yn de âldste fynplakken fan plak- en fjildnammen. Yn letter datearre
staverings binne ditsoarte fan ferskynsels faak al ferdwûn. Yn wurden
dy’t gjin plak- of fjildnammen binne is yn it hjoeddeiske dialekt, lykas
men útgeande fan Van Coetsem ferwachtet, neat werom te finen
Wat de nammekunde fûn hat strykt mei in taalkontaktynterpretaasje
fan syngroane taalfeiten. Dat we ha hjir, om it mei djoere wurden te sizzen,
in konverginsje fan ûndersyksrisseltaten.
9. Konklúzje
Yn ‘t ferline waard der gjin rekken holden mei de morfosyntaksis.
Mar dat is begryplik, want it tinken oer taal waard foar it grutste part
beskaat troch ûntjouwings yn ‘e fonology. Mar sa’t ik no sjen litten
ha binne der hjoeddedei goede reden om op syn minst al mei de morfosyntaksis
rekken te hâlden. Morfosyntaktyske feiten binne net inkeld folle
komplekser at men wol ris tocht hat; de morfosyntaksis kin ek dúdlik
substraat mei oantoand wurde. Taalkontaktteory jout in interpretaasje oan
morfosyntaktysk substraat.
Fansels binne der ek guon gefallen dat it Noard-Hollânsk
op himsels stiet, en net liket op it Frysk of Nederlânsk. Sa is allinnich
yn it Noard-Hollânsk de twadde persoan itselde yn iental en meartal.
Dat kinne we sjen as generalisaasje fan it meartal nei it iental. Dy foarm
is wer gelyk oan ‘e ynfinityf op -e, ûngelyk oan de ynfinityf
op -en.
It hat neffens my foar in taalkundige gjin sin om te
bekfjochtsjen oer de fraach oft it Noard-Hollânsk no in dialekt is
fan it Frysk of fan it Nederlânsk. Oan de iene kant is it Noard-Hollânsk
in op himsels steand en unyk dialekt, dat ûndersyk mear as wurdich
is. Oan de oare kant is it Noard-Hollânsk in dialekt fan it Frysk,
en in dialekt fan it Nederlânsk. Dat lêste is einliks wat Boekenoogen
(1897) al sein hat, at er it hat oer it Noard-Hollânsk as friso-frankisch
dialekt. De taalfeiten wize ommers beide kanten út. At it Noard-Hollânsk
mei alle geweld in dialekt fan ien stannerttaal wêze moat,
dan is der allinnich in polletyk andert te jaan. Mar dat polletike andert
hat gjin wittenskiplike ynhâld en sil him ek net bekroadzje om taalkundige
argumentaasje. Taalkundige argumentaasje lit lykwols sjen dat it Noard-Hollânsk
bet inkeld besibbe is oan it Nederlânsk mar ek oan it Frysk. Van
Coetsem syn teory fertelt ús hoe’t we de typologyske feiten fan
it Noard-Hollânsk útlizze meie: as in foarbyld fan Frysk-Hollânsk
taalkontakt, mei Frysk as earste taal, Nederlânsk as twadde taal.
Ferantwurding en betanknoat
Ik woe Sybren Dyk, Lammert Jansma en Jarich Hoekstra betankje
foar har komintaar op ‘e ynhâld fan dit stik (en op ‘e foarm), Cor
van Bree, Caroline Smits en Georges de Schutter foar komintaar op in eardere
Nederlânske fersje, dy’t yn Taal & Tongval (1993) útkommen
is, en Jan Berns, Ton Goeman, Reitze Jonkman, Jaap van Marle, Jan-Wouter
Zwart en de tahearders op it Frysk Filologekongres foar diskusje.
Bibliografy
Århammer, N. (1993) “Helgoländische VN-Komposita mit Augment
-er-”. Lêzing. Morfologydei Taalkundich Wurkferbân.
Fryske Akademy, Ljouwert.
Bakker, G. (1992) Fries en Westfries. Skripsje, Universiteit
fan Amsterdam.
Blok, D.P. (1959) “De vestigingsgeschiedenis van Holland en Zeeland”.
Bijdragen en mededelingen van de naamkundecommissie van de KNAW 17.
Noord-Holland, Amsterdam.
Blok, D.P. (1968) “Plaatsnamen in Westfriesland”. Philologia Frisica,
11-19. Van Gorcum, Assen.
Blom, P. van (1889) Beknopte Friese Spraakkunst. Zijlstra, Joure.
Boekenoogen, G.J. (1897) De Zaanse Volkstaal. Sijthoff, Leiden.
Werútjefte (1971), J. Heijnis Tsz., Zaandijk.
Bree, C. van (1993) “Het probleem van het ontstaan van het Stadsfries
in verband met nieuwe talen in contact-theoriën”. Te verschijnen in
de Handelingen van het Colloquium Neerlandicum van 1993 te Wroctaw.
Butter, F. (1944) Trienke Boôd. De roman van een boeredochter.
West-Friesland, Hoorn.
Coetsem, F. van (1988) Loan Phonology and the Two Transfer Types
in Language Contact. Foris, Dordrecht.
Daan, J. (1950) Wieringer land en leven in de taal. Dissertatie,
Universiteit van Amsterdam.
Daan, J. (1956) “Onze Friese familie”. West-Frieslands Oud en Nieuw
23, 106-110.
Daan, J. (1957) "Betrekkingen tussen het Fries en het Noordhollands".
It Beaken 19, 197-205.
Daan, J. & D.P. Blok (1970) Van Randstad tot Landrand. Noord-Holland,
Amsterdam.
Dyk, S. (1992) “Warum gibt es im westerlauwersschen und Föhrer
Friesischen eine Nomeninkorporation?”. Yn V. Faltings, A. Walker &
O. Wilts (red.), Friesische Studien I, Odense University Press,
Odense, 143-169. .
Dyk, S. & J. Hoekstra (1987) “Oersjoch fan ‘e Stúdzje fan
‘e Fryske Syntaksis”. Yn S. Dyk & J. Hoekstra (red.) Ta de Fryske
Syntaksis. Fryske Akademy, Ljouwert, 7-43.
Fokkema, K. (1943) “Het Westfries en het Stadsfries in het defensief”.
Westfriesch Jaarboek, 11-24. N.V. Enkhuizer Courant v/h D.C. Egmond
- Enkhuizen.
Gerritsen, M. (1991) Atlas van de Nederlandse Dialectsyntaxis (AND).
P.J. Meertens Instituut, Amsterdam.
Gosses, G. (1942) “Een Fries substraat in Noord-Holland”. Bijdragen
en Mededelingen der Dialecten-Commissie van de Nederlandse Akademie van
Wetenschappen II. Noord-Hollandsche, Amsterdam, 4-14.
Gosses, G. (1950) “De herkomst van het Fries”. De Vrije Fries
40, 166-181.
Haan, G. de (1984) “Friese Kortstaarten”. Yn G. de Haan, M. Trommelen
& W. Zonneveld (red.) Van Periferie naar Kern. Foris, Dordrecht,
73-80.
Haeringen, C.B. (1923) "Friese elementen in het Hollands". De Nieuwe
Taalgids 17, 1-16.
Hake, vor der, J.A. (1908) De Aanspreekvormen in ‘t Nederlandsch.
Dissertatie, Utrecht. P. den Boer, Utrecht.
Halbertsma, J. (1865) [Besprek fan “Die Nordfriesische Sprache nach
der Mooringer Mundart” troch Bende Bendsen, Brill, Leiden, 1860)]. De
Vrije Fries 10, 345-438.
Heeroma, K. (1935) Hollandse Dialektstudies. Dissertatie, Leiden.
Wolters, Groningen.
Heeroma, K. (1936) “De Nederlansche benamingen van de uier”.
Handelingen van de Koninklijke Commissie voor Toponymie en Dialectologie
10.
Heeroma, K. (1942) “Een Fries substraat in Noord-Holland?” Bijdragen
en Mededelingen der Dialecten-Commissie van de Nederlandse Akademie van
Wetenschappen II. Noord-Hollandsche, Amsterdam, 26-35.
Heeroma, K. (1972) “Fries en Saksisch in de Nederlanden”. Taal en Tongval
24, 97-112.
Hoekstra, E. (1993) “Over de implicaties van enkele morfo-syntactische
eigenaardigheden in West-Friese dialecten”. Taal & Tongval 43,
135-154.
Hoekstra, J. (1987) “It augmint yn gearsettingen fan it type VN”. Tydskrift
foar Fryske Taalkunde 3, 1-16.
Hoekstra, J. (1992) "Fering tu-infinitives, North Sea Germanic
syntax and Universal Grammar". Yn: V. Faltings, A. Walker & O. Wilts
(red.) Friesische Studien I, 99-142. Odense University Press, Odense
[=NOWELE Supplement vol. 8].
Karsten, G. (1931) Het Dialect van Drechterland. J. Muuses,
Purmerend.
Karsten, G. (1942) “Het Fries substraat tussen Sincfal en Vlie”. Bijdragen
en Mededelingen der Dialecten-Commissie van de Nederlandse Akademie van
Wetenschappen II. Noord-Hollandsche, Amsterdam, 15-25.
Loey, A. van (1959) Schönfeld’s Historische Grammatica van het
Nederlands. W.J. Thieme, Zutphen.
Meer, G. van der (1982) Skôging fan Johannes Antonius Pannekeet,
Woordvorming in het Hedendaags Westfries, Amsterdam 1979 (dissertatie).
Yn Leuvense Bijdragen 71, 253-257.
Muller, J.W. (1891) “Spreektaal en Schrijftaal in het Nederlansch”.
Taal en Letteren 1, 196-232.
Mungard, N. (1913/1974) Ein Inselnordfriesisches Wörterbuch.
Verlag für Nordfriesisches Heimatschrifttum, Westerland.
Nawijn, T. (1928) "Het Westfries en het Fries". West-Frieslands
Oud en Nieuw 2, 140-145.
Pannekeet, J.A. (1979) Woordvorming in het Hedendaags Westfries.
Rodopi, Amsterdam. Dissertatie, Katholieke Universiteit Nijmegen.
Schuurman, I. (1987) "Incorporation in the Groningen dialect". In F.
Beukema & P. Coopmans (eds) Linguistics in the Netherlands.
Foris, Dordrecht.
Visser, W. (1988) “Ta de nominale ynfinityf yn it Frysk”. Philologia
Frisica anno 1988. Ljouwert (1989), 51-72.
Vragenlijsten met Register (1931-1958). Bijdragen en Mededelingen
der Dialecten-Commissie van de Nederlandse Akademie van Wetenschappen II.
Noord-Hollandsche, Amsterdam.
Vries, J. de (1909) Westfriese Woorden. Groot, Nieuwe Niedorp.
Vries, W. de (1942) "Iets over de verbreidheid en herkomst van het
Fries". Van Gorcum, Assen.
Weijnen, A. (1984) "Fries in Holland". In N.R. Århammar, P. Breuker,
F. Dam, A. Dykstra & T. Steenmeijer-Wielenga (eds) Miscellanea Frisica.
Van Gorcum, Assen, 97-102.
Woudt, K. (1984) “Deer hoor ik je.” Gedachten over de Zaanse streektaal.
Stichting Uitgeverij Noord-Holland, Wormerveer.