01. Dronkene kroaden
(12-02-2000).
02. De būtEdoar of de būtENdoar? (11-03-2000).
03. Geef Frysk (25-03-2000).
04. Unbegeanber (29-04-2000).
05. Digitale Biblioteek Fryske Letteren (20-05-2000).
06. Net al te folle 'folle' (10-06-2000).
07. Unsin oer it Frysk by de VPRO! (24-06-2000).
08. Eurodialektology (08-07-2000).
09. Gjin deike śt (19-08-2000).
10. ŪNT-tiidwurden (09-09-2000).
11. Fan 'e jūnich of fan 'e jūn (30-09-2000).
12. Is WEL wol WOL? (21-10-2000).
13. (mei Arjen Hut) -ENS of -HEID? (11-11-2000).
14. Wat west kinnen hie (02-12-2000).
15. ... en dy net bespotlik mar sierlik (23-12-2000).
16. Plaknammen yn Fryslān (13-01-2001).
17. Hoe Frysk is Grinslān? (03-02-2001).
18. Moai Hollānsk (24-02-2001).
19. Liet him ūnferskillich wźze, hja ljeave harpelūd ... (07-04-2001).
20. Sinbou yn sprektaal (28-04-2001).
21. Fan op oan (19-05-2001).
22. Zodat, sadat en dat (09-06-2001).
23. Wźryn't, wźrby't! (30-06-2001).
24. Tastannen op it plysjeburo (21-07-2001).
25. Us Men (11-08-2001).
26. Sjenners of sjoggers? (01-09-2001).
27. Op 'en gausten, op it gaust (20-07-2002).
28. Meast ferneamd of ferneamdst (10-08-2002).
29. Hoefolle Fryske wurden steane der op Ynternet? (31-08-2002).
30. TE tusken tiidwurden (21-09-2002).
31. Gearstallingen mei SKIEP- en SKIEPPE- (12-10-2002).
32. Ljouwert en syn of har bewenners? (02-11-2002).
33. Frysk, Ingelsk en De Vries (16-11-2002).
34. Liever ljevver (14-12-2002).
35. Omwenjenden en omwenners (01-02-2003).
36. "Goedens", "goodness" sūnder "goedenis"
(11-01-2003).
37. Net fan doel en ... (22-02-2003).
38. De Swolster kant śt wei (15-03-2003).
39. In snel of in stop (05-04-2003).
40. Sok ding fyn / ik grut behagen yn (26-04-2003).
41. Likefolle (17-05-2003).
42. Lykfolwat (07-06-2003).
43. Flugger klear as soe (01-11-2003).
44. 'Ek mar eat' is neat (24-01-2004).
45. Trekke en lūke (04-10-2003).
46. Ungelyk, ōfhinklik, ferskillend (25-10-2003).
47. By de hannen omt ōf (06-03-2004).
48. Op it skriemen (omt) ōf (13-03-2004).
49. Wat is "voedsel" yn it Frysk? (10-04-2004).
50. Wat tinkst wat (08-05-2004).
51. Withoefaak, withoefolle (06-11-2004).
52. Neat gjin 'helemaal'. (13-11-2004).
53. Mar en goed en kwea (12-06-2004).
54. Skellerij (29-05-2004).
55. Europa. Bźst belangryk (19-06-2004).
56. Tsjerke as mislediging (03-07-2004).
57. Cool! (24-07-2004).
58. Fet (21-08-2004).
59. Doge jo wol? (11-09-2004).
60. Seksualiteit is neat.
61. Ferjamme en oare flokken (02-10-2004).
62. Flok, ferflokking, skelwurd.
63. Moslims yn de Fryske literatuer (06-12-2004).
64. Ik tink fan ... (01-10-2005)
65. Binne wy dūbeltsjes of
kwartsjes? (10-09-2005)
66. Jild, leafde en wy.
(20-08-2005)
67. In trije meubeleminten
(29-10-2005).
68. Hokker? (12-11-2005)
69. Al hoe't se ...(10-12-2005).
70. Ploffers en rūzers (21-01-06).
71. Super S (04-02-06).
72. De J trijetalich (22-02-06).
73. Spegelje: tl-lt, sr-rs
/ Wurden as berchtop (08-04-06).
74. Bist in pop! (29-04-06).
75. Myn allerswietste sūkberbek. (20-05-06).
76. Manlju en mannen ()
77. Oer fuotbalderaasje en iteraasje( 01-07-2006).
"Hy wie sa dronken as
in kroade", seine de buorlju fan de man dy't mei syn blauwe bestelbus
troch śs tśnstekje ried. De plysje dy't proses-ferbaal opmakke sette dat
lykwols net oer as: "de verdachte was volgens buurtbewoners zo dronken als
een kruiwagen".
Dźr sil de goede man twa
redenen foar hān ha. Yn it foarste plak komt de śtdrukking "zo dronken als
een kruiwagen" yn it Nederlānsk net foar. Dźr soe men earder sizze
"zo dronken als een tor" of "als een maleier" of "als
een kanon". Mar twad is it ek sa dat offisjeel taalgebrūk fij is fan de
"metafoaryske graadoantsjutting", of yn gewoane minsketaal: gjin
ferlikingen. Yn plak fan in ferliking mei "als" sil yn it
proses-ferbaal soksawat stean as "de verdachte was volgens buurtbewoners
'buitengewoon dronken'".
"Buitengewoon
dronken" of "sa dronken as in kroade"? Wat is it ferskil noch?
De ferliking "as in kroade" makket it sintsje wat smeudiger, wat
persoanliker, wat emosjoneler, en in proses-ferbaal wol fansels no krekt net
smeudich, persoanlik en emosjoneel wźze. Betsjuttingsferskil tusken "buitengewoon
dronken" en "sa dronken as in kroade" liket der lykwols net te
wźzen.
It is gjin tafal dat in
stik boereark lykas in kroade yn Fryske ferlikingen opdūkt. Kroaden hearre no
ienris by de Fryske boerekultuer fan al-den-dei śt it ferline. Yn it Hollānsk
dūkt dźr foar oer it koloniale ferline op yn "zo dronken as in
maleier". De obsesje mei tuorren ("zo dronken als een tor")
fetsje we net sūnder gemaksucht mar op as in utering fan Hollānske benyptens.
Yn de provinsje Fryslān
sels fine we njonken "kroade" ek noch de Stellingwarver
"krōōjje" en de Bildtse "kroiwagen". Hoe komme minsken der
no by om ien syn dronkenens mei in kroade te ferlykjen? Ha jo wolris in dronken
kroade sjoen? No dan! Hoe kin ien dan sa dronken as in kroade wźze? En dochs
wurdt it sein en klinkt it śs skoan yn 'e earen.Men soe fan tinken ha kinne dat
dronken minsken yn de kroade ōffierd wurde. "Sa dronken as in kroade"
soe dan komme fan "sa dronken as minsken dy't yn in kroade ōffierd wurde
moatte". Ik betwifelje dat. Want wat moatte we śs dan foarstelle by
"zo dronken als een tor" en "als een kanon"?
Men kriget it idee dat men,
yn fry taalgebrūk, alles ynfolje kin op de stippeltsjes yn: "sa dronken as
...". Yndie, men kin sels sizze "sa dronken as wat". As wat dan?
No, dat makket net śt. Folje mar wat geks yn: sa dronken as in brike muorre, sa
dronken as in FIAT PANDA, sa dronken as de see, sa dronken as it gers. It beart
my net raar yn 'e earen, dat wol sizze, ik begryp daalks wat mei dy gekke
ferlikingen bedoeld wurdt. En as ien gjin gekke ferliking betinke kin, kin er
altyd "as wat" brūke. "Sa dronken as ..." betsjut altyd
"tige dronken", wat der ek op de stippeltsjes komt te stean". Ik
wol fansels net as de René Dykstra fan de taalkunde bekend stean (Mister Plagiaat)
dat ik sis der no daalks mar by dat der oardel jier ferlyn in enkźte fan de
Stichting Nederlandse Dialecten oer dit ūnderwerp yn de kranten stien hat. Yn
dy enkźte waard ūnder oaren frege nei ferlikingen mei "dronken", en
de risseltaten binne publisearre yn it fyfte Dialectenboek mei as namme In
Vergelijking met Dieren. Het Dialectenboek 5. Ik ha it haadstikje oer Fryslān
dźryn skreaun, dat sadwaande.
By einsluten wol ik eefkes
wize op de aardichheid fan ferlikingen. Ferlikingen binne wat śt de moade op
dit stuit. Wźrom? Ik tink, se passe net by it unifoarmearjende en
kontrolearjende karakter fan de almachtige standerttaal. In ferliking hat faak
wat wylds, wat spontaans, en is gauris in utering fan kreatyf taalgebrūk. Guon
minsken jouwe de pree oan de autoriteit fan it wurdboek boppe kreatyf
taalgebrūk. De lźste tiid wurdt kreativiteit lykwols heger oanslein as yn it
ferline dat ik ferwachtsje dat it net lang duorje sil of de ferliking sil ek yn
oansjen winne. Dat is sa wis as de bank (as ebbe en tij, as dat twa en twa
fjouwer is).
As der tefolle minsken oer
in simpel putsje gear moatte, dan jeie se de boel yn 'e bulten. In
staveringskommisje is net de optelsom fan alle knappe koppen dy't der yn sitte
mar earder de domste gemiene dieler. Maarten Klein analysearre yn
"Kleintje Nieuwe Spelling" mei ynholden sinisme de lźste Nederlānske
staveringsferoaring. It giet dan benammen om de kar tusken de oergongslūden E-
en -EN- yn wurden lykas "weduwEcongres" en "wiskundigENcongres".
Want sa is it no regele. De widdo's moatte it mei in -E- dwaan wylst de
wiskundigen har kongres mei -EN- skriuwe meie. Soks is fansels net goed te
praten en je wolle net iens witte hokfoar healwize redenaasje dźr efter stiket
(taalburokraten kinne "Het Groene Boekje" rieplachtsje mar hja sille
grif al op 'e hichte wźze). Oare dwaasheden fan 'e Nederlānske stavering binne
"hartElust" njonken "hartENkreet", "paddEstoel"
njonken "elfENbankje" en "kattEkruid" njonken
"kattENstaart".
Nee, dan is de saak yn it
Frysk wat dśdliker. Wy staverje in N as we in N sizze, en as we gjin N sizze
dan staverje wy him ek net. It meartal fan "par" is
"parrEN", wy sprekke dźr in N śt en dus skriuwe wy dy ek. Mar yn
"parrEbeam" sprekke wy gjin N śt en dat is fan dy gefolgen dat wy him
ek net skriuwe. Wylst de Hollānske "perENboom" en de
"kattENstaart" mei in letterlik en figuerlik stomme N skreaun wurde
moatte.
Oan it Frysk is oars ek
dśdlik te fernimmen dat oergongslūd en meartal net folle mei-inoar te krijen ha,
lykas "het Groene Boekje" foar it Hollānsk ha wol. Ommers, yn it
Hollānsk kinne je tinke dat "peren" as meartal en "peren"
yn "peren-boom" wat mei-inoar te krijen ha, om't se yn beide gefallen
op deselde manear śtsprutsen wurde. Yn it Frysk is der in dśdlik
śtspraakferskil tusken "parren" as meartal en it earste part
"parre-" fan 'e gearstalling "parrebeam". Mar ek yn it
Hollānsk hat "rijstEbrij" neat mei it meartal fan "rijst"
te krijen.
De sitewaasje mei it
oergongslūd mei yn it Frysk dśdliker wźze as yn it Hollānsk, dochs binne der ek
yn it Frysk wol tūkelteammen. Yn gearstallingen mei "binnen-" en
"būten-" sprekt de ien de N oan 'e ein fan it wurd al śt, de oar net.
Wat sizze jo sels thśs? Is it "būtedoar" of "būtendoar",
"binnebān" of "binnenbān", of ha jo beide wol heard? Okee,
it wurdboek fan 'e Akademy hat as standertfoarm "būtendoar" en
"binnenbān" opnommen. By de foarheaksels "binne-" en
"būte-" wurde je trochferwiisd nei "binnen-" en "būten-".
De foarmen mei de N lykje de noarm foar de standerttaal te wźzen. De
standerttaal oppenearret him trochstrings as de skriuwtaal. Lit śs dźrom ris yn
'e Taaldatabank sjen fan 'e Fryske Akademy, want dy sit ommers fol mei
skriuwtaal. Dźr binne ferskate Fryske boeken yn ynlźzen, byinoar likernōch 25
miljoen wurden. In miny-ūndersykje bringt foar it ljocht dat de foarm
"būtedoar" him 94 kear yn 'e Taaldatabank oppenearret, wylst de
standertfoarm "būtendoar" 1835 kear foarkomt.
Skriuwers dy't de foarm
sūnder N in protte brūke binne bygelyks Simke Kloosterman, Jan Jelles Hof en G.
Burgy, skriuwers dy't yn 'e Wālden of de Sśdwesthoeke taholden. Dat bringt jin
op it idee dat it wolris in dialektferskil wźze koe om de N by
"binne(n)bān" en "būte(n)doar" al as net te brūken. Eefkes
yn 'e dialektkaarten fan 'e Fryske Akademy omsneupe en ja hear: der binne sān
kaarten mei gearstallingen mei "binnen-" en "būten-" en dy
jouwe allegearre itselde byld te sjen. Fral op 'e Klaai is it bygelyks
"būtenbocht" en "binnenkant" mei N, en fral yn 'e
Sśdwesthoeke en de Wālden is it "būtebocht" en "binnekant"
sūnder N.
Wat binne de ferskillen
tusken Geef Frysk en Min Frysk? Ik kin trije betinke. Foarst, in
Geef-Frysk-prater ken folle mear Geef-Fryske wurden as in Min-Frysk-prater.
Twad, in Geef-Frysk-prater hat gauris wurden en śtdrukkingen ta syn foldwaan
dy't net op har Hollānske wjergaders lykje. Sa sil de geve sprekker njonken it
Hollānske en ynternationale "aktyf" (Ingelsk "active",
Dśtsk "aktiv", Spaansk "activo") ek noch it wurd
"warber" kenne. En yn plak fan "dat hat nut oplevere" ken
er ek noch it Frysk-idiomatyske "dat hat fertuten dien". "Dat
hat nut oplevere" is net ūn-Frysk, mar it ferskilt as idioom net fan it
Hollānske "dat heeft nut opgeleverd". Trochdat dat lźste sa op it
Hollānsk liket, is it makliker te ūnthālden en heart men it ek faker. Sa wurdt
"dat hat fertuten dien" stadichoan śt it plak krongen troch "dat
hat nut oplevere". Sa stiet de "kivyt" fan 'e Sśdwesthoeke ek
sterker as de "ljip" fan 'e Klaai want de kivyt wurdt stipe troch de
Hollānske "kieviet".
No is it Frysk ūnderweis
nei de earedivyzje fan 'e standerttalen. Dat kin allinne slagje as it Frysk net
in twadderangs Hollānsk is. Om it eigen aard foar it Hollānsk oer te beklamjen
nimt men by de standardisearring fan it Frysk "ljip" foar kar en net
"kivyt", en "fertuten dwaan" en net "nut
opleverje".
As jo as trochhinne Fries
Geef Frysk leare, wźr ha jo dan mear fertuten fan: fan ljippen en oare fūgels
of fan in śtdrukking dy't min ofte mear de betsjutting hat "nut
opleverje"? Sjoch, dy ljippen en kiviten, dat is in tydlike saak: dy
fūgeltsjes spylje in minmachtige rol yn śs kultuer. Mar der binne saken by de
rūs dy't fertuten dogge of dy't just gjin fertuten dogge. Dat, om it Frysk fan
it Hollānsk ōf te swetten kinne je de ljippen en de kiviten better gewurde
litte. Ynstee dźrfan kinne je de tiid en enerzjy dy't je oerhālde better brūke
om nuttiger śtdrukkingen te learen. Nuttich, dat wol hjir sizze dat je sa'n
śtdrukking faak brūke kinne.
Ik hie it niiskrekt oer
trije ferskillen tusken geve sprekkers en minne sprekkers, mar ik ha mar twa
jūn. It tredde ferskil is dat de geve sprekkers gauris in AFUK kursus hān ha.
By de AFUK-kursussen wurdt it idioomboekje "De Stipe" brūkt. O, o,
wat sit der in protte ūnnut idioom yn dat boekje! It tilt op fan 'e fūgels,
ynsekten, feesykten en waarsśtdrukkingen dy't men komselden brūkt. Wat in
enerzjyfergriemen! Eefkes wat hurde getallen no śt 'e Taaldatabank fan 'e
Fryske Akademy. Yn 'e Taaldatabank sitte sa'n 25 miljoen wurden. It wurd "fertuten"
komt 571 kear foar yn 'e Taaldatabank. Lit śs sizze dat in wurd nuttich en
brūkber is foar de kursisten as it op syn minst 100 kear yn 'e Taaldatabank
foarkomt. It AFUK idioomboekje falt de kursisten lykwols lźstich mei seldsume
wurden lykas: - (de wyn) malket (4 kear yn Taaldatabank), skieppesmoar (5x),
puozje (6x), ljiske (6x), stśsjekoard (6x), gnobje en būgingsfoarmen (26x),
hūnebeistāl (19x), joadeprśmkes (0x), galjes (13x), rydnagel (0x), moartsje en
būgingsfoarmen (92x), berneftich (38x), olfert / olferts (51x), larderich /
larderige (12x), wiisprater (2x), skraits (20x), krous (40x). Wurden foar
fūgels, planten, ynsekten en feesykten ha je as Fryskprater gjin driuwend
ferlet fan. Krekt oarsom: sokke wurden komme op it lźste plak.
Ik hie leaver sjoen dat der
mear omtinken kaam foar algemien brūkber idioom. De meiwurkers fan Omrop
Fryslān sette noch gauris Hollānsk idioom wurd foar wurd oer (sjoch ek it
artikel fan Anne Dykstra yn It Beaken śt 1994). Gjin niget, want oan "De
Stipe" ha se neat.
By einsluten goed nijs foar
de fūgelleafhawwers. It wurd "ljip" komt 184x yn 'e Taaldatabank
foar. Dat dy hālde wy deryn!
Der binne in protte wurden
dy't mei "ūnbe-" (Hollānsk "onbe-") begjinne, lykas
"ūnbedoeld" en "ūnbehouwen". Dy wurden sit foar it gefoel
gauris in Hollānsk rookje oan. Hoe soe dat komme? "Unbedoeld" en
"ūnbehouwen" ha suver letterlike Hollānske wjergaders yn
"onbedoeld" en "onbehouwen". Dat se fiele net typysk Frysk
oan, ek al hoege it dźrom noch gjin ynslūpsels te wźzen. Frysk en Hollānsk
binne op it lźst ek nau besibbe talen dy't dźrom gauris wat gemien ha sille
sūnder dat de iene taal it oan de oare ūntliend hat.
Nee, dźrom net; der moat
mear oan 'e hān wźze. Wurden dy't mei "ūnbe-" begjinne dogge gauris
tige retoarysk oan. By retoryk kinne wy bygelyks tinke oan it praten mei
omballingen. Wurden mei "ūnbe-", en ek oare wurden dy't mei
"ūn-" begjinne, kinne maklik brūkt wurde foar de dūbele ūntkenning.
Yn plak fan "dat is my bekend" sizze we dan "dat is my net
ūnbekend". Soks beart wakker. As jo sa lang moolk oan it wurd wźze wolle,
en praat je tsjinstanners letterlik plat, dan brūke je fansels leaver de dūbele
ūntkenning mei "net" en mei "ūn-". As je echt by Dokkum
omwolle, kinne jo sels "net alhiel" brūke ynstee fan "net":
"dat is my net alhiel ūnbekend".
In oar skaaimerk fan wurden
mei "ūnbe-" is dat se faak fry beheind binne kwa gebrūksmooglikheden.
Nim in wurd as "ūnbegeanber". Dat kin men eins allinne mar
kombinearje mei wurden dy't min ofte mear "dyk" betsjutte: "de
dyk wie ūnbegeanber". Mar men seit net: "dy misdie wie
ūnbegeanber". It is eins nuver, dat men it al hat oer "in misdie
begean", mar dat men net seit fan "in ūnbegeanbere misdie". En
it is oars ek nuver dat men al seit fan "de dyk wie ūnbegeanber" mar
net: "ik begean de dyk". Ynstee dźrfan soe men sizze: "ik gean
oer de dyk". Men kin lykwols al in sintsje meitsje mei "begean"
en "dyk" deryn, mar dan moat it wurdsje "min" der ek yn
foarkomme. It heart my teminsten net raar yn 'e earen en sis: "in dyk dy't
min te begean wie". Mei "goed" kin it, tocht ik, ek wol:
"in dyk dy't goed te begean wie". Gekkernōch soe ik sizze dat soks yn
it Hollānsk minder maklik kin: "een weg die goed te begaan was".
Yndie, de pear westlike Hollānskpraters dy't ik rieplachte fūnen de konstruksje
wat ūnnoflik mar net ūnmooglik.
Is "ūnbegeanber"
no faaks in Hollānsk ynslūpsel, in lienoersetting fan "onbegaanbaar"?
It is yn syn algemienens net sa dat wurden mei "ūnbe- / onbe-" typysk
Hollānsk wźze soene. Der binne wurden mei "ūnbe- / onbe-" dy't har
allinnich mar yn it Frysk oppenearje lykas "ūnbesnoeid",
ūnberonge" (dat betsjut "sūnder leie" of "ūnberoaid"),
"ūnbeheltere" (= "sūnder ūnderfining"). Oarsom binne der
fansels ek wurden mei "onbe-" dy't har allinnich yn it Hollānsk
oppenearje: "onbegonnen", lykas yn de śtdrukking "onbegonnen
werk", dat yn it Frysk oerset wurdt as "der is gjin begjinnenseins
oan". Sa is ek "onbeproefd" eksklusyf Hollānsk, yn de śtdrukking
"geen middel onbeproefd laten", dat yn it Frysk soksawat wurdt as
"it oer alle boegen besykje". Wurden mei "ūnbe-" binne dus
net yn har algemienens perfoarst ūnfrysk.
Wźr komt dat Hollānske
rookje dan wei, dat foar it gefoel wurden mei "ūnbe-" bytiden
beklibbet? Ik tink, dat der in gebrūksferskil is. It Hollānsk brūkt
"ūnbe-" krekt wat mear as it Frysk. Om by minne en goede diken werom
te kommen: de Fries seit neffens my leaver "min" of byneed "min
begeanber" as "ūnbegeanber". De Hollanner seit yn sa'n gefal
"bijna onbegaanbaar". Dat wy ferwachtsje no dat "ūnbegeanber"
him minder faak oppenearret yn de Taaldatabank (TDB) fan de Fryske Akademy as
syn Hollānske wjergader "onbegaanbaar" yn de Taaldatabank fan it
Instituut voor Nederlandse Lexicologie. En dat is ek sa:
"onbegaanbaar" komt twa kear sa faak foar yn de Hollānske TDB as
"ūnbegeanber" yn de Fryske. Case closed!
Okkerdeis hat in handige
Hollānske jakkert (Cees Klapwijk) oardel miljoen gūne fan it Ministearje fan
Underwiis en Wittenskippen lospraat foar in Digitale Bibliotheek Nederlandse
Letteren. Sūnder projektplan, sūnder stipe fan 'e universiteiten. Want sa giet
it: hoe minder jild as it om giet, hoe mear as der skreaun en pland wurdt. En
oarsom: hoe mear jild as it om giet, hoe minder as der skreaun en pland wurdt.
Hawar, dat is wrāldsberin en dźr lizze wy śs by del.
Wy lizze śs lykwols net del
by it feit dat it in LEIDSKE jakkert wie dy't jild fan it ministearje loskrige.
Leiden leit ommers sa'n fyftjin kilometer fan Den Haach. Hoe giet soks? Soene
jo in frjemd oerdel miljoen meijaan? Nee! Dy twa (minister en jakkert) kinne
inoar grif fan 'e studinteklup, of se ha op deselde skoalle sitten of soksawat.
Sjoch, dźrom bin ik no foar desintralisaasje, foar mear macht foar de
provinsje. En de provinsje, dat is foar śs Fryslān. Want as dat jild fan
Ljouwert śt śtparte waard, dan soene Friezen folle mear kāns op ditsoarte
ūnderhānske subsydzjes ha. Wat tichter as men op de macht sit, wat mear as men
taskikt kriget. In simpele wet. Soe it ministearje yn Ljouwert sitte, dan soene
de Fryske Akademy, it FLMD of de AFUK troch netwurkjen ekstra jild loskrije
kinne, en dan de minsken yn 'e Rānestźd mar kleie dat se te fier fan it grutte
jild ōfsieten. Mar no sitte wy safier fan 'e macht ōf dat wy altyd (Rānstźdske)
oaren foargean litte moatte. Oant safier dit pleit foar mear selsstannigens
foar de provinsjes!
Dan de saak sels. No mei
Ynternet kinne allerhanne teksten op 'e kompjūter opslein en foar elkenien
tagonklik makke wurde. Sa komme je fansels op it idee fan in Digitale
Bibleteek, in Ynternetsite dźr't je allegear Fryske boeken digitaal
rieplachtsje kinne. Soe dat net moai wźze? Yn Dśtsklān ha se al soksawat. Dat
hjit it projekt Gutenberg (http://promo.net/pg/history.html). Allegear Dśtske
(en ek oarstalige) boeken binne dźr te finen.
Soe it no net moai wźze as
der ek soksawat foar it Frysk kaam? In bibleteek Fryske Letteren? It Fryske
Taal Argyf? De krekte namme kin letter wol oer kediesd wurde. Sa'n argyf soe
ferskate foardielen ha. Alderearst soene allegear boeken dy't net mear te
besetten binne alteast fia de kompjūter besjoen wurde kinne. Soks soene je
sneupers en wittenskippers tige mei skewiele. Twad is it sa dat in śtjouwer in
boek tsjinwurdich al digitaal klearmakke hat ear't er it śtjout. Mar as sa'n śtjouwerij
ophāldt, dan wurdt de digitale fersje ek wer wei, spitigernōch, en moat it boek
ynscand wurde, wol men wer in digitale kopy ha. Ekstra wurk dus, trochdat der
gjin sintrale koördinaasje is. Tred lizze der by in śtjouwerij faak allegear
boeken dy't net mear yn 'e boekhannel lizze. Boekhannels ha ommers erflik en
ivich romtegebrek dat dy sette allinne goed-ferkeapjende boeken op 'e planken.
Der binne lykwols in protte boeken dźr't noch in lytse fraach foar is, mar dy't
de keaper net berikke om't se te fertoarkjen lizze yn it maggesyn fan in
śtjouwer. Set sa'n boek op Ynternet, dan kin de potinsjele keaper it eefkes
ynsjen, en wol er it keapje dan kin er in briefke nei it maggesyn stjoere. Sa
kinne śtjouwerijen har boeken dy't de boekhannel net mear op 'e planken sette
wol dochs noch śtsutelje. Fyft, de provinsje bewarret saken fan kulturele
wearde. In goed boek hat kulturele wearde en sa'n boek waard oant no ta yn
provinsjale en oare bibleteken hoede. Yn syn fysike foarm, as karton en papier.
Mar no kin sa'n boek ek digitaal bestean en bewarre wurde. Foar minder jild,
dat ek. It is dus saak en stean ek noed foar boeken yn har digitale foarm,
omreden fan algemien kultureel belang. Al dy boeken binne meiļnoar in grut
argyf fan 'e Fryske taal, dat wy graach hoezje en tagonklik meitsje wolle. Ha
jo der ideeėn oer? Skriuw in eamel oan: ehoekstra@fa.knaw.nl.
It Frysk is dochs in echte sustertaal fan it Ingelsk. Nim no it Fryske 'folle',
Hollānsk 'veel' en it Ingelske 'much'. Yn it earste oankommen liket it Frysk
dźr mear op it Hollānsk as op it Ingelsk. De wurden ha ommers yn it Frysk en yn
it Hollānsk itselde etymologysk jaske oan. Dochs is it hālden en dragen fan dy
trijekaart net altyd itselde. Dat docht bliken as wy de neikommende trije
sintsjes ris op in rychje sette.
Hij praat veel.
MIS: Hy praat folle.
MIS: He talks much.
It Frysk en it Ingelsk ha op dit punt in mienskiplik skaaimerk. Hja kinne net
de wjergaders fan Hollānsk 'veel' samar brūke. Mar dat kin al as bygelyks it
wurdsje 'net' of it wurdsje 'te' of har Ingelske wjergaders har yn 'e sin
oppenearje:.
Hy praat te folle.
He talks too much.
Hy praat net folle.
He doesn't speak much.
Dat Frysk en Ingelsk ha lyksoartige
beheiningen op it brūken fan it wurd dat 'veel' betsjut. Soks wjerspegelet him
ek yn 'e wurdfoarrie. It Hollānsk hat gāns gearstallingen mei 'veel' dy't net
maklik yn it Frysk of it Ingelsk oer te setten binne. In stealtsje fan dy
wurden geane wy efkes by del.
1. Hollānsk 'veelbelovend',
lykas yn 'in veelbelovende speler', is yn it Frysk net 'folle ūnthjittend' noch
is it yn it Ingelsk 'much-promising'. It Ingelsk docht it sūnder 'much': 'a
promising player' is de krekte oersetting. It Frysk hat sels leaver in oare
konstruksje: 'in spylder dy't gāns ūnthjit', of wat sprektaliger, 'it wurdt
noch wol wat mei dy spylder'.
2. Hollānsk
'veelbetekenend' lykas yn 'hij keek me veelbetekenend aan' is dus net
'much-meaning' of 'folle-betsjuttend'. It Ingelsk wykt hjir śt, lykas sa faak,
nei in Romaansk lienwurd: 'he looked at me significantly'. It Frysk hat wer in
oare konstruksje: 'hy seach my oan as woe er dźr hiel wat mei sizze'.
3. Hollānsk 'veelbewogen'
lykas yn 'een veelbewogen leven' is net 'much-moved' of 'folle-beweegd'. It
Ingelsk kiest in hiel oar wurd mei 'in eventful life'. It Frysk hat gjin
idiomatyske ferbining, mar mei 'in aventuerlik libben' dogge wy in aardige
roai.
4. Hollānsk 'veelvuldig'
lykas yn 'vanwege het veelvuldig voorkomen van die ziekte' wurdt yn it Ingelsk
'frequent' lykas yn 'because of frequent occurrences of that illness'. It Frysk
hat leafst wer in sinsomskriuwing lykas 'omdat dy sykte him dźr in protte
oppenearret'.
5. Hollānsk 'veelwijverij'
is yn it Ingelsk 'polygamy', in lienwurd śt it Gryksk, dat wy hjir ek wol brūke
njonken de foarm fan Germaansk komōf. It Frysk kiest foar in gearstalling mei
'mear' (dat oars de oertreffende trep fan 'folle' is): 'mearwiverij'. En dus
net 'follewiverij'.
6. Hollānsk 'veelvraat' is yn
it Ingelsk 'glutton', in Frānsk lienwurd. Yn it Frysk fine wy fansels wer in
wurd sūnder 'folle': 'fraat', 'fretter' of 'fretsek'. Gjin 'follefraat' dus.
7. Hollānsk 'veelzijdig' yn
'een veelzijdig man' is yn it Ingelsk 'a man of varied talents', yn it Frysk
'in alsidich man'.
Wy sjogge hoe't it Frysk
oan ien trie śtwykt nei in gearstalling mei 'al-' of 'mear-', of foar in
sinsomskriuwing kiest. It Ingelsk dźr foar oer hat gauris in lienwurd śt in
frjemde taal foar kar nommen. Dochs binne yn it Ingelsk gearstallingen mei
'much' net perfoarst ūnmooglik, lykas bliken docht śt 'much-discussed' foar
'veelbesproken'. It Frysk is fan dat systematysker as it Ingelsk want
gearstallingen mei 'folle-' komme yn it Frysk net foar. Der is alteast yn it
Frysk-Nederlānsk wurdboek fan 'e Fryske Akademy net ien te finen.
De VPRO hat in
diskusjeprogramma mei as namme "Het Buitenhof". Op har Ynternetsite
(http://www.vpro.nl/data/2137119/item.shtml?2723031) hat Ronald Plasterk wat
nijsgjirrige opmerkingen oer it Frysk makke. Nijsgjirrige opmerkingen?
Streekrjochte misledigingen! Ik sitearje:
"Ze krabben wat in hun
ringbaardjes, smoren hun pijpkes, en kijken heel gewichtig: Fries, dat weet
iedereen is meer verwant met het Noors en Deens dan met het Nederlands, een
heel aparte taal! ... Ik kreeg onlangs een tijdschrift van de officiele Fryske
Akademie van de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen. Het
periodiek heet "ut de smidte", uit de smidse. Als u nu net had gedacht:
goh, wat flauw dat hij die Friezen meteen weer asocieert met ringbaardjes en
pijpjes: dat doen ze dus zelf. ... Foto erbij, van Durk Hibma, die de
etalaazjepriis van de etalaazjewedstriid uitrijkt. Ringbaard, ziet u."
Do hearst it, Durk, dyn
burd sil derōf moatte. Sokke skriuwerij kin fansels gjin kant śt. Ik basear my
net allinne op boppesteand sitaat mar ek op śtspraken as:
"Dan heb je nog wat
leenwoorden uit andere talen, die alle kinderen van vijf jaar in heel Nederland
fout spellen, zoals het moeilijke Franse woord etalage, dat spellen ze dan
etalaazje, maar dan gaan ze naar school en leren dat die spelling fout is, en
in Friesland leren ze dat het Fries is."
Hjir wurdt in
minderheidsgroep opsetlik misledige en dat is strafber. Lang ferlyn soene je
der mei in pear kneppels op yn houd ha; tsjintwurdich ha wy wetten om sokke
misledigingen te bestraffen. Ik soe dźr wol in proefproses oer oanspanne wolle.
Ik ha advys ynwūn by it kantoar fan de bruorren Ankers, mar spitigernōch die
tsjinstdwaand advokaat De Vries my te witen dat soks net folle kāns ha soe.
Spitich, want ik hie Ronald Plasterk graach in dwerse kneppel smite wollen.
Wa is Ronald Plasterk?
Ronald Plasterk is directeur fan it NIOB, in KNAW-ynstitśt dźr't se skimmels
bestudearje. Tsja, mar wat wyt sa'n man no fan it Frysk? Of fan taalkunde? Mar
hy praat al mei as wied er ekspźr. Hy jout ynformaasje en mieningen by de VPRO
op basis fan syn autoriteit as direkteur fan it ynstitśt foar skimmelkultueres
en as winner fan de Spinoza-priis (in wittenskipspriis). Hy misbrūkt dy
autoriteit en bejout him op mźden dźr't er klearebare ūnsin oer śtslacht.
Dan sitearret er in pear
sintsjes śt de "Smidte" mei it doel en bewiis dat it Frysk eins in
ferkeard śtsprutsen fariant fan it Nederlānsk is. Dy steane hjirūnder:
"De boekwinkel van de
Fryske Akademy hat dit jier de etalaazjewedstrijd fan de Boekenwike wun. De
wedstriid wurdt alle jieren utskreaun troch Stichting It Fryske Boek. Fan de
sechstjin dielnimmende boekhannels foldie de Akademy it best oan it wichtigste
kritearium van de sjuery: oandacht for de Fryske Boekenwike."
Mar wat in flaters,
minsken. Wittenskipper Plasterk kin net iens oerskriuwe. Hoe mei dat mei de
nammen fan syn skimmels dan wol gean? Wat flaters: etalaazjewedstrijd ->
etalaazjewedstriid, Boekenwike -> Boekewike (2x), utskreaun -> śtskreaun,
best -> bźst, wichtigste -> wichtichste. Dat is net te leauwen: seis
flaters yn trije sintsjes! Je binne winner fan de Spinozapriis of je binne dat
net.
Dan de analyze fan de
skimmelman dy't him mei de frisisten en taalkundigen mjitte wol: "Kortom:
heel gewoon Nederlands, fonetisch opgeschreven, en met wat dialect uitspraak
zoals die in heel Oost en Noord Nederland bestaat (bijvoorbeeld vaak een ie
voor een ij)." (Aha, de man is ek dialektkenner!) Mei oare wurden, Frysk
is in śtspraakfariant fan it Nederlānsk. Mar hoe komt it dat der Fryske
grammatica's besteane? Dat de AFUK grammatikale oefeningen yn har lesmateriaal
hat? Riedsels, riedsels. Hoe is Jarich Hoekstra heechlearaar Frysk yn Kiel wurden?
Wźrom is Germ de Haan heechlearaar Frysk yn Grins? Wurdt dźr allinne mar in
śtspraakfariant fan it Nederlānsk bestudearre? Tuerlik net. Oare kear sil ik
sjen litte hoe't de Fryske taal in middenposysje tusken Ingelsk, Dśtsk en de
Skandinavyske talen ynnimt. Net mei wat hol gebral lykas wy krekt fan Plasterk
heard ha, mar gewoan sa't it heard: mei feiten en arguminten.
It Frysk is in dialekt. Fan
it Germaansk. It stiet tusken it Dśtsk en it Ingelsk yn, tusken it Nederlānsk
en de Skandinavyske talen. Alteast, dat leare wy sa. It hat ommers in eigen
histoaryske ūntjouwing trochmakke, der besteane Aldfryske teksten,
ensafuorthinne. It Frysk wurdt lykwols komselden mei de omlizzende Germaanske
talen ferlike. Dźrom wolle wy hjir it Frysk ris yn Europeesk ferbān besjen. As
in foarbyld fan Eurodialektology. Wa wyt kinne wy der sels in Europeeske
subsydzje foar oanfreegje, as in neigesetsje by Simmer 2000.
Ta de saak, dat wol sizze,
ta de taalsaak. Der binne yn it Frysk nijsgjirrige ferskynsels dy't wy ek būten
Fryslān fine kinne. Besjoch de neikommende sintsjes ris:
Wźr praatsto aansen oer?
(Waar praat je straks over?).
Sokke dingen praat ik net graach oer. (?? Zulke zaken spreek ik niet graag
over.)
It earste sintsje kin streekrjocht yn it Hollānsk oerset wurde, it twadde
sintsje lykwols net. De skoalmasters en nearlandisy sille der mei de reade
pinne yn omstreekje. It aparte oan de konstruksje is dat it ferhāldingswurd OER
(preposysje, foarsetsel) oan 'e ein fan 'e sin dangelet, wylst de wurden dy't
by OER hearre oan it begjin stean: Wźr ... oer? It ferskynsel sjen litten yn
boppesteande sinnen hjit op syn Ingelsk "preposition-stranding",
omdat de preposysje OER efter yn 'e sin stean litten is troch de wurden dźr't
er by heart en dy't oan it begjin steane. Yn it Frysk sille wy it
"opspjalting" neamme ("splitsing"). Lit śs ditsoarte sinnen
ris yn it Ingelsk en it Deensk besjen.
What will you talk about?.
Such things I don't like to talk about..
Hvad snakker du egentlig om?.
Sådan nogle ting snakker jeg ikke så gerne om.
Sådan nogle ting = sokke
dingen, snakker = praat/praatst, egentlig=eigentlik, ikke så gerne=net sa
graach, om=oer, en de rźst kinne jim wol riede. It Ingelsk en it Deensk hālde
en drage har krekt lyk as it Frysk wat it strānjen, it benefterlitten, fan har
wjergader fan it ferhāldingswurd OER oanbelanget. Yn it Standert Dśtsk is soks
lykwols folslein ūnmooglik:
?? Wo sprechst du nachher
über..
?? Solche Sache spreche ich nicht gerne über.
It opspjalten fan it
ferhāldingswurd ÜBER en de wurden dy't der by hearre jout swierrichheid. As je
soks yn it Dśtsk goed sizze wolle, moatte je de saak byinoar hālde, lykas yn de
ūndersteande sinnen:
Worüber sprechst du
nachher. (Waarover spreek je straks?).
Uber solche Sache spreche ich nicht gerne. (Over zulke zaken spreek ik niet
graag)
Wy kinne no in lyts
eurotabeltsje meitsje, dat gearfettet yn hokker talen oft opspjalting moolk is:
Opspjalten fan OER en WER,
en fan OER en SOKKE DINGEN:
IS OPSPJALTI NG MOOLK? Deensk Frysk Ingelsk Nederlānsk Dśtsk
Wźr praatsto aansenoer? Ja Ja Ja Ja Nee
Sokke dingen praat ik net graach oer. Ja Ja Ja Nee Nee
Wy sjogge hoe't it Nederlānsk fan datoangeande in soarte mjuks blykt te wźzen
fan Dśtsk en Frysk, in oergongstaaltsje eins.
Ik siet om in ūnderwerp
foar de taalrubryk ferlegen en ik sei tsjin Arjen Versloot: "miskien moat
ik der ris in deike tusken śt". "Hollanisme!", rōp Arjen, en hy
sei der efter oan, "dźr hast dyn ūnderwerp foar de taalrubryk". Hy
ferhelle my doe, him wie it yn de taalenkźtes fan it Meertens Ynstitśt al mear
as ienris opfallen dat de Fryske ynformanten guon ferlytsingswurden lykas
"dagje" en "weekje" net oersetten. Dat dy seine leaver gjin
*deike of *wykje (de stjer tsjut hjir in wurd oan dat net yn de Fryske taal
foarkomt). En sels gjin *jierke of *stuitsje of *teltsje of *momintsje. Jarich
Hoekstra, no professor Frysk te Kiel, hat soks yn ien fan syn stikken śt 'e
flecht wei al ris opmurken.
Hoe tinke de Fryske
auteurs, dy har wurk yn de Taaldatabank fan de Fryske Akademy opnommen is, der
oer? De taaldatabank smyt gjin inkel foarbyld op fan *deike "dagje"
of *moantsje "maandje", en mar ien fan *jierke "jaartje" (
Sj. van der Werf, Fan romtesprong oant romtefeart, side 10) en ien fan *wykje
"weekje" (Magda van Ommen, Faaie Fūgel, side 57). Oare
tiidsoantsjuttingen litte har ek net ferlytsje. Der komt ek gjin *stuitsje
"momentje" foar yn de Taaldatabank. En sels *momintsje, dat sa bot op
syn Hollānske wjergader liket, komt dochs mar ien kear foar yn de Taaldatabank
(R. Brolsma, Sa seach ik Fryslān, side 273).
Soks hāldt ek yn dat fźste
ferbiningen dy't yn it Hollānsk mei it ferlytsingswurd makke wurde, net
streekrjocht yn it Frysk oerset wurde kinne (Harkje, oersetters!). "Een
dagje uit" is dus net *in deike fuort mar in dei fuort. En "Dat was
me het weekje wel" wurdt soksawat as Wat wie my dat in wike!.
En wat dogge wy mei
"een ogenblikje geduld, a.u.b."? De taaldatabank jout al eagenblik
(225x) en sels eagenblikje (6x). It soe dan wźze: in eagenblikje geduld, a.j.w.
Mar soks wol my net oan. Ik beharkje yn 'e folksmūle nea it wurd eagenblikje.
Hoe soene wy dat sizze? My tinkt: Kinne jo eefkes wachtsje? Minsken ha mar al
te faak de oanstriid en set wurd foar wurd oer, wylst it gauris better klinkt
en ferfang in sin troch in folslein oare sin.
Yn it Hollānsk bestiet der
gjin "morgentje" njonken "morgen". Wat dat oanbelanget hat
it Hollānsk dus ek wol in tik fan 'e slinger meikrigen. Mar it Hollānsk hat al
"avondje" njonken "avond" en "middagje" njonken
"middei". It Frysk is wer folle systematysker want ik ken net:
*moarntsje, *middeike, *jūntsje, *jonnichje. Mar de taaldatabank jout my net
folslein gelyk want jūntsje komt al foar, en sels 22 kear. Haw ik it mis, of
sprek ik in Frysk dialekt dat jūntsje net brūkt? Yn alle gefallen soe ik
"een avondje stappen" oersette mei in jūn te stappen en net mei in
jūntsje stappe want jūntsje griist my oan. Net alle akademymeiwurkers kinne it
op dit punt mei my lykfine dat der soe wol ris fan in dalektferskil sprake wźze
kinne. Dus gjin deike fuort mar faaks al in jūntsje te stappen. En in oerke, of
in healoerke of in kertierke te stappen, dat kin altyd!
Us mem-en-dy ha in friezer
en dźr bewarje se ynferzene bōle yn. Us mem is dejinge dy't trochstrings de
bōle śt de friezer hellet. Dat docht se in heale dei of in nacht foar't wy der
fan ite sille. Wźrom dizze hśslike nifelichheden? No sjoch. Ik lies yn it
wurdboek fan 'e Fryske Akademy, en allyksa wurdt it jin leard by de AFŪK, dat
"ontdooien" oerset wurde moat mei "ūntteie". Ūntteie???
Ūntteie???"Yn gjin hūndert jier!", systere ik by mysels. "Mar
hoe sizze wy dat dan?", frege ik my ōf. En ik stinne en stinne, mar ik koe
der net op komme.
No wyt ik śt ūnderfining:
as je net op in wurd komme kinne, moatte je je in sitewaasje yntinke dźr't je
it yn brūkt ha, of brūken heard ha. Dat ik tocht by mysels, hoe soe śs mem
sizze: "het brood moet nog ontdooid worden". Ik seach har foar my en
ynienen hie ik it - want ik hearde it har sizzen. Se soe sizze: "it iis
moat noch śt de bōle wei". Dat seit se altiten.
Allyksa soe se sizze:
"der sit noch iis yn" en wis net: "it is noch net hielendal
ūntteid". Mei oare wurden, dźr't it Hollānsk him skewielt mei
"ontdooien", brūkt it Frysk gauris in sintsje dźr't it wurd
"iis" yn foar komt. Dat is fan dy gefolgen dat it Frysk ek it
metaforysk brūken fan "ontdooien" net hiem is. Dat wy kinne
"Door de hartelijke ontvangst ontdooide hij een beetje" net rjocht
oersette mei: "Troch de hertlike ūntfangst ūntteide er wat".
Yn plak dźrfan moatte wy it
oars sizze", bygelyks as: "Se kamen him sa freonlik yn 'e mjitte dat
syn stoevens saksearre wat.
Of as je it mear
sprektalich wolle: "Se diene sa aardich tsjin him dat hy waard wat minder
stoef."
Sa kin it ek. Dit
ferskynsel fine wy net allinnich by it oersetten fan "ontdooien" mar
ek by oare tiidwurden. Hjir folget in rychje fan gefallen dźr't it Hollānsk in
ONT tiidwurd hat mar it Frysk leaver net:
hoe ontbijten jullie 's
ochtends? -- wat ite jim moarns?
Jan ontbreekt -- Jan mist, Jan is der net
ik ontdekte dat -- ik waard gewaar dat
hij moet het ontgelden -- dy moat it belije
van belasting ontheven -- frijsteld fan belźsting
kijk Hansma eens: hij is ontketend -- moatst Hansma ris sjen: de bear is los
waar ontmoeten we elkaar? -- wźr treffe we inoar?
kijk, hij ontploft -- sjoch, hy spat śtinoar
ontspanning zoeken -- ferdivedaasje sykje
hij keek mij ontsteld aan -- hy seach feralterearre nei my
hij ontvouwde zijn plan -- hy die syn plan śt 'e doeken
bij het ontwaken -- doe't er wekker waard
Heerenveen heeft zich ontwikkeld tot een topclub -- śt It Fean is in topklup
groeid
een ontwrichte schouder -- in skouder śt it lid
de samenleving wordt ontwricht -- de maatskippij wurdt śt 'e foegen skuord
In letterlike oersetting
soe yn dizze gefallen sa goed net klinke. Fansels binne der ek ŪNT-tiidwurden
dy't al kinne yn it Frysk. Mar dy binne my op dit stuit eefkes ūntkommen dat
dźr ha wy it in oare kear mar oer.
Nee, gjin twifel moolk: FAN
'E JŪN is de Stannert-Fryske foarm. En as in korrektor al FAN 'E JŪNICH of FAN
'E JONNICH stean sjocht, dan poetst er der mei it reade potlead op om. Dat is
fan dy gefolgen dat wy de normale sprektalige foarm FAN 'E JŪNICH net gau op
skrift fine sille. Yn 'e taaldatabank fan de Fryske Akademy ha ik net ien
foarkommen fan FAN 'E JŪNICH fine kinnen. Wylst ik fan FAN 'E JŪN foarbylden by
de rūs fūn. It wurdboek jout lykwols FAN 'E JŪN en de fariant FAN 'E JŪNICH
beide. En beide ha as betsjutting "vanavond".
JŪNICH is in dialektfariant
mar wźr komt it foar? Lokkigernōch hat de Fryske Akademy ek dialektenkźtes
ōfnommen. De risseltaten dźrfan binne troch Arjen Versloot op kaart set. De
kaartemap swalket lykwols allegeduerigen troch de fiif huzen dy't tegearre it
gebou fan 'e Fryske Akademy śtmeitsje. Doe't ik dan lang om let de kaart fan
JŪN ("vanavond") te pakken hie, foel it my raar ōf. Gjin inkeld
foarkommen fan FAN 'E JŪNICH en mar trije foarkommens fan de besibbe foarm FAN
'E JONNE (op sa'n 200 ynformanten). Wylst ik de foarm JŪNICH dochs śt eigen
taalgebrūk kin en śt dat fan śs heit-en-dy.
Binne der yn it taalgebrūk
ferskillen tusken JŪN en JŪNICH? It is om te begjinnen net sa dat JŪNICH in
folsleine wjergader fan JŪN is. Dat wol sizze, it is net sa dat oeral dźr't wy
JŪN brūke dat wy dźr ek JŪNICH brūke kinne. Wy kinne bygelyks sizze: - Jūn kom
ik by dy del. Mar net: # "Jūnich kom ik by dy del."
It liket der no eins op dat
JŪNICH allinne foarkomt yn 'e śtdrukking FAN 'E JŪNICH (mar pas op, dit sil ik
aansen wer werroppe). Der is ommers ek gjin būgingsfoarm by JŪNICH op -S sa't
wy dy al fine by JŪN: "De jūns gong er te keatsen (of: dyselde
jūns)." Mar net: # De jūnichs gong er te keatsen (of: dyselde jūnichs).
JŪNICH liket dus allinne yn
de idiomatyske śtdrukking FAN 'E JŪNICH foar te kommen. Wat lykwols al kin is
dat men de būgings -S foar tiidwurden by JŪNICH simpelwei weilit: "Dy
jūnich gong er te keatsen."
Dat it is ek net sa, sa't
ik sakrekt tocht, dat JŪNICH allinne foarkomt yn 'e śtdrukking FAN 'E JŪNICH.
Sa'n reis troch jins eigen taal bringt jin hieltyd wer op nije dingen. Niis
tocht ik noch dat it der op śtdraaie soe dat JŪNICH alle yn 'e steande
śtdrukking FAN 'E JŪNICH foarkomme soe. En no ha ik al wer in foarbyld fan
JŪNICH fūn (ommers DYSELDE JŪNICH) dat sjen lit dat it lān der oars hinne leit.
Minsken, dat is de moaiens en de argewaasje fan wittenskip. It is moai as
aventuer dat de dingen hieltyd oars binne as dat je tochten. Mar it jout ek wol
argewaasje dat je der altyd nźst sitte.
En hoe sit it mei de
gearstallingen, de kombinaasje fan wurden? No, dźr kin JŪNICH ek:
justerjūn - justerjūnich
moarntejūn - moarntejūnich
freedtejūn - freedtejūnich
sneontejūn - sneontejūnich
sneintejūn - sneintejūnich, ensafuorthinne.
En noch sterker: beide
foarmen kinne yn it meartal brūkt wurde:
Ik gean alle freedtejūnen
te keatsen.
Ik gean alle freedtejūnigen te keatsen.
Fierders kinne wy mei beide
foarmen in moaie haadwurdkloft meitsje:
It wie in moaie jūn.
It wie in moaie jūnich.
As wy de saken op in rychje
sette, dan hālde wy mar twa ferskillen oer tusken JŪN en JŪNICH.
1. JŪN kin
"vanavond" betsjutte mar JŪNICH net; dan moat FAN 'E JŪNICH brūkt
wurde; alteast yn myn dialekt.
2. De būgings -S yn bygelyks DYSELDE JŪNS kin net by JŪNICH foarkomme, en dan
wurdt it DYSELDE JŪNICH
It Nederlānske WEL kin yn
it Frysk oerbrocht wurde as AL of as WOL. Sa sil men yn it deistich taalgebrūk
yn lyksoartige sinnen beide beharkje kinne, lykas yn it neikommende foarbyld:
"Hy hat it oars al / wol tasein."
Dochs is it net sa dat AL
en WOL altyd foarinoar yn it plak stappe kinne. Dat is bygelyks net sa as WOL
de betsjutting hat fan HAST WOL of LIKERNŌCH, lykas yn it sintsje hjirūnder:
"Der binne (hast) wol tūzen minsken."
WOL is hjir is bytsje
dizenich: de sprekker wol suggerearje dat der wol mear as tūzen binne mar it
kinne der ek krekt in pear minder wźze. Hjir kinne wy net AL brūke sūnder de
betsjutting te feroarjen: "Der binne (hast) al tūzen minsken."
Troch hjir AL te brūken
krije wy daalks in opbou yn 'e tiid: it proses fan hieltyd mear minsken,
hieltyd mear minsken wurdt no beskreaun. By itselde sintsje mei WOL waard
allinne in stān fan saken beskreaun, net it proses.
No wurdt WEL yn it wat
deftiger Hollānsk ek brūkt yn gearstallingen. WEL is dan in part fan in wurd,
lykas yn WELDOORDACHT. Dźr soene wy WEL net sa gau mei WOL oersette; want
WOLTROCHTOCHT beart dochs in bytsje as in rimpene lienoersetting śt it Hollānsk.
Yn plak dźrfan soene wy sljochtwei sizze: GOED TROCHTOCHT. En dat patroan is
faker te obstrewearjen. Yn de ūndersteande foarbylden, foar in part śt it
Nederlānsk-Frysk wurdboek fan de Fryske Akademy, klinkt it hiel natuerlik en
set WEL mei GOED oer, wylst WOL net kin of wat boekjefrysk-eftich klinkt:
welbeschouwd - goed besjoen
weldoorvoed - goed trochfuorre
welbesteed - goed bestege
volgens welingelichte bronnen - neffens goed ynljochte boarnen
Ferlykje dat mar mei
keunstmjttiger wurden lykas: wolbesjoen, woltrochfuorre, wolbestege en
wolynljochte. Faak soene je yn ' e sprektaal ek wol in langer sintsje brūke:
"Jo jild is goed bestege." wurdt dan "Dźr sille jo gjin spyt fan
krije."
It kin ek wźze dat it Frysk
in wurd sūnder GOED derby brūkt om in wurd mei WEL deryn oer te setten:
welbespraakt - redenryk
welgemanierd - fatsoenlik, manearlik
welgemoed - mei in goed sin
welgeschapen - kant, kreas
welgeteld - alles byinoar net mear as
iemand niet welgezind zijn - net oan ien syn kant stean
welluidend - swietlūdich, sjongsum
welwillend - goedwillich
Der binne ek noch in pear
aparte wurdfoarmingen mei WEL:
een lawaai van jewelste -
in heidensk kabaal
nu is het welletjes - no ha wy de hichte wol
Lykwols binne der ek in
pear gefallen dat wy der net om hinne kinne en set WEL mei WOL oer lykas:
welzijn - wolwźzen
welzijnswerk - wolwźzenswurk
en sa fuort hinne.
Soksoartige wurden binne likegoed ynboargere yn it Frysk as it wolwźzenswurk
sels.
In haadwurd is in wurd
dźr't men DE of IT foarsette kin, lykas "it ark", "de
tafel", "de frijheid" of "de goedens". No binne der
groepen haadwurden dy't allegearre op deselde kombinaasje fan lūden śtgeane. Sa
geane "goedens, tūkens en ferheardens" alletrije śt op it
efterheaksel -ENS. Allyksa geane "wiisheid, frijheid, goedichheid"
alletrije śt op -HEID. Der binne ek gefallen dźr't wy beide efterheaksels fine,
lykas "dśdlikheid / dśdlikens". Lit ik der daalks mar by sizze dat ik
it no fral oer it skreaune Frysk ha. Yn it sprutsen Frysk komme haadwurden op
ENS lang sa folle net foar.
De fraach is no fansels:
wannear kin men -ENS brūke? In wurd as "tūkheid" is bygelyks
ūnmooglik of, op syn minst, striemin Frysk. Ik hie it sels net oan tiid en
sykje soks allegear śt. Lokkigernōch koe ik by de stśdzjerjochting Frysk fan de
Noardlike Hegeskoalle Ljouwert (NHL) in studint fine dy't wol staazjerinne woe
op de Fryske Akademy en sykje dy saak mei help fan de Taaldatabank oant op 'e
boaiem ta śt. Sadwaande dat ūndersteande ynformaasje allegearre śt it
staazjeferslach fan Arjen Hut komt, dy't yn dizze kolum in "guest
appearance" makket as ko-auteur.
Der is lykwols in simpel
regeltsje te formulearjen foar wannear as men -ENS brūke kin, mei,
spitigernōch, in rūfeltsje śtsūnderingen dźrop en wat kanttekeneningen. De
regel foar -ENS is sa: -
ENS is it gaadlikst as it wurdlid foar -ENS klam hat.
Dy regel beflapt daalks alle wurden dy't śt ien wurdlid besteane (as wy -ENS
sels net meitelle) want dźr hat it wurdlid foar it klamleaze -ENS śtsoarte
klam: goedens, tūkens, lilkens, stegens, dregens, ensafuorthinne. Yndie,
"tūkheid" of "lilkheid" beart as skuorde klokken. Mar der
binne in pear śtsūnderingen, nammenlik in lyts rychje wurden dźr't ūnder oaren "wiisheid,
frijheid, wierheid" by hearre. Men sil net gau "wizens" of
"frijens" of "wierens" lźze of beharkje kinne. Nei alle
gedachten binne dy śtsūnderingen yn it ferline oernommen śt it Hollānsk.
As wy dan oerstappe nei de
mearwurdliddige wurden, dan docht bliken dat de ENS regel it frij aardich
docht. Hy beflapt wurden fan Germaansk komōf lykas "ferheardens,
besibbens, folsleinens, ferealens" dy't ommers de klam op it wurdlid
daalks foar -ENS ha. Mar ek eksoatyske wurden hālde en drage har neffens śs
ferwachtingen: paratens, abnormalens, spontanens, aktuelens. De Taaldatabank
jout hjir suver gjin HEID-wjergaders.
De kanttekening by dat
alles is dat de sitewaasje minder dśdlik is as -ENS daalks folget op wurdlidden
lykas -SUM, -EN, -LIK en -ICH. Yn it skreaune Frysk fine wy njonken inoar,
somtiden by deselde skriuwer: kekenens / kekenheid, boartlikens / boartlikheid,
iensumens / iensumheid, ensafuorthinne. Mar der binne ek gefallen fan ditsoarte
dźr't in -HEID foarm minder goed liket as in -ENS foarm, bygelyks: meagerens /
?? meagerheid, nochterens / ?? nochterheid, mūtelens / ?? mūtelheid. Misskien
is it wurdlid foar -ENS hjir sa swak dat it as wurdlid eins neat foarsteld en
by it foargeande wurdlid teld wurdt. Men hat alteast in sterke oanstriid en
sprek "meagerens" en "nochterens" śt as
"meagrens" en "nochtrens", en dan is it itselde gefal as
"tūkens" en "lilkens".
De oare kant fan 'e medalje
is de fraach wannear oft wy -HEID brūke kinne yn it Frysk. Dat is yn alle
gefallen moolk as it foargeande wurdlid gjin klam hat, lykas yn
"goedichheid" of "dśdlikheid". In rūfeltsje śtsūnderingen
(wiisheid, frijheid, wierheid) ha wy earder al op wiisd. Wy ha lykwols sjoen
dat -HEID oer it ginneraal śtsletten is nei in wurdlid mei klam want wy skriuwe
net gau "tūkheid" of "paraatheid" del. -ENS hat him yn de
skriuwtaal sadanich wreide dat it meast wol brūkt wurde kin, wylst dat mei
-HEID folle minder sa is. Of lykas Arjen it yn syn staazjeferslach seit,
"by eintsjebeslśt kaam ik der achter dat -HEID de sinnige bear is!"
Okkerdeis krige ik by de
oankeap fan in boek fan Willem Abma in boek fan Trinus Riemersma, "Myn
folk, myn beminden", kado. Op it omslach komt in tank mei de loop foarśt
op de lźzer oanrōljen. Sa'n omslach mei sa'n titel smyt in humoristysk effekt
op. En yn datselde boek komt in nijsgjirrige sinkonstrukje foar (side 54-55)
dy't ik yn ūndersteande oanhelling mei haadletters skreaun ha:
Myn stelregel hat altyd
west dat men jins plicht dwaan moat en jin net ōfliede litte troch tinzen oer
wat WEST KINNEN HIE of wźze moatten hie.
It apartige hjir is it
folsleine mulwurd WEST yn plak fan de ynfinityf WEZE, dy't wy neffens de regels
fan de grammatika ferwachtsje soene. It tiidwurd KINNE hat ommers oars altyd in
ynfinityf by him en gjin folslein mulwurd:
OK Soe er siik WEZE kinne?
MIS Soe er siik WEST kinne?
Mar goed, de oanhelling śt
Riemersma liket my neat mis mei. Sa't it liket doocht de grammatikale logika
net dy't seit dat KINNE gjin folslein mulwurd by him ha kin. No is it sa dat ik
dizze konstruksje earder al op it spoar kommen wie troch in artikeltsje fan de
Stellingwarver taalman Dr. Henk Bloemhoff. Hy wiisde yn dat artikeltsje op
soksoartige konstruksjes yn it Stellingwarfs. Doe't ik dy yn it Frysk oersette,
klonken se, en dat fernuvere my, prima. Ik ha dy saak doe fierder śtsocht yn 'e
mande mei de geniale taalgelearde Marcel den Dikken (dy't no professor yn New
York) is), en dźrby ha wy in protte stipe hān fan Jarich Hoekstra (dy't no
professor yn Kiel is). New York, Kiel, Ljouwert en de Stellingwerven: taalkunde
is mar in wakker ynternasjonaal fak! Wat oan de konstruksje each jout is, dat
wy in folslein mulwurd WEST, of mei in oar wurd partisipium, fine op it plak
dźr't wy de ynfinityf WEZE ferwachtsje soene. Partisipium yn plak fan
ynfinityf. Dat is op syn Latynsk (want wy hālde fan drege wurden):
Partisipium-Pro-Infinitivo, en dat koartsje wy ōf as PPI. Yn syn algemienens is
it lykwols net sa gek dat der betizing is tusken ynfinitiven en partisipia.
Tink mar ris oan de neikommende sinnen śt it Nederlānsk:
Ik denk dat hij wel HAD
KUNNEN komen.
Ja, dat HAD GEKUND!
By HEBBEN heart ornaris in
partisipium, in folslein mulwurd lykas GEKUND, en dat is sa yn it Hollānsk en
yn it Frysk. Dat strykt yn de ūnderste sin. Mar yn de boppeste sin stiet der in
ynfinityf (KUNNEN) by HEBBEN, en dat is grammatikaal net logysk mar de sin
klinkt prima. Yn it Hollānsk fine wy dus in ynfinityf yn plak fan it ferwachte
partisipium. Op syn Latynsk is dat Infinitivus-Pro-Participium, en dat wurdt
ōfkoarte as IPP. Dat it Hollānsk hat IPP en it Frysk hat PPI.
No noch eefkes Europa yn.
It docht bliken dat it Sweedsk ek in foarm fan betizing fan ynfinityf en
partisipium hat en dy skaait mear nei it Frysk śt as nei it Hollānsk. In
foarbyld:
Jag har inte kunnat sovit
Ik ha net kind slept
"Ik ha net sliepe kind."
De oerienkomst mei it Frysk
is dat wy mear partisipia fine as dat wy ferwachtsje soene (ek al soe soks yn
dit spesifike sintsje yn it Frysk net kinne). It Hollānsk dźr foar oer hat mear
ynfinitiven as dat wy ferwachtsje soene, en fan dat liket it Hollānsk wer mear
op it Dśtsk. Dat Hollānsk en Dśtsk hearre byinoar, en Frysk en Sweedsk, alteast
wat dit ferskynsel oanbelanget. En dźrom tink ik wolris, is it Frysk eins net
in Skandinavyske taal?
As leafhawwer fan de
Kristlik Fryske Folksbibleteek lies ik lźstendeis in wurk fan G. Mulder troch.
G. Mulder wie sjoernalist by it Frysk Deiblźd. It wurk sels hie de nuveraardige
namme "in steande frou allinne". "In steande frou allinne"
wie grif bedoeld as oersetting fan "een alleenstaande vrouw" mar yn
de wurdboeken ha ik dat net fine kinnen. Neffens de wurdboeken kin it ta mei
"in frou allinne". No wie De Jong in biis, dat it sil wol in grap
west ha. Hawar, dźr't ik it yn dit stikje oer ha wol, is in nuveraardige
konstruksje dy't him gauris yn niisneamd romantsje oppenearret. Ik jou earst in
stealtsje foarbylden:
Har lange skonken nimme de
stap mei in slinger ... en dy net bespotlik, mar sierlik.
Har skonken, it binne gjin ponters fan beton ... mear swypkjende tūken en dy
net te tsjok.
In minske, dy't al mar mear foar himsels oppottet, wat dan ek, testjurret, rint
dea, freget om de swarte dobbe en dźr modder oer ...
Fuort efter it breidspear Hillary, en dy feestlik klaaid.
Ik hie soks noch net earder
heard of lźzen. Mar it komt hiel natuerlik op my oer. Lit śs de konstruksje
neier besjen. It giet om in sintsje dat mei EN ynlaat wurdt en dźr't gjin
tiidwurd yn foarkomt. Nim bygelyks it earste foarbyld. Hoe soe men soks ornaris
sizze? Ik tink, it soe in op himsels steande sin wźze:
Har lange skonken nimme de
stap mei in slinger. Se wiene net bespotlik, mar sierlik.
Of men soe noch sizze
kinne: "en dy wiene net bespotlik mar sierlik". It opfallendste
skaaimerk fan de konstrukje is dat der gjin tiidwurd is. De Ingelske namme foar
soksoartige sintsjes sūnder tiidwurd is "small clause". Woe men der
in tiidwurd by sette, dan komt men as fansels by foarmen fan it tiidwurd WEZE
śt, lykas yn boppesteand foarbyld. In oare manear om itselde te sizzen soe wźze
dat men DY gewoan weilit:
Har lange skonken nimme de
stap mei in slinger ... en net bespotlik, mar sierlik.
Mar no is de betsjutting al
wat feroare. Yn it sintsje mei DY sloech "net bespotlik mar sierlik"
perfoarst werom op "har lange skonken". Yn it sintsje sūnder DY
slacht it earder op de manear fan rinnen. As DY der net stiet, kin men EN oars
ek likegoed weilitte:
Har lange skonken nimme de
stap mei in slinger ... net bespotlik, mar sierlik.
It liket der dus op dat EN
en DY tegearre foarkomme moatte. Yndie, it beart net goed as DY der al is mar
EN net:
MIS Har lange skonken nimme
de stap mei in slinger ... dy net bespotlik, mar sierlik.
Dat EN en DY moatte
tegearre foar it ljocht komme yn dizze aparte sintsjes sūnder tiidwurd. Dat
jildt ek foar it sintsje mei de swarte dobbe "en dźr modder oer". Wy
kinne dźr net EN of DER weilitte:
MIS (Sa'n minske) freget om
de swarte dobbe en modder oer ...
MIS (Sa'n minske) freget om de swarte dobbe, dźr modder oer ...
As wy hjir in tiidwurd
oanfolje wolle, dan slagget dat net rjocht:
? (Sa'n minske) freget om
de swarte dobbe en dźr sit/is/komt modder oer ...
"Mei modder
deroer" soe it neffens my dan wźze moatte. No is der oer foarnamwurden
dy't mei in D- begjinne (DY, DAT, DER) śtsoarte in protte te fertellen. It
aardige fan de konstruksje dy't wy hjir besprutsen ha is lykwols dat er yn it
Hollānsk, better net te witten, net foarkomt. Wat ik no wol witte woe, is: komt
dy konstruksje yn it Frysk ek noch by oare skriuwers foar as Mulder?
In plaknamme? Nim De
Gerdyk. In ynwenner fan De Gerdyk? In Gerdykster. In slokje śt De Gerdyk? In
Gerdykster slokje. Wat falt śs op? No sjoch, twa dingen. Foarst dat de
ynwennernamme (in Gerdykster) en it eigenskipswurd (in Gerdykster slokje)
itselde binne. En twad dat de śtgong fan ynwennernamme / eigenskipswurd -STER
is.
Lit śs no earst ris nei it
Hollānsk sjen. De Gerdyk is yn it Hollānsk Gorredijk. In ynwenner fan Gorredijk
is in Gorredijker of byneed in Gorredijkenaar. In slokje śt dat plak soe yn it
Hollānsk "een Gorredijks drankje" wźze. Wat obstrewearje wy hjir?
Foarst binne de ynwennernamme en it eigenskipswurd net mear itselde:
Gorredijker stiet ommers njonken Gorredijks. Twad, de spesifike śtgong fan de
ynwennernamme is -ER of -ENAAR, en de śtgong fan it eigenskipswurd is -S.
Froulju! No binne jim oan
bar. In frou śt De Gerdyk is in Gerdykster. Itselde dus as wat foar manlju
brūkt wurdt. Sa docht bliken dat it Frysk in emansipearre taal is. Yn it
Hollānsk soe in frou śt Gorredijk in Gorredijkse wźze. De śtgong foar froulike
ynwennernammen by Hollānske plaknammen is -SE. Hast itselde as it Hollānske
eigenskipswurd dat ommers op -S śtgong, mar dan noch mei in -E der efter plakt.
In -E foar froulju komt yn it Hollānsk wol mear foar, benammen yn wurden dy't
śt it Frānsk komme, lykas "conductrice".
It Gerdykster patroan komt
oeral yn Fryslān werom. Besjoch ūndersteande list:
It Fean - In Feanster -
Feanster koekjes
Snits - In Snitser - Snitser koekjes
Drylts - In Dryltser - Dryltser koekjes
Grou - In Grouster - Grouster koekjes
Jiskenhuzen - In Jiskenhśster - Jiskenhśster koekjes
Bril - In Brilster - Brilster koekjes
It efterheaksel foar ynwennernammen
en eigenskipswurden is lykwols net allinne -STER, mar kin ek -ER wźze. No
freget de lźzer dy't geografysk goed ūnderlein is, him ōf: wźr yn Fryslān leit
Bril? Dat sit sjesa: Bril leit yn Grinslān. De grap is dat it Grinslānske
systeem foar de foarming fan ynwennernammen en eigenskipswurden as twa drippen
wetter liket op it Fryske. Sjoch mar ris nei it neikommende listje mei
Grinslānske plaknammen:
Hörn - In Hörnster -
Hörnster koukjes
Houwerziel - In Houwerzielster - Houwerzielster koukjes
De Leek - In Leekster - Leekster koukjes
Fiwwerd - In Fiwwerder - Fiwwerder koukjes
Nijbert - In Nijberter - Nijberter koukjes
Eppenhoezen - In Eppenhoester - Eppenhoester koukjes
De oanhelle foarmen komme
śt de "Groninger Grammatica" (Staalboek, Veendam, siden 09.92, 52-58)
fan de Grinslānske taalman Dr. Siemon Reker.
Der is binnen Fryslān ien
wichtige śtsūndering op de plaknammeregels. En dat komt troch it wurd Fryslān
sels. Want in ynwenner fan Fryslān is gjin Fryslanner mar in Fries. En wy prate
net oer Fryslanner koekjes mar oer Fryske koekjes. Mar no noch eefkes werom nei
Grinslān. Siemon Reker fernijt śs der yn syn grammatika ek fan dat: "Alle
achtervoegsels hebben betrekking op de gemeenkunnige inwoner, zowel man dus als
vrouw." Dat krekt as yn it Frysk wurdt deselde foarm brūkt foar manlju en
froulju.
Hoe kin soks? Dźr woe ik it
in oare kear ris oer ha. Mar wy moatte net al te gnyskerich oer śs Grinslānske
stambruorren prate. Faaks lykje wy mear op har as dat wy wźze wolle. Fryske
plaknammen? Nee, Fryske EN Grinslānske plaknammen! Want dy hearre byinoar.
Ik skreau yn it foarige
stikje wat bizich "śs Grinslānske stambruorren, mar dźr makke in etysk
wittenskipper op de Fryske Akademy beswier tsjin. "Dy stammen ha der
ommers nea west", sei er, wylst wy yn de Akademytśn sieten en oan śs
sigaar lurken. "Sjoch Paul," sei ik, "dat moatst breed sjen. In
stamme hoecht net in etnyske organisaasje te wźzen, mar kin likegoed in
politike organisaasjefoarm west ha." Goed, hy fūn dat je dan it wurd stam
net brūke mochten. Mar dźr't wy it lykfine koene, wie op dit punt: yn it
ferline is der Frysk praat yn Grinslān. En dan benammen op it ālde lān, dat wol
sizze, it Noarden fan de provinsje dźr't ommers ek terpen te finen binne. Dat
der Frysk praat is, witte wy op grūn fan ferskate gegevens. Sa binne de āldste
wetsteksten fan Grinslān skreaun yn it Ald-Frysk. Fierders hat Oebele Vries
sjen litten (ūnder oaren yn in tillevyzjeprogramma op Omrop Fryslān) dat de
Grinslanners oant yn 'e 16e ieu noch in Frysk identiteitsbesef hiene, en dan
benammen yn de Ommelannen: dy neamden harsels de Fryske Ommelannen. En by
einsluten lykje de Grinslānske plaknammen wol heul bot op de Fryske. Wy ha
ommers de foarige kear al sjoen dat it Grinslānske systeem fan ynwennernammen
en eigenskipswurden by plaknammen wakker op it Fryske systeem liket.
Lit śs dan noris nei de
Grinslānske foarmleare sjen, de grammatika. As wy de wurdfolchoarder yn it
Grinslānsk dialekt ūnder de loep nimme, dan liket dy wakker op it Frysk, net op
it Hollānsk:
OK Dat e jonges noablieven
loaten wild har.
OK Dat er de jonges neibliuwe litte wold hie.
MIS Dat ie de jongens nablijven laten gewild had.
Tink derom, wy sjogge no
net nei de śtspraak mar inkeld nei de wurdfolchoarder. Dan docht bliken dat wy
it Grinslānske sintsje wurd foar wurd yn it Frysk oersette kinne, mar net yn it
Hollānsk. Fierders docht bliken śt de "Proeve van een Groninger
Spraakkunst", skreaun troch de Friezehater K. ter Laan, dat it Grinslānsk ek
de karakteristike haadwurden op -ENS hat:
gladdens, kwoadens,
goudens, lelkens, gauwens
(glźdens, kweadens, goedens, lilkens, gauwens)
It Frysk hat dy ommers ek,
wylst se yn de Nederlānske dialekten fierders ūnbekend binne. Sa sitte der yn
de Grinslānske foarmleare dus in bulte oerienkomsten mei it Frysk. De śtspraak
fan it Grinslānsk is lykwols ūn-Frysk. Fryske foarmleare, Saksyske spraakleare:
sa kin men de Grinslānske dialekten omskriuwe. Wźr komt dy rare miks wei? Nei
alle gedachten ha in protte Drinten en Platdśtsers har yn Grinslān nei wenjen
set. Dźrtroch binne de Alde Friezen yn Grinslān, dy't fral yn it Noarden
wennen, oerstapt op it Saksysk. Mar by de oerstap op it Saksysk ha se in protte
eigenaardichheden śt de foarmleare fan har ālde memmetaal, it Frysk, meinommen.
De stźd Grins hat nei alle gedachten nea frysktalich west. De stźd Grins hat
lang in ynkomplak west foar rike Drintske boeren. It easten fan 'e provinsje
wie lang feangebiet dat min te bewenjen wie. Doe't dat droechmakke wie, setten
har dźr fral minsken fan oarekant de grins del. Dat sadwaande dat der in nij
dialekt yn Grinslān op 'e wrāld kaam, dat in protte op it Platdśtsk liket dat
yn East-Fryslān yn Dśtslān sprutsen wurdt.
Wannear oft dy oerstap op
it Saksysk syn beslach krigen hat, witte wy net krekt, mar it soe sa yn 'e
fjirtjinde of fyftjinde ieu bard wźze kinne. De oerienkomsten tusken Fryslān en
Grinslān binne sels yn śs tiid noch frij grut. It is dźrom wat spitich dat der
net mear gearwurking oer de provinsjale grins hinne is. Mar wa wit feroaret dat
nochris ...
Der binne idiomatyske
śtdrukkingen dy't sa sjyk binne dat ik se leaver oantsjut as retoaryske
śtdrukkingen. De Hollānske skriuwtaal sit fol mei wūndermoaie retoaryske
śtdrukkingen. Lykas: onverrichter zake, met voorbedachten rade, geestdodend
werk, effect sorteren, ensafuorthinne.
Wa't it hiem is en tink en
lźs en krij ūnderwiis yn it Hollānsk sil gauris ditsoarte fan oarspronklik
skriuwtalige retoaryske śtdrukkingen yn syn Fryske sprektaal brūke wolle. Men
stiet dan op it punt en sis bygelyks "mar dat is ...eh ... 'geestdodend
werk'." Ja, mar wat is dat yn it Frysk?
Wa't śt it Frysk wei tinkt
om't er Frysk ūnderwiis hān hat, en Fryske tillevyzje en radio sjocht sil
ditsoarte problemen minder ha. Sa'nen seit gewoan sūnder retoaryske oanstriid:
"mar dat is stomme saai wurk".
Lykwols binne der in protte
Frysktaligen dy't genōch troch it Hollānsk beynfloede binne om de oanstriid te
fielen en sykje om in Fryske wjergader mei deselde retoaryske krźft foar
bygelyks "geestdodend werk". In inkeling fan harren sil yn it
wurdboek sjen en dy fynt dan it wurd "geastdeadzjend".
"Geastdeadzjend wurk": it kin my alhiel net oertsjūgje. It is
lienoersetting en dat let net, mar it mist retoaryske krźft. Lit śs foar de
aardichheid ek de oare niisneamde foarbylden efkes opsykje.
"Mei voorbedachten
rade", dźrby jout it wurdboek "willemoeds". Prachtich hear, dat
oertsjūget my; no problem! En by "onverrichter zake" fine wy
"sūnder wat te bedijen". Wat ik heul kreas fyn. Mar geastdeadzjend?
No nee, dat kin ik net ta de strōte śt krije. En ik soe sa stomme graach wat
moais ha dźre. En ik wol fansels net switche nei Nederlānsk.
By "effect
sorteren" fyn ik yn it wurdboek "effekt hawwe, śtwurking dwaan,
yndruk meitsje". Fan dy trije is "śtwurking dwaan" wol aardich;
de oare twa, harrebarre! Mar wźrom net "fertuten dwaan"? Leaver de
betsjutting fan in moaie Fryske śtdrukking wat oprekke as lienoersetting.
Stikjes taal stjerre ek ōf as wy te skiterich binne om se frij en kreatyf te
brūken ... Mar hoe dan "het gewenste effect sorteren" oer te setten?
It is my opfallen dat dy
moaie retoaryske Hollānske śtdrukkingen heul faak letterlik stean bliuwe, sels
yn it Frysk fan de Friezen dy't faker Frysk prate as Hollānsk yn har deistich
libben. As ik nei Omrop Fryslān harkje dan hear ik ek om it hoartsje fan dy
retoaryske śtdrukkingen dy't streekrjocht śt it Hollānsk wei komme. En itselde
jildt foar myn kollega's fan de Fryske Akademy, en foar mysels uteraard. De
wurdboeken komme der lang net altyd śt, at se it überhaupt besykje. Mar yn de
literatuer fyn ik wolris in moaie Fryske śtdrukking, sadanich dat ik tink: dat
is him!
No is it safier hinne dat
ik in eigen kolleksje fan dreech oer te setten śtdrukkingen makke ha. Dy is te
rieplachtsjen op Ynternet op it adres: http://www.bornmeer.nl
Der sit net allinne
retoarysk idioom yn mar fan alles. Soe it net aardich wźze as oaren har
privee-wurdfoarrieden ek op Ynternet setten? Dan kinne wy fan inoar leare en
inoar korrisjeare. En benammen kinne wy dan makliker op Fryske retoaryske
śtdrukkingen komme om te brūken ynstee fan de Hollānske retoaryk dy't śs śt it
grutste part fan krante, radio en tillevyzje yn 'e mjitte komt.
By einsluten wol ik jim ek
noch wize op de oersetrubryk fan Boersma Van der Mark yn De Pompeblźden. Dat is
in blźd fan de AFUK dat om de twa moanne ferskynt. Dźr steane faak heul
nijsgjirrige oplossingen yn oangeande it oersetten fan Hollānske retoaryk.
Spitich dat dy rubryk (noch?) net op Ynternet te finen is. AFUK, hjir leit in
"schone taak" foar jim!
"Liet him
ūnferskillich wźze, hja ljeave harpelūd, dat lokke en as de iene it ynstremint
net goedernōch bespylje koe, den licht in oaren ien...." Wat wer in
prachtige suggestive sin, wat in moaie dūbele boaiem! Want hokker ynstremint
wurdt hjir eins bedoeld, as it om in moaie fitale frou giet dy't fan har oare
helte it omtinken dat se ferget net kriget? It komt fan Fryslāns grutste
skriuwer Simke Kloosterman (It Jubeljier, 1927, side 380). Mar ik sil de
literatueranalyze gewurde litte. It giet my no om de sinbou. Slaan ris acht op
dy gekke foarm LIET oan it begjin fan 'e sin. Ornaris wurdt allinne de
doetiidfoarm sa brūkt:
Lit him (mar) ūnferskillich
wźze.
Gean do (mar) nei hūs ta, dyn frou is siik en wy rźde it sels ek wol op.
Ik ha de betsjutting fan
ditsoarte sinnen beklamme troch it wurdsje MAR derby te setten. De sinnen ha de
neikommende betsjutting. Se karre goed wat śt in oar perspektyf wei as negatyf
beskōge wurde koe. Nim bygelyks de oanhelling śt Kloosterman nochris yn
gedachten. Dźr wurdt sein: eins is it ferkeard om de frou gjin omtinken te jaan
mar it is de frou wol bźst want se kin har mei oaren ek wol fermeitsje. Of as
wy tsjin ien sizze, dy't śs helpe soe mar nei hūs ta wol: gean mar nei hūs, wy
nimme it dy net kwea ōf.
Nuveraardich is lykwols de
doetiid LIET. Oer it ginneraal kin de konstruksje net yn de doetiid brūkt
wurde.
?? Gong Jan mar nei hūs ta,
syn frou is ommers siik.
Dizze sin kin wol, mar de
betsjutting is no ynienen hypotetysk: de Jan fan de oanhelling giet krekt net
nei hūs ta. Mar yn de oanhelling śt Kloosterman is gjin sprake fan wat
hypotetysks mar fan wat dat wier bart.
Fansels soe ien der tsjin
yn lizze kinne dat it ferskynsel net goed Frysk is. Dy soe sizze kinne dat it
in flaterke fan Kloosterman is, of in ōfwiking. In ōfwiking? In flaterke? EN
dat fan Fryslāns ferneamdste skriuwer? Nee, nee, dat wol my net oan. En
boppedat ha ik śt de Taaldatabank (fernijd troch de geniale ynformatikus Derk
Drukker) in heule kloft fan ditsoarte sinnen helle. In stealtsje jou ik
hjirūnder, mei boarneoantsjutting:
Liet de wrāld dizze jonge
in rebel neame, it wie har jonge, har soarte, har kammeraat, dźr't se mei de
holle omheech mei foar de kreammen lāns koe (Striid en Segen, 1958, side 98, W.
Cuperus).
Liet elk him troch syn hert bewālde, Wat hoeft dan dat gemiggesift. (Ald en
nij, 1871, side 132, Waling Dykstra)
Liet dy Dopers arbeidzje foar de kost, hja mei har fantasijen oer de tiid, dy't
oansteande wie, as it manna śt 'e himel reinde en hja wyn śt 'e loft drinke
soene (De breugeman komt, side 162, Ypk fan der Fear).
Liet dan de wyn mar op 'e skoarstien bolderje, gjin noed mear, heit wie thśs!
(De rūge en oare seedykster ferhalen, side 117, S.T. Rinia).
No, it is dśdlikernōch:
oanhellingen fan bekende skriuwers by de rūs, dat wy ha mei in bona fide
ferskynsel te krijen. It is my śt it Hollānsk net bekend. Dat der is in goede
kāns dat der wer in ekstra ferskiltsje tusken it Frysk en it Hollānsk foar it
ljocht kommen is.
Okkersneins naam Bareld de
Groot my op Omrop Fryslān in ynterview ōf oer de Nietzsche-oersetting. Ik krige
it bantsje mei. Doe frege Eeltsje Hettinga my oft ik de tekst fan it ynterview
net yn it Ynternettydskrift Kistwurk publisearje woe. Fansels wol. Mar dat
betsjutte dat ik it bantsje ōfharkje en śttype moast, in moai putsje om de
Peaske mei troch te kommen. Dat sa! Ik harkje, en harkje, en hieltyd grutter
waard myn fernuvering oer de rare sinkonstruksjes en werhellingen dy't ik
bebakte. Dy sille wy ris by del rinne.
In gewoane haadsin feroare
yn (myn) sprektaal heul faak yn in werhellingskonstrukje. Sa bygelyks:
"Want dat kin in kompūter kin in protte fan dy dingen kin der ek
wol".
Yn it sprektalige foarbyld wurdt de persoansfoarm "kin" trije kear
werhelle. Tusken de twa foarkommens fan "kin" stiet beide kearen ien
sindiel, earst it ūnderwerp "in kompūter" en dan it foarwerp "in
protte fan dy dingen". Fierder falt op dat śs leard is om "er"
te skriuwen, mar dat wy heul faak "der" sizze. De skriuwtalige
wjergader fan it sintsje soe wźze: "In protte fan dy dingen kin in
kompūter ek wol".
Net allinne de
persoansfoarm kin sa werhelle wurde, mar ek wurden dy't typysk oan it begjin
fan in ynbźde sin steane lykas "dat" en "wat". Hjirūnder in
foarbyld mei "wat":
"Dan sjogge je wat Fryske skriuwers wat dy oer Nietzsche skreaun ha."
Tusken de twa foarkommens fan "wat" stiet it sindiel dat ūnderwerp
is, nammentlik "Fryske skriuwers", dat boppedat nochris mei
"dy" werhelle wurdt. Yn skriuwtaal soe dit wurde:
"Dan sjogge je wat Fryske skriuwers oer Nietzsche skreaun ha."
De gewoane ynbźde sin komt
yn sprektaal faak as in haadsin yn de direkte rede foar it ljocht. Sa hearre wy
yn de sprektaal:
"Doe't ik sollisitearde, tocht ik fan no dy baan is my wol op it liif
skreaun."
Hjir fine wy de ferbining "tinke fan" folge troch de haadsin "no
dy baan is my wol op it liif skreaun." Yn skriuwtaal soene wy ynstee fan
dy haadsin in echte ynbźde sin meitsje mei DAT:
"Doe't ik sollisitearde, tocht ik by mysels dat dy baan my wol op it liif
skreaun wie."
It tuskenwerpsel "no" is alhiel weiwurden. Boppedat brūke wy no net
"tinke fan" mar "by jinsels tinke". Dat de idiomatyske
struktuer fan "tinke" wurdt ek oanpast.
Fierder fine wy yn
sprektaal ek gauris in mjokseling fan twa idiomatyske śtdrukkingen, lykas yn:
"om nei grammatikale ferskillen te ūndersykjen yn Nederlānske
dialekten"
Hjir soe de sprekker earst sizze "om nei grammatikale ferskillen te sjen",
mar op healwei feroare er fan gedachten, en sa kaam it idioom "ūndersykje
nei" op 'e wrāld.
Wźrom klinkt it Nederlānsk
(en ek wolris Frysk) fan ymmigranten faak sa keunstmjittich? Om't se de
sprektaalkonstruksjes noch net leard ha. Dy steane net yn de learboekjes.
It sil de lźzers fernuverje
mar sprektaalkonstruksjes wurde suver net ūndersocht, sa bot leit de klam op de
skriuwtaal. Mar dat feroaret. De Fryske Akademy is dit jier śteinset mei it
projekt "Sprutsen Frysk". Wy sille tsien miljoen wurden oan Frysk
gepraat yn de kompūter stoppe en analysearje. As dat dien is, kin ik jim mear
fertelle oer de ferskillen tusken sprektaal en skriuwtaal. Mar yn alle gefallen
is sprektaal dat is wol foargoed oars as skriuwtaal!
Guon idiomatyske
śtdrukkingen sit sa'n gekke wrāld oan feiten achter dat je je ōffreegje: hoe
kinne bern soks ea leare? Besjoch ris de śtdrukking: "der fan op oan
kinne". It wurdsje "fan" is yn partuer mei "dźr", want
wy kinne sizze, "Wźrfan?" en "Dźrfan". Op grūn fan dy test
wurdt sein dat "fan" in ferhāldingswurd is, ofwol preposysje. De
wurdsjes "op" en "oan" binne hjir gjin ferhāldingswurden
want dat is "fan" al. Sokke wurdsjes dy't wat op harsels by it
tiidwurd steane (yn boppesteande śtdrukking is "kinne" it tiidwurd)
wurde yn de ynternasjonale literatuer partikels neamd.
Foarbylden fan partikels
binne bygelyks "op" yn "Ik skilje dy op" of
"troch" yn "Ik wurkje troch". No is der in ginneralisaasje,
in taalwet śtsteld, dy't seit dat in partikel net mei in oar partikel
kombinearre wurde kin. Lit śs dat de partikelwet neamme: net mear as ien
partikel dus. Hjirūnder in foarbyld fan de wurking fan de partikelwet. Wy kinne
bygelyks al sizze "Ik gean troch mei dy op te skiljen", mar net
"Ik skilje dy op troch" of soksawat, want in partikel kin neffens de
partikelwet net mei in oar partikel yn partuer. Oer it ginneraal dekt dy wet
frij aardich de feiten.
Mar taalkunde is no ienris
trije kear sa kompleks as simpele stśdzjes lykas natuerkunde of genetika. Yn de
natuerkunde wurdt bygelyks de relaasje tusken enerzjy en matearje beskreaun mei
in simpel formśltsje: enerzjy = massa kear ljochtfaasje (E=MC2). Dźr binne gjin
komplikaasjes by. By in kompleks fak as taalkunde binne der lykwols altyd
komplikaasjes.
Want besjoch no nochris
boppesteand idioom: der fan op oan kinne. Twa partikels!! "Op" en
"oan". Gjin niget dat taalkunde as fak net serieus nommen wurdt. Dach
partikelwetsje!
Mar de feiten binne noch
komplekser. Njonken "Wy prate der oer" kinne wy ek sizze "Wy prate
oer Jan". Yn it fanopoan-idioom wol dat net rjocht: njonken "Kinst
der fan op oan" kin men eins net rjocht sizze "Kinst fan Jan op
oan". Dat lźste hat wat apartichs oer him. Wat better beart is: "Jan
kinst fan op oan". Dat "Jan" mei sa te sjen net midden yn 'e sin
stean, mar wol oan de lofter rāne fan de sin. It is my folslein ūndśdlik
wźrom't dat sa wźze soe. Ornaris is it hielendal net sa dat in haadwurdkloft
lykas "Jan" allinne oan de rāne fan de sin stean mei. Meast mei er
sawol midden yn de sin stean as oan de rāne, lykas yn de neikommende twa
sintsjes: "ik praat mei Jan" / "Jan praat ik mei". Beide
binne yn oarder.
Oan de rjochter rāne fan de
sin mei "fan Jan" net stean. Wy kinne net sizze, "Kinst net
rjocht op oan fan Jan". Dat Jan mei wol nei lofts (dat is sels better),
mar hy mei net nei rjochts (it liket wol polityk!).
No ha ik efkes wat
kollega's frege en de measten kinne it mei myn taaloardielen lykfine: "Jan
kinst fan op oan" is better as "Kinst fan Jan op oan". En
"Kinst net rjocht op oan fan Jan" is foar elkenien śtsletten. Lykwols
binne der ek kollega's dy't dat "fan" hielendal net brūke. Hja sizze:
"Kinst op Jan oan" of "Jan kinst op oan". Sūnder
komplikaasjes. Dat it sil "fan" hast wol wźze dy't de betizing
teweibringt.
Wobbe de Vries hie it yn
1910 al synjalearre yn syn geniaal-gaoatyske masterwurk "Dysmelie".
It Hollānske "zodat" ferskynt yn Noardlike sprektaal, en yn it
bysūnder yn de Fryske en de Grinslānske dialekten, gauris as "dat". Lykas
yn:
"De doar wie iepen dat
Siebren koe sa trochrinne".
Set dat ris wurd foar wurd
yn it Hollānsk oer:
"De deur was open dat
Bernard kon zo doorlopen".
Yn it Hollānsk beart dat
māl wylst it yn it Noarden der op troch kin. Wobbe de Vries hat allerhanne fan
datsoarte feiten opmurken en syn neef Overdiep hat der moaie sier mei makke:
śtfine is in fak, mar ferkeapje ek! Dźr in oare kear mear oer.
Wat is der no frjemd oan it niisneamde sintsje, as wy dat mei it Hollānsk
ferlykje? Twa dingen. Foarst wurdt "zodat" yn it Frysk en it
Grinslānsk mei "dat" oerset. Hawar, dat mei hinnebruie. Twad is de
folchoarder yn de bysin nuveraardich. Sjoch mar ris goed:
"De doar wie iepen dat
Siebren KOE sa trochrinne".
Wy soene ferwachtsje dat
KOE (de persoansfoarm) efteroan yn de sin komt, krekt lykas yn it Hollānsk en
trochstrings, mar net altyd, ek yn it Frysk. KOE kin yn it Frysk ek skoan
efteroan yn de sin stean:
"De doar wie iepen dat
Siebren sa trochrinne KOE".
Mar der is betsjuttingsferskil.
As KOE efteryn de sin stiet, dan hat ien mei opsetsin de doer iepenlitten. As
KOE midden yn de sin stiet dan hat it Fryske "dat" earder de
betsjutting dy't it Hollānsk ek mei "dus" werjaan kin:
"dat hy koe sa
trochrinne " - "dus hij kon zo doorlopen".
Alles wurdt noch wat
yngewikkelder. It Hollānske "zodat" kin ek gewoan "dus"
betsjutte. Besjoch neikommend sintsje śt Sjoerd Bottema syn nije roman "It
aai fan Siderius" (s.65).
"Ik fergeat jūns de
doarren op slot te dwaan, sadat ynbrekkers frij entree hiene."
De betsjutting is: de
ik-persoan lit de doarren net mei opsetsin iepenstean. As ik yn dat sintsje
lykwols "sadat" yn "dat" feroarje, dan liket it as docht de
ik-persoan soks al mei opsetsin:
"Ik fergeat jūns de
doarren op slot te dwaan, dat ynbrekkers frij entree hiene."
No tocht ik altyd dat men
yn prinsipe "zodat" mei "dat" oersette koe, lykas yn
niisneamd foarbyld. Dat is dus net sa. As it Hollānske "zodat" in
gefolch oantsjut dat net mei opsetsin bart, dan kin men allinne mei DAT
oersette as de persoansfoarm (HIENE) midden yn de sin stiet. Bottema syn sin
hie dus sa foar de hearen komme moatten:
"Ik fergeat jūns de
doarren op slot te dwaan, dat ynbrekkers hiene frij entree."
Gearfetsjend:
"zodat" (opsetlik) is "dat" mei de persoansfoarm efteroan
yn de sin. "Zodat" (net opsetlik) is "dat" mei de
persoansfoarm midden yn de sin.
Wat Bottema opskreau wie
nei alle gedachten in Hollanisme. It is ommers in konstruksje dy't
wurd-foar-wurd mei it Hollānsk partueret. Dat is net sa mei de
"gevere" konstruksje mei DAT en de persoansfoarm midden yn de sin.
Dat in letterlike wurd-foar-wurd oersetting kringt in oersetting dy't fierder
fan it Hollānsk ōfstiet śt it stee. Dat is hoe't in swakke taal him oanpast oan
in sterkere, oeral op de wrāld.
Piter Yedema resinsearre
foar Trotwaer de Snitser fersebondel "Kajapoetoaly" fan
Trotwaerdirekteur Henk van der Veer. Yn dy oars meinimmende resinsje skriuwt
Yedema:
As berne Boalserter kin ik
wol boarch stean foar de autintike sfear fan it wurkje, WERYN'T de stedsjers
meast fźstlein binne mei ūnwierskynlik snedige opmerkings ..."
It giet my no om dat
ūnfryske "wźryn't", dat de Fryske skriuwtaal fan de Hollānske oprūn
hat. Ok, ok, as alleman it docht, sil ik der net mear oer sangerje. Mar mear as
om de gevens fan it Frysk giet it my der om en wiis op in nijsgjirrich
taalferskil tusken Frysk en Hollānsk. Alderearst, hoe soene wy soks yn gever
Frysk of, om myn part, yn sprektaliger Frysk sizze? Ik tocht fan sa:
"As berne Boalserter
kin ik wol boarch stean foar de autintike sfear fan it wurkje, DER'T de
stedsjers meast YN fźstlein binne mei ūnwierskynlik snedige opmerkings
..."
Ja, splitse, skiede,
spjalte dy hap! Yn heule Noarden wurde ferhāldingswurden lykas YN skaat fan
R-wurden lykas" dźr, wźr, earne, oeral, nearne". In roefeltsje
foarbylden:
dźr wol ik oer prate (net:
dźroer wol ik prate)
dźr is it yn fźstlein (net: dźryn is it fźstlein)
dźr hiene se op hope (net: dźrop hiene se hope)
Yn de Limburchse dialekten
is it krekt oarsom, en is allinne wat tusken heakjes stiet mooglik; allyksa yn
it Dśtsk (sjoch taalsnipel "Eurodialektology" (08-07-2000).
Piter Yedema is fansels net
de iennichste dy't sa skriuwt. Benammen sjoernalistysk skriuwende skriuwers
fertoane sok taalgebrūk. Ik ha niisneamde konstruksje fūn by Durk van der
Ploeg, Sjoerd Bottema en yn it algemien yn Frysktalige artikelen yn de LC.
It is net altyd mooglik om
de Hollānske konstruksje om te setten sa't ik niis die. Nim in gefal as
ūndersteand:
Hy lake, wźrby't er rare
tearen yn 'e holle luts.
Om te begjinnen beart dit
net sa māl. Dat hat te krijen mei dat it ferhāldingswurd "by" net sa
nau mei it tiidwurd "lūke" ferbūn is, as bygelyks "oer" mei
"prate". "Lūke by" heart ommers net byinoar as in idioom,
en "prate oer" al. Dochs fyn ik de bysin mei "wźrby't" net
alhiel natuerlik Frysk. Mar it soe ek nuver wźze en set dat om as:
Hy lake, dźr't er rare
tearen by yn 'e holle luts
De oast sit him yn de
bysinfolchoarder, dus dat it tiidwurd ("luts") efteroan stiet. Frysk
en de Scandinavyske talen ha mear oanstriid om it tiidwurd nei foaren te heljen
as Dśtske en Nederlānsk. Dźr in oare kear mear oer. Dat it Frysk sa'n oanstriid
hat docht bliken śt it feit dat it sintsje normaal wurdt, as wy it wurdsje "en"
deryn plompe en fan de bysin in haadsin meitsje, dus de persoansfoarm
"luts" nei foaren helje:
Hy lake, en dźrby luts er
rare tearen yn 'e holle.
Dat liket my it meast
natuerlik ta. Spjalting fan "dźr" en "by" hoecht net, en
mei sels net, om't "by" net by it tiidwurd heart, mar op himsels
stiet. Oars moat der al spjalte wurde. Jim favorite taalwarder hat sprutsen.
It binne rare tiden. In
pear wike ferlyn hat Ole, in goekunde fan my, besocht om by de plysje Ljouwert
oanjefte te dwaan fan taaldiskriminaasje. Mar de plysje woe him gjin oanjefte
dwaan litte! Dźrmei geane de hearen aginten op de stoel fan de rjochter sitten.
Je moatte der net oan tinke dat je aansen bygelyks oanjefte dwaan wolle fan
stellerij en dat de plysje seit: "dat moat mar net want by jo is dochs
neat de muoite fan it stellen wurdich". Neffens it buro Rjochtshelp kin it
hālden en dragen fan de plysje gjin kant śt dat der sil wurk fan makke wurde.
Ik kom derop om't deselde
Ole my ek holpen hat mei in oersetprobleem. Dźrby kamen nijsgjirrige ferskillen
tusken Dśtsk, Frysk en Hollānsk by op it aljemint. It giet om de neikommende
oanhelling, śt it wurk fan de (hoe kin it ek oars) ferneamde filosoof Friedrich
Nietzsche:
Das Gefühl des Zustandes,
von dem weg, das Gefühl des Zustandes, zu dem hin.
"Von dem weg" is
in bysintsje sūnder tiidwurd, ofwol in tiidwurdleas bysintsje. It betsjut
"dźr't men śt wei komt". It bysintsje is fźstmakke oan de sin as
gehiel troch it wurdsje "dem", dat ferwiist nei
"Zustandes". "Dem" funksjenearret yn it sintsje as relatyf
of betreklik foarnamwurd. Sokke wurden moatte almeast oan it begjin fan de sin
stean. Mar as der in ferhāldingswurd lykas "von" by heart dan moat
dat foarop yn it Dśtsk. It falt op dat it betreklik foarnamwurd "dem"
ynsletten is troch in foarōfgeand en in neikommend ferhāldingswurd: von ...
weg, zu ... hin.
Yn it Hollānsk wurdt it
soksawat as: Het voelen van de toestand waarvandaan, het voelen van de toestand
waarheen. It Hollānsk brūkt it wurd "waar" en dat stiet oan it begjin
fan it tiidwurdleaze bysintsje. Fierders falt op dat it Hollānsk ien wurd brūkt
dźr't it Dśtsk twa hat: "von ... weg" wurdt "vandaan",
"zu ... hin" wurdt "heen". Yn plak fan "waarheen"
is "waarnaartoe" lykwols ek mooglik, mar dat is sprektaliger.
Yn it Frysk soene wy it
sintsje oersette kinne as: ?? It fielen fan de tastān wźrśtwei, it fielen fan
de tastān wźrneita. Dochs is dat foar myn taalgefoel net hielendal yn 'e es.
Faaks komt dat om't it relativum "waar" yn it Frysk leaver oerset
wurdt mei "dźr / dźr't". "De stad waar ik woon" is ommers
yn geef Frysk "de stźd dźr't ik wenje" en net "de stźd wźr't ik
wenje". Dat lit śs "dźr" as ramplesant foar "wźr"
nimme. Dan krije wy dit: * It fielen fan 'e tastān, dźrśtwei, it fielen fan 'e
tastān, dźrneita
Mar dat is der fier by
troch, sa't ik mei in stjer oanjūn ha. Blykber mei it betreklik foarnamwurd
"dźr" of "dźr't" net yn tiidwurdleaze bysintsjes foarkomme.
Mar no snolkje wy it mislearre sintsje op mei it wurd "om", wy
feroarje "de tastān" yn "in tastān", en dan krije wy dit:
It fielen fan in tastān, om
dźr śt wei, it fielen fan in tastān, om dźr nei ta.
Dat liket my akseptabel
Frysk ta.
By einsluten woe ik der op
wize dat it Frysk krekt as it Dśtsk twa wurden brūkt: "von ... weg"
wurdt "śt ... wei", "zu ... hin" wurdt "nei ...
ta". It Hollānske "vandaan" bestiet net yn it Frysk. Foar it
Hollānske "heen" hat it Frysk fansels "hinne", al jou ik yn
it tiidwurdleaze bysintsje de pree oan "nei ... ta".
Men is in apart wurdsje. It
wie my yn it dialekt thśs (De Hoarne / De Haske, mei foarteam śt de
Sśdwesthoeke) nea opfallen dat it Fryske "men" oars wurket as it
Hollānsk. Ik ha it Fryske gebrūk dan ek net earder leard as op de AFUK-kursus
A. It ferskil mei it Hollānske "men" is dat de sprekker by it Fryske
"men" ynsletten is, krekt as by it Dśtske "man". Dat is fan
dy gefolgen dat karakteristyk idioom mei "men" yn Dśtsk en Frysk
krekt wat oars wurket as yn it Nederlānsk. In moai foarbyld: "Man kann nie
wissen" wurdt yn it Frysk "Men wit mar noait", mar yn it
Hollānsk dus net: "?? Men weet maar nooit". Yn it Hollānsk soene je
leaver sizze: "Je weet maar nooit". Dat Hollānsk "je" is
Frysk "men". It Hollānske "men zegt dat" wurdt yn it Frysk
soksawat as "de minsken sizze dat" of "Ik ha heard / lźzen
dat".
Dochs kin ik yn de
Taaldatabank maklikernōch foarbylden fine fan gebrūk fan Frysk "men"
dźr't de sprekker net by ynsletten is:
"Heine Pipegael
driicht mei in ynstjūrd stik yn de kranten oer de skandalige bihandeling fen
boargers troch de pelysje. Men seit hjarren lykwols, det hja der nei alle
gedachten net lang yn bliuwe hoege." (It geheim fan de Greate Wielen
(1941) side 82, Sj. v.d. Schaaf (1906)
Miskien wie froeger dochs
net alles better, ek it taalgebrūk net? Of is de AFUK op 'e doele mei har regel
dat it Fryske "men" de sprekker ynslśt? It Wurdboek fan de Fryske
Taal (WFT) jout eksplisyt oan dat it Fryske "men" net perfoarst de
sprekker hoecht yn te sluten. Dat strykt mei dat ik yn de Taaldatabank sokke
foarbylden fyn.
Hat de AFUK dan ūngelyk? Ik
tink fan net. Dat soe ynhālde dat in protte foarbylden fan Frysk
"men" yn it WFT dźr't de sprekker net ynbegrepen is, gewoan
foarbylden fan Hollānske ynterferinsje binne. En dat sels ālde taalkanonnen,
oanhelle yn it WFT, lykas Harmen Sytstra, Walingom, Douwe Kalma en Godard
Gosses net frij binne fan Hollānske ynterferinsje yn harren gebrūk fan
"men"!
Der binne ōfsjoen fan it
betsjuttingsferskil ek oare ferskillen tusken de Hollānske "men" en
de Fryske "men". De Hollānske "men" kin inkel mar as
ūnderwerp fan in sin foarkomme. As it by in ferhāldingswurd foarkomt, is it
ūngrammaticaal:
?? Er wordt over men
gepraat
Yn it Frysk kin
"men" al by in ferhāldingswurd foarkomme, mar dan hat it in oare
foarm, nammentlik "jin", wat itselde śtsprutsen wurdt as
"je".
Men docht soks graach, mar
dan wurdt der wol oer jin praat.
Hoe witte wy no eins dat
"jin" by "men" heart en dat "jin" net in hiel oar
wurd is? Omdat it yn de boekjes stiet of op kursus leard wurdt? Selsstannige
geasten lykas jimme, lźzers, wol fansels in argumint hearre. Dat kin troch te
sjen nei saneamde wjersidige tiidwurden. Wy sette it Hollānsk en it Frysk wer
nźstinoar:
Ik vergis me - Ik fersin my
Je vergist je - Fersinst dy
Men vergist zich - Men fersint jin
Yn it Hollānsk krije wy
"zich" as byfoarm by "men", yn it Frysk "jin" (en
fansels is der betsjuttingsferskil). "Jin" heart dus by
"men".
By einsluten in mysterieuze
opmerking oer "men" śt in Nederlānsk wurdboek, de dikke Van Dale. Ik
sitearje: "In joods taalgebruik en in de mond van Friezen met name voor de
tweede persoon: hoe kan men zo dom zijn!" Twadde persoan? Och, se bedoele
fansels "je", lykas yn "hoe kan je zo dom zijn". Yn alle
gefallen kenne se sels by Van Dale Us Men dus in bytsje. By einsluten nochrisom
de moraal fan it ferhaal:
Hollānsk "je" =
Frysk "men".
Hollānsk "men" = Frysk "de minsken / se".
Dwaners of doggers?
Wurkjaners of wurkjouwers? Hoe dat sa, Hoekstra? No sjoch. Nim earst it
Hollānske rychje:
om te geven - ze geven
De ynfinityf "om te
geven" en de notiid meartal "ze geven" binne itselde. Dat
"geve" yn "werkgever" liket likegoed op de ynfinityf
"geven" as op de notiid "geven". Wy soene dus sizze kinne:
de gearstalling "werkgever" hat as ūnderdiel in foarm
"geve" dy't ek as ynfinityf (te geven) en as notiid meartal (ze
geven) foarkomt.
Mar no it Frysk. Ynfinityf
en meartal fan de notiid binne yn it Frysk net identyk by ūnder oaren
tiidwurden mei in ienwurdliddige ("eenlettergrepige") ynfinityf:
om te jaan - se jouwe
om te dwaan - se dogge
om te sjen - se sjogge
Hokker foarm wurdt no brūkt
yn de gearstalling? De ynfinityf "jaan" of de notiid meartal
"jouwe"? De foarm "wurkjouwer" jout it andert: de
notiidfoarm "jouwe" is brūkt. As de ynfinityf "jaan" brūkt
west hie, dan hie it "de wurkjaner" west.
Dochs is de ynfinityf ek
wolris itjinge dat oerienkomt mei de gearstalling. Dat is it gefal by
"sjenner" foar "sjogger" oer. "Sjenner" is
relatearre oan de ynfinityf "te sjen", "sjogger" is
relatearre oan de notiid meartal "se sjogge". Neffens it Frysk
Nederlānsk wurdboek komme beide foar en se betsjutte beide "ziener,
profeet". De betsjutting "kijker" wurdt net jūn, en dat is in flater.
Yn it Nederlānsk-Frysk wurdboek wurdt foar "kijker" lykwols al
"sjogger" jūn, net "sjenner". Yn de Taaldatabank komt 42x
it wurd "sjenner" foar, mar nea yn de betsjutting "kijker".
It wurd "sjogger" komt mar 2x foar, en nea yn de betsjutting fan
"ziener". Riemersma brūkt yn syn parody op Omrop Fryslān
("Sinleas Geweld") systematysk it wurd "sjogger" foar
"kijker", en dat liket my korrekt ta. Neffens myn taalgefoel is
"sjenner" eins net goed Frysk, mar faaks wie it yn it ferline
normaal. Dat "sjenner" in lienoersetting is, wurdt befestige troch it
feit dat it krekt as "ziener" al "ziener" mar net
"kijker" bestsjutte kin.
Wy ha krekt sjoen dat der
gjin "wurkjaner" bestiet njonken de "wurkjouwer". Yn de
heule Taaldatabank binne ek gjin "janers" te finen. Wźrom hat de
"sjenner" him dan al opkrongen yn it Frysk, mar de de
"janer" net? Myn gok is: de oerienkomst mei it Hollānsk.
"Sjenner" is in lienoersetting dy't better oanslśt op it Hollānske
taalsysteem as "janer", as wy de ynfinitiven meitelle:
om te zien/sjen - de ziener
/ sjenner
om te geven/jaan - de gever / ??janer
De lidden fan it pear
"sjen / zien" ha mar ien wurdlid ("lettergreep") wylst de
lidden fan it pear "geven / jaan" in ūngelikens tal wurdlidden ha. As
in twadde taal swak stiet by immen yn 'e holle, dan wurdt oerienkomst mei de
earste taal hieltyd belangriker as brūkerskritearium. Troch de oerienkomst mei
it Hollānsk koe de "sjenner" earder besykje boarger fan de Fryske
taal te wurden as de "janer".
Bewiis komt fan it hālden
en dragen fan "dwaan". "Dwaan" is fan itselde type as
"sjen", yn de sin fan dat de Hollānske wjergader ek ienwurdliddich
is: "doen". Dat wy ferwachtsje ek gearstallingen mei
"dwaan" yn it Frysk te finen. En dat komt śt. De taaldatabank jout de
neikommende foarbylden: deadwaners (2), drokdwanerich (1), euveldwaner (1),
goeddwaner (1), greatdwanerich (1), greatdwanerij (2), kweadwaner (6),
kweadwaners (4), paradedwaners (1), woldwaner (14) en woldwaners (10). Lykwols
binne der ek in protte gearstallingen mei "dogger" en dy klinke my
better yn de earen: allesallinne-doggers (1), deadogger (3), dogger (7),
drokdoggerige (1), drokdoggerij (1), geheimsinnichdoggerij (1), goeddoggers
(1), greatdoggerige (1), greatdoggerij (2), grutdoggerij (3), kwea-doggers (1),
kweadogger (5), kweadoggerij (2), kweadoggers (27), lytsdoggerij (1), meidogger
(14), meidoggerich (1), meidoggers (67), moaidoggerij (1), māldoggerij (1),
māldoggers (1), neatdogger (2), neatdoggers (6), neidoggers (1), net-meidoggers
(8), opdoggerich (1), selsdogger (3), towittendogger (2), woldogger (2), woldoggers
(1), wūnderdogger (1). Om de fraach fan dit artikel te beanderjen: doch my mar
sjoggers.
"Oaremoarn kin se syn
brief op it gaust hawwe". Dat sintsje komt śt Eize de Boer syn "Op 'e
flecht" (1989, Friese Pers). It lit sjen dat der by de PTT / KPN net folle
feroare is oer de lźste tsien jier. En it yllustrearret in nijsgjirrige
konstruksje: "op it gaust". Yn it Hollānsk soe men dat sa net sizze,
leau ik. Priuw mar efkes mei."Overmorgen kan ze zijn brief op het gauwst
hebben". Nee, dat roait nearne nei. "Op it gaust" is foargoed in
eksklusyf Fryske konstruksje. Yn de taaldatabank (25 miljoen wurden) komt yn
totaal 5x de kombinaasje "op it gaust" foar. Yn it abstrakte kinne wy
dy konstruksje werjaan as: ferhāldingswurd ("op") + lidwurd
("it") + oertreffende trep fan eigenskipswurd ("gausten").
Njonken "op it
gaust" is ek noch in oare fariant mooglik, lykas yn de neikommende sin:
"dat de measte kalk fordwynt yn 'e goede fruchtbere grounen, dźr't de
stofomsettingen op 'en gausten pleats hawwe." Dy sin komt śt in wurk fan
A. Kerkhof, dat de moaie titel "Dongleare" hat. Yn it abstrakte is de
konstruksje itselde as de foarige: ferhāldingswurd ("op") + lidwurd
("'en") + oertreffende trep fan eigenskipswurd ("gausten").
De ferskillen, en dat binne der twa, sitte 'm yn de realisaasje fan de
abstrakte kategoryen: it lidwurd wurdt realisearre as "'t" of
"'en". En de oertreffende trep fan it eigenskipswurd wurdt
realisearre as "gaust" of "gausten". It is wol apart dat de
foarm "gausten" krekt foarkomt by it lidwurd "'en": it
liket wol in harmonyproses, in werhelling fan deselde klank. Yn de TDB komt 15x
de kombinaasje "op 'en gausten" foar.
Yn it Hollānsk soe men
sizze: "op zijn gauwst". Dy fariant komt ek yn it Frysk foar, lykas
yn de folgjende oanhelling śt "Myn folk, myn beminden" fan T.
Riemersma: "Hy wist wol dat er him it bźste ūnder syn tydlike ympotinsje
deljaan koe. Dan wie it op syn gaust wer oer." Dat ek de foarm dy't it
Hollānsk eigen is komt as ynheemske fariant foar yn it Frysk.
As wy nei it
ferhāldingswurd sjogge, fine wy njonken "op" ek noch foarbylden mei
'śt". Wy jouwe in oanhelling śt Brolsma syn "Ypeus": "Doe't
hy śt 'en rūchsten wat sneinske klean oanstrūpt hie, skynde de sinne sa klear
as śt in simmerloft". De TDB hat trije oanhellingen mei "śt 'e
rūchsten". Yn dit gefal leau ik net dat je yn it Hollānsk in ferlybere
konstruksje mei "z'n" brūke kinne, want "hij trok op / uit zijn
ruigst zijn zondagse kleren aan" klinkt net bźst. Men moat dan śtwike nei
in sin mei "allerruigst" of "heel ruig".
Oare foarbylden mei
"op" binne bygelyks: "op 'en measten" (2x) en "op 'en
minsten" (5x). It Hollānsk hat hjir wer foarmen mei "z'n":
"op z'n hoogst", "op z'n minst". "Op z'n meest"
liket my net goed Hollānsk ta en stiet ek net yn it wurdboek fan Van Dale.
Yn it Dśtsk fine wy in
konstruksje dy't krekt as yn it Frysk gjin "z'n" hat mar in lidwurd:
"am meisten", dźr't AM ommers in gearlūking is fan AN + DEM.
By einsluten woe ik der op
wize dat as wy 'EN fine, dan hat it eigenskipswurd ek altyd -EN. Wy fine dus
net "op 'en gaust". Oarsom wurket it ek: fine wy in eigenskipswurd op
-EN yn dizze konstruksje, dan is it lidwurd ek altyd 'EN. Goed, ik fyn yn de
TDB ek wolris in foarm lykas "op syn gausten" en "op syn
tūksten", wat my in mingfoarm taliket, faaks befoardere troch it feit dat
SYN lykas 'EN op in N śtgiet. Op 'en moaisten (20x yn TDB) ha wy no de
opfallendste eigenskippen fan dy konstruksje wol besprutsen.
Okkerlźsten korrisjearre ik
in tekst fan myn kollega-redakteur fan Kistwurk, Eeltsje Hettinga. Doe foel my
op dat dy hieltyd in oertreffende trep fan eigenskipswurden makke mei MEAST, yn
plak fan set it eigenskipswurd sels yn de oertreffende trep mei -ST. Ferlykje de
neikommende twa foarbylden:
ien fan de meast ferneamde
skriuwers
ien fan de ferneamdste skriuwers
My dogge dy omskriuwingen
mei MEAST frjemd oan. Dat wol sizze, ik brūk se sels net sa rynsk as Eeltsje.
Mar doe't ik op it brūken derfan acht sloech, fernaam ik dat oaren ek gauris in
omskriuwing mei MEAST brūke. Doe't ik Piter Wibertus Brouwer syn oersetting fan
"Utopia" (skreaun troch de hillige Thomas More) korrisjearre kamen my
ek ferskate superlativen mei MEAST oer it mad.. Yn de Taaldatabank fine wy foarbylden
lykas de neifolgjende:
Ien fan de meast ferneamde
heechleararen [De moanne op'e rech / Douwe Kootstra]
It is it meast fernederjende dat se him oandwaan kinne. [De Jacht / Van der
Ploeg]
De Ljouwerter terp Nijehou wie net it meast ferneamde plak ... [LC]
It totale oantal
foarkommens fan bygelyks "meast ferneamd / meast ferneamde" is yn de
Taaldatabank lykwols mar twa. It totale tal foarkommens fan
"ferneamdste" is acht.
Yn it Hollānsk komt njonken
"beroemdste" ek "meest beroemde" foar. Wa't mei de
eksellente sykmasine Google, http://www.google.com , siket, fynt daalks in
protte foarbylden dźrfan. Fansels kinne wy dan mei Google ek wol efkes sykje op
Ynternet nei "meast ferneamde". Dat smyt ien foarbyld op:
"Robert Burns (1759 1796), Skotlānsmeastferneamde
dichter, waard berne op 25 jannewaris.",
http://www.homepages.hetnet.nl/~eeltjedevries/trotwaer/septimber2 000.htm. Foar
"ferneamdste" fine wy likernōch krekt as yn de Taaldatabank 8
foarbylden. Dat it Korpus Ynternet Frysk wurdt stadichoan grutter, al steane
der grif noch net safolle Fryske wurden op Ynternet as der yn de Taaldatabank
sitte. In oare kear sille wy ris śtrekkenje hoefolle Fryske wurden as der op
Ynternet steane.
In omskriuwing fan de
oertreffende trep mei MEAST is hiel gewoan yn it Ingelsk. As in Ingelsk wurd
trije of mear wurdlidden fan himsels hat, wurdt de oertreffende trep mei MOST
makke: it is "most intelligent" en net "intelligentest".
Allinne by ienwurdliddige wurden wurdt de gewoane oertreffende trep brūkt:
"smartest". By twawurdliddige wurden jout neffens de ofsjele
grammatika ūnder oaren de klam de trochslach. Leit de klam op it earste
wurdlid, dan krije wy it efterheaksel -ST: "narrowest"
("naust"). Lei de klam op it lźste wurdlid, dan MOST: "most
obscure" ("meast obskuer"). Omdat Romaanske wurden ek gauris de
klam op it lźste wurdlid ha, jouwe dy blykber de pree oan de omskriuwing mei
MOST, lykas yn dy talen sels ek bart (bygelyks Spaansk: "mįs
oskuro").
Ik soe net sizze kinne oft
it opkommen fan MEAST oan Ingelske ynfloed taskreaun wurde moat. It kin hiel
goed in natuerlike ūntjouwing wźze, fral om't it yn bernetaal ek in protte
foarkomt. Der is lykwols in opfallend ferskil tusken Frysk en Hollānsk.
Eigenskipswurden yn it Frysk op -E (faak ōflaat fan -JE tiidwurden) kinne net
allinne in oertreffende trep mei MEAST ha mar it is sels ferplichte. Nim
bygelyks "feralterearre". Je moatte sizze "ien fan de meast
feralterearre persoanen yn it selskip", en dźr is net soksawat mooglik as
"feralterearreste". Allyksa fan Ynternet ōfplukt: "meast
detaillearre". Yn it Frysk kin net "detailleareste", yn it
Hollānsk al "gedetailleerdste"; dat ha Jarich Hoekstra en Rienk de
Haan yn It Beaken (55) ek al ris opmurken. In superlatyf op -ST is ek śtsletten
by wurden op -SK: "itmeastśtwrydsk" is goed, en "it
śtwrydskest" kin net. Dat de superlatyf mei -ST śtsletten is by guon
wurden sil yn it Frysk grif bydrage ta it wreidzjen fan de omskriuwing mei
MEAST.
Yn it Ingelsk is der in
ferbān mei klam en wurdlingte. Dat liket yn it Frysk ek wol sa te wźzen. In
protte wurden mei de klam op it twadde of tredde wurdlid nimme MEAST. In greep
śt de Ynternet foarbylden: it meast bekend, it meast evidint, de meast
dominante fūgels, it meast bysūndere stik, de meast folsleine, meast resinte
boadskip, de meast eigensinnige, en sa fierder. Lykwols binne der ek wol
foarbylden te finen mei de klam op it earste wurdlid: de meast noardelike stźd,
de meast letterlike sin fan it wurd. Fan "meast" ha wy it measte noch
net sjoen.
Aardich wat en it wurde der
alle dagen mear. Wy kinne sels rūzing meitsje fan it oantal Fryske wurden dat
op Ynternet stiet. Dat giet sa. It idee is dat Fryske wurden yn de Taaldatabank
en Fryske wurden op Ynternet persentueel sjoen like faak foarkomme. Omdat wy
witte hoefolle Fryske wurden as der yn de Taaldatabank sitte (25 miljoen) kinne
wy it tal Fryske wurden op Ynternet berekkenje. Fansels binne de Taaldatabank
en Ynternet net foar alle wurden goed te ferlykjen. De Taaldatabank hat ek in
protte ālder taalmateriaal yn. It Ynternet is dźr foar oer in medium fan de
lźste tsien jier. Dat is fan dy gefolgen dat ālde wurden earder yn de
Taaldatabank as op it Ynternet foarkomme sille. Oarsom sille wurden lykas
"kompjūter" sels earder op Ynternet foarkomme.
Lit śs ris in pear
berekkeningen meitsje. Ik meitsje alle getallen ōf op moaie rūne sifers, want
dat lźst en rekkenet better. It wurd YN komt 500.000 kear yn de TDB foar. De
TDB hat 25 miljoen wurden dus 1 op de 50 wurden is it wurd YN.
As ik op Ynternet sykje,
komt it 460.000 kear foar. HO! Ik ha in fout makke. Ik moat net op
Ynternetsiden fan de hiele wrāld sykje, want der binne grif allerhanne talen
dźr't YN as wurd of ōfkoarting yn foarkomt. Ik ha al in pear sites śt Wales foarby
fytsen sjoen, in pear fan it Eilān Man en in pear Sineeske nammen dźr't YN yn
foarkomt. As ik de sykrisseltaten wat trochbluisterje, fernim ik dat YN ek
foarkomt yn it Welsk. Wat soe it betsjutte, YN yn it Welsk? Ik sykje mei GOOGLE
op "English Welsh online dictionary", en ik kom op in heule goeie
site mei in online wurdboek. Yndie, wat jim maestro al tocht hie, komt śt:
Welsh YN is Frysk YN. Mar goed: dy Welske YN bedjert śs doch mar moai de
tellingen!
Dat probleem ūnderfange wy dan
troch mei de sykmasine GOOGLE allinne op websiden yn Nederlān te sykjen. Wy
fine dan 12.000 YN. Der sit lykwols noch wat Hollānsk tusken: der is ien of oar
bedriuw dat as ōfkoarting YN hat, en op de TU Delft is YN in populźre
wiskundige fariabele. Hawar, lit śs dan sizze, dat YN 10.000 kear op it
Ynternet foarkomt. Yn de TDB kaam it 500.000 kear foar. Berekkene neffens YN is
it Korpus Frysk op Ynternet 50 x sa lyts as de Taaldatabank, dus 25 miljoen
dield troch 50: 500.000 wurden.
Itselde dogge wy ek mei wat
oare wurden. Mei DE en EN kin it net, want dy wurden komme ek yn it Nederlānsk
foar en wy sykje ommers op websiden śt Nederlān. IT kin ek net, want dat is in
populźre ōfkoarting foar "Informatie Technologie". Dan mar
"oan" en "foar". No falt de berekkening in stik geunstiger
śt. Beide wurden komme yn de TDB 150.000 kear foar, op Ynternet 6000 kear.
Neffens FOAR en OAN is it Korpus Ynternet dus 25 kear sa lyts as de TDB (25
miljoen dield troch 25): 1 miljoen wurden. It wurd "omheech": TDB 5000x,
Ynternet 500x, factor 10, dus rūzing Korpus Frysk Ynternet wurdt dan 2.5
miljoen. "Mear": TDB 60.000, Ynternet 3000, faktor 20, dus totale
Korpus Frysk op Ynternet 1.25 miljoen. "Meimakke": TDB 1000, Ynternet
100, dus rūzing Korpus Frysk 2.5 miljoen.
Neffens de berekkeningen
sit it Korpus Frysk op Ynternet tusken de 500.000 en de 2.500.000 wurden. Ik
tink dat 1 miljoen wurden dan in realistyske skatting is.
It wurdsje TE is yn alle
Germaanske talen goed foar rare syntaktyske ferskynsels dźr't de taalkundigen
har gjin rie mei witte. Dat is yn it Frysk net oars. Opfallend is dat der
binnen it Frysk ek ferskillen tusken sprekkers binnen wat de posysje fan TE yn
de tiidwurdkloft ("werkwoordsgroep") oanbelanget. In skoftke ferlyn
ha ik ris in lytse enkźte makke en dy foarlein oan twa sprekkers, ien
Klaaifries en ien sprekker śt it gebiet tusken de Jouwer en it Fean, dy't ik
foar it gemak mar as Sśdwesthoeker oantsjutte sil.
De Klaaifryske oardielen
wiene itselde as dy fan it Stannert Frysk dy't wy yn de grammatikaboekjes fine.
Dy sil ik earst jaan. Besjoch de neikommende sinnen mei twa tiidwurden en TE:
It die śs deugd
a. om de āld klok lied-E te hearren
b. om de āld klok lied-EN te hearren
Sa't jim sjogge stiet TE
tusken te twa tiidwurden yn. Der is ek wat geks mei de ynfinityfyngongen, mar
dźr wol ik it no net oer ha. Henk sil dźr in oare kear oer op de tekst. It is
net mooglik om TE earne oars del te setten:
It die śs deugd
a. ? om de āld klok te lieden hearren
b. * om de āld klok lieden hearren te
TE oan 'e ein as yn (b)
roait igge noch seame. TE oan it begjin as yn (a) is net Frysk mar docht tinken
oan it Hollānsk:
Het deed ons goed om de
oude klok te horen luiden.
Yn it Hollānsk stiet TE
nammentlik oan it begjin fan de tiidwurdkloft. Yn it Stannert Frysk stiet TE
lykwols yn 'e midden.
Hoe sit it dan yn it
Stannert Frysk (dat ik no mar lykslach mei Klaaifrysk) as wy in kloft mei trije
tiidwurden ha? Hjir komme se:
c. om de āld klok lieden
hearre te kinnen
d. ? om de āld klok lieden te hearre kinnen
e. ? om de āld klok te lieden hearre kinnen
f. * om de āld klok lieden te hearre kinnen
De iennichste dy't echt
goed is, is (c), mei TE deun foar it lźste tiidwurd, "kinnen". Sinnen
(d) en (e) binne in stik minder. Yn (d) stiet TE nei it earste tiidwurd. Yn (e)
stiet TE sels oan it begjin fan de kloft, lykas yn it Nederlānsk. Sin (f) is
echt folle minder, net te ferlykjen mei (d) en (e) sa min.
De Sśdwesthoekse ynformant
hat by kloften mei twa tiidwurden deselde oardielen as it Stannert Frysk. Ik
werhelje de sinnen efkes:
It die śs deugd
a. om de āld klok liede te hearren
b. om de āld klok lieden te hearren
By trije tiidwurden komt
lykwols in ferskil foar it ljocht:
c. om de āld klok liede te
hearre kinnen
d. ? om de āld klok liede hearre te kinnen
e. ? om de āld klok te liede hearre kinnen
f. * om de āld klok liede hearre kinnen te
By de goede fariant stiet
TE net foar it lźste tiidwurd "kinnen", mar deun nei it earste
"liede". Itselde fine wy ek by in oargefal:
It is aardich fan dij om my
Peter Gabriel sjonge te heare litten
It liket derop as stiet TE
systematysk nei it earste tiidwurd yn 'e kloft. Miskien binne der dus net
allinne śtspraakferskillen tusken Fryske dialekten, mar ek wol syntaktyske
ferskillen.
Foar diskear moatte wy
earst mei it Hollānsk begjinne. Hollānske meartallen (wy litte de -S meartallen
būten beskōging) wurde nea as -E stavere mar altyd as -EN. It is bygelyks
"paarden", en net "paarde". Ek al wurdt dy einichste
meartals -N eins komselden śtsprutsen, dochs moat er altyd skreaun wurde. Dat
is moai want it is in dśdlike regel: skriuw nei in -E altyd in -N, te'n minsten
as it om it meartal fan nammewurden giet.
In "tuskenklank"
is wat wy yn in gearstalling fine, in ferbining fan twa of mear wurden dy't
meiinoar ien wurd foarmje. Sa kinne wy śt "paarden" en
"stal" it wurd "paardenstal" meitsje. Mar wat dogge je dan
mei dy -N? Al skriuwe as net skriuwe? Is it "paardenstal" of
"paardestal"? Is it "paardenbloem" of
"paardebloem"? Jo meie it sizze.
Enfin, lit ik it sels mar
sizze: It is "paardenstal", mar "paardebloem". En dan is
dit noch in simpel foarbyld. Yn in gearstalling wurdt dy -N, ek al wurdt er net
śtsprutsen, bytiden al bytiden net skreaun. De ofsjele regels binne
alderōfgryslikste komplisearre. De ofsjele Nederlānske stavering hat der sa'n
brollichheid fan makke dat Van Dale (it wurdboekbedriuw) sels keazen hat foar
in eigen, wat ienfāldiger stavering fan tuskenklanken. En Van Dale is wat op de
measte kranten brūkt wurdt. Dat op dit stuit hat it Nederlānsk al wer twa
staveringssystemen nźst inoar.
Yn it nommele Frysk is dat
allegear wat better regele. De meartallen wurde skreaun mei -EN, mar, oars as
yn it Nederlānsk wurdt dy -N ek gewoanwei śtsprutsen: "beammen". Yn
in gearstalling wurdt de -N net śtsprutsen yn it Frysk en ek net skreaun:
"beammegrien". Lekker maklik dus! En lekker logysk, transparant,
helder. De Fryske feiten litte ek sjen dat meartal wat oars is as tuskenklank.
Yn it Hollānsk wurde meartal en tuskenklank itselde śtsprutsen, yn it Frysk is
der foargoed in ferskil yn śtspraak: meartal mei -N, tuskenklank sūnder -N, dus
-E.
Hoe hālde en drage de
wurden mei in ūnregelmjittich meartal har dan yn gearstalling? Meartallen as: "kei",
"bern" en "skiep"? Simpel: dy krije almeast ek in -E. It
is: "kowestāl", "berneboek" en "skieppekop".
Benammen "kowestāl" is in nijsgjirrich foarbyld. It lit sjen dat de
tuskenklank gjin meartal is: oars hie it wol "keistāl" west. Itselde
jildt, in bytsje minder dśdlik, ek foar "berneboek": it meartal is
ommers "bern". De -E is dus in echte "tuskenklank-E", in
aparte foarmkategory dy't fan meartal ūnderskieden wurde moat.
It is wol aardich dat it
Frysk ek wolris gjin tuskenklank hat. Ferlykje Hollānsk "woordenboek"
mei Frysk "wurdboek".
As wy gearstallingen mei
"skiep" neier besjen neffens gebrūk yn de Taaldatabank, fine wy
fansels in protte foarmen mei tuskenklank -E: skieppebad, skieppebek, skieppebelle,
skieppebeul, skieppebikkels, skieppebingels, skieppebiten, skieppebloed,
skieppeblom, skieppeboel, skieppeboeren, skieppebonken, skieppebont,
skieppebout, skieppebroer, en sa fierder.
Wy fine ek in pear foarmen
sūnder tuskenklank: skiepamer, skiepmolke, skiepfet, skiepwaskersbak,
skiepfleis, skiepflues
Mar it is al sa dat der
njonken in foarm sūnder tuskenklank hast altyd in foarm mei -E bestiet:
skiepamer - skieppeamer, skiepmolke - skieppemolke, skiepfet - skieppefet,
skiepwaskersbak - skieppewaskersdobbe, skiepfleis - skieppefleis, skiepflues -
skieppeflues.
Dat wiist derop dat de
foarmen sūnder tuskenklank yn it ōfgean binne.
Ynstee fan "Jan en Jan
syn ōfwaskboarstel" litte wy it twadde "Jan" almeast wei en
sizze "Jan en syn ōfwaskboarstel". Dat "syn" ferwiist nei
de besitter fan 'e ōfwaskboarstel, en jout oan dat de besitter manlik inkeldtal
is. Allyksa litte wy yn "Grytsje en Grytsje har stiletto" it twadde
Grytsje almeast wei en sizze "Grytsje en har stiletto".
"Har" ferwiist nei de besitter fan 'e stiletto, en jout oan dat dy
froulik inkeldtal is.
O, dus "syn"
ferwiist nei manlju en "har" nei froulju? Nee, sa net. Nim in sintsje
as "Ljouwert en syn bewenners". Ljouwert is gjin man mar dochs wurdt
"syn" brūkt om nei Ljouwert te ferwizen. Wy kinne oars ek mei
"har" nei Ljouwert ferwize: "Ljouwert en har bewenners". Ek
al is Ljouwert gjin frou.
As wy yn de taaldatabank
sykje op "syn bewenners" fine wy 14 foarkommens, en as wy sykje op
"har bewenners" skoare wy 8 kear. Dat beide komme foar.
Neffens de boekjes is
"Ljouwert en har bewenners" ferkeard. Rienk de Haan hat it yn syn
skriuwwizer (in soarte fan grien boekje foar it Frysk) sels oer de HAR-sykte.
Fan de oare kant brūkt sels in taalgigant as Douwe Tamminga "har" yn
syn boek "De boumaster fan de Aldehou". In sitaat dźrśt: "Sa
wurke dy wintertiid mei om my mear sicht te jaan op wat dizze stźd en har
bewenners beweegde." Sa ferkeard kin it brūken fan "har" dus ek
net wźze. De praktyk wiist śt dat "syn" en "har" beide
brūkt wurde kinne.
Ynstee fan te sizzen dat
"syn" nei manlju ferwiist soe men miskien better sizze kinne dat
"syn" nei wurden ferwiist dy't manlik wurdslachte ha. Yn it Frānsk
binne der ommers manlike en froulike wurden: le monsieur ("de
menear") et la dame ("de mevrouw").
Hoe sit it dan mei
Ljouwert? No dat soe dan wifkje tusken manlik en froulik wurdgeslacht, ek al
jout de Aldehou sels miskien in fingerwizing om fan beide mooglikheden ien te
kiezen.
Yn it Frānsk kin men oan it
lidwurd "le" of "la" it wurdslachte sjen. Yn it Frysk ha wy
allinne "de" en "it". Mar it is net sa dat it brūken fan
"syn" of "har" wat mei de kar tusken "de" of
"it" te krijen hat. Al mei al sjitte wy mei praat oer wurdslachte net
folle op.
De betizing tusken
"syn" en "har" is minder grut by gewoane dingen. Wy sizze
earder "de tafel mei syn fjouwer poaten" as "de tafel mei har
fjouwer poaten".
It brūken fan
"har" as alternatyf njonken "syn" komt fral foar by wurden
mei in meartallige betsjutting. Ljouwert is formeel iental, mar as wy Ljouwert
opfetsje as "de bewenners en/of gebouwen" dan is dśdlik dat de
betsjutting meartallich is. Itselde jildt foar wurden as "it
kabinet", "de kommisje" en sa mear. By sokke wurden fine wy dan
ek gauris "har", lykas yn "it kabinet hat har ūntslach
oanbean". Mar "syn" mei ek, en is neffens de boekjes, yn it
Frysk alteast, better.
It Frysk hat gjin letter V
oan it begjin fan wurden. Wa't de letter V yn it Frysk Nederlānsk wurdboek
opsiket, fynt allinne de eptige meidieling: "Tweeėntwintigste letter van
het alfabet. Deze komt in de Friese spelling niet voor als beginletter".
De reden dat er net
foarkomt is dat er net śtsprutsen wurdt. Belgen ūnderskiede de wurden
"fier" ("grutsk") en "vier" ("fjouwer")
neffens de śtspraak. By de V trilje de stimbannen. Wa't in V oanhāldt, lykas de
V yn "leven", en de finger op de kiel leit (manlju: op de adamsapel)
fielt it triljen fan 'e stimbannen. By de F is dat net sa.
Fryskpraters sprekke dy
wurden, at se Nederlānsk prate, itselde śt. Dat dogge in protte bewenners fan
'e Rānestźd oars ek. V en F wurde oan it begjin fan wurden as F śtsprutsen.
Op oare plakken yn it wurd
as oan it begjin ūnderskiede Fryskpraters V en F al. Wy sprekke de V yn
"ervje" (Hollānsk "erven") en de F yn "erfke"
ūngelyk śt.
De Ingelsken ūnderskiede
krekt as de Belgen de V en de F oan it wurdbegjin. "Fat"
("fet") klinkt oars as "van" ("bestelwein").
As wy de Ingelske wurden
besjogge dy't mei in F begjinne, dan falt op dat dy yn it Nederlānsk gauris in
V ha, mar yn it Frysk (fansels) in F:
Nederlānsk Ingelsk Frysk
ver far fier
vol full fol
vriend friend freon
volgen follow folgje
It opfallende is dat it
hjir om ālde Germaanske wurden giet.
Mar fansels komme der yn it
Ingelsk ek wurden foar dy't mei in V begjinne. Frjemd genōch binne dat hast
altyd wurden dy't śt 'e Romaanske talen liend binne:
English Frānsk Fryske
oersetting
vacation vacances (Sp. vacacion) fakānsje
voluptuous voluptueux gleon
vote voter stimme
vulcano volcan (It. vulcano) fulkaan
Sterker noch, yn it Ald
Ingelsk, de taal dy't yn Ingelān sprutsen waard tusken 500 en 1000 nei Kristus,
wie it plak fan foarkommen fan F en V fierhinne as yn it Frysk. Oan it
wurdbegjin kaam allinne de F foar, en oan de ein ek allinne de F. De V kaam
krekt as yn it Frysk allinne midden yn wurden foar.
Yn it Ald-Frysk wie it
krekt allyk as yn it Ald-Ingelsk en yn śs modern Frysk. It is dus eins in rare
saak mei de V. De V kin noch oan it begjin fan it wurd, noch oan 'e ein
foarkomme, alteast yn it Frysk net, wylst de F dat al mei. En sels midden yn
wurden is de V net fry. Hy kin nammentlik amper nei in koarte klinker
foarkomme. As wy V's fine, dan hast altyd nei oare klanken as koarte klinkers:
leven (lange E), dōve (lange O), leave (twilūd), urven (nei R), en sa mear. Oer
de śtsūnderingen in oare kear mear.
En mei't de V oan
wurdbegjin net foarkomt yn it Frysk, is de stavering fan 'e famyljenamme
"De Vries" dus eins in tige ūnfryske stavering.
Ien fan de nijsgjirrichste ferskillen tusken Frysk en Hollānsk is dat it Frysk
wurden hat dy't op in koarte klinker einigje, en it Hollānsk (hast) net. Goed,
yn it Hollānsk kinne "papa", "mama", "ba",
"ha" en "ja" mei koarte "a" (deselde as yn
Hollānsk "kat") śtsprutsen wurde. Mar sokke wurden telle net
hielendal mei: it binne bernetaalwurden of śtroppen.
It Frysk dźr foar oer hat
it tiidwurd "hawwe" dat ek ferkoarte śtsprutsen wurdt as
"ha" of "he", de lźste mei de "e" fan
"les". Yn it Hollānsk sil men om 'e nocht sykje om in tiidwurd dat
śtgiet op sa'n "a" of "e". Mar ek de wurden "ta"
en "sa" (dat gjin bernetaalwurden of śtroppen binne) geane śt op in
koarte klinker, yn dit gefal "a".
Lit śs de "u" fan
"nul" no ris besjen. It Hollānsk hat wer gjin wurden dy't op dy
"u" śtgeane. It Frysk dźr foar oer hat "rju" lykas yn
"mei rju achtinge". Mar ek "lju" en ek noch "nju"
dat in āld wurd foar "wille" is en dat koart śtsprutsen wurde kin.
Wat de "i"
oanbelanget (dy fan "dit"), men fynt gjin wurden yn it Hollānsk of it
Frysk dy't dźr op śtgeane. Dochs kin "sille" ta "si"
ferkoarte wurde yn sprektaal, bygelyks "Si-wy dat mar dwaan?"
Wurden dy't śtgeane op in
koarte "o" ( de "o" fan "kat" of "pop")
binne noch yn it Frysk noch yn it Hollānsk te finen.
Fierders is it sa dat it
koart of lang wźzen fan in klinker yn it Hollānsk ek fan ynfloed is op de
meiklinkers dy't derby steane meie. Sa komt der yn it Hollānsk nea in
"v" of in "z" nei in koarte klinker. Hollānske wurden lykas
"roven", "rozen", "raven", "lezen",
"lazen", "leven" ha lange klinkers, kwa śtspraak, foar de
"v" en de "z". En it Hollānske wurd "razzia" telt
yn dizzen net want dat is in lienwurd.
Yn it Frysk fine wy al
sokke wurden. Nei koarte "a": "hazze". Nei koarte
"e": "leaver" mei de brutsen śtspraak dus begjinne mei
"lj". Nei koarte "i": "kiezzich",
"sizze", "lizze". Nei koarte "o":
"puozze" (plas wetter). Wat hjir opfalt is dat der foar de koarte
klinker gauris in "j" of in "w" komt, kwa śtspraak.
Fierder is it makliker en
fyn foarbylden fan koarte klinker foar in "z" as fan in koarte
klinker foar in "v". "Leaver" śtsprutsen as
"ljevver" is eins de iennichste. It is spitich dat dy moaie typysk
Fryske śtspraak "ljevver" yn de al te Hollānske stavering fan it
Frysk alhiel weiwurdt. Ik hie leaver ljevver sjoen, mar men kin net alles ha.
Ingelsk en Frysk lykje mear
opinoar as Ingelsk en Nederlānsk. Ingelsk hat de konstruksje "a red
one", it Frysk hat "in readen ien" mar it Hollānsk hat net
"een rode een" of soksawat.
Ingelsk en Frysk binne der
net sa gek op om wurden lykas "rea", eigenskipswurden, samar as
haadwurden ("de rode") te brūken. Dat jildt ek foar eigenskipswurden
op -END lykas "omwonend". Yn it Hollānsk is "de omwonenden"
it haadwurd dat by "omwonend" heart. It Dśtsk is ek sljocht op dy
konstruksje, it Ingelsk kin him net.
Yn it Frysk komt er al
foar. Wy fine yn de Taaldatabank sels 39 x "omwenjenden", altyd yn in
krante of tydskrift. Der is mar ien foarkommen śt in roman by: de grutte
Tamminga brūkt dat hollannisme yn syn roman "De boumaster fan de
Aldehou", mar dan yn in iroanyske oanhelling: "Omwenjenden hawwe al
klage, hjit it."
It geve wurd dat by
"omwenjend" heart is "omwenners", en dat fine wy 13x. Beide
wurden, "omwenners" en "omwenjenden" komme fierder hast
allinne mar yn kranten en tydskriften foar, amper yn romans. It is echt sa'n
mediawurdsje, en dźr is de ynfloed fan it Hollānsk altyd grut.
It Frysk hat dus leaver in
wurd op -ERS lykas "omwenners" as op -ENDEN lykas
"omwenjenden". Jarich Hoekstra en Rienk de Haan ha dy problematyk
yngeand bestudearre. Se stelle wat alternativen śt foar de hollanismen op
-ENDEN. Mar yn hoe fier binne dy alternativen natuerlik yn it Frysk? Dan kinne
wy wer hifkje troch se op te sykjen yn de Taaldatabank.
"Belangstellenden"
komt sa'n 25x foar yn de Fryske taaldatabank. De geve śtstellen fan Rienk de
Haan en Jarich Hoekstra binne amper bekend: "belangstelders" (0x),
"nigethawwers" (0x). "Nigethawwers" klinkt frijwat boekjefrysk-achtich.
It hollannisme "belangstellenden" liket gjin gongber ien-wurd
alternatyf foar te wźzen, mar wat soe it? In omskriuwing is al sa natuerlik:
"wa't belangstelling hat". Fan dat liket it Frysk dźr ek wer op it
Ingelsk, dat likemin soksawat hat lykas "the interested". Yn it
Ingelsk soe men sizze "interested parties" of "those who are
interested". Krekt as yn it Frysk wurdt in oersetting brūkt.
In oar moai gefal is
"ynsittenden" fan Hollānsk "inzittenden". Dy komt 20 x
foar, fral media mar ek yn romans fan bygelyks Wadman en Brolsma. It geve
"ynsitters" komt 42 x foar! Mar al dy foarkommens komme śt it boek
"Binnendiken en slieperdiken" (1954) dźr't ferskate auteurs yn
skreaun ha. Lykwols ha ik it wurd ek by Simke Kloosterman wolris sjoen, mar dan
yn it inkeldtal: "efkes letter flapte it trapke fen 'e hege koets del en
de earste ynsitter wrong der him śt".
Oare eigenskipswurden dy't
neffens De Haan en Hoekstra gjin maklik Frysk ekwivalint ha binne: "de
aangeklaagden", "de gewonden", "de gearresteerden". Dźr
kin men net fan meitsje "de oanklagen", "de ferwūnen",
"de arrestearren". Dat wurde dus omskriuwingen: "de oanklage
partij", "de minsken mei ferwūningen" of lienwurden "de
arrestanten".
"Geinteresseerden
kunnen de auteur e-mailen." Wat wurdt dat op syn Frysk? Wa't mear witte
wol, kin de skriuwer eamelje.
"Oh my goodness",
fersuchtsje de Ingelsken, en brūke dźrby it skoandere efterheaksel ofwol
suffiks -NESS. Dat plakke se oan eigenskipswurden lykas "good",
"high" and "shy" fźst en sa bouwe se haadwurden lykas
"goodness", "highness" en "shyness". -
NESS is nei alle gedachten
besibbe oan it Fryske -ENS en it Hollānske -ENIS. Foar de oerflakkige
taalbeskōger lykje it Ingelske -NESS en it Hollānske -ENIS likefolle of likemin
opinoar as it Ingelske -NESS en it Fryske -ENS. Mar skyn bedraait!
Jawis, kwa klankuterlik
lykje it Ingelsk en it Hollānsk dźr miskien sels wol wat mear op inoar as op it
Frysk. Mar hoe sit it mei it aard fan 'e wurden dźr't -ENS oan fźst sit?
Earst it Hollānske -ENIS.
Dźr skriuwe Wim de Haas en Mieke Trommelen yn it "Morfologisch Handboek
van het Nederlands" oer: "wordt als regel gehecht aan verbale
stammen". Dus oan tiidwurden. Foarbylden: vermoeien - vermoeienis, gedenken
- gedenkenis, geschieden - geschiedenis, besnijden - besnijdenis, getuigen -
getuigenis, bekennen - bekentenis.
Men kin yn it Hollānsk gjin
-ENIS oan eigenskipswurden hechtsje. Foarmingen as "goedenis" (by
goed) of "droegenis" (by droech) besteane simpelwei net.
Dan it Ingelske -NESS. Dźr
wurdt yn de stannertgrammatika's fan sein dat it him ornaris oan
eigenskipswurden hechtet om haadwurden te meitsjen. Njonken de earder neamde
foarbylden kinne wy ek noch neamme: light - lightness, dry - dryness,
destructive - destructiveness. Besiket men yn it Ingelsk -NESS oan tiidwurden
te hechtsjen lykas yn it Hollānsk, dan wol dat foar gjin meter: foarmingen
lykas "commemmorateness" (by "commemmorate"ofwol
"betinke" / "herdenken") of "happenness" (by
"happen" ofwol "barre" / "gebeuren") besteane
simpelwei net.
It ferskil tusken Hollānsk
-ENIS en Ingelsk -NESS is dus: Hollānsk -ENIS hechtet him oan tiidwurden, en
Ingelsk -NESS oan eigenskipswurden.
Hoe sit dat no yn it Frysk?
Ja, jim riede it al. It Frysk partueret mei it Ingelsk. It Fryske -ENS hechtet
him oan eigenskipswurden: goed - goedens, destruktyf - destruktivens, droech -
droegens, licht - lichtens.
Der is noch in oare
oerienkomst tusken Ingelsk -NESS en Frysk -ENS. Beide binne der no net bepaald
gek op om yn it meartal set te wurden. Sterker noch, yn it Frysk is dat
śtsletten. Yn plak fan "minnichheden" kin men net sizze
"minnensen" of soksawat, wylst it inkeldtal "minnens" neat
mis mei is. Yn it Ingelsk komme meartallen fan wurden op -NESS al foar, mar net
in protte. Yn it Korpus Ynternet fine wy 41.800 x it inkeldtal
"destructiveness" en mar 8x it meartal "destructivenesses".
-NESS en -ENS binne beide bekstallich fan it meartal.
It Hollānske -ENIS hat dy
bekstalligens fan it meartal net. Wy fine njonken inoar: gebeurtenis -
gebeurtenissen, geschiedenis - geschiedenissen, besnijdenis - besnijdenissen,
bekentenis - bekentenissen.
Gearfetsjend kinne wy sizze
dat it Fryske -ENS folle mear op it Ingelske -NESS liket as it Hollānsk mei -ENIS.
En dźrmei ha wy al wer in parallel tusken it Frysk en it Ingelsk boppe wetter
brocht. "Oh my goodness!"
It Frysk hat in prachtige konstruksje mei it wurdsje EN dy't oer it ginneraal
brūkt wurdt yn plak fan in konstruksje mei OM TE. In foarbyld.
"Hy is net fan doel OM
moarn op dy party TE stimmen."
"Hy is net fan doel EN stim moarn op dy party."
Slaan ek acht op de
ūngelikense posysjes fan it tiidwurd STIM(MEN): achter yn de sin by OM TE, mar
daalks njonken EN yn de oare sin. De konstruksje mei EN wurdt ek wolris brūkt
yn plak fan in konstruksje mei AS OM:
"Dan sit der neat oars
op AS OM myn probleem oan frou Milek foar te lizzen."
"Dan sit der neat oars op EN lis myn probleem oan frou Milek foar."
It apartige oan ditsoarte
konstruksjes is dat se frijwat ūntagonklik binne foar allerhanne prosessen. Nim
bygelyks in proses lykas it meitsjen fan fraachsinnen. Wy kinne in ding yn 'e
OM TE-sin befreegje, mar eins wol dat allinne goed as wy OM sels weilitte:
(Sūnder OM) "Wźr is er
fan doel moarn op te stimmen? (Dźr op)"
(Mei OM) ? "Wźr is er fan doel om moarn op te stimmen? (Dźr op)"
It stikje tusken heakjes
oan 'e ein fan 'e sin makket dśdlik dat de oanfulling by it ferhāldingswurd OP
befrege wurdt. De fraachsin mei allinnich TE is prima, de fraachsin mei OM TE
wat minder, lykas oantsjut mei in fraachteken. In fraachsin mei EN is lykwols
striemin, wat wy neffens taalkundige wizānsje mei in stjerke oantsjutte:
* "Wźr is er fan doel
en stim moarn op? (Dźr op)"
Dy sinnen mei EN lykje in
bytsje beferzen te wźzen, en dźr ha sinnen mei TE minder lźst fan. Dy
konstruksje mei EN is oars in echt Fryske konstruksje. As wy sa'n sin yn it
Hollānsk besykje te meitsjen dat is it risseltaat striemin:
Noait hat er it besocht en
kom śs ris wat yn 'e mjitte.
* Nooit heeft hij het geprobeerd en kom ons eens wat tegemoet.
Yn de Nederlānske dialekten
kaam eartiids lykwols al in soarte fan EN-konstruksje foar. Fan 'e ālde
taalgelearde Overdiep komt it neikommende foarbyld:
"Ik wou even komen en
helpen je."
"Ik woe efkes komme en help dy."
As wy it Frysk en de
Hollānske dialekten ferlykje falt op dat de Hollānske dialekten konsekwint in
ynfinityf brūke nei EN, yn 'e boppesteande sin is dat "helpen". It
Frysk dźr foar oer brūkt in foarm ("help") dy't der śt sjocht as in
hjittende foarm (ymperatyf). It Ingelsk hat de EN-konstruksje allinnich by it
tiidwurd "try" (besykje):
"I'll try and contact
you when I get there"
Yn it Deensk is it lykwols
hiel gewoan om sokke sinnen te meitsjen. En fansels komt de konstruksje ek in
protte foar by dat oare lid fan de Fryske taalfamylje, it Noardfrysk, dat
sprutsen wurdt op de eilannen en in strypke kust krekt besuden de grins fan
Dśtsklān en Denemarken. Lit oaren it no besykje en wurkje myn stealtsje fan
Eurodialektology fierder śt.
"Dinderjend jaget de
middeistrein de Swolster kant śt wei op Fryslān oan,
sūnder de lange rige fan lytsere stasjons acht to slaen, lyk as in snel
foeget." Dat is de earste sin fan Nyckle J. Haisma syn "Peke Donia.
De koloniael". En wat in moaie sin!
In aparte fraze śt dy sin
is: "de Swolster kant śt wei". Dat betsjut soksawat as "śt de
rjochting fan Swolle wei" of "śt Swolle wei", yn eigentiidsk
Frysk. Mar hoefolle moaier klinkt it en sis "de Swolster kant śt
wei"!
Men kin twa opmerklike
saken oan dy moaie fraze obstrewearje. Foarst: de plaknamme ferskynt net as
nammewurd (Swolle) mar as eigenskipswurd (Swolster) by "kant":
"de Swolster kant (śt wei)". Yn it Nederlānsk soe men gjin
eigenskipswurd as Swolster brūke, men soe net sizze "hij ging de Zwolse
kant uit". Ynstee dźrfan soe men "van" en it haadwurd
"Zwolle" brūke: "hij ging de kant van Zwolle uit".
Twad ferskine der twa
wurdsjes achter "kant", nammentlik "śt" en "wei".
"Ut" allinnich is normaal by "kant": "hy gie de
Swolster kant śt" is frij normaal. Sels yn it Nederlānsk komt
"uit" sa foar: "hij ging die kant uit". It apartige is it
foarkommen fan "wei" derby. Troch dat "wei" wurdt de
betsjutting ek omkeard. As in trein de Swolster kant śt jaget, giet er nei
Swolle ta. As er de Swolster kant śt wei op Fryslān oan jaget, giet er krekt de
oare kant śt, by Swolle wei.
It liket my ek ta dat de
fraze "de Swolster kant śt wei" him net maklik befreegje lit. In pear
foarbylden fan mislearre fragen:
"Wźr jaget de trein śt wei op Fryslān oan." (Antwurd: de Swolster
kant)
"Wat jaget de trein śt wei op Fryslān oan." (Antwurd: de Swolster
kant)
De fragen binne nei alle gedachten mislearre om't it idiomatyske wurdsje
"kant" mist yn de fraach. Sa soe it dan moatte:
"Hokker kant jaget de trein śt wei op Fryslān oan." (Antwurd: de
Swolster kant)
Ja, dat kin min ofte mear.
Lit śs no de relative
konstruksje ris besjen. Foarbylden fan sokke konstruksjes binne "de man
dy't niis lake", de partij dźr't er op stimd hat". Yn in relative
bysin makke mei de fraze fan Haisma dūkt "dźr't" op:
"De kant dźr't er śt wei op Fryslān oan jage wie de Swolster".
It is frij seldsum dat men
twa wurden lykas "śt" en "wei" efter in haadwurd heart. Men
heart wol faak ien derfoar en ien derefter, lykas yn "śt de saak
wei", "by de berch op", "ta de doar śt", en sa mear.
Mar soksawat as "de saak śt wei" sil men net faak hearre, want
meastentiids klinkt dat net goed. Wźrom as it dan wol goed klinkt en sis
"de Swolster kant śt wei" bliuwt in mystearje en in bewiis dat
taalwittenskippers de mystearjes fan de taal yn it algemien en dy fan it Frysk
yn it bysūnder noch lang net bedjippe ha.
Yn in earder stik sitearre
ik al ris de earste sin fan it boek "Peke Donia. De koloniael" fan
Nyckle Haisma. Dat doch ik hjir jitris, want der sit noch in nijsgjirrich
ferskynsel yn:
"Dinderjend jaget de
middeistrein de Swolster kant śt wei op Fryslān oan,
sūnder de lange rige fan lytsere stasjons acht to slaen, lyk as in snel
foeget." It giet my diskear om de fraze "in snel".
Is Haisma de iennichste
dy't dat brūkt, "in snel"? Nee, wy fine ek by Riemersma twa
foarbylden, beide śt: "Myn folk, myn beminden":
"Is it no in snel?" "Nee, stop. Dat woest ommers?"
"Wannear komt der in snel?"
Priuw nochris de fraze
"Lyk as in snel foeget". It moaie dźroan is it sizzen "in
snel" foar in sneltrein. "In snel" is grif ūntstean as
ōfkoarting fan "sneltrein". Sneltrein is in gearstalling fan
"snel" en "trein". Blykber kin it twadde part fan in
gearstalling wolris weilitten wurde. Yndie, as wy it ha oer persoane-auto's en
bestelauto's, dan kinne wy ek sizze "dat is in bestel".
Lykwols koartsje wy net
samar allegearre gearstallingen ōf. As wy it earste Riemersma foarbyld nochris
besjogge, falt śs ek in oare ōfkoarting fan in gearstalling op:
"stop" foar "stoptrein". En dźrmei krije wy ek in idee fan
wannear as sa'n ōfkoarting fan in gearstalling plakfine kin. En dat is as der
fan in kontrastearjend pear sprake is. Wa't it oer sneltreinen hat, tinkt net
oan sneltreinen yn ferbān mei snelbussen, snelfytsen of soksawat. Wa't it oer
sneltreinen hat, tinkt oan sneltreinen yn ferbān mei stoptreinen. Dat is om
treinen giet, sil yn de measte gebrūkssitewaasjes wol dśdlik wźze; it
nijsgjirrige is oft it om stop of snel giet.
By gearstallingen lykas
"sneltrein" fielt de taalbrūker dus in ferskil tusken earste en
twadde part. Om in gearstalling te meitsjen kriget it earste lid gauris in
śtgong. Dat kin in -E wźze as yn "bernewein", of in -S as yn
"toersklok". Sa'n tuskenlūd hat neat mei meartal te krijen, want it
meartal fan "bern" is net "berne" mar "bern", en
dat fan "toer" net "toers" mar "tuorren". De
diskusje dźroer yn it Nederlānsk, dźr't de stavering fan tuskenklanken op in
drama śtrūn is, is ūnder oaren sa ūnsinnich om't der noch hieltyd
"taalkundigen" binne dy't tinke dat sa'n tuskenlūd in meartal is. Mar
hawar, dat pynlike ūnderwerp sille wy hjir gewurde litte.
In ferskil tusken earste en
twadde lid fan gearstalling fine wy ek yn min Frysk, ynterferinsje-Frysk: dat
is Frysk dźr't Hollānsk troch hinne mjukst wurdt. Dźr ha ik gauris it baksel
"kindewein" hearre mocht: earste lid Hollānsk, twadde Frysk.
Gekkernōch ha ik neat it baksel "bernewagen" beharke. My tinkt, dat
is in oanwizing dat Hollānsk him earder yn it earste lid fan in gearstalling
opkringt as yn it twadde.
It wurd "ding"
lit him yn in pear nijsgjirrige en geef-fryske ferbiningen brūke. Ien derfan is
yn 'e titel fan dit stikje jūn, en is basearre op in regel śt in gedicht fan
Waling Dykstra. Yn it Hollānsk soe it "zoiets" ofŻ "iets
dergelijk" wźze. "Sok ding" kin dus brūkt wurde om śtdrukkingen
mei "zoiets" en "dergelijk" oer te setten. Noch in pear
foarbylden.
"In dergelijke
gevallen": "lykas it trochstring by sok ding giet" (D. Hansma,
In Unlijige Tiid te Snits); "Teade koe men yn sok ding gjin steat op
meitsje". (Paulus Akkerman, De erven fan Freark Japiks Hindrikje)
"In zo'n geval":
"as jo him yn sok ding in finger jouwe." (Douwe Kiestra, De Toartels)
"Iets dergelijks,
zoiets": "ik wol sok ding fan gjin tsjinstfaam ha." (Waling
Dykstra, In faem en in arbeidster by keapman Watse)
It nuveraardige oan de
konstruksje is it inkeldtal. En it wurd "ding" hat net sasear mear de
letterlike betsjutting fan "ding". It doch wat tinken oan
"thing" yn it Ingelsk, dat yn "everything" en
"nothing" ek net folle mear mei materiėle dingen te krijen hat.
Fierders fine wy dat inkeldtallige "ding" ek mei it wurd
"alle". In pear foarbylden.
"In alle
opzichten": "wy besykje śs yn alle ding ta deugd oan te
stellen." (Bibel)
"Alles": "de
bliidskip makket alle ding op ierde smaaklik." (śt it Midfrysk, 1777)
In alle aspecten":
"hja koene him net, alhoewol't se yn alle ding de gefolgen ūnderfūnen fan
syn wil." (Simke Kloosterman, It Jubeljier).
By "alle ding" is
in oersetting mei "gevallen" nea mooglik, wylst dat by "sok
ding" wol mooglik wie. Fierders kin "ding" ek noch mei
"gjin minder" foarkomme. Yn dat gefal kin "ding" ek
weilitten wurde, lykas yn: "minder is der net", of, "minder ding
is der net." Yn it Hollānsk soe "minder" of "minder
ding" dan wźze: "iets ergers". Noch in foarbyld:
"Niets zo erg als,
niets ergers dan": "der is gjin minder ding as tocht." (Waling
Dykstra)
Der binne lykwols net in
protte foarbylden mei "gjin minder ding": mar fjouwer, en dźrfan twa
śt idioomliteratuer. Almeast wurdt "ding" lykwols weilitten yn 'e
kombinaasje mei "gjin minder". Fan "gjin minder" sūnder
"ding" fine wy yn de taaldatabank sān foarbylden. En fansels fine wy
"gjin minder" ek yn kombinaasje mei oare wurden as "ding."
"Geen vak zo erg
als": "der is gjin minder fak as dat fan boer." (F.J. Wijnstra,
De Rintmaster)
"Niets zo erg":
"gjin minder wurk as neatdwaan." (M. Bijlsma, It grom spat alle
lanten śt)
ŻHiel apart is it
neikommende foarbyld fan "gjin minder", mei it tiidwurd
"skjinmeitsjen":
Der wie gjin minder
skjinmeitsjen as in keamer of koken dźr't it walme hie" (G. Mulder, Romte
en paad). Yn it Hollānsk wol dit net, hear mar: "er was geen erger
schoonmaken als een kamer waar het gewalmd had".
Sok ding fyn / ik grut
behagen yn.
Guon Hollānske wurden litte
har net samar ferfryskje. Nim bygelyks "ongeacht wat...,
"onverschillig wat ...", "onafhankelijk van wat" en
farianten. Fansels, "ūngeacht", "ūnferskillich" en
"ūnōfhinklik" binne gau betocht. Mar it kin ek oars. Lit śs ris in
rychje foarbylden by del gean.
De doorsneesprekers van
onverschillig welke taal zijn zich er niet bewust van = De sljuchtwei praters
fan likefollewatfoar taal binne har der net bewust fan ("Bydragen ta de
didaktyk fan it Frysk", side 43, ferskate auteurs). It giet oars by dat
sitaat om bewustwźzen fan 'e grammatika, dat by alle sljuchtwei sprekkers
'likefolle' ōfwźzich wźze soe.
Ongeacht of het Fries is of
Hollands = Likefolle oft it Frysk is of Hollānsk ("De Christen Gysbert
Japiks", side 37, E.B. Folkertsma). Yn dit foarbyld kin
"ongeacht" likegoed as "likefolle" ek weilitten wurde:
"Oft it no Frysk is of Hollānsk".
Maar onafhankelijk van de
vraag of zij het zijn of ik = Marlikefolle oft sy it binne of ik (Bibel,
Korintiėrs 1:15).
It modieuze "onafhankelijk van de vraag of" kin gauris ōfmakke wurde
mei it koart en krźftige "likefolle oft". Wat krekt net kin yn it
Frysk is: "Mar likefolle de fraach oft sy it binne of ik". Sels fyn
ik it as 'kreatyf taalgebrūk' net iens sa raar, mar it komt amper foar yn 'e
Taaldatabank. "Likefolle" komt blykber it bźst ta rjochten as it
folge wurde troch wurden dy't fragen ynliede: wa, wat, hokker, oft. Wat oars
wol wer kin is dit: "likefolle it antwurd op 'e fraach oft sy it binne of
ik".
Dat moaie gebrūk fan
"likefolle" giet werom op 'e basisbetsjutting "even veel".
Yn 'e niisneamde foarbylden wurde twa mooglikheden gelikense wearde tametten,
dat dan is de kar dy't makke wurdt tusken beide opsjes net wichtich.
"Likefolle oft it Frysk is of Hollānsk" betsjut "beide binne
like wichtich (as it derom giet en lear Gysbert syn wrāldfisy better
kennen)".
Allyk kin de
basisbetsjutting "evenveel" weromfūn wurde yn "De sljuchtwei
praters fan likefolle watfoar taal". Dźr binne meardere opsjes, nammentlik
talen, mar sljochtweisprekkers fan al dy talen skoare likefolle (of likemin) as
it om bewustwźzen fan har grammatika giet.
It "likefolle"
fan opsjes ymplisearret dat it net śtmakket hokker opsje keazen wurdt. Sa komme
wy op 'e betsjutting "het maakt niet uit". Lykas yn it bekende
sechje: It is de boer likefolle oft de ko skyt of de bolle. Mar fansels binne
der ek gewoane foarbylden: "sjoch ik woe net ha, datsto tochste, dat it
allegear likefolle is, as men wat ōfpraat of net en as men derneffens docht of
net. ("In oerkommeling", side 236, B. van der Veen)
By "evenveel"
heart ek it wat deftiger "evenzeer":
Voor de schrijver is die draad evenzeer de lijn waar hij zijn wijsheden aan
ophangt = Foar de skriuwer is dy tried likefollede line dźr't er syn wysheden
oan ophinget ("It koarte forhaal" (1977) side 268, Tr. Riemersma).
Oer logyske wurdsjes as
'likefolle' is likegoed mar in soad te fertellen!
Yn it Frysk is it ek noch
mooglik om "likefolle wa" te ferkoartsjen ta "lykfolwa", en
"likefolle wat" ta "lykfolwat". Dat jout wer ta nije
betsjuttingen oanlieding:
allerlei, allerhande:
It ynstremintarium oan board fan dizze kunstmoanne sammele lykfolhwat gegevens
oer strieling yn 'e romte (Fan romtesprong oant romtefeart (1966) side 42, Sj.
v.d. Werf)
van alles
Dan kin der wer lykfolwatbarre.
(Wrotters fan de Froskepōlle (1949) side 76, Douwe Tamminga)
Op 'e banken leit lykfolwat śtstald.
De kar (1936) side 66, Nyckle Haisma)
wat al niet
Hja rachte śs uet for Bengaalske tigers en lykfolwat
(For sprekkers en lezers. Nije grappige teltsjes (1888) side 13, S.K. Feitsma)
wat dan ook
Dat soe hja foar lykfolhwat net wolle.
(Boerefolk (1948) side 124, S.M. v.d. Galiėn)
om het even wat
Tseard woe wol lykfolhwet jaen, as er nou noch hwet lizzen bliuwe
(Simmerdagen (1938) side 31, Nyckle Haisma)
By it los skriuwen fan
likefolle en fraachwurden (wa, wat, hokker, en sa mear) komt ek de betsjutting
"alle, elke, iedere" foar it ljocht:
elke, iedere,
Ek it ūntbrekken fan lykfolle hokfoar oanwizing ...
Likefolle hokker nei sé rinnende wetterier,dy't ek mar in bytsje to bitsjutten
hie, lei eartiids in syl yn.
(Binnendiken en slieperdiken (1954) side 347 en 402, ferskate auteurs)
De relaasje tusken
fraachwurden en wurden lykas "elke, alle" is net sa gek as it liket.
Ommers, in fraachwurdfraze lykas "hokker jonge" freget om in kar śt
alle jonges, in fraze lykas "alle jonges" ferwiist nei alle jonges.
De relaasje tusken fraachwurd en wurden lykas "alle" blykt ek śt
sinnen lykas de neikommende:
Wa't it wit, mei it sizze.
= Al dy't it wit, mei it sizze.
Hokker jonge as it wit, mei it sizze = Eltse jonge dy't it wit mei it sizze
De sin mei it wurd
"wa't" hat fierhinne deselde betsjutting as in sin mei "al
dy't", en "hokker jonge as" hat fierhinne deselde betsjutting as
"eltse jonge dy't". De betsjutting fan "elke" (of eltse)
kin faak ek omskreaun wurde as "likefolle hokker" (Hollānsk
"onverschillig welke").
Elke jonge mei it lźze =
Likefolle hokker jonge mei it lźze
It willekeurige fan in kar
śt 'e mooglikheden wurdt yn it Hollānsk dan ek beklamme troch it brūken fan
"onverschillig", yn it Frysk troch it brūken fan
"likefolle":
onverschillig welke (zo
maar willekeurige)
Dat it net ta kin mei it lźzen fan likefolle hokker teksten.
(Frysk &;Vrije Universiteit (1989) side 140, Ferskate)
("Dat het lezen van zo maar willekeurige teksten onvoldoende is.")
It soe ivich sūnde wźze as
wy al dizze prachtige konstruksjes mei "likefolle" en
"lykfolwa" en "lykfolwat" net brūke soene. It wurdsje
"likefolle" / "lykfol-" kin breed ynset wurde om in macht
oan Hollānsk idioom oer te setten. Sokke wurdsjes binne, om't se sa frekwint
binne, eins noch wol wichtiger as wat āldfrinzige en ynfrekwinte wurden en
śtdrukkingen lykas "de wyn malket" en "beanhearre" dźr't
men op Fryske taalkursussen foar begjinners fan te lijen hat. Oare kear mear
...
It tiidwurd
"sille" wurket yn it Frysk justjes oars as it Hollānske
"zullen". Nim om te begjinnen it folslein mulwurd ofwol partisipium.
By "sille" is dat "sild" of "sillen", by
"zullen" is dat "gezuld". Dochs binne de
gebrūksmooglikheden fan it Fryske partisipium grutter as dy fan syn Hollānske
wjergader. In foarbyld:
"Dat hie sild mar it
gie net troch."
* "Dat had gezuld maar het ging niet door."
De Fryske sin is natuerlik,
mar de Hollānske kin der net op troch. In minne sin sette wy foar de dśdlikens
in stjer foar. It Hollānske "gezuld" hat dus minder
gebrūksmooglikheden as it Fryske "sild".
Itselde jildt ek foar de
doetiid fan "sille". Sa kin men yn it Frysk sizze:
"Wy soene nei Ljouwert ta."
* "Wij zouden naar Leeuwarden toe."
De Hollānske wjergader dźr foar oer is net goed:
Fan datoangeande is der ek
noch in oar foarbyld fan it brūken fan "soe", dat der yn it Hollānsk
net op troch kin. By Leo Popma lies ik de neikommende sin:
"Wy wiene earder klear as soe."
* "Wij waren eerder klaar dan zou".
De Hollānske sin is wer net goed. Yn 'e Fryske sin komt "soe" foar yn
in komparative konstruksje, dat wol sizze, in sin mei de wurden "earder
as", "flugger as" of soksawat deryn. De betsjutting fan 'e sin
soe omskreaun wurde kinne as: "wy wiene earder klear as dat wy klear wźze
soene".
Yn 'e Popma sin mei tusken
"as" en "soe" ek wol it bynwurd "dat" stean:
"Wy wiene earder klear as dat soe."
Yn it Hollānsk is dat like min:
* "Wij waren eerder klaar dan dat zou."
Opfallend is dat der gjin
ūnderwerp yn 'e sin stiet. Op "as" folget daalks "soe", en
dat is it dan. Dochs kinne wy der, yn sprektaal, wol in ūnderwerp bysette:
"Wy wiene earder klear as dat it soe."
It apartige is, dat wy njonken it ūnderwerp "it" no ek it bynwurd
"dat" derby sette moatte, en sels dan is it risseltaat net al te al
te. Mar wy kinne net sizze:
* "Wy wiene earder klear as it soe."
Dus "dat" mei net weilitten wurde yn "... as dat it soe",
wylst it yn "... as dat soe" net śtmakket. It oanwźzich wźzen fan
"it" twingt ek de oanwźzichheid fan "dat" ōf.
Ynstee fan "soe"
kinne wy ek sizze "sild hie":
"Wy wiene earder klear as dat sild hie."
Opfallend is dat wy dźr ek wer it bynwurdsje "dat" weilitte kinne:
"Wy wiene earder klear as sild hie."
Mar as wy der in ūnderwerp oan taheakje, moat der wer "dat" by:
"Wy wiene earder klear as dat it sild hie."
* "Wy wiene earder klear as it sild hie."
De moraal fan it ferhaal: taal is komplekser as dat men tinkt, en de
gebrūksmooglikheden fan Frysk "sille" binne grutter as dy fan syn
Hollānske wjergader "zullen".
Yn it Hollānsk kin de fraze
"ook maar iemand / iets" voorkomen:
"Niemand heeft ook maar iets gezien."
Dy fraze kin allinne by in negative fraze lykas "niemand" foarkomme.
Oars heart it net goed:
* "Jan heeft ook maar iets gezien."
Sokke frazen as "ook maar iets" wurde dźrom negatyf polźr neamd: se
kinne net frij foarkomme, mar ha in negative poal nedich.
It is al raar, mar it Frysk
mist in letterlijke wjergader fan "ook maar iets / iemand". It heart net
goed en sis:
*"Gjinien hat ek mar eat / wat / immen sjoen."
Soksoartige foarbylden misse dan ek yn 'e Taaldatabank fan 'e Fryske Akademy.
It is oars ek apart dat "eat" en "immen" yn 'e deistige
sprektaal net besteane.
Hoe dan al? Almeast soene
wy "ook maar" net fertale:
"Gjinien hat eat / wat / immen sjoen."
It is ek mooglik om de
fraze "ook maar iets" mei "it minste" oer te setten. In
foarbyld śt 'e literatuer.
Nimmen dy't hjir ek mar it
minste fan misse woe.
(De maitiid fan it libben, side 27, P. Akkerman)
In oare mooglikheid is it
brūken fan "likefolle" yn kombinaasje mei it wurd "wa" of
"wat", dus in fraachwurd. Der is nammentlik in soarte fan relaasje
tusken yndefinite wurden lykas "iemand, iets" en wurden lykas "wa,
wat". Dat kin men yn it Hollānsk al sjen:
Niemand heeft ook maar iets
gezien = niemand heeft wat dan ook gezien
"Iets" folget op
"ook maar", wylst "wat" oan "dan ook" foarōf
giet. It Frysk hat ek de moogliheid en brūk "wie / wat". It kin dan
foarkomme yn kombinaasje mei "ook (maar)" as "wa ek (mar)",
en yn kombinaasje mei "dan ook", as "wa dan ek".
wa ek mar
Jo hoege net in bline neifolger fan wa ek mar te wźzen (In earme swalker yn 'e
wrāld, side 216, Y. f.d. Fear)
Dochs komt "wa
ek" yn 'e Taaldatabank foaral nei it wurdsje "as" foar:
Om't se mear fan my wit as
wa ek
(De rop fan it wetter, side 22, Bennie Huisman)
Foar de fariant "wa
dan ek" jildt dat it him faak nei "of" oppenearret:
wa dan ek
Kin Roosevelt of wa dan ek dźr gjin rekken mei hālde?
(Tin iis, side 118, T. Mulder)
In tredde opsje foar it
oersetten fan "ook maar" is it brūken fan "likefolle wa /
wat":
Als je ook maar iemand ziet
= Ast likefolle wa sjochtst
Niemand heeft ook maar iets gezien = Gjinien hat likefolle wat sjoen
Der binne dus noch al wat
mooglikheden, mar meastal kin it Hollānske "ook maar" gewoan
weilitten wurde. Hoe't it krekt sit mei "ook maar" en "ek
mar" yn it Hollānsk en it Frysk is net alhiel dśdlik, mar dy tizeboel sil
troch taalkundigen meikoarten ek wolris śtinoar helle wurde. Alteast, dat tinkt
men, as men ek mar in bytsje fertrouwen ("ook maar enig vertrouwen")
yn 'e wittenskip hat ...
Trekke en lūke, dat is in
spantsje bekend fan it AFUK A-eksamen. Ommers, it Frysk hat beide, it
Nederlānsk allinnich trekke, dat de doar nei betizing fan beide stiet wiid yn
it tsier.
Yn gearstallingen jildt
fansels itselde. It span trekke enlūke bringt oare spantsjes mei: betrekke
enbelūke, ōftrekke en ōflūke,lūkwei en trekwei. En dan kin der ek noch
betsjuttingsferskil wźze. Mei oare wurden, it is in nijsgjirrige griemmank
dźr't in wurdboekman of -frou grif in tsjok boek oer skriuwe koe.
By gearstallingen dy't śt
it Nederlānsk komme, kin de foarm mei trek- foarkomme. Dat sil grif de reden
wźze dat wy ōftrekpost makliker brūke as ōflūkpost. It is dan ek in wurd dat
mear śt it technysk-offisjele as śt it hśslike komt. Nettsjinsteande kinne wy
wol maklik it wat minder technyske begryp ōflūke brūke lykas yn: dat kinst
ōflūke fan 'e belźsting.
Faaks moatte wy dźr it
leksikale en it semantyske śtinoar hālde. Trek- is neffens de foarm al Frysk,
mei't trekkeek yn it Frysk foarkomt. Af- kin allinne mar Hollānsk wźze. By
ōftrekpost wurdt in Hollānske betsjutting skoot by in Fryske wurdfoarming dy't
it wint fanōflūkpost om't de earste mear op it Hollānskeaftrekpost liket as de
lźste.
Fierders stelle beskate
efterheaksels har eigen easken. Sa kin-lik allinnich mar oan trek- taheakke
wurde, net oanlūk- en fine wy dus al oantreklik, mar netoanlūklik. Oan de
betsjutting leit it net; men kin nammentlik wol sizze:
Of soe it dochs sa wźze, dat ūngelikense poalen elkoar oanlūke? (G. Burgy
"Betrutsen Fjoer", side 149).
Dźr is sprake fan deselde betsjutting as by it Hollānske aantrekken. En as wy
in oar efterheaksel as -lik brūke, is it risseltaat ek goed, lykas yn
oanlūkingskrźft. It net foarkommen fan oanlūklik hat dus te krijen mei de
easken dy't -lik oan syn partner stelt yn it Frysk.
In bekend foarbyld is ek
trekfūgel. Der besteane gjinlūkfūgels yn it Frysk. By trekfūgelsil ek sprake
wźze fan in lienwurd śt 'e mear offisjele, minder hśslike libbenssfear. Yn it
Frysk kin men trekkenet brūke yn 'e betsjutting fan reizgje. Soks wiist der ek
op dat trekfūgel in lienwurd is. It Hollānske"de vogels trekken weg"
soe yn it Frysk oerset wurde as "de fūgels fertsjogge", of "de
fūgels reizgje fuort". As wy in Frysk wurd optinke moasten, soe reisfūgels
of simmerfūgels wol wat wźze. Tsjochfūgels is te āldfrinzich, gearstallingen
mei tsjoch- komme fierders ek net foar en by einsluten skaait tsjochfūgels tefolle
śt nei it "Tsjoch!" fan feestende kroechgongers!
It wurdboek jout njonken
inoar lūkfeart en trekfeart,lūkwei en trekwei. Dochs fine wy yn 'e Taaldatabank
fan de Fryske Akademy gjin lūkfeart en mar twaris lūkwei. Trekfeart en trekwei
komt folle mear foar. Dat sil ek wol te krijen ha mei it feit dattrekfeart en
trekwei wat minder hśslike begripen binne, dy't boppedat stipe wurde troch it
Hollānske trekvaarten trekweg. En dźrmei lūkt dit stikje nei de ein.
Yn eardere stikjes hat it
Fryske "likefolle" op it aljemint west en de macht oan Hollānske
oersettingen dy't troch dat iene Fryske wurdsje dutsen wurde. Lit śs no dan it
tsjinoerstelde ris neier besjen, en dat is it wurdsje "ūngelyk".
In bekend Hollānsk sizzen
yn dizze tiid fan oerlis en petear oangeande machtsferhāldingen is "dat
hangt af van ...". Fansels kin dat oerset wurde mei "dat hinget ōf
fan ...". Neat mis mei. Mar moaier, alteast śt it eachweid fan fariaasje
en seldsumens wei, is it en skriuw: "dat is ūngelyk wat de kommisje
beslśt". Noch in foarbyld.
afhankelijk
Afhankelijk van wie met hem praat, zal hij het toegeven of ontkennen
Ungelyk wa't mei him praat sil er it tajaan of ūntkenne.
"Ungelyk" kin dus
brūkt wurde om "afhankelijk" oer te setten. Kwa betsjutting is dat te
begripen. As in ding ōfhinklik is fan in oar ding, dan is sok ding net altyd
gelyk oan himsels, mar fariearret (is ūngelyk oan himsels) ōfhinklik fan it
oare ding. Wy sille in rychje foarbylden by del gean.
verschillend
Daar denken wij verschillend over. = Dźr tinke wy ūngelyk oer.
(En alles wat winsklik is!, side 8, Janneke B. Dalstra-Fokma)
Hoe verschillendook = Hoe ūngelyk ek
(De Fryske fjouwerrigel, side 12, J.H. Brouwer)
Het kan op verschillende manieren. =
('Se wie altyd oan it flirten mei jonges.'
'Dat sille wol mear fammen dwaan.')
'It kin ūngelyk.'
(De hite simmer, side 78, Trinus Riemersma)
variėren afhankelijk van
Dat varieert afhankelijk van hoeveel gras er op de dijk is. =
Dat isūngelyk hoe folle gjers oft der op 'e dyk is.
(Nes, in doarp yn 'e Dongeradielen (1950) side 39, Kr. Boelens)
variabel zijn
Klaai kin al bare ūngelyk wźze.
(Fan Fryslāns grūn, side 133, J. Botke)
Dizze klaei is tige ūngelyk fen swierte en hichtelizzing.
(Ien en oar oer de grūn fan East-Dongeradiel, side 13, S.F. Kuipers)
En dan binne der ek noch
foarbylden lykas "och ik wit net, it kin sa ūngelyk" (Neisimmer, side
63, R. Brolsma). Dat is faaks oer te setten as "je weet niet hoe het zal
uitpakken". Of: "It ynfoarderjen is wakker ūngelykgien." (Nes,
in doarp yn 'e Dongeradielen, side 121, Kr. Boelens). Dat kin oerset wurde as
"het invorderen verliep overal anders".
Dat lźste foarbyld lit ek
sjen dat "wakker" as fersterking by "ūngelyk" (wakker
ūngelyk) foarkomme kin, njonken "bare" (bare ūngelyk) dat wy earder
al hān hiene. Yn 'e Taaldatabank fine wy folle mear foarbylden mei
"wakker" as mei "bare".
By einsluten is der ek noch
in moaie juridyske śtdrukking. "Het proces is op kosten van de
verliezer" kin oerset wurde as "It proses is op kosten fan
ūngelyk." It is oars net wier dat de winner de proseskosten hielendal
fergoede kriget want it bedrach dat de rjochter fźststelt is meastal fierste
leech om de kosten te dekken. Oft soks ūnrjochtfeardich is wurdt wakker ūngelyk
oer tocht.
Omt is in hiel apart
wurdsje. It komt foar yn sintsjes lykas "By de hannen om't ōf", dat
de titel fan in boek fan Trinus Riemersma is. Ornaris komt it tiidwurd
brekkeder dan ek by foar:
"Durk, waans idealen
him allegearre by de hannen om't ōf brekke, kin mar net mei himsels yn it lyk
komme." (D. Weening-Meijer, "Loslitte").
De Hollānske betsjutting
dy't it wurdboek by dit idioom jout is "mislukken" (mislearje), mar
it is eins noch folle negativer as it wat neutrale "mislukken";
earder soksawat as "op in fiasco uitlopen". Oer de skriuwwize fan
omtfalt oars ek wat te sizzen. It hānwurdboek Frysk-Nederlānk jout omt as
selsstannige yngong, mar wa't by "hān"siket fynt it skreaun as om't.
Yn de Taaldatabank fan de Fryske Akademy komme beide staveringen troch de bank
nommen likefolle foar. Ik kies foar omt, om't om't al oan it bynwurdom't
foarbeholden is. Der binne ek noch oare śtdrukkingen mei omt, lykas "by it
krijen omt ōf":
"Hoewol it by 't krijen
om't ōf wie, bleauwen hja my dochs fan de lea." (M.H. Castelein,
"Doe't Hitler hjir baes wie").
De betsjutting is
"hoewol der hast houwerij kaam, klappen foelen". Yn stee fan "by
it krijen omt ōf"fine wy ek wol "op it krijen omt ōf":
"... en soms dan
biėinigen hja de aksje ek jitte, brochten de beslissing ynienen ...; in inkelde
kear mei sterke drigeminten op it krijen omt ōf." (L. Brolsma "Folk
fen Fryslān")
Dy wiksel fan by en op fine
wy net yn "by de hannen om't ōf"; dźr is allinnich bymooglik. Hannen
roppe fansels de letterlike betsjutting fanby en op op, en dan is by gaadliker
as op. Yn "by / op it krijen omt ōf" hat it ferhāldingswurd (Hollānsk
'voorzetsel') net syn letterlike betsjutting, en is de kar dźrfan rommer. In
tredde śtdrukking mei omt ōf is "op 'e snaren omt ōf":
"En as de earste reed
kamp of op 'e snaren om't ōf ferlern wie, dan koe de oare him der mar nei sette
det er der oan gyng." (G. Burgy, "Biritsen fjūr").
"En it is op 'e snaren om't ōf of de sturt fan sines wie yn it tou fan Jan
rekke." (G. Burgy, "Yn en om de koaibosk").
Lykas śt de kontekst al
swat bliken docht is de betsjutting: "it skeelde mar in bytsje". It
is oars wol grappich dat dizze śtdrukking fral troch Burgy gauris brūkt waard.
En fūnen wy yn "by de hannen omt ōf"allinnich by, yn "op 'e
snaren omt ōf"fine wy allinnich op. Omt wurdt ek wolris weilitten, en dan
krije wy: op 'e snaren ōf, op / by it krijen ōf, by de hannen ōf.
Ta beslśt in hollebrekker:
doe't it op it krijen omt ōf wie mei de Joadske en Palestynske delegaasjes, wie
it op 'e snaren omt ōf of it fredesproses bruts de Amerikaanske minister by de
hannen omt ōf.
Wy ha sjoen dat wy mei
"omt ōf"idiomatyske śtdrukkingen bouwe kinne: by de hannen omt
ōfbrekke, by it krijen omt ōf, op 'e snaren omt ōf.De lźste twa śtdrukkingen
sit in betsjutting fan "hast, benei" by. "By it krijen omt
ōf"betsjut ommers "it is hast houwerij", en "op 'e snaren
omt ōf" betsjut "it wie hast sa". No binne der ek sintsjes
mooglik lykas de neikommende.
"Dy wie oeral foaroan
by, mūlryp, by it bretale omt ōf." (S. Kloosterman "Ut de
gielgoerde").
"Kanarjesied. Dit gewaaks tekenet al gau. Yn 't foarjier is it dan o sa
ljocht fan kleur, op it giele omt ōf, mei noch ljochter blźdpunten." (A.
Kerkhof, "Dongleare").
"' Wat wolsto?' freget se suver by it eangstige omt ōf." (H.
Heeringa-Seepma, "Fernanda wurdt plysje").
"Soms gong it wat op in hoallefoaljen, wat by 't bolbjirkene omt ōf."
(M.H. Castelein, R. v.d. Velde, "Tuolleprakkesaesjes").
Der is wer fariaasje tusken
op, lykas yn de earste twa foarbylden en by, lykas yn 'e lźste twa. En omtmei
der by, mar kin altyd ek weilitten wurde, lykas hjirūnder:
"Allinne de wekker op
de skoarstienmantel tikke wit hoe lūd. To lūd hast, by it brutale ōf."(Welmoed
Hemrica, "Folk yn 'e bus").
"Betsy ... draaide him doe de rźch ta, mei de skouders lūkend en op it
bange ōf." (G. Abma, "De śtfanhuzer").
Yn it earste foarbyld
bliuwt dan oer "by it ... ōf", yn it twadde "op it ... ōf".
Op it plak fan de stippeltsjes stiet altyd in eigenskipswurd (brutaal,bang) dat
fan in ekstra E is foarsjoen.
Yn it Nederlānsk fine wy
deselde fariaasje yn dit sinstype. As wy mei GOOGLE sykje (www.google.nl) fine
wy bygelyks 2 foarbylden fan "bij het brutale af" en 17 foarbylden
fan "op het brutale af". Ferlykbere ferhāldings fine wy ek by
"bij het fanatieke af" (2x) en "op het fanatieke af"
(28x).Op liket yn dizze konstruksje justjes mear de guit te hawwen as by. Yn it
Frysk komt by mear foar te kommen asbij yn it Nederlānsk. Mar wat yn it
Nederlānsk absolśt ūnmooglik is, is de variant mei omt ofom. Wy sille gjin
Hollānsk sintsje fine lykas: "bij het brutale om af" of "op het
fanatieke om af".
Idiomatyske śtdrukkingen
ken it Hollānsk ek, lykas "bij de wilde spinnen af", wat yn it Frysk
wer gauris meiomt ferskynt: "by de wylde spinnen omt ōf".Typysk Frysk
liket my lykwols it brūken fan in tiidwurd yn dizze konstruksje, lykas
hjirūnder:
"Hy, Wytse, hie syn
heit swier tamtearre, op it deaskoppen omt ōf." (H. Y. Vries,
"Bindert fan de blomkeboer").
Yn it Hollānsk kin men soks
net sizze: "Hij had zijn vader mishandeld, op het doodschoppen af".
Noch in foarbyld:
"Suterich, bilutsen is
dat antlit dźr foar har, op it skriemen omt ōf." (Y. f.d. Fear, "Ta
him dyn bigearte").
By einsluten liket de
konstruksje mei in eigenskipswurd yn it Frysk faker foar te kommen as syn
wjergader "op / bij ... af" yn it Hollānsk.
Der binne fan dy wurden, dy
komme jin as oersetter hieltyd wer oer it mad en elke kear is it wer in
probleem om se oer te setten. Ien fan dy ellindelingen is it nustje Hollānske
wurden "voedsel", "voeding" en gearstallingen dźrmei, lykas
"voedselketen", "voedingsmiddelen", "voedzaamheid"
en sa mear. De wurdboeken jouwe al oan dat de skoech dźr knypt. It
Nederlānsk-Frysk wurdboek jout foar "voeding" en gearstallingen
dźrmei de neikommende wurden:
fieding, fiedingsboaiem,
fiedingskanaal, fiedingskraan, fiedingsgehalte.
It ornaris rikere en
bettere Frysk-Nederlānske wurdboek jout lykwols gjin inkelde gearstalling mei
fieding-!! En fiedingsels hat yn dat seldichste wurdboek in superkoart stikje:
der stiet allinnich "voeding" by en fierder neat, gjin foarbylden.
Dat de wurdboekmakkers ha grif mei "voeding" oan west.
"Fieding" is boekjefrysk, ūnsprektalich en heart net moai.
It wurdboek jout sels oan
dat bytiden "voeding" ek wol mei iten of iten en drinken oerset wurde
kin. "Denk om goede voeding" kinne wy gerust oersette as "Tink
derom datst goed ytst (en drinkst)". Guon gearstallingen mei
"voedsel" lykas "voedselgebrek",
"voedselschaarste", "voedselpakket",
"voedselvergiftiging", "voedselvoorziening" kinne ek mei
iten oerset wurde:
tekoart oan iten,
itenskrapte, itenspakket, fergiftiging troch bedoarn iten, foarsjenning fan
iten en drinken.
Mar in gearstalling lykas
"voedingsboadem" kinne wy fansels net oersette as itensboaiem.
By "voedzaam" hat
it wurdboek it moaie streksum, by "voedzaamheid" streksumens of
streksumheid. No is it neffens my sa dat "voedings-" yn
gearstallingen ek wolris "voedzaamheid" betsjut, lykas yn
"voedingswaarde". It wurd "voedingswaarde" mist yn beide
wurdboeken (Frysk-Nederlānsk, Nederlānsk- Frysk), mar it stiet tsjintwurdich op
in protte produkten yn 'e supermerk. Myn suggestje is en set it oer as:
streksumheid. Yn dit gefal is weardeeins oerstallich, hoewol't
streksumheidswearde ek net raar heart. Yn Nietzsche syn "Jenseits von Gut
en Böse" moast ik oersette "Giebt es eine Philosophie der Ernährung?",
en dźr ha ik fan makke: Is der in filosofy fan it streksume?
Yn in nustje oare gefallen
hat "voeding" de betsjutting fan "oanfier", sa't yn it
wurdboek sels opmurken wurdt. Dźrom kinne "voedingskanaal",
"voedingskraan" oerset wurde as: oanfierkanaal, oanfierkraan.
"Voedingsbodem"
wurdt in hiel protte brūkt. Hjirūnder wat kreative oplossingen:
"een voedingsbodem
voor lezersplezier" - in boarne fan lźzerswille
"de studentenvereniging als voedingsbodem voor academische vorming" -
de studinteferieniging as basis foar akademyske foarming
"aan welke eisen voldoet een voedingsbodem in een aquarium" - hokker
easken wurde oan in boaiem foar planten yn in akwarium steld"
"armoede is een voedingsbodem voor radicalisering" - earmoed is in
fruchtbere boaiem foar radikalisearring.
Boarne en basis kinne foar
it figuerlike gauris brūkt wurde. Yn it letterlike kinne wy boaiem brūke, en
dan fierderop yn de sin eventueel spesifisearje wźr't de boaiem foar ornearre
is. In oersetter beskōget de kontekst fan de sin as in boarne fan en fruchtbere
boaiem foar kreative oplossingen.
Inge Hiemstra hat yn har
skripsje sjen litten dat der yn it Frysk meardere manieren binne om lange
fragen te meitsjen. Wat binne lange fragen? Lange fragen binne fraachsinnen fan
it type:
Wat tinkst dat ik juster
itenha?
Hjir heart wat by iten
lykas dśdlik is śt it antwurd:
Ik tink datsto juster wat
lekkers iten hast.
Yn in lange fraach wurdt it
fraachwurd dus skaat fan it tiiswurd dźr't it by heard troch it bynwurd dat, en
troch in tiidwurd lykas tinke, sizze, en sa mear. Mei oaren fraachwurden kin
dit fansels ek:
Hoe / Wźrom / Wźr tinkst
dat se it dien ha.
Wa tinkst dat se sjoen ha.
It model fan dit type lange
fraach is: Fraachwurd ... dat ...Dit is it skriuwtalige type, dat ek yn it
Nederlānsk foar master opslacht. Ik ha mei GOOGLE socht op "Wat denk je
dat" en dat joech foar it Nederlānsk mear as 2000 fermeldingen.
No is der ek in oar model
mooglik, lykas hjirūnder:
Wat tinkst wat / wa ik
sjoen ha?
Wat tinkst wźrom / hoe / wannear at se it dien ha?
De fraach begjint dan altyd
mei wat, en it eigentlik fraachwurd stiet oan it begjin fan de bysin. It model
fan dit type lange fraach is: Wat ... fraachwurd ... Dit type komt benammen yn
de Fryske sprektaal wol foar, en ek wol yn eastlike dialekten. It Dśtsk hat dit
ferskynsel ek, it Ingelsk net. Yn ynformeel Nederlānsk komt it net faak foar.
Ik ha mei GOOGLE socht op "Wat denk je wie", en dat joech mar 18
fermeldingen. En der is noch in tredde type:
Wat tinkst wat ik sjoen ha.
Wa tinkst wa't ik sjoen ha.
Wźrom tinkst wźrom as er it dien hat. Hoe tinkst hoe't er it dien hat.
It model is: Fraachwurd ...
fraachwurd ... Dit type komt krekt as it foarige type foar yn Fryske sprektaal,
en yn it Dśtsk. Yn de Nederlānske sprektaal komt it ek foar, mar yn it Ingelsk
alhiel net. Foar it Nederlānsk socht ik op "Wie denk je wie", en dat
joech 35 fermeldingen.
By Haisma fine wy in hiel
aparte sin:
"In krystbeam wist men
net iens wat dat wie."(N. Haisma, "It lān ferline").
De krystbeam heart thśs by
wie, lykas blykt śt: Men wist wat in krystbeam wie. Mar om't dekrystbeam wat al
te fier by wie wei stiet, wurdt it wurdsje dat yn stee fan de krystbeam brūkt.
In typyske sprutsen Frysk konstruksje. Yn it Nederlānsk heart it min: "een
kerstboom wist hij niet eens wat dat was" is raar. Alsa fine wy yn de
Fryske sprektaal dochs wat aparte konstruksjes dy't it Dśtsk ek hat, it Ingelsk
lykwols net. It Frysk befynt him Europeesk besjoen wer ris op in middeposysje
tusken twa grutte talen.
De wurden 'withoefaak' en 'withoefolle'
besteane beide śt it wurdparten 'wit-' en '-hoe-', folge troch '-faak' of
'-folle'. In pear foarbylden fan libben gebrūk:
Tegearre hiene se ek withoefaak troch de stźd
krśske ("Ien foar de wraak", Joop Boomsma).
Mem stie withoefaak yn de erker śt te sjen.
("Tin iis", Tiny Mulder).
Withoefolle dokters haw ik ōfreizge. ("In
man allinne", Paulus Akkerman).
Je kinne withoefolle fet tusken de naden
smarre, healwe de dei komt it wetter der yn en peazget it tusken de teannen.
(Jan Hut, side 30, Rink van der Velde).
De betsjutting fan 'withoefaak' is noch wat
sterker as sjochtwei 'faak', en itselde jildt foar 'withoefolle'. Beide wurden
binne nei alle gedachten ōflaat fan sintjes. 'Withoefaak' sil ōflaat wźze,
lykas de taalkundige Siebren Dyk skreaun hat, fan 'wa-wit-hoe-faak' en
'withoefolle' fan 'wa-wit-hoefolle'. Yn it Nederlānsk komme de sintsjes gewoan
foar, lykas yn: "we hebben echt met open mond zitten luisteren naar de arts
en deze ik weet niet hoe vaak bedankt." Dat soe yn it Frysk ek kinne. Mar
it Frysk hat ek noch de ferkoarte foarmen en dy misse yn it Nederlānsk. Der
binne ommers gjin Nederlānske wurden 'weethoevaak' en 'weethoeveel'.
'Withoefaak' en 'withoefolle' komme gauris foar
yn de Taaldatabank en binne ek op it Fryske Ynternet te finen. Minder faak komt
de foarm 'witwat' foar. Hjirūnder in pear foarbylden fan it Fryske Ynternet
ōfplōke:
... as hiene se witwat te ferbergjen (
http://www.joopboomsma.nl/deiboek/deiboek2001feb.php ).
Brocht myn eigen bline siel / Nei de eachein /
Dronk tsjerketoer en beam / Iet witwat wolkens / Foldien yn myn flechtpunt (
http://www.farsk.nl/obe/obe02feddema.htm ).
Men stiet yn 'e rij foar sop, / As sit dźr
witwat yn, ( http://www.farsk.nl/krityk/krit11aschotanus.htm ).
'Witwat', hjir op siden skreaun troch Anne
Feddema en Elske Schotanus, wurdt fral poetysk brūkt, wat mei argayske wurden
wol faker it gefal is. Fierder is my opfallen dat Joop Boomsma gauris
wit-foarmen yn syn Ynternetdeiboek brūkt. 'Withoefolle' en 'withoefaak' komme
yn alle gefallen faker foar as 'witwat'. En it is wol apart mar der binne
hielendal gjin foarbylden mei 'witwa'. Dochs soe it mooglik wźze moatte en sis
dingen lykas "Hy hat witwa skille om mar te witten te kommen wat der bard
wie." Yn it wurdboek mist 'witwa' ek, wylst 'witwat' der al yn stiet.
By einsluten is der ek noch de foarm 'witwźr'
en in espeltsje byfoarmen 'witwźrearne, witwźrsa, witwźrsanne' mei deselde
betsjutting. Op it Fryske Ynternet koe ik dy foarmen net fine. Yn de
Taaldatabank komt 'witwźrsanne' frjemdernōch mear foar as 'witwźr'. Ik slśt ōf
mei in foarbyld:
En hy slacht op 'e tafel dat it glźzen each
spat witwźrsanne. "Myn each! 'k Bin myn each kwyt!" en hy sangert
krekt salang oant ien it opsiket. ("Springtij", Abe Brouwer).
'Helemaal' is hielendal
gjin Frysk wurd, mar je hearre it in protte op strjitte. In pear foarbylden:
"Dy beammen binne helemaal net fan jim". "It wie helemaal gjin
maklik wurk". "Op skoalle is it helemaal in duf soadsje". Ha wy
dźr wat moaiers foar?
It maklikste is en brūk
gewoan 'hielendal'. Mar der binne ek oare mooglikheden. 'Helemaal' komt gauris
foar by ūntkennende wurden lykas 'net' of 'gjin'. It effekt fan 'helemaal' is
fersterking. Mei 'helemaal gjin' jouwe wy klam oan de ūntkenning.
No is der ek noch in oare
manier om klam oan in ūntkenning te jaan, en dat is troch it brūken fan in
dūbelde ūntkenning. Foarbylden: "It wie neat gjin maklik wurk".
"Dźr ha ik neat gjin sin oan". "Dźr komt neat gjin goeds
fan." "Ik ha neat gjin klachten." Dus foar de kombinaasje
'helemaal geen' kinne wy sizze 'hielendal gjin' of, noch moaier, 'neat gjin'.
Mar hoe sit it dan mei
'helemaal niet'? Bygelyks: "Se fielde har helemaal net goed". Dat giet
op deselde manier. Dat wurdt: "Se fielde har neat net goed." Oare
foarbylden: "Dat fūn er neat net slim", "Ik bin neat net bang
foar dy", "It wie neat net kāld", "Dat is neat net
aardich", en sa mear.
In oare dūbelde ūntkenning
is 'nea net'. Dat is in fersterking fan 'nea'. Foarbylden: "Dat hie er fan
mem nea net heard", "Omke wie oars nea net rźdsum mei de pinne",
"Se bleauwen nea net lang", "It is net goed en nea net wurdt it
goed."
Dūbelde ūntkenning is dus
in prima middel om fersterking śt te drukken. Yn de skriuwtaal fine wy foar
'neat net' en 'neat gjin' ek wol 'śt noch yn net' en 'śt noch yn gjin'. Mar dat
is dochs wat boekjefrysk. Sis en skriuw gewoan mar 'neat net' en 'neat gjin'.
It is oars wol grappich dat
'neat' de fersterking by 'net/gjin' is, en dat 'net' de fersterking by 'nea'
is.
No komt 'helemaal' ek wol
foar sūnder ūntkennende wurden. Nim marris it niisneamd sintsje "Op
skoalle is it helemaal in duf soadsje". Wy kinne dźr gjin 'neat' brūke
foar 'helemaal', want dan feroaret de hiele betsjutting. Ik moat bekenne dat ik
dźr net echt wat moais foar wit. Dus gewoan mar 'hielendal' brūke. Of byneed in
omskriuwing: "Op skoalle is it pas echt in duf soadsje" of "Op
skoalle is it noch folle mear in duf soadsje".
By einsluten in aardichheidsje
oer ūntkennende wurden. Yn it Aldfrysk waard foar 'noch' ("Noch suster
noch bern koe it witte") ek wol in wurdsje 'ner' brūkt. En dat liket in
protte op it Ingelske 'nor', dat deselde betsjutting hat. Aldfrysk "Ner
suster ner bern" wurdt yn it Ingelsk "Neither sister nor child".
It Ingelsk en it Frysk blike mar wer ris ticht byinoar te lizzen.
Fragen fan goed en kwea,
draait dźr it libben fan de minske net om? Haw ik dźr en dźr goed oan dien? Wie
dat wat ik die ferkeard? Sokke fragen lizze op it mźd fan godstsjinst en fan
filosofy. Yn śs eigen libben krije de fragen fan godstsjinst en filosofy
konkreet stal.
Yn de taal binne der in
protte wurden dy't mei goed en kwea te krijen ha. Ja, fansels hat it wurdsje
'goed' mei goed en kwea te krijen, en it wurdsje 'kwea' en wurden mei
ferlykbere betsjuttingen lykas 'ferkeard', 'sūnde' en sa mear. Dat sil gjinien
fernuverje. As ik lykwols sis dat it wurdsje 'mar' ek mei goed en kwea te
krijen hat, sille jo grif al fernuvere opsjen.
Wat is eins de betsjutting
fan it wurdsje 'mar'? De betsjutting fan 'mar' liket in protte op de
betsjutting fan it wurdsje 'en'. Priuw dizze twa sinnen mar ris: "Jan lźst
in soad EN hy spilet faak kompjūterspultsjes." "Jan lźst in soad MAR
hy spilet faak kompjūterspultsjes." De sinnen betsjutte wakker itselde. Yn
beide gefallen docht Jan deselde dingen. Dochs is der in ferskil tusken de sin
mei 'en' en de sin mei 'mar'.
It ferskil sit him deryn
dat 'mar' in miening fan de sprekker ymplisearret. Troch 'mar' te brūken jout
de sprekker oan dat er ien ding wol goed fynt, mar it oare net. Soksawat as:
Jan lźst in soad (en dat is goed) mar hy spilet faak kompjūterspultsjes (en dat
is net sa goed). Nei 'mar' komt dus it negative gedeelte, dat wat net goed is.
Dochs kin it soms ek krekt
oarsom wźze. Stel dat de sprekker in kompjūterspultsjefanaat is dy't it mier
hat oan lźzen. Dan kin er Jan ōfkreakje: "Jan? Dat is in saaie figuer. Hy
lźst in soad mar hy spilet faak kompjūterspultsjes." Wat nei 'mar' komt is
dan yn de eagen fan de sprekker posityf bedoeld. Faak is lykwols wat nei 'mar'
komt negatyf bedoeld. Dźrom kinne wy ek sizze "Nee, gjin mar!", as
ien krityk jaan wol en wy fine dat krityk perfoarst net oan de oarder is.
'Mar' hat ek in negative bysmaak
yn: "Jan is noch mar fiif jier āld." Op himsels is it dan net
ferkeard dat Jan fiif jier āld is. Mar as in oar krekt sein hat: "Jan kin
wol allinnich nei skoalle ta", dan soe men dźr tsjin yn gean kinne troch
te sizzen: "Jan is noch mar fiif jier āld." De ymplikaasje is dan dat
er NET allinnich nei skoalle gean kin. Yn dit gefal sit it ferkearde him yn de
kombinaasje fan "allinnich nei skoalle gean" en "fiif jier āld
wźze".
Sa wurde mei 'mar'
oardielen oer goed en kwea śtdrukt. Priuw ek mar ris it ferskil tusken "En
se is tige assertyf." en "Mar se is tige assertyf". It twadde
kin maklik as negatyf field wurde.
Sil ik mear fertelle? Nee,
sa earst mar ...
Taal kin brūkt wurde om
negative bylden te sketsen fan minsken dy't oars tinke as josels. Bewuste
negative byldfoarming is eins wat wy op it doarp eartiids skelle of rabje
neamden. It ferskil tusken planśt skellerij en negative byldfoarming is dat je
je fan skellerij bewust binne, mar dat negative byldfoarming ūnbewust en subtyl
wurket. As ik tsjin ien sis 'kloatsek', dan is daalks dśdlik dat ik ien śtskel.
En ik sjit myn doel foarby, want gjinien sil my leauwe, en it brūken fan sokke
groffe wurden sil meitsje dat oaren earder negatyf oer my tinke as oer dejinge
dy't ik śtskel.
Mar as ik ynstee fan
'kloatsek' sis, 'immen mei in ūntwikkelingsachterstān dy't as gefolch dźrfan
asosjaal gedrach fertoant', dan klinkt wat ik sis hiel wat better. Ik brūk dan
sokke moaie en djoere wurden dat oaren net trochha dat ik my eins bekweadigje
oan skellerij. Oaren sille makliker mei myn oardiel meigean as ik sis 'immen
mei in ūntwikkelingsachterstān dy't as gefolge dźrfan asosjaal gedrach
fertoant' dan as ik sis 'it is in kloatsek'. Negative byldfoarming is dus in
subtile en sjike manier fan skellerij.
Yn de polityk wolle wy
graach śs fatsoen hālde. Yn it iepenbier skelle minsken mei tsjinoerstelde
politike mieningen inoar net rjocht op de man of frou śt. Wat politike
tsjinstanners al dogge is dat se it besykje en yntrodusearje negative beneammingen
foar de oarstinkenden. Nammen dy't sa moai en objektyf klinke dat je amper
trochha dat der sprake is fan skellerij.
Negative byldfoarming ofwol
hegere skellerij komt sawol fan links as fan rjochts. Op Teletekst lies ik ris
it berjocht hjirūnder: "Nederlanders hebben steeds minder mededogen met
kwetsbare groepen. Dat blijkt uit een NIPO-onderzoek in opdracht van het Leger
des Heils. Het 'niet in mijn achtertuin'-syndroom groeit. Men heeft steeds meer
moeite met probleemopvang in de eigen buurt."
De politike striid giet
hjir om oft men ja of nee 'probleemopfang' yn jins eigen buert ha wol. By
probleemopfang kin men tinke oan junks, dy't wolris oerlźst besoargje
(stellerij, swalkerij, minske-ūntearjend gedrach). Der steane no twa groepen
tsjinoer inoar. De iene groep hat net in protte muoite mei probleemopfang en de
oare hat dźr al muoite mei. Mar no wurde de minsken dy't op probleemopfang yn
har buert tsjin binne (wat dochs wetlik tastien is) ynienen oantsjut as minsken
mei in 'syndroom': se lije oan it net-yn-myn-achtertśn syndroom.
Normaliter wurdt it begryp
syndroom brūkt foar genetyske ōfwikingen lykas it Down-syndroom. It
teletekst-berjocht wol dochs net sizze dat minsken mei in bepaald polityk idee
in erflike ōfwiking ha? Nee, de term 'syndroom' wurdt hjir brūkt as in
metafoar. Minsken dy't gjin probleemopfang yn har buert ha wolle wurde oantsjut
as minsken dy't eins in bytsje siik binne, dy't net doge. It wurd 'syndroom' is
gewoan bedoeld om polityk oarstinkenden te misledigjen en leech te lizzen. It
mislediget ek minsken dy't oan in wier syndroom lije.
De ferkiezingen foar it
Europeesk parlemint ha wy krekt wer hān. Lykas wenst yn ferkiezingstiid fleagen
de slogans śs, de kiezers, om de earen. In goed momint om śs efkes op slogans
te besinnen.
Slogans binne koarte
pittige frasen. Se moatte ūntholden wurde. Dźrom meie se net te lang wźze.
Fansels wurdt yn slogans ek in miening bepropagandearre. Trochdat in goede
slogan yn it ūnthåld hingjen bliuwt, bliuwt de miening dy't deryn śtdrukt wurdt
ek yn it ūnthāld hingjen. Sa kin de slogan ynfloed śtoefenje - trochdat er
ūntholden wurdt. En as er ūntholden wurdt, wurdt er brūkt en op 'e nij beharke
en noch better ūntholden.
Wat helpt, behalve
koartens, dat makket dat minsken in slogan maklik ūnthālde? De simpelste trśk
is dat de kearnwurden fan in slogan alliterearje. Allitereare wol sizze dat twa
of mear wurden mei itselde lūd begjinne, lykas yn "brave Bertus" of
"Jan Joker" . Foar it meitsjen fan slogans wurde gauris djoere reklameburo's
ynhierd. Om de Europeeske ferkiezingen te promootsjen hat it Ministearje fan
Būtenlānske Saken by de reklamebureaus 'Elias Communicatie, Bollockski,
Fullmoon en Baruch|SCPA' in slogan ynkocht. Oan de namme fan it reklameburo
tesjen, dy't ommers ūnlźsber lang is, soene je oars net sizze dat dy minsken
ferstān fan slogans ha. Mar hawar, de slogan dy't se dźr foar grut jild
ynkochten sil de lźzers wol bekend wźze: "Europa. Best belangrijk."
Is dat in goede slogan? Hy
is koart, trije wurden, dus dat is maklik te ūnthālden. En der is alliteraasje
op de letter B, 'bźst belangryk'. Dźr ha ik lykwols in earste puntsje fan
krityk: it kearnkonsept fan de slogan is fansels 'Europa', mar dat docht net
mei oan de alliteraasje. Wźrom ha de djoere jonges fan it reklameburo dan gjin
slogan mei alliteraasje op 'eu' betocht? No, der binne om te begjinnen net
folle wurden dy't mei in 'eu' begjinne. En boppedat wurdt de 'eu' yn 'Europa'
ūngelyk śtsprutsen. Guon sprekke it echt as "eu" śt, oaren sizze 'Uropa'
mei in 'u'. In alliteraasje mei Europa fersinne wie dus te dreech. Dźrom keas
it reklameburo foar de maklike wei. Se brūkten de yn sprektaal al besteande
alliterearjende śtdrukking 'bźst belangryk'. Eins kin men dy slogan oeral foar
brūke, krekt om't it kearnkonsept 'Europa' net meidocht oan de alliteraasje en
dus ferfongen wurde kin: "Nederlān. Bźst belangryk." Of:
"Offalferwurking. Bźst belangryk." En gean sa mar troch. De slogan is
wat kleurleas dus, want de foarm kin oeral foar brūkt wurde.
Fansels wurde slogans ek
gauris parodiearre. De SP hat op 6 juny in manifestaasje organisearre tsjin
Europa sa't it no foarm jūn wurdt mei as slogan "Dit Europa. Best
belachelijk." De alliteraasje op de letter 'b' ha se bewarre, mar se ha
'belangryk' ferfongen troch 'belachlik'. Parody dus.
De slogan "Europa.
Bźst belangryk." hat in pear ton belźstingjild koste. It ministearje hie
fansels ek in priisfraach śtskriuwe kinnen en dan in grutte groep gewoane
boargers de bźste slogan śtsykje litten. Dan hie de polityk de boarger wer ris
by de polityk belūke kinnen, ynstee fan in reklameburo. Is polityk in saak fan
reklameburo's wurden?
Yn de media is it net
ūngebrūklik om oarstinkenden mei in wat misledigjende namme oan te tsjutten.
Gjin streekrjocht skelwurd. Dat soe tefolle opfalle. Nee, leafst mei in wurd
dat in mislediging suggerearret. As foarbyld dźrfan is yn dizze rubryk it
'net-yn-myn-achtertśn' syndroom alris besprutsen. Dat wurdt brūkt foar minsken
dy't bygelyks gjin drugsopfang yn har eigen buert ha wolle. Soks is gewoan in
miening, mar de tsjinparty presentearret it as in syktebyld.
Yn it syndroom gefal is der
in grutte kāns dat de misledigjende partij links is. De misledige partij is
earder rjochts. Oer it ginneraal is it tsjin-wźzen op drugsopfang yn eigen
buert earder in rjochts stānpunt, al is soks net te bewizen. Yn alle gefallen
ropt it by my de neikommende fraach op. Binne der ek yndirekte misledigjende
nammen fan rjochtse minsken foar linkse minsken?
No, dy binne der. In hiel
apart foarbyld fan sa'n mislediging is de oantsjutting 'linkse tsjerke'
('linkse kerk'). Dy term bestie al langer. Mar hy is troch Pim Fortuyn, dy't
him faak brūkte, populźr wurden yn beskate rūnten. Begin desimber 2003 fūn ik
op Ynternet mei de sykmasine Google 1070 hits foar 'linkse kerk'. No, begjin
juny 2004, fyn ik op Ynternet 4590 hits. Mear as 4 kear safolle, al is yn
absolute sin net in protte. As ik bygelyks sykje op in ferlykbere fraze lykas
'extreem-rechts', dan skoar ik mear as 30,000 hits.
Mei 'linkse kerk' bedoelde
Fortuyn net dat linkse minsken letterlik in religieuze mienskip foarmje yn de
neutrale sin fan it wurd! It wie fansels misledigjend bedoeld. Wy begripe ek
daalks wat er bedoelt. Fortuyn makke gebrūk fan in negatyf byld fan religy, fan
'tsjerkefoarming'. Hy woe dźrmei sizze: "sokke minsken leauwe yn in
bepaald wrāldbyld en aksepteare gjin feiten dy't dat wjerlizze soene, noch kin
der mei har oer arguminteard en redeneard wurde." Mei oare wurden, hy woe
soksawat sizze as "jim binne yrrasjoneel." Of "mei jim falt net
te praten."
Fortuyn syn foaroardiel oer
tsjerkefoarming sil allinnich mar appelearje oan minsken dy't sels net by in
tsjerke sitte. 'Linkse tsjerke' is dus gjin term dy't algemien brūkt wurde sil.
It sil foaral brūkt wurde troch rjochtse minsken dy't boppedat net tsjerksk
binne.
Bestiet der ek in misledigjende śtdrukking 'rechtse kerk'? Ja, mar dy wurdt
amper brūkt. Op Ynternet fūn ik begjin juny 2004 mar 140 hits.
By einsluten ha ik ek socht
op de Fryske ekwivalinten. Mar ik koe neat fine foar 'rjochtse tsjerke', noch
foar 'linkse tsjerke'. It boekjefrysk 'loftse tsjerke' skoarde ek gjin hits.
Blykber wurdt der yn it skreaune Frysk net folle dien oan ditsoarte fan
manipulaasje en mislediging.
Termen dy't mei tsjerke en religy te krijen ha kinne wolris negatyf wźze. Sa is
der de śtdrukking 'preekje foar eigen parochy'. Dat betsjut ommers dat it
maklik is te praten en argumintearjen mei minsken dy't it yn it foar al mei jo
iens binne. Sa kinne sels skynber neutrale of positive wurden as 'tsjerke' en
'parochy' yn misledigjende sin brūkt wurde.
It jongfolk fynt hieltyd
nije wurden śt om har wurdearring foar bepaalde saken blike te litten.
Tsjintwurdich heart men gauris de śtdrukking 'vet cool', likegoed yn it
Hollānsk as yn it Frysk. Doe't ik puber wie, brūkten wy de śtdrukking 'te gek'
dźrfoar. Dźrnei kaam 'gaaf', mar dy ha ik sels amper mear brūkt. En no dus
'cool'.
'Cool' is ymportearre śt it Amerikaansk. Op Ynternet kin men hūnderten śtdrukkingen
fine lykas 'cool site of the day' of 'very cool math stuff'. Dat jonge minsken
dy śtdrukking oernommen ha śt it Amerikaansk wiist derop dat de Amerikaanske
kultuer de dominante kultuer is by śs. Der is ek in taalkundige oarsaak dat it
wurd sa maklik oernommen wurde koe. It Nederlānsk en it Frysk hiene ommers al
in wurd dat kwa śtspraak en basisbetsjutting wakker itselde wie as 'cool': dat
wie 'koel'. Der is in śtspraakferskil. De Nederlānske 'oe' is koarter as de
Ingelske. Yn it Nederlānsk wurdt 'vet cool' op syn Nederlānsk śtsprutsen, mei
de koarte 'oe'.
Dat it Amerikaansk of it Ingelsk (deselde taal ommers) status hat, blykt ek śt
de stavering. Oer it ginneraal hāldt men op Ynternet de Ingelske stavering oan.
Ik fūn op Nederlānske websiden mei de sykmasine Google 15.200 kear de Ingelske
stavering 'vet cool' en 1.040 kear de Nederlānske stavering 'vet koel'.
'Cool', bygelyks yn 'vet cool', betsjut net 'koel', mar 'moai, stylfol'.
Fansels betsjut 'cool' oarspronklik wol 'koel'. Mar 'cool' wurdt figuerlik
opfette as 'stylfol, moai, goed, bewūnderingsweardich', en sa mear. Hoe wurdt
de stap fan cool=koel nei cool=goed makke? Ik tink dat der in missing link is,
dy't dat begryplik makket.
De missing link is dat Ingelske 'cool' en Frysk of Nederlānsk 'koel' altyd al
in figuerlike betsjutting hān ha fan 'net manipulearre troch emoasjes'. En dat
hat wer as mooglike ymplikaasje 'master fan de sitewaasje'. Blykber hat dy
figuerlike betsjutting jonge minsken oansprutsen. Sa komme wy fia in keatling
fan figuerlike assosjaasjes fan cool=koel śt by cool=goed. 'Cool' drukt in
weardeoardiel fan it jongfolk śt. It is in yncrowd wurd: jongfolk brūkt it
tsjin jongfolk en it weardeoardiel wurdt achte ek foarbeholden te wźzen oan
jongfolk. Stel je mar ris foar dat pake seit "myn pyptabak is cool."
Dat is humoristysk omdat wy witte dat ālde minsken it wurd net gau brūke sille.
Blykber spruts it de jonge minsken oan dat se 'cool' wiene, dat wol sizze
'sūnder emoasjes' of alteast 'net manipulearre troch 'emoasjes'. Miskien komt
it weardeoardiel śt de Hollywood-films wei dźr't de held himsels en de
sitewaasje altyd yn 'e macht hat. Ik fyn it sels lykwols al wat benearjend dat
de emoasjeleazens sa heech oanslein wurdt. Lykwols sjogge wy ek dat politisy
gjin emoasje sjen litte (meie). Eins jildt dat foar offisjele sitewaasjes yn it
algemien. Dan binne je ommers net mear reedlik, wurdt der dan al gau tocht. In
positive wurdearring fan emoasjeleazens sit dus wol djip yn śs kultuer
ferankere en is net inkeld oan it jongfolk foarbeholden.
'Cool' hat yn dizze rubryk
al ris oan de oarder west. It komt foar yn śtdrukkingen lykas 'fet cool'. Mar
hoe stiet it mei 'fet'? 'Fet cool' is noch cooler as gewoan cool, dus 'fet' is
dźr posityf bedoeld.
Mar normaliter is fet hielendal net posityf. Tydskriften, benammen
frouljustydskriften, fertelle komplete ferhalen oer hoe't men minder fet wurde
kin: der binne dieten om fet kwyt te reitsjen, boeken oer sokke dieten, der
binne liposuksjebehannelingen by de sjirurch om fet ūnder de frouljushūd fuort
te heljen, der binne kursussen om ōf te fallen. Fierders tinke benei alle
froulju dat se te fet binne. Fet is in grut kultureel taboe. Hast elkenien is
te fet en hast nimmen is der bliid om.
Hoe kin 'fet cool' dan posityf wźze? En hoe komt it dat 'fet' sa populźr wurden
is? No is it sa dat 'fet' yn 'fet cool' in fersterking is fan 'cool'.
Fersterkjende wurden binne wol faker wurden dy't op harsels negatyf binne, mar
brūkt as fersterking wurde se ynienen posityf. Tink mar oan it wurd 'ferskriklik'.
"Dat is ferskriklik" is negatyf. Mar wy kinne gewoanwei sizze
'ferskriklike moai'. Of 'ferskuorrende spannend'. Minsken brūke blykber graach
in op himsels negatyf wurd as fersterking, en dan ferliest dat wurd dźrby syn
negative lading.
In oar foarbyld fan in negative fersterker is 'dea' yn bygelyks 'deagoed',
'deagewoan', 'deabenaud', 'deasimpel', 'deasiik'. 'Dea' is op himsels negatyf',
mar as fersterking kin it posityf wźze, lykas śt 'deagoed' wol bliken docht.
Faak komt sa'n fersterking net frij foar, mar is er keppele oan beskate wurden.
'Deagoed' bestiet bygelyks al, mar 'deamoai' bestiet net.
Der binne hiele radikale foarbylden fan negative fersterkingen. Njonken it
ūnskuldiger "ferrekte" besteane ek 'ferdomde' en 'ferjammese' lykas
yn: "Hja kin sa ferjammese moai laitsje" (Y. fan der Fear,
"In fatsoenlik famke"), "Ik woe ferdomde graach, dat ik
no te plak wie" (R.R. Van der Leest, "Cap Sśd"). 'Ferdomd' en
'ferjammese' binne negative wurden śt de godstsjinstige sfear. 'Ferdomd' en
'ferjammese' ferwize nei it ferdomd ('verdoemen') wźzen troch God. Dat is it
slimste fan it slimste. It heart dźrom likegoed yn de taboesfear thśs as 'fet'
yn in ūntsjerklike maatskippij dźr't de ūnfette lea as it heechste jildt en de
fette lea as it leechste. Yn syn flokwurden ferriedt in maatskippij syn taboes
en syn obsesjes. En krekt dy meast negative taboewurden kinne as fersterking
brūkt wurde, sels yn positive konteksten.
'Fet' liket sels in foarkar foar positive konteksten te hawwen. 'Fet' komt ek
wol sūnder 'cool' foar, mar mei deselde betsjutting, lykas yn in foarbyld fan
Ynternet: "seks is vet."
Der binne ek wol fersterkers dy't har negative lading hālde. Tink mar ris oan
'rare'. Dat is fan himsels negatyf. En it komt as fersterking allinnich mar yn
negative konteksten foar. De taaldatabank jout as foarbylden: 'rare roerich',
'rare smoarch', 'rare ūnfoardielich', 'rare sneu', 'rare brimstich', 'rare
skou', 'rare kjel', 'rare goar', en al sa. Allyksa komt 'glūpende' (ferlykje
Nederlānsk 'gluiperig') eins fierhinne yn negatyf bedoelde konteksten foar:
'glūpende kāld', 'in glūpende hekel', 'glūpende sear', 'glūpende bang',
'glūpende gjirrich'. Der binne tsjinfoarbylden ('glūpende sterk'), mar dy
foarmje in lytse minderheid.
By de stśdzje Ingelsk op de
universiteit fan Grins waard śs leard dat sarkasme Net Goed wie: it soe
destruktyf wźze. Oan de oare kant fūn ik sels altyd dat der in protte dingen
wiene dy't de destruksje wol fertsjinnen. Sarkasme is bytiden ommers de iennige
manier om op oarmans koppige dommens noch te reagearjen. In foarbyld fan
sarkasme:
"Is it net fantastysk dat de lotterij safolle jild oan goede doelen
ōfstiet?"
"Jawis, de direkteur fan de lotterij is wol ta oan syn twadde Rolls
Royce."
Sarkasme is tagelyk in foarm fan ferbaal geweld en in foarm fan ferdivedaasje.
Dy't sarkastysk is belytset syn petearpartner. Mar as de oar ek in master fan
sarkasme is kin er weromslaan, bygelyks mei:
"Ik hear it al, jo binne in echten idealist." Sarkasme is dus net
altyd allinnich negatyf, it is ek śtdaagjend.
Wy brūke ek faak sarkastyske opmerkingen yn śs taal. Stel, ien freget śs om
fyftich euro foar bygelyks de widdo's yn Afghanistan. Wy kinne gewoan sizze
"Nee, sorry, ik ha der gjin nocht oan om dat bedrach te jaan." Dat is
in fatsoenlike manier om nee te sizzen. Mar wy kinne yn it Hollānsk ek sizze
"Ja, daaaag", mei in op- en delgeande yntonaasje, en in OA-eftige
śtspraak. Dat is ūnfatsoenlik en it is ek in foarm fan sarkasme.
It Frysk hat ek
ūnfatsoenlike manieren om nee te sizzen, bygelyks:
"Heit, mei ik mei jo auto oan de legale strjitteraces yn Drachten
meidwaan?"
"Is it dy yn de harsens slein?"
Dat lźste is nammentlik in retoaryske fraach. De fraach is net letterlik
bedoeld, want de sprekker ynformearret net nei de geastlike sūnens fan de
fragesteller. Nee, de sprekker wol dźrmei syn ferachting, foar de oar syn
fraach śtdrukke, en yn dit gefal drukt er ek syn lilkens śt. En tagelyk jout er
oan dat it antwurd op de fraach "Nee" is.
Sarkasme liket op irony,
mar by irony is it net de bedoeling om de petearpartner leech te lizzen. Irony
is mylder, alteast net rjochte op in persoan. Lang net altiten begripe bern
irony. As ik būten kaam en it reinde wer, dan sei ik wolris tsjin śs dochter
"No, it is wer feest." Myn dochter sei dan "Hoe dat sa,
feest?" As ik dan śtlei dat ik it tsjinoerstelde bedoelde fan wat ik sei,
dan fūn se dat mar neat. It is ek wol raar fansels. It reint, ik baal, en dan
sis ik op de bekende Nederlānske kleierstoan "It is wer feest, hear."
Feest is ornaris krekt wat posityfs. Mar sa wurket irony.
Sarkasme en irony binne
beide yndirekte manieren om in negatyf oardiel earne oer śt te drukken. Der
binne minsken dy't sarkasme wol ferbiede wolle soene. Tsjin sokken kin ik
sizze: "bent U nu helemaal van de pot gerukt?" In freon fan my op de
middelbere skoalle sei dan: "Mei ik jo wol wat freegje?" En as de oar
dan sei fan jawol, dan sei er "Doge jo wol?"
Der binne safolle manieren
om nee te sizzen of om negativiteit śt te drukken dźr't wy net by stilsteane.
Gertjan Postma wiisde der yn syn proefskrift op dat yn de śtdrukking 'geen ...'
hiel faak wurden foarkomme dy't mei seksualia te krijen ha. Yn it sprutsen
Frysk fine wy bygelyks:
"Dat kin my gjin reet / gjin fuck skele."
"Hy snapt der gjin sek / gjin fluit / gjin bal fan."
'Gjin fuck' komt fansels śt it Ingelsk. Yn it Nederlānsk komme deselden foar en
fierder noch:
"Hij begrijpt er geen flikker / geen hol / geen sodemieter van".
Al wer śtdrukkingen dy't op ien of oare wize mei seksualiteit te krijen ha.
De betsjutting fan 'gjin
reet' is 'neat'. As men earne gjin reet fan begrypt, begrypt men der neat fan.
De śtdrukking 'gjin reet' hat neat mei in wiere, letterlike reet te krijen. Oan
de oare kant is it gjin tafal dat der yn de śtdrukking 'gjin ...' safolle
wurden foar dy parten fan de lea foarkomme dy't taboe binne. Wźrom soe dat sa
wźze?
As ien wat freget kin in
oar der yn it Hollānsk grof op anderje mei in seksuele śtdrukking, lykas
"Je ken me rug op". Dat wurdt ek wer net letterlik bedoeld, it
betsjut gewoan nee.
Ik fyn yn de taaldatabank
net folle skabreuze taal, mar dat komt ek trochdat dźr faak wat āldere
literatuer yn sit, en dźr waarden sokke śtdrukkingen skoudere. Yn de
taaldatabank komt de śtdrukking "gjin fuck" alhiel net foar. Op it
Frysktalige part fan it ynternet komt de śtdrukking 2 kear foar, en dat wylst
it Frysktalige part fan it ynternet likernōch tusken de 5 en 10 kear lytser is
as de taaldatabank.
Allyksa komt 'gjin sek' yn
de betsjutting 'neat' 3 kear foar yn de taaldatabank, en 4 kear op it folle
lytsere Frysktalige ynternet. Fansels kin 'gjin sek' ek foarkomme yn de
letterlike betsjutting, lykas by Rink fan der Velde yn 'De histoarje fan
Kammeraat Hollanski':
"En as er goed op 't snjit wie, kaam de broek omleech en dan koenen wy
sjen dat er gjin sek mear hie." Sokke foarbylden binne net meiteld want
dźr hat 'gjin sek' gewoan syn letterlike betsjutting.
It is ek net sa dat samar
alle skabreuze wurden yn dizze konstruksje brūkt wurde kinne. "Dat
ynteressearet my gjin fluit / gjin sek" is normaal, mar men seit net (as
men sokke taal al brūkt) "dat ynteressearret my gjin lul / gjin nśt."
Wat is it nut fan it brūken
fan 'gjin reet' ynstee fan 'neat'? Ik tink dat der ferachting mei śtdrukt
wurdt. De skabreuze śtdrukkingen ha in emosjonele lading fan ferachting dy't in
droech wurdsje as 'neat' mist. As ien seit, "Jou my dyn beurs mei
jild," en de oar seit "Ja, dikke lul," dan bedoelt er net
allinnich nee te sizzen. Hy drukt dan ek wer syn ferachting śt foar it śtstel,
en dat ymplisearret ek in bytsje ferachting foar de persoan dy't it śtstel
docht.
By flokken tinke wy faak it
earst oan religieuze flokken. Mei't guon de sterkste religieuze flokken as
kwetsend fielle kinne, sil ik dy net neamme. Dźrfan ōflaat binne de
bastertflokken, ofwol de mylde flokken dy't net of amper as kwetsend field
wurde. Nim no in śtrop as 'leave sei' of 'leave santjin'. Dy sil jin amper
kwea-ōf nommen wurde. En dan hat it Frysk ek noch tuskenbeideflokken lykas
'Ferjamme' en 'fergemy': alhiel ūnskuldich binne se net, mar ek net al te
swier.
Yn de taaldatabank komt
'Leave sei' 19x foar, 'ferjamme' 20x en 'fergemy' 15x. Sels koe ik 'leave sei'
net śt it sprutsen Frysk, ik learde de śtdrukking pas op de lessen fan de AFUK.
'Ferjamme' en 'fergemy' koe ik al, en dźrby hie ik sels it idee dat 'ferjamme'
ālderwetsker wie as 'fergemy', miskien mei't śs pake 'ferjamme' sei en śs heit
'fergemy'. Myn yntuļsjes lykje aardich śt te kommen as ik it Frysktalige
ynternet besjoch, dat in aardige spegel fan modern ynformeel Frysk is. Op dat
seldichste ynternet komme 'leave sei' en 'ferjamme' net foar, 'fergemy' lykwols
4x.
By 'ferjamme' bestiet ek
noch it eigenskipswurd 'ferjammese' lykas brūkt troch Ypk fan der Fear yn har
boek 'In fatsoenlik famke':
"Hja kin sa ferjammese moai laitsje."
Njonken 'ferjammese' bestiet der lykwols gjin 'fergemyse' of soksawat.
Wźrom flokke minsken?
Minsken flokke om śtdrukking te jaan oan in sterke emoasje. Immen kin flokke as
er him mei de hammer op de tomme slacht. Mar immen kin ek flokke fan
fernuvering of sels bliidskip as him wat goeds oerkomt, al is soks folle
seldsumer. It swiere flokken komt it meast foar yn in negative kontekst.
Piet van Sterkenburg hat in
skoftke ferlyn (1997) in boek skreaun oer it flokken yn it Nederlānsk. De titel
fan it boek is: "Vloeken. Een cultuurbepaalde reactie op woede, irritatie
en frustratie." Yn de kuiergongen refereare taalkundigen meastal oan it
boek as 'het vloekenboek'.
Hy lit dźryn ek sjen dat
der minder mei religieuze flokken flokt wurdt as yn it ferline. Dat hat grif
mei de ūnttsjerkliking te krijen. Yn it opkommen binne flokken dy't mei
genitaliėn te krijen ha: 'shit', 'fuck', 'kut', 'klote(n) / kloate(n)'. Yn de
taaldatabank komme dy wurden amper foar. 'Shit' en 'fuck' binne Ingelske
ynkommelingen dy't yn it Frysk en it Nederlānsk beide in protte heard wurde.
Fan āldere flokken en
bastertflokken is it skokeffekt weiwurden. Beskate mylde of ferāldere
flokwurden ha benei in komysk effekt lykas 'hemeltje' of 'potjandorie'.
Meastal drukt it flokken in
negatyf oardiel oer in stān fan saken śt. As ien heart dat Nederlān mei 5-0 fan
Dśtsklān ferlern hat, kin er flokke. De flok betsjut 'Dat is net bźst." Yn
de flok giet alsa gauris in moreel oardiel oer in stān fan saken beskūl, dat
mei krźftige emoasje śtdrukking kriget.
Flok, ferflokking of
ferwinsking en skelwurd lizze ticht byinoar.
In flok is bygelyks 'kut' en
dat seit safolle as 'dit is net goed en ik ha dźr in hekel oan'. Flokken binne
uteringen fan haat dy't earder rjochte binne tsjin in stān fan saken as tsjin
in persoan.
In ferwinsking of
ferflokking is bygelyks: "Krij de kutkanker!" In skelwurd is bygelyks:
"Stomme kut!" Ferwinskingen en skelwurden binne uteringen fan haat
dy't rjochte binne op persoanen. De foarbylden meitsje dśdlik dat flok,
ferflokking of ferwinsking en skelwurd ticht byinoar lizze. Dat docht jin gjin
niget want it binne yn essinsje alle trije uteringen fan haat, likefolle oft dy
haat no op in stān fan saken of op in persoan rjochte is. Al wurde de myldere
foarmen ek wolris brūkt om fernuvering śt te drukken.
It haatkarakter fan de
ferwinskingen is mar al te dśdlik. Yn syn boek 'Vloeken' jout Van Sterkenburg
meardere foarbylden fan ferwinskingen. De measte en grofste ferwinskingen
winskje de oar sykte of dea ta, lykas yn: 'fal dea', 'krij de kanker', 'krij it
leplazarus' en mear fan soksoarte fleurichheden. Nijsgjirrich is dat syktewinsken
benammen yn de stźden tige produktyf wiene. Dat komt omdat yn de foarige ieu
benammen de stźden fan epidemiėn te lijen hiene, mei't de minsken dźr sa ticht
opinoar wenje. Unskuldiger haatwinsken binne: 'flean op', 'kinst om my de pot
op', en yn it Hollānsk 'ga nou gauw fietsen', 'laat naar je kijken'.
In ferwinsking ymplisearret
fansels in skelwurd. As ien seit 'lit nei dy sjen', ymplisearret er 'do bist in
gek'. As ien seit 'fal dea', ympliearret er 'do bist in smjunt dy't de dea
fertsjinnet'.
Apart is dat der ek
seksuele ferwinskingen binne. 'Fuck you' is fansels wol de bekendste. Strikt
rasjoneel is it raar om ien soks ta te winskjen. Yn it Nederlānsk bestiet de
nuveraardige śtdrukking 'je ken me rug op', dy't ek wol in seksuele oarsprong
ha sil. Fierder is der noch 'lik me reet'. Mar it grutste part fan de
ferwinskingen hat mei sykte en dea te krijen.
Wźrom is it flokken, it
ferwinskjen en it skellen sa populźr? Oars sein, wźrom wurdt der sa faak en
folle utering oan fiellingen fan haat jūn? Is it om't de haat, likegoed as de
leafde, in ūnderdiel fan de minske is?
Net elkenien docht oan it
flokken en ferflokken mei, mar yn śs Nederlānske kultuer is it wol in frij
algemien ferskynsel. It ferwinskjen hat fansels tige te meitsjen mei de morele
feroardieling. Men kin sizze, 'dy man doocht net', 'dy man is in smjunt' of
'wat in dikke lul'. Wat de trije uteringen mienskiplik ha is de morele
feroardieling. Yn kultueren dy't minder gau feroardiele, wurdt ek minder flokt,
ferflokt en skolden. Mattheus 7:1 sei it al: "Oardielje net, dat jimme net
oardiele wurde."
Nei de moard op Theo van
Gogh troch in moslim-ekstremist en de oanslaggen op in moslimskoalle yn
Eindhoven binne de Islam en de moslims wer folop yn it nijs. Reden om yn de
Taaldatabank ris te sjen wat der yn de Fryske literatuer oer de Islam en
moslims sein waard. Posityf, negatyf of sljochtwei ynformatyf? En hoe wurdt
soks taalkundich foarmjūn?
Alle trije skiften wurde
fūn. Negative taal fine wy by Wumkes en Van der Galiėn. Wumkes sjocht de Islam
as in grut belet foar de sinding op Java: "De sinding stiet op Java
foar de Islam as foar in grźfstien mei it opskrift "Unskeinber". En
as Fryslān nou meihelpt det yn it moas fen dy stien de siedkerl fen it Evangeelje
falt, en dy kerl komt op en hy slacht syn woartels yn 'enaden, dy't troch waer
en wyn ūntstien binne en as einlings de sprśt in beam wirdt, dy't de grźfstien
togruzelt. dan hat Fryslān oan syn christenropping foldien." (Fryslān en
de sinding (1918) G.A. Wumkes). Wumkes drukt syn negative oardiel oer de
Islam śt troch dy mei in grźfstien te ferlykjen, symboal fan de dea. Dan is ien
as Folkertsma yn syn wurk folle neutraler.
Negatyf is ek it oardiel
fan in haadpersoan yn de roman 'Swarte Keap' fan Van der Galiėn. Hy lit de
haadpersoan dźryn sizze: "De moslims seagen kāns om Allah oan alle
kanten to forrifeljen. It wie in nuver slach folk en hy mocht har net lije. Dan
hie hy leaver de swarten, dy't frij bleaun wiene fan de islam." Hjir
gjin metafoaren, nee, de haadpersoan drukt sljochtwei syn ōfkear fan it
moslimfolkje śt. Likegoed rasjonalisearret de haadpersoan syn ōfkear fan
moslims al. Hy hat gjin ōfkear fan har om't se moslim binne. Syn beswier is dat
moslims har eigen lear, dy't op himsels net ferkeard is, net serieus nimme en
dźrtroch Allah tefiter ha. Van der Galiėn syn roman jout oars in tige
meinimmende beskriuwing fan it libben yn in Islamitysk lān (yn dit gefal giet
it om Egypte). Men soe hast tinke dat er der west hat.
In positivere grūnhālding
fine wy by Corry Nicolay, teologe en al sūnt l980 wurkjend mei moslims, hindoes
en boeddhisten. Tegearre mei Melika Aitmous, in Marokkaanske śt It Hearrenfean,
wurke se gear yn de tachtiger jierren om de foaroardielen omtrint de Islam wei
te nimmen. Yn it tydskrift Frysk en Fry (1992) lźze wy: "'Nei sa'n jūn
kinne minsken śt it publyk my faak oant yn detail fertelle hoe't de islamityske
frou dy't se sjoen ha, derśt seach. Dan sis ik altyd: Sei se ek wat? En dan
binne se ynienen stil.' Corry Nicolay fynt soks typearjend foar hoe't in soad
minsken mei dit ūnderwerp omgean. ...Dźr sitte de froulju, skieden fan de
manlju, mei sels in eigen yngong. 'Tsja,' seit Corry Nicolay, .... 'Kristendom
en islam binne allebeide patriarchale godstsjinsten.' Fierders binne der ek
positive lūden yn Frysk en Fry fan de kant fan Slomp: "'Wy binne by
einsluten troch Abraham ferbūn mei de moslims.' Slomp pleitet foar
ferdraachsumens dy't ek echt wat ynhāldt: 'Dat wol sizze: even opskowe en echt
romte meitsje'". It positive wurdt śtdrukt mei de metafoar fan it
romte meitsjen foar in oar dat dy ek sitte kin.
Al mei al fine wy negative
lūden oer de Islam foaral yn de āldere literatuer, wylst de resintere lūden
positiver en mear nuansearre binne.
Ja, wat folje wy dźr oan?
De measten sille dan sizze, 'ik tink fan al', of, 'ik tink fan net'. En dat is
ek goed fansels, goed as skriuwtaal en goed as sprektaal. Mar it wurdsje 'fan'
wurdt yn sprektaal folle frijer brūkt as yn skriuwtaal. Yn it Korpus Sprutsen
Frysk fan de Fryske Akademy, in korpus mei Fryske sprektaal, komme hiel
nijsgjirrige foarbylden mei 'fan' foar. Foarst fine wy foarbylden mei 'tinke
fan' en 'sizze fan':
"Ik tink fan tsjonge
wat giet dat langsum."
"Dy frege fan no B. soe ek noch komme."
Soks soene wy net skriuwe.
Yn de skriuwtaal brūke wy wurden lykas 'tsjonge' en 'no' almeast net; dy litte
wy gewoan wei. Mar dat 'fan' soene wy ek net skriuwe. Ynstee dźrfan soene wy
'dat' en 'oft' brūke, lykas yn de ūndersteande sinnen:
"Ik tink dat dat
langsum giet."
"Dy frege oft B. ek noch komme soe."
'Dat' en 'oft' is kreaze
skriuwtaal. Slaan acht op de persoansfoarm, dy't fetprinte is yn boppesteande
sintsjes. By in 'fan'-sin stiet de persoanfoarm foaroan yn de sin. By in
'dat'-sin en in 'oft'-sin stiet de persoansfoarm achteryn de sin.
'Fan'-sinnen komme net
inkeld by tiidwurden as 'freegje' en 'tinke' foar. Sjoch mar ris nei it
neikommende foarbyld:
"En eh no yn it begjin
wie iderien fan eh dan moatte we no ek geef prate."
Dźr fine wy it idioom 'wźze
fan', 'iderien wie fan ...', dat de betsjutting hat 'iderien hie sa'n idee
dat'. Soks wurdt nea skreaun, en it is dźrom ek net yn de wurdboeken te finen.
Mar it wurdt al sein! Hjirūnder noch mear foarbylden fan it sprektalich brūken
fan 'fan':
"Dus hy hie echt
sokssawat fan no moat ik dit no dwaan."
"Ik hie wol sokssawat fan no de poėzie dat dy wie yn 15 16 jier net oan
bar west."
"En dan op it lźst dan hiest sa echt fan wat moat ik no dwaan. Koest dy
noch ferfele ..."
"Dat wie dan noch wer dy E.S. fraach ek fan eh wat no as ik boven de 30
bin mar ik skriuw yts wat beslist foar bern is."
"No ynienen kaam M. oan fan dat parseberjocht moat fuort."
Sa't śt boppesteande sinnen
bliken docht is it ferbān fan 'fan' mei it foargeande hiel los. Sagau as in persoan
wat seit of tinkt, dan kin de oergong mei it foarōfgeande makke wurde troch
'fan', ek al komt it tiidwurd 'sizze' of 'tinke' alhiel net foar. Idiomen as
'sokssawat ha fan' en 'wźze fan' kinne blykber de betsjutting ha fan 'tinke' of
'sizze' of 'it idee ha'. 'Fan' synjalearret dat in sprekker sprekkend of
sabeare sprekkend ynfierd wurdt.
Sels de taal fan al-den-dei
hat blykber noch ferrassingen foar śs, om't wy śs net fan de struktuer fan taal
bewust binne, hoe goed as wy ek prate kinne.
Hoe sit it mei it jild yn de taal?
In moaie śtdrukking is te finen by Riemersma yn 'Myn folk, myn beminden':
"Do stiest altyd as in stive biezem mei in gesicht as in āld kwartsje as
oaren wille hawwe." Ja, in gesicht as in āld kwartsje, in griis saai
gesicht dus. Mar de kwartsjes binne mei de gūne ferdwūn. Munten fan 20 sint
binne der al, mar dy ha (noch) gjin namme. Utdrukkingen mei de euro ha ik noch
net synjalearre, al hat Eeltsje Hettinga ynstee fan 'euro' it wurd 'roppa' wolris
brūkt. Dat is gjin gekke fynst want 'Europa' kin men ōfkoartsje as 'Euro', mar
likegoed as 'Roppa'.
"Dy't foar in dūbeltsje berne
is, wurdt nea in kwartsje", seit in oar sprekwurd. It betsjut dat ien śt in
leger sosjaal fermidden nea yn in heger sosjaal fermidden komme kin. Neffens
dat sprekwurd bestiet de maatskippij śt minsken dy't ginneraasje op ginneraasje
ta itselde sosjale fermidden hearre: de bern fan hegerein bliuwe hegerein, en
de bern fan legerein bliuwe legerein.
Yn sa'n sprekwurd giet in
libbensopfetting beskūl, dźr't wy it net mear mei lykfine kinne. Ik tink net
dat sels de fanatykste konservativen dat sprekwurd tsjintwurdich noch
ūnderskriuwe wolle soene. It sprekwurd heart thśs yn de njoggentjinde ieu. De
maatskippij siet doe sa yninoar dat de iene klasse ōfskaat wie fan de oare. It
gie net om prestaasjes, mar it gie derom: wat diene en wiene jins ālden? In
arbeidersbern, hoe goed as er ek leare koe, waard miskien skoalmaster, mar
studeare mocht er net. Itselde gou foar froulju. Fan datoangeande is de fizy
dy't śtdroegen wurdt troch it sprekwurd achterhelle. It heart by in oare tiid.
Mar it sprekwurd, hoe achterhelle
ek, wurdt tsjintwurdich noch faak en folle brūkt, foaral om ambysjeuze minsken
in takke tebek te setten. Sa fan "doch mar gewoan" en "stel dy
net oan." It sprekwurd is sinysk oer de mooglikheid fan minsken om harsels
of har sosjale posysje te ferbetterjen. It kapt ōf wat boppe it meanfjild
śtstekke wol.
Yn "Dy't foar in dūbeltsje
berne is, wurdt nea in kwartsje" wurdt it dūbeltsje as ūnderwerp en
perspektyf keazen. It is in śtspraak oer de legerein. Der is in folle minder
bekend sprekwurd dat itselde betsjut, mar dat de hegerein as ūnderwerp hat:
"Wa't as gūne slein is, kin net foar in stoer śtjūn wurde." Dat
sprekwurd is folle minder bekend en yn de taaldatabank koe ik it ek net fine.
Mar it betsjut itselde, diskear mei de hegerein as perspektyf. Blykber kieze de
minsken earder de legerein as perspektyf as de hegerein. Wy kreakje leaver de
legerein ōf, as dat wy heech opjouwe fan de hegerein.
In oar
sprekwurd seit, "Dźr't de hearen ride, stoot de moude." It sprekwurd
warskōget om net al te ticht by hege hearen yn 'e buert te kommen en kiest
dźrmei it perspektyf fan wa't gjin hege hear is: de legerein. Yn de taal fine
wy de fisy fan de legerein werom yn steande śtdrukkingen. De fisy fan de
hegerein fine wy neat fan werom; blykber bepaalt de legerein it taalgebrūk, en
bliuwt de fisy fan de hegerein, fan de machtigen, ferburgen.
Der binne in protte sprekwurden
dy't tsjūgje fan de macht fan it jild. Wat te tinken fan dizze? "Jild jout
freonen." In sinyske opfetting oer freonskip giet dźryn beskūl. "Jild
makket alle poarten iepen, mar de himelpoarte net." Dźr wurdt mei oanjūn
dat op ierde it jild almachtich wie. "Jild is it bźste
oanlūkersguod." Dat betsjut dat jild frijers oanlūkt. Yn dat sprekwurd
giet in sinyske opfetting oer leafde beskūl. "Foar jild skear ik in slak,
sei de skearbaas." Dy lźste jout oan dat ien foar jild fan alles wol dwaan
wol.
Utdrukkingen mei "jild"
sizze net folle goeds oer śs. Jild is sterker as leafde en freonskip, en wy
dogge hast alles foar jild. De obsesje mei jild blykt śt in mannichte
sprekwurden en śtdrukkingen. Yn it Frysk-Nederlānsk wurdboek nimt it stikje oer
jild hast twa kolommen yn beslach. Dat is net om 'e nocht. Hoe sit it mei de
leafde? Dźr binne wy aardich minder troch obsedearre. It nimt yn it wurdboek
noch net iens in kwart kolom yn beslach. En de freonskip is al hielendal
ōfwźzich: dy kin amper twa regeltsjes folje, minder as in tsiende kolom.
It sizzen is, de folken dy't oan de
Middellānske see wenje soene wat waarmbloediger wźze as te uzes. Dźrom ha ik ek
efkes de Spaanske wurden foar 'jild' en 'leafde', 'dinero' en 'amor', opsocht
yn it Spaansk-Nederlānsk wurdboek fan Van Dale. Dźr hat 'dinero' in heale kolom
en 'amor' itselde. En sels 'amistad' ('freonskip') dat der by śs sa bekaaid
ōfkomt hat dźr noch hast in kwart kolom.
Yn de taaldatabank, dy't fol sit
mei Fryske literatuer, komt it wurd 'jild' 11056 kear foar, en it wurd 'leafde'
2947 kear. Mar de wurken yn de taaldatabank komme śt de hiele tweintichste ieu.
De ferhālding tusken jild en leafde jout earder wer hoe't it fyftich jier lyn
wie as no. En fyftich jier lyn wiene de minsken earmer as no.
Tsjintwurdich ha de minsken altyd
wol wat jild om hannen (as de euro it noch net bedoarn hat). Wy ferwachtsje
eins dat der tsjintwurdich minder oer jild praat wurde sil. Dat kinne wy
śtteste troch op it Frysktalige part fan Ynternet te sjen. Dat is ommers fan de
lźste jierren en soe dus de aktuele steat fan saken werjaan moatte. Mei de
sykmasine Google ha wy ein juny op it Fryske ynternet socht. It wurd 'jild'
smyt dan 4500 hits op, en de leafde docht der amper foar ūnder mei 4200 hits.
Foar de tsjintwurdige Fryskprater is leafde hast like wichtich as jild. De
Nederlanner bliuwt lykwols in jildman / jildfrou. "Geld" skoart hast
3 miljoen hits, "leafde" minder as 1 miljoen, mear as trije kear
safolle.
Hoe kin dat no
wer? Binne de Friezen sa feroare dat se no net mear nei jild tale, en dat har
ynteresse yn leafde sa tanommen is? Safolle ferskil tusken Friezen en
Nederlanners kin der net wźze. Ik tink dat it komt om't it Fryske Ynternet gjin
trochsneed is fan de Friezen. Minsken dy't Frysk skriuwe binne gauris
ynteresearre yn kulturele saken. Jildfriezen dogge dźr minder oan en skriuwe
gewoan Nederlānsk.
Yn Steven Sterk syn boek
'Regaad yn 'e himel' lies ik de sin: Om de slūgjende Bismarck hinne stiene in
trije āldstilige kantoarmeubeleminten. En ik tocht daalks fan, soks kin yn it
Hollānsk net. Priuw mar: Om hem heen stonden een drie ouderwetse
kantoormeubels. Om dźr goed Hollānsk fan te meitsjen kinne wy bygelyks it
wurdsje 'drietal' brūke: Om hem heen stond een drietal ouderwetse
kantoormeubels. It tiidwurd 'stond' is no yn it inkeldtal, mar yn de Hollānske
sprektaal kin it meartal ek wol: Om hem heen stonden een drietal ouderwetse
kantoormeubels.
Der binne mear fan sokke
foarbylden dy't allinne yn it Frysk mooglik binne:
Om it fallen fan it net
makliker te meitsjen, binne op it net noch in trije middeliisders oanbrocht
(De gritenij Dantumadiel, J. Botke).
It wol my net klear wurde, wźrom dochs in foarśtstreevjend meartal yn it
Haadbestjoer him immer syn wei wize lit fan in twa of trije leden (De Skuld
fan it Selskip, D. Kalma).
Oan wjerskanten fan 'e dyk steane wat spultsjes, in twa of trije greate
pleatsen mar, in pear dūbele wenten en ... (De hite simmer, Trinus Riemersma).
... en dat er der eins noch in fjouwer spilers by ha moast (tydskrift Frysk
en Frij 1973).
Yn it Frysk kinne se al, yn
it Hollānsk net. Kin de kombinaasje 'een drie' hielendal net yn it Hollānsk
foarkomme? Nee, sa māl is it net. By tiids- en mjitteoantsjuttingen liket it
Hollānsk it al ta te stean. In mjitteoantsjutting is in wurd dat oanjout dat wy
mei in kwantiteit, in 'hoefolle', te krijen ha. Foarbylden binne wurden lykas:
'kilometer', 'pūn', 'kilo', mar ek wurden lykas 'kear'. Tiidsoantsjuttingen
binne mjitteoantsjuttingen dy't op tiid slane lykas 'jier', 'wike', en al sa.
In fraze mei in mjitteoantsjutting lykas 'een drie kwartier later of 'een drie
kilometer verder' is sels yn it Hollānsk neat mis mei, al soe men dan wer leaver
'zo'n' brūke, lykas yn 'zo'n drie kwartier': Hij kwam zo'n drie kwartier
later. Dat heart wat better as Hij kwam een drie kwartier later.
Yn ditsoarte tiid- en
mjitteoantsjuttingen stiet it nammewurd dat by it telwurd heart yn it Hollānsk
almeast yn it inkeldtal: 'drie kwartier', 'vier kilometer'. It aparte oan it
Frysk foarbyld 'in trije meubeleminten' is dat it haadwurd yn it meartal stiet.
It ferskil tusken Frysk en Nederlānsk liket te wźzen dat 'in' yn it Frysk foar
in telwurd folge fan in meartallich haadnammewurd foarkomme kin. Yn it Hollānsk
kin 'een' inkeld foarkomme foar in telwurd folge fan in inkeldtallich
haadnammewurd. En nei telwurden kinne allinne tiids- en mjitteoantsjuttingen yn
it inkeldtal foarkomme; men kin ommers sizze 'drie kilometer', mar net 'drie
huis'.
Yn it Frysk is de
ferhālding tusken 'in' en 'sa'n' krekt oarsom. Hy kaam in trije kertier
letter heart prima. Mar Hy kaam sa'n trije kertier letter is wat minder autentyk
Frysk. As ik yn de taaldatabank sykje op 'sa'n fjouwer' dan fyn ik foaral
resinte boarnen, lykas nijsśtstjoeringen fan Omrop Fryslān. Sykje ik op 'in
fjouwer' dat krij ik mear ālder materiaal. Dat wiist derop dat 'sa'n 2/3/4...'
in oanboazjende ynterferinsje is dy't 'in 2/3/4...' śt it stee kringt.
It Hollānsk hat de wurden 'welk' en 'wat foar',
dy't kwa betsjutting ticht byinoar lizze. Hielendal itselde binne se net.
'Welke boeken' freget nei de konkrete boeken, en 'wat foar boeken' freget nei
it soart.
Yn it Frysk ha wy foar 'welk' it wurd 'hok'.
'Welke boeken' wurdt oerset as 'hokke boeken'. 'Wat voor' kin oerset wurde as
'hokfoar'. Dat 'welke' en 'wat voor' kwa betsjutting nau besibbe binne, docht
bliken śt it Frysk, dźr't 'hok' by beide oersettingen belutsen is: 'hok'
njonken 'hok foar'.
By 'hokfoar' binne der ek noch in pear
njonkenfoarmen lykas: 'hokker' en 'hoffer'. Yn de taaldatabank fyn ik 'hoffer'
allinnich yn it wurk fan Jan fen 'e Gaestmar. Dat is in skūlnamme fan Jan
Jelles Hof en dy kaam śt 'e Sśdwesthoeke. Ik wit net of de foarm 'hoffer' op it
heden noch foarkomt dźre.
Yn it Frysk rinne 'hok' ('welk') en 'hokker'
frijwat trochinoar. It idioomboek 'Op it Aljemint' jout as foarbyldsin: Mei
hokke, mei hokker trein is muoike ōfreizge. De betsjutting fan 'hokker' is dźr
earder 'welke' as 'wat voor', soe ik sizze.
Dochs hālde en drage 'hok' en 'hokker' har
wakker ūngelyk wat būging oanbelanget. 'Hok' būgt him as in eigenskipswurd
('adjektyf'). As ik de saken efkes simpel foarstel: it is 'hok famke', mar
'hokke famkes'. As it nammewurd yn it meartal stiet ('famkes'), feroaret 'hok'
yn 'hokke'. Mar by 'hokker' is it yn iental en meartal itselde: 'hokker famke',
'hokker famkes'.
Noch in ferskil oppenearret him by selsstannich
gebrūk fan 'hok' en 'hokker', dus sūnder neikommend nammewurd. Dan is mei 'hok'
de kombinaasje 'hokken ien' mooglik yn 'e sprektaal: 'Hy hat in auto kocht, mar
ik wit net hokken ien.' Mei 'hokker' kin men dat net sizze: * Hy hat in auto kocht,
mar ik wit net hokkeren ien.
Dat 'hokker' net būge wol, komt nei alle
gedachten troch de śtgong '-er'. Dy hat leaver gjin būgings '-e' of '-en' efter
him. Dźr kin ik twa foarbylden fan bybringe. Op it foarste plak, nim de
reklameslogan fan Miele: 'Miele, er is geen betere.' Yn it Frysk kin men sizze:
Miele, der is gjin bettere, mar dźr sit in Hollānsk rookje oan. It is gjin
moai Frysk. Nee, om it yn geef Frysk oer te setten, moat men sizze: Miele,
better is der net. Men kiest dus in konstruksje dźr't 'better' net in būgings
'-e' efter him kriget. In oar foarbyld binne persoansnammen. Ien dy't śt Snits
komt is in Snitser. Mar is meartal fan Snitser is net Snitseren, mar Snitsers.
Want nei 'er' mei leaver gjin būgings '-e' of '-en' foarkomme. En 'Snitser'
wurdt likemin as 'hokker' būgd, wylst in wurd as 'Amsterdamsk' al būgd wurdt:
in Amsterdamsk famke - Amsterdamsk-e famkes
in Snitser famke - Snitser famkes
hok famke - hokke famkes
hokker famke - hokker famkes
Yn syn ōfwźzigens fan būging liket it Frysk wer
wat mear op it Ingelsk en it Skandinavysk, wylst it Hollānsk de Dśtske kant
śtskaait. Ommers, yn it Ingelsk en it Skandinavysk wurde sokke fraachwurden
likemin būgd, wylst it Hollānsk en it Dśtsk navenant mear būging ha. Miskien
kinne sokke feiten neier bestudearre wurde yn it ramt fan in projekt
Eurolinguistyk.
Yn it Hollānsk kin men
sizze "Hoe ze er ook over spraken, ze konden het niet eens worden."
As men dat wurd foar wurd yn it Frysk oerset, dan is dit it risseltaat: "Hoe't
se der ek oer praten, se koene it net iens wurde." No giet it my benammen
om it earste stik, dat begjint met 'hoe' en dan folge wurdt fan ūnder oaren it
wurdsje 'ek'. Ynstee fan 'hoe...ek' kin men ek in moaiere konstruksje brūke,
ien dy't gever fan bou en ynhouten is. Want sa kin it ek: "Al hoe't se
praten, se koene it net iens wurde." Mei oare wurden: in Hollānske
konstruksje mei 'hoe...ek' kin men yn it Frysk ombouwe ta in konstruksje mei
'al hoe't....'. Hjirūnder noch in stealtsje foarbylden fan dy konstruksje:
"Al hoe't er der mei ompakte, ta in śtslśtsel wie it net kommen."
"Al hoe't wy der nei langhalzen, śs rźders kamen net."
"Der moast besunige wurde, al hoe't it har ek oangriisde."
"Al hoe't wy harken, der barde neat."
"Al hoe't it him ek dreau, hja moasten by nacht reizgje."
"Der moast tiid skreaun wurde, al hoe't de wittenskippers
tsjinabbelearren."
"Al hoe't er it yn it earstoan besocht hie, se woene der neat fan
witte."
"Al hoe't se der ek op om- en tapraten, it kaam net wer yn 'e blāns."
Ut en troch dūkt 'ek' allyk yn 'e Fryske sintsjes op, mar it liket net
ferplichte te wźzen lykas yn it Hollānsk.
De konstruksje hat in wat
negative betsjutting. De 'al hoe'-sin jout oan dat der ien of oar proses
plakfynt, sūnder dat in twadde proses plakfynt (beskreaun yn 'e haadsin) dat
winsklik is en dat rūchwei mei it earste proses assosjearre is. It kin ek
oarsom wźze, dat it twadde proses krekt ūnwinsklik is, lykas yn de sin
hjirūnder:
"Al hoe't ik der tsjin oan seach, ik ried de smjunten yn 'e mjitte."
It komt der yn 'e konstruksje op del dat wat winsklik is net bart, en wat
ūnwinsklik is, bart al.
Njonken 'al hoe't' fine wy
ek 'al wa't. Mar dy hāldt en draacht him al wat oars. In rychje foarbylden:
"Mar al wa't kaam, de jongkeardel net."
"Al wa't op him delseach, Jiskje net."
By ditsoarte foarbylden is it twadde part fan 'e sin sterk redusearre. Yn
sinnen lykas "Jiskje net" en "de jongkeardel net" ha wy
eins inkeld te krijen mei in persoan en in ūntkenning. Yn de oare foarbylden
mei 'al wa't' dy't ik yn de taaldatabank fūn, giet it net om de betsjutting
'wie...ook' mar om de betsjutting 'iedereen die'.
Der is dus in ferskil tusken 'al hoe't' en 'al
wa't'. 'Al hoe't' kin prima brūkt wurde as oersetting fan 'hoe...ook'. Mar dat
jildt net sūnder mear foar 'wie...ook'. 'Wie...ook' wurdt allinnich oerset as
'al wa't' as de haadsin redusearre is. Oars sein, wy fine gjin of amper
foarbylden lykas dizze: "Al wa't er frege, gjinien woe him helpe."
'Al wat' hāldt en draacht him krekt sa as 'al wa't'. Men kin faaks sizze 'Al
wat Jan die, wurkje net", mar dan hāldt it ek wol op, al hoe't men it ek
besiket.
Wurden besteane śt
konsonanten ('medeklinkers') en fokalen ('klinkers'). Jawis en jawides, dat wit
elkenien. Mar net elkenien hat bewitten fan de kombinaasjemooglikheden fan
konsonanten.
Wurden kinne maklik mei in
konsonant begjinne. Nim bygelyks de neikommende wurden: pake, toarne,
kjel, boer, doar, geie. Dy wurden begjinne allegear
mei in konsonant en net samar in konsonant. De namme foar it kloftke
konsonanten der't dy wurden mei begjinne, p t k b d g, is ploffers. Want der is
efkes in obstruksje, in damke, yn 'e mūle foar't it lud derśt ploft.
In oar espeltsje
konsonanten hat de namme fan rūzers. By de rūzers rūst it. In rūzer kin men in
pear tellen oanhālde; by de ploffers kin dat net. De neikommende wurden
begjinne mei in rūzer:
fjoer, soer. Dat f en s binne rūzers. Oare rūzers binne: ch v z
(mei ch bedoele wy it lūd lykas yn kachel).
Dy lźste trijekaart, ch v
z, komt lykwols net oan it begjin fan wurden foar yn it Frysk. It wurdboek
Frysk - Nederlānsk slacht de haadstikjes foar V en Z dan ek mar oer. De W is it
lźste haadstik. Būtenlānske wurden en staveringen litte wy no efkes gewurde. V,
z en ch komme wol yn 'e midden fan Fryske wurden foar: leven, lźze,
kachel.
Wy sjogge no daalks al dat
ploffers en rūzers har oars hālde en drage oan it begjin fan Fryske wurden.
Alle seis ploffers kinne oan it wurdbegjin foarkomme. Mar fan de rūzers kinne
der mar twa oan it wurdbegjin foarkomme, de f en de s. De iene konsonant is de
oare net. Der is oan it wurdbegjin in grutter ferskaat oan ploffers as oan
rūzers.
Oer ploffers en rūzers kin
men fierders sizze dat se net meiinoar kombinearre wurde kinne. Dat men kin net
in ploffer mei in ploffer kombineare, noch in rūzer mei in rūzer, noch in
ploffer mei in rūzer noch oarsom. Oars sein der binne gjin Fryske wurden dy't
mei ien fan de neikommende twatallen begjinne:
Twa ploffers: pt pk pb pd
pg tp tk tb td tg kp kt kb kd kg bp bt bk bd bg dp dt dk db dg gp gt gk gb gd.
Twa rūzers: fs fch fv fz en sa fierder.
Ploffer-rūzer: pf, pch, pv, pz en sa fierder.
Rūzer-ploffer: fp, ft, fk, fb, fd, fg en sa fierder.
Dat rommet moai op!
Allegear logyske mooglikheden, meiinoar likernōch 100, komme gewoan net foar
oan it Fryske wurdbegjin. Oer in grutte śtsūndering, kombinaasjes mei s, komme
wy in oare kear te praat.
As wy twa konsonanten oan
it wurdbegjin ha wolle, kinne wy in ploffer of rūzer goed kombinearje mei in l
of in r: pree, plak, kreas, kleaune, fleis, froast.
Dźr binne sa mar ferskate kombinaasjes mooglik. Men sjocht dan al dat de
ploffer / rūzer foar de l / r stean moat. Oarsom kin net: der binne gjin wurden
dy't begjinne mei rp-, lp-, rk-, rt- en sa mear.
It is dus mar raar mei de
rūzers yn it Frysk. De ch, v en z komme oan wurdbegjin net iens foar. Sa is der
mear te sizzen oer wurden as inkeld mar dat de śt konsonanten en fokalen
besteane.
Wy ha earder al sjoen dat
ploffers (p t k b d g) en rūzers (f s ch v z) net meiinoar te kombinearjen
binne oan it wurdbegjin. Der is lykwols ien wichtige śtsūndering. Der is ien
rūzer dy't wol hiel frij kombinearret mei oare ploffers. Dat is is soarte fan
superrūzer, de S. Sjoch mar ris nei de neikommende wurden:
S + p: spylje, spjocht,
sparje
S + t: stoarje, stien, stoepe
S + k: skoof, skande, skuorre
De s lit him sa mar mei de
ploffers, p t k, kombinearje. Dat is foar oare rūzers lykas f en ch net
weilein, dus gjin fp..., ft..., fk... en sa fuorthinne.
As wy de folchoarder
ploffer-rūzer besjogge dan kin der folle minder. Yn wier Fryske wurden komme
gjin ps- en ks- oan it wurdbegjin foar. De śtsūnderingen binne allegear
lienwurden: psalm, ksenofoob, en sa fierder. Wat wol oan it Fryske wurdbegjin
foarkomt is de kloft: ts-. Sjoch mar: tsien, tsjok, tsjil, tsiis, en sa mear.
Opfallend is dat ts- altyd folge wurdt troch in j of in i. De s is dermei de
iennichste rūzer dy't op in ploffer folgje mei, mar dan moat dy ploffer dus in
t wźze. En yn lienwurden folget de s dus ek wol op de ploffers k en p.
Oant no ta hiene wy kloften
mei twa konsonanten. Lit śs no kloften mei trije konsonanten besjen. J en w
litte wy dźrby efkes gewurde; dy komme in oare kear oan bar. Dan binne der eins
mar 4 kloften mei trije konsonanten:
s + p + r: sprekke,
sprantelje ('vertakken'), sprśt
s + t + r: strie, strobbe, stroffelje
s + k + r: skraits ('mager persoon'), skreppe, skrik
s + p + l: splinter, splis, splite
Men kin obstrewearje dat
sa'n kloft in fźst patroan hat. De earste konsonant is śs romrofte s. De twadde
is in ploffer p, t, k. De tredde is in l of r. As de tredde konsonant in l is,
kin de ploffer allinnich mar in p wźze. De spl- kloft is fierders ek tige
beheind. De fokaal dy't op spl- folget is altiten in i, ie of in ee.
Wat fierders oan dizze
kloften opfalt is dat de earste twa konsonanten stimleas binne. By in stimleaze
konsonant trilje de stimbannen net, by in stimhawwende konsonant trilje de
stimbannen al. Lis de finger marris op de adamsapel. Hāld no it lūd zzzzzz oan,
lykas in bij gūnzet. Men fielt it no triljen by de finger; dat komt fan de
triljende stimbannen. Dy trilje by de z want de z is stimhawwend. Hāld no it
lūd sssss oan. No fielt men neat triljen want de s is stimleas. By it
ōfwikseljen fan sssss-zzzzz-ssssss is dit dśdlikernōch te fernimmen.
Yn boppesteande kloften
binne de earste twa konsonanten dus stimleas. Stimhawwend kinne se net wźze.
Oars sein: zbr-, zdr-, zgr-, zbl- komme net foar yn it Frysk. Yn Slavyske talen
binne soksoartige oansetten lykwols net ūngewoan.
De s is dus in frij unike
konsonant. Hy yntrodusearret kloften mei trije konsonanten. En hy is de
iennichste dy't foar ploffers stean kin oan it wurdbegjin. De S is dus in
soarte fan superkonsonant.
72. De J trijetalich
It Frysk hat in konsonant ('medeklinker') j lykas yn it wurdsje 'jo'. It
Hollānsk hat de j ek, lykas yn it wurdsje 'ja'. En it Ingelsk ek, lykas yn it
wurdsje 'yes', noris stavere as 'y'. Binne de trije niisneamde talen no itselde
wat de j oanbelanget?
Moai net. Want al ha alle
trije talen in j, it docht bliken dat de j yn it Frysk en it Ingelsk njonken
oare konsonanten stean kin as yn it Hollānsk.
In wurd begjint gauris
begjin mei in kloft fan konsonanten, folge troch in fokaalkloft
('klinkerkloft'). Yn it wurdsje 'strie' is 'str' de konsonantkloft en 'ie' de
klinkerkloft. Mar nim noris de konsonantkloft fj-. Dy komt yn it Hollansk net
foar. No sizze jo miskien fan en hoe sit it dan mei 'fjord'? Dan sis ik, dat is
in lienwurd, śt it Noarsk. Yn gewoane Hollānske wurden komt fj- net foar oan it
wurdbegjin. Yn it Frysk al. Dźr ha wy: fjild fjil fjoer fjouwer fielle
Dy lźste wurdt net mei in j skreaun mar troch guon al mei in j śtsprutsen. Yn
it Ingelsk ha wy ek wurden dy't mei fj- begjinne: few (śtspraak: fjoe), fuel
(śtspraak: fjoel)
By oare kombinaasjes fan in
konsonant mei in j falt itselde op. It Frysk en it Ingelsk ha se al, it
Nederlānsk hat se net.
komby |
Frysk |
Ingelsk |
śtspraak |
Hollānsk |
kj- |
kjel |
cue |
kjoe |
- |
nj- |
njoggen |
new |
njoe |
- |
lj- |
lju |
lewd |
ljoed |
- |
bj- |
bjirk |
beauty |
bjoeti |
- |
It Hollānsk hat eins gjin j
yn kombinaasje mei foargeande konsonanten. De j kin wol foarkomme, mar dan
allinnich, sunder dat der in oare konsonant foarofgiet, lykas yn 'ja', 'joker',
'jouw' en soksoartige wurden. It Ingelsk hat wol kombinaasjes fan in konsonant
mei j oan it wurdbegjin. Mar dy wurdt dan altyd folge troch in klinker dy't in
oe is kwa śtspraak. It Frysk hat de measte mooglikheden foar de j. Suver elke
konsonant kin folge wurde troch j en der binne gjin beheiningen op de klinkert
dy't derop folget. Ik jou noch in steal foarbylden:
pj-: pjut, pjisk
('perzik'), pjerre ('narje, kweajonge').
gj-: gjin, gjalp, Gjalt, gjers (gers).
rj-: rju, rjocht, rjemme.
tj-: tjirgje, tjems, tjapkje ('smakken').
sj-: sjonge, sjitte, sjamme, sjuttelje.
dj-: djerre, djoer, djip.
mj-: mjuks, mjitte, mjekje.
Al dy foarbylden litte moai
sjen dat in j op alderhanne konsonanten folgje kin. Mar in j kin gjin
konsonanten nei him ha. Likefolle oft it om Frysk, Hollānsk of Ingelsk giet:
nei in j komt altiten in klinker.
De
kombinaasje fan alderhanne konsonanten mei j is ien fan de skaaimerken dy't it
Frysk as taal ūnderskiedt fan it Hollānsk. It Ingelsk giet in ein mei it Frysk
mei, mar is minder rij. Yn it Ingelsk moat op sa'n kombinaasje fan konsonant +
j in oe folgje, it Frysk is fan datoangeande frijer. It soe nijsgjirrich wźze
en ferlykje it Frysk fan ditoangeande ek ris mei de Skandinavyske talen.
73. Spegelje: tl-lt,
sr-rs / Wurden as berchtop (08-04-06).
In protte Fryske wurden
kinne wy spegelje. As wy in wurdsje as 'ram' spegelje dan krije wy it wurdsje
'mar'. En in wurd lykas 'kolk' smyt it wurd 'klok' op as it spegele wurdt. It
giet my no yn it bysūnder om de spegeling fan de kloft mei konsonanten. Spegeling
fan de kloft kl- smyt de kloft -lk op. Kl- komt foar oan it begjin fan wurden:
klok, klear, klomp; -lk komt foar oan 'e ein fan wurden: kolk, lilk, moolk.
Opfallend is no dat kl- net oan de ein fan wurden foarkomt, inkeld oan it
begjin (dus gjin 'kokl'). En oarsom komt -lk net oan it begjin fan wurden foar,
net oan de ein (dus gjin 'lkok'). Hoe sit dat?
Der wurdt wol tocht dat
wurden opboud binne neffens in sonoriteitspyk. Stel, wy ha in wurd dat bestiet
śt twa konsonanten, in klinkert en wer twa konsonanten, lykas yn 'brims'. It
idee is dan dat de sonoriteit fan de lūden ta nimt nei de klinkert ta, by de
klinkert in hichtepunt berikt en dźrnei wer ōfnimt. Dus b- is it minst sonoar,
de r- is sonoarder, de -i- is it sonoarst, de -m- is wer wat minder sonoar, en
de -s is it minst sonoar. Kwa sonoriteit foarmet in wurd in berchtop, soe men
sizze kinne.
Besjogge wy no nochris
'kolk' en 'klok'. De k- is it minst sonoar, dus dy komt oan de śteinen foar,
oan beide kanten fan it wurd. De -l- is sonoarder dus dy stiet tusken k- en
klinkert yn. Wurden lykas 'lkok' en 'kokl' besteane net, omdat de sonoriteit
dźr gjin berchtop foarmet. Ommers yn 'lkok' nimt de sonoriteit daalks ōf fan
'l' nei 'k', en dat mei net.
Dat wurket hiel aardich.
Tige sonoare konsonanten lykas l, r, n en m steane altiten njonken klinkerts (j
en w litte wy derbūten). Konsonanten dy't amper sonoar binne lykas s, p, t, k
steane nea tusken l, r, n, m en klinkert yn, mar altyd derbūten. SL: slok,
wals. PR: prot, harp. SN: snoad, kāns. KR: kream, wurk.
Dochs kinne kloften fan
konsonanten net altyd spegele wurde. Ja, wy seagen dat it mei de kloften kl- en
-lk wol slagge. En ek pl- lit him spegelje: plof, holp. Mar nim no -lt lykas yn
bult. Spegeling smyt de kloft tl- op. Mar der binne gjin Fryske wurden dy't
begjinne mei de kloft tl-. En itselde ferskynsel fine wy ek yn oare talen lykas
it Ingelsk en it Hollānsk. Der binne wurden op -lt, mar gjin wurden dy't
begjinne mei tl-. Dat skynt yn in protte talen sa te wźzen. Fan datoangeande
stelt de tl - lt śs foar in riedsel.
Itselde
is it gefal mei sr- en -rs. No is dat yn it Frysk net maklik te sjen omdat -rs
wol stavere mar net śtsprutsen wurdt: yn 'gers' wurdt ommers gjin -r- sein. Mar
yn it Hollānsk fine wy wol 'bars', mar gjin wurden dy't mei sr- begjinne. Dat
skynt ek in protte talen wer sa te wźzen. Der moat in reden wźze dat sr- en tl-
oan it begjin fan wurden net foarkomt. Mar wat dy reden is? Dy't it wit mei it
sizze.
74. Bist in pop! (29-04-06)
Oh baby, sizze se yn
Amerikaanske films. En dan kinne se fansels prate tsjin in wiere poppe, want
baby betsjut poppe. Mar meastal ha se it net tsjin in
wiere poppe, mar tsjin in persoan dźrt se fan hālde. Dat kinne feint en faam
wźze, mar in mem kin it likegoed tsjin in grut bern sizze, dyt alhielendal
gjin poppe mear is.
Sokke wurden hjitte ek wol
flaainammen. Eins is flaainamme in term fan neat, want flaainammen binne net
spesjaal bedoeld om te flaaikjen. By flaaikjen tinkt men al gau oan wat
negatyfs lykas slijmen. Eins soe leafdeswurdsjes
in bettere term wźze.
Yn it Frysk ha wy dy ek.
Mar dźr brūke wy net it hiele wurd poppe as wy it mei leafde brūke wolle. In
feint seit net Kom hjir ris, poppe, en jou my in tśt. Nee, hy seit fan Kom
hjir ris, pop, en jou my in tśt. Hy brūkt de ferkoarte foarm pop. Dat komt
ek foar by frouljusnammen dyt op in E of JE einigje. Tsjin in Boukje seit
har freon of man ek wol fan Bouk. Allyksa kin in Geartsje oansprutsen wurde
mei Geart.
In man kin pop tsjin in
frou sizze, mar oarsom kin ek hiel goed. Tink mar ris om it sintsje Bist in
pop. Ik ha it ek al op Ynternet fūn. Dat kin in frou goed tsjin in man
sizze. Se sille dan gjin feint en faam
wźze. Mar it is wol de hertlikste manear om tankewol te sizzen.
Pop liket in saneamd
sekseneutraal wurd. Want it kin troch in man tsjin in frou of troch in frou
tsjin in man sein wurde. Mar it is net
alhiel sekseneutraal. It is nammentlik al wat apart as in man it tsjin in man
seit. It kin dus tsjin elkenien sein wurde, mar net troch elkenien.
It Hollānsk fan de Rānestźd
hat in flaainamme dyt būtenlanners, en miskien Friezen ek wol, hiel raar fine
sille. Dat is poepert. Der is sels in ringtone lekkere poepert. It sykjen
op Ynternet op lieve poepert smiet ek
noch in foech 30 hits op. Dy binne dśdlik affektyf bedoeld. Doet ik sels noch
yn Leien wenne, ha ik it ek wol fan kunde beharkje meien. It waard ek wol tsjin
wiere babys en poppen brūkt, en dat typearret ommers flaainammen en
leafdeswurdsjes. De Hollānske sprektaal fan de Rānestźd kin it wurdsje pop
oars ek noch, krekt as it Frysk, want sykjen op lieve pop op it Ynternet smyt
ek noch likernōch 500 hits op.
Flaainammen en
leafdeswurdsjes kin men foar allegear saken brūke dźrt men fan hāldt. Benammen
de leafde fan dichters bestrykt in breed spektrum. Dichters kinne sels
leafdeswurdsjes foar blommen brūke. De neikommende strofe is fan Eeltsje
Halbertsma en komt śt it gedicht It maarteblomke, dat yn de Rimen en
Teltsjes publisearre is (in maarteblomke is in snieklokje, en in poanne in wite sliepmūts):
No, do bist der no, myn
koeze,
Mei dyn wite poanne op,
Simmerloften sill' hjir rūze,
Bliuw hjir mar, myn leave pop.
75. Myn allerswietste
sūkberbek. (20-05-06).
It Ingelske wurd 'baby' en
it Fryske wurd 'pop' wurde gauris brūkt as leafdeswurdsje tusken twa minsken
dy't faninoar hālde. In mem hāldt fan har poppe, en brūkt it allyk foar har
man. Sadwaande sil it wurd 'pop' wol yn gebrūk kommen wźze, en hat memmeleafde
dit leafdeswurdsje skepen.
Wźr hālde minsken fan?
Minsken hālde fan saken dy't wille en geniet jouwe. Fan it laitsjen, it
poppe-eftige, it lytse fan in poppe bygelyks. Mar ek fan oare saken en dy kinne
ek as leafdeswurden yn gebrūk komme.
Minsken hālde ek fan jild,
foaral at se it net ha, lykas yn śs ferline, dat minder ryk is as no. Besjoch
de neikommende oanhelling:
"Myn allerswietste
sūkerbek, wźr sil myn diamanten
faam hjoed sa hinne? Giet dat nei de stźd, myn gouden?"
(Ut "de faam fan twa wurden", skriuwer anonym, 1784)
Hjir ha wy daalks al twa
frazen dy't mei jild te krijen ha: 'myn diamanten faam' en 'myn gouden'. 'Myn
gouden' is in flaainamme dy't men in protte yn Midfryske teksten oantreft.
Hjirūnder noch in rūfeltsje foarbylden dźrmei:
"Myn leaf! Hast al
boaske? Ik hie dy graag ta wiif, dźr is myn hān. (Hy pattet) Sjedźr, myn gouden
.... wat seist?
(Ut "It jongeljusboask", skriuwer anonym, 1779)
"Sjochste wol dy
tsjokke knotte?
Dy sil ik dy, myn gouden, jaan."
(Ut "Hotzemans frijerij", De Bronswaan, fan Titia Brongersma, 1686)
Wat skeelt dy, gouden bern?
(Ut "Ansk en Houk", Johan van Hichtum, 1639)
"Myn gouden" is
hast like gewoan as "myn skat" by śs is. En skat is fansels ek in
leafdeswurd dat op jild werom giet. Fansels is skat en gouden net hielendal itselde
as jild: dingen fan goud en diamant binne fansels ek gewoan moai en as moaie
dingen jouwe se ek geniet. Yn alle gefallen, minsken hālde fan jild en moaie
dingen: sa koe "myn gouden"
in leafdeswurdsje wurde.
Mar minsken ha ek wille fan
swiete en lekkere dingen. En yn boppesteande oanhelling komt ek de fraze foar
"myn allerswietste sūkerbek". Wźrom 'bek' ofwol 'mūle'? By de
leafdesfaam is de mūle ien fan de dingen dy't maklik mei leafde assosjeare
wurdt, want de mūle tutet. Sadwaande leit "myn alderswietste
sūkernekke" minder yn de rede as "myn alderswietste sūkerbekje"!
Och, yn śs tiid spilet
'lekker' allyk in rol yn de leafde, al is it dan yn it tige platte "in
lekker ding". Yn it Ingelsk is de assosjaasje fan leafde mei swiet werom
te finen yn it leafdeswurdsje "sugar", dat yn ālde hits faak en folle
te beharkjen is, lykas yn "Sugar, sugar" fan "The Archies".
No't wy sa ryk binne yn śs
tiid (ik doel op wetter, gas, elektrisiteit en droech en wiet), binne de
leafdeswurden dy't mei goud en sulver anneks binne wat yn it neigean rekke.
Miskien as wy langer yn de Europeeske Uny sitte en de minsken earmer wurde,
ūntstiet der fansels wol wer in nije leafdesśtdrukking dy't mei jild te krijen
hat. Miskien lśsteret de feint tsjin de faam dan sokssawat as "myn leaf
eurootsje".
76. Manlju en mannen
It wurd 'man' hat twa
meartallen: it kin sawol 'mannen' as 'manlju' wźze. Mar wannear brūke wy
'mannen' en wannear 'manlju'?
Jarich Hoekstra wol der yn
in āldere taalsnipel op śt: 'manlju' is it gewoane meartal; en as wy it ha oer
in spesifike ploech, dan brūke wy 'mannen', lykas yn:
"Grutte Pier en syn
mannen makken de Sudersee ūnfeilich."
"No mannen, wat sizze jimme, sille wy noch ien keapje?"
Yn 'e boppesteande sinnen
manlju brūke, soe wat bryk hearre.
Neffens my hat Jarich dźr
gelyk oan, mar der falt noch wat mear oer te sizzen. Stel dat in man seit:
"No manlju, wat sizze jimme, sille wy noch ien keapje?" Dat heart
yndie nuvere raar. Mar stel no dat in frou it seit, yn in selskip fan manlju.
In frou yn in selskip fan mannen soe neffens my hiel goed sizze kinne:
"No manlju, wat sizze
jimme, sille wy noch ien keapje?"
Ik ha dy fraach foarlein
oan wat frouljusfolk en se koene allegear wol 'manlju' sizze yn sa'n
sitewaasje. Mar as man soe ik it raar fine en sprek oare manlju oan mei
"Manlju, sille wy noch wat drinke." It makket dus ek śt wat de
sprekker is, oft dy man of frou is.
Man of frou, dat is by it
foarbyld mei Grutte Pier ek fan belang. As wy fan Grutte Pier in frou meitsje,
bygelyks Grutte Doutsen, dan kinne wy sizze:
"Grutte Doutsen en har
manlju makken de Sudersee ūnfeilich".
By in man hearre mannen,
mar by in frou binne manlju ek mooglik.
Ik ha yn de Taaldatabank
socht op 'syn mannen', 'syn manlju', 'har mannen' en 'har manlju'. Foar 'syn
mannen' fyn ik sa'n 300 foltreffers, mar foar 'syn manlju' fyn ik mar 2. It is
in dśdlik byld: by in man hearre mannen. By 'har mannen' ha ik lykwols 19
treffers en by 'har manlju' 22. Dat ūntrint inoar net folle. By in frou kinne
beide, sa't it skynt.
As wy telle yn de
taaldatabank, dan steane dźr mear as 5000 'mannen' yn en mear as 2500 'manlju':
twa kear safolle mannen as manlju dus. By de froulju is dat oars. Dźr fine wy
mear as 5000 'froulju', en mar 50 'frouwen'. By de mannen is 'mannen' it
manmachtichst, mar by de froulju slacht 'froulju' foar master op.
'Frouwen' komt allinnich
mar foar yn de kontekst fan 'hearen', lykas yn 'It Jubeljier' fan Simke Kloosterman: 'hege hearen en frouwen'.
Hiel apart by Tamminga en Folkertsma is it span 'frouwen en huorren'. Dźr wurdt
'frouwen' brūkt om wat ōfstān te skeppen, tinkt my. En fierders hat it Aldfrysk
inkeld mar 'frouwen'; 'froulju' sil wol fan letter datum wźze. Ik fyn de āldste
fermelding foar froulju yn it Midfrysk yn 1690. Sa ha de jongere 'froulju' de
āldere 'frouwen' hast hielendal śt it stee krongen!
77. Oer fuotbalderaasje
en iteraasje ( 01-07-2006).
It Hollānsk hat haadwurden
op it efterheaksel '-atie' njonken tiidwurden op it efterheaksel '-eren':
opereren - operatie /
operearje - operaasje
vibreren - vibratie / fibrearje - fibraasje
taxeren - taxatie / taksearje - taksaasje
doneren - donatie / donearje - donaasje
It Frysk hat wakker
itselde, mar dan mei tiidwurden op '-earje' en haadwurden op '-aasje'. Oant
safier rinne de talen lykop.
Mar it Frysk hat foarbylden
fan haadwurden op '-aasje' dy't yn it Hollānsk misse, lykas dizzen:
Beppe hat troch de alteraesje
har taske forgetten. (Heeringa-Seepma, In nuvere fakānsje)
Hja en de jonge Doutsje munsterje elkoar nei de heisteraesje fen it iten
en forstrūpen. (Brolsma, Groun en Minsken)
Njonken 'heisteraasje'
stiet 'heisterje', gjin 'heistearje', en der bestiet njonken 'alteraasje' gjin
'alterearje', wylst dat yn it rychje hjirboppe al hieltyd sa wie. Is it Frysk
wat frijer mei dat '-aasje'? No dat liket al sa te wźzen. Sjoch marris nei de neikommende
foarbylden:
Lykwols docht er omraek
mei. Net troch praten en wille meitsjen en sa, mar fenwege de drinkeraesje.
(Burgy, Berutsen Fjoer)
Hy moast wol mear iteraesje meitōgje, mar dźr wiene de swarte froulju
foar. (Van der Galiėn, Swarte Keap)
Yn dy yngrevene wearaksel dy't er sa stadichoan tsjin de fuotbalderaesje
krige oponearre him foar 't earst ien fan 'e kanten fan it soasjale probleem of
leaver: fan it probleem: boargerlikens. (Wadman, Fioele en Faam)
Noch hwat ergewaesje en kibberaesje en de kachel stiet goed en wol yn 't
skuorke. (Haisma, Peke Donia)
De skriuweraesje hat it drokst west, doe't ik toset gyng mei de van
Dijk-biografy. (Wumkes, Nei sawntich jier)
En rekken se oan 'e skiteraasje dy't mank gyng mei in heislike stank.
(Doarpsbelang Dunegea)
Dźr scille se allegearre de trouweraesje bywenje. (Jan fan 'e Gaestmar,
Omstikken en sydstikken)
Hjir kinne wy njonken inoar
tiidwurd en haadwurd sette: drinke - drinkeraasje, ite - iteraasje, fuotbalje -
fuotbalderaasje, kibje - kibberaasje, skriuwe - skriuweraasje, skite,
skiteraasje, trouwe - trouweraasje. Sokke foarbylden fine wy yn it Hollānsk
net. Wurden lykas 'eteratie' en 'drinkeratie' besteane net, en men sil der op
it ynternet ek fergees om sykje.
Der binne lykwols ek noch
oare foarbylden te finen, lykas dizzen:
Sokke ūnhuere
grapkemakkers, dźr hoege wy gjin moederaesje mei to hawwen. (J. van der
Meulen, Inkelde reis Laplān)
Mar as jimme my nou ris helpe woene mei de sinteraesje. (J.A. Visscher,
Twisken heide en beamgūd yn)
It opfallende is hjir dat
der njonken 'sinteraasje' gjin tiidwurd 'sinterje' bestiet, en likemin is der
'moederearje' njonken 'moederaasje'.
De stśdzje fan
efterheaksels lykas '-eraasje' en fan parten fan wurden yn it algemien hjit ek
wol morfology of wurdfoarming. Dy't der mear oer witte wol, kin it boek oantuge
"Fryske wurdfoarming" fan Jarich Hoekstra, te keap by de Fryske
Akademy. Dźr binne allegear nijsgjirrige prakkesaasjes oer Fryske wurden yn te
finen.