De subjektive kokon

Hans Christian Andersen, oerset troch D.A. Tamminga (1946) "Andersen's folksferhalen en mearkes".

Folksferhalen, skelmeferhalen.

Yndie, folksferhalen en mearkes in in goede titel, want guon ferhalen liket Andersen net sels betocht te hawwen mar optekene te hawwen. De folksferhalen binne earder wat rûge ferhalen dêr't op in deade mear of minder net sjoen wurdt. Dy binne net sa bot karakteristyk foar Andersen. In foarbyld fan sa'n typysk folksferhaal is neffens my (want mearkes wurde yn it boek net eksplisyt ûnderskaat fan folksferhalen): "Grutte Klaas en Lytse Klaas". It is in typysk skelmeferhaal, mei in protte komyske fiten, mar der wurde ek hynders yn deaslein en minsken yn ferdronken. Al dat geweld, tusken noas en lippen troch, dat foar ús moderne minsken wat dreech te fertarren: by ús is ommers in taboe op liiflik geweld, en moat alle manipulaasje fia de wei fan it wurd plakfine. Ofsjoen dus fan it geweld is it in tige ûnderhâldend ferhaal. In oar skelmeferhaal is "De tonderdoaze". Dêr skokte it my dat de soldaat samar de heks deamakket. Al wer dat folksferhalige liifsgeweld! In tredde skelmferhaal is "Hans Omkoal". Yn de mearkes komt ek wolris humor foar.

De subjektive kokon

In karakteristyk Andersen-ferhaal, in mearke, is, tinke wy, gauris sentimenteel en melodramatysk. Nim bygelyks "it lytse famke mei de swevelstokken". It is noch gjin 5 siden, in ferskuorrend ferhaal oer in famke dat op krystdei swevelstokken ferkeapje moat en fan 'e kjeld stjert. Neat gjin sosjale oanklacht, mar dy't der oer neitinkt sjocht wol de sosjale misstannen fan de njoggentjind ieu yn de eftergrûn (leve it kapitalisme!). Mar Andersen bakt der in kristlik ferhaal fan. It sjerrende famke stekt alle swevelstokjes ôf en fynt it prachtich. Lêste sinnen: "Hja hat har waarmje wollen, seine de minsken. Mar gjinien wist hokfoar moais hja allegear sjoen hie en yn hoe'n glâns hja mei har âlde beppe yngien wie ta de Hearlikheid fan it Nije Jier." En dat mient Andersen. It belang fan de subjektive wierheid is fan libbensbelang foar Andersen. Dat is de treast, en dy is folslein net polityk of maatskiplik bedoeld, want dêr giet Andersen nea net oer. Dat dûbelde makket it mearke sa ferskuorrend. Oan de iene kant djip tryst dat sa'n berntsje stjert fan kjeld. Oan de oare kant is der de treast dat se it sels net as slim fielt. En dan tinkt men oan de bern dy't alles ha, materieel dan, en ferfeeld en kleierich tillevyzje sitte te sjen: wysels dus. Mar Andersen is nea rankuneus, nea op syk nei sosjale rjochtfeardichheid: in politike aginda is by him folslein ôfwêzich, goed of tsjoed.

Andersen brûkt faak ek in beskaat stylmiddel om subjektive wierheid, de macht fan yllúzjes, út te drukken: de personifikaasje fan in ding. Der binne aardich wat ferhalen dêr't in ding as in persoan ôfskildere wurdt, mei syn eigen yllúzjes oer himsels, oer it belang fan syn funksje, oer syn taak en oer wat de oaren fan him tinke. Karakters binne ynspûn yn in subjektive kokon. Sa kin by Andersen in nudle noch trafysk wêze! Lykas yn it ferhaal "De stopnudle, dat tagelyk de eigendunk fan de nudle sjen lit, mar sûnder te feroardieljen. Oare ferhalen fan dat type binne: "Fiif út ien eartepûl" (earten personifearre), "De krigele tinnene soldaat", "De snieman", "De dinnebeam". Benammen de yllúzjes fan sa'n objekt meitsje it gehiel patetysk of tragysk. Der sprekt ek in grut respekt foar dingen en foar minsken út, yn al har ferskaat. It bart ek wol dat ynstee fan dingen bisten har as persoanen hâlde en drage : "It ûnsjogge einepykje", "It gealtsje". Of fantasypersoanen dy't gjin minsken binne: "De wetterfaam", "Tommelyske". Yn sokke ferhalen ropt de beheinde aard fan it personifiearre objekt syn lijen op. De ein is faak tragysk, mar net te ûntkommen, as heart de tragyske ein by de funksje en it wêzen fan de haadpersoan. By de lêzer ropt it gauris in fiellen fan spyt op, om't er meilibbet. Tsjin de dinnebeam wol er roppe "Klei no net omdatst net kapt wurdst! Dyn idee fan gelok doocht net, bist no lokkich en sjochst it net!"

Der binne ek ferhalen dy't wol wer goed ôfrinne. It ûnsjogge einepykje wurdt oeral weiskopt om't er as ein beoardield wurdt (wylst er swan is, mar dat wit de lêzer noch net). As ein wurdt er dus oeral mei ôfkarring besjoen. Sa fielle minsken har ek yn ús maatskippij, en faaks fine se nea de swannerûnte dêr't se thús hearre soene, of miskien bestiet sa'n swannerûnte allinnich yn de fantasy.Aldergeloks fynt it ûnsjogge eintsje wol swannen dy't him posityf wurdearje, syn gelikensen, net fan rjochten, mar fan aard. Sa kin in homojonkje him fielle, as er útfynt dat der oaren binne as hysels. Of dejinge dy't yn oare wei ôfwykt fan wat as normaal beskôge wurdt troch de kliber. Andersen toant mei dit ferhaal de relativiteit fan ús noarmen en wearden oan. Och der sit sa'n protte filosofyske en psychologyske rykdom yn dizze mearkes, dy't ommers ek symboalyske fertellingen binne, as men der efkes op om sint.

Prachtige ferhalen binne ek "It gealtsje" en "Hâms Omkoal"."Hâns Omkoal" is in hiel apart skelmeferhaal. It docht my suver tinken oan Peter Sloterdijk ("Kritik der zynischen Vernunft) syn pleit foar satyryske ienfâld en in sûn brek oan respekt foar alle macht dy't himsels te serieus nimt. Mar dêr't Sloterdijk him fertiist yn frijbliuwende negative kritik, wint Hâns Omkoal de prinsesse en komt op 'e troan, krekt omdat er fleurich ymprovisearret en hege hearen mei blaumodder bekûgelt. Macht is foar Andersen net per definysje ferkeard, sa't dat by Sloterdijk it gefal is.

Humor is fansels yn de skelmferhalen rûnom bywêzich. Mar ek yn in serieus mearke lyksas "It gealtsje" fine wy humor lykas yn de neikommende dialooch:

"Hjir moat in tige nijsgjirrige fûgel tahâlde, dy't Gealtsje neamd wurdt!", sei de keizer, "men seit, dat is it alderbêste út myn grut ryk. Wêrom hat men my dêr noait net fan ferteld?"
"Ik haw him tefoaren nea neamen heard," sei de keamerhear, "oan it Hôf is er ek net foarsteld!"

"It gealtsje" is ûnder oaren in definityf kommentaar op de ferhâlding tusken keunst en libben. Keunst heart net yn it plak fan it libben te kommen: keunst is in helpmiddel om better te libjen! En de keunstner? "Ik sil sjonge fan de lokkigen en fan har dy't lije. Ik sil sjonge fan al it gemiene en it goede, dat om jin hinne swevet. De lytse sjongfûgel fljocht oeral hinne, nei de earme fisker, nei it iensum boerehûs, ..." Nayf? No dat wit ik net. En wat seit de sjongfûgel tsjin de keizer? "Ik ha jins hert mear leaf as jins kroan en dochs hat in kroan wat hillich yn."

Taalgebrûk

Altyd prachtich taalgebrûk fan Tamminga, ik ha wer in hiel rychje fraaie útdrukkingen en wurden opdien, of, as ik se al koe, bin ik der werris mei yn 'e kunde kommen. Nim bygelyks de neikommende útdrukkingen:

136: nei in moanne soargen se suver fan hûs
(Se seagen dertsjinoan om fan hûs.)
128: yn elke skulp siet in flonkerjende pearel, dy't elk foar oar in pronstik west ha soene oan de kroan fan in keniginne.
(Hiel aparte konstruksje, mei 'elk foar oar' brûkt foar 'stik foar stik'.)
174: it hat ommers neat gjin driuw
(= gjin hast, en slaan ek acht op de dûbelde negaasje 'neat gjin' foar "helemaal geen").
95: mar hy hold it op fuotten, liet him neat skine, seach oars noch oars en hold it gewear op 'e skouder
49: hy hat te lang yn it aai sitten en dêrom is it wat in mismodel

In âlder Frysk boek is gauris in grut geniet, al wie it allinnich mar om it taaleigen. Foar it taaleigen fan Tamminga jildt: hast elke Fryske skriuwer kin derfan leare.

Utjefte

Tamminga hat net alle mearkes oerset, mar sechtjin útkeazen dy't "wy syn bêste en foar ús doel gaadlikste mearkes en ferhalen achten". Spitigernôch mist in ynlieding, dat de lêzer komt fierders neat oer Andersen of syn wurk te witten. Der is gjin oantsjutting fan wat Deenske edysje as brûkt is.
In werprintinge fan Tamminga syn oersetting ferskynde yn 1984 by de AFUK. Yn de werprintinge binne guon ferhalen weilitten en in pear oaren taheakke. Sybe Krol hat yn HJIR 2 (1984) benammen it wurk as oersetting tige kritysk besprutsen. Hy oerspilet syn hân lykwols troch oer allegear yrrelevante saken by it âldwiifske omt ôf te kliemen en te kleien, bygelyks oer it al as net brûken fan haadletter yn titels fan mearkes. Mar hy hat gelyk as er skriuwt dat it spitich is dat yn dy twadde printinge in prachtich mearke lykas "De lytse wetterfaam" weilitten is.
Dit jier, 2005, is it 200 jier lyn dat Hans Christian Andersen berne waard. It soe aardich wêze at al Andersen syn mearkes en folksferhalen yn it Frysk oerset waarden. Mear ynformaasje oer de betinkingswarberheden is te finen op: http://www.hca2005.com/