Justus syn oardiel: 4*

In jonge hûn, en hy kin moai blaffe!

Willem Schoorstra "Berjochten út Babel". Ferhalen. 241 siden. Utjouwerij Frysk en Fry.

De bondel befettet de neikommende ferhalen:

Vive la vie 7 ***
Raganos 27 ***
De kaart 49 **
Trettjin dagen 63*
Isis 79 ***** (FIIF STJERREN, BESTE FERHAAL)
Dien wurk 109 ***
Winter yn Yndia 123 ****
De man yn it rút 159 *
Fakânsje 171 (NUL STJERREN, MINSTE FERHAAL)
Leon 219 ***** (FIIF STJERREN, MYN PERSOANLIKE FAVORYT)

Justus wol net seure. As in bondel ferhalen sawol 5*-ferhalen befettet as 0* ferhalen dan middelet er datnei boppe ta, yndachtich it prinsipe:

Beoardielingsprinsipe: in auteur wurdt op syn bêste wurken beoardield.

Leaver in bondel mei strieminne en geweldige ferhalen as in bondel mei allinnich tuskenbeiden spul. Dêr kinne alle gifmigers, kliemers en oare pessimisten in foarbyld oan nimme! Oan Justus syn positive ynstelling bedoel ik.

De bondel is foar my hiel ûngelyk. De midsmjittige ferhalen (2-3 *) wiene allegear in bytsje saai mei in ûnbefredigjend ein. Nim no "Raganos". De haadpersoan wennet stikem in fruchtberheidsritueel by yn Litouwen. Hy wurdt ûntdutsen, achterfolge, en de ein, ferrassing, net deamakke, mar kriget swijplicht, en wurdt de frijfeint fan 'e Litouske dêr't er al fereale op wie. In spannend ferhaal. Mar mear net. Heech wiete dream gehalte, gjin humor, en irritante moaiskriuwerij lykas: "By it ljocht fan 'e moanne, dy't as in kokosmakroan oan 'e himel hong". Ik hâld wier wol fan moaiskriuwerij mar dêr irritearre it my. Wêrom? Om't der tagelyk spanning opboud waard troch de auteur (motor stikken, frjemd lân, kjeld), spanning, dy't er sels fergriemt troch de luchtich-arrogante toan útdrukt troch in moanne dy't as in kokosmakroan oan 'e himel hinget. De ferliking is anty-funskjonieel: steurt de spanningsopbou. Nim jo tewacht foar anty-funksjonele kokosmakroanen!

Dochs trije stjerren, want wa wol net mei Litouske skientme yn bêd bedarje nei it as voyeur bywenjen fan in fruchtberheidsritueel? Goed skreaun fierder. It taalgebrûk is prima yn oarder. Ut en troch moat ik sels it wurdboek opslaan en dat beskôgje ik as in pree! Krekt om't de spankrêft fan it Frysk as sprektaal sa beheind is troch it fierhinne ûntbrekken fan ûnderwiis en kultuer yn it Frysk (yn ferliking mei it Nederlânsk), moatte skriuwers net bang wêze en kom yn opstân tsjin sokke earmoed. Om mei Hessel Miedema te sprekken "pak der gerust in wurdboek by".

It geve taalgebrûk fernaam ik ek by Van der Ploeg, dêr't it bytiden wat steurt om't it faak om alderhanne technyske nifelichheidsjes gie mar alla. Schoorstra liket ek like fersatyl as Van der Ploeg, mar is fansels wol wat eigentiidsker, as jongere skriuwer. Schoorstra stapt as Van der Ploeg maklik yn 'e hûd fan allegear ferskillende personaazjes. Fansels, it binne gauris losers en slachtoffers, mar oars as Van der Ploeg kin Schoorstra ek moaie suksesfolle minsken goed delsette (de haadpersoan fan 'Raganos' en fansels de ferrukkelik-arrogante luchtfytser Leon ("Leon").

Sa't der twa soarten akteurs binne, sy dy't fan alles spylje kinne (Dustin Hoffman) en sy dy't altyd har unike sels spylje (Humphrey Bogart, komiken as Jerry Lewis, Jim Carrey), sa binne der ek twa soarten skriuwers. Ik diel Willem Schoorstra en Durk van der Ploeg by it earste type yn, bygelyks in Nyckle Haisma en in Gerard Reve by it twadde.

Striemin fûn Justus de ferhalen "Trettjin dagen" (oeps, al bekroand mei in Rely, mar dêr laket Justus om), "De man yn it rút" en "Fakânsje". "Fakânsje" is in folslein stereotype ferhaal oer in moardner, eins in wat silich figuer dy't wat mealt. Wennet fansels te lang by mem. Heit ferstoarn doe't er jong wie. Narre op skoalle. Och, moat ik al dy klisjees lêze? Moat ik se leauwe? Der binne ek hiele oare moardners mooglik, as dy silige moardner-klisjees "take my word for it". De minne ferhalen fan Schoorstra geane altyd oer in dwylsinnich persoan dy't net of hast net ynteragearret mei syn omjouwing. Dat lêste jildt strictly speaking net foar "De man yn it rút", dy praat wol mei oaren, mar dy hat wol wat mei de holle. Ja, sagau as Schoorstra der folk by hellet dêr't om wat foar reden wat mei de holle mis is, dan seit Justus mei de boargemaster fan New York út Spin City "boring".

It bêste ferhaal, mear objektyf besjoen, wie "Isis". Gjin klisjeeminsken mei de holle op 'e rin, wol ynteraksje, dialooch, mear as ien karakter yn it ferhaal en in ferrassende, magistraal beskreaune ûntknoping. Tige! Oe, en humor. De humor sit by Schoorstra faak yn 'e ûntjouwing fan it plot. Yn "Winter yn Yndia" is it plot grappich en iroanysk: de yup-haadpersoan praat syn freondinne om en gean mei him nei de kommune fan ien of oare bedraaiende Baghwan yn Yndia. Ferfolgens wurdt syn freondinne de fjirde frou fan dyselde bedraaier. Moai iroanysk wie ek dat de folgelingen har ûnthâlde om in heger nivo fan bewustwêzen te berikken, wylst de Baghwan sels sûpt, smookt en neukt.

Yn 'e 'goede' ferhalen binne de ferlikingen en stylfigueren ek net anty-funksjoneel, mar funksjoneel. Steurde de kokosmakroan yn "Raganos", yn "Isis" komt oan 'e ein de neikommende stylfiguer foar: "De beammen yn 'e achtertún sieten al wer tsjok yn it blêd. As polsen mei oprôle fûsten stiene se yn 'e skimerjûn". De stylfiguer is funksjoneel om't de haadpersoan op dat stuit hartstikke lilk is. Dat wurdt mei útdrukt trochdat er de beammen sjocht as earms mei oprôle fûsten. Dat is dus in funksjonele metafoar, dy't de sfear net bedjert mar fersterket.

En dan "Leon". Myn persoanlike, subjektive favoryt. Miskien objektyf gjin geweldich ferhaal, mar wat in ferademing, in figuer dy't derút springt, dy't oars as oaren doart te wêzen, dêr't gjin klisjees oer it ûnrjocht yn 'e maatskippij of oer dwylsinnigens oan ophongen binne. Nee, gewoan in beminlike arrogante kloatsek, sa arrogant dat it wer grappich wurdt. Wat in ferademing en hear ris in haadpersoan sa praten: "Doe't er berne is ha se de baby fuortsmiten en de neikream yn 'e klean stutsen. Hy heart yn 'e griene kontener thús. ... "
En dan hat er it oer syn heit! It ferhaal die my hiel modern oan, die my tinken oan Hollânske skriuwers as Giphart en Grunberg. Set Giphart yn "De voorzitter" ek net op in fantastysk ûnderhâldende, humoristyske manier in kloatsek del? De minne ferhalen diene my krekt wat âldfrinzich oan, it type grize ferhalen dat ik mear mei de sechtiger en santiger jierren assosearje.

De titel "Berjochten út Babel" is wer typysk sa'n moaiskriuwerstitel. Neat mis mei fierders, mar wêrom dy titel? It is wier, de ferhalen springe alle kanten út, sa't it gekeakel fan 'e spraakbetizing te Babel dat ek docht. In skriuwer as Schoorstra kin alle kanten út. En dat docht er ek, as jonge hûn. En no ris sjen oft er himsels ek mear doart fêst te lizzen. Hooplik yn 'e rjochting dy't ferhalen as "Isis" en "Leon" ynsloegen. Frijbliuwe te Babel, frijbliuwend, of jin fêstlizze te Bethlehem, flinkmoedich?