K.H. Heeroma: strider en tsjûger foar it ABN. Oer de gearhing tusken taalkunde, taalpolityk en nasjonale identiteit.

Eric Hoekstra, Meertens Instituut, KNAW
 

Us Wurk 44, 51-68.
 

Summary

The linguist Klaas Hanzen Heeroma (1909-1972) wrote several articles in the thirties and fourties in which he attempted to disprove the existence of Frisian substrate outside the province of Fryslân itself, by means of a clever manipulation of the terms East-Ingweoanic and West-Ingweaonic. In this article, I relate the tenacity with which he held on to those views to his language-political background: as a staunch supporter of the “Groot-Nederlandse” (literally “Great Dutch”) movement, he viewed any attempt to establish a regional linguistic standard as a threat to the unity imposed by the Dutch standard language. Heeroma’s attitude towards Frisian in his later life was much less hostile, which can be ascribed to the healing influence of his friendship with the Frisian linguist Klaas Fokkema. Finally, I suggest that the concept of Ingweaonic has been used by Dutch scholars to underpin the existence of Dutch as an independent language, rather than as a dialect of German. This need need to prove what should be beyond doubt justifies the hypothesis that identity problems are involved.



 

1. Ynlieding1

Yn dit artikel wol ik sjen litte dat Heeroma syn analyze fan it Frysk yn ‘e tritiger en fjirtiger jierren beskaat wurdt troch in anty-Fryske taalpolitike fisy, dy’t gearfette wurde kin yn it troch Heeroma sels brûkte wurd “de Groot-Nederlandse beweging” (Heeroma 1932:14). De opfetting as soene Heeroma syn ideeën hieltyd wer feroarje (Van Haeringen (1954:92) brûkt de wurden “steadily changing views”) is oerdreaun wat syn hâlding foar it Frysk oanbelanget. It komt der by Heeroma op del dat der nea in Fryske taalekspânzje west hat, dat der gjin Frysk substraat bûten Fryslân is, dat it Nederlânsk âlder is as it Frysk, ensfh. Wat al feroaret is it konsept: de wize hoe’t Heeroma dat risseltaat ôfliedt. Mei de yntroduksje fan de begripen East- en Westingweoansk wurdt it konsept sa krêftich dat it empirysk net mear te falsifiearjen is. Heeroma wie in konseptueel tinker, fier foardat de ginnerativistyske taalkunde him oppenearre. Oars as de bêsten fan ‘e ginnerative tradysje hat Heeroma it konseptueel tinken foaral misbrûkt, mei it taalpolitike doel om troch de Fryske taal hinne de Fryske identiteit oan te taasten. Myn argumentaasje is ienfâldich. Ik lit earst sjen dat Heeroma syn taalkundige ideeën foar it Frysk oer yn ‘e tritiger en fjirtiger jierren feitliks net feroarje (seksje 2). Dan toan ik oan dat Heeroma in taalpolitike oertsjûging hie, dy’t syn negative hâlding foar it Frysk oer ferklearret (seksje 3). Nei de fjirtiger jierren hat Heeroma in positivere hâlding foar it Frysk oer, en jout byg. ta dat der Frysk substraat bûten Fryslân is. Dat bring ik yn ferbân mei syn freonskip mei de frisist Fokkema (seksje 4). Yn seksje 5 analysearje ik de taalpolitike rol dy’t de teory fan it Ingweoansk hân hat net inkeld yn relaasje ta de Fryske identiteit yn ‘e hannen fan Heeroma mar ek yn relaasje ta de Nederlânske identiteit yn ‘e hannen fan Schönfeld. Dat der in taalpolitike kant oan de teory fan it Ingweoansk sit docht neat ôf en foeget neat ta oan de wittenskiplike krektens fan dy teory; mar dat sprekt foar himsels.

2. Hoe't Heeroma tsjin it Frysk oan seach

2.1. It Nederlânsk as Westingweoansk en it Frysk as Eastingweoansk mei Westingweoansk substraat
Yn ferskate publikaasjes hat Heeroma yn ‘e tritiger en fjirtiger jierren yn ‘e pleit west foar syn teory (it dúdlikst is Heeroma 1942) dat der yn it ferline in machtich taalkundich ferskil bestien hat tusken it saneamde Westingweoansk en it Eastingweoansk, in ferskil dat no noch yn alle kustdialekten en talen fan Nederlân werom te finen is. Earst wie hiele Nederlân Westingweoansk. Dat moat west ha yn 'e tiid fan 'e Romeinen. Wat de Romeinen Friezen neamme binne feitliks Westingweoanen.
It Westingweoansk substraat komt yn alle dialekten yn Nederlân foar. Dat men kin, útgeande fan dy gedachten, ek sizze dat wat de Romeinen Friezen neamme feitliks Nederlanners binne. Dat soe betsjutte dat de Nederlânske identiteit al folle earder yn it ferline weromfûn wurdt as mei it ûnstean fan it greefskip Hollân sa om it jier 1000 hinne.
It Westingweoansk oppenearret him it meast yn 'e kustdialekten fan Noard-Hollân, Súd-Hollân, Seelân, Flaanderen, Grinzerlân , mar it minst yn it Frysk. Hoe komt dat? Yn 'e tiid fan it folksferfarren binne minsken dy't Eastingwaeoansk prate nei Nederlân ta tein, en ha har hjir en dêr op 'e kust delsetten, it meast yn Fryslân, in bytsje yn Noard-Hollân en Grinzerlân, mar dêr is neat fan werom te finen. De stamnamme foar dizze groep, yn 'e âlde kroniken, is Saksen. Wat Frysk substraat yn Noard-Hollân en Grinzerlân neamd waard troch earder ûndersyk, is feitliks gjin Frysk substraat, omdat it gjin eastingweoansk substraat is. It is westingweoansk substraat, of oars sein, âld-Nederlânsk substraat.
We ha hjir mei in omkearing fan rollen te krijen. Neffens konservative gedachten wiene de Friezen de âldste groep yn Nederlân, wylst de Nederlanners of Hollanners pas folle letter ûntstean. Trochdat Heeroma de âlde Friezen mei de Westingweoanen lykslacht, en trochdat de Nederlanners de Westingweoanen fan tsjintwurdich binne, krije de Nederlanners der ienienen tûzen jier skiednis by, want oeral dêr't de âlde boarnen Friezen skriuwe kin dat no oersetten wurde mei Nederlanners. De Friezen fan no kinne dêr inkeld troch in meager westingweoansk substraat op de Romeinske Friezen weromgripe, en fierders kinne se har werom fine yn de âldste boarnen as Saksen.

2.2. De slach om Skylge
It Nederlânsk is dus feitliks âlder as it Frysk, en net oarsom, lykas oant dat stuit ta oannommen waard. It is sûnder mis in goede saak dat der ris oan in wat dogmatyske tradysje twifele waard, al wie it inkeld mar om de argumenten derfoar wer ris foar it ljocht te krijen.
Dêr stiet foar oer dat Heeroma komselden deeglike argumentaasje bybringt foar syn ideeën (Heeroma (1941) is it meast eksplisyt yn syn arguminten wat de kwestje fan it Frysk substraat oanbelanget). Yn it libbensberjocht fan Heeroma skriuwt P.J. Meertens2 (1974:141) oer Heeroma syn taalgeografyske stúdzjes:

De tientallen studies die Heeroma op het gebied van de taalgeografie heeft geschreven hebben vrijwel stuk voor stuk aanleiding gegeven tot discussies. Door de stelligheid waarmee hij ze uitte wekten zijn uitspraken onwillekeurig verweer, waarbij zijn opponenten te gemakkelijker vrij spel hadden omdat hij zich bij voorkeur op terreinen bewoog waar het schaarse feitenmateriaal alleen door hypothesen kon worden gesteund.

De skeanprint is fan my. Beskôgje de diplomatefrase “schaars feitenmateriaal dat alleen door hypothesen kon worden gesteund”. Dit is in omkearing. Fansels kinne feiten alhiel net troch in hypteze stipe wurde; dat is krekt oarsom. As men Meertens syn wurden oerset fan in diplomatyk register nei in deistich register, dan komt it hjir op del: Heeroma wie feitliks wat in loftfytser. De frase is lykwols part fan in folle grutter stik dat o sa posityf is. It aardige fan dy libbensberjochten is dat de skriuwer derfan ornaris wol de wierheit seit, mar net rjochtút. Dat kin en heart ek net yn ‘e wittenskip, en yn in libbensberjocht alhiel net. Meertens (1974:149) jout noch in oare hint oer Heeroma: “Hij heeft mij soms aan Van Ginneken doen denken, met wie hij, hoezeer ze in allerlei opzichten verschilden, les défaults de ses qualités gemeen had.” Men moat witte dat guon nearlandisy (persoanlike kommunikaasje) Van Ginneken net sa heech hawwe: it measte fan syn wurk (der binne lykwols in pear hichtepunten) hat ek de reputaasje fan luchtfytserij, en, as persoan wie der net mei gear te wurkjen. Weijnen (1948:51) skriuwt oer Van Ginneken: “Hij verheugde zich tenslotte meer in de macht dan in de scherpte van geest”. It liket my lykwols ta dat Meertens te negatyf west hat yn syn oardiel oer Heeroma en net goed sjoen hat wat de wearde fan syn tinkmetoade is en foaral wêze kinnen hie. Dêr kom ik aansen nog efkes op werom.
Lykwols hat Heeroma út en troch wolris besocht argumenten te jaan. Dêr kaam yn 1934 de slach om Skylge achter wei. Hy hie op dat stuit noch net de teory fan it Ingwaeoansk. Hy brûkte doe de opposysje fan Frysk en Frankysk, en hy hat de neikommende hypteze (Heeroma 1934a:25):

dat het Noordhollands in oorsprong een Frankies dialekt is, welks Friese eigenaardigheden verklaard moeten worden door latere Friese kolonisatie. Terschelling zou dan nog een voorbeeld zijn, hoe Franken en Friezen naast elkaar in hetzelfde land hebben gewoond, terwijl ieder zijn eigen taal grotendeels bewaarde.

Dat is in nijsgjirrige hypoteze. It oardiel deroer hinget ôf fan de argumenten dy’t Heeroma der foar bybringt, ferlike mei de argumenten dy’t foar de omkearde hypteze bybrocht wurde kinne.
Men moat witte hoe’t it lân der op Skylge hinne leit. Der binne trije dialekten op it eilân. It Midslânsk yn it midden liket yn syn fonology wol wat op it Nederlânsk. Op ‘e úteinen fan it eilân wurd Frysk dialekt praat. Neffens Heeroma soe dat Fryske dialekt der pas letter kommen wêze en it oarspronklike Nederlânske dialekt ferkrongen ha. It âldere Nederlânske dialekt oerlibbet noch yn it Midslânsk, en as substraat yn ‘e Fryske dialekten.
Heeroma brûkte as argumentaasje de lûden fan in lyts tal deistige wurden fan it Midslânsk, dy't yndie mear nei it Nederlânsk, en benammen it Noardhollânsk, as nei it Frysk útskaaiden. It stik kaam út yn 'e Nieuwe Taalgids. Mar Heeroma hie net op Knop rekkene, dy’t de dialekten fan Skylge yngeand bestudearre hie (sjoch byg. Knop 1954 en de bibliografy fan Knop syn wurk deryn). Hy wie gjin wittenskipper fan berop, mar ûnderwiisman, en doarde it tsjin Heeroma yn 'e kant te setten. Hy krige blykber ek de romte fan Overdiep en Van Ginneken, de redaksje fan Onze Taaltuin, in blêd fan minder oansjen as de Nieuwe Taalgids,.
Knop seit oer Heeroma syn ferklearring: “Een dergelijke verklaring kan echter alleen door een niet-kenner van Terschelling en van de Terschellinger dialecten worden geaccepteerd” (p.106). Knop lit sjen dat de minder deistige wurden fan it Midslânsk en ek de syntaksis Frysk binne, lykas de âldste plaknammen fan it eilân. Lykas Knop (p.108) fan de minder deistige wurden seit:

Zou een Frankische dialectspreker, die zijn eigen woord wagen gebruikt, de namen voor de onderdeelen van een wagen aan het Friesch ontleenen?

Knop nimt oan dat frekwinte, deistige wurden by taalkontakt makliker ûntliend wurde as spesialisearre, minder frekwinte wurden. Dy deistige wurden binne yn it Midslânsk Hollânsk. De minder brûkte spesialisearre wurden binne yn it Midslânsk Frysk. Dat is neffens Knop in argumint dat it Frysk oarspronklik is op Skylge. Dat is lykwols in teory dy’t Heeroma, hoe faak oft er neffens Van Haeringen (1952:92) ek fan gedachten feroare, net útsteld hat. Feroaret it tinken fan Heeroma wol safolle as Van Haeringen ha wol?

2.3. In nijsgjirrige konstante yn it tinken fan Heeroma
Op 4 augustus 1942 organisearre de Keninklike Akademy foar Wittenskippen in stúdzjedei oer de fraach oft der al dan net Frysk substraat yn Noard-Hollân wie. Heeroma ferdigene dêr syn revolusjonêre ideeën wylst Godard Gosses en Gerben Karsten de âldsinnige fisy ferdigenen. Alle trije lêzingen waarden publisearre yn de Bijdragen en Mededelingen der Dialecten-Commissie van de Nederlandse Akademie van Wetenschappen. Oer de diskusje op dy stúdzjedei woe ik it hjir fierder net ha. It giet my der om: wat is der yn Heeroma (1942) feroare ferlike mei Heeroma (1934a)?3
Yn de tiid fan 'e slach om Skylge wurde Frankysk en Nederlânsk troch Heeroma lykslein. Hy brûkte noch net de termen Eastingwaeoansk en Westingweoansk, mar de termen Frankysk en Frysk. Yn 1942 binne Frankysk en Ingweoansk komplementêr: dy beiden komt it Nederlânsk út wei. Dat is ek de fisy, dy’t troch Schönfeld (1946), Van Loey (1970), Van Bree (1987) en oaren de nearlandistyske fisy wurden is. De nearlandistyske tradysje hat fan Heeroma net it ûnderskied tusken West- en East-Ingwaeoansk oernimme wollen. Lykas we sjen sille, brûkt Heeroma krekt dat West-East ûnderskied om it idee dat de Friezen de âldste bewenners fan Nederlân binne oan te taasten, en om te wjerlizzen dat der Frysk substraat yn Noard-Hollân wêze soe.
Van Haeringen seit dat Heeroma hieltiten nije ideeen hie. Dat is fakentiids op oare mêden ek wier. It is dêrom sa nijsgjirrich om te sjen dat Heeroma syn gedachten op it punt fan Frysk substraat bûten Fryslân net feroarje. It wurdt troch him sa draaid dat it Nederlânsk de âldste bewenner is, en it Frysk in ynkommeling: dat is sa yn 1934, en dat is ek sa yn 1942. Heeroma's gedachten feroarje yn dy tiid net safolle. Syn lettere hâlding foar it Frysk oer is milder, sa’t we aansen yn seksje 4 sjen sille.
Better net te witten hat Heeroma net op Knop andere. Yn 1942 ferwiist Heeroma nei syn eigen stik, mar net nei Knop sines. It ûnderskied tusken it West- en East-Ingweoansk helpt him om byg. Knop syn argumenten fan 'e tafel te skowen. Doe’t er Frysk en Frankysk foarinoar oer stelde koed er de frisismen yn it Midslânsk net ferklearje. Yn 1942 suggerearret er (p.31) dat de frisismen yn it Midslânsk West-Ingweoansk substraat binne. Op p.34 seit er it dúdliker; ik sitearje de sin dêr’t it om giet mei de noat dy’t Heeroma der by jout:

Men kan natuurlijk honderd punten van overeenstemming tussen Noordhollands, Fries en Gronings noemen en al die punten hebben zeker hun belang.1)

1 ) Voornamelijk voor de kennis van het Westingwaeoons substraat.4

Mei oare wurden: it is no ûnmooglik wurden dat Heeroma net gelyk hat. As men oerienkomsten fynt tusken Noard-Hollânsk en Frysk dan is dat Westingeaoansk substraat. En as der ferskillen binne, dan is it Eastingweoansk dat it Westingweoansk ferkrongen hat. Mar wat net bewiisd wurdt, is dat it West-Ingweoansk oarspronklik en âlder is, en it East-Ingweoansk in ynkommeling. Der wurdt ek net bewiisd dat Frysk-Noardhollânske oerienkomsten Westingweoansk neamd wurde moatte.
Heeroma syn wittenskiplike reaksje op de slach om Skylge is konseptueel. As Knop syn teory wjerleit, dan bakt Heeroma gewoan in nije teory dêr’t dy feiten wol yn passe. Dy konseptuele metoade kinne we út eigen ûnderfining út de ginnerative grammatika. It is oars ek hoe’t it yn ‘e beta-wittenskippen ta giet (Kuhn 1962). In beskate teory wurdt oant yn de lytste nyfelichheden trochtocht. Der komme hieltiten mear problemen. Dan op in stuit is de mjitte fol, en komt der in wittenskiplike revolúsje dêr’t in nije en oare teory út weikomt.
De metoade is ek op himsels net ferkeard, salang’t de nije teory mar empirysk te hifkjen is. Dat is by Heeroma yn alle fallen net mear sa, omdat it by in pear ruge halen bliuwt, en omdat er net, lykas de konseptuele metoade easket, de konsekwinsjes trochrekkent fan de omkearde hypteze. Wat Heeroma dwaan moatten hie is tsjin himsels sizze: “stel no dat it Noard-Hollânsk oarspronkelik East-Ingweoansk (i.e. Frysk) is, mei letter West-Ingweoansk superstraat. Dan kin ik alle oerienkomsten tusken Noard-Hollânsk en Frysk ferklearje as East-Ingweoansk substraat, en alle ferskillen as West-Ingweoansk superstraat. Ik sit no tangele mei in situwaasje dat alle feiten kompatibel binne mei twa tsjinstelde hyptezen. Dat we binne op ‘e ferkearde wei, en der moat in nije iepening socht wurde.”
Yn syn oanset ta in ûnfolsleine foarm fan konseptueel tinken wie Heeroma syn tiid fier foarút. Gjinien fan syn tiidgenoaten koe of doarde sa te tinken, en dêrom faaks makke er in grutte yndruk op syn tiidgenoaten. Neffens Van Haeringen (1954:92) binne syn artikelen “brilliant and charming”. Mar hy hat de metoade fan it konsiptuele tinken wat ûnsuver brûkt.
Heeroma, dy't safolle ideeën hie, sa faak fan gedachten feroare, is yn ien saak konstant. It Frysk is in lettere ynkommeling; de Friezen fan de Romeinen binne feitliks Nederlanners; der hat nea in Fryske ekspanzje west oars as yn Fryslân sels, troch niisneamde eastingweoanen, en dat wiene feitliks Saksen. Men hoecht jin der net oer te fernuverjen dat in konseptueel tinker as Heeroma sokke ûnortodokse ideeën optocht. Fan alles feroaret der ommers oan Heeroma syn gedachten en terminologyen. Lykwols fernuvert men jin oer wat konstant bleau: it Frysk wurdt by Heeroma, yn ‘e tritiger en fjirtiger jierren, altiten marginalisearre. Dat komt ek ta utering yn de formulearring fan Heeroma (1939:234):

Het Fries tekende zich meer en meer af als een volkomen vreemde eend in de bijt der nederlandse dialekten. Van het begin af vatte de gedachte bij mij post dat het Noordhollands en Gronings het autochtone “Nederlands” vertegenwoordigden en dat het Fries hier geïmporteerd moest zijn.”

De taalsituwaasje op Skylge yllustrearre dy teory neffens Heeroma, sa’t we niis sjoen ha. De fraach is no: wêrom marginalisearre Heeroma it Frysk?
It leit foar de hân en formulearje de neifolgjende hypteze om dy fraach te beäntwurdzjen: Heeroma is in pro-Nederlânsk anty-Frysk taalpolitikus. Dy hypteze ferklearret wêrom't Heeroma syn ferheftich feroarjende wittenskiplike gedachten net sa fluch feroaren wat it plak fan it Frysk oanbelanget. No soe dy hypteze oer Heeroma in gewoane hypteze bliuwe as der fierders gjin bewiis wie. Lokkigernôch is der bewiis dat Heeroma beide in pro-Nederlânsk en anty-Frysk taalpolitikus wie (it iene folget net út it oar of oarsom).

3. Heeroma as taalpolitikus. Tsjûger en strider foar it ABN

Heeroma hat oer it Frysk en de Fryske Beweging in artikeltsje skreaun (1932) yn Schakels. Socialistisch maandschrift voor Noord en Zuid Nederland.5 Dêr kriget men ynsjoch yn Heeroma's gedachten oer it Frysk. Heeroma reagearret op in earder stik yn itselde tydskrift fan André Scholten, dy't in fêste rubryk oer it Frysk hie.6
It earste sitaat (1932:14) lit sjen dat Heeroma fûl op Frysk ûnderwiis tsjin is, dêr’t oars op dat stuit aksje foar fierd waard (Zondergeld 1978):

In de eerste plaats, ja inderdaad, wij zijn kulturele imperialisten, wanneer wij, Hollanders, de Friezen beletten onderwezen en geregeerd te worden in hun eigen taal. ... Het merkwaardige is dat wij ons in het geheel niet schamen over onze onderdrukkingspraktijken. Langdurige koloniale ervaring heeft ons wellicht een beetje ongevoelig gemaakt op dat punt. ... Dat wij wel verontwaardigd zijn over het Franse imperialisme en niet over dat van ons zelf, dat wij wel strijden voor een Groot-Nederland, maar ons volstrekt niet haasten om Friesland, al dan niet groot, te erkennen, moet zijn oorzaak vinden in het feit dat wij Friese en Groot-Nederlandse beweging niet over één kam scheren.

Wat is de rjochtfeardiging fan "Groot-Nederlands kultuurimperialisme"? En wat is de reden dat Heeroma dy rjochtfeardiging ûntseit oan de Fryske Beweging? De reden is dat it ABN yn 'e moderne tiid de takomst hat, wylst it Frysk in spinpoatsjend oerbliuwsel fan it ferline is (1932:14):

Tegenover alle "eisen van de moderne samenleving" stelt zich een romanties particularisme - vergeefs - te weer. Het Algemeen Beschaafd was zo'n eis van de moderne samenleving. Het dialekt was het oude, bizondere, waarvoor geen plaats meer was. Het spreekt vanzelf dat dit Algemeen Beschaafd "imperalisties" was. ... We kunnen nu eenmaal niet ieder ons eigen streektaaltje blijven spreken. ...
De Groot-Nederlandse beweging is gegrond op moderne verhoudingen en heeft daarom de toekomst. Zij verenigt alle Germanen, die in de lage landen bij de zee wonen om het gemeenschappelike germaanse kultuurbezit te verdedigen tegen het Romaanse kultuurimperialisme. ... De Friese beweging daarentegen is gebaseerd op het verspreidingsgebied van een verdwijnende streektaal en heeft daarom geen toekomst.

Mei oare wurden, kultuurymperialisme is rjochtfeardige as it goed giet mei in taal of lân, mar net as it der net goed mei giet. Sa wurde de riken riker en de earmen earmer. As Nederlânsk kultuerimperialisme om boppesteande reden ferdigene wurde kin, wat hat Heeroma dan op Frânsk kultuerimperialisme tsjin? Alhoewol’t er dat net hurdop seit, leit it yn ‘e reden en tink der ris oan dat er der bang foar is dat de krêft fan it Nederlânsk (yn België en Frânsk Flaanderen) oantaast wurdt troch Frânsk kultuerimperialisme. Lykwols kin er net te djip dolle, om’t oars dúdlik wurde soe dat syn wichtigste argumint foar Nederlânsk kultuerimperialisme foar it Frysk oer “the survival of the fittest” is, wylst er dat argumint net tapast as it om Frânsk kultuerimperialisme giet, omdat it dan foar it Nederlânsk wolris misbeteare koe.7
Wat foar boadskip kin Heeroma de Fryske bewegers jaan? Syn tinken is dat de Friezen har by de Nederlanners en it Nederlânsk jaan moatte, as Germanen ûnder inoar (1932:19):

Maar juist door zijn achterlikheid had Friesland zijn Germaans karakter zuiverder bewaard dan het door velerlei getijden overspoelde Nederland. Naar mijn opvatting is het "Fries-eigene" niets anders dan het Germaanse levensbesef, ... Want wat zijn wij, Dietsers, anders dan tot nieuw besef ontwaakte Germanen, die ons te weer stellen tegen een altijd opdringende Romaanse kultuur, omdat Romaanse kultuurvormen onze geest vervlakken. ... Ik geloof alleen in Friesland, dat in Nederland ligt, in een Friese eigenheid, die een nieuwe Nederlandse eigenheid weet op te wekken.

Op dy toan giet er noch in hiele side troch. It sil dúdlik wêze. Heeroma wie strider en tsjûger foar it ABN. It ABN stiet boppe lytsere regionale ferbannen (1932:15):

Afstammelingen van de Sassen strijden mee met de afstammelingen van de Nederfranken.

Men moat hjir it wurd stride achtslaan, dêr’t de titel fan dizze seksje ek op slacht, en de Saksen komme ek net út 'e loft fallen. Yn in reaksje op in reaksje fan M.J. de Haan seit Heeroma (1933:12): "ik ben zelf uit het Sassiese gebied afkomstig ...". Faaks hat Heeroma de Saksyske identiteit oan ‘e kant skood foar de Nederlânske, en easket er itselde fan de Friezen. Foar him koene regionale en nasjonale identiteit net nêst inoar bestean.

4. Fermoedsoening mei it Frysk

4.1. De mylde Heeroma
Lettere publikaasjes fan Heeroma dêr’t it Frysk yn op it aljemint komt ha as skaaimerk dat de toan en de hâlding foar it Frysk oer folle milder binne. Bygeliks Heeroma (1972:100) jout mei sa folle wurden ta wat er yn ‘e tritiger en fjirtiger jierren út noch yn net ha woe, nammentlik, dat der Frysk bûten de hjoeddeiske provinsje Fryslân west hat:

Niettemin is het niet onredelijk om aan te nemen dat er tot in de 12de eeuw in Noordholland een taalvorm heeft bestaan die, ofschoon alleen mondeling gebruik, ten nauwste verwant is geweest met de schriftelijk gefixeerde waaraan we een eeuw later in Friesland ten oosten van het Vlie de taal-naam fries kunnen geven. Een historisch-interpreterende dialectologie kan in het hollandse dialect dat door de dialectsprekers zelf westfries wordt genoemd, resten, substraatelementen van een lang geleden verdrongen ‘fries’ menen te herkennen. En dan komt het probleem van de terminologie. ... Niettemin is de term onjuist, want het westfriese dialect coëxisteert niet met een friese maar met een nederlandse cultaartaal.

Heeroma jout jammergenôch gjin taalkundige argumentaasje foar syn feroaring fan fisy. Fierders makket er in terminologysk, gjin ynhâldlik, beswier tsjin it oantsjutten fan it substraat yn Noardhollân as Frysk, dêr’t ik op in oar plak ris wat oer hoopje te sizzen.
Feitliks liket Heeroma earder al de opdieling yn East- en Westingweoansk, dêr’t er it Frysk ommers mei yn ‘e mangel naam, opjûn te hawwen. Heeroma (1963) rept net fan East- of Westingweoansk, wylst er it Frysk sûnder tsjin te tribbeljen as de suverste fuortsetting fan it Ingweonsk oantsjut (1963:154):

Het Ingweoonse relictgebied bij uitstek is het Friese taalgebied, want de Friese taal is de meest directe, meest compleet gebleven, minst gefrankiseerde voortzetting van de oude “noordtaal”. Het ligt in de rede dat de Ingweoonse taalvormen buiten Friesland de beste kansen hadden om zich in een samenhangend relictgebied te handhaven, wanneer zij gerugsteund werden door het Friese achterland, dus in Groningen, Drente met de Stellingwerven, en Overijsel ten noorden van de Vecht.

Dat is hiel wat oars as wat we fan Heeroma yn ‘e tritiger en fjirtiger jierren lêze. Heeroma hat him net inkeld set nei de besteande fisy , mar skriuwt ek op in folle positivere toan oer it Frysk. It is dan ek gjin tafal dat Heeroma (1960), in artikel oer it plak fan de frisistyk, de klam leit op de gearwurking fan frisisten mei nearlandisy (1960:375):

Dit nodigt uit tot een stijl- en idioomvergelijkend onderzoek tussen Fries, Nederlands en zo mogelijk nog meer Germaanse cultuurtalen.

En op deselde side neamt er it Frysk “het meest compleet gebleven continentaal-Ingweoonse dialect”.

4.2. Freonskip mei Fokkema
It is slim te sizzen wêrom’t Heeroma syn hâlding foar it Frysk oer feroare hat nei syn bluisterige tritiger en fjirtiger jierren. Neffens my sil de freonskip mei de frisist Klaas Fokkema (1898-1967) dêr sines ta dien ha. Oan dy freonskip kin net twifele wurde. By de betinking fan Fokkema yn Taal & Tongval is it moed him fol (1967a:6): “ik dank God voor Klaas Fokkema”.
Heeroma hat yn (1967b) in In Memoriam skreaun yn it Zeitschrift für Mundartforschung for Fokkema, dêr’t we ien en oar oer hoe’t Heeroma oer syn eardere teory tocht gewaar wurde. Hy skriuwt nammentlik (1967b:374):

Als ich in 1941 meinen recht revolutionären und gewiß viel zu einseitigen Artikel De Herkomst van het Fries veröffentlicht hatte, war er unter den Friesisten einer der wenigen, vielleicht sogar der einzige, der diesen Aufsatz nicht zurückwies, sondern anerkannte.

De skeanprint is fan my. Dy lit sjen dat Heeroma yn ‘e tuskentiid syn fisy bysteld hie en weromseach op syn 1941 stik as fierstente iensidich. Waard Heeroma fan ‘e oare frisisten faaks skoudere, Fokkema gong op in freonskiplike manear de diskusje mei him oan. Dat hat in goede útwurking op Heeroma syn hâlding foar it Frysk oer hân; men kin yn goedens blykber mear wurde as yn lilkens. It moat foar Heeroma ek in aardige ferrassing west ha om in frisist te sjen dy’t net inkeld foar it Frysk mar ek foar it Nederlânsk warber wie (1967b:373):

Auch durch seine Mitarbeit an deutschen Zeitschriften machte Fokkema Propaganda für das Studium seiner Muttersprache, manchmal - wie mit seinem in niederlândischer Sprache (!) geschriebenen Artikel, De consonanten- en klinkerphonemen in het Fries, in dieser Zeitschrift (Jg. 27, S. 49) - zugleich auch noch für das Studium des Niederländischen!

De útroptekens sprekke in dúdlike taal. Fokkema syn ferstannich-positive hâlding sil faaks Heeroma syn miening oer frisisten nuansearre ha, en yn alle gefallen gjin ferkearde útwurking op Heeroma syn eigen neiging ta konseptueel ekstremisme hân ha.8 We meie yn it gefal fan de skiednis fan Heeroma syn hâlding foar it Frysk oer, troch syn freonskip mei Fokkema en de effekten derfan, dochs in bytsje prate fan in “happy end”.

5. De rol fan it Ingweoansk by identiteitskwestjes

5.1. It Ingweoansk en Heeroma syn oanfal op ‘e Fryske identiteit
It skynt foar de eigen identiteit wichtich te wêzen om dêr yn 'e skiednis attributen by te sykjen. De Fryske bewegers en striders ha der wiidweidich op wiisd hoe âld oft de Fryske stam al is, dat se troch de Romeinske skiednisskriuwer Tacitus al mei eare neamd wurde, letter troch Ingelske en Frankyske skiednisskriuwers, ensfh. Dat is wat algemien minsliks want troch de midsieuwen hinne sjogge we hoe't keningen, adelike famyljes, besykje om oan de Romeinen besibbe te wêzen. Hoe âlder hoe better. De namme Hollân is, ûngelokkigernôch, net âld genôch en is net by de Romeinen werom te finen. De Bataven binne dat al, mar dy namme libbet yn ús tiid net mear. As men niisneamde attributen fan identiteit út it, benammen klassike, ferline graach ha wol, dan sit men yn it gefal fan Nederlân wat oanklaud.
We ha der op wiisd dat, by al wat der feroare oan Heeroma syn teoryen, ien ding itselde bleau. It komt der yn ‘e tritiger en fjirtiger jierren op del dat de Friezen út it iere ferline net de Friezen fan no binne. De Friezen út it iere ferline wiene Westingwaeoanen, en harren taal fine we yn 'e Nederlânske kustdialekten werom, mar net sasear yn it Frysk want dat is Eastingweoansk, in lettere ynkommeling. Boppedat binne dy lettere Friezen feitliks histoarysk Saksen. Sa wurdt de Fryske myte oan stikken snien. It âldste stik fan dy myte wurdt Nederlânsk besit.
Soks komt Heeroma de taalpolitikus goed út. Troch de Fryske identiteit op losse skroeven te setten taast er de Fryske Beweging oan. Wat dêr fan ôf falt kin Groot-Nederlands wurde. Troch de Nederlânske identiteit in grutter part yn it ferline te jaan stipet er de Groot-Nederlandse identiteit. As taalkundige hat er dêrom yn ‘e tritiger en fjirtiger jierren alle war dien om te ûntstriden dat der Frysk substraat bûten Fryslân wêze soe. De taalkundige en de taalpolitikus rane gear ta ien.
Guon sille faaks tinke dat Heeroma syn taalpolitike kar him feroardielje sil as wittenskipper, omdat in wittenskipper objektyf wêze moat. De spanning tusken taalpolityk en taalwittenskip is in foarbyld fan de spanning tusken persoanlike miening en objektive wittenskip dy’t him op elk mêd oppenearje kin. In wittenskipper mei in taalpolitike miening hawwe, mar foar de wittenskip giet it inkeld om de argumentaasje.9 De taalkundige Heeroma wurdt inkeld nei syn arguminten hifke. Wat Heeroma der fierder by tocht of die, docht neat fan de krêft fan dy arguminten ôf. Sa’t we seagen is it sterke punt fan Heeroma dat er in konseptueel tinker wie. It is in griis dat er dy metoade net suver brûke koe. Ik leau net dat er de konseptuele metoade ûnsuver brûkte omdat er taalpolitikus wie.
Ut historiografysk eachweid wei is it fansels al nijsgjirrich om sjen te litten dat immen in beskate taalpolitike foarkar hie; dêrom is dit artikel skreaun. Fierders is it ek nijsgjirrich om te sjen hoe't identiteit en taalpolityk har by in Nederlânske wittenskipper as Heeroma oppenearje. By eintsjebeslút woe ik der in pear lytse spekulaasjes weagje: it liket my ta dat Heeroma oan syn Nederlânske identiteit folle ferheftiger utering joech, as Neerlandisi dy’t út it Nederlânske kearngebied (de Rânestêd) komme. Hie Heeroma foar syn Nederlânske identiteit in oaren opjûn, de Saksyske? De bekearden binne faak de slimsten. Of wie him it eigen gemis oan in dúdlike identiteit yn ‘e wei en keas er dêrom sa ferheftich foar de Nederlânske? Faaks kin er it taalfanatisme ek noch oernommen ha fan syn Fryske kontakten en transponearre nei it Nederlânsk, dêr’t sokke hertstocht gjin foech jout. Dy fragen lit ik hjir mar gewurde.
De Neerlandisi ha Heeroma syn skieding yn West- en East-Ingweoansk en de konsekwinsjes derfan net oernommen; ta har eare, soe men sizze.
 

5.2. It Ingweoansk en it Nederlânsk identiteitsprobleem foar it Dútsk oer
Hat de Heeroma fan ‘e jierren tritich en fjirtich it Ingweoansk brûkt om troch it Frysk de Fryske identiteit yn ‘e besnijing te nimmen, de nearlandisy ha it brûkt om de Nederlânske identiteit foar it Dútsk oer in fundearring te jaan. Schönfeld (1946:59) komt hjirop út: “onze taal is Frankisch, maar de kruising met het Ingweoons is ervoor karakteristiek”. De relaasje ta Dútslân is foar de nearlandistyk in identiteitsprobleem dêr’t men net te gering oer tinke moat. As Nederlânsk inkeld Frankysk wie, dan wie it in Dútsk dialekt. En fansels ha der Dútske wittenskippers west, dy’t dat wol sein ha. Sels yn in 1952 lêze wy yn in Dútsk hânboek dat de Nederlanners feitliks Dútsers binne (Stroh 1952:224): “Die Niederländer sind ursprünglich Deutsche”, in útspraak dy’t yn oft oare foarm hieltyd wer herhelle wurdt. Stroh (1952:226) sitearret ek noch Jacob Grimm dy’t it Nederlânsk in “unseren Nordwesten sichtbar schwächende Gestaltung der Sprache” neamd hat (krekt as wiene Dútslân der earder as Nederlân, soe men hast sizze). Der hat ek spul west oer de fraach of in Middelnederlânske tekst net Middeldútsk wêze soe, of oarsom (teksten út in tiid dat Nederlân en Dútslân noch net bestienen). De eangsten fan nearlandisy wiene net sûnder rjocht en reden. Boppedat wie de Neerlandistyk fierhinne oriëntearre op ‘e Dútske, en dat makke it identiteitsprobleem net lytser.
Ik jou in foarbyld om dy eangst en it dermei gearhingjende identiteitsprobleem te yllustrearjen. Yn 1966 kaam in stik út yn it “Börsenblatt für den Deutschen Buchhandel”, dêr’t in Hermanowski yn skreau dat der feitliks gjin 18 miljoen Nederlânskpraters binne omdat der grut dialektferskaat is, en omdat der twa kultuertalen binne (it Flaamsk-Nederlânsk njonken it ABN). No hie men tinke kinnen, och, in lêbich Dútsk blêdsje foar de boekferkeap, mar nee. Der waard in “verklaring” publisearre yn Taal & Tongval ûnder de titel ‘Nederlands’. Een poging tot opheldering, ûndertekene troch fiifentweintich heechleararen yn ‘e Nederlânske taal-en letterkunde, dy’t der op delkaam dat der mar ien kultuertaal is, it ABN. De toan fan it stik is nederich te neammen.10 Sa’n stik docht oan bliken dat der in identiteitsprobleem is. It taalpolityk nut fan it Ingwaeoansk (los fan it taalkundich nut, dat hjir net oan ‘e oarder is) is dat it it Nederlânsk in selsstannige taal makket, foaral foar it Dútsk oer.
Ien fan de heechleraren dy’t it stik ûndertekenen wie Heeroma sels. In pear jier derfoar hie Heeroma al ris op itselde harspit harre (1964). It is net dúdlik tsjin wa oft it no krekt bedoeld it, mar it sil grif gjin tafal wêze dat Heeroma (1964:22) it nedich achtet en skriuw yn in Dútsk blêd it neifolgjende oer Flaamsk en Nederlânsk yn ‘e tiid fan it ûntsteand fan it ABN yn ‘e sechtjinde ieu:

Nur ein Ausländer kann denken, daß das zwei Sprachen sind, und darum muß man diesen Ausländer lehren, die Kultursprache der Niederlände “Nederlands, Niederländisch, zu nennen.

Heeroma sil net om ‘e nocht dy bitsige passaazje opnommen ha. It Nederlânske identiteitsprobleem oppenearet him krekt yn ditsoarte fan opmerkingen.

5.3. Hoe Frysk is it Ingweoansk?
Neffens Heeroma (1963:154) is it Frysk de suverste fuortsetting fan it Ingweoansk. Neffens Schönfeld (1946:59) is de krusing mei it Ingweoansk dat wat it Nederlânsk fan it Dútsk ûnderskiedt. Dêr folget logysk út, soe men sizze, dat it eigenste fan it Nederlânsk it bêst werom te finen is yn it Frysk. Om oan dy konklúzje te ûntkommen leit Schönfeld der in bulte klam op dat (57) “het Ingwaeoonse taalgebied verbrokkeld is”. Dat it Nederlânsk is feitliks basearre op in oar soarte fan Ingweoansk as it Frysk. De logyske konklúzje is dan dat der in bulte ingweonismen wêze moatte, dy’t net Frysk binne. En Schönfeld besiket dan ek in list fan dat soarte “hollânske” ingweonismen te jaan, dat wol sizze, in hânfol ingweoanske wurden en lûdferskynsels dy’t der yn it Frysk net binne. De frisistyske reaksje is dan om dy hollânske ingweonismen wer oan te taasten (Miedema 1971). Men kin jin ôffreegje wêrom’t Schönfeld ha woe dat it Nederlânsk safolle mooglik op in oar soarte fan Ingweoansk tebek gong as it Frysk. De hjoeddeiske nearlandistyk folget Schönfeld en hâldt it Frysk apart; it wurdt net behannele yn ‘e hânboeken. It binne fierhinne skate sirkwys.Dêr lykje nearlandistyk en frisistyk kontent mei te wêzen. Lykwols soe it foar it Nederlânske identiteitsprobleem wolris in gaadlike strategy wêze kinne, en preseantearje it Ingweoanske ferskaat oan talen en dialekten yn Nederlân as in foarm fan krêft en bloei, ferlike mei de iensume, toarre en uniformearre stannerttaal fan in grutter lân. Boppedat soe sa’n strategy strike mei it byld dat Nederlân fan himsels hat as fryste en toalerantste lân fan Jeropa.

6. Utlieding

Dat taalpolityk by taalkunde wolris faker in rolle spilet blykt ek út it feit dat der striden wurdt oer de namme dy't men oan it âldste substraat yn Nederlân jaan moatte soe. It giet om de striid tusken Ingweoansk en Noardseegermaansk. Lykas we krekt seagen is de term Ingwaeoansk troch Heeroma brûkt (benammen it East / West ûnderskied dat er makket) om in teory op te stellen dy't tagelyk as in oanfal op 'e Fryske identiteit sjoen wurde kin. It hoecht jin dan ek net te fernuverjen dat frisisten de term Ingweoansk net brûke. Dy ha it leaver oer de term Noardseegermaansk (byg. Miedema 1971, Hoekstra 1992). Neerlandisi brûke graach de Ingweoanske terminology (byg. Van Loey / Schönfeld 1970, op guon plakken, Van Bree 1987:69ff), om it Nederlânsk fan it Dútsk te ûnderskieden, cf. nochris Schönfeld (1946:59) “onze taal is Frankisch, maar de kruising met het Ingweoons is ervoor karakteristiek”. De namme dy’t men kiest, Ingweoansk of Noardseegermaansk, drukt jins identiteit út (Jonkman 1993:68).
 
 

Bibliografy
 

Bree, C. van (1987) Historische Grammatica van het Nederlands. Foris, Dordrecht.
Breuker, P. (1994) “De noarm fan it Frysk en taalideology”. Us Wurk 43, 1-27.
Encyclopedie van de Vlaamse Beweging (1975) Uitgeverij Lannoo, Tielt en Amsterdam.
Feitsma, T. (1993) “Besprek fan ‘Pieter Breuker, Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk’ (Dissertaasje Ryksuniversiteit Grins)”. De Pompeblêden 5, 84-87.
Haeringen, C.B. van (1954) Netherlandic Language Research. E.J. Brill, Leiden.
Haan, M.J. de (1933a) “Van de verkeerde kant. Naar aanleiding van K. Heeroma: ‘De Friesche Kwestie van Rijks-Nederlansch standpunt’.” Schakels. Socialistisch maandschrift voor Noord en Zuid Nederland, 4, feb, 11-12.
Haan, M.J. de (1933b) “Antwoord aan Heeroma”. Schakels. Socialistisch tmaandschrift voor Noord en Zuid Nederland 4, april-mei, 9.
Heeroma, K. (1932) “De Friesche kwestie van Rijks-Nederlansch standpunt”. Schakels. Socialistisch maandschrift voor Noord en Zuid Nederland 3, mei-juni, 14-15, aug-sept, 18-19.
Heeroma, K. (1933a) “Naschrift bij M.J. de Haan”. Schakels. Socialistisch maandschrift voor Noord en Zuid Nederland 4, feb, 12-13.
Heeroma, K. (1933b) “De Friese Beweging, de Haan en Ik”. Schakels. Socialistisch maandschrift voor Noord en Zuid Nederland 4, juni, 11-12.
Heeroma, K. (1934a) “De dialekten van Vlieland en Midsland (Terschelling)”. De Nieuwe Taalgids 28, 24-32.
Heeroma, K. (1934b) Niet zóó maar zó. Bosch & Keuning, Baarn.
Heeroma, K. (1939) “Ingwaeoons”. Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde 58, 198-239.
Heeroma, K. (1941) “De herkomst van het Fries”. De Vrije Fries 36, 79-101.
Heeroma, K. (1942) “Een Fries substraat in Noord-Holland?”. Yn Bijdragen en Mededelingen der Dialecten-Commissie van de Nederlandse Akademie van Wetenschappen, II, 26-35.
Heeroma, K. (1951) “Ontspoorde Frankiseringen”. Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde 68, 81-96.
Heeroma, K. (1960) “Bestek der Frisistiek”. Yn K. Dykstra, K. Heeroma, W. Kok en H.T.J. Miedema (red.) Fryske Stúdzjes oanbean oan Prof. Dr. J.H. Brouwer. Van Gorcum, Assen, 371-376.
Heeroma, K. (1963) “Stratigrafie van de Oostnederlandse volkstaal”. Taal & Tongval 15, 143-174.
Heeroma, K. (1964) “Ingwäonisch in niederländischer Sicht”. Jahrbuch des Vereins für niederdeutsche Sprachforschung 87, 7-23.
Heeroma, K. (1967a) “Klaas Fokkema. Leeuwarden 5 maart 1898 - Amstelveen 26 februari 1967.” Taal & Tongval 19, 1-6.
Heeroma, K. (1967b) “Klaas Fokkema in Memoriam”. Zeitschrift für Mundartforschung 34, 371-375.
Heeroma, K. (1972) “Fries en Saksisch in de Nederlanden”. Taal & Tongval 24, 97-112.
Hoekstra, J. (1992) “Fering TU-infinitives, North Sea Germanic Syntax and Universal Grammar”. Yn V.F. Faltings, A.G.H. Walker en O. Wilts (eds) Friesische Studien I. Supplement vol. 8 NOWELE. Odense University Press, Odense.
Jonkman, R. (1993) “Wat seit in namme? of: oer it bestean fan it ‘Leewarders’ en it ‘Frysk’”. Tydskrift foar Fryske Taalkunde 8, 63-71.
Knop, G. (1934) “Terschelling een Frankisch land met Friese kolonies??”. Onze Taaltuin 4, 97-110, 177-185.
Knop, G. (1954) De Spraakkunst der Terschellinger Dialecten. Van Gorcum & Co, Assen.
Kuhn, T. (1962) The Structure of Scientific Revolutions. Chicago University Press, Chicago.
Loey, A. van (1970) Schönfelds Historische Grammatica van het Nederlands. Thieme & Co, Zutphen.
Meertens, P.J. (1974) “Klaas Hanzen Heeroma”. Yn Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letteren 1972-3, 137-150.
Miedema, H.T.I. (1971) “Noordzeegermaans en Vroegoudfries”. Leuvense Bijdragen 60, 99-104.
“‘Nederlands’. Een poging tot verklaring”. (1966) Taal & Tongval 18, 145-6.
“‘Niederländisch’. Eine Klarstellung”. (1966) Leuvense Bijdragen 55, 137-138.
Schönfeld, M. (1946) “Ingweoons.” De Nieuwe Taalgids 39, 55-59.
Tjittes (Piebenga), H. (1933) “K. Heeroma op de ljeagenbank”. Frysk Studintalmenak 1933. Utjefte fan de Federaesje fan Fryske Studinte Forienings. NV van der Loon, Frentsjer, 160-162.
Weijnen, A. (1948) “Jac. van Ginneken (Oudenbosch, 21 April 1877 - Nijmegen, 20 October 1945)”. Levensbericht in Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde te Leiden 1946-1947. E.J. Brill, Leiden.
Zondergeld, G.R. (1978) De Friese Beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen. Dissertaasje, Rijksuniversiteit Groningen.
 
 

1 Ik woe Jan Berns en Tony Feitsma betankje foar nuttige tips, Ton Goeman foar petearen en literatuerferwizingen oangeande benammen de Hollânske identiteit, Jarich Hoekstra en Willem Visser dy’t it Frysk fan in eardere ferzje neisjoen ha, en Oebele Vries dy’t dit stik fan kommentaar foarseach en dy’t my oan de my ûnbekende artikels fan Heeroma yn Schakels holp: sadwaande koe ik, wat ik al tocht hie, ek bewize.

2 Meertens wie de earste direkteur fan it Institút foar Dialektology, Folkskunde en Nammekunde, en dat draacht no syn namme.

3 Sjoch Heeroma (1942), noat 4, foar in oersjoch fan plakken dêr’t Heeroma syn ideeën op dit stik publisearre hat.

4 Dêrnei seit Heeroma Gosses, dy’t it opnimt foar de konservative fisy fan Frysk substraat, tank foar de frisismen dy’t er yn Noard-Hollân oanwiisd hat. Dat is ommers wichtige ynformaasje foar de kennis fan it Westingveaoansk substraat! Gosses sil wol raar guod spuid ha. Gosses is oars in nijsgjirrige figuer foar in historiografyske stúdzje, mar soks soe buten it ramt falle fan dizze stúdzje, dy’t ommer giet oer de hâlding fan Heeroma foar it Frysk oer.

5 Schakels waard útjûn troch de Grootnederlandse en socialistische organisatie Algemeen Nederlandsch Arbeidersverbond. Heeroma wie in meiwurker fan ‘e Nederlânske kant, lykas byg. Garmt Stuiveling. It hat bestien fan 1929 oant 1935. Sjoch de Encyclopedie van de Vlaamse Beweging foar mear ynformaasje.

6 Scholten en Heeroma moatte inoar goed kend ka. Scholten wie oprjochter en earste foarsitter fan de Stúdzjerounte Leijen, in klubke fan Fryske studinten. Heeroma wie ien fan ‘e bestjoersleden (Zondergeld 1978:209).

7 Heeroma syn styl fan argumentearjen is net sa fraai. Hy appelearret maklik oan stereotypen. Sa hat er yn 'e diskusje in hypotetyske Fries opkomme litten dêr't er mei argumentearret. Dêrfan seit er (1932:15): “Mijn Friese opponent geeft het natuurlik nog niet op. Daar is hij een Fries voor.”
Dat leechlizzende praten oer it Frysk fine we oars ek yn Heeroma (1934b) syn hânlieding foar de Marchant-stavering (1934b:7). Ek yn ‘e diskusje mei M.J. de Haan, yn syn twadde reaksje, hat Heeroma himself net te heech en bring de wenstige stereotypen net yn stelling (1933:11): “Een debat met een tegenstander als de heer De Haan is uiterst moeilik, omdat de schrijver niet wetenschappelijk debateert. Hij toont enkele onaangename eigenschappen van het Friese karakter.” It is derom faaks gjin niget dat der in skeldreaksje op Heeroma kommen is. Dy wie fan Haring Tjittes Piebenga (1933). Dêrfan kinne wy mei goed fatsoen inkeld de lêste sin sitearje (p.162) “Soa, myn swipe, dat gyng swiet”.

8 Heeroma seit yn datselde stik dat syn Ontspoorde Frankiseringen (1951) basearre is op in petear mei Fokkema. Ontspoorde Frankiseringen is in ûngewoan helder en briljant artikel, dêr’t Heeroma net-lûdwettige foarmen ferklearret út Frankysk-Ingvaeonsk taalkontakt, en dêr is er syn tiid ek fier my foarút.

9 De diskusje tusken Breuker (1994) en Feitsma (1993) hat ek mei de relaasje tusken wittenskip en taalpolityk te krijen, en dy relaasje is fansels net sa maklik te beskriuwen as ik yn ‘e tekst ha wol.

10 De nederigheid fan de 25 Nederlandistyske heechleararen foar de Dútske ignoramus Hermanowski oer wurd yllustrearre troch punt 3: “De ondergetekenden erkennen het recht van de Duitse instanties, en met name van de Duitse uitgevers, zelf over de aanduiding van de literatuur uit het Nederlandse taalgebied te beslissen. De punten 1 en 2 zijn bijgevolg uitsluitend als voorlichting over de taaltoestand in het Nederlandse taalgebied bedoeld”. Dy erkenning stiet fansels net yn bestân, mar dat is nedich achte waard it te sizzen! In Dútske fersje fan de Verklaring kaam út yn Leuvense Bijdragen.