"Creator - Shall I - bloom?"
Fiif gedichten fan Emily Dickinson oerset en besprutsen

Eric Hoekstra



In riedling is gjin riedling as der gjin oplossing foar bestiet: guon skriuwers beare dat se in riedling binne mar der is oars net as leechte efter de fasade. De romans fan Muriel Spark bygelyks binne in fasade. Efter de fasade sit in beleefd glimkjende frou dy't temûk wille hat fan in man yn in wite jûpe. Sa'nent is net om 'e nocht in bekearling ta it katolisisme. Lit ús gau oerstappe nei Emily Dickinson ta: is hja ek in holle nút? Populêr is hja al. Okker-Trotwaers (nûmer 7 fan dit jier) ferskynden noch twa gedichten fan har oerset troch Klaas van der Hoek.
Nee, E.D. is grif gjin holle nút mar bytiden woe ik, har poësy wie rjochtút en rjochtoan. Of is de lêzer mis? Ungelikense lêzers lykas Adrienne Rich (ja, dy feminist) en Camille Paglia (ja, dy anty-feminist) ha tsjinoerstelde mieningen oer Dickinson. Rich bringt in protte arguminten by dat de dichteres in feministysk lesbjenne avant la lettre wie, dy't yn har gedichten de leafde fan froulju foar froulju (ba!) ferhearliket. Doe't ik Rich har artikel lies, woe my dat wol oan. Mar doe't ik Dickinson's gedichten werlies, net. Camille Paglia bringt in protte arguminten by dat de dichteres in sadomasogist wie, dy't temûk wille hie fan pervertearre sênes fol pine en dea. Doe't ik Paglia har artikel lies, woe my dat wol oan. Mar doe't ik Dickinson's gedichten werlies, net. Ek al sit der in kearn fan wierheid yn beide analyses, dochs binne se besiden it wyt, oerdreaun. Sadwaande dat se maklik wjerlein wurde kinne, want dat is de deugd fan oerdriuwing: oerdriuwing is warleas, Oerdriuwing makket it jin makliker om troch falsifearring de wierheid te ûntdekken as nuânsearring. Sa kaam dizze blast op it spoar fan in krektere en subtilere analize fan de dichteres Dickinson.
Dat no gedichten, en de dichteres sels. Hja libbe tige op harsels, lykas Carel van Doren skriuwt yn 'e ynlieding by de 1948 seleksje fan har gedichten. De ferliking dy't er mei Keats makket is op syn plak. Beiden binne sa dronken fan 'e nektar fan har eigen subjektiviteit dat se fine mear rykdom yn harsels as yn 'e wrâld. Lit ús in gedicht lêze (The Complete Poems, redigearre troch T.H. Johnson, Faber & Faber, London, 1991, gedicht 578; TIP: op it Ynternetadres "http://members.aol.com/GivenRandy/r_emily.htm" ha se no al de earste 638 gedichten fan 'e komplete gedichten ynscand):


(578)

It Liif groeit fan bûten -
Dat is wol sa maklik -
Foar de Geast - is er skruten
De Timpel stiet, altyd,

Yn it tsjier - iepen - noeget -
Dy ferrette nea
De Geast as dy beskûl socht
Yn bleue earlikens.


(578)

The Body grows outside -
The more convenient way -
That if the Spirit - likes to hide
Its temple stands, alway,

Ajar - secure - inviting -
It never did betray
The Soul that asked its shelter
In solemn honesty.

It liket yn earsten as is de dichteres (protagonist klinkt sa kâld) tige op it skik mei har liif. Dêr kin har geast beskûl sykje. Mar it gedicht hat sinistere suggestjes yn, en dy meitsje it nijsgjirrich. Nim de earste twa regels. Dêr kin je út ôfliede, it is makliker en groei fan bûten as fan binnen. Oars sein, it liif wurdt swierder, mar de geast bliuwt ûnder de mjitte. Twa ûnskuldige regels trochtinke, en we ha in lilkaardich sinisme oantroffen. Mar we kinne ek minder sinysk, "fan bûten" ynterpretearje as "yn 'e bûtewrâld". Dan giet it gedicht der oer dat minsken de bûtewrâld kennen leare, mar net harsels, de binnewrâld. En krekt dêrom, omdat de minsken harsels net kennen leare, is har binnewrâld feilich want ûnferoarlik. Feilich? Mar as de doar altyd iepen stiet, yn it tsjier, kin in oar der dan ek net yn krûpe? Ik mistrou it byld fan it liif as in iepen doar, fral as it om in frouljusliif giet. Is de iepen timpel in metafoar foar de Iepening? Biedt de prom de treast fan auto-erotyske wille?
Hjir ha we it mystearje fan Dickinson har gedichten. In gedicht dat ûnskuldich liket, mar dat, as we suggestjes trochtinke, ferskate radikale "oplossingen" jout fan it riedling dat it gedicht is. De iene ynterpretaasje slút de oare net út. De iere literêre krityk seach allinne mar it konvinsjonele part fan Dickinson har gedichten, en soe dit gedicht ynterpretearje as in útdrukking fan dimmenens en sereniteit. De lettere krityk (Rich, Paglia) leit in sterke klam op de lesbyske (Rich) of lilkaardige (Paglia) suggestjes fan beskate wurden en regels. Ik leau dat beiden nêst inoar bestean. It soe net sasear in ûnrjocht wêze (tsjin wa?) as in foarbyld fan min lêzen om de iene ynterpretaasje te'nkoste fan de oare de pree te jaan.
Wa't Emily Dickinson ek wêze mei, se hat ek gedichten skreaun dy't sljochtwei lyrysk binne. Lykas it neikommende gedicht:


(214)

Ik priuw in slokje, út gjin fles -
Ut Pûle mei Pearel beslein -
Gjin Fetsje op de Rijn
Jout ditsoarte Alkohol!

Fan Lucht - bin ik - dronken
En Losslein fan de Dau -
Ik Swalkje - troch simmers sûnder ein -
Kroegen yn en út fan Smolten Blau -

As de "Grytman" de dronken Bij
De Fingerblomsdoar ûntkeart -
As Flinters - it "slokje" ôfswarre -
Dan drink ik namstemear!

Oant Ingels mei har Sniemûts' swaaie -
En Hilligen - nei it rút ta rinne -
En sjogge de lytse Swift
Lynjend op 'e -Sinne -


(214)

I taste a liquor never brewed -
From Tankards scooped in Pearl -
Not all the Vats upon the Rhine
Yield such an Alcohol!

Inebriate of Air - am I -
And Debauchee of Dew -
Reeling - thro endless summer days -
From inns of Molten Blue -

When "Landlords" turn the drunken Bee
Out of the Foxglove's door -
When Butterflies renounce their "drams" -
I shall but drink the more!

Till Seraphs swing their snowy Hats -
And Saints - to windows run -
To see the little Tippler
Leaning against the - Sun -


Hjir kin men ek wer om auto-erotyske suggestjes sykje en se fine, lykas de fingerblom ("foxglove"). Fral as grytmannen ("landlords" yn it orisjineel) de dronken bij by de doar keare wolle; dêr sil Adrienne Rich wiis mei wêze. Ik hâld fan de triomfantlike lyryske toan fan dit gedicht. Spitich, sokke útdaagjende blidens is seldsum by Dickinson. Meast siket se beskûl efter fraachtekens en riedsels dy't mear fragen oproppe as beänderje. De muzyk is moai mar hokker tekst heart der by? Wa is E.D., hokfoar E.T. giet efter har ynisjalen beskûl?
Goed, dit wie in gedicht dat Adrienne Rich skoan brûke koe foar har auto-lesbo-feminino ferhaal. Lit ús no ris sjen wat der strykt yn 'e poezy fan Dickinson mei Paglia's sadomasogistyske analyze. Yn it neikommende gedicht fertelt de dichteres dat se wille hat en libbet fan freze.


(770)

Ik libbe fan Eangens -
Foar Wa't wyt
De Stimulâns
Yn Faaiens - is Oare driuwfear
Dôf - en sûnder Byt -

As joech de Spoaren - op 'e Siel -
In Freze dy't him driuwt
Dêr't sûnder de loop mei dat Spoek
Gjin Hoop.


(770)

I lived on Dread -
To Those who know
The Stimulus there is
In Danger - Other impetus
Is numb - and Vitalless -

As 'twere a Spur - upon the Soul -
A Fear will urge it where
To go without the Spectre's aid
Were Challenging Despair.


Dêrfandinne de wrede sênes, dy't by de rûs yn har poësy te finen binne. Dy binne foar har in boarne fan freze, en fan sadomasogistyske wille. Freze is ommers in boarne fan sadomasogistyske wille, as it mei opsetsin ensênearre wurdt, lykas yn in keunstwurk, yn dizze gedichten. Camille Paglia hat gelyk, ek al hat se har gelyk oerdreaun. Hat Emily faak om harsels gûle moatten, en dan yn 'e spegel sjoen dat se sadistyske wille ha koe fan har fertriet en har selsmeilijen?
Dizze narsissistyske dichter hat in hiele wrâld yn har. Van Doren skriuwt by de seleksje fan har gedichten út 1948: "yn 'e wrâld fan har gedichten is alleding pynlik yn libben" ( "In the world of her poems everything is achingly alive"). De priis foar sa'n binnewrâld is dat der net folle kontakt mei de bûtewrâld is. De beleanning is lykwols alle wille dy't Narsissa fan har leafdesrelaasje mei Narsissa hat. Ja, auto-erotyk hat men ek wol wille fan, liiflik of oars. Poësy is by útstek foar jinsels allinnich sjonge.
Dêr't ik net oer mei by Emily is de ferbale yngenieuzens. It klinkt goed maar bytiden is it slim en fyn in betsjutting efter de wurden oars as ûnbefredigjende suggestjes. De suggestjes (bygelyks "organdy", in trochsichtige stof, assosjearret mei "orgy"?) komme alteast foar ienfâldige My net altyd gear yn in koherint patroan. Ik jou in foarbyld fan in gedicht dat my irritearret, dat ik net begryp en dat ik dêrom mar amper oersette koe:


(278)

In freon - gjin ljocht - foar in Hite rite
Is makliker te finen -
As ien mei in hegere temperatuer
Foar in Frigide - Geastesoer' -

De Hoanne in bytsje Eastlik -
Jeit Mousselinen sielen - fuort -
Binne Barretta Herten sterker -
As dy fan Gaas en Tule -

Wa syn skuld is dat? De Wever?
Ah, de betiizjende trie!
Ah, de Tapijten fan it Paradys
Sûnder omtinken - makke!


(278)

A shady friend - for Torrid days -
Is easier to find -
Than one of higher temperature
For Frigid - hour of Mind -

The Vane a little to the East -
Scares Muslin souls - away -
If Broadcloth Hearts are firmer -
Than those of Organdy -

Who is to blame? The Weaver?
Ah! the bewildering thread!
The Tapestries of Paradise
So notelessly - are made!

Wat sil dit? Der binne ekstatyske bylûden te hearren, "organdy", "paradise", "ah", mar se falle net gear yn in patroan. De ferwizing nei de "hoanne" en nei in kontrast tusken frouljusklean en manljusklean suggerearret as tema man-frou ferskillen, mar mear as suggerearjen docht it net. Ik doarmje yn dit gedicht om mar ik wurd der net folle wizer fan, ek al kin ik der wol fan alles bybetinke.
De dichteres ferstoppet harsels net allinnich foar de wrâld mar ek foar de lêzer, foar my! Ferstopje dy net foar my, marzjinale gintiaan! Omwille fan 'e leafde fan de Tyran fan 'e leafde! Lit dyn blommen sjen, frigide gintiaan ("Fringed - Gentian" skriuwst my), do dyst dyn pearse blommen net earder sjen litst as hoenear't de winter nei de kâlde berchstreken komt dêrsto yn dyn elemint bist, en dêr't oare planten net oerlibje kinne.


(442)

God makke in lytse Gintiaan -
Dy besocht - en wês in Roas -
En mislearre - Simmer lake -
Mar krekt foar de snie

Machtige in Pearske Hearsker -
Hiele Heuvel oer -
En Simmer duts de Holle ta -
En alle Spot - wie stil -

De Froast wie har elemint -
De Tyrian woe net komme
Mar it Noarden - rôp it op -
Skepper - Sil ik - Bloeie?"


(442)

God made a little Gentian -
It tried - to be a Rose -
And failed - and all the Summer laughed -
But just before the Snows

There rose a Purple Creature -
That ravished all the Hill -
And Summer hid her Forehead -
And Mockery - was still -

The Frosts were her condition -
The Tyrian would not come
Until the North - invoke it -
Creator - Shall I - bloom?