Friedrich Nietzsche
De Antykrist
Flok oer it Kristendom
ferfryske troch Eric Hoekstra

Foaropwurd
Dit boek is foar it lytste tal. Miskien is sels noch gjinien fan harren berne. It kinne dy wêze, dy't myn Zarathustra begripe: hoe soe ik my mei har ferwikselje meie, foar wa't no al earen waakse? - Pas oaremoarn is mines. Guons wurde postúm berne.
De betingsten dat ien my begrypt en dan net oars kin as my begripe, - dy ken ik mar al te goed. Men moat rjochtskepen wêze yn dingen fan 'e geast op it hurde ôf, om myn earnst, myn fjoer sels mar te fernearen. Men moat it hiem ha en wenje op bergen - en sjoch it jammerdearlike eigentiidske geswets fan politisy en folkeselssucht ûnder jin. Men moat ûnferskillich wurden wêze, men moat nea freegje oft de wierheid nut hat, oft dy immen needlottich wurdt ... In foarkar út sterkens foar fragen dêr't nimmen hjoed de moed ta hat; de moed ta it ferbeane; it foarbestimd wêzen ta it labyrint. Underfining út sân iensumheden. Nije earen foar nije muzyk. Nije eagen foar it fierste. In nij gewisse foar wierheden dy't oant no ta net ta wurden kamen. En de wil ta de ekomomy fan 'e grutte styl: jins krêft, jins begeastering beidegearre behâlde ... De earbied foar jinsels; de leafde ta jinsels; de absolute frijheid foar jinsels oer ...
Dat sa! Dat allinnich binne myn lêzers, myn wiere lêzers, myn foarbestimde lêzers: wat kinne de oaren skele? - De oaren, dat is it minskdom mar. - Men moat boppe it minskdom stean troch krêft, troch hegens fan siel, - troch ferachting ...
Friedrich Nietzsche.

1.
- Lit ús inoar ris goed op en del oansjen. Wy binne Hyperboreeërs, - wy witte goedernôch, hoe lyk as wy yn ôfsûndering libje. "Noch oer lân, noch oer see silsto it paad nei de Hyperboreeërs fine": dat wist Pindarus al fan ús. Oarekant fan it Noarden, fan it iis, fan 'e dea - ús libben, ús lok ... Wy ha it lok ûntdutsen, wy kenne it paad, wy fûnen de útwei út it labyrint fan milennia. Wa fûn him fierders? - De moderne minske faaks? "Ik wit út noch yn; ik bin alles wat út noch yn wit" - suchtet de moderne minske ... Dy moderniteit wiene wy siik fan, - de leffe frede, it leffe kompromis, al de deugdsume ûnhimmelens fan it moderne Ja en Nee. Dy tollerânsje en bredens fan hert, dy't alles "oersljochtet" om't er alles "begrypt", is in sirokko foar ús. Leaver yn it iis wenje as yn moderne deugden en oare sudewinen! ... Wy wiene dapper genôch, wy ûntseagen noch ússels, noch oaren: mar wy wisten lang net wêrhinne mei ús dapperens. Wy waarden tsjusterlingen, men neamde ús fatalisten. Us fatum - dat wie de follens, de spanning, it geardriuwen fan krêften. Wy toarstigen nei tonger en dieden, wy bleanen it fierst fan it lok fan swakken, fan 'e "ferjouwing" ... In tongerwolke wie yn ús loft, de natuer dy't wy wiene fertsjustere him - want wy hiene gjin útwei. Formule fan ús lok: in Ja, in Nee, in rjochte line, in doel ...


2.
Wat is goed? - Alle ding dat it fiellen fan macht, de wil ta macht, de macht sels yn 'e minsken omheech helpt.
Wat is ferkeard? - Al dat út swakte wei komt.
Wat is lok? - It fiellen dat macht waakst, dat wjerstân oerwûn wurdt.
Net tefredenens, mar mear macht; net útsoarte frede, mar striid; net deugd, mar kundichheid (deugd yn Renessânsestyl, 'virtu', moralinefrije deugd).
Dy't swak en mislearre is moat te sink gean: earste regel fan ús minsklikheid. En men moat sokken ek noch in handsje helpe.
Wat docht mear skea as hokker ûndeugd? - It diedwurklike meilijen mei al dat mislearre en swak is - it Kristendom ...

3.
Net wat it minskdom ôflosse moat yn 'e rigele fan wêzens is it probleem dat ik hjirmei stel ( - de minske is in ein - ): mar hokker type minske as men opkweekje moat, wolle moat, fan hegere wearde, mear wurdich foar it libben, wisser fan in takomst.
Dat heechweardige type hat der fakernôch al west: mar as lokkich tafal, as útsûndering, nea noch om't men it woe. Krekt oarsom is just foar dat type de measte freze field wurden, dat wie oant no ta hast it freeslike; - en út dy freze wei waard it omkearde type wold, kweke, berikt: it húsdier, it keppeldier, it sike dier minske, - de kristen ...

4.
It minskdom representearret net in ûntjouwing nei it bettere of sterkere of hegere, sa't dat hjoeddedei leaud wurdt. De "foarútgong" is mar in modern idee, dat wol sizze in ferkeard idee. De Europeaan fan hjoed bliuwt, yn syn wearde fier ûnder de wearde fan de Europeaan fan de Renessânse; in fierder geande ûntjouwing is nea needsaaklik ferheging, ferbettering, fersterking.
Ut in oar perspektyf wei is der hieltyd it slagjen fan ôfsûnderlike gefallen op de meast ûngelikense plakken op ierde en fanút de meast ûngelikense kultueren, dy't yndie in heger type representearje: wat dat yn ferhâlding ta it minskdom as gehiel in soarte fan übermensch is. Sokke lokkige tafallen wiene altyd al mooglik en sille faaks altyd mooglik wêze. En sels komplete slachten, stammen, folken kinne by gelegenheid sa'n treffer wêze.

5.
Men moat it Kristendom net opsnolkje en fermoaikje: it hat in oarloch op libben en dea tsjin it hegere type fierd, it hat alle basisynstinkten fan dat type yn 'e ban dien, it hat út dy ynstinkten it kwea, de kweade distillearre, - de sterke minske as de minske dy't by útstek te fersmiten is, de "ferwurpene minske". It kristendom hat partij keazen foar al it swakke, geringe, mislearre, it hat in ideaal makke út wat it ynstinkt ta selsbehâld fan it sterke libben tsjinsprekt; it hat sels foar de grutste geasten it ferstân bedoarn, mei't it learde om de heechste geastlike wearden as sûndich, dwaalwegen, fersikingen te fiellen. It jammerdearlikste foarbyld - it ferdjer fan Pascal, dy't troch it ferdjer fan syn ferstân yn 'e erfsûnde leaude, wylst it allinne mar troch syn kristendom ferdoarn wie! -

6.
It is in smertlik, in alderferskuorrendst skôgspul dat my oankommen is: ik luts de gerdinen foar de ferdoarnens fan 'e minske wei. Dat wurd, út myn mûle, is op syn minst behoede fan ien fertinking: dat it in moralistyske oanklacht tsjin 'e minske ynhâldt. It is - ik wol it nochris ûnderstreekje - moralinefrij bedoeld: en dat sa lyk dat dy ferdoarnens troch my krekt it meast field wurdt, dêr't men oant no ta it meast bewust de "deugd", de "godlikheid" bestribbe. Ik fetsje ferdoarnens, jim riede it al tink, as décadence op: ik hâld út dat alle wearden, dêr't it minskdom har boppeste winsklikheden yn gearpakt, dekadinsjewearden binne.
Ik neam in dier, in soarte, in yndividu ferdoarn as it syn ynstinkten ferliest, as it foar kar nimt, as it de pree jout, oan wat him ûnderstek docht. In skiednis fan 'e "hegere fiellingen", fan 'e "idealen fan it minskdom" - en it kin wêze dat ik dy fertelle moat - soe hast ek de ferklearring biede, wêrom't de minske sa ferdoarn is.
It libben sels jildt my as in ynstinkt foar waaksdom, foar doer, foar it opgarjen fan krêften, foar macht: dêr't de wille ta macht mist, is delgong. Ik hâld út dat yn alle boppeste wearden fan it minskdom dy wil mist, - dat delgongswearden, nihilistyske wearden, ûnder de hillichste nammen it bewâld hawwe.

7.
It kristendom wurdt de religy fan it meilijen neamd. - It meilijen stiet yn tsjinstelling ta de tonyske affekten, dy't de enerzjy fan 'e libbensfiellingen ferheegje: meilijen wurket depressyf. Men ferliest oan krêft, as men meilijt. Troch it meilijen fermearet en fermannichfâldiget de besnijing fan krêft him noch, dy't it lijen oan it libben op himsels al meibringt. It lijen sels wurdt troch it meilijen oansteklik; by gelegenheid kin dat in algehiele besnijing fan libben en libbensenerzjy meibringe, dy't yn in absurde ferhâlding ta it kwantum fan 'e oarsaak stiet ( - it gefal fan 'e dea fan 'e Nazarener). Dat is it earste gesichtspunt; der is lykwols in wichtiger. Stel, men mjit it meilijen neffens de wearde fan 'e reaksjes dy't it trochstrings teweibringt, dan ferskynt syn libbengefaarlik karakter yn in noch folle griller ljocht. It meilijen trochkrúst yn it grutte gehiel fan dingen de wet fan 'e ûntjouwing dy't de wet fan 'e seleksje is. It behâldt wat ryp foar de ûndergong is, it krewearret te'n geunste fan dyen dy't troch it libben ûnterfd enferoardield binne, it jout, mei de bûnte smite fan mislearre folk dy't it yn it libben fêsthâldt, it libben sels in tsjuster en twifelich oansjen. De lju ha it weage en neam it meilijen in deugd ( - yn alle foarname moralen jildt it as swakte - ); se binne fierder gongen, se ha dêr de deugd, de grûn en oarsprong fan alle deugden fan makke, - mar allinne, wat men hieltyd yn it each hâlde moat, fanút it perspektyf fan in filosofy dy't nihilistysk wie, dy't de ûntkenning fan it libben op syn skyld skreau. Schopenhauer hie fan datoangeande gelyk: troch it meilijen wurdt it libben ûntkend, ûntkennenswurdiger makke, - meilijen is de praktyk fan it nihilisme. Nochris sein: dat depressive en besmetlike ynstinkt trochkrúst alle ynstinkten dy't op it behâld en de weardeferheging fan it libben út binne: it is likegoed as multiplikator fan ellinde en as konservator fan al it ellendige in wichtich stik wurkark foar de begeunstiging fan 'e dekadinsje. - Meilijen hellet oer nei it neat! ... De lju sizze net "neat": se sizze dêrfoar "oarekant"; of "God"; of "it wiere libben"; of Nirvana, ferlossing, silligens ... Dy ûnskuldige retoryk út it ryk fan religieus-morele idiosynkrasy blykt op slach folle minder ûnskuldich, as men troch hat, hokker tendinsje as dêr de mantel fan sublime wurden om him hinne slacht: de libbensfijannige tendinsje. Schopenhauer wie libbensfijannich: dêrom waard it meilijen by him in deugd ... Aristoteles leaude, lykas bekend is, it meilijen is in syklike en nuodlike tastân en men docht der goed oan om der fan tiid ta tiid troch in purgearmiddel fan te bekommen: hy fetter de trageedzje as purgatyf op. Fanút it ynstinkt fan it libben wei sjoen moat men yndie om middels sykje om sa'n syklik en nuodlik sammeljen fan meilijen, lykas yn it gefal fan Schopenhauer (en spitigernôch ek yn it gefal fan ús hiele literêre en artistike dekadinsje fan St. Petersburch oant Paris, fan Toilstoi oant Wagner), in pripper te jaan: dat it útinoar spat ... Neat is minder sûn, yn ús net sûne moderniteit, as it kristlike meilijen. Dêr arts wêze, dêr net te bebidden wêze, dêr it knyft yn hannen ha - dat is trewes foar ús, dat is ús soarte fan minskeleafde, dêrmei binne wy filosofen, wy Hyperboreeër! - - -

8.
It kin net oars of wy moatte sizze wa't neffens ús ûnderfining tsjinoersteld oan ús is - de teologen en al dat teologebloed yn it liif hat - dus al ús filosofy ... Men moat it needlot fan deunby oanskôge ha, better noch, men moat it oan jins eigen liif wjerfûn ha, men moat der hast oan te'n ûnder gongen wêze, om op dat punt gjin grappen mear te tolerearjen ( - de frijgeasterij fan de hearen natuerûndersikers en fysiologen is yn myn eagen in grap, - har mist it fjoer yn dy dingen, it lijen deroan - ). Dy fergiftiging fiemt folle wider as tocht wurdt: ik fûn it teologeynstinkt oeral werom, dêr't lju har hjoeddedei as "idealist" beskôgje, - dêr't lju, op grûn fan in heger komôf, oanspraak meitsje op in rjocht en sjoch as in superieure frjemdling op 'e wurklikheid del ...De idealist hat, krekt as de pryster, alle grutte begripen yn hannen ( - en net allinnich yn hannen!), hy spilet se mei wolwollende ferachting tsjin it "ferstân", de "sintugen", de "eare", it "wolwêzen", de "wittenskip" út, hy sjocht har ûnder him, as skealike en leidige krêften, dêr't "de geast" yn keine foar-himsels heid boppe swevet: - as soe net dimmenens, keinens, earmoed, yn ien wurd hilligens it libben net ûnbidige mear skea oandien ha as hokker skriklikheid en ûndeugd ek ... De keine geast as de keine leagen ... Sa lang as de pryster noch foar in hegere soarte fan minske trochgiet, dy berops-ûntkenner, - berabber, fergiftiger fan it libben, sa lang is der gjin antwurd op 'e fraach: wat is wierheid? De wierheid is op syn minst op 'e kop set as de bewuste advokaat fan it neat en fan 'e ûntkenning foar fertsjintwurdiger fan 'e "wierheid" trochgean moat ...

9.
Dat teologeynstinkt bestriid ik: ik kaam syn spoar oeral tsjin. Wa't teologebloed yn it liif hat, stiet by foarbaat bryk en ûnearlik foar de dingen oer. It patos dat him dêrút ûntjout, hjit leauwe: it each ienris foar altyd foar josels slute, om net oan it aspekt fan in net te bebetterjen falskens te lijen. Jo meitsje by josels in moraal, in deugd, in hillichheid út dy glêd ferkearde optyk foar alle ding oer, jo ferknotsje it goede gewisse mei it ferkeard sjen, - jo easkje dat gjin oare optyk mear wearde ha mei, nei't jo de eigene mei de nammen "God" , "ferlossing", "ivichheid" sakrosankt makke ha. Ik ha it teologeynstinkt noch oeral opdold: sa fier is gjin oar opkrongen, it is eins de meast ûnderierdske foarm fan falskens dy't der op ierde is. Wat in teolooch as wier ûnderfynt, moat wol falsk wêze: fan dat hat men benei in kritearium foar wierheid. It is syn ûnderste selsbehâldsyntinkt dat him ferbiedt dat de realiteit op hokker punt ek ta eare of sels mar ta wurden komt. Oeral dêr't de teologeynfloed hinne slagge is, is it weardeoardiel op 'e kop set, binne de begripen "wier" en "falsk" needsaaklikerwize ferwiksele: wat it libben it measte skea docht, dat hjit dêr "wier", wat it opheft, sterket, befestiget, rjochtfeardiget en oerwinne lit, dat hjit "falsk" ... Bart it dat teologen lâns de wei fan it "gewisse" fan foarsten (of fan folken - ) de hannen nei de macht útstekke, dan stiet foar ús net yn bestân, wat him dan eins altyd oppenearret: de wil ta de ein, de nihilistyske wil ta macht ...
10.
Under Dútskers is der op slach begryp as ik sis dat de filosofy troch teologebloed ferdoarn is. De protestantske dûmny is de pake fan 'e Dútske filosofy, it protestantisme sels is syn 'peccatum originale' dêrfan. Definysje fan it protestantisme: de parsjele ferlamming fan it kristendom - en fan it ferstân ... Men hoecht it wurd "Tübinger skoalle" mar út te sprekken om te begripen wat de Dútske filosofy eins is - in teology efter de earmtakken ... De Swaben binne de bêste ligers yn Dútsklân, se lige ûnskuldich ... Wêrom dat gejubel, dat by it optreden fan Kant troch hiele geleardewrâld opklonk, dy't foar trije kwarten út dûmnys- en ûnderwizerssoannen bestiet - , wêrom dy Dútske oertsjûging, dy't ek hjoed noch wjerklang fynt, dat mei Kant gjin feroaring mar in ferbettering him oppenearret? It teologeynstinkt yn 'e Dútske gelearde rette, wat no wer mooglik wie ... In slûpwei nei it âlde ideaal lei iepen, it begryp "wiere wrâld", it begryp fan 'e moraal as essinsje fan 'e wrâld ( - de twa kwea-aardichste fersinnen dy't der binne!) wiene no wer, troch in slûchslimme foarm fan skepsis, miskien net te bewizen, mar ek net mear te wjerlizzen ... It ferstân, it rjocht fan it ferstân fiemet sa wiid net ... Fan 'e realiteit wie in "skynberheid" makke; in folslein byinoar liigde wrâld, dy fan it wêzende, wie ta realiteit makke ... It sukses fan Kant is mar in teologesukses: Kant wie, lykas Luther, lykas Leibniz, in remskoech te mear op 'e op himsels al net mjittefêste Dútske rjochtskepenens. - -

11.
In wurd noch tsjin Kant as moralist. In deugd moat ús fynst wêze, ús persoanlikste needwar en behoef: yn alle oare betsjuttingen is in deugd net mear as in gefaar. Wat gjin betingst foar ús libben is, docht skea: in deugd inkeld út in fiellen fan respekt foar it begryp "deugd" lykas Kant it woe docht skea. De "deugd", de "plicht", it "goede op himsels", it goede mei it karakter fan it ûnpersoanlike en en algemien jildige - drôchbylden, dêr't de delgong, it úteinlikse ferfal fan krêft, it Königsberger kristendom him yn oppenearret. It omkearde fergje de djipste wetten fan selsbehâld en waaksdom: dat eltsenien syn deugd, syn kategoryske ymperatyf efterhellet. In folk giet te sink, at it syn plicht mei it plichtsbesef überhaupt ferwikselet. Neat ferrinnewearret djipper, ynderliker as dy "ûnpersoanlike" plicht, dy opoffering foar de moloch fan 'e abstraksje. - Dat de kategoaryske ymperatyf fan Kant net libbensgefaarlik befûn waard! ... Allinnich it teologeynstinkt hoede en noede him! - In hanneling dêr't it libbensynstinkt ta oantrúnt, hat yn 'e wille syn bewiis dat it in goede hanneling is: en alle nihilisten mei kristlik-dogmatyske ynhouten fetten de wille as in beswier op ... Wat fersteurt gauwer as sûnder ynderlike needsaak, sûnder in djip persoanlike kar, sûnder wille te wurkjen, te tinken, te fiellen? As automaat fan 'e "plicht"? Dat is krekt it resept foar dekadinsje, sels foar debilisearring ... Kant waard in debyl. - En dat in tiidgenoat fan Goethe! Dy needlottige spin gie troch foar de Dútske filosoof, - giet dêr noch hieltyd foar troch! ... Ik pas der wol moai foar op en sis wat ik fan 'e Sútskers tink ... Hat Kant net yn 'e Frânske revolúsje de oergong sjoen fan 'e ûnorganyske steat nei de organyske? Hat er himsels net ôffrege oft der net in foarfal wie dat oars net ferklearre wurde koe as troch in morele oanlis fan it minskdom, dat dêrmei, ienris en foar altyd, de "tendinsje fan it minskdom nei it goede" bewiisd wie? Syn antwurd: "dat is de revolúsje". It misgripende ynstinkt yn alle ding en ûnderdielen, it tsjinnatuerlike as ynstinkt, de Dútske dekadinsje as filosofy - dat is Kant! -

12
Ik meitsje in útsûndering foar in pear skeptisy, it fatsoenlike type yn 'e skiedis fan 'e filosofy: mar de oaren kinne de foarste easken fan yntellektuele rjochtskepenens net. Se dogge allegearre as froulju, al dy grutte dwepers en wûnderdieren, - se hâlde de "moaie fiellingen" foar arguminten, it "hege krop" foar in blaasbalge fan God, de oertsjûging foar in kritearium foar wierheid. By einsluten hat Kant, yn "Dútske" ûnskuld, dy foarm fan korrupsje, dat brek oan yntellektuele konsjinsje ûnder it begryp "praktysk ferstân" wittenskiplik besocht te meitsjen: hy fûn in spesjaal ferstân út foar dy gefallen dat jo jo net om it ferstân hoegde te bekroadzjen, nammentlik as de moraal, as it ferheven gebod "do moatst" him hearre lit. Wa't betinkt dat by hast alle folken de filosoof net mear is as in fierdere ûntjouwing fan 'e pryster, fernuveret him net mear oer dat erfstik fan 'e pryster, de falskemunterij foar jinsels oer. Wa't hillige opjeften hat, bygelyks de minsken better te meitsjen, te rêden, te ferlossen, wa't de godheid yn it krop hat, wa't mûle fan in ymperatyf út in oare wrâld is, dy stiet mei sa'n missy al bûten alle inkeld mar rasjonele beoardielingen, - is sels al hillige troch sa'n opjefte, is sels al fertsjintwurdiger fan in hegere oardering! ... Wat lit in pryster him oan wittenskip gelegen lizze! Hy stiet dêr te heech foar! - En de pryster hat oant no ta it bewâld fierd! Hy beskate wat "wier" en "ûnwier" wie! ...

13.
Lit ús dit net ûnderskatte: wy sels, wy frije geasten, binne al in "omwurdearring fan alle wearden", in fleiswurden ferklearring fan striid en sege tsjin alle âlde begripen fan "wier" en "ûnwier" yn. De meast weardefolle ynsjoggen wurde it lêste fûn; mar de meast weardefolle ynsjoggen binne de metoaden. Alle metoaden, alle foarûnderstellingen fan ús hjoeddeistige wittenskiplikheid ha milennia lang de djipste ferachting tsjin hân, dêrtroch wie men fan it ferkear mei "sosjale" minsken útsletten, - men gie troch foar in "fijân fan God", in ferachter fan 'e wierheid, in "besetene". As wittenskiplik karakter wie men Tschandala ... Wy ha al it patos fan it minskdom tsjin hân - har opfetting fan wat wierheid wêze moat, wat it tsjinjen fan 'e wierheid wêze moat: alle "do moatst" wie oant no ta tsjin ús rjochte ... Us doelen, ús wurkwizen, ús stil, foarsichtich, mistrouwich aard, - alles like har like ûnweardich en ferachtlik ta. - Lang om let doarde men it oan, net alhiel ûnbinlik, en freegje oft it eins net in estetyske smaak wie dy't it minskdom sa lang blyn hold: dy woe fan 'e wierheid in pittoresk effekt, dy woe allyksa fan 'e ynsjochsiker dat er sterk op 'e sintugen wurke. Us beskiedenens gie lang om let tsjin har smaak yn ... Och hoe krigen se dat yn 'e rekken, dy kalkoenske hoannen fan God - -

14.
Wy witte wol better no. Wy binne yn alle ding beskiedener wurden. Wy litte de minske net mear fan 'e "geast", fan 'e "godheid" ôfstamme, wy ha him wer by de bisten ûnderbrocht. Hy giet by ús troch foar it sterkste bist, om't er it tûkste is: in gefolch dêrfan is syn geastlikheid. Wy passe oan 'e oare kant op foar in idelheid, dy't fan datoangeande lûd wurde wol: dat de minske it grutte efterlizzende doel fan 'e ûntjouwing fan it bist wêze soe. Der is hyn ofte nei gjin kroan op 'e skepping, alle wêzens binne, njonken him, op in gelikense trep fan folsleinens ... En foar sa fier as wy dat úthâlde, hâlde wy noch te folle út: de minske is, yn ferliking mei de oaren, it meast mislearre bist, it siikst, it nuodlikst fan syn ynstinkten ôfdoarme - mar, dêrtroch, ek it nijsgjirrichste! - Wat de bisten oanbelanget, Descartes hat as earste, mei lofweardige moed, it weage en fetsje it bist as in masine op: al ús fysiology docht writen om dy stelling te bewizen. Wy meitsje ek, en dat is logysk, gjin útsûndering foar de minske lykas Descartes die: wat men tsjintwurdich überhaupt fan 'e minske begrypt, rint krekt safier as men him as in masine opfettet. Foarhinne waard de minske as breidsskat út in hegere oardering de "frije wil" meijûn: tsjintwurdich ha wy him sels dy wil ôfnommen, yn 'e sin dat dêr gjin fermogen mear ûnder ferstien wurde mei. It âlde wurd "wil" tsjinnet allinnich mar om in resultante oan te tsjutten, in soarte fan yndividuele reaksje, dy't needsaaklikerwize folget op in kliber fan foar in part inoar tsjinsprekkende, foar in part meiinoar harmonearjende oanstriden: - de wil "bewurket" net mear, "beweecht" net mear ... Foarhinne waard yn it bewustwêzen fan 'e minsken, yn 'e "geast", it bewiis fan syn hegere ôfkomst, syn godlikheid, sjoen; om de minske folslein te meitsjen, waard oanret, krekt sa't de skyldpod docht, de sintugen yn te lûken, de omgong mei it ierdske te beeinigjen, de stjerlike húl ôf te lizzen: dan bleau de haadsaak fan him oer, de "klearebare geast". Wy ha ús ek fan datoangeande better beret: de bewustwurding, de "geast", is by ús krekt in symptoom fan in relative ûnfolsleinens fan it organisme, in besykjen, taasten, misgripen, in gewrot en gewraam dêr't in ûnnedige protte sinekrêft by ferbrûkt wurdt, - wy ûntkenne, dat wat dan ek folslein makke wurde kin, sa lang as it noch bewust makke wurdt. De "klearebare geast" is in klearebare domheid: lûke wy it sinestelsel en de sintugen ôf, de "stjerlike húl", dan ferrekkenje wy ús - fierders neat! ...

15.
Noch de moraal noch de religy roert yn it kristendom ek mar oan ien puntsje fan 'e realiteit. Inkeld imazjinêre oarsaken ("God", "siel", "ik", "geast", "de frije wil" - of ek "de ûnfrije"); inkeld imazjinêre effekten ("sûnde", "ferlossing", "genede", "straf", "ferjouwing fan sûnde"). Kommunikaasje tusken imazjinêre wêzens ("God", "geasten", "ingelen"); in imazjinêre natuerwittenskip (antroposintrysk; folslein brek oan begryp fan natuerlike oarsaken), in imazjinêre psychology (inkeld misbegryp fan jinsels troch jinsels, ynterpretaasjes fan algemiene, noflike of ûnnoflike, fiellingen, bygelyks fan tastannen fan 'e 'nervus sympathicus' mei help fan 'e tekentaal fan religieus-moralistyske idiosynkrasy as, - "berou", "de byt fan it gewisse", "besiking fan 'e deale", "de deunbyens fan God"); in imazjinêre teleology ("it ryk fan God", "it lêste oardiel", "it ivige libben"). - Dy klearebare fiktive wrâld ûnderskiedt him yn tige negative sin fan 'e dreamwrâld mei't de lêste de wurklikheid wjerspegelet, wylst hy de wurklikheid ferfalsket, devaluearret, ûntkent. Nei't earst it begryp "natuer" optocht wie as tsjinoersteld oan "God", moast "natuerlik" wol it wurd wêze foar "ferwerplik", - die hiele fiktive wrâld hat syn woartels yn 'e haat tsjin it natuerlike ( - de wurklikheid! - ), hy is de útdrukking fan in djip ûnbehagen oan it wurklike ... Mar dêr is alles mei ferklearre. Wa is dejinge dy't der belang by hat him fuort te ligen út 'e wurklikheid? Wa't der oan lijt. Mar oan 'e wurklikheid lije wol sizze in mislearre wurklikheid wêze ... It oerwicht fan it fiellen fan ûnnocht oer it fiellen fan wille is de oarsaak fan dy fiktive moraal en religy: sa'n oerwicht jout jin lykwols ek de formule fan dekadinsje ...

16.
Ta de selde konklúzje noeget in krityk fan it kristlike godsbegryp. - In folk dat noch yn himsels leaut hat ek noch syn eigen God. Dêryn ferearet it de betingsten dy't him boppestebêst meitsje, syn deugden, - it projektearret syn wille oan himsels, syn machtsfiellen yn in wêzen, dat men dêrfoar tankberheid bewize kin. Wa't ryk is wol fuortjaan; in grutsk folk is in god nedich, om te offerjen ... Religy, ûnder sokke betingsten, is in foarm fan tankberheid. Men is foar jinsels tankber: dêr hat men in god foar fanneden. - Sa'n god moat fertuten en skea bringe kinne, moat freon en fijân wêze kinne, - hy wurdt yn it goede as yn it slimme bewûndere. De tsjinnatuerlike kastraasje fan in god ta in god fan allinne mar it goede is dêr bûten alle winsklikheid. Men is de kweade god like nedich as de goede: men hat ommers syn bestean net oan 'e tolerânsje, oan 'e minskfreonlikheid te tankjen ... Wat telt in god dy't gjin grime, wraak, oergeunst, hún, list, geweld ken? Dy't faaks net iens mei de útskroevenens en it fjoer fan 'e sege en de ferneatiging bekend is? Men soe sa'n god net begripe: wêrom soe men sa'nent ha? - Fansels: as in folk te sink giet; as it fielt dat syn leauwe oan takomst, syn hope op frijheid foarfêst wei wurdt; as him de ûnderwurpenens as foarste nuttichheid, de deugden fan 'e ûnderwurpenens as besteansbetingsten yn it bewustwêzen komme, dan moat syn god ek feroarje. Hy wurdt no stikem, bangich, beskieden, riedt de "ynderlike frede" oan, it net mear haatsjen, de konsideraasje, de "leafde" sels foar freon en fijân. Hy moralisearret allegeduerigen, hy krûpt by alle persoanlike deugden yn 'e hoale, wurdt god foar alleman, wurdt persoan, wurdt kosmopolyt ... Foarhinne representearre er in folk, de krêft fan in folk, alle agresje en machtshonger yn 'e siel fan in folk: no is er inkeld mar de goede god mear ... Yndie, der binne gjin oare alternativen foar goaden: of se binne de wil ta macht - en sa lang sille se goaden fan folken wêze - of se binne de ûnmacht ta macht - en dan wurde se needsaaklikerwize goed ...

17.
Dêr't yn ien of oare foarm de wil ta macht ôftakket, is altiten ek in fysiologyske tebekgong, in dekadinsje. De godheid fan 'e dekadinsje, besnien oan syn manlikste deugden en driuwfearren, wurdt no needsaaklik in god fan dyen dy't fysiologysk ôftakke binne, de swakken. Hja neamme harsels net de swakken, hja neamme harsels "de goeden" ... Men begrypt wol, sûnder fierdere wink, op hokker stuiten yn 'e skiednis as de dualistyske fiksje fan in goede en in kweade god pas mooglik wurdt. Mei itselde ynstinkt, dêr't de ûnderwurpenen har god nei it "goede op himsels" delhelje, skrasse se yn 'e god fan har oerwinners de goede eigenskippen; se nimme wraak op har hearen, troch dy har god te ferduveljen. - De goede god, allyk as de deale: beide wanprodukten fan 'e dekadinsje. - Hoe kin hjoeddedei de simplisiteit fan 'e kristlike teologen noch sa lyk yn 'e jamske fâlden slein wurde dat mei harren dekretearre wurdt, de ûntjouwing fan it godsbegryp fan 'e "god fan Israel", fan 'e folksgod ta de kristlike god, mei ynbegryp fan al it goede, is in foarútgong? - Sels Renan docht it lykwols. As hie Renan rjocht op simplisiteit! It tsjinoerstelde springt ommers yn it each. As de betingsten foar it opgeande libben, as al it sterke, dappere, hearsksuchtige, grutske út it godsbegryp eliminearre wurdt, as it stap foar stap ferwurdt ta symboal fan in gongelstôk foar wa't wurch is, fan in rêdingsanker foar wa't ferdrinkt, as er earmeminskegod, sûndersgod, sikegod par excellence wurdt, en it predikaat "heilân", "ferlosser" eins oer bliuwt as godlik predikaat überhaupt: wat seit sa'n feroaring? Sa'n reduksje fan it godlike? - Ja: "it ryk fan God" is dêrmei grutter wurden. Foarhinne hie er allinnich mar syn folk, syn "útferkarde" folk. Letter gie er, krekt as syn folk, yn oarewei, op 'e swalk, hy siet sûnt nearne mear stil: oant er lang om let oeral thús rekke, de grutte kosmopolyt, - oant er it "grutte getal" en de heale ierde oan syn kant krige. Mar de God fan it "grutte getal", de demokraat ûnder de goaden, waard likegoed gjin grutske heidengod: hy bleau Joad, hy bleau de God fan it hoaltsje, de God fan alle tsjustere hoekjes en herntsjes, fan alle net sûne ûnderkommens de hiele wrâld oer! ... Syn wrâldryk is yn alleding in ûnderwrâldryk, in sikehûs, in kelderryk, in gettoryk ... En hy sels dan, sa wyt, sa swak, sa dekadint ... Sels de alderwytste hollen wienen him noch de baas, de hearen metafysisy, de begrypsalbino's. Dy spûnen sa lang om him hinne oant er, hyponotisearre troch harren ferweech, sels spinne, sels metafysikus waard. En doe spûn hy de wrâld wer út himsels - sub specie Spinozae - , doe transfigurearre hy him yn it hieltyd tinnere en witere, waard "ideaal", waard "klearebare geast", waars "absolutum", waard "ding op himsels" ... it ferfal fan in God: God waard "ding op himsels" ...

18.
It kristlike godsbegryp - God as sikegod, God as spin, God as geast - is ien fan 'e alderkorruptste godsbegripen dy't op ierde ea berikt binne; faaks representearret er sels it djiptepunt yn 'e delgeande ûntjouwing fan it goadetype. God ta tsjinspraak fan it libben ôftakke, ynstee fan syn ferhearliking en ivich Ja te wêzen! Yn God it libben, de natuer, de wil ta it libben de oarloch ferklearre! God as formule foar alle ferleagening fan "dit libben", foar alle ligerij oer "it oare libben"! Yn God it neat fergodlike, de wil ta it neat hillich sprutsen! ...

19.
Dat de sterke rassen fan Noard Europa de kristlike God net by har wei wâde ha, pleitet net bepaald foar har religieuze bejeftiging, om it oer smaak mar net te hawwen. Mei sa'n syklik en âlderdomsswak wanprodukt fan 'e dekadinsje hiene se ôfweve moatten. Mar der leit no in flok op harren, mei't se net mei him ôfweefd ha: se ha de sikens, de âlderdom, de tsjinspraak yn al har ynstinkten opnommen, - se ha sûnt gjin god mear skepen! Twa milennia hast en gjin ien nije god! Mar hieltyd noch en as wie it terjochte, as in ultimiteit en maksimum fan 'e godfoarmjende krêft, fan 'e kreative geast yn 'e minske, dy jammerdearlike God fan it kristlike monotono-teisme! Dat hybride ferfalprodukt fan nul, begryp en tsjinspraak, dat alle dekadinsjeynstinkten, alle leffens en mêdens fan 'e siel sanksjonearret! - -

20.
Mei myn feroardieling fan it kristendom soe ik in besibbe religy gjin omkromte bylizze wollen ha, en dy hat sels noch in grutter tal beliders, dat is it bûdisme. Se hearre as nihilistyske religys byinoar - it binne dekadinsje-religys - , se binne op 'e nuveraardichste wize faninoar skaat. Dat se no ferlike wurde kinne, dêr is de kritikus fan it kristendom de Yndyske gelearden tige tankber foar. - It boedisme is hûndert kear sa realistysk as it kristendom, - it hat it fermogen oerurven en sjoch objektyf en kâldwei problemen ûnder eagen, it komt nei in ieuwenlange filosofyske beweging, it begryp "God" hat al ôfdien as it komt. It boedisme is de iennichste eins positivistyske religy dy't de skiednis ús sjen lit, ek noch yn syn kennisteory (in strang fenomenalisme - ), it seit net mear "striid tsjin sûnde", mar, en lit dus de wurklikheid yn syn wearde, "striid tsjin it lijen". It hat - en dat ûnderskiedt it danich fan it kristendom - de selsbedraaierij fan 'e moraalbegripen al achter him, - it stiet, yn myn wurden sein, oarekant goed en kwea. - De twa fysiologyske feiten dy't it as basis nimt en ûnder eagen sjocht binne: foarst in al te grutte fynfiellichheid fan 'e emoasjes, dy't him oppenearret as in subtile ûntfanklikheid foar pine; twad in al te oerladene geast, in al te lang libjen mei begripen en logyske prosedueres, dêr't it persoansynstinkt te'n geunste fan it "ûnpersoanlike" in knoei fan krigen hat ( - beide tastannen dy't op syn minst in pear fan myn lêzers, de objektiven", lykas mysels, út eigen ûnderfining kenne sille). Op grûn fan dy fysiologyske betingsten is in depresje ûntstien: dy pakt Boeda hygienysk oan. Hy brûkt dêrfoar it libben yn 'e frije natuer, it swalkersbestean, bewust en sunich ite en drinke; oppasse mei alle alkoholika; oppasse allyksa mei de emoasjes dy't galle teweibringe, it bloed brûzje litte; gjin soarch, noch foar jinsels, noch foar oaren. Hy easket ideeën dy't of delbêdzje of fleurich meitsje - hy fynt manieren om de oaren te ûntwennen. Hy beskôget de goedens, it goedich wêzen as in ding dat de sûnens opwouteret. Gebed is útsletten, likegoed as askese; gin kategoaryske ymperatyf, überhaupt gjin twang, sels net yn 'e kleastermienskip ( - jo kinne der wer út). Dat soenen allegearre middelen wêze om dy al te grutte fynfielligens noch oan te trunen. Krekt dêrom easket er ek gjin striid tsjin wa't oars tinkt; syn lear set it oars nearne tsjin yn 'e kant as tsjin it fiellen fan wraak, fan wearze, fan ressentimint ( - "net troch de fijânskip nimt de fijânskip in ein": it oandwaanlike refrein fan it hiele boedisme ... ). En dat mei rjocht en reden: krekt dy affekten wiene foar gjin sprút sûn út it eachweid fan it doel fan it libbensfoarskrift besjoen. De geastlike yneinens dy't er tsjinkomt en dy't him yn in al te grutte "objektiviteit" (dat is de ferswakking fan 'e ynteresse fan it yndividu foar himsels, it ferlies fan oerwicht, fan "egoïsme") oppenearret, bestriidt er mei't er ek de meast serebrale ynteresse wer strang op 'e persoan werom fiert. Yn 'e lear fan Boeda wurdt it egoïsme in plicht: it "ien ding is nedich", it "hoe komsto fan it lijen los" regulearret en beswettet it hiele geastlike dieet ( - bring jin oars dy Atener yn it sin dy't de klearebare "wittenskiplikens" allyksa bestried, Sokrates,dy't it persoansegoisme ek yn it ryk fan 'e problemen ta de moraal ferhefte

21.
Betingsten foar it boedisme binne in tige myld klimaat, in grutte sêftmoedigens en frijsinnigens yn brûkme en wenst, gjin militarisme; en dat it de hegere en sels yntellektuele stannen binne, dêr't de beweging syn oansprong hat. Boedisten ha de fleurigens, de stillens, de winskleazens as heechste doel, en se berikke it. It boedisme is gjin religy, dy't folsleinens allinnich mar bestribbet: folsleinens is it normale gefal.-
Yn it kristendom komme de ynstinkten fan ûnderwurpen en ûnderdrukt folk op 'e foargrûn: it binne de leechste stannen dy't dêr har heil sykje. Dêr wurdt de beuzichheid, as middel tsjin 'e ferfeling, de kasuïstyk fan 'e sûnde, de selskrityk, de ynkwisysje fan it gewisse útoefene; dêr wurde de fiellingen foar in machtige oer, dy't de namme "God" kriget, hieltyd yn stân holden (troch it gebed); dêr jildt it heechste as net te berikken, as jefte, as "genede". Dêr mist ek de iepenens; it beskûl, de tsjustere romte is kristlik. Dêr wurdt it liif ferachte, de hygiëne as sinlikheid ôfwiisd; de tsjerke set it sels tsjin 'e himmelens yn 'e kant ( - de earste kristlike maatregel nei it fuortjagen fan 'e Moaren wie it sluten fan alle iepenbiere badhuzen, en dat wiene der allinnich yn Cordoba al 270). Kristlik is yn bepaald opsicht de wredens, tsjin jinsels en oaren; de hate tsjin wa't oars tinkt; de wil om te ferfolgjen. Tsjustere en opwinende tinkbylden steane op 'e foargrûn; de meast begearde, mei de heechste nammen oantsjutte tastannen binne epilepsoide; it dieet wurdt sa berêden dat it morbide ferskynsels oantrúnt en de sinen fiersten tefolle fiteret. Kristlik is de deafijânskip tsjin 'e hearen fan 'e wrâld, tsjin 'e "foarnamen" - en tagelyk in stikeme, temûke konkurrinsje ( - de oaren meie it "liif" ha, hja wolle allinnich mar de "siel"...). Kristlik is de hate tsjin 'e geast, tsjin grutskens, moed, frijheid, libertinaazje fan 'e geast; kristlik is de hate tsjin 'e sintugen, tsjin alle wille fan 'e sintugen, tsjin 'e wille überhaupt ...

22.
Dat kristendom, doe't it syn bertegrûn ferliet, de leechste stannen, de ûnderwrâld fan 'e antike wrâld, doe't it ûnder barbarefolken op syk nei macht útteach, moast dêr net mear mei wurge minsken rekkenje, mar mei ynderlik ferwyldere en harsels ferskuorrende, - sterke minsken, mar mislearre. De ûntefredenens mei jinsels, it lijen oan jinsels, is dêr net, lykas by de boedisten, in al te grutte fynfiellichheid en ûntfanklikheid foar pine, mar krekt oarsom in oermachtige langst om sear te dwaan, om de ynderlike spanning ôf te reagearjen yn fijannige hannelingen en tinkbylden. It kristendom hie barbaarske begripen en wearden nedich om oer barbaren baas te wurden: lykas it offer fan 'e earstberne, it bloeddrinken by it jûnsmiel, de ferachting fan 'e geast en de kultuer; de foltering yn alle foarmen, sinlik en ûnsinlik; de grutte pracht en priel fan 'e kultus. It boedisme is in religy foar lette minsken, foar goedige, sêfte, al te geastlik wurden rassen, dy't al te maklik pine fielle ( - Europa is der noch lang net ryp foar - ): it betsjut it weromfieren fan sokken nei frede en fleurigens, nei it dieet yn it geastlike, nei in beskate behurding yn it liiflike. It kristendom wol oer rôfdieren baas wurde; syn middel is har siik te meitsjen, - de ferswakking is it kristlike resept foar nuetens, foar "beskaving". It boedisme is in religy foar de ein en de wurgens fan in beskaving, it kristendom moat it sûnder stelle, - it leit der ûnder beskate omstannicheden de fûneminten fan.

23.
It boedisme, jitris sein, is hûndert kear kâlder, oprjochter, objektiver. It hat it net mear nedich en meitsje syn lijen, syn ûntfanklikens foar pine, foar himsels earber troch de ynterpretaasje fan 'e sûnde, - it seit gewoan wat it tinkt, "ik lij". Foar de barbaar dêrfoaroer is it lijen op himsels neat earbers: hy moat earst in reden ha ear't er it foar himsels wêze wol dat er lijt (syn ynstinkt trúnt him earder oan ta it ferleagenjen fan it lijen, ta it stille fernearen). Dêr wie it wurd "deale" in woldie: jo hiene in oermachtige en freeslike fijân, - jo hoegden jo net te skamjen en lij oan sa'n fijân. -
It kristendom is mei basearre op in pear ferfiningen dy't by de Oriïnt hearre. Foar alles wit it dat it op himsels folslein neat útmakket. oft in ding wier is, mar dat it fan it heechste belang is is foar sa fier as leaud wurdt dat it wier is. De wierheid en it leauwe, dat in ding wier is: twa fier útinoar lizzende sfearen fan ynteresse, benei tsjinoerstelde wrâlden - men slagget nei de iene of nei de oare oer folslein ûngelikense paden. Fan dat te witten - dat makket jin yn 'e Oriïnt benei in wize: alsa sjogge de Bramanen it, alsa besjocht Plato it, alsa alle studinten fan 'e esotearyske wiisheid. As in foarm fan lok bygelyks is te leauwen fan sûnde befrijt te wêzen, dan is as betingst dêrfoar net nedich dat de minske sûndich is mar inkeld dat er him sûndich fielt. Mar as útsoarte boppe alles it leauwen nedich is, dan moat men it ferstân, de kennis, it ûndersyk yn diskredyt bringe: it paad nei de wierheid wurdt in ferbean paad. - De sterke hope is in folle gruttere stimulâns om te libjen as hokfoar him wurklik oppenearjend lok. Lijers moatte oerein holden wurden troch in hope dy't troch gjin wurklikheid wjerlein wurde kin, - dy't net troch in ferfulling ea ôfdien hat: in oarekantige hope. (Krekt troch dat fermogen de ûngelokkigen te behâlden gou de hoop by de Griken foar it grutste kwea, as it gnypske kwea by útstek: it bleau yn it fet fan it kwea benefter). - Om leafde mooglik te meitsjen moat God in persoan wêze; om de ûnderste ynstinkten mei oan it wurd te litten moat God jong wêze. Foar it fjoer fan 'e froulju mei in moaie hillige opdrave, foar it fjoer fan 'e manlju in Maria. Dat ûnder de betingst dat it kristendom baas wêze wol op in boaiem dêr't afrodysyske of Adoanis-kultussen it kultusbegryp al beskaat ha. De eask fan keinens sterket de heftigens en ynderlikens fan it religieuze ynstinkt - dy makket de kultus waarmer, dweperiger, fjurriger. - De leafde is de tastân dat de minsken de dingen sjocht sa't se fral net binne. De yllusoire krêften binne dan op har hichtepunt, likegoed as de beswietsjende, de ferhearlikjende krêften. Men fernearet yn 'e leafde mear as oars, men duldet alles. It wie saak en fyn religy út dêr't yn leave wurde kin: dêrmei is men it slimste fan it libben kwyt - men sjocht it sels net mear. - Dat oer de trije kristlike deugden leauwe, leafde, hope: ik neam se de trije kristlike fernimstichheidsjes. - It boedisme is te let, te positivistysk ek, om noch op dy wize fernimstich te wêzen. -

24.
Ik roer op dit plak allinnich oan it probleem fan it ûntstean fan it kristendom. De earste regel foar de oplossing fan dat probleem is: it kristendom is allinnich te begripen fan de boaiem út dêr't it op woeks, - it is net in tsjinbeweging tsjin it Joadske ynstinkt, it is de konsekwinsje dêrfan, in stap fierder yn dy eangstoanjeiende logika. Yn 'e formule fan 'e ferlosser: "it heil komt fan 'e Joaden". - De twadde regel is: it psychologyske type fan 'e gallileeër is noch te werkennen, mar pas yn syn folsleine degeneraasje (dy't tagelyk ferminking en oerloeging mei frjemde trekken is - ) hat er tsjinje kinnen as, dêr't er foar brûkt is, it type fan in ferlosser fan it minskdom. -
De Joaden binne it nuveraardichste folk út 'e skiednis fan 'e wrâld mei't se, foar de fraach fan wêzen en net-wêzen steld, mei in folslein faaie bewittenens it wêzen likefolle de priis foar kar nommen ha: dy priis wie de radikale ferfalsking fan alle natuer, alle natuerlikens, alle realiteit, fan hiele ynderlike wrâld likegoed as de uterlike. Hja distansearren har fan alle betingsten dêr't in folk oant dan ûnder libje koe, libje mocht, hja skoepen út harsels wei in tsjinstelling ta natuerlike betingsten, - hja ha, yn dizze folchoarder, religy, kultus, moraal, skiednis, psychology op ûnherstelbere wize yn tsjinspraak mei har natuerlike wearden omdraaid. Wy mette it seldichste fenomeen jitris en yn rare útfergrutte proporsjes, mar inkeld as kopy: - de kristlike tsjerke mist, yn ferliking mei it "folk fan 'e hilligen", alle oanspraak op orizjinaliteit. De Joaden binne, krekt dêrtroch, it needlottichste folk fan 'e wrâldskiednis: troch har wurking is it minskdom sa lyk ferfalske dat hjoeddedei de kristen noch anty-Joadsk wêze kin, sûnder himsels as dy syn lêste Joadse konsekwinsje op te fetsjen.
Ik ha yn myn "Genealogy fan 'e Moraal" foar de earste kear de psychologyske tsjinstelling fan in foarname moraal presentearre, de lêste út it nee tsjin 'e earste ûntstien: mar dat is de Joadsk-kristlike moraal troch ende wer troch. Om nee te sizzen tsjin alles dat de opgeande beweging fan it libben representearret, it goed slagge wêzen, de macht, de skientme, it ja tsjin jinsels op ierde, moast it sjeny wurden ynstinkt fan it ressentimint in oare wrâld útfine, dêr't dat ja tsjin it libben it kweade, it ferwerplike op himsels like te wêzen. Psychologysk berekkene is it Joadske folk in folk mei in aldertaaiste libbenskrêft, dat, ûnder ûnmooglike omstannichheden, frijwillich, út it aldertûkste ynstinkt ta selsbehâld wei, partij kiest foar alle dekainsjeynstinkten, - net as binne dy har oermânsk, mar om't se dêryn in macht riede, dêr't se it tsjin "de wrâld" yn mei oprêde kinne. Hja binne it tsjinoerstelde fan alle dekandinten: dy ha se spylje moatten oant en mei har yllúzjes, it is har slagge en stel har, mei in non-plus-ultra fan it toanielspilersynstinkt, oan it haad fan alle dekadinsjebewegingen ( - it kristendom fan Paulus - ), om dêr wat fan te meitsjen dat sterker is as alle ja sizzende partijen fan it libben. De dekadinsje is, foar de yn it Joade- en kristendom op macht longerjende soarte fan minske, in prysterlike soarte, net mear as in middel: foar dy soarte fan minske is it fan libbensbelang en meitsje de minske siik en draai de begripen "goed", "kwea", "wier" en "falsk" op in libbensgefaarlike en wrâldberabjende wize om. -

25.
De skiednis fan Israel is fan ûnskatbere wearde as de skiednis by útstek fan it ûnnatuerlik meitsjen fan 'e natuerwearden: ik tsjut fan dat fiif feiten oan. Oarspronklik, fral yn it tiidrek fan it keningskip, stie Israel ek ta alle dingen yn 'e krekte, dat is natuerlike relaasje. Syn Javeh wie de útdrukking fan syn machtbewustwêzen, de wille oan himsels, de hope op himsels: yn him waard sege en heil ferwachte, mei him waard op 'e natuer fertroud, dat dy jaan soe wat in folk nedich is - fral rein. Javeh is de god fan Israel en dus god fan 'e gerjochtichheid: de logika fan alle folken dy't in macht binne en dêr in goed gewisse by ha. Yn 'e feestkultus drukke dy beide kanten fan it ja fan in folk tsjin himsels har út: it is tankber foar de grutte barrens fan it lot dy't syn opgong teweibringe, it is tankber yn syn ferhâlding ta de omgong fan 'e seizoenen en alle woltier by it hâlden fan fee en de akkerbou. - Dy tastân fan 'e dingen bleau noch lang it ideaal, ek doe't it op jammerdearlike wize ôfdien hie: mei de anargy yn 'e binnenwrâld, en de Assyriër yn 'e bûtenwrâld. It folk hold lykwols as heechste winsklikheid dat fisioen fan in kening fêst, dy't in goed soldaat en in strange rjochter is: foaral dy karakteristike profeet (dat wol sizze kritikus en satyrikus fan it momint) Jesaia. - Mar gjin hope kaam út. De âlde god koe neat mear fan al dat er foarhinne koe. Se hiene him fertsjen litte moatten. Wat barde? Se feroaren it konsept, - se makken him ûnnatuerlik: dat wie de priis om him fêst te hâlden. - Javeh de god fan 'e "gerjochtichheid", - net mear in ienheid mei Israel, in útdrukking fan it fiellen fan eigenwearde fan in folk: allinnich mar in god ûnder beskate betingsten mear ... Dat konsept waard in stik wurkark yn 'e hannen fan prysterlike opstokelders, dy't alle lok tenei as lean, alle ûngelok as straf foar wanhearrigens oan God, foar "sûnde" ynterpretearje: dy alderligerichste wize fan ynterpretearjen fan in skynber "seedlike wrâldoarder", dêr't, foar iens en altyd, it natuerbegryp "oarsaak" en "effekt" op 'e kop set is. As earst, mei lean en straf, de natuerlike kausaliteit út 'e wrâld weipoetst is, dan is der behoefte oan in tsjinnatuerlike kausaliteit: alle oare ûnnatuerlike bringst folget dêrút. In god dy't easket - yn stee fan in god dy't helpt, dy't rie jout, dy't yn essinsje it wurd is foar alle lokkige ynflústeringen fan moed en selsfertrouwen ... De moraal, net mear de útdrukking fan 'e libbens- en waaksdomsbetingsten fan in folk, net mear syn ûnderste libbensynstinkt, mar abstrakt wurden, tsjinstelling ta it libben wurden, - moraal as essinsjele fersutering fan 'e ferbyldingskrêft, as it "kwea-each" foar alle dingen. Wat is Joadske, wat is kristlike moraal? It tafal syn ûnskuld ûntstellen; it ûngelok mei it begryp "sûnde" besmodzge; it wolbefinen as gefaar, as "besiking"; it fysiologyske minbefinen mei de wroechwjirm fergiftige ...

26.
It godsbegryp ferfalske; it moraalbegryp ferfalske: - it Joadske prysterdom hold dêr net ho. De gânse skiednis fan Israel wie foar har net te brûken: fuort dermei! - Dy prysters ha in wûnderwurk fan ferfalsking ta stân brocht, en dat is foar ús fierhinne dokumintearre yn 'e bibel: se ha it ferline fan har eigen folk mei in alderdusdanichste hún tsjin alle oerlevering, tsjin alle histoaryske realiteit yn it religieuze oerset, dat wol sizze, der in idioat heilsmeganisme fan skuld foar Javeh oer en straf, fan frommens foar Javeh oer en lean fan makke. Us soe dy aldersmaadlikste die fan skiednisferfalsking folle mear sear dwaan as de tsjerklike skiednisynterpretaasje fan milennia her ús net benei stomp makke hie foar de eask fan oprjochtens yn it histoaryske. En de tsjerke waard bystien fan 'e filosofen: de leagen fan "de seedlike wrâldoarder" rint sels troch de hiele ûntjouwing fan 'e nijste filosofy. Wat betsjut "seedlike wrâldoarder"? Dat der, foar iens en altyd, in Gods wil bestiet oangeande wat de minske te dwaan en te litten hat; dat de wearde fan in folk, fan in yndividu ôfmetten wurdt neffens hoe lyk of krekt net as it nei Gods wil harket; dat yn 'e lotgefallen fan in folk, fan in yndividu, him de wil fan God as bewâldfierder oppenearret, dus as straffend en beleanjend neffens de graad fan hearrigens. De realiteit njonken dy jammerdearlike leagen is: in parasitysk soarte fan minske, dat inkeld op kosten fan alle sûne kreaasjes fan it libben tierich is, de pryster, misbrûkt de namme fan God: hy neamt in tastân fan 'e dingen, dêr't de pryster de wearde fan 'e dingen bepaalt, "it ryk fan God"; hy neamt de middels, dy't sa'n tastân teweibringen of yn stân hâlde, "de wil fan God"; hy mjit, mei in kâldbloedich sinisme, folken, tiidrekken, yndividuen ôf neigeraden oft se de prysterlike macht fan nut of tsjinstribbich wiene. Sjoch har ris dwaande: ûnder de hannen fan 'e Joadske prysters waard de grutte tiid yn 'e skiednis fan Israel in tiid fan ferfal; de ballingskip, it lange ûngelok waard feroare yn in ivige straf foar de grutte tiid - in tiid dat de pryster noch neat wie ... Hja ha fan 'e machtige, ta grutte frijheid slagge figueren út 'e skiednis fan Israel, neffens behoef, jammerdearlike glûperts en stikemerts of "godleazen" makke, se ha de psychology fan alle grutte suksessen ta de idioateformule "hearrigens of wanhearrigens oan God" werombrocht. - Ien stap fierder: de "wil fan God", dat wol sizze, de betingsten foar it behâld fan 'e macht fan 'e pryster, moat bekend wêze, - foar dat doel is in "iepenbiering" fanneden. Yn kleare taal: in grutte literêre ferfalsking is fanneden, in "hillige skrift" wurdt ûntdutsen, - mei in protte hieratyske bombaarje, mei boetedagen en jammerjen oer de lange "sûnde" wurdt dy iepenbier makke. De "wil fan God" stie al lang fêst: it grutte ûnk wie inkeld dat de minsken fan 'e "hillige skrift" ferfrjemde wiene ... Moses wie de "wil fan God" al iepenbiere ... Wat barde dêr? De pryster hie, mei strangens, mei pedantery, oant en mei de lêste stoer dy't him betelle wurde moast ( - en ferjit de aldersmaaklikste stikjes fleis net: want de pryster is in byfstikfretter) foar iens en altyd formulearre wat er ha wol, "wat de wil fan God is"... Dan wurde alle dingen fan it libben sa oardere dat de pryster oeral ûnmisber is; by alle natuerlike barrens fan it libben, by de berte, it houlik, de sykte, de dea, om it mar net oer it offer ("it miel") te hawwen, ferskynt de hillige parasyt om se ûnnatuerlik te meitsjen: yn syn eigen wurden, om se te "hilligjen" ... Want begryp goed: alle natuerlike brûkmen, alle natuerlike ynstitúsjes (steat, rjochtspraak, houlik, sike- en earmesoarch), alle troch it libben ynskúnde easken, koartwei alles wat fan himsels al wearde hat, ferliest troch it parasitisme fan 'e pryster (ofwol de "seedlike wrâldoarder") alle wearde, wurdt wearde-wearzich makke: it moat neitiids sanksjonearre wurde, - in wearde-útpartsjende macht is nedich, dy't de natuer fan datoangeande ûntkent, dy't krekt dêrtroch pas in wearde skept ... De pryster fergriemt de wearde, de hilligens fan 'e natuer: dat is útsoarte de priis foar syn bestean. - Wanhearrigens oan God, dus oan 'e pryster, oan "de wet" kriget no de namme fan "sûnde"; de middels om jin wer "mei God te fermoedsoenjen" binne, lykas binlik is, middels dêr't de ûnderwerping oan 'e pryster namste mear mei garandearre is: de pryster allinne "ferlost" ... Psychologysk neirekkene wurde yn alle prysterlik organisearre maatskippijen de "sûnden" ûnmisber: it binne de eigentlike hânsels fan 'e macht, de pryster libbet fan 'e sûnden, hy hat it nedich dat "sûndige" wurdt ... Boppeste stelregel: "God ferjout dy't boete docht" - yn kleare taal: dy't him oan 'e pryster ûnderwerpt. -

27
Op in dusdanigen falske boaiem, dêr't alle natuer, alle natuerwearden, alle realiteit de djipste ynstinkten fan 'e stjoerende hegerein tsjin hat, woeks it kristendom op, in foarm fan ferklearre fijânskip tsjin 'e realiteit, oant no ta sûnder gelikense. It "hillige folk", dat foar alle ding allinnich prysterwearden, allinnich prysterwurden oer hold, en mei in konsekwintens fan konklúzjes dy't kjel meitsje kin, al dat fierder noch oan macht op ierde bestie as "ûnhillich", as "wrâld", as "sûnde" fier fan him smiet - dat folk brocht foar syn ynstinkt in lêste formule ûnder wurden, dy't oant en mei de selsûntkenning in logyske konklúzje wie: it ûntkende, as kristendom, noch de lêste foarm fan 'e realiteit, it "hillige folk", it "útferkarde" folk, de Joadske realiteit sels. It is in gefal fan it boppeste buordsje: de lytse opstannige beweging, dy't mei de namme fan Jezus fan Nazareth dope is, is it Joadske ynstinkt dûbel op, - oars sein, it prysterynstinkt, dy't de pryster as realiteit net mear ferneart, de útfining fan in noch fierder útholle realiteit, in noch ûnrealistysker fisy op 'e wrâld, oangeande de betingsten foar de organisaasje fan in tsjerke. It kristendom ûntkent de tsjerke ...
Ik sjoch net yn wêr't de opstân tsjin bedoeld wie, dêr't Jezus as oanstifter fan begrepen of ferkeard begrepen is, as it net de opstân tsjin de Joadske tsjerke wie, en dan it wurd tsjerke opfette sa't wy dat hjoeddedei dogge. It wie de opstân tsjin "de goede en rjochtfeardige minsken", tsjin "de hilligen fan Israel", tsjin de hierargy fan 'e maatskippij - net tsjin it bedjer dêrfan mar tsjin de klassemaatskippij, it privileezje, de oarder, de formule; it wie it ûnleauwe oan de "hegere minsken", it nee tsjin al dat pryster of teolooch wie. Mar de hierargy dy't dêrmei, al wie it ek foar in amerij, yn twifel lutsen waard, wie it byntwurk dêr't it Joadske folk, midden yn it "wetter", überhaupt noch bestean koe, de mei lijen befochten lêste mooglikheid ta selsbehâld, it residu fan in selsstannich polityk bestean: in oanfal dêrop wie in oanfal op it djipste folksynstinkt, op 'e taaiste folkslibbenswil dy't der ea op ierde west hat. Dy hillige anargist, dy't it legere folk, útstjitten en "sûndich", de tschandala fan it Joadedom, ta tsjinakseljen tsjin it sittend bewâld oansette - mei wurden dy't, as op 'e evangeliën fertroud wurde kin, ien ek hjoeddedei noch yn Siberië bedarje litte soene, wie in politike misdiediger, foar sa fier as krekt politike misdiedigers yn in absurd-ûnpolitike kultuer mooglik wiene. Dat brocht him oan it krús: it bewiis dêrfoar is it opskrift op it krús. Hy stoar om syn eigen skuld, - der is gjin inkelde grûn foar de stelling, hoe faak as dat ek útholden is, dat er om 'e skuld fan oaren stoar. -

28.

In folslein oare fraach is it, oft hy fan sa'n tsjinstelling eins wol yn it bewitten wie, - oft er net allinnich mar as tsjinoerstelde dêrfan field waard. En dêrmei roer ik pas oan it probleem fan 'e psychology fan 'e ferlosser. - Ik beken, dat ik net folle boeken lês mei sokke problematyske dingen as de evangeliën. Dy problematyske dingen binne oars as dyen, dêr't de gelearde nijsgjirrigens fan 'e Dútske geast ien fan har ûnferjitlikste triomfen fan bewiisfiering oan belibbe. Lang is it ferlyn dat ik ek, lyk as alle jonge gelearden, mei de tûke stadigens fan in subtile filolooch it wurk fan 'e ûnferjitlike Strauss bepluze. Doedestiids wie ik tweintich jier âld: no bin ik dêr te serieus foar. Wat geane my de tsjinstridichheden yn 'e "oerlevering" oan? Hoe kinne hilligeleginden eins ea "oerlevering" neamd wurde! Hilligelibbens foarmje de meast dûbelsinnige lektuer dy't der is: dêr de wittenskiplike metoade op ta te passen, as der fierder gjin oarkonden foarhannen binne, dat liket my yn it foar al ornearre om te mislearjen - net mear as gelearde liddichheid ...

29.
Wat my oangiet is it psychologyske type fan 'e ferlosser. Dat koe ommers yn 'e evangeliën, nettsjinsteande de evangeliën, bewarre bleaun wêze, hoe lyk ek bryk werjûn of mei frjemde trekken oerladen: lykas it type fan Franciscus fan Assisi yn syn leginden bewarre is nettsjinsteande syn leginden. Net de wierheid oer dat, wat er dien, wat er sein hat, hoe't er eins stoarn is: mar de fraach, oft syn type útsoarte noch te rekonstruearjen is, oft er "oerlevere" is? - De writen, dy't ik ken, en meitsje út 'e evangeliën sels de skiednis fan in "siel" op, komme my oan as bewizen fan in grouwélige psychologyske lichtfeardigens. De hear Renan, dy Jan Joker fan it psychologyske, hat de twa minst partuerjende begripen yn syn ferklearring fan it type Jezus gearbrocht, dy't der fan datoangeande binne: it begryp sjeny en it begryp held ("heros"). Mar as ien ding ûnevangelysk is, dan is it wol it begryp held. Krekt de tsjinstelling tsjin alle wrakseljen, tsjin al it fiellen ûnderdiel fan konflikten te wêzen, is dêr ynstinkt wurden: it ûnfermogen ta ferset wurdt dêr moraal ("stribje de kweade net tsjin" it djipste wurd fan 'e evangeliën, de kaai yn in beskate betsjutting), de silligens yn 'e frede, yn 'e sêftmoedigens, yn it gjin fijân wêze kinnen. Wat is it "blide boadskip"? It wiere libben, it ivige libben is ûntdutsen - it wurdt net tasein, it is der, it is yn jim: as libben yn 'e leafde, yn 'e leafde sûnder foarbehâld of útsluting, sûnder distânsje. Alleman is it bern fan God - Jezus makket konsekwint nea oanspraak op dingen foar himsels - as bern fan God is alleman oan alleman gelyk ... Fan Jezus in held meitsje! - En wat foar in misferstân is oars it wurd "sjeny"! Us hiele opfetting, de opfetting fan "geast" yn ús kultuer, hat yn 'e wrâld dêr't Jezus yn libbet, hielendal gjin sin. Mei de strangens fan in psycholooch sprutsen soe in hiel oar wurd mear op syn plak wêze: it wurd idioat. Wy witte fan in tastân fan syklike fynfielligens fan it taastsintúch, dat dan foar alle oanreitsjen, foar al it oanpakken fan in fêst foarwerp tebekskrillet. Set sa'n fysiologyske habitus ris oer nei syn lêste konsekwinsje - in ynstinktive haat tsjin alle realiteit, in flecht yn it "ûnbedjiplike", yn it "ûnbegryplike", as wearze tsjin alle formules, alle tiid- en romtebegryp, tsjin al dat fêst, sede, ynstitusjonearre, tsjerke is, as it thús wêzen yn in wrâld dy't troch gjin inkelde foarm fan realiteit mear rekke wurdt, in inkeld noch mar "ynderlike" wrâld, in "wiere" wrâld, in "ivige" wrâld ... "It ryk fan God is yn jim"...

30.
De ynstinktive haat tsjin 'e realiteit: gefolch fan in ekstreme fynfielligens foar lijen en prikels, dy't hielendal net mear "beruorre" wurde wol, om't er alle beruorring te djip ûndergiet.
De ynstinktive útsluting fan alle ôfkear, alle fijânskip, alle grins en distânsje yn it fiellen: gefolch fan in ekstreme ûntfanklikheid foar lijen en prikels, dy't al it tsjinstribjen, tsjinstribje moatten as in net te fernearen ûnnocht (dat wol sizze as skealik, as ôfret troch it ynstinkt ta selsbehâld) ûndergiet en de silligens (de wille) allinnich fine kin troch net mear, nimmen mear, noch de goede noch de kweade, wjerstân te bieden, - de leafde as iennichste, as lêste libbensmooglikheid ...
Dat binne de twa fysiologyske realiteiten dêr't de ferlossingslear op, út opwoeksen is. Ik neam har in sublime útbou fan it hedonisme op in troch ende wer troch morbide grûnslach. Meast besibbe, al is it ek mei in bêste bats Grykske piid en sinekrêft, is it epicureïsme, de ferlossingslear fan it heidendom. Epicurus as karakteristike dekadint: earst troch my sa werkend. - De freze foar pine, sels foar it ûneinich lytse yn 'e pine - dat kin op oars neat útrinne as op in religy fan 'e leafde ...

31.
Ik ha de oplossing foar it probleem yn it foar al jûn. It ûnderstelt dat fan it type fan 'e ferlosser allinnich in sterk fertekene byld bewarre bleaun is. Dy fertekening is op himsels in protte kâns op: sa'n type kin om meardere redenen net suver, net hiel, net frij fan tafoechsels bliuwe. Sawol it fermidden dêr't dat frjemde stal him yn beweegde moat syn spoaren op him set ha en, noch mear, de skiednis, it needlot fan 'e earste kristlike mienskip: dêrtroch waard, mei weromwurkjende krêft, it type mei trekken opsierd, dy't pas op basis fan 'e striid en mei it each op propagandadoelen begryplik wurde. Dy nuveraardige en sike wrâld, dêr't de evangeliën ús nei ta bringe - in wrâld as út in Russyske roman, dêr't maatskiplik útskot, sinesykten en "bernlike" idioaten in moetingsplak lykje te hawwen - moat ûnder alle omstannichheden it type groffer makke ha: de earste learlingen benammen setten in alhiel yn symboalen en ûngrypberheden swimmend wêzen oer yn har eigen grofstoflikens, om der alteast eat fan te begripen, - foar harren wie it type pas nei ynpassing yn bekendere foarmen beskikber ... De profeet, de messias, de takomstige rjochter, de moraallearaar, de wûnderdogger, Johannes de doper - allegear likefolle gelegenheden en misken it type ... Lit ús by einsluten net dizze eigenskip fan alle grutte, want sektaryske, ferearing ferjitte: dy faget de orizjinele, faak pynlik frjemde trekken en idiosynkrasiën fan it fereare wêzen út - en sjocht se sels net. It is spitich dat net in Dostoievsky deunby dy aldernijsgjirrichste dekadint libbe, ik bedoel immen, dy't krekt de oangripende stimulâns fan sa'n mingeling fan it sublime, it sike en it bernlike oanfielle koe. In lêste perspektyf: it type koe, as toanbyld fan dekadinsje, werklik fan himsels dyn kompleksiteit en tsjinstridichheid hân ha: sa'n mooglikheid is net alhiel út te sluten. Nettsjinsteande pleitet alles dêrtsjin: krekt de oerlevering soe foar dat gefal abnormaal trou en objektyf wêze moatten ha: fan dat ha wy reden en nim it tsjinoerstelde oan. Wylst is der in wiidfiemjende tsjinspraak tusken de berg-, see-, en greidepreker, waans ferskining oandocht as in Boedda op in wol hiel ûnyndyske boaiem, en dy agressive fanaat, deafijân fan teologen en prysters, dy't Renan's lilkaardigens as "de grutte master fan 'e irony" ferhearlike hat. Ik stean sels net yn bestân dat dy oermjitte fan gal (en sels fan esprit) pas út 'e tastân fan opwining fan 'e kristlike propaganda op it type fan 'e master oersprongen is: men wit ommers mar al te goed hoe maklik at sektariërs tinke, at se fan har master har apology meitsje kinne. Doe't de earste kristlike mienskip in oarder bringende, stikeljende, grimmitige, lilkaardich fernimstige teolooch nedich wie, tsjin teologen, skoepen se har "God" nei har behoef: sa't se Him ek dat folslein ûnevangelyske begryp, dat se no net misse koene, "weromkommen", "lêste gerjocht", alle soarten fan takomstige ferwachtingen en beloften sûnder te wifkjen yn 'e mûle leine. -

32
Ik ferset my, jitris sein, dertsjin dat de fanatikeling oan it type fan 'e ferlosser keppele wurdt: it wurd 'ympérieux' allinnich al, dat Renan brûkt, annulearret it type. It "blide boadskip"is krekt dat der gjin tsjinstellingen mear binne; it himelryk is foar de bern; it leauwe dat dêr lûd jout is gjin befochten leauwe, - it is der, it is der fan it begjin ôf, it is eins in nei it geastlike weromstapte bernlikens. It gefal fan in ûnderbrutsen en yn it organisme net trochlutsen puberteit as gefolch fan 'e deginneraasje is alteast foar fysiologen in fertroud byld. - Sa'n leauwe grimet net, stikelstekt net, wart him net: it bringt net "it swurd", - it hat der hielendal gjin aan fan yn hoe fier as it ea de geasten ferdiele kin. It bewiist himsels net, noch troch wûnders, noch troch lean en belofte, sels net "troch de skrift": it is sels op alle stuiten wûnder, lean, bewiis, "ryk fan God". Dat leauwe bringt himsels ek net ûnder wurden - it libbet, it set him teskuor tsjin formules. Fansels bepaalt it tafal fan 'e omjouwing, de taal yn it foar in beskate samling begripen: it earste kristendom hat allinnich mar Joads-Semityske begripen ( - it iten en drinken by it jûnsmiel heart dêrby, dat troch de tsjerke, lykas al it Joadske, sa slim misbrûkte begryp). Tink der lykwols om en sjoch dêr net mear yn as in tekentaal, in semiotyk, in gelegenheid ta symboalfertellingen. Krekt dat gjin wurd letterlik nommen wurde kin, is foar dy antyrealist de betingst om útsoarte prate te kinnen. By de Yndiërs soe er de Sankhyam- konsepten brûkt ha, by Sinezen dy fan Lao-Tse - en dêr gjin ûnderskie by fernimme. - Men koe, as men de betsjutting fan it wurd fan opruts, Jezus in "frije geast" neamme - hy jout neat om al dat fêst is: it wurd makket dea, al dat fêst is makket dea. It begryp, de ûnderfining "libje", sa't hy dy allinnich koe, tsjinstribbet by him alle soarten wurd, formule, wet, leauwe, dogma. Hy praat allinich oer it ynderlikste: "libben" of "wierheid" of "ljocht" is syn wurd foar dat ynderlikste, - al it oare, hiele realiteit, hiele natuer, de taal sels, hat foar him allinnich wearde as teken, as gelikenis. - Fersin jin op dit plak net, hoe grut as it ferlied ek wêze mei dat mei it kristlike, dat wol sizze, tsjerklike foaroardiel mank rint: sa'n symbolyk stiet by útstek bûten alle religy, alle kultuskonsepten, alle skiednis, alle natuerwittenskip, alle wrâldûnderfining, alle kennis, alle polityk, alle psychology, alle boeken, alle keunst - syn "witten" is krekt de klearebare ûnnoazelens oangeande it bestean fan sokke ding. Kultuer is him noch gjin iensen fan hearren en sizzen bekend, hy is gjin striid dêrtsjin nedich, - hy ûntkent it net ... It selde jildt foar de steat, foar de hiele boargerlike oarder en maatskippij, foar it wurk, foar de oarloch - hy hat nea reden hân en ûntken "de wrâld", hy hat nea in kromke aan hân fan it tsjerlike konsept "wrâld" ... It ûntkennen is no krekt wat ûnmooglik foar him is. - Allyksa mist de dialektyk, mist it idee dat in leauwe, in "wierheid" mei redenen bewiisd wurde kin ( - syn bewizen binne ynderlike "ljochten", ynderlike fiellingen fan nocht en selsbefestigingen, inkel "bewizen troch krêft" - ) Sa'n lear kin ek net tsjinsprekke, dy begrypt hielendal net dat der oare learen binne, wêze kinne, dy kin him in tsjinoersteld oardiel hielendal net foarstelle ... Dêr't er it oantreft, sil er út djipste meifiellen oer "blinens" treure, - want hy sjocht it "ljocht" - , mar gjin beswier meitsje ...

33.
Yn 'e hiele psychology fan it "evangelium" mist it begryp skuld en straf; allyksa it begryp lean. De "sûnde", alle ferhâlding fan distânsje tusken god en minske is ôfskaft, - dat is no krekt it "blide boadskip". De silligens wurdt net tasein, wurdt net mei betingsten beknotte: it is de iennichste realiteit - al it oare is teken om deroer te praten ...
It gefolch fan sa'n tastân projektearret him yn in nije praktyk, de eigentlik evangelyske praktyk. Gjin "leauwe" ûnderskiedt de kristen: de kristen docht, hy ûnderskiedt him troch in oar dwaan. Nammentlik dat er wa't him kweadocht noch troch wurden noch yn it hert wjerstân biedt. Dat er gjin ûnderskie tusken frjemd en eigen, tusken Joad en net-Joad makket ("de nêste" eins de leauwensstalke, de Joad). Dat er tsjin gjinien grimet, gjinien lytsachtet. Dat er him by rjochtbanken noch sjen lit, noch oproppe lit ("net swarre"). Dat er yn gjin gefal, ek net yn it gefal fan bewiisde ûntrou fan in frou, fan syn frou skiedt. - Alles yn essinsje ien regel, alles gefolch fan ien ynstinkt. -
It libben fan 'e ferlosser wie oars neat as dy praktyk, - syn dea allyksa ... Hy hie gjin formules, gjin ritus foar de omgong mei God mear nedich - sels net it gebed. Hy hie mei de hiele Joadske boete- en fermoedsoeningslear ôfrekkene; hy wit, hoe't it allinnich de praktyk fan it libben is, dêr't men jin "godlik", "sillich", "evangelysk", altyd in "bern fan God" fielt. Gjin "boete", gjin "gebed om ferjouwing" is in paad nei God: de evangelyske praktyk allinnich bringt nei God, dy is no krekt "God" - Wat mei it evangely ôfdien hie, dat wie it Joadedom mei syn konsepten "sûnde", "ferjouwing fan sûnde", "leauwe", "ferlossing troch it leauwe" - de hiele Joadske tsjerke-lear waard yn it "blide boadskip" ûntkend.
It djippe ynstinkt foar hoe't men libje moat om jinsels "yn 'e himel" te fiellen, om jin "ivich" te fiellen, wylst men jin by alle oare hâlden en dragen perfoarst net "yn 'e himel fielt": dat allinnich is de psychologyske realiteit fan 'e "ferlossing". - In nije libbensstyl, net in nij leauwe ...

34.
As ik ien ding oan dy grutte symbolist begryp, dan is it dat er inkeld ynderlike realiteiten as realiteiten, as "wierheden" akseptearre, dat er al it oare, al it natuerlike, tydlike, romtlike, histoaryske inkeld as teken, as gelegenheid ta gelikenissen opfette. It begryp "de minskesoan" slacht net op in konkrete persoan dy't in plak yn 'e skiednis hat, wat yndividueels, unyks, mar op in "ivige" feitlikheid, as in fan it begryp tiid befrijd psychologysk symboal. Datselde jildt allyksa, en yn 'e heechste sin, foar de God fan dy karakteristike symboalikus, foar it "ryk fan God", foar it "himelryk", foar it "bernwêzen fan God". Neat is sa ûnkristlik as de tsjerklike grofheden oangeande in God as persoan, oangeande in "ryk fan God" dat komme sil, oangeande in "himelryk" oarekant, oangeande in "soan fan God" as twadde persoan fan 'e trije-ienheid. Dat is allegearre - nim my dit net kwea ôf - in fûst op it each - och op hokfoar each! - fan it evangely; in wrâldhistoarysk synisme skûlet yn 't ferhúnjen fan it symboal ... Mar it leit ommers foar de hân wat mei it teken "heit" en "soan" oantsjut wurdt - net foar alle hannen, dat jou ik ta: mei it wurd "soan" wurdt de ynstap yn it algehiele fiellen fan ferhearliking fan alle ding (de silligens) útdrukt, mei it wurd "heit" dat fiellen sels, it ivichheids-, it foltôgingsfiellen. - Ik skamje my derfoar en bring yn it sin wat de tsjerke fan dat symbolisme makke hat: hat dy net in Amphytrionsferhaal by de drompel ta it "kristlike leauwe" pleatst? En in dogma oer in "ûnbeflekke ûntfangst" derboppe op? ... Mar dêrmei hat de tsjerke de ûntfangst beflekke. - -
It "himelryk" is in tastân fan it hert - net wat dat "boppe de ierde" of "nei de dea" komt. It hiele konsept fan 'e natuerlike dea mist yn it evangely: de dea is gjin brêge, gjin oergong, hy mist om't hy heart by in hiel oare inkeld skynbere, inkeld as teken nuttige wrâld. De "oere fan 'e dea" is gjin kristlik konsept - de "oere", de tiid, it fysyske libben en syn krisissen binne hielendal net foarhannen foar de learaar fan it "blide boadskip" ... It "ryk fan God" is net wat dat men ferwachtet; it hat gjin juster en gjin oaremoarn, it komt net oer "tûzen jier" - it is in ûnderfining yn it hert; it bestiet oeral, it bestiet nearne ...

35.
Dy "blide boadskipper" stoar sa't er libbe, sa't er learde - net om "de minsken te ferlossen", mar om sjen te litten hoe't jo libje koene, De praktyk is it, dy't er it minskdom neiliet: syn hâlden en dragen foar de rjochters oer, foar de plysjes, foar de oanklagers en alle soarten fan rabjen en hún, - syn hâlden en dragen oan it krús. Hy wjerstribbet net, hy ferdigenet net syn rjocht, hy docht gjin stap en kear it uterste op, nee sels, hy lokket it út ... En hy bidt, hy lijt, hy hat leaf mei harren, yn harren dy't him kwea dogge ... De wurden tsjin 'e moardner oan it krús hâlde it hiele evangely yn. "Dat hat wier in godlike minske west, in "bern fan God", seit de moardner. "Ast dat fielst - anderet de ferlosser - dan bist yn it paradiis, dan bisto ek in bern fan God ..." Net jin warre, net grymje, net ferantwurdlik meitsje ... Mar ek net tsjin 'e kweade stean, - him leaf ha ...

36.
- Pas wy, wy frijwurdene geasten, ha in goede útgongsposysje om eat te begripen dat njoggentjin ieuwen lang ferkeard begrepen is, - dy ynstinkt en fjoer wurdene rjochtskepenens dy't de "hillige leagen" jit mear as alle oare leagens bestriidt ... Unsisber fier wiene de lju fan ús leafdefolle en foarsichtige neutraliteit ôfrekke, fan dy geastlike disipline dy't allinnich it ealgjen fan sokke frjemde, sokke teare dingen mooglik makket: de lju woene altiten, mei in skamteleas egoïsme, allinnich it eigen foardiel, hja ha út it tsjinoerstelde fan it evangely de tsjerke boud ...
Dy't nei tekens siket dat in iroanyske godlikheid yn it grutte wrâldspul de hân hat, soe gjin geringe hâld fine yn it ûnhuere fraachteken dat kristendom hjit. Dat it minskdom op 'e knibbels leit foar it tsjinoerstelde fan wat de oarsprong, de sin, it goede fan it evangely wie, dat it minskdom yn it konsept "tsjerke" krekt dat hillich spruts wat de "blide boadskipper" as ûnder him, as efter him fielde - men siket fergees om in gruttere foarm fan wrâldhistoaryske irony. - -

37.
- Us tiidrek is grutsk op syn sin foar it histoaryske: hoe hat it leauwe skypje kinnen yn 'e ûnsinnichheid dat oan it begjin fan it kristendom de groffe wûnderdoggers- en ferlossersfabel stiet, - en dat al it spirituele pas in lettere ûntjouwing is? Oarsom: de skiednis fan it kristendom - en eins fan 'e dea oan it krús ôf - is de skiednis fan in stap foar stap hieltyd groffer ferkeard begripen fan in oarspronklik symbolisme. Mei alle útwreidingen fan it kristendom oer noch bredere, noch rûgere klibers, dy't de útgongsposysje dêr't it út berne waard hieltyd minder eigen wiene, waard it hieltyd nediger en fulgarisearje, en barbarisearje it kristendom, - it hat de learen en riten fan alle ûnderierdske kultussen fan it Imperium Romanum, it hat de ûnsin fan alderhanne siik ferstân nei binnen slokt. It needlot fan it kristendom leit yn 'e needsaak dat it leauwe sels sa siik, sa leech en fulgêr wurde moast as de behoeften siik, leech en fulgêr wiene dy't dermei befredige wurde moasten. Yn 'e tsjerke pakt de sike barbary himsels lang om let gear as macht, - de tsjerke fan dy foarm fan deafijânskip tsjin alle rjochtskepenens, tsjin alle hegens fan siel, tsjin alle disipline fan 'e geast, tsjin alle frijmoedige en goedige minsklikheid. - De kristlike - de foarname wearden: pas wy, wy frijwurdene geasten, ha dy aldergrutste weardetsjinstelling dy't der is wer werom brocht! -

38.
- Ik wol op dit plak in sucht net ûnderdrukke. Der binne dagen dat my in fiellen besiket, swarter as de swartste mankelikens - de minskeferachting. En lit net yn bestân stean wat ik ferachtsje, wa't ik ferachtsje: de minske fan hjoed is it, de minske dêr't ik needlottigernôch lyktidich mei bin. De minske fan hjoed - ik smoar fan syn ûnhimmele azem ... Foar al it ferline oer stean ik, as alle ynsjochsikers, mei in aldertigenste tolerânsje, dat wol sizze mei in grutmoedich selsbetwang: ik gean troch de gekkehûswrâld fan hiele milennia, likefolle oft se no "kristendom", "kristlik leauwe", "kristlike tsjerke" hjitte, mei in tryste foarsichtigens, - ik nim my derfoar tewacht en meitsje it minskdom foar syn geastessykten ferantwurdlik. Mar myn fiellen slacht om, brekt út, sagau't ik de nijste tiid, ús tiid, ynstap. Us tiid wit ... Wat foarhinne inkeld siik wie, waard hjoed ûnfatsoenlik, - it is ûnfatsoenlik en wês hjoeddedei kristen. En dêr begjint myn wearze. - Ik sjoch om my hinne: der is gjin wurd mear oer fan wat foarhinne "wierheid" hjitte, wy hâlde it net iens mear út as in pryster it wurd "wierheid" sels mar yn 'e mûle nimt. Sels by de meast beskieden oanspraak op rjochtskepenens moat der hjoed bewitten wêze dat in teolooch, in pryster, in paus mei alle sinnen dy't er útsprekt, him net inkeld fersint mar dat er liicht, - dat it him net frij stiet en liich út "ûnskuld", út "ûnwittendheid". De pryster wit ek, likegoed as wa, dat der gjin "God" mear is, gjin "sûnder", gjin "ferlosser", - dat "frije wil", "seedlike wrâldoarder" leagens binne: - de earnst, de djippe selsoerwinning fan 'e geast jout nimmen mear it frij en wês op dat punt ûnwittend ... Alle konsepten fan 'e tsjerke binne werkend foar wat se binne, as de lilkaardichste falskemunterij dy't der is, mei it doel en ûntnim de natuer, de natuerwearden har wearde; de pryster sels is werkend foar wat er is, as de faaiste soarte fan parasyt, as de eigentlike gifspin fan it libben ... Wy witte, ús gewisse wit it no - , wat dy neare betinksels fan pryster en tsjerke útsoarte wurdich binne, wêr't se foar tsjinnen, dêr't dy tastân fan selsskeining fan it minskdom mei berikt is, dy't by it oansjen wearze opropt - de konsepten "oarekant", "lêste oardiel", "ûnstjerlikheid fan 'e siel", de "siel" sels; it binne folterynstruminten, it binne systemen fan wreedheden dêr't de pryster baas troch waard, baas troch bleau ... Alleman wit it: en nettsjinsteande bliuwt alles by it âlde. Wêr is de lêste fielling fan fatsoen, fan achting foar jinsels keard at sels ús steatslju, in oars tige ûnbefangene soarte fan minsken en antykristen fan 'e die troch ende wer troch, har hjoed kristen neamme en nei it jûnsmiel gean? ... In jonge foarst, oan it haad fan syn rezjimint, prachtich as útdrukking fan 'e selssucht en selsferheffing fan syn folk, - mar, sûnder hokker skamte ek, him as kristen bekennend! ... Want wa ûntkent it kristendom? Wat neamt it "wrâld"? Dat men soldaat, dat men rjochter, dat men patriot is; dat men jin wart; dat men oan jins eare fêsthâldt; dat men jins foardiel wol; dat men grutsk is ... Alle praktyk alle stuiten, alle ynstinkt, alle ta die kearende weardeskattingen binne hjoeddedei antykristlik: hokker misberte fan falskens moat de moderne minske wêze, dat er him nettsjinsteande net skammet en draach langer de namme kristen! - -

39.
- Werom ta de saak, ik fertel de echte skiednis fan it kristendom. - It wurd al "kristendom" is in misferstân - , yn essinsje hat der mar ien kristen west en dy stoar oan it krús. It "evangely" stoar oan it krús. Wat fan dat stuit ôf "evangely" hiet, wie al de tsjinstelling fan dat wat hy libbe hie: in "slim boadskip", in disangely. It is ferkeard oant yn it ûnsinnige as ien yn in "leauwe", bygelyks yn it leauwe oan de ferlossing troch kristus it skaaimerk fan 'e kristen sjocht: allinnich de kristlike praktyk, in libben sa't hy dy't oan it krús stoar it libbe, is kristlik ... Hjoed is sa'n libben noch mooglik, foar beskate minsken sels needsaak: it echte, it oarspronklike kristendom sil op alle tiden mooglik wêze ... Net in leauwen mar in dwaan, in net dwaan fan in protte foaral, in oar wêzen ... Tastannen fan it bewustwêzen, ien of oar leauwe, in foar wier hâlden bygelyks - alle psychologen witte dat - bine ommers folslein triviaal en fyfterangs ferlike mei de wearde fan 'e ynstinkten: stranger sein, it hiele konsept fan geastlike oarsaaklikheid is ferkeard. It kristlik wêzen, de kristlikens ta in foar wier hâlden, ta in inkeld mar fenomenaliteit fan it bewustwêzen redusearje betsjut it negearen fan 'e kristlikens. Yndie ha der hielendal gjin kristenen west. De "kristus", dat wat sûnt twa milennia kristus neamd wurdt is net mear as psychologyske selsmislieding. Krekter sjoen sloegen dêr, nettsjinsteande alle "leauwe", allinnich ynstinkten - en wat foar ynstinkten - foar master op. It "leauwe" wie yn alle tiden, bygelyks by Luther, net mear as in mantel, in ferlechje, in gerdyn, dêr't de ynstinkten har spul efter spilen - , in tûke blinens oangeande it bewâld fan beskate ynstinkten ... It "leauwe' - ik neamde it earder al de eigentlike kristlike tûkens, - der waard hieltyd fan it "leauwe" sprutsen, hieltyd neffens de ynstinkten dien ... Yn 'e foarstellingswrâld fan 'e kristen komt neat foar dat de wurklikheid ek mar kantroert: dêr foar oer werkenden wy yn 'e ynstinktive haat tsjin alle wurklikheid it driuwende, it eksklusyf driuwende elemint yn 'e woartel fan it kristendom. Wat folget dêrút? Dat ek yn 'e psychology dêr it fersin radikaal is, dat wol sizze it aard beskiedt, wol sizze substânsje is. Ien konsept der by wei, ien inkelde realiteit op dat plak - en hiele kristendom rôlet yn it neat! - Ut 'e hichte wei sjoen bliuwt dat aldernuveraardichste feit, in troch fersinnen net inkeld beskate mar in inkeld yn skealike, inkeld yn libben- en hert fergiftigjende fersinnen kreative en sels geniale religy in skôgspul foar goaden, - foar dy godheden dy't tagelyk filosoof binne en dy't ik bygelyks by dy romrofte twapetearen op Naxos met ha. Op it stuit dat de wearze fan har wykt ( - en fan ús!), wurde se tankber foar it skôgspul fan 'e kristen: dy jammerdearlike lytse planeet dy't ierde hjit fertsjinnet faaks allinnich om dat kurieuze gefal in godlik each, in godlik blyk fan dielnimming ... Want lit ús de kristen net ûnderskatte: de kristen, falsk oant yn it ûnskuldige, stiet fier boppe de aap, - mei betrekking op kristenen wurdt in bekende ôfstammingsteory in komplimintsje ...

40.
It needlot fan it evangely rûn út op 'e dea, - it hong oan it "krús" ... Pas de dea, dy hommelse skandlike dea, pas it krús dat oer it ginneraal inkeld foar it rosmos reservearre wie, - pas dy freeslikste paradoks stelde de learlingen foar it eigentlike riedsel: "wa wie dat? Wat wie dat?" - It fiellen fan ûntheistering en alderdjipste mislediging, fan erchtinken, soe sa'n dea de wjerlizzing fan har saak wêze, it skriklike fraachteken "wêrom no sa?" - dy tastân lit him mar al te goed begripe. Dêr moast alles needsaak wêze, sin, bedoeling, heechste bedoeling ha; de leafde fan in learling wit fan gjin tafal. Pas doe skuorde de kleau iepen: "wa hat him deade? Wa wie syn natuerlike fijân?" Antwurd: it bewâldzjende Joadedom, dy syn hegerein. Fan dat stuit ôf wiene se yn opstân tsjin 'e oarder, men misbegriep Jezus mei weromwurkjende krêft as yn opstân tsjin 'e oarder. Oant dat stuit hie dy striderige, dy nee sizzende, nee dwaande trek oan syn imago ûntbrutsen; mear jit, it wie it tsjinoerstelde derfan. Blykber hat de lytse sekte krekt de haadsaak net begrepen, it foarbyld jûn troch sa te stjerren, de frijheid, it stean boppe alle fiellen fan ressentimint: - in oanwizing hoe'n bytsje as er útsoarte begrepen waard! Op himsels koe Jezus mei syn dea oars net wolle as jou yn it iepenbier it sterkste tsjûgenis, it bewiis fan syn lear ... Mar syn learlingen wiene alhiel net yn 'e wille en ferjou dy dea, - wat evangelysk yn 'e heechste sin fan it wurd west hie; of bied harsels sels oan foar in gelikense dea mei in teare en leaflike stiltme yn it hert ... Krekt de meast ûnevangelyske emoasje, de wraak, sloech wer foar master op. Unmooglik koe de saak mei de dea te'n ein wêze: de lju hiene behoef oan "ferjilding", "feroardieling" ( - en wat kin doch ûnevangelysker wêze as "ferjilding", "straf", "rjochtdei hâlde")! Noch ienris oppenearre de populêre ferwachting fan in messias him; it each foel op it histoaryske stuit: it "ryk fan God" sil syn fijannen oan it oardiel ûnderwerpe ... Mar dêrmei is alles ferkeard begrepen: it "ryk fan God" as slotakte, as tasizzing! It evangely wie ommers krekt it bestean, it ferfuld wêzen, de wurklikheid fan dat "ryk". Krekt sa'n dea wie by útstek dat "ryk fan God" ... Pas no waard al de ferachting fan en ferbittering tsjin farizeeërs en teologen yn it type fan 'e master lein, - dêrmei makken se fan him in farizeeër en in teolooch! Oan 'e oare kant koe de wylde ferearing fan dy alhiel út 'e skroeven rekke sielen de evangelyske lykberjochtiging fan alleman as bern fan God, dy't Jezus leard hie, net mear úthâlde: har wraak wie it en stek Jezus op in dweperige wize yn 'e hichte, en meitsje him los fan harsels: hielendal sa, lykas foarhinne de Joaden út wraak op har fijannen har God fan harsels skaat en yn 'e hichte stutsen hiene. De Iene God en de Iene Soan fan God: beide tsjûgenissen fan it ressentimint ...

41.
- En op dat stuit kaam in absurd probleem op, "hoe koe God soks talitte!" Dêr fûn it steurde ferstân fan 'e lytse sekte in streekrjocht freeslike absurd antwurd op: God joech syn eigen soan as ferjouwing fan sûnde, as offer. Sa wie it op slach út mei it evangely! It skuldoffer, en dan ek noch yn syn wearzichste, meast barbaarske foarm, it offer fan 'e ûnskuldige foar de sûnden fan 'e skuldigen! Hok ysbaarlik heidendom! - Jezus hie ommers it begryp "skuld" sels ôfskaft, - hy hie hokke kleau tusken God en minske neehjitten, hy libbe dy ienheid fan 'e God as minske as syn "blide boadskip" ... en net as foarrjocht! - Fan dat stuit ôf komme der stap foar stap dingen by yn it type fan 'e ferlosser: de lear fan it oardiel en fan it weromkommen, de lear fan 'e dea as in offerdea, de lear fan 'e opstanning, dêr't it hiele konsept "silligens", de hiele en iennichste realiteit fan it evangely, mei weimuozze is - te'n geunste fan in tastân nei de dea! ... Paulus hie dy opfetting, dy ûntucht yn it opfetsjen, mei de brutaliteit rabbinen eigen, dy't him yn alle stikken karakterisearret, alsa fan in reden foarsjoen: "as Kristus net wer opstien is, dan is ús leauwe omdôch". - En op slach waard út it evangely de ferachtlikste fan alle ûnferfulbere tasizzingen, de skamteleaze lear fan 'e persoanlike ûnstjerlikens ... Paulus sels learde dat noch as lean! ...

42.
Men sjocht no wat mei de dea oan it krús in ein fûn hie: in nije, in alhiel oarspronklike oanset ta in boeddistyske fredesbeweging, ta in feitlik, net inkeld tasein lok op ierde. Want dat bliuwt - ik brocht it earder al nei foaren - it essinsjele ûnderskie tusken de beide dekadinsjereligys: it boeddisme seit net ta, mar hâldt, it kristendom seit alles ta, mar hâldt nearne. - Nei de "blide boadskip" kaam fuort de alderslimste: dy fan Paulus. Yn Paulus kriget it tsjinoerstelde type fan 'e "blide boadskipper" stal, it sjeny yn 'e haat, yn it fisioen fan 'e haat, yn 'e ûnferbidlike logika fan 'e haat. Wat hat dy disangelist al net de haat te'n offer brocht! Boppe alles de ferlosser: hy sloech him oan syn krús. It libben, it foarbyld, de lear, de dea, de sin en it gelyk fan it hiele evangely. - Neat wie mear foarhannen doe't dy falskemunter út haat begriep wat hy allinnich brûke koe. Net de realiteit, net de histoaryske wierheid! ... En noch ien kear bedreau it ynstinkt fan 'e Joadske pryster deselde grutte misdie oan 'e skiednis, - hy skraste it juster, it earjuster fan it kristendom gewoanwei, hy makke syn eigen skiednis fan it earste kristendom. Mear noch: hy ferfalske de skiednis fan Israel noch in kear dat it de foarskiednis fan syn die skine soe: alle profeten hiene fan syn "ferlosser" sprutsen ... De tsjerke ferfalske letter sels de skiednis fan it minskdom as foarskiednis fan it kristendom ... It type fan 'e ferlosser, de lear, de praktyk, de dea, de sin fan 'e dea, sels it nei de dea - neat bleau fan oantaasting frij, neat bleau ek mar yn 'e deunbyens fan 'e wurklikheid. Paulus lei simpelwei it swiertepunt fan it hiele bestean efter dat bestean, - yn 'e leagen fan 'e "wer nij opstiene" Jezus. Hy koe yn essinsje it libben fan 'e ferlosser útsoarte net brûke, - hy hie de dea oan it krús nedich en wat dingen mear ... It soe fan 'e kant fan in psycholooch ûnsinnich wêze en hâld in Paulus hikke en tein by it haadplak fan 'e stoyske beweging foar earlik as er fan in hallusinaasje it bewiis foar it noch libjen fan 'e ferlosser makket, of leau sels mar syn fertelsel dat er dy hallusinaasje hân hat: Paulus woe op in doel ta, dus woe er ek de middels ... Wat er sels net leaude, de idioaten dêr't er syn lear tusken wurp leauden it al. - Syn behoef wie de macht; mei Paulus wie jit ris de pryster op macht út, - hy koe inkeld konsepten, learen, symboalen brûke, dêr't massa's mei tirannisearre wurde, keppels mei foarme. - Wat is it iennichste dat Mohammed letter fan it kristendom liende? Paulus syn útfining, syn middel ta prystertiranny, ta keppelfoarming, it leauwe yn 'e ûnstjerlikheid - dat wol sizze de lear fan it "oardiel" ...

43.
As men it swiertepunt fan it libben net yn it libben mar yn it "oarekant" leit - yn it neat - , dan hat men it libben útsoarte syn swiertepunt ûntstellen. De grutte leagen fan 'e persoanlike ûnstjerlikheid fersteurt alle ferstânnichheid, alle natuerlikens yn it ynstinkt, - al dat woldiedich is, it libben oanfiteret, in takomst jout yn 'e ynstinkten, dat ropt no allinnich mar wantrouwen op. Libje sa dat it gjin sin mear hat en libje, dat wurdt no de "sin" fan it libben ... Wêrfoar mienskipssin, wêrfoar tankberheid foar ôfkomst en foarteam, wêrfoar meiwurking, tawijing, in algemien belang begeunstigje en op it each ha? ... Allegear likefolle "fersikingen", likefolle ôfliedingen fan it "rjochte paad" - "Ien ding is needsaak" ... Dat alleman as "ûnstjerlike siel" deselde rang as alleman hat, dat yn it gehiel fan alle wêzens it "heil" fan elts yndividu oanspraak op in ivich duorjende belangrykheid meitsje mei, dat lyts stikem folk en trijekwart kranksinnigen har ynbyldzje meie, dat om har de wetten fan 'e natuer hieltyd trochbrutsen wurde - sa'n oantrún fan allerhanne selssucht oant yn it ûneinige, yn it ûnbeskamsume kin net genôch brânmurken wurde. En dochs hat it kristendom syn oerwinning oan dat jammerdearlike sjerpsmarren fan 'e persoanlike idelens te tankjen, - al dat mislearre, opstannerich is, net goed op 'e wrâld kommen is, alle túch en rosmos fan it minskdom hat it dêrmei ta himsels oerhelle. It "heil fan 'e siel" - yn kleare taal: "de wrâld draait om my" ... It gif fan 'e lear "gelikense rjochten foar alleman" - it kristendom hat dat it prinsipjeelst siedde; it kristendom hat alle fiellen fan earbied en distânsje tusken minske en minske, dat wol sizze de betingst foar alle ferheging, al it waaksdom fan 'e kultuer, op libben en dea bestriden fanút de stikemste hoekjes fan 'e minne ynstinkten, - it hat fan it ressentimint fan 'e massa's syn wichtichste wapen smeid tsjin ús, tsjin al it foarname, fleurige, heechhertige op ierde, tsjin ús lok op ierde ... De "ûnstjerlikheid" oan alle Petrussen en Paulussen tastien, dat is oant no ta de grutste, de lilkaardichste oanslach op 'e foarname minsklikheid. - En lit ús it needlot net ûnderskatte dat fan it kristendom út ek de polityk ynslûpt is! Gjinien hat tsjintwurdich mear de moed ta foarrjochten, ta bewâldsprivileezjes, ta fiellingen fan earbied foar jinsels en jins gelikensen, - en ta in patos fan distânsje ... Us polityk is siik troch dat tekoart oan moed! - De aristokratyske mentaliteit waard troch de leagen fan sielegelikensens djip ûnderierdsk oantaast; en as it leauwe oan it "foarrjocht fan 'e measten" revolúsjes bewurkmasteret en bewurkmasterje sil, dan is it it kristendom, gjin twifel mooglik, dan binne it kristlike weardeoardielen dy't revolúsjes yn inkeld bloed en misdie fertale! It kristendom is in opstân fan al dat oer de grûn krûpt tsjin dat wat hichte hat: it evangely fan "lyts folk" makket lyts ...

44.
- De evangeliën binne ûntyglike weardefol as tsjûgenis fan 'e al net te kearen korrupsje binnen yn 'e earste sekte. Wat Paulus letter mei it logysk synisme fan in rabbi te'n ein bringt, wie likegoed net mear as it ferfalsproses dat mei de dea fan 'e ferlosser útein sette. - Dy evangeliën kin men net hoeden genôch lêze; efter alle wurden geane problemen beskûl. Ik beken, hâld my te'n goede, dat se krekt dêrtroch foar in psycholooch in earsterangs ferdivedaasje binne, - as tsjinoerstelde fan alle naive ferdjer, as it raffinemint by útstek, as keunst binnen it psychologysk ferdjer. De evangeliën sprekke foar harsels. De bibel hat útsoarte gjin gelikensens. Men is dêr by Joaden: earste gesichtspunt, om dêr net hielendal it boekje bjuster te reitsjen. De dêr sjeny wurden selsfertekening oant yn it "hillige", dy't oare boeken en minsken sels net yn 'e fierste fierte benei komme, dy falskemunterij fan wurden en meneuvels as keunst is net it tafal fan it talint fan in yndividu, ien oft oar útsûnderlik figuer. It heart by it ras. Yn it kristendom, sjoen as de keunst om hillich te ligen, komt it hiele Joadedom, in ieuwenlange Joadske, bloedserieuze trening en technyk ta syn lêste masterskip. De kristen, dy ultima ratio fan it ligen, is de Joad yn it kwadraat - trije kear sels ... - De basale wil en brûk inkeld konsepten, symboalen, hâldingen dy't har troch de praktiken fan 'e pryster bewiisd ha, de ynstinktive ôfwizing fan alle oare praktiken, alle oare soarten fan wearde- en nuttichheidsperspektiven - dat is net allinnich tradysje, dat is oerurven: allinnich oerurven wurket it as natuer. It hiele minskdom, de knapste koppen fan 'e knapste tiden - (útsein ien, dy't faaks mar in ûnminsk is - ) ha har selsferrifelje litten. Se ha it evangely as it boek fan 'e ûnskuld lêzen ... : dat is gjin lyts bewiis fan it masterskip dêr't mei toanielspile is. - Mar: soe men har sjen, al wie it mar yn it foarbygean, al dy wûnderlike stikemerts en keunst-hilligen, dan kaam der gau in ein oan, - en krekt om't ik gjin wurden lês sûnder hâldingen te sjen, meitsje ik in ein oan harren ... Ik kin in beskate manear fan dwaan fan harren, it omheech draaien fan 'e eagen, net útstean. - Aldergeloks binne boeken foar de aldermeasten mar literatuer. - - Lit jin net ferrifelje: "oardiel net", sizze se, mar se stjoere alles nei de hel wat har yn 'e wei stiet. Troch God oardielje te litten, oardielje se sels; troch God te ferhearlikjen, ferhearlikje se harsels; troch deugden te fergjen dêr't sy krekt ta by steat binne - mear noch, dy't se nedich binne om überhaupt noch boppe lizzen te bliuwen - , jouwe se harsels de moaiskyn fan in striid foar de deugd, fan in wrakseling foar it bewâld fan 'e deugd. "Wy libje, wy stjerre, wy offerje ús foar it goede" ( - de "wierheid", it "ljocht", it "ryk fan God"): yn wurklikheid dogge se wat se net litte kinne. At se yn 'e trant fan stikemerts fan ruten spylje, yn in hoekje sitte, yn it skaad as skaden tahâlde, dan meitsje se dêr in plicht fan: as plicht kriget har libben in moaiskyn fan dimmenens, as dimmenens is it in bewiis foar mear frommens ... Och dy dimmene, keine, barmhertige soarte fan beligerij! "Oan ús sil sels de deugd ferantwurding ôflizze" ... Lês de evangeliën mar as boeken fol moralistyske ferlieding: de moraal lizze dy lytse minsken beslach op, - hja witte hoe't it sit mei de moraal! It minskdom wurdt mei de moraal it bêst by de noas nommen! - Yn wurklikheid spilet dêr de meast bewuste arrogânsje fan útferkarden foar beskiedenheid: se ha harsels, de "parochy", it "goed en rjochtfeardich folk" foar iens en altyd on 'e iene kant delset, dy fan 'e "wierheid" - en de oaren, "de wrâld" oan 'e oare kant ... Dat is de fataalste soarte fan grutheidswaansin dy't der op ierde oant no ta west hat: lytse misberten fan stikemerts en ligers begûnen oanspraak te meitsjen op 'e konsepten "God", "wierheid", "ljocht", "geast", "leafde", "wiisheid", "libben", as in soarte fan synonimen foar harsels, mei it doel en slút dêrmei de "wrâld" bûten, lytse Joaden yn it kwadraat, ryp foar it gekkehûs, draaiden de wearden überhaupt nei harsels ta om, krekt as soe de kristen de sin, it sâlt, de mjitte, en ek it lêste oardiel foar alle oaren wêze ... Dat hiele needlot waard allinnich mooglik makke mei't er al in besibbe, rasbesibbe soarte fan grutheidswaan op 'e wrâld wie, de Joadske: sagau't de kleau tusken Joaden en Joadske kristenen him oppenearre, hiene dy lêsten oars gjin kar as brûk deselde prosedueres ta selsbehâld dêr't it Joadske ynstinkt ta rette tsjin 'e Joaden, prosedueres dy't de Joaden sels foarhinne tsjin al it net-Joadske brûkt hiene. De kristen is net mear as in Joad fan "frijere" konfessy. -

45
- Ik jou in pear preaukes fan dat wat dy lytse minsken har yn 'e kop setten, wat se har master yn 'e mûle leine: inkeld tsjûgenissen fan "moaie sielen". -
"En as in plak jimme net ynnimt en hja net nei jim harkje, gean dêrwei en skoadzje jimme de moude fan 'e fuotten ôf, ta in tsjûgenis tsjin harren. Wiswier sis ik jimme, it sil Sodom en Gomorra draachliker wêze de deis fan it oardiel as dy stêd." (Marcus 6,11) - Wat evangelysk! ...
"En dy't ien fan dizze lytsen, dy't leauwe, oanstjit jaan sil, it wie folle better foar him, dat him in mûnlestien om 'e hals dien en hy yn 'e see wurpen waard." (Marcus 9,42) - Wat evangelysk! ...
"En as dyn each dy oanstjit jout, lûk it út; it is better foar dy mei ien each Gods keninkryk yn te gean as mei twa eagen yn 'e hel wurpen te wurden, dêr't har wjirm net stjert en it fjoer net dwestge wurdt" (Marcus 9,47). - En der wurdt net inkeld op it each doeld ...
"'Wiswier sis ik jimme, der steane hjir guds, dy't de dea net smeitsje sille, ear't hja Gods keninkryk kommen sjoen ha mei macht.'" (Marcus 9,1) Goed liigd, liuw ...
"'As immen efter my oan komme wol, dy moat himsels fersaakje en syn krús opnimme en my folgje. Want ...'" (Opmerking fan in psycholooch. De kristlike moraal wurdt troch har want's wjerlein: har "redenen" wjerlizze, - dat is kristlik) (Marcus 8,34). - "Oardielje net, dat jimme net oardiele wurde. Want mei it oardiel, dêr't jimme mei oardielje, sille jimme oardiele wurde; en mei wat mjitte jimme mjitte, sil jim wer tametten wurde." (Mattheüs 7,1) - Wat in opfetting fan gerjochtichheid, fan in "rjochtfeardich" rjochter! ...
"Want as jimme leavje dy't jimme leafhawwe, wat lean hawwe jimme? Dogge de tolgearders itselde net? En as jimme allinne jimme bruorren groetsje, dogge jim dan wat oars as oaren? Dogge de heidenen itselde net?" (Mattheüs 5,46) Prinsipe fan 'e "kristlike leafde": dy wol by einsluten goed betelle wurde ...
"Mar as jimme de minsken har misdieden net ferjouwe, sa sil jim himelske heit ek jimme misdieden net ferjaan." (Mattheüs 6,15) - Tige kompromittearjend foar niisneamde "heit" ...
"Mar sykje earst it keninkryk fan God en syn gerjochtichheid, en al dy dingen sille jim taskikt wurde." (Mattheüs 6,33) Dizze dingen: nammentlik iten, klean, alle libbensbehoeften. In fersin, yn alle beskiedenheid ... Justjes letter ferskynt God as kleanmakker, alteast yn beskate gefallen ...
"Forbliidzje jimme dy deis en spring op, want sjoch, jimme lean is grut yn 'e himel, want allyksa hawwe har affears de profeten dien." (Lucas 6,23) Skamteleas rosmos! Se ferlykje har no al mei profeten ...
"Witte jimme net dat jimme Gods timpel binne en Gods geast yn jimme wennet? As immen Gods timpel skeint, dy sil God skeine; want Gods timpel, dat jimme binne, is hillich." (Paul. 1 Cor. 3,16) - Sokken kin men net genôch ferachtsje ...
"Of witte jim net, dat de hilligen de wrâld rjochtsje sille? En as ûnder jimme de wrâld rjochte wurdt, binne jimme dan ûnweardich ta de minste rjochtssaken?" (Paul. 1 Cor 6,2) Spitigernôch net inkeld de rede fan in gekkehûsbewenner ... Dy freeslike ferrifelder giet letterlik sa fierder: "Witte jimme net, dat wy ingelen rjochtsje sille? Namstemear de dingen dy't dit libben oanbelangje!" ...
"Hat God de wiisheid fan 'e wrâld net dwaas makke? Want mei't yn Gods wiisheid de wrâld troch har wiisheid God net kend hat, hat it God hage, troch de dwaasheid fan 'e ferkundiging te behâlden dy't leauwe. ... Net folle wizen nei it fleis, net folle machtigen, net folle oansjenliken binne roppen. Mar it dwaze fan 'e wrâld hat God útkard om de wizen te beskamjen; en it swakke fan 'e wrâld hat God útkard om it sterke te beskamjen; en it ûnoansjenlike fan 'e wrâld en it ferachte hat God útkard, en itjinge neat is, om teneate te dwaan itjinge dat eat is, dat gjin fleis him beromje soe foar God" (Paul. 1 Cor. 1, 20) - Om dy passaazje, in earsterangs tsjûgenis foar in psychology fan alle tschandalamoraal, te begripen, moat earst it foarste part fan myn "Genealogy fan 'e moraal" lêzen wurde: dêr wurdt foar de earste kear de tsjinstelling fan in foarname mei in út ressentimint en ûnmachtige wraak berne tschandalamoraal foar it ljocht helle. Paulus wie de grutste apostel fan 'e wraak ...

46.
- Wat folget dêrút? Dat men der goed oan docht en lûk wanten oan as men it nije testamint lêst. De deunbyens fan safolle ûnhimmelens twingt jin dêr hast ta. Wy soene likemin mei "earste kristenen" as mei Poalske Joaden omgong ha wolle: net dat men tsjin har ek mar ien tsjinwerping nedich is ... Beide sit in ferkeard rookje oan. - Ik ha omdôch yn it nije testamint socht om ek mar ien sympatike trek; mar der wie neat dat frij, goedich, iepenhertich, rjochtskepen wie. De minsklikheid moat dêr syn earste stappen noch sette, - de ynstinkten foar himmelens misse ... Der sitte allinnich minne ynstinkten yn it nije testamint, sels de moed ta dy minne ynstinkten mist. Alles is dêr leffens, alles is dêr it tichtdwaan fan 'e eagen en selsferrifelderij. Alle boeken binne kein as men krekt it nije testamint lêzen hat: ik lies, om in foarbyld te jaan, mei útskroevenens daalks nei Paulus dy alderskattichste, oermoedichste spotter Petronius, dêr't men fan sizze kin wat Domenico Boccaccio oer Cesare Borgia oan 'e hartoch fan Parma skreau: "é tutto festo" (út it hiele hout) - ûnstjerlik sûn, ûnstjerlik fleurich en slagge ... Dy lytse stikemerts ferrekkenje har nammentlik yn 'e haadsaak. Hja falle oan, mar alles dat troch har oanfallen wurdt, kypt der dêrtroch út. As in "earste kristen" oanfalt, dan besnústeret er net ... Oarsom: it is in eare en haw "earste kristenen" tsjin. Men lêst it nije testamint net sûnder in foarleafde foar dat wat dêryn mishannele wurdt, - om it mar net te hawwen oer de "wiisheid fan dizze wrâld", dy't in bretale blast "troch dwaze preek" omdôch te skande besiket te meitsjen ... Mar sels farizeeërs en skriftlearden ha fertuten fan sokke tsjinstanners: se moatte wol wat wurdich west ha, om op sa'n ûnfatsoenlike wize hate te wurden. Hypokrisy - dat moatte de "earste kristenen" nedich sizze! - By einsluten wiene it de befoarrjochten: dat is genôch, de tschandalahaat hat fierders gjin redenen mear nedich. De "earste kristen" - ik bin bang, ek de "lêste kristen", dy't ik faaks noch meimeitsje sil - is rebel tsjin al it befoarrjochte troch syn ûnderste ynstinkt, - hy libbet, hy striidt hieltyd foar "gelikense rjochten" ... Better sjoen hat er fan dat gjin kar. Wol men, wat him oanbelanget, in "útferkarde fan God" wêze - of in "timpel fan God", of in "rjochter fan ingelen" - , dan binne alle oare karmasterprinsipes, bygelyks dy fan rjochtskepenens, fan geast, fan manlikheid en grutskens, fan skientme en frijheid fan hert, simpelwei "wrâld", - it kwea op himsels ... Moraal: alle wurden yn 'e mûle fan in "earste kristen" binne liigd, alle dieden dy't er docht ynstinktive falskheden, - al syn wearden, al syn doelen dogge skea, mar as er hatet, wat er hatet, dat hat wearde ... De kristen, de pryster-kristen yn it bysûnder, biedt in weardekritearium. - - Moat ik noch sizze dat yn hiele nije testamint mar ien figuer foarkomt, dy't respekt fertsjinnet? Pilatus, de Roomske stedhâlder. In Joadesaakje serieus te nimmen - dat wol net yn him del. In Joad mear of minder - wat soe dat? ... De foarname hún fan in Romein foar it skamteleaze misbrûk fan it wurd "wierheid" hat it nije testamint mei dy iene sin ferfraaid dy't wearde hat, - dy't de krityk dêrop, de ferneatiging derfan foarmet: "wat is wierheid!" ...

47
- Wat ús ûnderskiedt is net dat wy gjin god weromfine noch yn 'e skiednis noch yn 'e natuer noch efter de natuer, - mar dat wy, wat as God fereare wurdt, net as "godlik" mar as jammerdearlik, as absurd, as skealik ervare, net allinnich as fersin mar as misdie tsjin it libben ... Wy ûntkenne God as god ... As ús it bestean fan dy God fan 'e kristenen bewiisd waard, soene wy noch minder yn him leauwe. - Yn ien sin: deus, qualem Paulus creavit, dei negatio ("In God sa't Paulus dy makke, is de ûntkenning fan God"). - In religy, lykas it kristendom, dy't op gjin inkel punt de wurklikheid rekket, dy't daalks omfalt sagau't de wurklikheid ek mar op ien punt rjocht dien wurdt, moat útsoarte fan 'e "wiisheid fan 'e wrâld", dat wol sizze fan 'e wittenskip, wol in deafijân wêze, - dy sil alle middels goedkarre dy't de geastlike disipline, de suverheid en strangens yn saken fan it geastlik gewisse, de foarname koelens en frijheid yn 'e holle fergiftigje, belige, berabje. It "leauwe" as ymperatyf is it feto foar de wittenskip, - yn 'e praktyk de leagen wat de priis ek is ... Paulus begriep dat de leagen - dat "it leauwe" nedich wie; de tsjerke begriep letter wer Paulus. - Dy "God", dy't Paulus útfûn, in God dy't "de wiisheid fan 'e wrâld" (yn ingere sin dy beide grutte tsjinstanners fan alle byleauwe, filology en medisinen) "te skande makket", is yn wurklikheid net mear as de rislute beslissing fan Paulus sels en doch soks: neam jo eigen wil "God", thora, dat is troch ende wer troch Joadsk. Paulus wol "de wiisheid fan 'e wrâld" te skande meitsje: syn fijannen binne de goede filologen en artsen út 'e Aleksandrynske skoalle - , dy bestriidt er. Yndie, men is net filolooch en arts, sûnder ek tagelyk antykristlik te wêzen. As filolooch sjogge jo nammentlik efter de "hillige boeken", as arts efter de fysiologyske fersutering fan 'e karakteristike kristen. De arts seit "net te bebetterjen", de filolooch "bedroch" ...

48.
- Is dy romrofte skiednis út it begjin fan 'e bibel eins wol begrepen, - oer de helske freze fan God foar de wittenskip? ... Dy is net goed begrepen. Dat prysterboek by útstek begjint, útsoarte, mei it grutste ynderlike probleem fan 'e pryster: foar him is der mar ien gefaar, dus is der foar God mar ien grut gefaar. -
De âlde God, hielendal "geast", hielendal heechpryster, hielendal folsleinens, kuiert wat yn syn tún om: allinnich ferfeelt er him. Tsjin 'e ferfeling stride sels goaden omdôch. Wat docht er? Hy fynt de minske út, - de minske jout ferdivedaasje ... Mar sjedêr, de minske ferfeelt him ek. It erbarmen fan God mei de iennichste need dêr't alle paradizen oan lije hat gjin grinzen: hy skoep gau noch oare dieren. Earste misgreep fan God: de minske fûn de dieren net ferdivedearjend, - hy spile de baas oer har, hy woe net iens "dier" wêze. - Dus skoep God de frou. En yndie, it wie no út mei de ferfeling, - mar ek mei wat oars! De frou wie de twadde misgreep fan God. - "De frou is út har aard wei as in slange, Heva" - dat witte alle prysters; "fan 'e frou komt alle ûnk op 'e wrâld" - dat witte alle prysters allyksa. "Dus komt fan har ek de wittenskip" ... Pas troch de frou learde de minske it en preau fan 'e beam fan kennis. - Wat barde doe? In helske freze krige de âlde God yn 'e besnijing. De minske sels wie syn grutste misgreep wurden, hy hie him in rivaal skepen, de wittenskip makket godgelyk, - it is út mei prysters en goaden, as de minske wittenskiplik wurdt! - Moraal: wittenskip is it ferbeane 'an sich', - dat allinnich is ferbean. De wittenskip is de earste sûnde, it sie fan alle sûnde, de erfsûnde. Dat is de iennichste moraal. - "Do silst net kenne"; - al it oare folget dêrút. - De helske freze fan God belette him net en brûk Syn ferstân. Hoe stelle jo je tsjin 'e wittenskip te war? Dat wie lang syn grutste probleem. Oplossing: út it paradys mei de minske! It lok, de liddigens fiteret it tinken oan, - tinke is ferkeard tinke ... De minske moat net tinke. - En de "pryster 'an sich'" fynt de need, de dea, it libbensgefaar fan it swierwêzen út en alderhanne soarte fan ellinde, âlderdom, mêdens, sykten foaral, - inkeld middels yn 'e striid mei de wittenskip! De need stiet de minske net ta en tink ... En nettsjinsteande! Untheistering! It wurk fan 'e kennis sjit de hichte yn, bestoarmet de himel, twiljocht foar de goaden, - hoe no? - De âlde God fynt de oarloch út, hy skiedt de folken, hy makket dat de minsken inoar fergrieme ( - prysters ha altiten oarloch nedich hân ... ). De oarloch - ûnder oaren in grutte fersteurder fan 'e wittenskip! - Net te leauwen! De kennis, de emansipaasje fan 'e pryster, set him sels nettsjinsteande oarloggen troch. - En de âlde God nimt in lêste beslút: "de minske is wittenskiplik wurden, - it jout neat, hy moat fersûpt wurde!" ..

49.
- It sil dúdlik wêze. It begjin fan 'e bibel befettet de hiele psychology fan 'e pryster. - Foar de pryster is der mar ien grut gefaar: dat is de wittenskip - it sûne begryp fan oarsaak en gefolch. Mar de wittenskip is oer it ginneraal allinnich ûnder lokkige omstannichheden tierich, - men moat it oan tiid, oan geast ha, se oer ha, om te "kennen" ... "Dus moat de minske ûngelokkich makke wurde", - dat hat altiten prysterlogika west. - Men riedt al wat, neffens dy logika, doe yn 'e wrâld kommen is: - de "sûnde" ... It sûnde- en strafbegryp, hiele "seedlike wrâldoarder" is útfûn tsjin 'e wittenskip, - tsjin 'e ferlossing fan 'e minske fan 'e pryster ... De minske mei net nei bûten, hy moat nei binnen sjen; hy moat net tûk en foarsichtich, as learling, yn 'e dingen sjen, hy moat hielendal net sjen: hy moat lije ... En hy moat sa lije dat er altyd de pryster nedich hat. - Fuort mei de dokter! Men hat in heilân nedich. - It skuld- en strafbegryp, en dêrby heart ek de lear fan 'e "genede", fan 'e "ferlossing", fan 'e "ferjouwing" - alles byinoar liigd en sûnder psychologyske realiteit - , dat is allegearre útfûn om it minsklik besef fan oarsaken te ferrinnewearjen: dat is in oanfal op it begryp oarsaak en gefolch! - En net in oanfal mei de fûst, mei it knyft, mei de earlikheid yn haat en leafde! Mar fanút 'e lefste, slûchslimste, leechste ynstinkten! In oanfal fan prysters! In oanfal fan parasiten! In fampyrisme fan wite, ûnderierdske bloedsûgers! ... At de natuerlike gefolgen fan in die net mear "natuerlik" binne, mar as teweibrocht troch spoekbegripen fan it byleauwe, troch "God", troch "geasten", troch "sielen", konsipearre wurde, en as inkeld "morele" konsekwinsjes, as lean, straf, wink, middels ta foarming, dan binne de betingsten foar kennis ferwâde, - dan is de grutste misdie oan it minksdom begien. - De sûnde, jitris sein, dy foarm selsskeining fan 'e minske by útstek, is útfûn mei it doel en meitsje wittenskip, kultuer, alle ferheging en foarnamens fan 'e minske ûnmooglik; de priester is baas troch de útfining fan 'e sûnde. -

50.
- Ik skat my op dit plak net frij fan 'e plicht en prissentearje in psychology fan it "leauwe", fan 'e "leauwige", te'n behoef, lykas binlik is, krekt fan 'e "leauwige". As der hjoeddedei noch guons binne dy't net witte hoe ûnfatsoenlik it is en wês "leauwich" - of in teken fan dekadinsje, fan in brutsene libbenswil - , dan sille se it moarn al witte. Myn stim berikt ek de hurdhearrigen. - It skynt, as ik it goed heard ha, dat der by kristenen in soarte fan wierheidskritearium is dat it "bewiis út krêft" neamd wurdt. "It leauwe makket sillich: dus it is wier." - Men soe dêr foarst tsjin yn bringe kinne dat krekt it sillich meitsjen net bewiisd, mar inkeld tasein is: de silligens is oan 'e betingst fan it "leauwe" keppele, - jo sille sillich wurde, om't jo leauwe ... Mar dat wier bart wat de pryster de leauwige oangeande it foar alle kontrôle ûntagonklike "oarekant" taseit, wêr wurdt dat mei bewiisd? - Dat it sabeare "bewiis út krêft" is yn essinsje wer net mear as in leauwe dat it gefolch dat jo josels fan it leauwe tasizze net útbliuwt. Yn ien sin: "ik leau dat it leauwe sillich makket; - dus is it wier." - Mar dêrmei ha wy de ein te pakken. Dat "dus" soe as wierheidskritearium folslein absurd wêze. - Stelle wy lykwols, yn in tajouske rite, dat it sillich meitsjen troch it leauwen bewiisd wêze soe - net allinnich winske, net allinnich troch de wat fertochte tonge fan in pryster tasein: soe sillichheid, - technysker sein, wille ea in bewiis foar de wierheid wêze kinne? Amper, it jout hast it tsjinbewiis, yn alle gefallen it slimste erchtinken tsjin "wierheid", as fiellingen fan wille meiprate oer de fraach "wat is wier". It bewiis út "wille" is in bewiis foar "wille", - net mear; wêrom soe it yn fredesnamme sa wêze dat krekt wiere oardielen haachliker binne as falske, en, neffens in yn it foar fêstleine harmony, needsaaklikerwize noflike fiellingen meibringe? - De ûnderfining fan alle strange, alle djip bewoartele geasten leart it tsjinoerstelde. Stap foar stap moast wierheid op jinsels bewraksele wurde, en dêrfoar moast hast alles opjûn wurde, dat it hert, dat ús leafde, ús fertrouwen yn it libben dierber wie. Dêr is gruttens fan siel foar fanneden: wierheidstsjint is de hurdste tsjinst. - Wat betsjut it dan en wês rjochtskepen yn geastlike dingen? Dat men strang tsjin it eigen hert is, dat men de "moaie fiellingen" ferachtet, dat men fan alle ja en nee in saak fan it gewisse makket! - - - It leauwe makket sillich: dus liicht it ...

51.
Dat it leauwe ûnder beskate omstannichheden sillich makket, dat silligens fan in 'idee fixe' noch gjin wier idee makket, dat it leauwe gjin bergen ferset, mar wol opwerpt dêr't gjint binne: in flechtige kuier troch in gekkehûs makket dat mear as dúdlik. Mar net oan in pryster: want dy ûntkent ynstinktyf dat sykte sykte en gekkehûs gekkehûs is. It kristendom is de sykte nedich, likernôch sa't it Grikedom in oerskomjende sûnens nedich wie, - siik meitsje is de eigentlike bybedoeling fan hiele heilsprosedueresysteem fan 'e tsjerke. En de tsjerke sels - is dy net it katolike gekkehûs as lêste ideaal? - De ierde útsoarte as gekkehûs? - De religieuze minske, sa't de tsjerke him wol, is in karakteristike dekadint; it stuit dat in religieuze krisis in folk oermânsk wurdt, hat altiten sineëpidemyen as skaaimerk; de "ynderlike wrâld" fan 'e religieuze minske sjocht der krekt sa út as dy fan oerspand en opbrând folk; de "heechste" tastannen, dy't it kristendom as heechste wearden it minskdom foarholden hat, binne epileptysk, - de tsjerke hat allinnich dwylsinnigen of grutte ferrifelders 'in majorem dei honorem' ('ta meardere eare fan God') hillich sprutsen ... Ik ha alris it frij nommen en tsjut alle kristlike boete- en ferlossingstrening (dy't yn Ingelân it meast beoefene wurdt) oan as in metoadysk bybrochte folie circulaire, en lykas te ferwachtsjen op in dêrfoar tarette, dat wol sizze troch ender wer troch morbide boaiem. Jo wurde net samar kristen: jo wurde net ta it kristendom "bekeard", - jo moatte der earst siik genôch foar wêze ... Wy oaren, dy't de moed ta sûnens en ek ta ferachting ha, wat meie wy in religy ferachtsje dy't it learde en misbegryp it liif! Dy't it sielebyleauwe net loslitte wol! Dy't fan ûnstreksum ite en drinke in "fertsjinst" makket! Dy't yn 'e sûnens in soarte fan fijân, deale, besiking bestriidt! Dy't himsels wiismakke, in "folsleine siel" kin yn in skrinkellyk fan in liif tahâlde, en dy't dêrfoar in nij begryp fan "folsleinens" meitsje moast, in wyt, syklik, idioat dweperich wêzen, de saneamde "hillichheid", - hillichheid, sels mar in rige symptomen te mear fan it útrûpele, sinesteurde, net te bebetterjen ferdoarne liif! ... De kristlike beweging, as in Jeropeeske beweging, is by foarbaat folslein beweging fan allerhanne minsklik rosmos en ôfeart: - dat wol mei it kristendom oan 'e macht komme. It drukt net de delgong fan in ras út, it is in troch gearklibbing wreidzjende organisaasje fan inoar oanlûkende en inoar sykjende produkten fan dekadinsje oeral wei. It is net, lykas wol leaud wurdt, de korrupsje fan 'e antike wrâld sels, fan 'e foarname antike wrâld, dy't it kristendom mooglik makke: men kin it learde idioatedom, dat ek hjoeddedei noch op soks út wol, net hurdernôch tsjinsprekke. Yn 'e tiid dat de sike, ferdoarne tschandalaklassen yn it hiele ymperium kristlik waarden, wie it tsjinoerstelde type, it foarname, yn syn moaiste en rypste foarm foarhannen. It grutte tal waard baas; it demokratisme fan 'e kristlike ynstinkten wûn ... It kristendom wie net "nasjonaal", net troch ras beskaat, - it rjochte him ta allerhanne folk dat troch it libben ûnturven wie, it hie oeral syn bûnsmaten. It kristendom hat as grûnslach de rankune fan 'e siken, it ynstinkt tsjin 'e sûnen, tsjin 'e sûnens rjochte. Al dat slagge, grutsk, oermoedich is, boppe alles de skientme docht har sear oan 'e eagen en earen. Jitris bring ik de ûnskatbere wurden fan Paulus yn it sin. "Wat swak is foar de wrâld, wat dwaas is foar de wrâld, it ûneale en ferachte foar de wrâld har God foar kar nommen": dat wie de formule, yn dat teken oerwûn de dekadinsje. - God oan it krús - is de skriklike bygedachte fan dat symboal noch net dúdlik! - Al dat lijt, al dat oan it krús hinget, is godlik ... Wy hingje allegear oan it krús, dus binne wy godlik ... Wy allinnich binne godlik ... It kristendom wie in oerwinning, in foarnamere gesindheid gie dêrtroch te'n ûnder, - it kristendom hat oant no ta it grutste ûngelok fan it minskdom west. - -

52.
It kristendom is allyksa tsjinoersteld ta al dat geastlik goed slagge is, - it kin allinnich it sike ferstân as kristlik ferstân brûke, it kiest partij foar al it idioate, it sprekt in flok út oer de "geast", tsjin de 'superbia' fan 'e sûne geast. Mei't de sykte ta it wêzen fan it kristendom heart, moat ek de typysk kristlike tastân, "it leauwe", in sykteferskynsel wêze, moatte alle krekte, rjochtskepene, wittenskiplike paden nei de kennis ta troch de tsjerke as ferbeane paden ôfwiisd wurde. Twifel is al in sûnde ... It folsleine brek oan psychologyske himmelens by de pryster - dat him yn 'e eachopslach ferriedt - is in byferskynsel fan 'e dekadinsje, - obstrewearje hysteryske froulju, oars rachityske bern mar ris, hoe faak as ynstinktive falskens, wille yn it ligen, om te ligen, de ûnmacht ta krekte eachopslaggen en stappen de útdrukking fan dekadinsje is. "Leauwe" betsjut net witte wolle, wat wier is. De piëtist, de pryster man of frou, is falsk, om't er siik is: syn ynstinkt hat de winsk, dat de wierheid op gjin inkeld punt ta rjochten komt. "Wat siik makket, is goed; wat fan 'e follens, fan 'e oerfloed, fan 'e macht komt, is kwea": sa fielt de leauwige. De ûnfrijheid ta de leagen - dat ferriedt my de foarbeskaaide teolooch. - In oar skaaimerk fan 'e teolooch is syn ûnfermogen ta filology. Under filology moat hjir, yn tige algemiene sin, de keunst en lês goed ferstien wurde, - feiten ôflêze kinne sûnder se troch ynterpretaasje te ferfalskjen, sûnder yn 'e langstme nei begryp de foarsichtigens, it geduld, de subtiliteit te ferliezen. Filology as ephexis ('fermogen en stel beslissingen út') yn 'e ynterpretaasje: oft it no boeken, kranteberjochten, needlotsbarrens of waarberjochten oanbelanget, - om it mar net te hawwen oer it "sieleheil" ... De manear hoe't in teolooch, likefolle oft it yn Berlyn of Rome bart, in "skriftwurd" útleit of in ûnderfining, of bygelyks in oerwinning fan it heitelânsleger mei it hegere ljocht fan 'e psalmen fan David, is altiten sa drystmoedich, dat in filolooch derfan by de muorren opstoot. En wat moat er dan begjinne as piëtisten en oare kei út Swabelân fan 'e jammerdearlike alledeiskens en stoffige rookjes fan har bestean mei de "finger fan God" in wûnder fan "genede", fan "foarsjennigens", fan "heilsûnderfiningen" meitsje! It beskiedenste beswier fan 'e geast, om net te sizzen fan it fatsoen, soe dy útlizzers dochs derta bringe moatte en realisearje har it folslein bernige en ûnweardige fan sa'n misbrûk fan 'e godlike fingerfluggens. Sels mei in hiel bytsje frommens yn it liif soe in God dy't op 'e krekte tiid fan in ferkâldheid ôfhelpt of ús yn in rydark ynstappe lit krekt foar't it hurd begjint te reinen, ús sa'n absurde God talykje dat hy ôfskaft wurde moatte soe, sels as er bestie. In God as tsjintfeint, as postboade, as sekretaressem - eins in wurd foar de domste tafallichheden ... De "godlike foarsjennigens", sa't der likernôch troch in tredde part fan "akademysk Dútsklân" hjoeddedei noch yn leaud wurdt, soe it sterkste beswier tsjin God wêze, dat men jin yntinke kinne. En yn alle gefallen is it in beswier tsjin Dútskers! ...

53.
- Dat martlers wat foar de wierheid fan in saak bewize is mar sa'n bytsje wier dat ik hast ûntkenne soe dat martlers überhaupt wat mei de wierheid te meitsjen hân ha. Ut 'e toan fan in martler as er syn foar wier hâlden de wrâld yn 'e earen raast blykt al sa'n geringe graad fan yntellektuele rjochtskepenens, sa'n dôf wêzen foar de fraach fan 'e wierheid dat men in martler nea hoecht te wjerlizzen. De wierheid is net wat dat de ien hat en de oar net: sa kinne heechstens boeren of boereapostels fan it type Luther oer de wierheid tinke. Men mei der wis fan wêze dat neffens de graad fan gewisse yn saken fan 'e geast de beskiedenheid, it beskieden tajaan op dat punt hieltyd grytter wurdt. Fan fiif saken ôfwitte, en sêftsedich ôfwize fan oare dingen te witten ... "Wierheid", sa't alle profeten, alle sektariërs, alle frije geasten, alle sosjalisten, alle tsjerkelju dat wurd fersteane, biedt in folslein bewiis foar dat net iens in begjin makke is mei de geastlike disipline en selsoerwinning, dy't foar it finen fan ien of oare lytse, och sa lytse wierheid nedich is. - De martlersdea, tusken twa heakjes, hat altiten in grut ûngelok yn 'e skiednis west: dy ferlokke ... De konklúzje fan alle idioaten, froulju en folken ynbegrepen, dat der mei in saak wat fan oan is, dêr't ien foar dea giet (of sels, lykas it earste kristendom, epidemyen fan dea foar opwekt), - dy konklúzje hat in rem op it ûndersyk set, op 'e geast fan it ûndersykjen en hoeden wêzen. De martlers diene de wierheid skea oan ... Hjoeddedei allyk is der mar ien botte ferfolging nedich om in op himsels noch sa triviale foarm fan sektarisme in earfolle namme te besoargjen. - Hoe no? Feroaret it de wearde fan in saak dat ien der syn libben foar jout? - In fersin dy't eare kriget is in fersin dy't in ferlokking te mear besit: leauwe jim, achte teologen, dat wy jim oanlieding jaan soene en hingje de martler foar jim ligerij út? - Men wjerleit in saak wylst men dy mei achting yn 'e weak leit, - allyksa wjerleit men ek teologen ... Dat wie no krekt de wrâldhistoaryske domheid fan 'e ferfolgers, dat se de saak fan 'e tsjinstanners de moaiskyn fan it earfolle joegen, - dat se har de fasinaasje fan it martlerskip kado diene ... De frou leit hjoeddedei noch op 'e knibbels foar in fersin, om't tsjin har sein is dat ien dêr oan it krús foar stoar. Is it krús dan in argumint? - - Mar al dy dingen hat ien allinne it wurd oer sein, dat sûnt milennia ferlet fan wie, - Zarathustra.

Bloedtekens skreaunen se op it paad dat se gongen, en har domheid woe ha dat men mei bloed de wierheid bewiist.
Mar bloed is wierheids minste tsjûge; bloed fergiftiget de moaiste lear noch en makket der haat en waansin fan.
En as ien troch it fjoer giet foar syn lear, - wat bewiist dat! Mear is it as út it eigen fjoer de eigen lear komt.

54.
Lit jin net ferrifelje: grutte geasten binne skeptisy. Zarathustra is in skeptikus. Sterkens, de frijheid út geastlike krêft en uberkrêft bewiist him troch skepsis. Minsken mei oertsjûgingen komme foar al it basale fan weardefol en weardeleas alhiel net yn 'e beneaming. Oertsjûgingen binne finzenissen. Dat sjocht net fier genôch, dat sjocht net ûnder him: mar om oer weardefol en weardeleas meiprate te meien, moat men fiifhûndert oertsjûgingen ûnder jin sjen, - efter jin sjen ... In geast dy't wat gruts wol, dy't ek de middels dêrta wol, is needsaaklikerwize skeptikus. De frijheid fan alderhanne oertsjûgings heart by de sterkens thús, it frij om jin hinne sjen kinne ... It grutte fjoer, de grûn en de macht fan syn wêzen, noch ferljochter, noch despoatysker as er sels is, nimt syn hiele yntellekt yn tsjinst; it makket him beret; it jout him de moed sels ta ûnhillige middels; it gunt him ûnder beskate omstannichheden oertsjûgingen. De oertsjûging as middel: in protte is inkeld te berikken troch middel fan in oertsjûging. It grutte fjoer brûkt, ferbrûkt oertsjûgingen, it ûnderwerpt him der net oan, - it wit himsels sûverein. - Oarsom: it behoef oan leauwen, oan wat absolúts fan ja en nee, it Carlylisme, ferjou my it wurd, is in behoef fan 'e swakkens. De minske fan it leauwe, de "leauwige" fan alderhanne soarte is needsaaklikerwize in ôfhinklike minske, - sa'nent dy't himsels net as doel, dy't út himsels überhaupt gjin doelen oansette kin. De "leauwige" is net fan himsels, hy kin allinnich middel wêze, hy moat brûkt wurde, hy hat immen nedich dy't him brûkt. Syn ynstinkt jout in moraal fan selsleazens de heechste eare: alles praat him dêrta om, syn ferstân, syn ûnderfining, syn idelens. Alderhanne leauwe is sels in útdrukking fan selsleazens, fan selsferfrjemding ... Lit men yn jin omgean hoe lyk as foar de aldermeasten in regulearjend prinsipe dat har fan bûten ôf bynt en fêstleit needsaak is, lykas in twang, yn in hegere sin de slavernij, de earste en lêste betingst is dêr't de wilsswakke minske, benammen de frou, ûnder floreart: dan begrypt men ek de oertsjûging, it "leauwen". De minske fan oertsjûging hat dêr syn rêchbonke. In protte dingen net sjen, op gjin inkeld punt ûnbefangen wêze, partij wêze troch ende wer troch, in strange en needwindige optyk foar alle wearden ha - dat allinnich is de betingst dat soksoartige minsken überhaupt bestean kinne. Mar dêrmei binne se it tsjinoerstelde, de antagonisten fan 'e leafhawwers fan wierheid ... De leauwige stiet it net frij en haw foar de fraach fan wier en ûnwier überhaupt in gewisse: op dat punt rjochtskepen te wêzen soe daalks syn ûndergong wêze. It patologysk beskaat wêzen fan syn optyk makket fan de minske mei oertsjûgingen in fanaat - Savonarola, Rousseau, Robespierre, Saint-Simon - it tsjinoerstelde fan 'e sterke, fan 'e frij wurdene geast. Mar de grutte hâlding fan dy sike geasten, dy epileptisy fan it begryp, hat effekt op 'e grutte massa, - fanatisy binne pittoresk, de minsken sjogge leaver moaie gebearden as dat se nei redenen harkje ...

55.
- Ien stap fierder yn 'e psychology fan 'e oertsjûging, fan it "leauwe". Ik ha al lang ferlyn yn it omtinken jûn oft oertsjûgingen net nuodliker fijannen fan 'e wierheid binne as leagens ("Minsklik, al te minsklik", side). Diskear soe ik de beslissende fraach stelle wolle: is der tusken leagen en oertsjûging ein wol in tsjinstelling? - Hiele wrâld leaut it; mar wat leaut hiele wrâld al net! - Sa'n oertsjûging hat syn skiednis, syn foargongers, syn útprobearsels en misgrepen: it wurdt oertsjûging, nei't it it lang net is, nei't it it noch langer amper is. Wat? Koe by de embryonale foarmen fan 'e oertsjûging ek net de leagen wêze? - Bytiden is net mear as in persoanswiksel genôch: yn 'e soan wurdt oertsjûging wat yn 'e heit noch leagen wie. - Ik neam leagen eat net sjen wolle dat men sjocht, eat net sa sjen wolle sa't men it sjocht: oft de leagen mei of sûnder tsjûgen plakfynt, docht der net ta. De gewoanlikste leagen is dy dêr't men jinsels mei beliicht; it beligen fan oaren is relatyf útsûnderlik. - No is dat net sjen wollen wat men sjocht, dat net sa sjen wollen sa't men it sjocht hast de foarste betingst foar alleman dy't partij is yn ien of oare sin: de partijminske wurdt needsaaklikerwize in liger. De Dútske skiednisskriuwing is der bygelyks fan oertsjûge dar Rome foar despotisme stie, dat Germanen de geast fan 'e frijheid yn 'e wrâld brocht ha: hok ûnderskie is der tusken dy oertsjûging en in leagen. Moat it noch fernuvering oproppe as, ynstinktyf, alle partijen, de Dútske histoarisy ek, de grutte wurden fan 'e moraal yn 'e mûle nimme, - dat de moraal benei dêrtroch noch hieltyd bestiet, dat alderhanne soarte partijminske de moraal alle stuiten wer nedich is? - "Dat is ús oertsjûging: dy drage wy foar hiele wrâld oer út, wy libje en stjerre derfoar, - respekt foar al dat oertsjûgingen hat!" - soks ha ik sels út 'e mûle fan antysemiten heard. Krekt oarsom, hearen! In antysemyt wurdt alhiel net fatsoenliker as er út prinsipe liicht ... Prysters, dy't yn sok ding subtiler binne en mar al te goed begripe hokker beswier as der yn it begryp fan in oertsjûging, dat is in prinsipjele want oan it doel hearrige beligerichheid, skûlet, ha fan 'e Joaden de tûkens meikrigen en kom op dat plak mei it begryp "God", "wil fan God", "iepenbiering fan God" op 'e lapen. Kant allyk, mei syn kategoaryske ymperatyf, wie op itselde paad ûnderweis: syn ferstân waard op dat punt praktysk. - Der binne fragen dêr't oer wierheid en ûnwierheid de minske in beslissing net tastien is;alle heechste fragen, alle heechste weardeproblemen binne oarekant fan it minsklik ferstân ... De grinzen fan it ferstân begripe - dat is pas wier filosofy ... Wêrfoar joech God de minske de iepenbiering? Soe God wat oerstallichs dien ha? De minske kin fan himsels net sels witte wat goed en kwea is, dêrom learde God him syn wil ... Moraal: de pryster liicht net, - de fraach "wier" of "ûnwier" yn sok ding dêr't de pryster oer praat, stiet it ligen hielendal net ta. Want om te ligen soe men beslisse moatte kinne wat der wier is. Mar dat kin de minske no krekt net; de pryster is dêrmei inkeld de sprekbuis fan God. - Sa'n prystersyllogisme is net by útstek mar Joadsk en kristlik: it rjocht op 'e leagen en de slûchslimmens fan 'e "iepenbiering" heart by it type fan 'e pryster, de pryster fan 'e dekadinsje likegoed as de pryster fan it heidendom ( - heidenen binne al dyen dy't ja tsjin it libben sizze, waans "God" it wurd foar it grutte ja tsjin alle ding is). - De "wet", de "wil fan God", it "hillige boek", de "ynspiraasje", - allegear wurden foar de betingsten dêr't de pryster by oan 'e macht komt, dêr't er syn macht mei yn stân hâldt, - dy begripen kinne yn it fûnemint fan alle prysterorganisaasjes oanwiisd wurde, alle prysterlike of filosofysk-prysterlike machtsstruktueren. De "hillige leagen" - by Confucius, by it wetboek fan Manu, by Mohammed, by de kristlike tsjerke, en oaren allyk: hy mist net by Plato. "Sjedêr de wierheid": dat betsjut, oeral dêr't it beharke wurdt, de pryster liicht ...

56.
- By einsluten giet it derom foar hok doel as der liigd wurdt. Dat de "hillige" doelen misse, is myn beswier tsjin 'e middels fan it kristendom. Allinnich minne doelen: fergiftiging, kwealaster, ûntkenning fan it libben, de ferachting foar it liif, de devaluaasje en selsskeining fan 'e minske troch it konsept sûnde, - dus binne ek de middels min. - Ik lês mei in tsjinoersteld fiellen it wetboek fan Manu, in geastlik en superieur wurk sûnder gelikense, it soe in sûnde tsjin 'e geast wêze en neam it yn ien sike mei de bibel. Men hat daalks yn 'e rekken: it hat in wurklike filosofy efter him, yn him, net it min rûkende judaïne fan rabbinisme en byleauwe, - it jout sels de meast ferwende psycholooch byt. En ferjit de haadsaak net, it basale ûnderskied fan alderhanne soarten fan bibel: de foarname stannen, de filosofen en de soldaten, hâlde dêrmei de oerhân op 'e massa's; foarname wearden oeral, in fiellen fan folsleinens, in jasizzen tsjin it libben, in triomfearjend wolbehagen yn jinsels en yn it libben, - de sinne trochskynt it hiele boek. - Alle dingen dêr't it kristendom syn boaiemleaze gemienens op loslit, de fuortplanting bygelyks, de frou, it houlik, wurde dêr earnstich, mei earbied, mei leafde en fertrouwen behannele. Hoe kin men eins in boek yn 'e hannen fan bern en froulju jaan dat de leechhertige wurden befettet: "om wille fan 'e huorkerij sille alle manlju in eigen frou ha en alle froulju in eigen man: it is better te boaskjen as oan djoeitiid te lijen"? En mei men kristlik wêze, sa lang as mei it konsept fan 'e immaculata conceptio it ûntstean fan 'e minske ferkristlike, dat wol sizze besmodzge wurdt? ... Ik ken gjin boek dêr't fan 'e frou safolle teare en goeiïge dingen sein wurde as it wetboek fan Manu; dy griisburden en hilligen ha in manear en wês leaf foar froulju dy't miskien nea oertroffen is. "De mûle fan in frou - sa stiet it earne - de boarsten fan in famke, it gebed fan in bern en de reek fan it offer binne altyd kein." Op in oar plak: "der is hielendal neat keiners as it ljocht fan 'e sinne, de skaad fan in ko, de loft, it wetter, it fjoer en de azem fan in famke." In lêste oanhelling - faaks ek in hillige leagen - : "alle iepeningen fan it liif boppe de nâle binne kein, alle derûnder ûnkein. Allinnich by in famke is it hiele liif kein."

57.
Men betrapet de ûnhilligens fan 'e kristlike middels 'in flagranti' ('op 'e die'), as men it kristlike doel ris tsjin it doel fan it Manu-wetboek ôfmjit, - as men dy aldergrutste tsjinstelling fan doelen ris foar in sterk ljocht hellet. It bliuwt de kritikus fan it kristendom net besparre it kristendom ferachtlik te meitsjen. - In wetboek lykas dat fan Manu ûntstiet lykas alle goede wetboeken: it fettet de ûnderfining, de tûkens en de eksperimintele moraal fan lange ieuwen gear, it slút ôf, it skept neat mear. De betingst foar in soksoartige kodifikaasje is it ynsjoch dat de middels om in stadich en mei grutte kosten ferwurvene wierheid autoriteit te jaan, folslein oars binne as de middels dêr't men se mei bewize soe. In wetboek fertelt nea fan it nut, de redenen, de kasuïstyk yn 'e foarskiednis fan in wet: krekt dêrmei soe it oan de ymperativistyske toan ôfbrek dwaan, it "do silst", de betingst dy't makket dat der nei harke wurdt. Dêr sit him no krekt de oast. - Op in beskaat punt yn 'e ûntjouwing fan in folk ferklearret it omsichtichste, dat wol sizze it werom en foarút sjende skift dêrfan, it ûnderfinen fan hoe't libbe wurde sil - dat wol sizze kin - , foar ôfsletten. It is har doel en bring de rispinge út 'e tiden fan it eksperimint en fan 'e slimme ûnderfining sa ryk en folslein mooglik ûnder de balken. Wat no dus boppe alles foarkommen wurde moat is it noch langer eksperimintearjen, it langer bestean fan 'e ûnfêste tastân fan 'e wearden, it útprobearjen, it kiezen, it krityk útoefenjen op 'e wearden oant yn it ûneinige. Dêr wurdt in dûbele muorre tsjin opwurpen: foarst de iepenbiering, dat is de bewearing dat de logika fan dy wetten net fan minsklik komôf is, net stadich en mei misgrepen socht en fûn is, mar, as fan godlike oarsprong, geef, folslein, sûnder skiednis, in geskink, in wûnder, gewoanwei meidield is ... Oard de tradysje, dat is de bewearing dat de wet al sûnt oerâlde tiden bestien hat, dat it in brek oan piëteit, is misdie tsjin it foarteam wêze soe en lûk soks yn twifel. De autoriteit fan 'e wet wurdt fundearre mei de teze: God hat it sa jûn, it foarteam hat sa libbe. - De hegere tûkens fan sa'n proseduere leit yn 'e bedoeling en kring it bewustwêzen stap foar stap by it as korrekt werkende (dat wol sizze by it troch in ûnhuere en skerp selektearre ûnderfining bewiisde) libben wei: dat it folsleine automatisme fan it ynstinkt berikt wurdt, - dy betingst foar alle soarten fan masterskip, alle soarten fan folsleinens yn 'e libbenskeunst. In wetboek yn 'e trant fan Manu opstelle hâldt yn in folk tenei tastean master te wurden, folslein te wurden, - de heechste libbenskeunst te ambiëarjen. Dêrfoar moat it ûnbewust makke wurde: dat is it doel fan alle hillige leagens. - De oardering fan 'e kasten, de boppeste, de dominearjende wet, is mar de sanksje fan in natuerlike oardering, natuerwetmjittigens fan 'e earste rang dêr't gjin willekeur, gjin "moderne idee" it bewâld oer hat. Der ûntjouwe him yn alle sûne maatskippijen trije, needsaaklikerwize tagelyk, fysiologysk ûngelikens gravitearjende typen, dy't alletrije in eigen hygiëne, in eigen ryk fan arbeid, in eigen soarte fiellen fan folsleinens en masterskip ha. De natuer, net Manu, skiedt foaral de geastlik oriïntearre lju en de spier- en temperamintsterken en de noch yn it iene noch yn it oare útblinkende tredden, de midsmjittigen, faninoar ôf, - de lêsten as it gruttere tal, de foarsten as de seleksje. De boppeste kaste - ik neam har it lytste tal - hat as de folsleine ek de foarrjochten fan it lytste tal: dêr heart by it lok, de skientme, de goedens op ierde te representearjen. Allinnich de geastlikste minsken ha it rjocht ta de skientme, ta it moaie: allinnich by har is goedens gjin swakkens. Pulchrum est paucorum hominum ('it moaie is by it lytste tal"): it goede is in foarrjocht. Neat kin har dêr foar oer minder tastien wurde as ûnsjogge manieren of in pessimistyske fisy, in each dat ûnsjoch makket - , of sels ferûntweardiging oer it totaalaspekt fan 'e dingen. De ferûntweardiging is it foarrjocht fan 'e tschandala; it pessimisme allyksa. "De wrâld is folslein" - sa sprekt it ynstinkt fan 'e geastliksten, fan it ja sizzende ynstinkt: "de ûnfolsleinens, it ûnder ús fan alderhanne soarte, de distânsje, it patos fan distânsje, de tschandala sels heart noch by dy folsleinens." De geastlikste minsken, as de sterksten, fine har lok dier't oaren har ûndergong fine soene: yn it labyrint, yn 'e hurdens tsjin harsels en oaren, yn it besykjen; har wille is it betwingjen fan harsels: it asketisme wurdt by har natuer, behoef, ynstinkt. De drege opjefte is har in foarrjocht, mei lêsten te boartsjen dy't oaren tepletsje soene in ferdivedaasje ... ynsjoch - in foarm fan asketisme. - Hja binne de earbiedweardichste soarte fan minsken: dat slút net út dat se it fleurichst, it beminlikst binne. Hja binne baas net om't se wolle, mar om't se binne, it stiet har net frij en wês twad. De twadden: dat binne de wachters fan it rjocht, de bewakers fan oarder en wissichheid, dat binne de foarname soldaten, dat is de kening boppe alles as de heechste útdrukking fan soldaat, rjochter en hoeder fan 'e wet. De twadden binne de útfierders fan 'e geastliksten, it neiste wat har taheart, dat wat har al it groffe yn it wurk fan it baas wêzen út hannen nimt - har gefolch, har rjochterhân, har bêste learlingen. - Yn dat alles, jitris sein, is neat fan willekeur, neat "makke"; wat oars is, is makke, - de natuer is dan te skande makke ... De oardering fan 'e kasten, de rangoarder, is mar formule fan 'e heechste wet fan it libben sels, de ôfskieding fan 'e trije typen is nedich foar it behâld fan 'e maatskippij, foar it mooglik meitsjen fan hegere en heechste typen, - de ûngelikensens fan rjochten is pas de betingst foar dat der überhaupt rjochten binne. - In rjocht is in foarrjocht. Yn syn soarte fan wêzen hat elkenien ek syn foarrjocht. Lit ús de foarrjochten fan 'e midsmjittigen net ûnderskatte. It libben wurdt fierder de hichte yn hieltyd hurder, - de kâldens wint oan, de ferantwurdikheid wint oan. In hege kultuer is in pyramide: dy kin inkeld op in brede boaiem stean, dy hat foarst in sterk en sûn holden midsmjittigens as betingst. It hânwurk, de hannel, de bou, de wittenskip, it grutste part fan 'e keunst, yn ien wurd, alle fakmanskip ferdraacht him trochstrings allinnich mei in midsmjittigens yn it kinnen en begearen: soks soe by útsûnderliken net op syn plak wêze, it foar fakmanskip nedige ynstinkt soe mei sawol it aristokratisme as it anargisme yn tsjinspraak wêze. Nuttich yn in sosjale oardering wêze, in rêdsje, in funksje, soks wurdt troch de natuer beskaat: net de maatskippij, it soarte fan lok dêr't de aldermeasten mar ta bysteat binne, makket fan har yntelliginte masines. Foar de midsmjittigen is it in lok en wês midsmjittich; it masterskip yn ien ding, it spesjalisme as natuerlik ynstinkt. It soe foar in djippere geast folslein ûnweardich wêze en sjoch yn 'e midsmjittigens op himsels in beswier. Dy is sels in earste needsaak foar dat der útsûnderingen bestean kinne: in hege kultuer hat dat as betingst. As de útsûnderlike minske krekt de midsmjittigen mei teardere hân hoedet as himsels en syn gelikensen, dan is dat net samar hoflikheid fan it hert, - it is gewoanwei syn plicht ... Wa haatsje ik fan it hjoeddeistige rosmos it meast? It sosjalisterosmos, de tschandala-apostels, dy't it ynstinkt, de wille, de arbeider syn fiellen fan tefredenens mei syn lyts wêzen ûnderwrotte, - dy't him grimmitich meitsje,dy't him wraak leare ... It ûnrjocht sit net yn 'e ûngelikense rjochten, it sit yn 'e oanspraak op "gelikense" rjochten ... Wat is ferkeard? Mar ik ha it al sein: al dat út swakkens, út grimmitigens, út wraak dien wurdt. - De anargist en de kristen ha itselde komôf ...

58.
Yndie, it makket ferskil mei hokker doel as men liicht: oft men dêrmei behâldt of ferneatiget. Men mei kristen en anargist folslein meiinoar lykslaan: har doel, har ynstinkt is inkeld út op it ferneatigjen. It bewiis foar dy stelling kin sa út 'e skiednis ôflêzen wurde: dúdlik en skriklik om te sjen. Learden wy niis in religieuze wetjouwing kennen dy't it as doel hie en "ferivigje" de foarste betingst foar dat it libben florearret, ien grutte maatskiplike organisaasje, it kristendom fûn it har missy en meitsje, krekt om't it libben dêryn florearre, in ein oan sa'n organisaasje. Dêr soe it gewier fan betûftheid nei lange skoften fan eksperimintearjen en ûnwissichheid te'n behoef fan in fierste nut sammele en de rispinge sa grut, sa oerfloedich, sa folslein as mooglik ûnder de balken brocht wurde: hjir waard, oarsom, hommels de rispinge fergiftige ... Dat, wat 'aere perennius' (duorsumer as erts) al stie, it imperium romanum, de aldergrutste organisaasjefoarm ûnder drege omstannichheden dy't oant no ta berikt is, en yn ferliking dêrmei is al it eardere, al it lettere stúkwurk, gestumper, dilettantisme, - dy hillige anargisten ha it ta de frommens rekkene en ferneatigje "de wrâld", dat wol sizze it imperium romanum, oant der gjin stien mear op de oare lei, - oant sels Germanen en oare bongels der baas oer wurde koene ... De kristen en de anargist: beide dekadinten, beide net bysteat en doch wat oars as fergrieme, fergiftigje, ferdjerre, bloedsûge, beide mei in ynstinkt fan deadlike haat tsjin al dat stiet, dat grut rjochtop stiet, dat duorsum is, dat it libben in takomst ûnthjit ... It kristendom wie de fampier fan it imperium romanum, - it hat it geweldige krewearjen fan 'e Romeinen, om lân foar in grutte kultuer oan te winnen, dy't it oan tiid hat, hommels te neate dien. - Is it noch hieltyd net dúdlik? It imperium romanum dat wy kenne, dat de skiednis fan 'e Romeinske provinsje ús hieltyd better kennen leart, dat bewûnderingsweardige keunstwurk yn grutte styl, wie in begjin, de bou derfan wie der op berekkene om himsels oer milennia hinne te bewizen, - der is oant no ta nea sa boud, likemin sels mar dreamd om sa lyk 'sub specie aeterni' (fanút it perspektyf fan 'e ivichheid) te bouwen! - Dy organisaasje wie sterkernôch en fernear minne keizers: it tafal fan persoanen mei yn sokke ding neat te betsjutten hawwen, - earste prinsipe fan alle grutte arsjitektuer. Mar hy wie net sterkernôch foar de korruptste soarte fan korrupsje, foar de kristenen ... Dat stikeme wjirmegnob, dat yn nacht, mist en ambiguïteit yn alle yndividuen opsloep en har allegearre de earnst foar echte dingen, it ynstinkt überhaupt foar realiteiten útsûgde, dy leffe, femininyske en sûkerswiere kliber hat stap foar stap de "sielen" fan dat geweldige bouwurk ferfrjemde, - dy weardefolle, dy manlik-foarname natueren dy't yn 'e saak fan Rome har eigen saak, har eigen earnst, har eigen grutskens fernamen. It glûpsk gekrûp, de katechisaasjestikemens, tsjustere konsepten, lykas hel, lykas offer fan 'e ûnskuldige, lykas unio mystica yn it bloeddrinken, foaral it stadich oppookte fjoer fan 'e wraak, fan 'e tschandalawraak - dat waard baas oer Rome, dyselde soarte fan religy dy't Epicurus al yn syn pre-eksistinte foarm bestriden hie. Lês Lucretius mar om te begripen wat Epicurus bestried, net it heidendom, mar "it kristendom", dat wol sizze it ferdjerren fan sielen troch it konsept fan skuld, troch it konsept fan straf en ûnstjerlikheid. - Hy bestried de ûnderierdske kulten, it hiele latinte kristendom, - it wie doe al in werklike ferlossing en ûntken de ûnstjerlikheid. - En Epicurus hie it wûn, alle achtbere geasten yn it Romeinske ryk wiene epicuristen: doe ferskynde Paulus ... Paulus, de fleis-, de sjeny wurdene tschandalahaat tsjin Rome, tsjin "de wrâld", de Joad, de ivige Joad by útstek ... Wat hy rette, wie, hoe't mei de help fan in lytse sektaryske kristenbeweging los fan it Joadedom in "wrâldbrân" oanstutsen wurde koe, hoe't mei it symboal "God oan it krús" al dat ûnder lei, al dat stikem opstannich wie, it hiele erfskip fan anargistyske reboelje yn it ryk, ta in ûnhuere machtsfaktor gearlutsen wurde koe. "It heil komt fan 'e Joaden." - It kristendom as formule om de ûnderierdske kulten fan alderhanne soarte, dy fan Osiris, fan 'e grutte mem, fan Mithras bygelyks, te oerbieden - en op te nimmen: yn dat ynsjoch skûlet it sjeny fan Paulus. Syn ynstinkt wie fan datoangeande sa wis dat er de foarstellingen, dêr't dy tschandalareligy's mei fassinearren, mei ûnmeiludsum geweld tsjin 'e wierheid de "heilân" fan syn makkelei yn 'e mûle lei, en net allinnich yn 'e mûle - dat er fan him wat makke, wat in Mithraspryster ek begripe koe ... Dat wie it ljocht dat him yn Damascus opgie: hy begriep, dat er it ûnstjerlikheidsleauwe nedich wie om "de wrâld" syn wearde te ûntnimmen, dat it konsept "hel" sels oer Rome baas wurdt, - dat mei it "oarekant" it libben deaslein wurdt ... Nihilisten en kristen: dat rimet, en docht mear as rymjen ...

59.
Alle wurk fan 'e antike wrâld omdôch: ik ha der gjin wurden foar om myn fiellen oer soksawat ûnhuers út te drukken. - En yn oanmerking nommen dat har wurk in foarwurk wie, dat pas de ûnderbou foar in wurk fan milennia mei graniten selsbewustens lein wie, de hiele sin fan 'e antike wrâld omdôch! ... Wêrfoar Griken? Wêrfoar Romeinen? - Alle betingsten foar in learde kultuer, alle wittenskiplike metoaden wiene der al, se hiene de grutte, de unike keunst om goed te lêzen al yn 'e macht - dy betingst foar de tradysje fan 'e kultuer, foar de ienheid yn 'e wittenskip; de natuerwittenskip, yn 'e mande mei matematika en machanika, wiene poerbêst ûnderweis, - de sin foar de feiten, de lêst en meast weardefolle fan alle sinnen, hie syn skoallen, syn al ieuwenâlde tradysje! Is dat dúdlik? Al it wêzentlike om oan it wurk te kinnen wie al ûntdutsen: - de metoaden, it moat wol tsien kear sein wurde, binne it wêzentlike, ek it dreechste, ek dat wat it langste gewoanten en lammenachheden tsjin him hat. Wat wy hjoeddedei, mei ûntyglik selsbetwang - want wy ha alle ferkearde ynstinkten, de kristlien, noch earne yn it liif - , werom ferovere ha, it frije each foar de realiteit, de foarsichtige hân, it geduld en de earnst yn it lytste, de hiele rjochtskepenens fan 'e kennis - dat wie der al! Al mear as twa millenia ferlyn! En, dêrby rekkene, goede, fynsinnige takt en smaak! Net as harssensdressuer! Net as "Dútske" foarming mei bongelmanieren! Mar as liif, as beweging, as ynstinkt, - yn ien wurd as realiteit ... Alles omdôch! Hommels net mear as in oantinken! - Griken! Romeinen! De foarnamens fan it ynstinkt, fan 'e smaak, it metoadysk ûndersyk, it sjeny yn organisaasje en bestjoer, it leauwe, de wil ta minsketakomst, it grutte ja tsjin alle dingen as imperium romanum sichtber, foar alle sinnen sichtber, de grutte styl net sa mar keunst mear mar realiteit, wierheid, libben wurden ... - En net troch in natuerramp hommels rampoai! Net troch Germanen en oare plompe poaten delwâde! Mar troch listige, stikeme, ûnsichtbere, bloedearme fampiers te skande makke! Net oerwûn, - inkeld útsûgd! ... De ferhoalen wraaksucht, de lytse oergeunst baas wurden! Al it jammerdearlike, dat oan himsels lijt, troch minne fiellingen pleage, de hiele gettowrâld fan 'e siel op slach boppeoan! - - Lês ris in willekeurige kristlike agitator, de hillige Augustinus bygelyks, om te begripen, om te rûken, hokfoar ûnhimmel slach dêrmei boppeoan kommen wie te stean. Fersin jinsels net en ûnderstel in brek oan ferstân by de lieders fan 'e kristlike beweging: - och heden hja binne tûk, tûk oant yn it hillige, de hearen tsjerkeheiten! Wat se misse is hiel wat oars. De natuer hat har tekoart dien, - dy is it fergetten en jou har in beskiedene jefte fan achtbere, fan fatsoenlike, fan himmele ynstinkten mei ... Under ús sein, it binne net iens mannen ... As de islam it kristendom ferachtet, dan hat dy dêr it folste rjocht ta: de islam foarûnderstelt mannen ...

60.
It kristendom hat ús de rispinge fan 'e antike kultuer belet, it hat ús letter wer de rispinge fan 'e Islamityske kultuer belet. De prachtige Moarske kultuerwrâld fan Spanje, ús yn essinsje mear besibbe, ta sintugen en smaak sprekkend as Rome en Grikelân, waard delwâde - ik sis net troch hokfoar fuotten - en wêrom? Om't dy oan foarname, om't dy oan manlike ynstinkten syn ûntstean te tankjen hie, om't dy tsjin it libben ja sei ek mei alle seldsume en subtile kostberheden fan it Moarske libben! ... De krúsridders bestriden letter wat dêr't it har better past hie en knibbelje derfoar yn it stof, - in kultuer dêr't sels ús njoggentjinde ieu hiel earm, hiel "let" tsjin ôfstekt. - Och ja, se sochten bút: de oriïnt wie ryk ... Wês dochs ûnbefongen! Krústsjûgen - hegere seerôverij, oars net! - De Dútske adel, Wytsingadel eins, wie dêrmei yn syn elemint: de tsjerke wist mar al te goed hoe't se de Dútske adel krije koene ... De Dútske adel, altyd de "Switsers" fan 'e tsjerke, altyd yn tsjinst fan alle minne ynstinkten fan 'e tsjerke, - mar goed betelle ... Dat de tsjerke krekt mei help fan Dútske swurden, Dútsk bloed en Dútske moed syn striid op libben en dea tsjin al it foarname op ierde trochset hat! Der binne op dit plak in fracht pynlike fragen. De Dútske adel mist benei yn 'e skiednis fan 'e hegere kultuer: men kin wol riede wêrom ... Kristendom, alkohol - de twa grutte middels om te korrumpearjen ... Op himsels is der ommers gjin kar, te'n oerstean fan Islam en Kristendom, likemin as te'n oerstean fan Arabier en Joad. De beslissing stiet fêst, it stiet gjinien frij op dat punt noch te kiezen. Of jo binne Tschandala, of jo binne it net ... "Striid mei Rome oant op it knyft! Frede, freonskip mei de Islam": sa fernaam, sa die dy grutte frijgeast, it sjeny ûnder de Dútske keizers, Frederik de Twadde. Wat? Moat in Dútsker earst sjeny, earst frijgeast wêze, om fatsoenlike fiellingen te hawwen? - Ik begryp net hoe't in Dútskers ea kristlike fiellingen ha koe ...

61.
Op dit punt is it nedich en roer oan in oantinken dat foar Dútskers noch hûndert kear sa pynlik is. De Dútskers ha Europa de lêste grutte kultuerrispinge belet, dy't it ûnder de balken bringe kinnen hie, - dy fan 'e Renessânse. Wurdt dan lang om let begrepen, wol begrepen wurde, wat de Renessânse wie. De herwurdearring fan 'e kristlike wearden, it besykjen, mei alle middels, mei alle ynstinkten, mei alle sjeny ûndernommen, en help de tsjinwearden, de foarname wearden oan de oerwinning ... Der wie oant no ta allinnich dy grutte striid, der wie oant no ta gjin wichtiger fraachstik as dat fan 'e Renessânse, - myn fraach is dy syn fraach - : der wie ek nea earder in basalere, in effektivere, in strangere oer de hiele liny en op it sintrum rjochte oanfal! It beslissende plak, de sit fan it kristendom sels oanfalle, dêr de foarname wearden op 'e troan sette, dat wol sizze, yn 'e ynstinkten, yn 'e ûnderste behoeften en begearten fan dy't dêr op 'e troan sitte ynbringe ... Ik sjoch in mooglikheid foar my fan in folslein boppeierdske tsjoen en kleureffekt: - it liket my ta dat dy yn al it griljen fan fynsinnige skientme opljochtet, dat dêryn in keunst warber is, sa godlik, sa dealske godlik, dat men milennia omdôch om in twadde soksoartige mooglikheid siket; ik sjoch in skôgspul, sa djipsinnich, sa bjusterbaarlike paradoksaal tagelyk, dat alle goaden fan 'e Olympus in gelegenheid ta in ônstjerlik laitsjen hân hiene - Cesare Borgia as paus ... Bin ik dúdlik? ... Ja, dat soe in oerwinning west ha, dêr't hjoeddedei ik allinnich langst nei ha - ; dêrmei soe it kristendom ôfskaft wêze! - Wat barde? In Dútske muonts, Luther, kaam nei Rome ta. Dy muonts, mei alle wraaksuchtige ynstinkten fan in mislearre pryster yn it liif, makke him yn Rome lilk tsjin 'e Renessânse ... Yn stee fan mei djipste tankberens it ûnbiedige te begripen dat bard wie, it kristendom yn 'e setel fan syn macht oerwûn - , koe dat skôgspul inkeld mar it fjoer fan syn haat fuorje. In religieuze minske tinkt allinnich mar oan himsels. - Luther seach it bedjer fan it pausdom, wylst krekt it tsjinoerstelde foarhannen wie: it âlde bedjer, de peccatum originale, it kristendom siet net mear op 'e stoel fan 'e paus! Mar it libben! De triomf fan it libben! It grutte ja tsjin alle hege, moaie, drystmoedige dingen! - En Luther herstelde de tsjerke wer: hy foel him oan ... De Renessânse - in barren sûnder sin, in grut omdôch! - Och dy Dútskers, wat dy ús al koste ha! Omdôch - dat wie altyd it wurk fan 'e Dútskers. - De reformaasje; Leibniz; Kant en de saneamde Dútske filosofy;
de frijheidsoarloggen; it ryk - alle kearen in omdôch foar eat dat der al wie, foar wat dat nea werombrocht wurde kin ... It binne myn fijannen, ik beken it, dy Dútskers: ik ferachtsje yn har alle soarten fan konsept- en weardeûnsuverens, fan leffens foar al it rjochtskepene ja en nee. Se ha, hast sûnt tûzen jier, alles suterich en tizich makke dêr't se mei de hannen oan sieten, se ha alle healheden - trijeachtstheden! - op it gewisse, dêr't Europa siik troch is, - se ha ek de ûnsuverste soarte fan kristendom dy't der is, de fataalste, de ûnwjerlisberste, it protestantisme, op it gewisse ... As men mei it kristendom net ôfrekkenet, dan sil dat de skuld fan 'e Dútskers wêze ...

62.
-
Dêrmei bin ik oan 'e ein en sprek myn oardiel út. Ik feroardielje it kristendom, ik tsjinje tsjin 'e kristlike tsjerke de skriklikste oanklacht yn dy't in oanklager ea yn 'e mûle nommen hat. It kristendom is foar my de heechste fan alle tinkbere korrupsjes, it hat de wil ta de lêst mooglike korrupsje hân. De kristlike tsjerke hat neat fan syn ferdjer frij holden, it hat út alle wearden ûnwearden, út alle wierheden leagens, út alle rjochtskepenheden sielsgemienheden makke. En weagje it net en praat my fan syn "humanitêre" seinigingen! It kaam de tsjerke nea te staach en skaf earne in needtastân ôf, - dy libbe fan needtastannen, krëearre needtastannen, om himsels te ferivigjen ... De wjirm fan 'e sûnde bygelyks: mei dy needtastân hat earst de tsjerke it minskdom ferrike! - De "gelikensens fan 'e sielen foar God", dy falskheid, dat ekskús foar de rankunes fan alle minderweardigen, dy konseptuele springstof dy't lang om let revolúsje, modern idee en delgongsprinsipe fan 'e hiele maatskiplike oarder wurden is - is kristlik dynamyt ... "Humanitêre" seinigingen fan it kristendom! Ut 'e humanitas wat yn himsels tsjinstridichs, in selsskeiningskeunst , in wil ta de leagen likefolle de priis, in ferachting foar alle goede en rjochtskepene ynstinkten opkweekje! - Dat binne my de seinigingen fan it kristendom! - It parasitisme as iennichste praktyk fan 'e tsjerke; mei har bleeksuchtige, har "hillige" idealen alle bloed, alle leafde, alle hoop op it libben opdrinke; it oarekant as wil ta ûntkenning fan alle realiteit; it krús as werkenningsteken foar de meast ûnderierdske gearspanning dy't der ea west hat, - tsjin sûnens, skientme, it slagge wêzen, geast, goedens fan siel, tsjin it libben sels ...
Dy ivige oanklacht tsjin it kristendom sil ik op alle muotten skriuwe, dêr't mar muorren binne, - ik ha letters om ek blinen wer sjen te litten ... Ik neam it kristendom de iene grutte flok, de iene grutte ynderlike ferdoarnens, it iene grutte ynstinkt ta wraak, dêr't gjin middel giftich, stikem, ûnderierdsk, lyts genôch foar is, - ik neam it de iene ûnstjerlike skandflek fan it minskdom ...
En de tiid wurdt teld fan dy 'dies nefastus' ('misdiedige dei') ôf dêr't it ûnk mei begûn, fan de earste dei fan it kristendom ôf! - Wêrom net leaver fan syn lêste dei ôf? - Fan no ôf? - Herwurdearring fan alle wearden! ...

* * *

Wet tsjin it kristendom.

Yn it ljocht jûn op 'e dei fan it heil, op 'e earste dei fan it jier ien ( - op 30 septimber 1888 fan 'e falske tiidrekkening).

Oarloch op libben en dea tsjin 'e ûndeugd: de ûndeugd is it kristendom.

Earste lid. - Undeugdsum is al it tsjinnatuerlike. De ûnnatuerlikste soarte fan minske is de pryster: hy leart de tsjinnatuer. Foar prysters hat men gjin redenen, men hat it tichthûs.

Twadde lid. - Al it dielnimmen oan in godstsjinst is in oanfal op 'e iepenbiere seedlikheid. Men moat hurder tsjin protestanten as tsjin katoliken wêze, hurder tsjin liberale protestanten as tsjin strang leauwigen. It misdiedige yn it kristen wêzen nimt ta mei't men tichter by de wittenskip komt. De opperste misdiediger is dêrom de filosoof.

Tredde lid. - De ferflokte plakken dêr't it kristendom syn basiliske-aaien útbret hat, sille mei de ierdboaiem sljochte wurde en as sûndige plakken fan 'e ierde de skrik fan alles nei ús wêze. Dêr moatte giftige slangen op fokt wurde.

Fjirde lid. - It preekjen fan keinens is in iepenbiere oprop ta tsjinnatuerlikens. Alle ferachting fan it slachtlike libben, alle besmodzging dêrfan troch it begryp "ûnkein" is de eigentlike sûnde tsjin 'e hillige geast fan it libben.

Fyfte lid. - Mei in pryster oan ien tafel te sitten bringt útstjitting: jo ekskommunisearje je dêrmei út 'e rjochtskepene maatskippij. De pryster is ús tschandala, - hy moat fûgelfrij ferklearre, úthongere, de woastenijen ynjage wurde.

Sechte lid. - De "hillige" skiednis sil oantsjut wurde mei de namme dy't it fertsjinnet, as ferflokte skiednis; de wurden "God", "heilân", "ferlosser", "hillige" sille as skeldwurden, as skaaimerk fan misdiedigers brûkt wurde.

Sânde lid. - Al it oare folget hjirút.

De antykrist