Oer de oerienkomst tusken de dialekten fan Grinslân en it Frysk

Eric Hoekstra (Fryske Akademy, Ljouwert).

In Ph. Breuker, S. Dyk, L. Jansma, W. Visser & J. Ytsma (eds) Philologia Frisica anno 1996. Fryske Akademy, Ljouwert, 117-137.

“Dat fyfte Zeland is. Langwald. Freedwald. Humers. Mydach. Husinga. Fiwellingha. Groninghen. Aeldambecht. Reyderland. Uesterwald mei al da Walden deer aldeer bi lidset tuisscha da Eemse ende Westfalen.”
(Sipma 1940:53, út it Ald-Fryske Traktaat fan de Sân Seelannen)
 

1.Ynlieding

1.1. Kearnfraach
Yn it ferline wie it Frysk net ta de provinsje Fryslân beheind. Undúdlik is lykwols
- wêr't bûten Fryslân Frysk praat is
- hoefolle oft dêr yn 'e hjoeddeiske dialekten noch fan wêrom te finen is.
Wat de provinsje Noard-Hollân oanbelanget hat der striid west oer beide fragen. Yn in eardere publikaasje ha ik útholden dat der yn Noard-Hollân ea Frysk praat is en dat der yn 'e hjoeddeiske dialekten noch in stikmannich spoaren (substraat) fan werom te finen binne (Hoekstra 1994). Yn dit artikel wol ik ûndersyk dwaan nei Frysk substraat yn 'e hjoeddeiske Grinslânske dialekten.
Oars as mei Noard-Hollân wurdt algemien oannommen dat der yn Grinslân ea Frysk praat is. Dat moat dan Ald-Frysk west ha, want yn ‘e fyftjinde ieu komme der al gjin Fryske teksten mear út Grinslân (Huizinga 1914:30). Dat Ald-Frysk is doe ferkrongen troch in Saksyske taalfariant dêr't de hjoeddeiske Grinslânske dialekten op tebek geane (Huizinga 1914, Heeroma 1961, Naarding 1961a). Dat proses hat de namme "ûntfrysking" krige.
Der is lykwols nea spesifisearre yn hoefier oft de hjoeddeiske dialekten fan Grinslân ûntfryske binne. Dat komt omdat der gjin yngeande ferliking tusken de Grinslânske dialekten en it Frysk makke is. Heeroma (1961) wiist wol op in hantsjefol leksikale oerienkomsten en Naarding (1961a:62) op nammekundige, mar morfology en syntaksis wurde net behannele. Salang't der gjin stúdzje is dy't de morfosyntaktyske skaaimerken fan 'e Grinslânske dialekten no ris systematysk mei dy fan it Frysk ferliket, wite wy feitliks net it antwurd op 'e neikommende kearnfraach: yn hoefier binne de Grinslânske dialekten ûntfryske? Yn dit artikel wol ik dy kearnfraach bediskusjearje troch mei dy morfosyntaktyske ferliking út ein te setten.
Yn §1.2 sil ik earst de arguminten foar Ald-Frysk yn Grinslân gearfetsje.§1.3 giet oer de metodology fan it ûndersyk. §1.4 giet neier yn op de teory dêr't we de risseltaten fan 'e ferliking tusken Frysk en Grinslânsk mei besykje te ynterpretearjen. §1.5 befettet in gearfetting fan dit artikel.

1.2. De arguminten foar Ald-Frysk yn Grinslân
It is net kontroversjeel dat der yn Grinslân Frysk praat is. Inkeld Ter Laan (1952) is dêr wol tsjin yn gongen, mar Naarding (1961a) hat syn arguminten dúdlik wjerlein. Sels ien as Heeroma, dy’t war dien hat om Frysk substraat bûten Fryslân safolle mooglik te bestriden (Hoekstra 1995), joech foar Grinslân ta dat dêr Frysk praat is (Heeroma 1961). De arguminten foar Ald-Frysk yn Grinslân binne, yn it koart, de neikommende:
1. Der binne âld-fryske dokuminten fûn yn Grinslân.
2. De lânwetten foar Grinslân binne yn it Ald-Frysk opskreaun.
3. Alde Grinslânske persoansnammen lykje tige op 'e Fryske, en folle minder op 'e Drintske.
4. Fierders kinne de Grinslânske plaknammen faak út it Ald-Frysk wei ferklearre wurde.
5. Vries (1994), by einsluten, hat sjen litten dat de Grinslanners oant yn ‘e 16e ieu noch in Frysk identiteitsbesef hiene, en dan benammen, mar net inkeld, yn de Ommelanden.

1.3. Metodology
Fan de measte taalferskynsels dy't ik hjir besprekke sil binne der gjin kaarten (sjoch seksje 3.2. foar ferskynsels dêr't al kaarten fan binne). Ik sil my dêrom by it ferlykjen fan it Frysk mei de dialekten fan Grinslân basearje op feiten oer ien of mear Grinslânske dialekten út De Vries (1910-1912), Ter Laan (1953), Boer (1982) en Reker (1991) en op oare boarnen, dêr’t de skriuwers sels fan oannimme dat se representatyf binne foar de Grinslânske dialekten yn it algemien. Op deselde manear wurdt fan gâns ferskynsels yn it Frysk oannommen dat se ek yn 'e Fryske dialekten foarkomme. It Frysk en it Grinslânsk wurde ferlike mei it ABN. Ik identifisearje it ABN fierhinne mei de sprektaal fan ‘e middenklasse en hegerein fan ‘e Rânestêd. It ABN stiet syntaktysk en morfologysk ek hiel ticht by de plattelâns- en stedsdialekten fan ‘e Rânestêd. Dat lêste bedoel ik relatyf: it ABN stiet folle tichter by de steds- en plattelânsdialekten fan ‘e Rânestêd as it Frysk of it Grinslânsk. Der is dus in hege graad fan oerienkomst tusken it begryp ABN en it begryp “Hollânsk”, dy’t it mooglik makket om se hjir trochinoar te brûken. It ABN as skriuwtaal hat altiten in wat súdliker synjatuer hân, mar it giet ús hjir net om it ABN as skriuwtaal.

1.4. Teory
De term “ûntfrysking” suggerearret dat de hjoeddeiske dialekten fan Grinslân net mear op it Frysk lykje. Dat is lykwols net yngeand ûndersocht. Ik wol dêrom earst ris de dialekten fan Grinslân mei it Frysk ferlykje om te sjen oft der noch nijsgjirrige oerienkomsten op taalkundich mêd binne; it sil bliken dwaan dat dy der yndie binne. Dêrnei sil ik har ynterpretearje yn it ramt fan de taalkontaktteory fan Van Coetsem (1988).
Neffens Van Coetsem bart der by taalkontakt it neikommende. At minsken njonken de memmetaal in twadde taal leare dy't se yn it earstoan net alhiel yn 'e macht ha, dan falle se by it praten fan dy twadde taal werom op 'e grammatika fan 'e memmetaal. Sa'n twadde taal sil dus beskate skaaimerken oernimme fan 'e memmetaal. It docht bliken dat út 'e memmetaal fral syntaksis, morfology en eleminten út 'e wurdfoarrie oernommen wurde kinne. De fonology fan 'e memmetaal wurdt it minst oernommen. Yn 'e tiid fan 'e oerstap op it Saksysk wie it Frysk de memmetaal fan 'e Grinslanners. Dat Fryske spoaren sille, at Van Coetsem gelyk hat, earder yn 'e morfosyntaksis as yn 'e fonology te finen wêze.
De klassike dialektology hat hast eksklusyf each hân foar lûdûntjouwing, dus fonology. Mar dy is krekt it minst resistint by taalkontakt.1 Dat ferklearret dat der yn it ferline net folle Frysk-Grinslânske oerienkomsten opmurken binne.

1.5. Gearfetting
Ik sil earst oerienkomsten fan it Frysk mei it hiele Grinslânsk jaan yn §2. Dan komme yn §3 oerienkomsten fan it Frysk mei beskate Grinslânske dialekten op it aljemint. §4 ferklearret de Frysk-Grinslânske oerienkomsten mei help fan 'e niisneamde taalkontaktteory, wylst §5 de útlieding befettet.
 

2. Morfosyntaktyske oerienkomsten fan it Frysk mei it hiele Grinslânsk

2.1. Ynlieding
De morfosyntaktyske oerienkomsten wurde ôfset tsjin it ABN, dat hjir oars is. Oerienkomsten dêr't mar in part fan 'e Grinslânske dialekten oan meidogge, komme yn §3 oan 'e oarder.

2.2. Folchoarder yn ‘e tiidwurdkloft sûnder TE-ynfinitiven
De folchoarder yn ‘e tiidwurdkloft is krekt oarsom as yn it ABN, mar krekt lykas yn it Frysk. Yn ‘e neikommendende sinnen is hieltiten, at der in (a,b,c) ûnderferdieling is, de (a)-sin Grinslânsk, de (b)-sin Frysk en de (c)-sin ABN.

(1) a. Dat e jonges noablieven loaten wild har2
(4) (3) (2) (1)
b. Dat er de jonges neibliuwe litte wold hie
(4) (3) (2) (1)
c. Dat ie de jongens had willen laten nablijven
(1) (2) (3) (4)
(2) Folchoarder yn ‘e tiidwurdkloft:
a. Grinslânsk: 4 3 2 1
b. Frysk 4 3 2 1
c. ABN: 1 2 3 4

It Grinslânsk en it Frysk ha deselde wurdfolge, it ABN wykt ôf. Kaarten fan dit ferskynsel binne te finen yn Stroop (1970:137-138).3

2.3. Morfologyske seleksje troch HAWWE/WEZE yn ‘e tiidwurdkloft
Besjoch út (1) de foarm fan 2, it tiidwurd dat selektearre wurdt troch hawwe/wêze.

(3) a. G: 4 3 2=mulwurd 1=helptiidwurd perfektum
b. F: 4 3 2=mulwurd 1=helptiidwurd perfektum
c. N: 1=helptiidwurd perfektum 2=ynfinityf 3 4
(4) Wat selektearret hawwe / wêze:
a. Grinslânsk: ôfslutend mulwurd (hjir wild)
b. Frysk: ôfslutend mulwurd (hjir wold)
c. ABN: ynfinityf (hjir willen)

Dat yn it ABN hjir in ynfinityf ynstee fan in ôfslutend mulwurd ferskynt, wurdt ek wol Infinitivus-Pro-Participio neamd (IPP); yn it Dútsk, dêr’t dit ferskynsel him ek oppenearret, hjit sa'n ynfinityf Ersatzynfinityf. It Grinslânsk en it Frysk ha gjin IPP-effekt, en dat is yn ‘e talen fan ‘e wrâld ek de normale sitewaasje: de Romaanske talen ha gjin IPP-effekt, de Skandinavyske net, en it Ingelsk ek net.

2.4. Foarm fan it ôfslutend mulwurd

(5) a. G: Ik heb ter west
b. F: Ik ha der west
c. N: Ik ben er geweest
(6) Foarheaksel by ôfslutend mulwurd:4
a. Grinslânsk: nee
b. Frysk: nee
c. ABN: ja (ge-)

In kaart fan dit ferskynsel, makke troch Hol, is te finen yn ‘e Taalatlas, ôflevering 2, nûmer 9. In foarheaksel foar it ôfslutend muldwurd is, krekt lykas it IPP-effekt, in beheind ferskynsel yn Jeropa: de Romaanske talen, de Skandinavyske talen, it Plat-Dútsk en it Ingelsk ha it net, mar it Nederlânsk en it Dútsk al. We ha hjir dus, krekt lykas by it IPP-effekt, te krijen mei in Jeropeeske makro-isoglosse dy’t troch Nederlân hinne rint: Frysk en Grinslânsk slute oan by it oanswettende Plat-Dútsk en de Skandinavyske talen, net by it ABN en it Dútsk.

2.5. Haadwurdynkorporaasje yn tiidwurd

(7) Grinslânske en Fryske namwurdynkorporaasje
a. dat k nog bloumen ston te wotter geven
b. dat er stie te bôlesmarren
(8) ABN sûnder ynkorporaasje
a. dat ik nog de bloemen water stond te geven
b. dat hij het brood stond te smeren
(9) ABN mei ynkorporaasje
a. * dat ik nog de bloemen stond te water geven
b. * dat hij stond te broodsmeren
(10) Ut skreaun Grinslânsk (Sien Jensema Berend Kopstubber (1943)):
a. N maaidje ston te potten bounen
b. As Berend, n venneweegs vot, omkikt, zit Geertruud ien t
hof te bok-melken.
(11) Haadwurdynkorporaasje (oer te hinne):
a. Grinslânsk: ja
b. Frysk: ja
c. ABN: nee

In kaart fan dit ferskynsel is te finen yn Gerritsen (1991: kaart 40). Ut ‘e foarbylden yn Schuurman (1987) en Schuurman & Wierenga (1986,1990) docht bliken dat haadwurdynkorporaasje yn it Grinslânsk yn deselde syntaktyske konteksten foarkomt as yn it Frysk. Dy Fryske syntaktyske konteksten binne troch Jarich Hoekstra (1989), fierder bouwend op De Haan (1987), oantsjut as preposysjonele ynfinitiven en sintinsjele ynfinitiven. Jarich Hoekstra (1992) en Dyk (1992) litte sjen dat haadwurdynkorporaasje ek foarkomt yn 'e Noardfryske dialekten.

2.6. Ynfinitiven by it tiidwurd GEAN
“Voor zover ik kan nagaan komen perfectische zinnen met gaan + INF in het Gronings alleen voor met staan, zitten en liggen.” (Sassen 1973:303):

(12) a. Hai is ... goan.
OKE: lign, zitn, stoan
*: sloapm, swemm
b. Hy is ... gien
OKE: lizzen, sitten, stean
*: sliepe(n), swimme(n)
c. Hij is gaan ...
OKE: liggen, zitten, staan, slapen, zwemmen
(13) a.* ‘t Is reegn goan
b.* ‘t Is reine(n) gien
c. ‘t Is gaan regenen
(14) Gean inkel mei tiidwurden: lizze, sitte, stean en (hingje):
a. Grinslânsk: ja
b. Frysk: ja
c. ABN: nee

Yn it ABN hat gaan in yngoätive funksje, en wat súdliker as we komme, wat mear gaan brûkt wurde kin foar takommende tiid en/of yngoätyf aspect (De Rooij 1985,1986). De seleksjerestriksjes op it brûken fan gean dy't it Frysk en it Grinslânsk sjen litte bestean yn it ABN net.

2.7. TE-ynfinitiven by it tiidwurd KOMME

(15) a. Dou rechtveerdege Mattheoa der kwam te wonen
(út: Jensema 1943)
b. Doe’t rjochtfeardige Mathilda dêr kaam te wenjen
c. Toen rechtvaardige Mathilda daar kwam wonen
(16) TE-ynfinitiven ferplichte by it tiidwurd komme:
a. Grinslânsk: ja
b. Frysk: ja
c. ABN: nee

It brûken fan te by komme is yn it Frysk en it Grinslânsk yn sinnen fan it boppesteande type ferplichte, mar yn it ABN net. It brûken fan te soe ek by oare aspektuele helptiidwurden as komme ûndersocht wurde moatte.

2.8. It tiidwurd SILLE mei betsjutting “gean”

(17) a. Wie zellen noa stad
b. We sille nei de stêd ta
c.* We zullen naar de stad toe
We gaan naar de stad
(18) Tiidwurd sille kin betsjutting “gean” ha:
a. Grinslânsk: ja
b. Frysk: ja
c. ABN: nee

It tiidwurd sille kin yn it Frysk en yn it Grinslânsk brûkt wurde mei de betsjutting “gean” of “fan doel wêze om te gean”, wylst dat yn it ABN útsletten is.5

2.9. It weilitten fan it persoanlik foarnamwurd 2 iental yn haadsinnen en bysinnen

(19) a. Kiekst nait goud / Ik wol dast riek wast
b. Sjochst net goed / Ik woe dast ryk wiest
c.* Kijkt niet goed / * Ik wou dat rijk was
Je kijkt niet goed Ik wou dat je rijk was

Yn it Frysk en it Grinslânsk mei it persoanlik foarnamwurd fan 'e twadde persoan iental yn in stellende sin sûnder topikalisaasje weilitten wurde. Men kin jin ôffreegje oft ik de ferliking mei it ABN histoarysk besjoen wol meitsje mei: de /d/-foarm is ommers yn it ABN weirekke en ferfongen troch de /j/-foarm. Mei ik se dan wol ferlykje? Dy fraach presupponearret dat men inkel mar foarmen ferlykje mei dy’t lûdwettich identyk binne; de korrespondearjende syntaktyske struktuer soe der dan net ta dwaan. Mar ik kin dat as syntaktikus omdraaie: men mei inkeld mar syntaktysk identike foarmen ferlykje. De fraach is no: is der in reden om te sizzen: men mei by in ferliking tusken twa taalfarianten inkel mar it lûdwettich perspektyf kieze of men mei inkeld mar it syntaktysk perspektyf kieze? Sokke reden binne der net. It lûdwettich perspektyf abstrahearret fan (negearret) de syntaktyske korrelaasje en docht sa gjin rjocht oan ‘e wurklikhyd. Oarsom abstrahearret it syntaktysk perspektyf fan ‘e lûdwetten (fonology) en docht sa likemin rjocht oan ‘e wurklikhyd. Fansels rjochtsje ik my as syntaktikus op it syntaktyske perspektyf, dat nei myn opfetting syn gerak noch net genôch krigen hat.

2.10. Haadsin as bysin
It Frysk en it Grinslânsk kinne beide de persoansfoarm op it twadde plak ha yn dat-sinnen (De Haan 1988, Ter Laan 1953:110, Overdiep 1932, De Vries 1910-1911:63):

(20) a. Hai zee dat hai har zien buurman zitten zain
b. Hy sei dat hy hie syn buorman sitten sjoen
c.* Hij zei dat hij had zijn buurman zien zitten
(21) a. Dat was van dei gevolgen dat hai har ‘t wonnen
b. Dat wie fan dy gefolgen dat hy hie it wûn
c.* Dat had tot gevolg dat hij had het gewonnen
(22) a. Dat legde hei joe zoo dudelk oet, dat zoo’n Fraisch wief
kreeg ‘t op zeenen
b. Dat lei er jo sa dúdlik út, dat sa’n Frysk wiif krige it
op ‘e simmels.
c.* Dat legde hij je zo duidelijk uit, dat zo’n Friese vrouw
kreeg er de zenuwen van
(23) Haadsinsfolchoarder yn bysinnen by dat:
a. Grinslânsk: ja
b. Frysk: ja
c. ABN: nee

Yn it ABN wurdt dit as ûngrammatikaal beskôge. It is oars net alhiel dúdlik oft dat net suver foar de skriuwtaal jildt, en oft dit soarte fan sinnen yn 'e sprektaal oeral yn Nederlân likefolle foarkomt. De Rooij (1965:94) hat it ferskynsel ûndersocht en komt ta de neifolgjende konklúzje: “Overzien we de geografische spreiding van dit verschijnsel: Groningen - Friesland - Hollandse vissersplaatsen - West-Vlaanderen, met enkele sporen in andere gebieden, dan krijgen we sterk de indruk met een “kustverschijnsel” te maken te hebben”. De groep Hollânske fiskersplakken - Fryslân - Grinslân beskôgje we op grûn fan in hiele protte taalkundige en histoaryske arguminten as Ald-Frysk gebiet (sjoch byg. Hoekstra 1994, Bremmer 1996).6

2.11. Bynwurd DAT yn ferbiningen
“In ‘t Nederlands wordt het voegwoord dat heel vaak weggelaten in verbindingen als eerdat, voordat enz. Dit is in ‘t Grunnegers niet het geval” (Ter Laan 1953:110). Yn it Frysk wurdt it bynwurd dat redusearre en oanheakke as “’t” yn dy gefallen:7 ear’t, foar’t. Dat patroan fine we ek at der in fraachwurd of betreklik foarnamwurd foar it bynwurd stiet:

(24) a. Hou dat e ‘t kloar kregen het, wait ik nait
b. Hoe’t er it klear krigen hat, wyt ik net
c. Hoe / * Hoe dat / * Hoe’t ie het voor elkaar gekregen
heeft, weet ik niet.
(25) a. Wel dat doar schuld aan het, zel wel nooit oetkomen
b. Wa’t dêr skuld oan hat, sil wol nea útkomme
c. Wie / * Wie dat / * Wie’t daar schuld aan heeft, zal wel
nooit uitkomen
(26) Wurde fraachwurden, betreklike foarnamwurden en oare
bysininisjele illementen folge troch in foarm fan dat:
a. Grinslânsk: ja
b. Frysk: ja
c. ABN: nee

We sjogge hoe’t it Grinslânsk hjir mei it Frysk lykop rint en it bynwurd “dat” fêsthâldt. It is wol nijsgjirrich dat yn it Nederlânsk fan guon Friezen it bynwurd “dat” yn ditsoarte fan foarbylden yn syn folle foarm opdûke kin (eigen observaasje). Fierders is der ek in konstruksje lykas de neikommende (analysearre yn ûnpublisearre wurk fan Jarich Hoekstra), dêr’t it bynwurd yn syn folle foarm opdûkt yn it Grinslânsk en it Frysk mar net yn it ABN:

(27) a. (A: “‘t mout aans”) B: Hou dat?
b. (A: “it moat oars”) B: hoe dat?
c. (A: “het moet anders”) B:* hoe dat, OKE hoe zo?
(28) dat nei fraachwurden yn redusearre sinnen foar emfaze?
a. Grinslânsk: ja
b. Frysk: ja
c. ABN: nee

2.12. Geografyske persoansnammen
De ôflieding fan geografyske ynwennersnammen en it eigenskipswurd fan plaknammen is yn it Frysk en it Grinslânsk wakker gelyk. At de plaknamme de klam op it lêste wurdlid hat, fine we -ster (Reker 1991:52-58, 1992:33-36). Dat is yn it Frysk ek sa, wylst it ABN dûbelfoarmen hat by it eigenskipswurd, -er of -s mar krúsjaal gjin -ster. Troch de dûbelfoarmen hoecht de ynwennersnamme net gelyk te wêzen oan it eigenskipswurd wylst dat yn it Frysk en it Grinslânsk wol sa is. De ABN-foarmen komme út ‘e ANS. We ferlykje hjir fansels plaknammen mei deselde útgong:

(29) plaknamme eigenskipswurd ynwennersnamme

-huzen
Oethoezn Oethoester Oethoester
Jiskenhuzen Jiskenhúster Jiskenhúster
Huizen Huizens/Huizer Huizenaar/Huizer

-veen
Vledderveen Vledderveenster Vledderveenster
It Hearrenfean Feanster Feanster
Heerenveen Heerenveens/-vener Heerenvener

-syl
Delfziel Delfzielster Delfzielster
Muntsjesyl Muntsjesylster Muntsjesylster
Delfzijl Delfzijls Delfzijler
(30) -ster yn eigenskipswurd èn ynwennersnamme
a. Grinslânsk: ja
b. Frysk: ja
c. ABN: nee

Ik behein my ta dizze simplifikaasje mar hoopje yn in spesjalystyske stúdzje apart omtinken oan dit ûnderwerp te jaan.

2.13. Morfeemhelpers yn gearstalling
It ferlytsingsefterheaksel fungearret yn beskate semantyske konteksten as oergongslûd yn it Frysk en it Grinslânsk (Naarding 1961b). De meast promininte semantyske kontekst is dy fan de plantenammen.

(31) Grinslânsk Frysk ABN
goldjebloum goudsjeblom goudsbloem
hondjedraf hûntsjedraaf hondsdraf
tuuntjeblom túntsjeblom (madeliefje)
keeskeblommen tsyskeblom kaasjeskruid
randjebloem rântsjeblom randjesbloem
(32) Ferlytsingsfoarm iental as morfeemhelper
a. Grinslânsk: ja
b. Frysk: ja
c. ABN: nee

Der binne twa ferskillen tusken it Frysk/Grinslânsk en it ABN. Foarst is de foarming mei it ferlytsingsefterheaksel yn it Frysk en it Grinslânsk wat produktiver. Oard hat yn it ABN it ferlytsingsefterheaksel altiten in -s at it in oergongsmorfeem is, wylst it yn it Grinslânsk en it Frysk krekt gjin -s hat.

2.14. It efterheaksel -ENS
Dit efterheaksel makket haadwurden út eigenskipswurden. Foarbylden út Ter Laan (1953:122):

(33) a. gladdens, kwoadens, goudens, lelkens, gauwens
b. glêdens, kweadens, goedens, lilkens, gauwens

Yn it Frysk komt dit efterheaksel ek foar, wylst it ABN it net hat.

2.15. Konklúzje Frysk-Grinslânske oerienkomsten
Ik stel fêst dat de ûntfrysking fan it Grinslânsk foarearst in fonologyske ûntfrysking west hat. Yn ‘e syntaksis en yn ‘e morfology binne der oerienkomsten mei it Frysk bleaun, nêst de troch Naarding al neamde oerienkomsten yn ‘e wurdfoarrie, it idioom en de nammekunde. De krekte geografyske distribúsje fan de hjir besprutsen ferskynsels yn ‘e provinsje Grinslân moat neier besjoen wurde. De ûndersyksfraach dy't him no opkringt is: wêrom binne der sokke yngeande oerienkomsten tusken it Grinslânsk en it Frysk op it mêd fan 'e morfology en de syntaksis (mar net op it mêd fan 'e fonology)? Dy fraach wurdt besprutsen yn §4.1. We sille no ûndersykje hokker Grinslânske dialekten oft it meast op it Frysk lykje. De taalkundige risseltaten korrelearje we mei wat neffens nammekundich ûndersyk it gebiet is dêr't de measte Fryske spoaren te finen binne.
 

3. Morfosyntaktyske en nammekundige oerienkomsten tusken de dialekten fan beskate parten fan Grinslân en it Frysk

3.1. Ynlieding
Yn §3.2 besprekke we morfosyntaktyske oerienkomsten fan in part fan 'e Grinslânske dialekten mei it Frysk. Op de morfosyntaktyske kriteria, dy't oanlieding ta oerienkomst of ferskil jouwe, is de klassike dialektyndieling fan Grinslân fan Schuringa (1923) mei basearre. Yn §3.3 litte we sjen dat dy yndieling op grûn fan morfosyntaktyske kriteria lykop rint mei de nammekundige yndieling fan 'e provinsje. Oars as yn 'e dialektology is yn 'e nammekunde wol nei de oerienkomst mei it (Ald-)Frysk sjoen.

3.2. Morfosyntaktyske oerienkomsten tusken beskate Grinslânske dialekten en it Frysk

3.2.1. Dialektyndieling neffens Schuringa
Schuringa (1923) jout in stikmannich mikro-isoglossen, dêr’t de klassike dialektyndieling fan Grinslân op basearre is. Fan it westen nei it easten ta wurde Westerkertiersk, Hegelânsk, en East-Grinslânsk ûnderskaat. We besprekke no de rillevante isoglossen fan Schuringa mei it each op 'e oerienkomsten fan 'e Grinslânske dialekten mei it Frysk.

3.2.2. Persoanlik foarnamwurd 2 meartal JIM
It Westerkertier hat lykas it Frysk in persoanlik foarnamwurd op -m, Frysk jim, Westerkertiersk jem. Sjoch ek Reker (1993). De oare Grinslânske dialekten ha dat net.

3.2.3. Persoanlik foarnamwurd yn ynferzje 3 iental
It Frysk brûkt yn ynferzje it manlik persoanlik foarnamwurd er: hy komt, komt er. Dy foarm is ek algemien yn it Westerkertier. De kaart fan Schuringa is lykwols te rigide, want de foarm komt ek foar op it Hegelân, lykas opmurken troch Klatter (1933).

3.2.4. Brûken fan 'e objektsfoarm fan it persoanlik foarnamwurd 3 iental as refleksivum
It Frysk hat gjin aparte bûne anafoar foar de tredde persoan. It Hollânske hij wast zich is hy wasket him. Datselde jildt ek foar it Westerkertier en it Hegelân, ek al binne hjoeddedei de zuk/zok -foarmen oan it opkringen (mar dat lêste jildt ek foar de foarm sich yn it Ynterferinsjefrysk). Yn it easten (Oldambt, Veenkoloniën en Westerwolde) binne de zuk/zok-foarmen lykwols algemien.

3.2.5. Konklúzje
Wy kinne de oanwêzichheid fan in brekline fêststelle tusken it Hegelân en it easten: op It Hegelân is mear oerienkomst mei it Frysk te finen as yn it easten fan 'e provinsje.

3.3. Nammekundige oerienkomsten tusken beskate Grinslânske dialekten en it Frysk

3.3.1. Ynlieding
Nammen binne fan belang omdat se relatyf konservatyf binne; ienris fêststeld feroarje se net sa bot mear. Se jouwe dus in frij betrouber byld fan it ferline. We kinne de nammekundige opdieling fan Grinslân brûke om de morfosyntaktyske opdieling te hifkjen.

3.3.2. Plaknammen
Schuringa (1923:3) seit: “De verschillende plaatsnamen vertonen eigenaardigheden van de Friese taalontwikkeling. ... Hoever dat Friese gebied zuidwaarts ging, blijft moeilijk te bepalen. Vast staat alleen, dat in Westerwolde, de Veenstreken, ‘t Goorecht en de omgeving van de stad Groningen geen Friese plaatsnamen kunnen worden aangetoond.” Frysk wie it Westerkertier, it Hegelân (Hunsingo en Fivelgo), it Oldambt en it noardlike part fan it Reiderlân. It oare wie Saksysk neffens Schuringa.

3.3.3. Persoansnammen
Op it stik fan 'e distribúsje fan persoansnammen, lykas besprutsen troch Miedema (1964), wike it Hegelân en it Westerkertier ôf fan it easten fan Grinslân. Miedema lit it neifolgjende sjen:
1. De -a-nammen komme fral foar yn ‘e noardlike helte fan ‘e provinsje, fan ‘e Lauwers oant de Dollart, en de -stra-nammen komme fral foar yn it Westerkertier, wylst de typyske Grinslânske -sema-nammen fral yn of by de noardlike kustplakken foarkomme. Foarbylden: Tamminga, Stienstra, Hoeksema.
2. De -ker- en -(t)jer-nammen komme fral foar yn ‘e Veenkoloniën en Westerwolde. Foarbylden: Veenker, Veentjer.
3. De sj- en tj-nammen wurde fral fûn yn de Veenkoloniën en Westerwolde. Foarbylden: Sjoordema, Tjemmes.
4. De Drintske -ing-nammen wurde fral fûn yn de Veenkoloniën en Westerwolde. Foarbylden: Bierling, Lanting.
De hjoeddeiske persoansnammen litte krekt lykas plaknammen sjen dat der in brekline tusken it Hegelân en it easten fan 'e provinsje rint.

3.3.4. Konklúzje
Nammekundich besjoen is der in wichtige skieding tusken it Hegelân en it Westerkertier oan 'e iene en it easten fan 'e provinsje oan 'e oare kant.

3.4. Utlieding
We kinne fêststelle dat wat dialektologysk in wichtige skied is, dy tusken it Hegelân en it easten, dat nammekundich sjoen ek is. We ha dus in konverginsje fan ûndersyksrisseltaten út twa ûnderskate disiplines. De ûndersyksfraach dy't him no op kringt is: hoe komt it dat der in brekline rint tusken it relatyf Fryske Hegelân en it relatyf ûnfryske easten? Dy fraach wurdt besprutsen yn §4.2.
 

4. De ûntfrysking fan Grinslân: ynterpretaasje yn it ramt fan de taalkontaktteory fan Van Coetsem (1988)

4.1. Ferklearring fan 'e oerienkomsten fan it hiele Grinslânsk mei it Frysk
Lykas we yn §2 dúdlik makke ha, binne der yn ‘e syntaksis en de morfology noch in protte oerienkomsten tusken it Grinslânsk en it Frysk. Yn ‘e Grinslânske fonology binne der lykwols amper Fryske spoaren mear. Dat is krekt wat we ferwachtsje soene. By taalkontakt binne morfology en syntaksis relatyf resistint; de fonology jout it earst belies. En yn dit gefal strykt de teory mei de feiten: de fonology fan it Grinslânsk is tige ûnfrysk. De oarspronklike Fryskpraters binne dus op in Saksyske fariant oerstapt mar ha de morfosyntaksis fan har Fryske memmetaal yn it Saksysk projektearre, en troch dy oerstap hat it Grinslânsk syn unike eigenskippen krigen, dy't tebek geane op it Ald-Frysk en it Ald-Saksysk.

4.2. Ferklearring fan it relatyf ûnfryske karakter fan it easten fan 'e provinsje
Oer it relatyf ûnfryske karakter fan it easten fan 'e provinsje kin ik allinnich mar spekulearje. It taal- en nammekundich ûnderskied tusken It Hegelân en it easten fan 'e provinsje korrelearret mei in geologysk ferskil tusken klaai oan 'e iene en fean oan 'e oare kant (Schmitt 1942:147). De fruchtbere klaai fan it Hegelân wie ticht bewenne, troch (Ald-)
Friezen. It fean fan it easten, mei in pear sâneilantsjes, wie ynearsten tin bewenne. Dêr is letter pas nij bewenber lân út makke, dêr't har doe lju út Noard-Dútslân nei wenjen setten. Dat soe it ferskil tusken It Hegelân en it easten fierhinne ferklearje kinne: it easten wie sa tin bewenne dat der net folle Frysk taalmateriaal trochjûn wurde koe. En fan oarsprong netFryskpraters krigen yn in koart hoartsje de mearderheid yn tal.
 

5. Konklúzje

Der is noch altiten mear Frysk substraat yn Grinslân as dat tocht wurdt, net inkeld op nammekundich en idiomatysk mêd, mar ek en benammen yn ‘e syntaksis en de morfology. Dat dy twa folle better oerlevere binne as de fonology ha we besocht te ferklearjen mei help fan Van Coetsem (1988) syn taalkontaktteory. Foar it feit dat it easten minder Frysk substraat sjen lit as it Hegelân is in histoarysk-demografyske ferklearring suggerearre. Neier ûndersyk soe ek de posysje fan East-Fryslân (cf. Niebaum 1990, 1994) yn 'e problematyk behelje moatte. Ien ding stiet as in peal boppe wetter: it krijen fan fierder ynsjoch yn it dialektferskaat fan Nederlân is útsoarte in ynterdissiplinêr aventoer. Ik ha besocht om dêr benammen út ‘e morfosyntaksis wei oan mei te arbeidzjen.
 

Betanknoat
Ik betankje Leendert Brouwer foar syn nammekundige help, Ton Goeman, Jarich Hoekstra, Thera de Jong en Harrie Scholtmeijer foar kommentaar en diskusje, Simon Reker foar dat er my kompjûterkopyen joech fan twa Grinslânske romans, it publyk by de lêzing foar de nijsgjirrige fragen, en de redaksje foar it skreaune kommentaar.


Bibliografy
 

ANS, of: Algemeen Nederlandse Spraakkunst (1984)
G. Geerts, W. Haeseryn, J. de Rooij en M.C. van den Toorn (red.). Wolters-Noordhoff, Groningen.
Boer, J. (1982)
Op de grens tussen het Gronings en het Nederlands. Dekker en Huisman, Wildervank.
Bremmer, R. (1996)
“Frysk yn Súd-Hollân”. Lêzing holden op it 14e Frysk Filologekongres, 25 oktober 1996 yn Ljouwert.
Coetsem, F. van (1988)
Loan phonology and the two transfer types in language contact. Foris, Dordrecht.
Dyk, S. (1992)
“Warum gibt es im Westerlauwersschen und Föhrer Friesischen eine Nomen-Inkorporation?”. Yn V.F. Faltings, A.G.H Walker en O. Wilts (red.) Friesische Studien I. Beiträge des Föhrer Symposiums zur Friesischen Philologie vom 10.-11. Oktober 1991. NOWELE Supplement vol. 8. Odense University Press, Odense, 143-169.
Gerritsen, M. (1991)
Atlas van de Nederlandse Dialectsyntaxis. P.J. Meertens Instituut, Amsterdam.
Haan, G. de (1987)
“De syntacticus als frisist”. In S. Dyk & J. Hoekstra (red.) Ta de Fryske Syntaksis. Fryske Akademy, Ljouwert, 57-80.
Haan, G. de (1988)
“Hoofd-en bijzinnen: traditie en progressie”. Handelingen van het 40ste Nederlands Filologen Congres, 203-213.
Heeroma, K. (1961)
"Het getuigenis der taalkaarten". In K. Heeroma en J. Naarding (red.) De Ontfriesing van Groningen. J.K. Hertz, Zuidlaren, 11-44.
Hoekstra, E. (1994)
“Oer de oerienkomst tusken de dialekten fan Noard-Hollân en it Frysk”. Yn Ph.H. Breuker, S. Dyk, D. Gorter, L.G. Jansma en W. Visser (red.) Philologia Frisica anno 1993. Fryske Akademy, Ljouwert, 81-103.
Hoekstra, E. (1995)
“K.H. Heeroma: strider en tsjûger foar it ABN. Oer de gearhing tusken taalkunde, taalpolityk en nasjonale identiteit”. Us Wurk 44, 51-68.
Hoekstra, J. (1989)
“A Note on the Typology of TE-infinitives in Frisian”. NOWELE 14, 19-51.
Hoekstra, J. (1992)
“Fering TU-infinitives, North Sea Germanic Syntax and Universal Grammar”. Yn V.F. Faltings, A.G.H Walker en O. Wilts (red.) Friesische Studien I. Beiträge des Föhrer Symposiums zur Friesischen Philologie vom 10.-11. Oktober 1991. NOWELE Supplement vol. 8. Odense University Press, Odense, 99-142.
Huizinga, J. (1914)
“Hoe verloren de Groningse Ommelanden hun oorspronkelijk Fries karakter?” Driemaandelijkse Bladen 14, 1-77.
Jensema, S. (1943)
Berend Kopstubber. Van Gorcum, Assen (twadde printinge).
Klatter, J. (1933)
“Dialectstudie en Syntaxis”. Onze Taaltuin 2, 73-84.
Kloeke, G.G. (1951)
“Over provincialismen”. Driemaandelijkse Bladen 3, 109-115.
Laan, K. ter (1952)
Nieuw Groninger Woordenboek. Wolters-Noordhoff, Groningen.
Laan, K. ter (1953)
Proeve van een Groninger Spraakkunst. Van der Veen, Winschoten.
Miedema, H.T.J. (1964)
“Inleiding”. In P.J. Meertens (red.) Nederlands Repertorium van Familienamen. III. Groningen. Van Gorcum, Assen, 5-22.
Molema, H. (1887/1985)
Woordenboek der Groningsche Volkstaal. Wolters Noordhoff/Bouma’s Boekhuis, Groningen. Ongewijzigde herdruk 1985.
Naarding, J. (1961a)
"Stad en Ommelanden". In K. Heeroma en J. Naarding (red.) De Ontfriesing van Groningen. J.K. Hertz, Zuidlaren, 45-62.
Naarding, J. (1961b)
“Over diminutiefvormen in het Gronings”. Driemaandelijkse Bladen 13, 59-70.
Niebaum, H. (1990)
“Staatsgrenze als Bruchstelle? Die Grenzdialekte zwischen Dollart und Vechtegebiet”. Yn L. Kremer en H. Niebaum (red.) Grenzdialekte. Studien zur Entwicklung kontinentalwestgermanischer Dialektkontinua. Germanistische Linguistik 101-103. Georg Olms Verlag, Hildesheim, 49-83.
Niebaum, H. (1994)
“Geschreven en gesproken talen in Groningen. Een historisch overzicht”. In P. Boekholt e.a. (red.) Rondom de Reductie. Vierhonderd jaar provincie Groningen 1594-1994. Assen, 203-222.
Overdiep, G.S. (1932)
"Syntaxis en Dialectstudie II. Onze Taaltuin 1, 46-52.
Reker, S. (1991)
"Vormleer". Groninger Grammatica. Staalboek, Veendam.
Reker, S. (1992) "Hou is dat?". Het dialect van Groningen. BZZTôH, 's-Gravenhage.
Reker, S. (1993)
“Een dialectologische kettingreactie: veranderende aanspreekvormen in het hedendaagse Gronings”. Driemaandelijkse Bladen 45, 17-38.
Rooij, J. de (1965)
Als - Of - Dat. Van Gorcum, Assen.
Rooij, J. de (1985)
“De toekomst in het Nederlands. I. Over het uitdrukken van de toekomende tijd in standaardtaal en dialect”. Taal & Tongval 37, 96-123.
Rooij, J. de (1986)
“De toekomst in het Nederlands. II. Over het uitdrukken van de toekomende tijd in standaardtaal en dialect”. Taal & Tongval 38, 5-32.
Rooij, J. de (1988)
Van HEBBEN naar ZIJN. Het gebruik van HEBBEN en ZIJN in de voltooide tijden (actief) van ZIJN, GAAN, VERGETEN en VERLIEZEN in standaardtaal, ouder Nederlands en dialect. Publikaties van het P.J. Meertens Instituut, Amsterdam.
Sassen, A. (1973)
“De Nederlandse Dialektatlassen als bron van syntactische informatie”. In Album Willem Pée. De jubilaris aangeboden bij zijn zeventigste verjaardag, 301-305.
Schmitt, L.E. (1942)
“Die Stadt Groningen und die Mundarten zwischen Laubach und Weser”. Zeitschrift für Mundartforschung 18, 134-170.
Schuringa, F.G. (1923)
Het Dialect van de Veenkoloniën in verband met de overige tongvallen in de provincie Groningen. Diss, UvA. J.B. Wolters, Groningen.
Schuurman, I. (1987)
“Incorporation in the Groningen dialect”. In F. Beukema en P. Coopmans (red.) Linguistics in the Netherlands 1987. Foris, Dordrecht, 185-194.
Schuurman, I. & A. Wierenga (1986)
“Syntactische nomen-incorporatie bij infinitieven en deelwoorden”. In C. Hoppenbrouwers, J. Houtman, I. Schuurman en F. Zwarts (red.) Proeven van Taalwetenschap (TABU-special), TABU 16, 339-350.
Schuurman, I. & A. Wierenga (1990)
“Het Gronings: ‘Verb-raising’ in soorten en maten”. In G. de Schutter, M. Gerritsen en C. van Bree (red) Dialectsyntaxis. Themanummer 3 van Taal en Tongval, 74-86.
Sipma, P. (1940)
“De Sân Fryske Seelannen”. Yn P. Sipma, J.M.N. Kapteyn en J.H. Brouwer (red) De Twadde Jiergearkomste fan de Fryske Akademy. Van Gorcum, Assen, 22-54.
Stroop, J. (1970)
“Systeem in gesproken werkwoordsgroepen”. Taal & Tongval 22, 128-147.
Taalatlas van Noord en Zuid. E.J. Brill, Leiden.
Vries, O. (1994)
“Bestond er bij de Groningers vóór de Reductie een Fries besef?” In P. Boekholt e.a. (red.) Rondom de Reductie. Vierhonderd jaar provincie Groningen 1594-1994. Assen, 223-235.
Vries, W. de (1910-1911, 1911-1912)
Dysmelie. Opmerkingen over Syntaxis. Verhandeling behorende bij het programma van het gymnasium der gemeente Groningen. Stads- en Handelsstoomdrukkerij B. Jacobs, Groningen.
Wrede, F. (1924)
“Ingwäonisch und Westgermanisch”. Yn L. Berthold, B. Martin en W. Mitzka (red.) (1963) Ferdinand Wrede. Kleine Schriften. N.G. Elwert Verlag, Marburg.

1 Oerienkomsten yn 'e wurdskat lit ik gewurde. Sjoch dêrfoar bygelyks Heeroma (1961) en de Taalatlas. Oerienkomsten op idiomatysk mêd wurde efkes oanstipt troch Kloeke (1951) yn in oerflakkich stikje dêr’t er spitigernôch sûnder te argumentearjen seit: “Verder worden wij getroffen door de eigenaardigheden die de Groningers met de Friezen gemeen hebben ...” (Kloeke 1951:116 oer it Grinslânske idioom, net oer de minsken). In moaie taak soe wêze en meitsje no ris in yngeande idiomatyske ferliking tusken it Fryske idioom en it Grinslânske dat te finen is yn it wurdboek fan Molema (1887/1985) en yn de list mei Grinslânske ynterferinsjes fan Boer (1982). Dyselde taak leit der ek wat de wurdfoarrie fan it Westfrysk oanbelanget.

2 De foarbylden ha de stavering fan 'e boarne dêr't ik se út sitearje (sjoch seksje 1.3 foar de referinsjes).

3 Bremmer (1996) wiist op in nijsgjirrich probleem. It Mid-Frysk hat noch net unifoarm dizze folchoarder. Hoe kin it dan dat folle letter yn Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân krekt dy folchoarder foar it ljocht komt? Ik ha dêr gjin ferklearring foar.

4 Oer de kar fan it helptiidwurd wol ik it hjir net ha. Dy komplekse matearje is besprutsen yn De Rooij (1988).

5 De wat oerflakkige beskriuwing foldocht foar it útlizzen fan dizze Frysk-Grinslânske oerienkomst. Nijsgjirrich is dat inkel de persoansfoarm fan sille de betsjutting "gean" ha kin:
(1) a. Hy wie fan doel om nei Ljouwert ta te gean / * te sillen
b. Ik bin net fan doel en gean / * sil nei Ljouwert ta
c. Gean / *Sil mar nei Ljouwert ta!
d. Moatst nei hûs ta gean / * sille
Guon taalkundigen tinke hjir oan deleesje fan it tiidwurd gean.

6 In ferklearring foar de oanwêzigens fan West-Flaanderen yn dit rychje ha ik net. Men kin it beskôgje, lykas De Rooij docht, as in kustferskynsel (of ingweaonisme). Foar problemen mei dy teory, sjoch Wrede (1924).

7 Dy redusearring is yn guon gefallen opsjoneel (eardat en foardat), yn oare gefallen ferplichte (*hoedat en *nodat). By fraachwurden is oft ek mooglik yn stee fan dat.