Eric Hoekstra

 

Brodzich en morbide masterwurk.

Resinsje fan Gerben Abma, "De Brek", Q, Boalsert, 239 siden.

 

(2006, Hjir 35, 2, 37-41)

 

ÒEn it is wier! Ek in soad fan it eigene is dreech! In soad fan it binnenste fan 'e minske is as in oester, fiis en glysterich en it is dreech de h‰n derop te lizzen -Ó (Nietzsche, ÒOer de geast fan dregensÓ yn Also Sprach Zarathustra).

 

"De Brek" is by œtstek in psychologyske roman, sa't der ek safolle by de KFFB en de Friese Pers œtkommen binne: in relaasjeferhaal mei drtrochhinne in famyljegeheim / famyljetrageedzje, mei as dominante emoasjes skuld en, humanistysker, twifel. Durk van der Ploeg hie him der net foar skamje hoegd. Lit œs de relaasjekant neier beljochtsje. Yn de ‰lderwetske KFFB-roman giet it derom dat twa jongelju dy't foarinoar ornearre binne inoar ek krije. Yn de moderne roman, dy't likegoed gauris om relaasjes draait, ha man & frou inoar al oan it begjin fan it boek, en komme drnei foaral de problemen. "De Brek" is fan datoangeande in moderne roman. Sijke en de manlike haadpersoan hawwe inoar al oan it begjin. Fan de man koe ik lykwols gjin namme gewaarwurde; ik sil him mar Hylke neamme. Dochs passe de twa inoar net hielendal. Sijke is slim ritich, walst gauris oer de fynfiellichheid fan Hylke hinne. Hylke hat it wolris dreech om't er tefolle konfliktmijen is, sžnder dy eigenskip fan himsels te akseptearjen. Fan dy gefolgen is er hiel faak lilk, sžnder dat er dy lilkens uteret. Dat draacht by oan it brodzige karakter fan it boek: hieltyd dy žnderdrukte gauris tsjinstridge emoasjes fan Hylke. Yn it earste part fan it boek, dat de relaasje Hylke-Syke beskriuwt, notearje ik opfallend faak dat Hylke lilk is:

 

s.9 'No haw ik it noch sa sein,' blaasde er op syn beurt.

s.13 'Nee fansels, gjin gedriuw', woe er syn opkommende argewaasje delbdzje.

s.15 Om opkommende nidigens te bedimjen harke en seach er nei it fžgelte om harren hinne.

 

Hylke wol de goeie frede bewarje, en tinkt sels dat dy eigenskip tebek giet op ferlittingseangst. Hy giet der sels ris foar nei de psychiater, al wurdt dat fierder net œtwurke yn de roman. De auteur hat de haadpersoan knap beskreaun. As lzer kriget men suver in wat klaustrofobyske bekržping trochdat men hieltyd opsletten sit yn it perspektyf fan dy manlike haadpersoan. In haadpersoan dy't fžle emoasjes fielt, benammen lilkens, mar der gjin utering oan jout, dy't stil stumet: in masine dy't žnder stoom stiet, mar de feilichheidsklep giet net iepen, der wurdt gjin stoom ™fblaasd. Bart soks al ris, sprekt de haadpersoan him al ris œt, lykas wannear't er syn relaasje mei Sijke be-einiget, dan hat er der ek fuortdaalks spyt fan, en is er yn de besnijing fan berou en begrutsjen, ynstee fan lilkens.

 

Yn it begjin kriget de lzer in goed idee fan de argewaasje dy't de haadpersoan hat fan syn relaasje mei de wat ritige Sijke. It begjin fan it boek docht ek in protte flyt op brede sfearbeskriuwings. Taalkundich falle my dan lange sinnen op oan it begjin fan de haadsin, lykas yn it žndersteande foarbyld (s.28), dr't ik fjouwerkante heakken om de lange sin oan it begjin fan de haadsin set haw:

 

[Dat de kasten žnpraktysk wiene en fan it diggelguod it measte te moai, gaadlik foar de sier en om mei te pronkjen mar žnbržkber foar deistich tee- en kofjedrinken], soe nimmen him neih‰lde.

 

De measte skriuwers soene is alsa dien ha:

 

Nimmen soe him neih‰lde [dat de kasten žnpraktysk wiene en fan it diggelguod it measte te moai, gaadlik foar de sier en om mei te pronkjen mar žnbržkber foar deistich tee- en kofjedrinken].

 

Dochs is dat in kwestje fan moade en fan smaak. Persoanlik h‰ld ik wol fan sinnen dr't men flyt op dwaan moat om se te bedjipjen, lykas by Couperus (benammen yn "Iskander") en by Proust. De lange sinnen œt de Renaissance fan bygelyks Hooft of Sidney binne my lykwols in griis, mei't it dr, neffens myn smaak, trochslacht en wier wier žnlsber wurdt. It foel my op dat de lange sinnen by Abma nei de earste fyftich siden amper mear foarkomme. Feroaret de skriuwer fan styl? Hawar, it mei hinnebruie.

 

It relaasjeferhaal kriget dramatyske spanning as manlike haadpersoan oan in relaasje mei in twadde frou begjint, Gisela, dy't ek famyljegeheimen hat, dy't wy lykwols nea te hearren krije. De haadpersoan spilet no in džbelspul, want Sijke wit net dat er mei in oare frou omslacht. Dat stikeme past fansels prima by it gnypske aard fan de haadpersoan, al fielt dy him der ek wer skuldich om. Hy begjint de froulju te ferlykjen fansels, mar dat deart him dan ek wer oan, en dan ferachtet er himsels wer. Troch dy suver syklike en fassinearjende miks fan emoasjes is it in spannende psychologyske triller wurden. Oan de ein ta wit men net hoe't it ™frinne sil.

 

Troch dat relaasjeferhaal spilet dan in oare ferhaalline, dy't op himsels nommen in klisjee is: it famyljegeheim. Mar it is wer moai yn de struktuer fan de roman beweve. Wylst de soan himsels yn syn relaasjes kennen leart, leart er tagelyk syn heit kennen mei't er in skreaune soarte fan autobiograf fan him yn hannen kriget. Heit wie fout yn de oarloch, en is boppedat ek noch by frou en bern weiržn. En boppedat is in eardere faam fan heit him troch dy syn broer ™fpikt, dy't dat boppedat dien hat troch dy faam fan broerke's oarlochsferline te fertellen. Allegear hiel žnferkwiklik. En dr leit no krekt de krft fan Abma as psychologysk romanskriuwer. Hy wit de žnferkwiklikheden sa heech op te steapeljen dat wy lzers it boek net dellizze kinne, sa't ik it omsteand laach by in ferkearsžngemak de eagen net fan de wžnen, it bloed en de ferdraaide skonken fan ferkearsslachtoffers ™fh‰lde kinne: drom binne der ek safolle minsken sljocht nei de ferkearsžngemakken yn de krante, benammen froulju ... Mar Abma h‰ldt œs omtinken fst troch œs sjen te litten nei alle 'unferkwiklike' tinzen en emoasjes fan de haadpersoan. En dochs is de haadpersoan, ™fsjoen fan de heit, in frij normaal figuer. Yn feite binne de psychologyske glysterichheden dy't Abma beskriuwt dingen dy't wy allegear wol tinken en fielle, mar net oer prate, wend as wy binne om dy nei de r‰ne (en deroerhinne) fan œs identiteit wei te triuwen, om mar in byld fan œssels yn st‰n te h‰lden as (op)rjocht en sljochte minsken. Fan de dingen dy't Abma skriuwt kriget men gauris kromme teannen, mar dat makket it ek fassinearjend. En dat rieren in wat brodzich-syklike mar algemien minsklike tinzen en emoasjes, dat die my typysk Fr‰nsk oan. Dat werkoe ik œt romans fan Gide (hea, ek oerset yn it Frysk as "De pastorale symfony" troch Schippers), fan Francois Mauriac en fan Julien Green. It komt yn it Nederl‰nsk foar by bygelyks Emants yn ÒEen nagelaten bekentenisÓ, by Van Oudshoorn. De neikommende passaazje, as de haadpersoan it œtmeitsje sil mei Sijke, is in moai foarbyld fan saÕn brodzige ynderlike sne (s.196):

 

De rol fan wittenskipper koe gjin boarstklopjen lije, moast er ynskikke. Hie er noait ferwachte dat Sij, dy leave Sij/dat moarmel, al neigeraden de stimming, sokke wurden sa gau sa beret sizze soe. 'En gean mei'. O, o, wat soe er dat misse, wist er ynienen hierskerp en klear. Unbeskoft ek, hžnich, sa't er mei it fanke omgyng. Mei it sabeare ferlechje fan sabeare wittenskipperij. It deaskoppen net wurdich.

It makke de kommende eksersysje allinnich mar slimmer. Wat soarge er dertsjinoan. Fan tefoaren œt de rie, op it stuit sels dermei oan. Sa'n wittenskipper, hune er himsels.

 

Hjir ha wy earst noch grutskens ("boarstklopjen"), dat omslacht yn feraltearrearring ("hie er noait ferwachte"), dat omslacht yn besef fan ferlies en berou ("wat soe er dat misse"), dat omslacht yn selsbeskuldiging ("žnbeskoft, hžnich"), dat omslacht yn selshaat en deadswinsk. En fuort dernei wer bangens ("Wat soarge er dertsjinoan"). Allegear psychologysk drama, fan bžten bart neat, fan binnen namstemear. Drom is dit in psychologyske roman, en, as ik sa frij wze mei, fan it goeie soart; gjin polityk-korrekt moarmel fol klisjeetinzen en klisjeeproblemen.

 

De moaiste sne œt it boek fžn ik de beskriuwing fan de oerhaal fan omke, en hoe't sawol de haadpersoan as tante držnder bliuwe. Dr sit ek in protte swarte humor by, en it soe ek in prachtige filmsne opsmite. De tante sit sa fst yn har deistige routine dat se gjin gewoan blyk fan emoasje jaan kin. Wylst har man smžgjend en stjerrend oer de flier leit, reagearret se alsa (s.168):

 

Tante stode nei de telefoan. "Besykje do der libben yn te krijen. De earmen op en del bewege. Mei dyn mžle op sines wol ek wol helpe. Hy mei it no net opjaan,' foege se der ferwitend oan ta. 'It skoandere iten.'

 

Dit is swarte iroanyske humor, sa't wy dy fan topskriuwers allinnich krije (ferlykje de beskriuwing fan de iterij fan twa egosintryske minsken hielendal oan it begjin fan Couperus syn "Boeken der Kleine Zielen"). De earste sin fan tante is daalks raak "Besykje do der libben yn te krijen". Der. Der libben yn te krijen. As wie it in ding of in bist! En dan sels belje en neef mžle-op-mžle-beazeming oanriede, œtdrukt mei in mjuks fan it fierstente klinyske "wol ek wol helpe", as is it in kolleezje, en it fierstente yntime "Mei dyn mžle op sines!" As lzer fielle jo je dan as de voyeur dy't derby stiet en tasjocht hoe't in oar yn in iepene wžne omriert!  Dy tante wurdt sublym beskreaun, as tagelyk in meunster en in monumint fan žngefoelichheid, en, gekkern™ch, krije wy ek noch begrutsjen mei har (s.169):

 

'Do komst al op de begraffenis, no? En skielk ek op mines, no?' In dimmen smeekjen lei yn har wurden.

 

At se dan ite sille, wurdt de deade omke ek noch op in stoel hyst en skoot oan by it deadsmiel. Ik sil net alles ferklappe, it is gewoanwei in fantastyske sne, tagelyk wrang en humoristysk, tagelyk sinysk en oandearend. Dat džbele, dat liket dochs wol de spesjaliteit fan de jezuyt (by wize fan sprekken) Gerben Abma te wzen. Wat yn earste oankommen in gewoane relaasjeroman liket te wzen, blykt by neier besjen in brodzich en morbide masterwurk te wzen yn de bste tradysje fan de psychologyske roman.