Idyllen út Messina.
Prins Fûgelfrij.

Sa hingje ik dan oan krûme tûken
Heech boppe see en hichten:
In fûgel hat as gast my lokke, -
Ik fleach him nei en klakke en klokke
Wjokkelsloech en die gjin lichten.

De wite see sliepte yn,
Alle ach en wee sliepte my.
Ferjit gie doel en haven yn,
Ferjit frees, lof en strafs fenyn:
No flean ik eltse fûgel nei.

Mar stap foar stap - dat is gjin dwaan!
En skonk foar skonk is swier en mêd!
Ik lit my op 'e winen jaan,
Ik hâld fan sweevjen, fûgels' dwaan,
Ik flean mei eltse fûgel mei.

Ferstân? - Dat heart by minne dingen:
Ferstân en tonge stroffelje rij!
It fleanen sterke mij al ringen
En learde my al moaiere dingen,
Sjongen, spyljen, gekjeierij.

Iensum tinke - docht de wize.
Iensum sjonge - in domme allinne!
Set jim earen nei myn wize
En set jim stil sirkelsgewize,
Moaie fûgels, om my hinne!


De lytse boat "It Ingeltsje" neamd.

Ingeltsje: is my jûn as namme. -
No in skip, in famke deryn,
Ach jimmer noch in famke deryn!
Want steesoan nei leafde' amme
Draait myn stjoerrêdsje sa fyn.

Ingeltsje: is my jûn as namme, -
Bin mei hûndert flintereintsje
Opgnist; it moaiste kapiteintsje
Blaast him oan myn stjoer fol amme
As 't hondertienste flintereintsje.

Ingeltsje: is my jûn as namme, -
Oeral hinne dêr't in flamke
Foar my ljochtet, rin ik, lamke,
Lâns myn paad op langst syn amme:
Altyd wie ik sa'n lamke.

Ingeltsje: is my jûn as namme. -
Leauwe jim wol, lyk in hûntsje
Kin ik bylje en smyt myn mûltsje
Reek en fjoer op famkesamme?
Och de deale is yn myn mûltsje.

Ingeltsje: is my jûn as namme, -
Spriek in wurdsje ea lilk en bitter
Dat myn feintsje yn in flitter
Wiek mei syn amme:
Oan in deadswurd litte er!

Ingeltsje: is my jûn as namme; -
Unbeharke sprong ik fan in klipke
Op 'e grûn en bruts in ribke,
De leave siel ûntwiek de amme:
Ja, de siel wiek troch dat ribke!
Ingeltsje: is my jûn as namme; -
Myn siele as in kattejong,
Die ien twa trije fjouwer fiif de sprong
En swong him yn dit skipke, yn in amme.
Syn poatsjes binne fluch op 'e gong.

Ingeltsje: is my jûn as namme. -
No in skip, in famke deryn,
Ach jimmer noch in famke deryn!
Want steesoan nei leafde' amme
Draait myn stjoerrêdsje sa fyn.


Liet fan 'e Geitehoeder.
(Oan myn buorman Theokritos fan Syracuse. )

Ik lis yn termsiik beven, -
My frette de luzen op.
En dêrby ljocht en leven:
Ik hear dûnsjen, sûnder stop.

Hja soe oars op dizze stûn'
Slûpende nei my ta:
Ik wachtsje as in hûn, -
Gjin teken, boe of ba!

De belofte hat se dien!
Hoe koe se leagens jaan?
Of folget se elkenien,
Lyk myn geiten it dwaan?

Wêrwei har sidene rok? -
Ah, myn grutskens dos?
Der wennet noch mennich bok
Yn dizze bosk?

In fereale feint wurdt fan dizze wacht
Ta bryk en giftich skarlún!
Sa waakst der yn 'e soele nacht
In gifswam yn 'e tún.

De leafde piniget my
As fan sân kweade de tol, -
Ite mei ik neat benei:
Jim sipels, farwol!

De moanne gie al yn 'e see,
Stjerren binne al skraach,
Skier makket de dei him ree, -
No stoar ik graach.

De lytse Heks.

Wylst moai mar is myn lyfke
Leannet it en wês from.
Men wit, God mint de wyfkes,
Dy dûnsje dêr boppe om.
Hy sil it in knap muontsje
Moai wis graach ferjaan:
Dy wol as mannich muontsje
Him graach nei my bejaan.

In grouwe tsjerkeheit? Harrebarre!
Nee, jou my mar in jonge beet,
Faak krekt lykas de grouste boarre
Fol fan oergeunst, gleone need!
Ik hâld net sa fan griis,
Itselde fynt Hy ek;
Hoe wûnderlik en wiis
Is God syn grut bestek

De tsjerke is wiis yn libbens dwaans,
Hja ûndersiket gesicht en hert.
Steesoan wol sy my wer ferjaan: -
Ja, wa ferjout my net!
Men lipket wat derby,
Men knibbelet en derút,
En wisket mei nij
Sûndigjen it âlde út.

Loovje de Hear op ierde
Dy't moaie famkes mint,
En as it Him beswierde
Ferjout Er Him yn in geswind!
Wylst moai mar is myn lyfke
Leannet it en wês from.
En my, bin 'k in âld wyfke,
Frijt de duvel dan mar om!

It nachtlike geheim.

Doe't alles justernacht sliepend wie
En amper in siichje mei ûnwisse
Suchten troch de strjitsjes gie,
Joech my rêst noch moanne of kjessen
Noch wat oars altyd sa goed die
Djipste sliep, in goed gewisse.

Ik sette de sliep my lang om let
Ut 'e holle en rûn nei it strân,
Yn myld ljochtmoannewaar - ik met'
Man en boat op it waarme sân,
Hoeder en skiep, fol sliepferlet: -
Sliepperich skokt de boat fan it lân.

In oere, miskien ek ien derby,
Of is it in jier - dan sinke
Ynienen my sin en tinken
Ta in ivich ienerlei,
En in ûnbedjiplike ôfgrûnsslinke
Skuort him op: - doe wie it foarby! -

De moarn kaam: op swarte djipten
Stiet in boat en rêst sa goed - -
Wat wie der oan? Sa rôpen, klipten
Hûndert gau - wat wie it? Bloed?
Neat wie der. Wy sliepten, sliepten
Allegear, och, o sa goed!

"Pia, caritatevole, amorosissima".
(Op it hillich fjild. ")

O famke dat by it lamme -
Feltsje lâns de hannen tsjocht
Dy't beide ljocht en flamme
Ta de eagen út sjocht,
Do, leaflik mei it laam te set,
Do leaf ding leafste ja
Sa from, sa myld fan it hert,
Amorisissima!

Wat riet sa ier de krâns,
Wa die dy it herte sear,
En leavest, hokker Hâns
Leave dy net mear? -
Do swijst - mar triennetoarst
Is oan dyn eagen ta:
Do swijst - fan langstme stoarst,
Amorisissima?


Fûgel albatros.

O wûnder! Fleant er noch?
Hy wjokslacht op yn it frije.
Wat heft en draacht him doch?
Wat is syn doel, krêft en leie?

It heechst hat er beflein, - no hevet
De himel sels de fleanende oerwinner,
No rêst er stil en swevet,
De oerwinning ferjittend en de oerwinner.

Lyk stjerren en ivichheid
Libbet er yn hún dy't it libben ûntfljocht,
It begruttet him sels om 'e niid - :
En heech fleach dy't him mar sweevjen sjocht.

O fûgel albatros!
Nei de hichte ta driuwt in ivige driuwen my!
Ik tocht oan dy en los
Kamen de triennen, - ja, ik leavje dy!

Fûgeloardiel.

Okkerlêst om my te ferkwikken
Soe ik ûnder beamskaad sitte,
Hearde ik tikjen, lichte tikken,
Sierlik, moai mei ritme en mjitte.
Lilk waard ik en luts gesichten,
Joech doch lang om let belies,
En ik spruts, as yn gedichten,
Sels yn tiktak, spruts en lies.

Wylst my jage it fersemeitsjen,
Wurd nei wurd mei hipsty's swang,
Moast ik hommels tige laitsje
Wol in foech kertierke lang.
Do in dichter? Do in dichter?
Mei dyn minne kop, do, echt?
"Ja, mynhear, jo binne in dichter!"
- Alsa spruts de fûgel specht.

De fleurige wittenskip
("La Gaya Scienza")

"Foar de dichter en wize is alleding freon en wijd, alle belibjen nuttich, al - den - dei hillich, alleman godlik. " Emerson(Motto by de útjefte fan 1882)
Ik hâld ta op it eigen hiem, Kriemde net neffens oarmans wet En - moast om alle masters laitsjediene se it om harsels net . . . . Oer de homeie fan myn hiem(Motto by de útjefte fan 1887).


Foaropwurd by de twadde útjefte.

1.
Dit boek is miskien mear as ien foaropwurd nedich; en by einsluten stiet noch altyd yn bestân oft immen, sûnder wat soartgelikens belibbe te hawwen, it belibjen yn dit boek troch foaropwurden neieroan brocht wurde kin. It skynt as is it skreaun yn 'e taal fan 'e teiwyn: der sit oermoed, ûngeduerigens, tsjinspraak, aprilwaar yn, dat men wurdt hieltyd likegoed de deunbyens fan 'e winter yn it sin brocht as de oerwinning op 'e winter . . . De tankberens wâlet hieltyd op, as is krekt it meast ûnferwachte bard, de tankberens fan wa't better wurdt, - want it better wurden wie dat meast ûnferwachte. "Fleurige Wittenskip": dat hâldt yn de saturnaliën fan in geast dy't in heislik lange druk ferduldich wjerstribbe hat - ferduldich, strang, kâld, sûnder him te ûnderwerpen, mar sûnder hoop - , en dy't no op slach troch de hoop oanfallen wurdt, troch de hoop op sûnens, troch de dronkenens fan it better wurden. Gjin niget dat dêrby in protte ûnferstân en healwizens foar it ljocht komt, in protte bolbjirkene tearens, en dy wurdt sels fergriemd oan problemen dy't yn in stikelige hûd sitte en der net op ynsteld binne en wurd lokke en oanhelle. Dit hiele boek is oars net as in ferdivedaasje nei lang lijen en ûnmâcht, it tjirgjen fan 'e weromkommende krêft, fan it wer oplibjende leauwe yn in moarn en in oaremoarn, fan it hommelse fiellen en foarfiellen fan takomst, fan deunbye aventoeren, fan wer iepene seeën, fan wer tastiene, net langer yn bestân steande doelen. En wat hie ik net allegear efter my! Dat stik woastenije, mêdens, ûnleauwe, befriezing midden yn myn jonge jierren, dy âlderdom dy't him op it ferkearde plak oppenearre, dy tiranny fan 'e pine oertroffen troch de tiranny fan 'e grutskens, dy't de konklúzjes fan 'e pine ôfwiisde - en konklúzjes betsjutte treast - , dy radikale feriensuming as needwar tsjin in syklik heldersjende wurdene minskeferachting, dy prinsipiële beheining ta it bittere, soere, pynlike fan it ynsjoch lykas de wearze gebea, dy't troch in ûnfoarsichtich geastlik patroan en bedoarn wurden - dy't romantyk neamd wurdt - stadichoan groeid wie - , och wa kin dat allegear neifielle? Mar wa't it kin, sil my perfoarst mear taskriuwe as wat healwizens, djoeiskens, "fleurige wittenskip", - sjoch bygelyks mar ris nei it hânfol lieten dat oan dit boek taheakke is - lieten dêr't in dichter op in amper goed te krijen wize alle dichters de gek mei oanstekt. - Och, it binne net allinnich de dichters en har moaie "lyryske fiellingen", dêr't dizze weropstiene syn kwea - aardigens op útwierret: wa wit hok slachtoffer hy siket, hokker ûndier fan parodiearjende stof him meikoarten fiterje sil? "Incipit tragoedia" ('de trageedzje set út ein') - hjit it oan 'e ein fan dit dubieuze - ûndubieuze boek: wês op jins iepenst! Eat, sa út 'e skroeven dat slim en kwea - aardich, oppenearret him: incipit parodia, dat stiet net yn bestân . . .

2.
- Mar lit ús Hear Nietzsche gewurde litte: wat sjakt it ús dat Hear Nietzsche wer sûn is? . . . In psycholooch ken net folle fragen sa oanloklik as de fraach nei de relaasje tusken sûnens en filosofy, en yn it gefal dat er sels siik wurdt, bringt er al syn wittenskiplike nijsgjirrigens mei yn syn sykte. Want men hat, oannommen dat men in persoan is, needsaaklikerwize ek de filosofy fan in persoan: nettsjinsteande kin dêr in treftich ûnderskie makke wurde. By de ien binne it syn brekken dy't filosofiearje, by de oar syn rykdommen en krêften. De earste hat syn filosofy nedich, as hâldfêst, as medisyn, om himsels del te bêdzjen, te ferlossen, te ferheffen of om himsels frjemd te wurden; by de lêste is it net mear as in moaie lúkse, yn it bêste gefal it fjoer fan in triomfearjende tankberens dy't by einsluten himsels yn kosmyske haadletters oan de himel fan konsepten skriuwe moat. Yn it oare, mear gewoane gefal lykwols, as de needtastannen filosofy bedriuwe lykas by alle sike tinkers - en miskien ha dy wol de oerhân yn 'e skiednis fan 'e filosofy - : hoe komt it mei tinzen dy't ûnder de druk fan sykte tocht wurde? Dat is de fraach, dy't de psycholooch oangiet: en dêr is it eksperimint mooglik. Net oars as in reizger docht dy't him foarnimt en wurd op in beskate tiid wekker en him dan kalm oan 'e sliep tabetrout: sa jouwe wy filosofen, as wy siik wurde, ús tydlik mei lea en siel oan 'e sykte oer - wy dogge om it sa mar te sizzen foar ússels de eagen ticht. En lykas dy reizger wit, dat eat net sliept, dat eat de oeren ôftelt en him wekker meitsje sil, sa witte wy ek dat it beslissende stuit ús wekker fine sil, - dat der dan wat foar it ljocht springt en de geast op 'e die betrapet, ik bedoel op 'e swakte of bekearing of ferjouwing of ferhurding of fertsjustering en hoe't al dy sike tastannen fan 'e geast hjitte, dy't op sûne dagen de grutskens fan 'e geast tsjin ha (want it âlde rym is noch altyd fan krêft, "De grutske geast, de pau, de hynst, fân âlds / Binne de trije grutske dieren op 'e wrâld. " - ). Men leart nei sa'n selsûnderfreegjen, sa'n selsbesiking, mei in skerper each te sjen nei alles wat oant no ta befilosofearre is; men riedt better as earder de ûnwillekeurige ôfslaggen, sydstrjitsjes, rêstplakjes, sinneplakjes fan 'e gedachte dêr't lijende tinkers as lijers hinne laat en ferlaat wurde, men wit dan wêr't ûnbewitten it sike liif en syn need de geast hinne triuwt, bûtst, lokket - nei sinne, stiltme, myldens, geduld, medisyn, foldienens yn likefolle hokker betsjutting. Alle filosofy, dy't de frede heger set as de striid, alle etyk mei in negative opfetting fan it begryp lok, alle metafysika en fysika dy't in finale hat, in eintastân fan likefolle hokker aard, alle yn haadsaak estetyske of religieuze langstme nei in fansiden, in oarekant, in derbûten, in derbywei ropt de fraach op oft it net de sykte wie dy't de filosoof ynspirearre. De ûnbewitten fermomming fan psychologyske neden ûnder de mantel fan it objektive, ideële, suver geastlike fiemet skriklike wiid, - en fakernôch ha ik my ôffrege oft filosofy oant no ta, troch de bank nommen, ea mear west hat as in útlis fan it liif en in misbegryp fan it liif. Under de heechste weardeoardielen, dy't de skiednis fan it tinken oant no ta beskaat ha, geane misbegripen fan liiflike hoedanichheid beskûl, of fan yndividuen, of fan stannen of hiele rassen. Men kin al dy dappere dwaasheden fan 'e metafysika, yn it bysûnder de antwurden dêrfan op 'e fraach nei de wearde fan it bestean, yn earsten altyd as symptomen fan beskate liven beskôgje; en as sokke wrâldbefestigingen of wrâldûntkenningen oer it ginneraal, wittenskiplik metten, gjin kerltsje betsjutting yn ha, dan jouwe se histoarisy en psychologen safolste wichtiger winken, as symptomen, lykas sein, fan it liif, fan syn slagjen en mislearjen, syn follens, machtigens, autoriteit yn 'e skiednis, of lykwols fan syn belemmeringen, wurgens, earmoed, syn foarfiellen fan 'e ein, syn wil ta de ein. Ik ferwachtsje noch altiten dat in filosofyske arts yn 'e útsûnderlike betsjutting fan it wurd - sa'nent dy't it probleem fan 'e algehiele sûnens fan folk, tiid, ras, minskdom útsykje moat - ea de moed ha sil en driuw myn fermoedens ta it uterste troch en weagje de stelling: by al it filosofearjen gie it oant no ta hielendal net om "wierheid", mar om wat oars, lit ús sizze om sûnens, takomst, waaksdom, macht, libben . . .

3.
- It sil wol dúdlik wêze dat ik net ûntankber fan dat tiidrek fan drege slepende sykte ôfskie nimme wol, in tiidrek dêr't ik hjoeddedei noch hieltyd fertuten fan ha: sa't ik goedernôch bewitten ha fan wat ik útsoarte mei myn malkerige sûnens op alle gewûpsten fan geast foar ha. In filosoof dy't de loop troch in protte sûnheden dien hat en hieltyd wer docht, hat ek de loop troch likefolle filosofyen dien: hy kin no krekt net oars en set syn tastân alle kearen yn 'e geastlikste foarm en syn wiidste omfieming om, - dy keunst fan 'e transfiguraasje is no krekt filosofy. It stiet de filosoof net frij en meitsje in skieding tusken siel en liif, lykas it folk docht, it stiet ús noch minder frij en meitsje in skieding tusken siel en geast. Wy binne gjin tinkende froasken, gjin objektivear - en registrearapparaten mei stilleine yngewanten, - wy moatte hieltyd ús tinzen út ús pine bernje en har as memmem alles meijaan wat wy oan bloed, hert, fjoer, wille, bekrûping, tramtaasje, gewisse, bestimming, needlot yn ús ha. - Libje - dat is foar ús alles wat wy binne hieltyd yn ljocht en flammen feroarje, ek alles wat ús treft, wy kinne hielendal net oars. En wat de sykte oanbelanget: wurde wy der net hast ta brocht en freegje oft wy dy eins wol misse kinne? De grutte pine is pas de lêste befrijer fan 'e geast, as de learmaster fan 'e grutte erchtinkendheid, dy't fan alle U's in X makket, in echte en oprjochte X, dat is de lêste letter foar it lêste . . . Pas de grutte pine, dy stadige pine dy't it him oan tiid docht, dêr't wy as grien hout yn ferbaarnd wurde, twingt ús filosofen derta en flean yn ús lêste djipte en brui alle fertrouwen, al it goedmoedige, ferhimmeljende, mylde, midlike, dêr't wy faaks earder ús minsklikheid by op setten, by ús wei. Ik betwifelje oft sa'n pine fan ús "bettere minsken" makket - ; mar ik bin wis, hy makket ús djipper. Likefolle oft wy it no leare en lis ús grutskens, ús hún, ús wilskrêft tsjin him yn en doch as de Yndiaan dy't, wit hoe wreed narre, syn skea op syn narder ferhellet troch de lilkens fan syn tonge; of dat wy ús foar de pine yn dat oriëntaalske neat werom lûke - it hat de namme Nirvana - , yn it stomme, stive, dôve jinsels opjaan, jinsels ferjitte, jinsels oplosse: sokke lange faaie oefeningen yn it bewâld oer jinsels komt men as in oar minske út wei, mei in pear fraachtekens mear, foaral mei de wil en freegje tenei mear, djipper, stranger, hurder, kwea - aardiger, stiller as dêrfoar. It fertrouwen yn it libben is fuort: it libben sels waard in probleem. - Leau no net dat ien dêrtroch needsaaklikerwize in tsjusterling waard! Sels de leafde foar it libben is noch mooglik, - allinnich leavet men oars. It is de leafde foar in frou, dêr't wy oan twifelje . . . De oanfitering fan al it problematyske, de nocht oan X is by sokke geastliker, fergeastlike minsken lykwols sa grut dat dy nocht slacht hieltyd wer as in grille gloed alle need fan it problematyske, alle faaiens fan 'e ûnwissichheid, en sels de oergeunst fan 'e leavjende yn syn jamske fâlden. Wy kenne in nij lok . . .

4.
By einsluten, dat it wêzentlikste net stilholden wurdt: men komt út sokke ôfgrûnen, ek út 'e sykte fan 'e drege erchtinkendheid, nij berne werom, mei in nije hûd, kideliger, kwea - aardiger, mei in skerpere smaak foar de wille, mei in sêftere tonge foar alle goede dingen, mei blidere sintugen, mei in twadde gefaarliker ûnskuld yn 'e wille, berniger tagelyk en hûndert kear subtiler as dêrfoar. Och hoe stiet sa'nent no it geniet tsjin, it groffe dompe brune geniet, sa't de genieters, ús "beskaafden", ús riken en regearders it opfetsje! Hoe kwea - aardich beharkje wy tenei it rombombom fan 'e jierlikse festiviteiten wêr't de "beskaafde minske" anneks stedsjer him hjoeddedei troch de wei fan keunst, boek en muzyk "geastrike genietingen", mei help fan geastryk drinken, troch de strôte twinge lit! Wat docht ús no it teatraal gebalt fan 'e hertstocht sear oan 'e earen, wat is ús smaak fier wei rekke fan alle romantyske opskuor en sinsbetizing dêr't it beskaafde plebs yn syn aspiraasjes nei it ferheffende, ferhevene, fuort sweevjende sljocht op is! Nee, as wy dy't better wurde überhaupt noch in keunst nedich binne, dan is it in oare keunst - in spotske, lichte, flechtige, godlik ûnversteurbere, godlik keunstsinnige keunst, dy't as in grille flam yn in berûne loft oplôget! Foar alles: in keunst foar keunstners, allinnich foar keunstners! Neitiid begripe wy better wat dêrfoar as earste nedich is, de blierherigens, likernôch hokker blierhertigens, myn freonen! Ek as keunstners - : ik soe it bewize wolle. Wy witte in pear dingen no mar al te goed, wy dy't witte: och hoe't wy no leare goed te ferjitten, goed net te witten, as keunstners! En wat ús takomst oanbelanget: wy sille net gau wer op it paad fan dat Egyptysk jongfolk oantroffen wurde dat nachts timpels ûnfeilich makket, de earms om stânbylden hinne slacht en perfoarst alles wat om goede redenen ferburgen holden wurdt, útklaaie, bleatlizze, yn in gril ljocht sette wol. Nee, dy minne smaak, dy wil ta wierheid, ta "wierheid likefolle de priis", dy jongeminskewaansin yn 'e leafde foar de wierheid - dy binne wy sêd: dêr binne wy te betûft foar, te serieus, te fleurich, te fûl, te djip . . . Wy leauwe der net mear yn dat wierheid noch wierheid bliuwt, as men him de klean útlûkt; wy ha genôch belibbe om dat te leauwen. Tsjintwurdich heart it foar ús by de goede foarmen dat men net alles neaken sjen wol, net by alles derby wêze wol, dat men net alles begripe en "witte" wol. "Is it wier dat ús leave Hear oeral oanwêzich is?", frege in lyts famke oan har mem: "mar dat fyn ik net fatsoenlik" - in wink foar filosofen! Men moast de skamte mear yn eare hâlde; dêrmei hat de natoer him yn riedsels en bûnte ûnwissichheden ferburgen. Miskien is de wierheid in frou dy't op goede grûnen har grûnen net sjen lit? Miskien is har namme, op syn Gryksk, Baubo? . . . Och dy Griken! Dy begriepen hoe't se libje moasten: dêrfoar is it nedich en bliuw dapper by it oerflak, de fâld, de hûd stean, en bid de skyn oan, en leau yn foarmen, toanen, wurden, yn 'e hiele Olympus fan 'e skyn! Dy Griken wiene oerflakkich - út djippens! En komme wy net krekt op itselde út, wy weachhalzen fan 'e geast, dy't de heechste en faaiste toppen fan it tsjintwurdige tinken beklommen en fan dêrút om ús hinne sjoen ha, wy dy't fan dêrút delsjoen ha? Binne wy net krekt dêryn - Griken? Oanbidders fan 'e foarmen, fan 'e toanen, fan 'e wurden? Krekt dêrom - keunstners?

Ruta by Genua, yn 'e hjerst fan 1886.


"Tûle, list en wraak. "
Foarspul yn Dútske rimen.

1.
Noeging.
Weagje it mei myn kost, do fretter!
Moarn smakket it dy al better
En oaremoarn al goed!
Wolst mear boek ferstouwe
Myn âlde sân jouwe
My ta sân nije moed.

2.
Myn lok.
Sûnt ik it sykjen sêd wie,
Learde ik it finen.
Sûnt ik in wyn ris tsjin hie,
Syl ik op alle winen.

3.
Unbedimme.
Moatst djip dolle dêrste stiest!
Dêrûnder is de saad!
Lit de tsjusterling dy't kniest,
"Dat is it hellepaad!"

4.
Twapetear.
A.
Wie ik siik? Bin ik better?
En wa wie myn bonkesetter?
Fergetten al dat liifstrelit.
B.
No pas leau ik, do bist better,
Sûn is inkeld dy't ferjit.

5.
Oan de deugdridders.
Klear moatte de fuotten fan ús deugden stean:
As de fersen fan Homeros moatte se komme en gean!

6.
Wrâldske tûkens.
Bliuw net yn it flakke wâld!
Flean net te fier omheech!
It moaiste sjocht it each
Op heale hicht' de wrâld.

7.
Vademecum - Vadetecum.
Lokje myn aard en sizzen dy,
Folgest my, rinst my nei
Rin inkel trou dysels nei:
- Dan folgest my - stadich, koesty!

8.
By it tredde ferfeljen.
De hûd dy brekt my yn 'e moude,
No longeret mei nije twang,
Hoefolle ierde se ek ferstoude,
Op ierde yn my de slang'.
No krûp ik hongerjend en wiet
As skeanprint tusken stien en miede
Om te iten wat ik hieltyd iet
Dy, slangekost, dy, ierde!

9.
Myn roazen.
Ja! Myn lok - wol lokkich meitsje - ,
Al it lok wol lokkich meitsje!
Wolle jim myn roazen krije?
Yn 'e bocht dan, yn 'e hoksen
Tusken rots en toarnebosken
Mei fingerfollen toarnetosken!
Om't myn lok graach - begekje mei!
Om't myn lok graach - oer smjunten mei!
- Wolle jim myn roazen krije?

10.
De ferachter.
In protte brui ik wei, jim balte
'Rare ferachters bin' der!'
Wa't drinkt út bekers, al tefolle, bruit in protte wei - ,
Mar tinkt oer wyn net minder.

11.
It sprekwurd sprekt.
Skerp en myld, rûch en tear,
Fertroud en frjemd, kein en smoarch,
Moetingplak fan gek en wize,
Dat alles bin ik, wol ik wêze,
Do tagelyk en slang en baarch!

12.
Oan in ljochtfreon.
Wolst each en sinnen gjin skea oandwaan,
Moatst dy ek yn it skaad by de sinne jaan.

13.
Foar dûnsers.
Glêd iis
Is in paradiis
Foar minsken yn it dûnsjen wiis.

14.
De dappere.
Leaver in fijânskip út it hiele hout
As in freonskip op lymjen boud!

15.
Roast.
Roast is ek nedich: inkeld skerpte jout gjin frij!
Oars wurdt hieltyd fan dy sein: "te jong is hy!"

16.
Omheech.
"Hoe kom ik it bêst by de berch op?"
Gean mar omheech en sin dêr net op!

17.
Spreuk fan de geweldminske.
Freegje nea! Lit dy earmoedsaaierij!
Nimme, altyd nimme, freegje ik dy!

18.
Smelle sielen.
Smelle sielen haatsje ik as de pest.
Dêr stiet gjin goed of kwea ea fêst.

19.
De ûnfrijwillige ferlieder.
Hy skeat in leech wurd yn it blau
As tiidferdriuw - en dêrfoar foel in frou.

20.
Yn it omtinken jûn.
Twafâldige pine is lichter te ferstouwen
As ien: doarst dêrop te betrouwen?

21.
Tsjin de hofeardigens.
Blaas dy net op: oars spatst om
In lytse prip oan grús en grom.

22.
Man en frou.
"Rôvje dy de frou dy't dy yn 't hert ommealt!" -
Sa tinkt de man, de frou rôvet net, dy stelt.

23.
Ynterpretaasje.
Lis ik mysels út, dan lis ik dêr mysels yn:
It kin net dat ik sels myn eigen útlis fyn.
Mar wa't mar omheech yn syn eigen baan fljocht,
Skynt op myn byld ek in klearder ljocht.

24.
Wat helpt tsjin pessimisme.
Klagesto, neat smakket dy mear?
Al de oanslaggen, freon, fan alear?
Ik hear dy: rache en raze, kweasprekke -
Dat hert en geduld my der fan brekke.
Folgje my, myn freon! Wês flink, sjoch,
Slok no dy fette podde troch,
Fluch en sûnder tinken, wipsty! -
Dat helpt tsjin al dyn yndigesty!

25.
Wat ik jim freegje.
Ik ken mannich minskesin
En wit net wa't ik sels bin!
Sa deunby is myn each my doch -
Ik bin net wat ik seach of sjoch.
Ik woe, 'k hie fan my mear nut
Hie ik fierder mar fan my myn sit.
Net sa fier doch as myn fijân!
Te fier sit al myn bêste freon -
Mar tusken dy en my in eachje!
Riede jim wêr't ik om freegje?

26.
Myn hurdens.
Ik moat fuort oer hûndert triemen,
Ik moat omheech en hear jim skriemen:
"Hurd bisto; binne wy fan stien?" -
Ik moat fuort oer hûndert triemen,
Foar trieme trochgean wol gjinien.

27.
De swalker.
"Gjin paad mear! Ofgrûn rûnom, deastil!" -
Sa woesto it! Fan it paad wiek wil!
No, swalker, giet it oan! Sjoch klear, wês taai!
Ferlern bist, leausto, it stiet faai.

28.
Begjinnerstreast.
Sjoch de bargen it bern beklieme,
Helpleas, kramp yn eltse tean!
Skrieme kin it, oars net as skrieme -
Learde it ea al stean en gean?
De kop derfoar! Gau, sa liket my dat,
Giet it bern, sjoch, yn it dûnsjen op!
Hat it de skonken earst ûnder it gat,
Stiet it aanst ek noch op 'e kop.

29.
Stjerre - egoïsme.
Draaide ik, rûne rolletop
Net om mysels, sûnder tuskenstop,
Hoe fernearde ik it, brânde ik net oan,
Wylst ik de hite sinne berûn?

30.
De nêste.
Deunby wol ik de nêste net litte:
Fuort mei him yn hichte en fierte!
Hoe koe ik him oars myn stjerre witte? -

31.
De ferkapte hillige.
Dat wy om dyn lok net stinne
Leist divelsdingen om dy hinne
En dealske setten, dealsk habyt.
Omdôch! Dyn eachopslaggen kinne
Gjin mom foar eigen hillichheid.

32.
De ûnfrije.
A.
Hy stiet en harket: wat fertiizje,
Wat soe him yn 'e earen kniezje,
Wat wie it wat him delsloech?
B.
As elkenien dy't keatten droech
Heart er oeral - keatten skrieze.

33.
De iensume.
Ik sis tsjin it folgjen en it lieden nee.
Om sizzen jaan? Ba! En harrebarre, gebiede!
Wa't himsels gjin skrik oanjaget, kin it oaren ek net.
En allinne wa't skrik oanjaget, kin oaren liede.
Ik bin tsjin it lieden fan mysels al nee!
Ik hâld der fan, as dieren fan bos en see
Mysels foar in hoartsje te ferliezen,
Yn leaflik fersin wei, te hokjen
Far fier ôf my lang om let thús te lokjen
Mysels ta mysels - te ferlieden.

34.
Seneca et hoc genus omne.
Ofwol: Seneca en dat slach folk.
Dat skriuwt en skriuwt net te fernearen wize Larifari
As gie it derom, earst skriuwe, dêrnei Filosofari.

35.
Iis.
Ja! Bytiden meitsje ik ek iis.
Nuttich is iis by it ferstouwen.
Hiene jim in protte te ferstouwen,
Och hoe holden jim fan myn iis!

36.
Jonkheidsskriften.
Fan myn wiisheid A en O
Klonk my dêr: wat hearde ik doch!
No klinkt it my net mear sa,
Allinne it ivige Ach en Och
Fan myn jonkheid hear ik noch.

37.
Foarsichtich.
Yn dy krite is it reizgjen in hurd gelach
En hasto geast, wês dan dûbel wach!
Hja lokje en leavje dy, mar dan: skuor en stek!
Dwepersgeasten binne it - : geast binne se ivich brek!

38.
De fromme sprekt.
God hâldt fan ús, om't er ús makke! -
"De minske makke God!" - litte de subtilen witte.
En soe net leavje wat er makke?
Soe it sels, om't er it makke, neehjitte?
Dat manket, dat hat in duvelshakke.

39.
Yn 'e simmer.
Yn it swit fan it antlit brea
Fertsjinje en ús brochje ite?
Swittend yt men better neat
Lykas wize dokters witte.
De hûnstjer winkt: is der eat?
Wêrom sa fjurrich winke?
Wylst it swit fan it antlit eas't
Sille wy ús wyn opdrinke!

40.
Sûnder oergeunst.
Ja, sûnder oergeunst sjocht er: dêrom jim eare?
Hy sjocht net nei jim eare om;
Hy hat earne - eagen dy't de fierte begeare,
Hy sjocht jim net! - Inkeld stjerren taalt er om!

41.
Heraklitisme.
Alle lok op ierde is,
Freonen, yn 'e kamp!
Om freon te wêzen, wis,
Is nedich buskrûddamp.
Ien yn trije binne freonen:
Bruorren foar de need,
Gelikensen foar de fijân,
Frijen - foar de dea!

42.
Stelregel fan de al - te - subtilen.
Leaver op 'e teannen as dat!
As op fjouwer fuort te farren.
Leaver troch in kaaisgat
As troch iepen doarren!

43.
Taspraak.
Op rom hasto dyn sinnen set?
Achtsje dizze leare:
Bekroadzje dy bytiden net
Om eare!

44.
Dreech bodzjend.
Undersiker ik? Wat in wurd! -
Ik bin mar swier - safolle pûn!
Ik fal hieltyd fierder fuort,
Lang om let op 'e grûn.

45.
Foar altyd.
"Hjoed kom ik, om't it my goed útkomt. " -
Sa tinkt dy't foar altyd komt.
Wat soe it him as de wrâld dan sprekt:
"Do komst te ier, do komst te let!"

46.
Oardielen fan 'e wurgen.
De sinne ferflokke dy't, mei wurgens beladen,
Ornearje, de beam syn wearde is yn syn skaden.

47.
Delgong.
"Hy sinkt, hy falt no," húnje jim tel;
De wierheid is: hy komt nei jim del!
Syn ueber - lok waard him ûnnoflikheid,
Syn ueber - ljocht siket om jim tsjusterheid.

48.
Tsjin de wetten.
Fan no oan hinget my as keat en blok
Om de hals de sekondeklok:
Fan no oan sil gjin stjer mear rinne,
Gjin skaden, hoanneskreau en sinne,
En wat my fan tiid yn it bewitten komt,
Dat is no dôf en blyn en stom: -
Alle natoer hâld ik op 'e tok
By it tiktak fan de wet, de klok.

49.
De wize sprekt.
It folk frjemd en nuttich doch foar it folk
Tsjoch ik fierder, dan sinne, dan wer wolk -
En hieltyd boppe dit seldichste folk!

50.
De kop ferlern.
Hja hat no geast - hoe kaam se deroan?
In man ferlear troch har it ferstân.
Syn kop gie der troch syn tiidferdriuw ôf:
Nei de deale gie er - nee, nei de frou!

51.
Fromme winsken.
"Lit de wyn sa waaie dat
Alle kaaien nei de barebysjes saaie
En lit elts kaaisgat
Him de loper draaie!"
Sa tinkt sûnder mis
Wa't in loper is.

52.
Mei de fuotten skriuwe.
Net inkeld myn hân hâldt fan skriuwerij:
Altyd is myn foet ek fan de partij.
Flink, frij en effen rint er my let en ier
Dan oer it fjild, dan oer it pompier.

53.
"Minsklik, al - te - minsklik. " In boek.
Swiermoedich skou, sa lang asto werom skoust,
Betroust de takomst dêrst sels dysels betroust:
O fûgel dat ik dy by de earnen rekkenje soe?
Bisto Miverva's okkebyldsje Oe - hoe - hoe?

54.
Foar myn lêzer.
Goede tosken en in goede mage -
Winskje ik dy ta!
Kinst myn boek ferdrage,
My grif allyksa!

55.
De realistyske skilder.
"Neffens de natuer en folslein. " - Oft soks kin:
Fûn natuer yn bylden ea ein en begjin?
Uneinich is it lytste stikje fan 'e wrâld! -
Hy skilderet inkeld dingen dêr't er fan hâldt.
En wat is dat dan? Wat er skilderje kin!

56.
Dichtersidelens.
Jou my inkeld lym: want by de lym
Ried ik sels foar wat oaninoar moat!
Sin yn fjouwer kear ûnsinnich rym
Te lizzen - is net sa mar wat!

57.
Kekene smaak.
As ien my frij kieze liet,
Moai wie it út te karren
Dat ik yn it paradys siet:
Mar noch moaier - foar de doarren!

58.
De krûme noas.
Om't de noas de moed fynt,
En sjoch foarút, en it noaster tynt -
Dêrom falsto, noashoarn sûnder hoarn,
Grutske minske, hieltyd nei foaren!
Ik fûn hieltyd twa dingen yn ien hoas:
Rjochte grutskens, krûme noas.

59.
De fulpenne krast.
De fulpenne krast: as de hellepoarten!
Bin ik doemd ta it krasse moatten? -
Dat ik gryp beret nei it inketfet
En skriuw mei bartebrede swarte
Streamen, rare fol, rare wiid!
Sa tige slagget wat ik bedriuw!
Faaks mist it skrift oan dúdlikheid. -
Wat soe it? Wa lêst, wat ik skriuw?

60.
Hegere minsken.
Dizze giet omheech - dus lof taroppe!
Mar dy oare komt faak fan boppen!
Dy wennet boppe lof en roppen,
Dy is fan boppen!

61.
De skeptikus sprekt.
De helte fan dyn libben om,
De wizer tsjocht, de siele drifket
Lang, se rilt, hjir al om
En suchtet en fûn net - en wifket?
De helte fan dyn libben om,
Pine wie it en fersin, oeren, jierren lang!
Wat sikest noch? Nei it wêrom? - -
Dat sykje ik - en it wêrom dêrfan!

62.
Ecce homo.
Ja! Ik wit fan myn komôf!
Net te sêdzjen as de flamme
Jou ik ljocht, brûk ik my ôf.
Ljocht wurd alles op myn amme,
Koallen wat der oer fan is:
Flamme bin ik sûnder mis.

63.
Stjerremoraal.
Ornearre foar stjerrebaan en - kroan
Wat giet dy stjer, it tsjuster oan?

Trochkrús dit no yn eigen tier!
Har pine is dy fier en nuver!

De fierste wrâld silsto beskine:
Meilijen moatsto sûnde fine!

Mar ien gebod foar dy: wês suver.


Earste boek.

1.
De leararen fan it doel fan it bestean. - Oft ik no de minsken fan in goed of in kwea perspektyf út besjoch, ik fyn har hieltyd besteld mei ien opjefte, as groep en as yndividu, yn it bysûnder: dat dwaan wat it behâld fan 'e minsklike soarte fertuten docht. En hielendal net út in fiellen wei fan leafde foar dy soarte mar simpelwei om't neat yn har sa âld, sa sterk, sa min te bebidden of te oerwinnen is as dat ynstinkt, - om't dat ynstinkt krekt it wêzen fan ús aard en keppel is. Likefolle oft men it gewoan is en partsje op in ôfstân fan fiif stappen jins meiminsken mei de wenstige koartsichtigens kreas yn nuttige en skealike, goede en kweade minsken op, by in ôfrekkening op langere termyn, by in djipper oertinken oer it gehiel begjint men dat opkreazjen en oppartsjen te mistrouwen en lit it lang om let mar gewurde. Sels de skealikste minske is miskien noch altyd de nuttichste, as it giet om it behâld fan 'e soarte; want hy hâldt by himsels of, troch it effekt dat er hat, by oaren driuwfearren yn stân, dy't sloppens en bedoarnens by it minskdom te foaren komme. De haat, de nocht oan ûnnocht, de sucht om te rôvjen, te oerhearskjen en wat fierder allegear kwea neamd wurdt: dat heart by de bjusterbaarlike húshâlding fan it soartbehâld, miskien in húshâlding dy't in protte kostet, in protte fergriemt en oer it ginneraal frijwat healwiis is: - mar it is bewiisd dat dy ús soarte oant no ta behâlden hat. Ik wit net mear oftso, bêste meiminske en nêste, eins wol ta skea fan 'e soarte, dus "ûnferstannich" en "ferkeard" libje kinst; dat, wat de soarte skea dwaan kinnen hie, is miskien milennia ferlyn al útstoarn en heart no by dy dingen dy't sels by God net mear mooglik binne. Jou dy oer oan dyn bêste of minste begearten en boppe alles: gean te sink! - yn beide opsichten bist nei alle gedachten hieltyd noch op ien of oare manier in begeunstiger en woldogger fan it minskdom en meist dêrom dyn lofsjongers ha - en likegoed dyn gekoanstekkers! Mar silst nea ien fine dy't ek it bêste fan dy, as yndividu, hielendal begekje kin, dy't dy dyn grinsleaze migge - en froaskejammerdearlikens, sûnder de wierheid geweld oan te dwaan, oan it ferstân bringe kin! Om jinsels laitsje sa't men laitsje moatte soe, fanút de gânse wierheid laitsje, - dêrfoar hiene de grutste wizen net genôch wierheidssin en de grutste talinten net genôch sjeny! Miskien hat it laitsjen ek noch in takomst! Dan, as it oardiel "de soarte is alles, ien is altyd gjinien" - yn it minskdom ynlive is en as alleman altiten de doar ta dy lêste befrijing en ûnferantwurdlikheid iepen stiet. Miskien sil it laitsjen him dan mei de wiisheid ferbûn ha, miskien is der dan allinnich noch mar "fleurige wittenskip". Underwylst is it noch folslein oars, ûnderwylst is de komeedzje fan it bestean himsels noch net "bewust wurden", ûnderwylst is it noch altyd de tiid fan de trageedzje, de tiid fan moralen en godstsjinsten. Wat betsjut it hieltyd op 'e nij ferskinen fan dy stifters fan moralen en godstsjinsten, dy wurkmasters fan de striid om seedlike weardeoardielen, dy leararen fan gewissebiten en godstsjinstige oarloggen? Wat betsjutte dy helden op dit toaniel? Want hja wiene oant no ta de helden derfan, en al it oare, bytiden allinnich sichtbere en al te deunbye, hat altyd mar as tarieding foar dy helden tsjinne, itsy as masinery en kûlisse of yn 'e rol fan fertrouweling en keamerfeint. (De dichters bygelyks ha altyd de keamerfeinten fan ien of oare moraal west. ) - It is te begripen dat dizze trageedzjespilers ek yn it belang fan 'e soarte wurkje, ek al woene se sels graach leauwe dat se yn it belang fan God en as sindeling fan God wurken. Hja begeunstigje ek it libben fan 'e soarte, mei't se it leauwe oan it libben begeunstigje. "It is de muoite wurdich en libje", - roppe se allegearre, - "it libben, dêr sit wat yn, wat efter, wat ûnder, nim jim tewacht!" Dy driuwfear, dy't de heechste en de fulgêrste minsken allyk bestjoert, de driuwfear fan it soartbehâld, brekt no en dan as rede en fjoer fan 'e geast út; hy hat dan in bylkjend gefolch fan grûnen om him hinne en wol mei alle geweld ferjitte litte dat er yn 'e grûn driuwfear, ynstinkt, healwiisheid, sûnder grûn is. It libben moat fan holden wurde, want! De minske moat himsels en syn nêste begeunstigje, want! En hoe't al dy moatten en wanten ek hjitte en yn 'e takomst ek hjitte meie! Dat dat, wat needsaaklik en altyd, út himsels en sûnder doel bart, fan no ôf mei in doel skynt dien te wurden en de minsken as rede en lêste gebod helder is, - dêrfoar oppenearret de etyske learaar him, as de learaar fan it doel fan it bestean; dêrfoar fynt er in twadde en oar bestean út en lichtet mei syn nij meganyk dit âlde gewoane bestean út syn âlde gewoane foegen. Ja! Hy wol perfoarst net dat wy om it bestean laitsje, noch om ússels, - noch om him; foar him is immen altyd immen, eat ûnbidichs dat foarst en lêst komt, foar him is der gjin soarte, gjin sommen, gjin nullen. Hoe dealwiis en dweperich as syn betinksels en weardeoardielen ek wêze meie, hoe lyk as er de gong fan 'e natoer miskent en syn betingsten leagenet: - en alle etiken wiene oant no ta sa healwiis en tsjinnatuerlik dat it minskdom wie oan lykfolhokker te'n ûnder gien, as dy it minskdom yn 'e macht krigen hie, - Foar altyd! - alle kearen dat "de held" op it toaniel kaam, waard wat nijs berikt, it skriklike tsjinoerstelde fan it laitsjen, dy djippe teheistering fan in protte yndividuen by it tinken: "ja, it is de muoite wurdich en libje! Ja, ik bin de muoite wurdich en libje!" - It libben en ik en do en wy allegearre waarden foarinoar wer ris in skoftke nijsgjirrich. - It kin net ûntkend wurde dat mei de tiid it laitsjen en de rede en de natoer al dy grutte leararen fan it doel de baas wie: de koarte trageedzje gie by einsluten hieltyd wer oer en werom yn de ivige komeedzje fan it bestean, en de "ûntelbere weagen fan laitsjen" - om mei Aeschylus te praten - moatte op it lêst ek de grutste fan dy trageedzjespilers fuortspielle. Mar by al dat korrisjearjende laitsjen is oer it ginneraal de minsklike natoer feroare troch it hieltyd op 'e nij ferskinen fan sokke leararen fan it doel fan it bestean, - dy hat no in ferlet derby, it ferlet fan it hieltyd op 'e nij ferskinen fan dy leararen en learen fan it "doel". De minske is stadichoan in fantasterijdier wurden, mei in besteansbetingst ekstra: de minske moat út en troch leauwe te witten wêrom't er bestiet, syn soarte kin net dije sûnder in periodyk fertrouwen op it libben! Sûnder leauwe oan de rede yn it libben! En hieltyd wer sil út en troch it minskdom dekretearje: "der is eat dêr't perfoarst net om lake wurde mei!" En de hoedenste minskefreon sil der oan taheakje: "net inkeld it laitsjen en de fleurige wiisheid, mar ek de tragyske mei al syn ferheven ûnferstân heart by de middels en de needsaken fan it soartbehâld!" - En dus! Dus! Dus! Oh begripe jim my, bruorren? Begripe jim dy nije wet fan ebbe en floed? Us tiid komt ek!

2.
It yntellektuele gewisse. - Ik ha hieltyd wer deselde ûnderfining en akselje hieltyd wer fannijs tsjin, it wol my net oan, ek al stroffelje ik deroer: de measte minsken ha gjin yntellektueel gewisse; ja it is my faak foarkommen as soe men mei de eask fan sa'n gewisse yn de drokste stêden iensum wêze as yn de woastenij. Dat sjocht dy mei frjemde eagen oan en giet mar fierder mei de skealjes, en neamt dit goed dat kwea; gjinien wurdt rea om 'e holle asto merke litst dat de gewichten net doge, - it ropt ek gjin lilkens op dy op: miskien laket men wat om dyn twifels. Ik wol sizze: de aldermeasten fine it net ferachtlik en leau dit of dat en libje dêrneffens, sûnder dat se har yn it foar fan de lêste en wissichste redenen foar en tsjin bewust wurden binne en sûnder dat se it ek mar besykje en jou sokke redenen nei de tiid, - sels de meast bejeftige manlju en de ealste froulju hearre by dy "aldermeasten". Wat binne my goedens, subtilens en sjeny wurdich as de minske fan dy deugden sloppe fiellingen yn it leauwen en it oardielen by himsels duldet, as de langst nei wissichheid him net as de ynderlikste begearte en djipste need jildt, - as dat wat de hegere minsken fan de legere ûnderskiedt! Ik fûn by beskate frome lju in hate tsjin it ferstân en dy hold ik har te'n goede: sa ferrette it kweade yntellektuele gewisse him tenminste noch! Mar om yn 'e midden fan dy rerum concordia discors () en de gânse, wûnderlike ûnwissichheid en mannichfâldichheid fan it bestean te stean en net te freegjen, net te griljen fan begearte en gleonens om te freegjen, om sels net wa't freget te haatsjen, om him miskien sels ûnnoazel te begapjen - dat is wat ik as ferachtlik ûnderfyn, en dy ûnderfining is wat ik it earst by alleman sykje: - ien of oare healwizens praat my der hieltyd wer ta om, alle minsken ha dy ûnderfining, as minske. Dat is myn soarte fan ûngerjochtichheid.

3.
Eal en gewoan. - De gewoane minsken komme alle eale, grutmoedige fiellingen as ûndoelmjittich en dêrom foarst as ûnleauwensweardich foar: se kniperje mei de eagen at se der wat oer hearre, en skine sizze te wollen "der sil wol in moai foardieltsje mei mank rinne, men kin net troch alle muorren hinne sjen:" - se binne erchtinkend foar de eale oer, as soe dy it foardiel op slûperspaden sykje. Binne se al te dúdlik oertsjûge fan de ôfwêzichheid fan egoïstyske bedoelingen en eigenbaat, dan is de eale foar har in soarte fan healwizeling: se ferachtsje him mei syn blidens en laitsje om it ljocht yn syn eagen. "Hoe kin men der bliid om wêze en ferlies earne op, hoe kin men mei iepen eagen ferlies oprinne wolle! Der moat in geastessykte mei it eale fiellen mank rinne" - sa tinke se en sjogge der leechachtsjend by: sa't se de blidens leechachtsje dy't de dwylsinnige om syn idee - fixe hat. De gewoane natueren ha as skaaimerk dat se it eigen foardiel steech en dreech foar eagen hâlde en dat it tinken oan doel en baat sels sterker is as har sterkste driuwfearren: jin troch dy driuwfearren net ta ûndoelmjittige hannelingen ferliede litte - dat is har wiisheid en har selsbesef. Yn ferliking mei har is de hegere natuer ûnferstannich: - want de eale, grutmoedige, opofferjende binne de eigen driuwfearren yndie oermânsk, en op syn bêste stuiten hâldt syn ferstân skoft. In dier dat mei gefaar foar eigen libben syn jongen behoedet of yn 'e peartiid de froulju ek yn 'e dea folget tinkt net oan faaiens en dea, syn ferstân hâldt allyksa skoft, mei't him de nocht oan syn briedsel of oan it froutsje en de bangens en wurdt fan dy nocht berôve him alhiel yn 'e macht ha; hy wurdt dommer as er oars is, lykas de eale en grutmoedige. Dy hat in pear fiellingen fan nocht en ûnnocht sa sterk dat it yntellekt dêr foar oer swije of tsjinstree bûge moat: it hert komt dan by him yn 'e holle en men sprekt no fan "hertstocht". (Hjir en dêr komt ek wol it tsjinoerstelde foar, dus de "omkearing fan de hertstocht", bygelyks by Fontenelle, wa't immen de hân op it hert lei, mei de wurden "Wat jo dêr ha, myn wearde, binne ek harsens". ) It ûnferstân of dwers ferstân fan 'e hertstocht is wat de gewoane minske oan de eale ferachtet, fral as dy him op objekten rjochtet dêr't de wearde him alhiel luchtfytserij en willekeurich fan liket te wêzen. Hy hat argewaasje fan dejinge wa't de hertstocht fan 'e búk oermânsk wurdt, mar hy begrypt alteast de oantrún dy't dêr foar master opslacht; mar hy begrypt net hoe't men bygelyks om in passy foar kennis syn sûnens en eare faai sette kin. De smaak fan 'e hegere natuer rjochtet him op útsûnderlikheden, op wat ornaris kâld lit en gjin niget yn skynt te hawwen; de hegere natuer hat singeliere mjitstêven. Dêrby leaut dy almeast yn de idiosynkrasy fan syn smaak gjin singeliere mjitstêven te hawwen, hy set júst syn wearden en ûnwearden as de eigentlike wearden en ûnwearden del, en bedarret dêrmei yn it ûnferstannige en ûnpraktyske. It is komselden dat in hegere natuer safolle ferstân oerhâldt en begryp en behannelje aldendeiske minsken as sadanich: meastal leaut er yn syn passy as yn 'e ferburgen holdene passy fan alleman en is krekt yn dat leauwe wollen fol fjoer en redenrikens. As no sokke útsûnderingsminsken har sels gjin útsûndering fielle, hoe soene se dan ea de gewoane minsken begripe en de noarm binlik beoardielje kinne! - En sa prate sy ek oer de healwizens, ûndoelmjittigens en luchtfytserij fan it minskdom, hoe raar as it op 'e wrâld om en ta giet en wêrom as dy net kieze wol foar wat "goed foar him is". - Dat is de ivige ûnrjochtfeardichheid fan 'e ealen.

4.
It soartbehâldende. - De sterkste en kweadste geasten ha oant no ta it minskdom it meast foarút holpen: hja stutsen hieltyd wer it fjoer fan 'e ynslomjende hertstochten oan - alle maatskiplike oarder lit de hertstochten ynslomje - , hja wekten hieltyd wer de sin foar ferliking op, de nocht oan it nije, noch net weage, noch net probearre, hja twongen de minsken miening foar miening, ideaalbyld foar ideaalbyld oer te stellen. Mei de wapens, mei it omwrotten fan grinsstiennen, troch it kwetsen fan 'e fiellingen fan piëteit almeast: mar ek troch nije religys en moralen! Deselde "kweadens" is yn alle leararen en prekers fan it nije, - dy't in oerweldiger in minne namme jout, en dy't him ek wol subtiler uteret, net daalks op slach de spieren yn beweging set en krekt dêrom ek net sa gau in minne namme jout! It nije is lykwols ûnder alle omstannichheden it kwea, as dat wat oerweldigje, de âlde grinsstiennen en fiellingen fan piëteit omwrotte wol; en inkeld it âlde is it goede! De goede minsken fan alle tiden binne it dy't it âlde tinken útdjipje en dêrmei frucht drage, de bouboerkes fan 'e geast. Mar alle lân is lang om let útbrûkt, en hieltyd wer moat it ploechizer fan it kwea komme. - Der is tsjintwurdich in basale dwaallear fan 'e moraal, dy't nammentlik yn Ingelân tige populêr is, dêrneffens is wat goed neamd wurdt wat de soart behâldt, wat kwea neamd wurdt wat de soarte skea docht. Yn wurklikheid binne lykwols de kweade driuwfearren like doelmjittich, soartbehâldend en ûnûntbearlik as de goeden: - allinnich har funksje is oars.

5.
Absolute plichten. - Alle minsken dy't fielle dat se de sterkste wurden en lûden, de redenrykste bewegingen en stellingen nedich binne om überhaupt effekt te hawwen, revolúsjepolitisy, sosjalisten, boetprekers mei en sûnder kristendom, allegear lju dêr't suksessen net ûnfolslein by wêze meie: dy prate allegear fan "plichten", en eins altyd fan plichten mei it karakter fan it absolute - dêrsûnder hiene se gjin rjocht op har grut patos: dat witte se bare skoan! Dat se gripe nei moraalfilosofieën dy't ien oft oare kategoaryske ymperatyf preekje, of se nimme in goed stik religy yn har op, lykas Mazzini dat bygelyks die. Mei't se wolle dat absolút op har fertroud wurdt, is har earste needsaak dat se harsels absolút fertrouwe, op grûn fan ien of oar lêste yndiskutabel ferheven gebod op himsels, om har dêr tsjinner en wurkark fan te fiellen en har dêr foar út te jaan. Dêr ha wy de natuerlikste en almeast tige ynfoedrike tsjinstanners fan 'e morele ferheldering en skepsis: mar se binne minmachtich fan tal. Dêrfoaroer is der in tige manmachtige klasse fan tsjinstanners oeral dêr't it eigenbelang de ûnderwerping leart wylst rom en eare de ûnderwerping lykje te ferbieden. Wa't ferûntweardiging fielt as er tinkt dat er in stik wurkark fan in foarst of in partij en sekte of sels fan in jildmacht is, bygelyks as neiteam fan in âlde, grutske famylje, mar krekt dat wurkark wêze wol of wêze moat, foar himsels of foar de bûtewrâld, dy hat patetyske prinsipes nedich dy't er op alle stuiten yn 'e mûle nimme kin: - prinsipes fan in absolút moatten, dêr't er him sûnder skamte oan ûnderwerpe en ûnderwurpen betoane kin. Alle subtilere serviliteit hâldt oan 'e kategoaryske ymperatyf fêst en is de deafijân fan dyen dy't de plicht syn absolút karakter ûntkeare wolle: dat ferget it fatsoen fan har en net allinnich it fatsoen.

6.
Ferlies fan wearde. - It neitinken is al syn foarmlike wearde kwytrekke, it seremoniëel en de plechtige maneuvels fan it neitinken binne bespotlik makke en in wize man fan 'e âlde styl soe net mear ferneard wurde. Wy tinke te fluch, en ûnderweis, en midden yn it gean, midden yn allerhanne beuzichheden, sels as wy oan 'e serieuste saken tinke; wy ha net folle tarieding nedich, sels net folle stiltme: - it is as drage wy in nea hohâldende masine yn 'e holle mei, dy't sels ûnder de ûngeunstichste omstannichheden noch trochwurket. Doedestiids koe men it ien oansjen dat er ris tinke woe - it wie wol in útsûndering - , dat er no wizer wurde woe en him op in tins tarette: men luts der in gesicht by as by in gebed, en hold de stap yn; ja men stie oerenlang op strjitte stil, as de tins "kaam" - op ien of twa skonken. Sa wie it "de saak weardich"!

7.
Wat foar drege wurkers. - Wa't hjoeddedei fan morele saken stúdzje meitsje wol, leit foar himsels in ûnbiedich arbeidsterrein iepen. Allerhanne passys moatte yndividueel trochtocht, yndividueel troch tiden, folken, grutte en lytse yndividuen folge wurde; al har tûkens en al har weardeoardielen en perspektiven op 'e dingen moatte foar it ljocht! Oant no ta hat alles wat it bestean kleur joech noch gjin skiednis: of wêr is in skiednis fan 'e leafde, fan 'e ynklauskens, fan 'e oergeunst, fan it gewisse, fan 'e piëteit, fan 'e wredens? Sels in ferlykjende skiednis fan it rjocht, of mar fan 'e straf, mist alhiel. Binne it ferskaat yn deiyndieling, de gefolgen fan in regelmjittige oardering fan arbeid, feest en lins al objekt fan ûndersyk makke? Binne de morele effekten fan wat der oan streksums bestiet al bekend? Is der al in filosofy fan it streksums? (It hieltyd wer losbrekkend leven foar en tsjin it fegetarisme bewiist al dat der noch net sa'n filosofy is!) Binne de ûnderfiningen mei it meiinoar libjen, bygelyks mei it kleasterlibben, al gearswile? Is de dialektyk fan houlik en freonskip al beskreaun? De wensten fan learden, fan keaplju, keunstners, hânwurkers, - ha dy har tinkers al fûn? Der is safolle om oer te tinken! Alles wat de minsken oant no ta as har besteansbetingsten sjoen ha, en al har tûkens, fûlens en byleauwe yn dy fisy, - is dat al yn syn hiele hear en fear ûndersocht? Allinne al de obstrewaasje fan it ûngelikense waaksdom dat de minsklike driuwfearren neffens ûngelikens moreel klimaat hân ha en noch ha kinne, jout al tefolle wurk foar de dreechste wurkers; der binne hiele slachten en planmjittich meiinoar oparbeidzjende slachten fan learden nedich ear't dêr de gesichtspunten en it materiaal op binne. Itselde jildt foar it oanwizen fan redenen foar it ferskaat oan moreel klimaat ("Wêrom ljochtet hjir de sinne fan dit moreel grûnoardiel anneks haadweardemjitten - en dêr in oare?"). En wer in nije arbeid is it dy't it fersin yn al dy redenen en dy't it hiele wêzen fan 'e moraal oant no ta beskriuwt. Stel dat al dat wurk dien is, dan komt de nuodlikste fan alle fragen op 'e foargrûn, oft de wittenskip by steat is en jou doelen foar it hanneljen, nei't se bewiisd hat dat se sokke doelen ûntnimme en te neate dwaan kin - en dan soe in eksperimintearjen op syn plak wêze, dêr't allerhanne heroïsme him op útwierje koe, in ieuwenlang eksperimintearjen dat allegrutte wurken en opofferingen yn 'e skiednis oan no ta yn it skaad sette koe. Oant no ta hat de wittenskip har syklopebousels noch net boud; ek dêrfoar sil de tiid komme.

8.
Unbewuste deugden. - Alle eigenskippen fan in minske dêr't er him bewust fan is - en benammen as er de sichtberheid en evidintheid dêrfan ek foar syn omjouwing ferûnderstelt - binne oan gâns oare wetten fan ûntjouwing hearrich as dyen dy't him ûnbekend of min bekend binne en dy't har troch har subtiliteit ek foar it each fan 'e subtilere obstrewearder wei wine en har as efter it neat beskûl hâlde. Sa stiet it mei de subtile skulptueren op 'e skobben fan reptilen: it soe in fersin wêze en hâld se foar pronk of wapen - want se binne pas mei de mikroskoop te sjen, dus mei in keunstmjittich safolle skerper makke each lykas de oanbelangjende dieren, dêr't it pronk of wapen foar betsjutte koe, net besitte! Us sichtbere morele kwaliteiten, en benammen dy't wy leauwe dat sichtber binne, geane har wegen, - en de ûnsichtberen mei deselde namme, dy't foar ús yn relaasje ta oaren noch pronk noch wapen binne, geane ek har wegen: hiele oaren fan nijsten, en mei streken en subtiliteiten en skulptueren dy't faaks in god mei in godlike mikroskoop wille jaan koene. Wy ha bygelyks ús flyt, ús earsucht, ús skerpens: hiele wrâld wit derfan - , en dêrnjonken ha wy fan nijsten nochris ús flyt, ús earsucht, ús skerpens; mar foar dy reptileskobben fan úzes is de mikroskoop noch net útfûn! - En op dat punt sille de freonen fan 'e ynstinktive moraliteit sizze: "Bravo! Hy hâldt ûnbewuste deugden tenminste foar mooglik, - dat foldocht ús!" - Och jim selsfoldien folkje!

9.
Us erupsjes. - Untelbere dingen dy't it minskdom him yn eardere stadia eigen makke, mar sa swak en embryonaal dat gjinien it as eigen obstrewearje koe, komme hommels, lang dêrnei, faaks nei ieuwen, foar it ljocht: se binne ûnderwylst sterk en ryp wurden. Mennich tiidrek skynt dit of dat talint, dizze of dy deugd alhiel brek te wêzen, lykas mennich minske: mar wachtsje mar op de bernsbern en har bern, as men it oan tiid hat en wachtsje - sy litte ljocht skine oer it ynderlik fan har pakes, dat ynderlik dêr't har pakes sels noch neat fan wisten. Faak is al de soan de ferrieder fan syn heit: dy begrypt himsels better sûnt er syn soan hat. Wy ha allegearre ferburgene tunen en oanplantingen yn ús; en, mei in oare ferliking, wy binne allegear waaksende fulkanen, dy't har oere fan erupsje ha sille: - hoe deunby of hoe fier ôf dat is, dat wit gjinien, sels ús leave hear net.

10.
In soarte fan atavisme.
- De seldsume minsken fan in tiid begryp ik it leafst as hommels opdûkende neikommelingen fan foarbye kultueren en har krêften: as in atavisme fan in folk en syn kultuer: - sa is wier noch wat oan har te begripen! No skine se frjemd, seldsum, bûtengewoan: en wa't dy krêften yn him fielt, moat se tsjin in tsjinnige oare wrâld hoedzje, ferdigenje, earje, grutbringe: en sa wurdt hy dêrmei of in grut minske of in heale soal en nuvere sipel, foar safier as er earder al net te'n ûnder giet. Doedestiids wiene dy seldichste eigenskippen algemien en gienen dus foar gewoan troch: se makken net bysûnder. Miskien waarden se ferge, foarûndersteld; it wie ûnmooglik en wurd grut mei har, en wol, om't it gefaar miste en wurd ek gek en iensum mei har. - De behâldende slachten en lagen fan in folk binne it foaral, dêr't sokke neislaggen fan âlde driuwfearren har oppenearje, wylst der net folle kâns op sa'n atavisme is dêr't rassen, gewoanten, weardeoardielen te fluch wikselje. Want it tempo betsjut yn 'e krêften fan ûntjouwing by folken likefolle as by de muzyk; foar ús gefal is in trochgeand andante fan 'e ûntjouwing nedich, as it tempo fan in hertstochtlike en stadige geast: - en fan dat slach is ommers de geast fan konservative slachten.

11.
It bewustwêzen.
- De bewustens is de lêste en letste ûntjouwing fan it organyske en dus ek it minste klear en krêftich. De bewustens komme ûntelbere misgrepen út wei dy't meitsje dat in dier, in minske te'n ûnder giet, earder as nedich, "foar it needlot", lykas Homeros seit. Wie net it behâldende ferbân fan 'e ynstinkten sa ûntyglike folle machtiger, soe dat net yn it gehiel as regulator warber wêze, syn ferkearde oardielen en fantasearjen mei de eagen iepen, syn brek oan yngeandens en syn lichtleauwichheid, koartsein syn bewustens moast it minskdom oan te'n ûnder gien ha: of leaver, dêrsûnder hie it der al lang net mear west! Ear't in funksje folgroeid en ryp is, is er in gefaar foar it organisme: goede saak, as er sa lang bêst tyrannisearre wurdt! Sa wurdt de bewustens bêst tyrannisearre - en net yn it minst troch de grutskens derop! Der wurdt tocht, dêr is de kearn fan 'e minske; wat bliuwend oan him is, it lêste, it oarspronklikste! De bewustens wurdt holden foar in as fêst jûne grutte! Hjit syn groei leagen, syn ûnderbrekkingen! Nim him as "ienheid fan it organisme"! - Dy bespotlike oerskatting en miskenning fan it bewustwêzen hat as bare nuttich gefolch dat dêrmei in al te flugge ûntjouwing dêrfan behindere waard. Mei't de minsken bewustens al leauden te hawwen, ha se net in protte writen dien om it te bewinnen - en no is it al likemin oars! It is noch altyd in folslein nije en no earst foar it minsklik each opljochtsjende, amper klear kenbere opjefte it witten by har yn te liivjen en ynstinktyf te meitsjen, - in opjefte dy't allinne troch harren sjoen wurdt, dy't troch ha, dat oant no ta inkeld ús fersinnen by ús ynlive wiene en dat al ús bewustens op fersinnen betrekking hat!

12.
Oer it doel fan 'e wittenskip. - Wat? It úteinlikse doel fan 'e wittenskip soe wêze en jou de minske safolle mooglik nocht en sa min mooglik ûnnocht? Wat as no nocht en ûnnocht sa mei in knoop ferknotte wiene dat wa't safolle as mooglik fan de ien ha wol, ek safolle as mooglik fan de oar ha moat, - dat wa't it "Himmelhoch - Jauchzen" leare wol, him ek foar it "zum - Tode - betrübt" ree hâlde moat? En sa is it miskien! De stoïsy leauden tenminste dat it sa wie, en wiene konsekwint doe't se sa min mooglik nocht begearden om ek sa min mooglik ûnnocht fan it libben te hawwen (wa't de spreuk yn 'e mûle nimme soe "De deugdsumste is de lokkichste", hie dêrmei sawol in úthingboerd fan dy skoalle foar de grutte kliber as ek in kasuïstyske subtuliteit foar de subtilen). Hjoed ha jim ek noch de kar: of sa min mooglik ûnnocht, koartsein pynleazens - en by einsluten soene sosjalisten en politisy fan alle partijen har minsken yn earlikens net mear tasizze meie - of safolle mooglik ûnnocht as priis foar it waaksen fan in knoarre fynsinnige en oant no ta selden preaune foarmen fan nocht en wille! Beslute jim ta it earste, dus wolle jim it fermogen fan 'e minsken om pine te fiellen deltwinge en ferminderje, no, dan moatte jim ek har fermogen om wille te fiellen deltwinge en ferminderje. Yndie kin men mei de wittenskip it iene likegoed as it oare doel begeunstigje! Miskien is se hjoed noch bekender fanwege har krêft en ûntkear de minsken har wille en meitsje har kâlder, stânbyldeftiger, stoïsynsker. Mar sy koe ek noch as de grutte bringer fan pine ûntdutsen wurde! - En dan soe miskien tagelyk har tsjinoerstelde krêft ûntdutsen wurde, har ûnbiedich fermogen en lit nije stjerrewrâlden fan wille opljochtsje!

13.
Ta de lear fan it machtsfiellen. - Woldwaan en seardwaan oefenet men jins macht oer oaren mei út - mear wol men dêrby net! Mei it seardwaan fan sokken dy't wy ús macht earst fielle litte moatte; want pine is in folle ynkringender middel dêrta as nocht: - pine freget hieltyd nei de oarsaak, wylst nocht der in aardsje fan hat en bliuw by himsels stean, en skôgje net tebek. Mei woldwaan en wolwollen foar dyen dy't lykfolhoe fan ús ôfhinklik binne (dat wol sizze, gewoan binne en tink oan ús as har oarsaken); wy wolle har macht fermearje, om't wy sa uzes fermearje, of wy wolle har de fertuten toane dy't it ynhat en wês yn ús macht, - sa sille se earder mei har posysje tefreden en tsjin 'e fijân fan ús macht fijanniger en striidsumer wêze. Oft wy by it woldwaan of seardwaan offers bringe, feroaret de úteinlikse wearde fan ús hanlingen net; sels as wy ús libben derfoar jouwe, lykas in martler te'n geunste fan syn tsjerke, it bliuwt in offer brocht oan ús langst nei macht, of oan it doel fan it behâld fan ús machtsfiellen. Dy't dêr fielt "ik bin yn it besit fan 'e wierheid", hoefolle besittingen jout dy net op om dat fiellen te rêden! Wat set er net allegear oer board om himsels "boppe" te hâlden, - dat wol sizze boppe de oaren, dy't it oan 'e "wierheid" mankearret. It is wis dat de tastân dat wy sear dogge, selden sa ûnbemongen - noflik is as de tastân dat wy wol dogge, - it is in teken dat wy noch macht misse, of ferriedt it fertriet oer dy earmoed, it bringt nije gefaren en ûnwissichheden foar ús besteand besit fan macht mei en fertsjusteret ús kimen troch it útsicht op wraak, hún, straf, mislearjen. Allinnich foar de fûlste en begearichste minsken fan it machtsfiellen kin it nofliker wêze en twing de tsjinstribbige it segel fan 'e macht op; foar sokken dy't it oansjen fan guons dy't al ûnderwurpen (en as sadanich objekt fan wolwollen) binne, lestich en ferfeelsum fine. It giet derom hoe't men wend is jins libben te krûdzjen; it is in kwestje fan smaak oft men leaver de stadige of de hommelse, de wisse of de nuodlike en dryste machtswinst ha wol, - men siket dizze of jinge krûderij hieltyd neffens jins temperamint. In maklike bút is foar grutske natueren wat ferachtliks, se fielle pas wolbefinen at se ûnbrutsene minsken sjogge, dy't har fijân wurde koene, en likegoed at se min tagonklike besittingen sjogge; de lijer binne se faak hurd foar, want hy is har stribjen en grutskens net wurdich, - mar namste freonliker betoane se har foar gelikensen oer, dêr't kamp en strideraasje yn alle gefallen earfol wêze soe, at dêr ienris in gelegenheid foar wie. Yn it fiellen fan wolbefinen fan dat perspektyf út ha de minsken fan 'e ridderlike kaste foar inoar in gewoante makke fan in bûtengewoane hoflikheid. - Meilijen is it noflikste gefoel by sokken dy't net al te grutsk binne en gjin útsicht op grutte feroveringen ha: foar har is de maklike bút - en dat binne alle lijers - wat hearliks. It meilijen wurdt romme as de deugd fan ljidskes.

14.
Wat allegear leafde neamd wurdt. - Habsucht en leafde: hoe oars fielle wy by elts fan dy wurden! - En dochs koe it de selde driuwfear wêze, twa kear beneamd, de iene kear beslantere fan it stânpunt út fan dy't al hawwe, dy har driuw al wat saksearre is en dy't no bang binne fan har "haw": de oare kear fan it stânpunt fan dy't ûnbefredige, toarstich binne út, en dêrfandinne ferhearlike as "goed". Us neisteleafde - is dat net in driuw nei nij eigendom? En allyksa ús leafde foar it witten, foar de wierheid en eins alle driuw nei nijïchheden? Wy krije stadichoan ús nocht fan it âlde, it wisse besit en stekke de hannen wer út; sels it moaiste lânskip, dêr't wy trije moanne yn taholden, is fan ús leafde net mear wis, en ien of oare fierdere kust fjurret ús habsucht oan: it besit wurdt troch it besitten almeast minder. Us nocht oan ússels wol him sa yn stân hâlde, troch hieltyd wer wat nijs yn ússels te feroarjen, - dat is no krekt it besitten. Us nocht krije fan in besit, dat is: ús nocht krije fan ússels. (Men kin ek oan in tefolle lije, - ek de begearte en smyt fuort, partsje om, kin him de earenamme "leafde" oanmjitte. ) As wy ien lijen sjogge, dan nimme wy graach de gelegenheid tewacht en nim besit fan him; dat docht bygelyks de woldogger of meilijer, hy neamt ek de yn him opwekke begearte nei nij besit "leafde", en hat syn nocht dêroan as oan in nije him wachtsjende ferovering. It dúdlikst ferriedt de leafde tusken de slachten him as driuw nei eigendom: de leavjende wol de persoan dêr't er langst nei hat sûnder kondysjes besitte, hy wol allyk in macht sûnder limyt oer dy syn siel lykas syn liif, hy wol allinnich objekt fan leafde wêze en as it heechste en begearlikste yn 'e siel fan 'e oar tahâlde en dêr foar master opslaan. Lit men yn jin omgean dat soks oars net betsjut as hiele wrâld fan in kostber goed, lok en geniet útslute: lit men yn jin omgean dat de leavjende op de ferearming en ûntbearing fan alle oare meistikers út is en de draak fan syn gouden skat wurde wol, as de ûnmeilydsymste en selssuchtichste fan alle "feroverers" en útbuters: lit men by einsluten yn jin omgean dat alle oare wrâld de leavjende sels de muoite net wurdich, bleek, sûnder wearde taliket en dat er ree is en bring elk offer, jei elke oarder yn 'e bulten, reagje elk belang oan 'e kant: dan fernuveret men jin yndie dat dy wylde habsucht en ûngerjochtichheid fan 'e slachtlike leafde sa lyk ferhearlike en fergodlike is, sa't yn alle tiden bard is, ja, dat oan dy leafde it begryp "leafde" as tsjinoerstelde fan it egoïsme ûntliend is, wylst it miskien krekt de ûnbefangenste útdrukking fan egoïsme is. Dêr ha blykber de besitsleazen en begearenden it spraakgebrûk bepaald, - der sille fan har altyd wol tefolle west ha. Sokken dy't fan datoangeande in protte besit en sêdzjen gund wie, ha wol hjir en dêr in wurd fan 'e "tjirgjende demon" falle litten, lykas dy beminlikste en bemindste fan alle Ateners, Sofokles: mar Eros lake altiten om sokke kweasprekkers, - it wiene jimmeroan krekt syn grutste favoriten. - Der is wol hjir en dêr op ierde in soarte fan fuortsetting fan 'e leafde, dêr't dy habsuchtige langst fan twa persoanen nei inoar foar in mienskiplike hegere toarst nei in boppe har steand ideaal fansiden gien is: mar wa ken dy leafde? Wa hat him belibbe? Syn rjochte namme is freonskip.

15.
Ut 'e fierte. - Dy berch makket de gânse omkrite dy't er oerhearsket op allegear manearen stimulearjend en sinfol: nei't wy dat foar de hûndertste kear tsjin ússels sein ha, binne wy sa ûnferstannich en sa tankber foar him oer dat wy leauwe, hy, de jouwer fan dy stimulâns, moat sels it stimulearjendste fan 'e omkrite wêze - en sa kliuwe wy by him op en it falt ús ôf. Hommels hat er sels, en it hiele lânskip om ús hinne, ûnder ús syn tsjoen ferlern; it wie ús fergetten dat mannige grutheid, lykas mannige goedheid, allinne op in beskate ôfstân sjoen wurde wol, en perfoarst fan ûnderen op, - sa allinnich wurket dy. Faaks kensto minsken yn dyn omjouwing, dy't harsels inkeld út in beskate fierte besjen doare, om harsels überhaupt ferneare of bekoare en krêft jaan te kinnen; selskennis moat har ôfret wurde.

16.
Oer de drompel. - Yn 'e omgong mei persoanen dy't foar har fiellen oer skamte ha, moat men toanielspylje kinne; hja fielle in hommelse hate tsjin wa't har op in tear of dweperich en heechfleanend fiellen betrapet, as soe er har geheimen sjoen ha. Wol men har op sokke stuiten wol dwaan, dan moat men har oan it laitsjen meitsje of sis ien of oare kâlde, grappige kwea - aardichheid: - har fiellen befriest dêrby en hja ha harsels dan wer yn 'e macht. Mar ik jou de moraal foar it ferhaal. - Wy binne ús ien kear yn ús libben sa nei west, dat neat ús freon - en bruorskip mear like te hinderjen en der inkeld noch in lytse drompel tusken ús wie. Doe'tsto der oerhinne soest, frege ik dy: "Wolst oer de drompel hinne nei my ta?" - Mar doe woest net mear; en doe't ik jitris frege, swijdesto. Sûnt binne bergen en ritende streamen, en lykwolwat dat skiedt en frjemd makket, tusken ús wurpen, en as woene wy ek nei inoar ta, wy koene it net mear! Tinksto lykwols oan dy lytse drompel werom, dan hast gjin wurden mear, - inkeld noch snokjen en ferwûndering.

17.
Syn earmoed motivearje. - Wy kinne miskien net troch in keunststik fan in earme deugd in rike, ryklik streamende meitsje, mar wy kinne al syn earmoed yn in needwindichheid omtsjutte, dat syn oansjen ús gjin sear mear docht, en wy om him it needlot gjin ferwitende gesichten toane. Sa docht de wize túnman, dy't it nearzich streamke fan syn tún in boarnenymf yn 'e earm leit en alsa de earmoed motivearret: - en wa wie net as him de nymfen nedich!

18.
Antike grutskens. - De antike kleuring fan 'e foarnamens mist ús, om't ús fiellen de antike slaaf mist. In Gryk fan eal komôf fûn tusken syn hichte en dy lêste lichte sokke ûnbiedige tuskenstappen en sa'n distânsje dat er de slaaf amper noch dúdlik sjen koe: sels Plato hat him net alhiel mear sjoen. Dan wy, bewend as wy binne oan 'e lear fan de gelikensens fan 'e minsken, ek al net sa lyk oan 'e gelikensens sels. In wêzen dat net oer himsels beslisse kin en dy't gjin eigen frije tiid hat, - dat is yn ús eagen noch alhiel net wat ferachtliks; der sit fan sokke slaafskens miskien tefolle yn ús allegearre, al neigeraden de betingsten fan ús maatskiplike oardering en beuzichheid, dy't fûneminteel oars as dy fan 'e âlden binne. - De Grykske filosoof teach troch it libben mei it geheime fiellen dat der folle mear slaven wiene as it hiten wie - nammentlik dat elkenien slaaf wie dy't net filosoof wie; syn grutskens groeide as er betocht dat de machtichsten fan 'e ierde ek by dyen syn slaven hearden. Dy grutskens is ús allyksa frjemd en ûnmooglik; sels metafoarysk hat foar ús it wurd "slaaf" syn folle krêft net.

19.
It kwea. Gean it libben nei fan 'e bêste en fruchtberste minsken en folken en freegje jim ôf oft in beam, dy't grutsk de hichte yn groeie sil, sûnder needwaar en stoarmen kin: oft ûngenede en wjerstân fan bûten, of lykfolhokker soarten fan hate, wangeunst, eigensinnichheid, hurdens, habsucht en geweld net by de begeunstigjende omstannichheden hearre, dy't foar in grutte groei sels yn 'e deugd amper mist wurde kinne? It gif, dêr't de swakkere natuer oan te'n ûnder giet, is foar de sterkere sterking - en hy neamt it ek gjin gif.

20.
Wearde fan 'e healwizens. - In pear milennia fierder op 'e baan fan 'e lêste ieu! - En alles wat de minske docht sil de heechste tûkens yn sichtber wêze: mar krekt dêrmei sil de tûkens al syn wearde ferlern ha. It is dan noch wol needsaak en wês tûk, mar ek sa gewoan en sa algemien dat in ealere smaak dy needsaak fulgêr befine sil. En krekt sa't in tyranny fan wierheid en wittenskip by steat wêze soe en lit it ligen tige yn wearde omheech gean, sa koe in tyranny fan 'e tûkens in nije soarte fan ealens foar it ljocht skuorre. Eal wêze, dat hiet dan miskien: healwiisheden yn 'e holle ha.

21.
Oan 'e leararen fan 'e selsleazens. - De deugden fan in minske wurde goed neamd, net mei it each op 'e effekten dy't se foar himsels ha, mar mei it each op 'e effekten dy't wy dêrfan foar ús en de maatskippij ferûnderstelle: - der hat fan âlds yn 'e lof fan 'e deugden net folle "selsleazens", net folle "altruïsme" west! Want oars hie it ynsjoch him oppenearje moatten dat de deugden (lykas warberens, hearrigens, keinens, piëteit, gerjochtichheid) wa't se yn him hat almeast skea dogge, as driuwfearren dy't al te ferheftich en begearich yn in minske wâldzje en dy't har troch it ferstân alhiel net yn lykwicht mei de oare driuwfearren hâlde litte wolle. Asto in deugd hast, in wurklike, geve deugd (en net sa mar in driuwfearke ta in deugd!), - dan bisto syn offer! Mar buorman lovet krekt dêrom dyn deugd! Warbere lju wurde love, ek al dogge se troch dy warberens skea oan 'e sjochkrêft fan har eagen of oan 'e oarspronklikheid en frissens fan har geast; de jongeman dy't him "oan smots wurke hat" wurdt eare en betreure, om't it betinken is: "Foar it grutte gehiel fan 'e maatskippij is ek it ferlies fan it bêste yndividu mar in lyts offer! Slim dat sa'n offer needsaaklik is! Folle slimmer lykwols, as it yndividu oars tinke soe en beskôgje syn behâld en ûntjouwing as wichtiger as syn arbeid yn 'e tsjinst fan 'e maatskippij!" En sa wurdt treure om dy jongeman, net om wille fan himsels, mar om't in jûn en foar himsels ûnmeilydsum stik wurkark - in sa neamde "brave minske" - troch syn dea foar de maatskippij ferlern gien is. Miskien hat de fraach noch yn it omtinken west oft it yn it belang fan 'e maatskippij nuttiger west hie as er minder ûnmeilydsum tsjin himsels wurke hie en himsels langer behâlden hie, - ja, dat foardiel wurdt wol ynskikt, mar dêr stiet dat oare foardiel foar oer, dat der in offer brocht is en dat de mentaliteit fan it offerdier foar it each wer ris bevestige is, en dat foardiel wurdt as heger en duorsumer beskôge. Dat it is de wurkarknatuer yn 'e deugden dy't eins love wurdt, as de deugden love wurde, en dan fral de bline yn alle deugden wâldzjende driuw, dy't him troch it foardiel fan it yndividu net yn 'e stringen hâlde lit, koartsein: it ûnferstân yn 'e deugd dat makket dat in yndividu him yn in funksje ûndergeskikt oan it gehiel feroarje lit. De lof fan 'e deugden is de lof fan wat yndividueel-skealiks, - de lof fan driuwfearren dy't de minske de ealste selssucht en de krêft ta de heechste soarch foar himsels ûntkeare. - It is al sa dat foar it grutbringen en eigen meitsjen fan deugdsume gewoanten in sleep oan effekten fan deugd opfierd wurdt, dy't deugd en yndividueel foardiel as besibbe skine litte, - en der is yndie sa'n besibbens! De blynseachs driuwende warberens bygelyks, dy karakteristike deugd fan it stik wurkark, wurdt delset as it paad nei eare en rykdom en as it heilsumste gif tsjin ferfeling en fjurrichheid: mar it gefaar dêrby wurdt ferswijd, de aldergrutste gefaarlikens. It grutbringen giet trochstrings alsa yn syn wurken: der wurdt besocht en bewen it yndividu troch in sleep fan fiteringen en foardielen ta in wize fan tinken en dwaan dy't, as it gewoante, driuw en fjoer wurden is, tsjin syn lêste foardiel, mar "foar it algemien belang" yn him en oer him foar master opslacht. Hoe faak sjoch ik net dat de blynseachs driuwende warberens dan wol foar rykdom en eare riedt, mar tagelyk de organen de fynfiellichheid ûntkeart dy't foar geniet fan rykdom en eare soargje koe, dus dat it wichtichste middel tsjin ferfeling en fjurrige fiellingen tagelyk de sintugen stomp en de geast tsjinstribbich makket foar nije fiteringen oer. (It warberste fan alle tiidrekken, uzes, wit fan syn warberens en jild oars neat te meitsjen as hieltyd wer mear jild en hieltyd wer mear warberens: der is mear sjeny foar nedich en jou it út as krij it yn! - No, ús "bernsbern" sille der mei rêde!) Slagget it grutbringen, dan binne alle yndividuele deugden maatskiplik nuttich en privee skealik foar it heechste privee doel, - it sil wol útdraaie op in geastlik-sinlike earmoed of in iere delgong: gean fan dit eachweid út it rychje mar ris by del fan de deugd fan hearrigens, fan keinens, fan piëteit, fan gerjochtichheid. De lof fan 'e selsleaze, de opofferjende, de deugdsume - dus fan dejinge dy't net al syn krêft en ferstân foar syn eigen behâld, ûntjouwing, ferheffing, ferbettering, machtsfergrutting yn set, mar dy't oangeande himsels beskieden en sûnder oerlis, miskien sels ûnferskillich en iroanysk libbet, - dy lof is yn alle gefallen nt út 'e geast fan 'e selsleazens weikommen! De "nêste" lovet de selsleazens, mei't er dêr foardiel fan hat! Soe de nêste sels "selsleas" tinke, dan soe er dy tebekgong yn krêft, dy skea te'n geunste fan himsels ôfwize, it ûntstean fan sokke oanstriden tsjinwurkje en fral syn selsleazens krekt skine litte troch it net goed te neamen! - Dêrmei is de fûnemintele tsjinspraak yn dy moraal oantsjut, dy't krekt tsjintwurdich yn eare holden wurdt: de motiven by dy moraal binne yn tsjinspraak mei it prinsipe dêrfan! Dat dêr't dy moraal him mei bewize wol wurdt wjerlein troch syn kritearium fan it morele! It gebod "Untsis dysels fan alles en offerje dysels op" soe, om net tsjin syn eigen moraal yn te gean, allinne troch in wêzen dekretearre wurde meie dat himsels dêrmei foardiel ûntseit en dat miskien yn de fereaske opoffering fan it yndividu syn eigen ûndergong begeunstiget. Sa gau as de nêste lykwols (of de maatskippij) it altruïsme fanwegen it nut oanrekommandearret, wurdt krekt it tsjinoerstelde gebod "Sykje dyn foardiel ek op kosten fan al it oare" yn stelling brocht, dus yn ien azem in "Do silst" en in "Do silst net" bepreke!

22.
L'ordre du jour pour le roi.
- De dei begjint: lit ús foar dizze dei dermei begjinne en beoarderje de saken en feesten fan ús aldergenedichste hear. Syn majesteit hat hjoed min waar: wy passe der wol foar op en neam it min; men sil net oer it waar prate, - mar wy sille de saken hjoed wat plechtiger en de feesten wat feestliker oanfetsje as oars nedich wie. Syn majesteit sil miskien sels siik wêze: wy sille by it moarnsiten de lêste goede nijichheid fan 'e jûn presentearje, de oankomst fan 'e Hear fan Montaigne, dy't sa noflik oer syn sykte biizje kin, - hy hat lijen fan nierstiennen. Wy sille inkelde persoanen ûntfangen (Persoanen! Wat soe dy âlde opblaasde froask dy't by har is, sizze as er dat wurd beharke! "Ik bin gjin persoan", soe er sizze, "mar altyd de saak sels!.) - en de ûntfangst sil langer duorje as foar lykfolwa noflik is: reden genôch en fertel fan dy dichter dy't op syn doar skreau: "wa't hjir binnen stapt, sil my eare jaan; wa't it net docht - noflikheid." Dat is pas in manear en bring in ûnhoflikheid hoflik nei foaren: En miskien hat dy dichter wat him oanbelanget folslein gelyk en wês ônhoflik: der wurdt sein dat syn fersen better binne as de fersesmid. No, dan mei er noch in protte meitsje en himsels safolle mooglik fan 'e wrâld tebek hâlde: en dat is ommers de bedoeling fan syn aardige aardige ûnaardichheid! Oarsom is in foarst altyd mear wurdich, as syn "fers", sels as - mar wat dogge wy? Wy rattelje mar wat, en hiele hof mient, wy wurken al en brutsen ús de holle: gjin ljocht wurdt earder sjoen as wat te uzes yn it finster baarnt. - Hark! Wie dat net de klok! Te deale! De dei en de dûns begjint, en wy kinne syn bewegingen net! Dat wy moatte ynprovisearje, - de hiele wrâld ymprovisearret syn dei. Lit ús ienris dwaan allyk hiele wrâld! - En dêrmei waard myn wûnderlike moarnsdream wei, fan nijsten troch de hurde slaggen fan de toersklok, dy't krekt mei alle wichtigens dy't him eigen is, it fiifde oere ferkundige. It liket my ta dat diskear de God fan 'e dreamen myn gewoanten begekje woe, - ik ha foar de gewoante en begjin de dei alsa dat ik him foar my rjocht lis en draachber meitsje, en it kin wêze dat ik dat faak te foarmlik en te keninklik dien ha.

23.
De tekenen fan korrupsje. - Men kin by dy fan tiid ta tiid needwindige tastannen fan 'e maatskippij dy't mei it wurd "korrupsje" oantsjut wurde, op 'e neikommende tekenen achtslaan. Sa gau as lykfolwêr de korrupsje ynset, kriget in bûnt byleauwe de oerhân en al it âlde besteande leauwe stekt der bleek en ûnmachtich by ôf: want it byleauwe is twadderangs frijgeasterij, - wa't him deroan oerjout, kiest foar beskate him gâns ûnthjittende foarmen en formules en stiet himsels in rjocht fan kar ta. It byleauwige is, yn ferliking mei it religieuze, altyd folle mear "persoan", en in byleauwige maatskippij sil ien wêze dêr't al in macht oan yndividuen en nocht oan it yndividuele is. Ut dat stânpunt wei sjoen oppenearret it byleauwe him altiten as in stap foarút foar it leauwe oer en as in teken dat it yntellekt ûnôfhinkliker wurdt en syn rjochten ha wol. Korrupsje kleie dan de ferearders fan 'e âlde religy en religieuzens oer, - hja ha oant dan ek it spraakgebrûk bepaald en it byleauwe is troch har sels by de frijste geasten op in minne namme kommen te lizzen. Wy leare dêrút dat it in symptoom fan 'e ferljochting is. - Twad wurdt in maatskippij dêr't de korrupsje him yn oppenearret fan ferslopping beskuldige: en kleardernôch sit dêr yn sa'n maatskippij fal yn 'e oarlochswurdearring en de oarlochsnocht, en de noflikheden fan it libben wurde no krekt sa fûl bestribbe as eartiids de oarlochs- en de gymnatyske eare. Mar it wurdt ornaris oer de holle sjoen dat dy âlde folksenerzjy en folkshertstocht dy't troch de oarloch en de fjochtersspullen in prachtige sichtberens krige, no yn ûntelbere priveehertstochten omset is en allinnich mar wat minder sichtber wurden is; ja, it leit yn 'e rede, yn 'e tastân fan "korrupsje" is de macht en it geweld fan de no ferbrûkte enerzy fan in folk grutter as lykfolwannear, en it yndividu jout der sa swiftich fan út, sa't er doedestiids net koe, - hy wie der doe noch net rikernôch foar! En sa binne it krekt de tiden fan "ferslopping" dat de trageedzje troch de huzen en strjitten rint, dat de grutte leafde en de grutte hate berne wurde, en de flamme fan it ynsjoch heech yn 'e himel op lôget. - Tred is it gewoante, as wie it in kompensaasje foar it ferwyt fan byleauwe en ferslopping, en skik yn dat sokke tiden fan korrupsje mylder binne en dat no de wredens, yn ferliking mei de âldere, leauwiger en sterkere tiid, tige saksearre is. Mar ek dy lof kin ik net meistimme, likemin as it ferwyt: allinnich wol ik wol ynskikke, dat no de wredens subtiler wurden is en dat de âldere foarmen dêrfan no tsjin 'e goede smaak yngeane; mar de skansearring en foltering troch wurd en each berikt yn tiden fan korrupsje syn heechste graad fan ûntjouwing, - pas no wurdt de kwea-aardigens skepen en de nocht oan kwea-aardichheid. De minsken fan 'e korrupsje binne humoristyske rabbelskûten; se witte dat der noch oare manearen binne om ien dea te dwaan as troch knyft en oerfal, - se witte ek dat alles dat goed sein wurdt leauwe fynt. - Fjird: as "de seden yn it neigean reitsje", dan dûke foar it earst dy figueren op dy't tyrannen neamd wurde: it binne de foarrinders en om it sa te sizzen de ierripe earstlingen fan 'e yndividuen. Noch in lyts skoft: en dy frucht fan fruchten hinget ryp en giel oan 'e beam fan in folk, - en inkeld omwille fan dy frucht wie dy beam der! Hat it neigean syn hichtepunt berikt en de striid fan alderhanne soarte tyrannen allyksa, dan komt altyd de caesar, de ein-tiran dy't in ein makket oan 'e mêde striid om it allinnebewâld, mei't er de mêdens foar him wurkje lit. Yn syn tiid is it yndividu trochstrings it rypst en dus de "kultuer" it heechst en fruchtberst, mar net omwille fan him en net troch him: hoewol't de heechste kultuerminsken derfan hâlde en flaaikje har caesar troch harsels as syn wurk út te jaan. De wierheid is lykwols dat se rêst fan bûten nedich binne, om't se har ûnrêst en har wurk yn har meidrage. Yn sokke tiden is de omkeapberens en it ferrie it grutst: want de leafde foar it amperoan ûntdutsen ego is no folle machtiger as de leafde foar it âlde, ferbrûkte, deaprate "heitelân"; en it behoef oan lykfolhokker bewissiging tsjin 'e skriklike meneuvels fan it fortún teart ek ealere hannen iepen, sa gau as in machtige rike him ree toant en lit der wat goudstruisel yn falle. Der is no sa'n bytsje wisse takomst, dat der wurdt by de dei libbe: in sieletastân dy't it spul foar alle ferlieders maklik makket, - de minsken litte har nammentlik ek allinne mar "foar hjoed" ferliede en omkeapje en behâlde harsels de takomst en de deugd foar! De yndividuen, dy wiere wêzens op-harsels en foar-harsels, riede, lykas bekend, mear foar it stuit as har tsjinpoalen, de keppelminsken, om't se harsels foar like ûnberekkenber hâlde as de takomst; allyksa heakje se graach by geweldminsken oan, om't se harsels hannelingen en risseltaten tabetrouwe dy't by de massa begryp noch genede fine kinne, - mar de tyran of de caesar begrypt it rjocht fan it yndividu ek yn syn eksessen en hat der belang by en sprek it wurd fan in moediger priveemoraal en bied dy sels de hân. Want hy tinkt fan himsels en wol oer himsels tocht ha wat Napoleon ienris op syn klassike trant en wize útsprutsen hat: "ik ha it rjocht en anderje op alles dêr't ik om oanklage wurd, mei in ivich 'Dat-bin-ik'. Ik stean fansiden fan hiele wrâld, ik nim fan nimmen betingsten oan. Ik wol dat de minsken har ek oan myn fantasieën ûnderwerpe en it fanselssprekkend fine as ik my oan dizze of jinge ferdivedaasje oerjou." Sa spruts Napoleon syn oare helte ris ta, doe't dy reden hie en lûk de houlikstrou fan har man yn twifel. - De tiden fan 'e korrupsje binne dy, dat de apels fan 'e beam falle: ik bedoel de yndividuen, de siedragers fan 'e takomst, de wurkmasters fan 'e geastlike kolonisaasje en nijfoarming fan steats- en maatskiplike ferbannen. Korrupsje is mar in skelwurd foar it hjersttij fan in folk.

24.
Ungelikense ûntefredenheid. - De swakke en om it sa mar te sizzen froulike ûntefredenen fine fan alles út om it libben moaier en djipper te meitsjen; de sterke ûntefredenen - de manspersoanen ûnder harren, om it byld troch te lûken - fine fan alles út om it libben better en wissiger te meitsjen. De earsten litte fan datoangeande har swakkens en frouljusaard sjen mei't se harsels bytiden graach ferryfelje litte en harsels wolris al mei in bytsje roes en dweperij foar leaf nimme, mar troch de bank nommen net te befredigjen binne en oan de ûngenêslikens fan har ûntefredenens lije; boppedat begeunstigje se al dyen dy't opiatyske of narkoatyske treast ferskaffe kinne, en krekt dêrom grymje se tsjin wa't de dokter heger oanslacht as de priester, - dêrtroch garandearje se de duorsumens fan 'e wiere needtastân! Hie der net sûnt de midsieuwen in oertal fan ûntefredenen fan dy soarte yn Europa west, dan soe faaks dat romrofte Europeeske fermogen ta hieltiidske feroaring hielendal net ûntstien wêze: want de easken fan 'e sterke ûntefredenen binne te rûch en yn djipste grûn net easkerich genôch om net lang om let ris delbêde wurde te kinnen. Sina is foarbyld fan in lân dêr't de ûntefredenheid yn it grutte en it fermogen ta feroaring sûnt in protte ieuwen útstoarn is; en de Europeeske sosjalisten en tsjinstfeinten fan de ôfgod steat koene mei har maatregels om it libben yn Europa better en feiliger te meitsjen maklik Sineeske tastannen en in Sineesk lok kreëarje, foaropsteld dat se hjir earst dy syklike, sêftere, froulikere, ynearsten noch ryklik oanwêzige ûntefredenheid en romantyk útroegje koene. Europa is in sike, dy't syn ûngenêslikens en ivige feroaring fan syn lijen de heechste tank ferskuldige is; hieltyd dy nije gelegenheden, hieltyd allyksa dy nije gefaren, nije pine en remeedzje, dy ha by einsluten in yntellektuele tearfielligens grutbrocht dy't hast safolle as sjeny en yn alle gefallen de mem fan alle sjeny is.

25.
Net foar it ynsjoch berne. - Der bestiet in alhiel net seldsume ûnnoazele dimmenens, en dy't dermei oanhelle is sil no net en nea net foar learjonge fan it ynsjoch doge. Want: op it stuit dat in soksoartige minske wat opfallends obstrewearret, draait er him om it sa mar te sizzen op 'e hakken om en seit tsjin himsels: "Hast dy fersind! Wat hiest yn it sin? Dit mei gjin wierheid wêze!" - en no, yn stee fan nochris skerper te harkjen en te sjen, giet er as wie er yntimidearre de opfallende saak út 'e wei en besiket it him sa fluch mooglik út 'e holle te setten. Want syn ynderlike lânrjochten sizze: "Ik wol neat sjen wat de wenstige miening oer de dingen tsjinsprekt. Bin ik derfoar makke en ûntdek nije wierheden? Der binne ommers al te folle âlde."

26.
Wat betsjut libje? - Libje, - dat betsjut: hieltyd wat fan jin ôf wâdzje dat stjerre wol; libje, - dat betsjut: wreed en ûnmeilydsum wêze tsjin al dat swak en âld oan ús, en net inkeld oan ús, wurdt. Libje, - dat betsjut dus: sûnder piëteit foar stjerrend, jammerdearlik en griis folk wêze? Hieltyd moardner wêze? - En dochs hat de âlde Mozes sein: "Do silst net deadwaan!"

27.
De ûntsizzer. - Wat docht de ûntsizzer? Hy bestribbet in hegere wrâld, hy wol trochgean en flean fierder en heger as alle minsken fan it ja, - hy smyt in protte wei, wat syn flecht beswierje kin, en in protte dêrby wat him net neat wurdich is, net kâld lit: hy offeret it oan syn begearte nei de hichte. Dat offerjen, dat weismiten is no krekt it iennichste dat sichtber oan him wurdt: dêrneffens kriget er de namme fan ûntsizzer, en as sadanich stiet er foar ús, yn syn pij en as wie syn siele in himd fan stikelhier. Mei it effekt dat er op ús hat is er lykwols wol tefreden: hy wol foar ús syn begearte, syn grutskens, syn bedoeling en flean boppe ús út ferburgen hâlde. - Ja! Hy is tûker as dat wy tochten, en sa hoflik tsjin ús - dy ja-sizzer! Want dat is er lykas ús, ek as er him fan alles ûntseit.

28.
Mei syn bêste skeadzje. - Us sterke kanten jeie ús bytiden sa lyk op dat wy ús swakke kanten net mear ferneare en deroan te'n ûnder gean: wy foarsjogge dat eintsjebeslút ek wol en wolle it nettsjinsteande net oars. Dan wurde wy hurd tsjin itjinge oan ús dat ûntsjoen wurde wol en ús gruttens is ek ús ûnbarmhertichheid. - Dat belibjen, dat wy by einsluten mei it libben betelje moatte, is in gelikenis foar de hiele wurking fan grutte minsken op oaren en op har tiid: - krekt mei har bêste, mei wat hja allinnich dwaan kinne, fergrieme se in protte swakken, ûnwissen, dy't wurde, dy't wolle, en binne dêrtroch skealik. Ja, it kin wêze dat se, oer it ginneraal nommen, inkeld skea dogge, om't har bêste allinnich troch sokken oannommen en om it sa te sizzen opdronken wurdt, dy't dêrtroch, as wie it in te sterke drank, har ferstân en har selssucht ferlieze: se komme sa yn 'e berûzing dat se har de skonken op alle dwaalwegen brekke moatte, dêr't de rûs har hinne jaget.

29.
De derby-ligers. - Doe't yn Frankryk dermei begûn waard en bestriid, en dus ferdigenje, de ienheden fan Aristoteles, doe koe wer ris sjoen wurde wat sa faak te sjen is, mar net graach sjoen wurdt: - de lju liigden harsels redenen foar, dat dy wetten bestean moasten, allinnich om't se foar harsels net tajaan woene dat se oan it bewâld fan dy wetten bewend wiene en it net mear oars ha woene. En alsa giet it yn alle wâldzjende moralen en religys en gie it fan âlds: de redenen en de bedoelingen by de gewoante wurde der altyd pas by liigd, as guons dermei begjinne en bestriid de gewoante en freegje nei redenen en bedoelingen. Dêr skûlet de grutte ûnearlikheid fan 'e konservativen fan alle tiden: - it binne de derby-ligers.

30.
Komeedzjespul fan 'e bekendheden. - Bekendheden dy't har bekendens nedich binne, lykas bygelyks alle politisy, kieze har bûnsmaten en freonen nea mear sûnder bygedachten: fan de iene wolle se in stikje glâns en wjerglâns fan syn deugd, fan de oar it freesoanjeiende fan beskate dubieuze eigenskippen dy't elkenien fan him ken, fan in tredde stelle se syn reputaasje fan liddigens, syn yn-'e-sinne-lizzen, om't it har eigen bedoelingen fertuten docht en gean bytiden foar ûnachtsum en stadich troch: - it ferhimmelet dat se op 'e loer lizze; dan binne se de fantast, dan wer de kenner, dan de krimmenearder, dan wer de pedanterik by har nedich, as wie it har tsjintwurdige sels, mar like gau ha se dyselde net mear nedich! En sa stjerre oan ien stik troch har omjouwingen en bûtenkanten ôf, wylst alles yn dy omjouwing liket te earmtakjen en har ta "karakter" wurde wol: fan dat belykje se grutte stêden. Har reputaasje is hieltyd yn it feroarjen, lykas har karakter, want har wikseljende middels fereaskje dy wiksel, en skowe dan dizze dan dy wurklike of optochte eigenskip nei foaren en it toaniel op nei bûten: har freonen en bûnsmaten hearre lykas sein by dy toanielseigenskippen. Dêr foar oer moat itjinge wat se wolle namste mear fêst en izersterk en fier en hein ljochtsjend stean bliuwe, - en dat is ek bytiden ek syn komeedzje en toanielspul nedich.

31.
Hannel en adel. - It keapjen en ferkeapjen jildt no as algemien, lykas de keunst fan it lêzen en it skriuwen; elkenien is der no betûft yn, sels as er gjin hannelsman is, en oefenet him noch alle dagen yn dy technyk: alhiel sa't foarhinne, yn it tiidrek fan it wyldere minskdom, elkenien jager wie en him dei út dei yn oefene yn 'e technyk fan 'e jacht. Doedestiids wie de jacht algemien: mar sa't dy lang om let in privileezje fan 'e machtigen en foarnamen waard en dêrmei it karakter fan al-den-dei en algemienens ferlear - mei't it ophold needsaak te wêzen en in saak fan minskesin en lúkse waard: - sa koe it ea ris mei it keapjen en ferkeapjen gean. Der binne tastannen fan in maatskippij tinkber dêr't net kocht of ferkocht wurdt en dêr't de needsaak fan dy technysk stadichoan alhiel ferlern rekket: miskien dat inkelde minsken, dy't wat minder oan 'e wet fan 'e algemiene tastân ûnderwurpen binne, har dan it keapjen en ferkeapjen as in lúkse ûnderfining tastean soene. Pas dan krige de hannel foarnamens, en de eallju soene har dan faaks like graach mei de hannel ôfjaan as eartiids mei de oarloch en de polityk: wylst oarsom de wurdearring foar polityk dan folslein oars wêze koe. No al hat polityk opholden it hânwurk fan in ealman te wêzen: en it soe mooglik wêze dat de minsken it op in dei sa leech oanslagge dat se it, lykas alle partij- en deiblêdlektuer, by it kopke "prostitúsje fan 'e geast" ûnderbringe.

32.
Unwinsklike learjonges. - Wat moat ik mei dy beide learjonges oan, rôp in filosoof fol argewaasje út, dy't de jongerein bedoar lykas Socrates har ea bedoarn hat, - it binne my gjin wolkomme learlingen. De iene kin gjin nee sizze en dy oare seit op alles: "foar de helte al, foar de helte net". Stel, se begriepen myn lear, dan soe de earste tefolle lije, want myn tinkwize freget om in striderssiel, in seardwaan wollen, in nocht oan it neesizzen, in hurde hûd, - hy soe fan iepen en ynderlike skansearringen tsjirmje. En de oar soe elke saak dêr't er foar stiet foar himsels ta in midsmjittichheid fermeitsje en der sa midsmjittichheid fan meitsje, - sa'n learjonge winskje ik myn fijân ta.

33.
Bûten de harkseal. - "Om jo te bewizen dat de minske yn essinsje by de goedaardige dieren heart, bring ik jo yn it sin hoe lichtleauwich as er sa lang west hat. Pas no is er, bare let en nei ûnhuere selsoerwinning, in mistrouwich dier wurden - ja, de minske is no kwea-aardiger as ea."- Ik begryp dat net: wêrom soe de minske no mistrouwiger en kwea-aardiger wêze? - "Om't er no wittenskip hat, - nedich hat!"-

34.
Historia abscondita. - Alle grutte minsken ha in weromwurkjende krêft: alle skiednis wurdt omwille fan har wer yn 'e weachskeal lein en tûzen geheimen fan it ferline komme út har slûpherntsjes weikrûpen - op syn sinne ta. It is alhiel net te oersjen wat allegear ea noch ris skiednis wêze sil. It ferline is miskien hieltyd noch wêzentlik ûnûntdutsen. Der binne noch safolle weromwurkjende krêften nedich!

35.
Ketterij en hekserij. - Oars tinke as seedlik is - dat is lang sa lyk net it effekt fan in better yntellekt as fan sterke, kwea-aardige oanstriden, fan ûntbinende, isolearjende, eigensinnige, gnypske, nocht oan ûnnocht hawwende oanstriden. De ketterij rint mei de hekserij yn it helter en is wis, likemin as dy, wat ûngefaarliks of sels op himsels it ferearjen wurdich. Ketters en heksen binne twa soarten fan kwea-aardige minsken: ien en mien is har dat se harsels ek kwea-aardich fielle, mar dat it har in net te berongjen nocht is en lit har skealik út oer wat foar master opslacht (minsken of mieningen). De reformaasje, in soarte fan ferdûbeling fan 'e midsieuske geast, yn in tiidrek dat dy it goede gewisse al net mear hie, hat fan beide typen de macht oan foarbylden produsearre.

36.
Lêste wurden. - Men wit dat keizer Augustus, dy skriklike minske dy't him like goed yn 'e macht hie en ljke goed swije koe as lykfolhokker wize Sokrates, yn syn lêste wurden yndiskreet oer himsels waard: hy liet foar de earste kear syn masker falle, doe't er te ferstean joech dat er in masker droegen en komeedzje spile hie, - hy hie de heit fan it heitelân en de wiisheid op 'e troan spile, sa goed as in yllúzje! Plaudite amici, comoedia finita est! (Applaus freonen, de komeedzje is dien!) - De gedachte fan 'e stjerrende Nero, qualis artifex pereo (Wat in keunstner stjert mei my!), dat wie ek de gedachte fan 'e stjerrende Augustus: histrioane-idelens! Histrioane-praatsikens! En wier it tsjinoerstelde fan 'e stjerrende Socrates! - Mar Tiberius stoar swijsum, meast knoeid fan alle selsknoeiers, - dy wie echt en gjin toanielspiler! Wat mei dy wol troch de holle gien wêze! Faaks dit: "It libben, - dat is in lange dea. Ik, dwaas, dy't safolle it libben bekoarte! Wie ik derfoar berne en wês in woldogger? Ik hie har it ivige libben jaan moatten: dan hie ik har ivich stjerre sjen kinnen. Dêrfoar hie ik ommers sokke goede eagen: qualis spectator pereo! (Wat in taskôger stjert mei my!)" Doe't er dernei in lange deastriid dochs wer by op like te klauwen, tocht it de lju better en smoar him mei syn kessen, - hy stoar in dûbelde dea.

37.
Omreden fan trije fersinnen. - Yn de lêste ieuwen ha de minsken de wittenskip begeunstige, foar in part om't se hoop hiene dêrmei en dêrtroch Gods goedens it bêst te begripen, - it haadmotyf yn 'e siele fan grutte ingelslju (lykas Newton) - , foar in part om't se oan de absolute nuttichheid fan 'e kennis leauden, nammentlik oan it ynlikste ferbân fan moraal, witten en lok, - it haadmotyf yn 'e siel fan grutte Frânsen - , foar in part om't se tochten yn 'e wittenskip eat te hawwen en te leavjen dat selsleas, sûnder kwea, himsels genôch en wier ûnskuldich wie, eat dêr't de kweade driuwfearren fan 'e minsken út soarte part noch diel oan hiene, - it haadmotyf yn 'e siele fan Spinoza, dy't him as man fan kennis godlik fielde: - dus omreden fan trije fersinnen.

38.
De eksplosiven. - Lit men yn jin omgean hoe'n behoef oan eksploazjes as de krêft fan jonge mannen hat, dan fernuvert men jin net dat se sa grof en sa ûnkeken binne yn har kar foar dizze saak of dy: dat wat har opfiteret is it oansjen fan 'e drokte dy't om in saak hinne is, en allyk it oansjen fan 'e baarnende lonte, - net de saak sels. De subtilere ferlieders binne der dêrom betûft yn en stel har de eksploazje yn it foarútsjoch en sjoch ôf fan it beargumentearjen fan har saak: arguminten kinne dy krûdfetten net oerhelje!

39.
In feroare smaak. - De feroaring fan 'e algemiene smaak is wichtiger as dy fan 'e mieningen; mieningen mei alle bewizen, wjerlizzingen en de hiele yntellektuele makserade binne mar symptomen fan 'e feroare smaak en moai wis krekt net dat dêr't se sa faak foar oansjoen wurde, har oarsaken. Hoe feroaret de algemiene smaak? Trochdat inkelingen, machtigen, ynfloedriken sûnder skamtefiellen har hoc-est-ridiculum (dit is belachlik), dus it oardiel fan har smaak en wearze útsprekke en tyrannyk de kop derfoar hâlde: - se lizze dêrmei in protte in twang op, dy't stadichoan in gewoante fan noch mear en by einsluten in behoefte fan allegearre wurdt. Dat dy inkelingen lykwols un oare ûnderfining en "smaak" ha, dat hat trochstrings syn reden yn in ôfwykjende libbenswize, ytgewoante, spiisfertarring, miskien yn in mear of minder fan anorganyske sâlten yn bloed en holle, koartsein yn it fysike: se ha lykwols de moed en beken har ta har fysyk en syn syn easken en jou oan dy syn subtylste toanen noch gehoar: har estetyske en morele oardielen binne sokke "subtylste toanen" fan it fysyk.

40.
Fan it brek oan foarname foarm. - Soldaten en mearderen ha noch altyd in folle hegere ferhâlding ta inoar as arbeiders en wurkjouwers. En foarearst stiet alle militêre kultuer noch stikken heger boppe alle saneamde yndustriële kultuer: de lêste is yn har tsjintwurdige stal út soarte de leechste besteansfoarm dy't der oant no ta west hat. Dêr wurket simpelwei de wet fan 'e need: de lju wolle libje en moatte har ferkeapje, mar se ferachtsje wa't dy need benuttet en de arbeider keapet. It is nuver dat de ûnderwerping oan machtige, frees oanjeiende, ja skriklike persoanen, oan tirannen en legerlieders, yn 'e fierste fierte net sa pynlik fûn wurdt as dy ûnderwerping oan sokke ûnbekende en ûnynteressante persoanen as alle grutten yn 'e yndustry binne: yn de wurkjouwer sjocht de arbeider trochstrings net mear as in listige útsûger, in op alle need spekulearjende hûn fan in minske, waans namme, uterlik, sede en rop him alhiel kâld litte. De fabrikanten en grutûndernimmers fan 'e hannel wiene oant no ta fan nijsten al te bot al dy foarmen en tekens fan it hegere ras brek dy't de persoanen no krekt ynteressant wurde litte; hiene se de foarnamens fan 'e bloedadel yn eachopslach en bewegingen, dan wie der faaks gjin sosjalisme fan 'e massa's. Want dy binne yn essinsje ree ta lykfolhokker soarte fan slavernij, foaropsteld dat de hegere boppe harren him hieltyd legitimearret as heger, as berne om te gebieden - troch de foarname foarm! De gemienste man fielt dat de foarnamens net te ymprovisearjen is en dat er dy frucht fan fruchten lange tiid earje moat, - mar de ôfwêzigens fan 'e hegere foarm en de beruchte fabrikantefulgêrens mei reade, grouwe hannen jouwe him de gedachte yn dat inkeld tafal en lok dêr de ien boppe de oar ferheft hat: no, beslút er dan by himsels, lit ús ris it tafal en it lok probearje! Lit ús ris de dobbelstiennen smite! - En it sosjalisme begjint.

41.
Tsjin de spyt. - De tinker besiket yn syn eigen hannelingen, probearsels en fragen earne opheldering oer te krijen: goede risseltaten en minnen binne him op it foarste plak antwurden. Om der lykwols argewaasje fan of sels spyt om te hawwen dat eat mislearret, - dat lit er oer oan har dy't hannelje om't it har oplein is, en dy't bruien ferwachtsje kinne as de genedige hear mei it risseltaat net tefreden is.

42.
Wurk en ferfeling. - Wurk sykje om it lean, - dêryn binne no yn alle sivilisearre lannen de minsken hast gelyk; foar har allegearre is wurk in middel en net sels in doel; en dêrom binne se yn 'e kar fan wurk net sa fynsinnich, foaropsteld dat it in grut gewin opsmyt. No binne der seldsumer minsken dy't leaver te'n ûnder gean wolle as sûnder wille yn it wurk te wurkjen: dy kekene lju, net maklik te befredigjen, dy't mei in grut gewin net holpen is as de arbeid net sels it grutste gewin is. By dy selsume minskesoarte hearre de keunstners en kontemplativen fan alderhanne soarte, mar ek dy omstippers dy't har libben spandearje oan de jacht, oan reizen of oan leafdeshannelingen en aventoeren. Dy wolle allegearre wurk en need, foarsafier as dy mei wille ferbûn is, en it dreechste, hurdste wurk as it moat. Oars binne se lykwols fan in berette stadigens, ek al soene earmoed, ûneare, it faai stean fan sûnens en fan libben mei dy stadigens mank wêze. Hja binne net sa lyk bang foar ferfeling as foar wurk sûnder wille: ja, se binne in protte ferfeling brek, wol har wurk har slagje. Foar de tinker en foar alle fernimstige geasten is ferfeling dy ûnnoflike "wynstilte" fan 'e siel, dy't in lokkige feart en fleurige winen foarôfgiet; hy moat him ferneare, moat syn wurking by him ôfwachtsje: - dat is it krekt, dat lytsere natueren perfoarst net fan harsels fergje kinne! Ferfeling op alle mooglike manearen by jinsels ferjeie is fulgêr: lykas wurkjen sûnder wille fulgêr is. It ûnderskiedt faaks de Aziaten fan de Europeanen dat se ta in langere, djippere rêst by steat binne; sels har narkotika wurkje stadich en fergje geduld, yn tsjinstelling ta de wearzige hommelens fan it Europeeske gif, de alkohol.
43.
Wat de wetten ferriede. - It is in grut fersin en bestudearje de strafwetten fan in folk as soene dy in útdrukking fan syn karakter wêze; de wetten ferriede net dat wat in folk is, mar dat wat in folk frjemd, seldsum, ûnhuer, bûtenlânsk skynt te wêzen. De wetten slagge op 'e útsûnderingen op 'e seedlikheid fan 'e seden; en de hurdste straffen steane op dat wat neffens de sede fan it buorfolk is. Sa binne der by de Wahabiten twa deasûnden: in oare god ha as de Wahabitegod en - smoke (it wurdt by har oantsjut as "de smaakfolle soarte fan drinken"). "En hoe stiet it mei moard en troubrek", frege de Ingelsman ferstuivere, dy't dizze dingen meimakke. "No, God is genedich en barmhertich!", sei de âlde haadling. - Sa hiene de âlde Romeinen it idee dat in frou mar op twa manearen deadlik sûndigje koe: foarst troch troubrek en oard, troch wyndrinken. De âlde Cato tocht, it tútsjen ûnder sibben wie allinnich sede makke om de froulju op dat punt ûnder kontrôle te hâlden; in tút betsjutte: rûkt se nei wyn? Hja ha wurklik froulju, dy't op wyn betrape waarden, mei de dea straft: en wis net inkeld om't de froulju somtiden ûnder de ynfloed fan wyn al it neesizzen ferleare; de Romeinen wiene mear as foar wat oars bang foar it orgyastyske en dionysyske wêzen dêr't de froulju fan it Europeeske suden doedestiids, doe't de wyn noch nij yn Europa wie, bytiden fan besocht waarden, as in ûnhuer bûtenlânsk gedoch dat de grûn ûnder Romeinske fuotten en fiellen weihelle; soks wie har as ferrie fan Rome, as it ynheljen fan it bûtenlân.

44.
Wat leaud waard dat de motiven wiene. - Al hoe wichtich as it ek wêze mei en wit neffens hokker motiven as it minskdom oant no ta hannele hat, miskien is it leauwe oan dit of dat motyf, dus dat wat it minskdom himsels as de eigentlike hefbeam fan syn dwaan oanhelle en ynbylde hat, in noch wêzentliker ding foar de ynsjochsiker. Ynderlik lok en ellinde fan 'e minsken is har nammentlik neffens har leauwe oan dit of dat motif taparte wurden, - mar net troch dat wat wurklik motyf wie! Al dat lêste is fan sekundêr belang.

45.
Epikurus. - Ja, ik bin der grutsk op dat my it karakter fan Epikurus oars oankomt as lykfolwa faaks, en dat ik by alles wat ik fan him hear en lês it lok fan 'e neimiddei fan 'e Aldheid priuw: - ik sjoch syn eagen gean oer in wide, út 'en witens skinende see, oer iggekliffen dêr't de sinne op leit, wylst grut en lyts diert yn syn ljocht boartet, wis en kalm as dit ljocht en dat each sels. Sa'n lok koe allinnich fine dy't hieltyd lijt, it lok fan in each dat fan 'e see fan it bestean stil wurden is, en dat him no oan syn oerflak en oan dy bûnte, teare, riboskjende seehûd net sêd sjen kin: earder wie der nea sa'n beskiedenens yn 'e gleonens.

46.
Us fernuvering. - Der leit in djip en fûneminteel lok yn it feit dat de wittenskip dingen fêststelt dy't stân hâlde en dy't hieltyd wer it fûnemint jouwe foar nije fêststellingen: - it koe ommers ek oars wêze! Ja, wy binne sa lyk oertsjûge fan alle ûnsichtberens en fantasterij fan ús oardielen en fan 'e ivige feroaring fan alle minsklike wetten en begripen, dat it ús eins fernuveret hoe goed as de risseltaten fan 'e wittenskip stân hâlde! Earder wie der gjin bewitten fan dy feroarlikheid fan al it minsklike, de seden fan 'e seedlikheid hânholden it leauwe dat it hiele ynderlik libben fan 'e minsken mei ivige krammen oan 'e izeren needwindichheid fêstmakke wie: miskien waard doedestiids wol in gelikense fernuvering field by it ferheljen fan mearkes en feeëferhalen. It wûnderlike die dy minsken o sa goed, dy't út en troch wol wurch fan regel en ivichheid wurde mochten. Ienris de boaiem kwytwêze! Sweevje! Doarmje! Healwiis wêze! - Dat hearde by it paradys en by de bûtensprongen fan eardere tiden: wylst ús loksilligens dy fan 'e skipbrekkeling beliket dy't op it lân slagge is en beide fuotten op de âlde ierde plantet - him fernuverjend dat dy net baret.

47.
Oer de ûnderdrukking fan 'e fjurrige riten. - Wa't him al oan en al wei it útdrukking jaan oan fjurrige riten ferbiedt, as wie it wat fulgêrs dat oan de rûgere, boargerlike, boerske natueren oerlitten wurde moat, - dus dy't net de riten sels ûnderdrukke wol mar allinnich har taal en har bearen: dy berikt dêr dan krekt mei wat er net wol: de ûnderdrukking fan 'e hertstochten sels, op syn minst de ferswakking en feroaring dêrfan: - lykas dat alderlearsumste foarbyld dat it hof fan Ludwig de Fjirtjinde belibbe, en al dy't fan him ôfhinklik wie. It tiidrek dêrnei, grutbrocht yn 'e ûnderdrukking fan it útdrukking jaan, hie de hertstochten sels net mear en in floatich, flak, boartsjend wêzen dêr foar yn it plak, - in tiidrek dat mei it ûnfermogen oantangele wie en wês ûnaardich: dat sels in mislediging waard mei oars net as beleefde wurden oannommen en weromjûn. Miskien biedt ús heden de nuveraardichste pendant dêrfoar: ik sjoch oeral, yn it libben en op it toaniel, en net it minst yn al it skreaune it wolbehagen oan alle rûgere opspattingen en al it bearen fan fjurrige ritichheid: der wurdt tsjintwurdich in beskate konvinsje fan fjurrichheid ferwachte, en ús neiteam sil in wiere wyldens ha en net inkeld in wyldens en malbearen nei de foarm.

48.
Kennis fan 'e need. - Miskien wurde minsken en tiden roch neat sa faninoar skaat as troch de ûngelikense graad fan kennis fan 'e need dy't se ha: need fan 'e siel likegoed as need fan 'e lea. Wat dat lêste oanbelanget binne wy no miskien allegear, ûntanks ús lekken en breklikens, troch it gemis fan in brede selsûnderfining, stumpers en fantasten tagelyk: yn ferliking mei in tiidrek fan 'e freze, - it langste fan alle tiidrekken, - doe't it yndividu him tsjin geweld beskermje moast en foar dat doel sels geweldminske wêze moast. Doedestiids gie in man troch in learskoalle ryk oan fysike kwellingen en ûntbearingen en begriep sels dat in beskate wredens tsjin himsels, in frijwillige oefening yn pine needsaaklike middelen foar syn behâld wiene; doedestiids brochten de lju har omjouwing grut mei it doel en fernear pine, doedestiids parten se graach pine út en seagen fan dat it freeslikste oer oaren hinne komme sûnder in oar fiellen as dat fan 'e eigen feilichheid. Wat de need fan 'e siel lykwols oanbelanget, ik sjoch der tsjintwurdich alle minsken op oan oft se dy út ûnderfining of beskriuwing kenne; oft se it dochs noch nedich achtsje en huchelje dy kennis, likernôch as in teken fan subtilere beskaving, of dat se eins yn 'e grûn fan har siel hielendal net oan grut sielepine leauwe en it har by it neamen dêrfan fergiet as by it neamen fan grutte liiflike ûntbearingen: dêrby komme him syn pinemûle en pinemage yn it sin. Sa, liket it my ta, stiet it der lykwols mei de measten foar. It algemiene brek oan oefening yn pine fan beide soarten en in beskate seldsumens yn it sjen fan lijers hat as wichtich gefolch: minsken fan no haatsje de pine folle mear as eardere minsken, en belekskoaie dy mear as ea, ja, se fine sels de oanwêzigens fan pine as gedachte amperoan te fernearen en meitsje der in saak fan it gewisse en in beswier foar it hiele bestean fan. It opduken fan pessimistyske filosofyen is trochstrings net it skaaimerk fan grutte, freeslike needtastannen; mar dy fraachtekens by de wearde fan it hiele libben wurde yn tiden set dat it fynsinniger en lichter wêzen fan it bestean sels alle net foar te kommen miggestekken fan siel en lea al te bluodderich en kwea-aardich befynt en yn 'e earmoed oan wurklik pynlike ûnderfiningen it leafst algemiene foarstellingen fan kommer en kwel al as de heechste soarte fan leed opfiere wol. - Der is al in resept tsjin pessimistyske filosofyen en al te grutte fynfiellichheid dy't my de eigentlike "need fan it no" skynt te wêzen: - mar faaks heart dat resept al te wreed en soe sels by de symptomen rekkene wurde dy't oanlieding ta it hjoeddeistich oardiel jouwe: "It bestean is wat ferkeards."No dan! It resept tsjin "de need" is: need.

49.
Grutmoedichheid en dêroan besibbe saken. - Dy paradoksale ferskynsels lykas de hommelse kâldens yn it hâlden en dragen fan 'e gefoelsminske, lykas de humor fan 'e mankelike minske, lykas boppe alles de grutmoedichheid, as in hommels ôfsjen wollen fan wraak of fan 'e befrediging fan nidigens - komme by minsken foar mei in machtige ynderlike swingkrêft, minsken fan 'e hommelse sêdens en fan 'e hommelse wearze. Har befredigingen binne sa fluch en sa sterk dat dy op 'e foet folge wurde troch grôtsêdens en tsjinnichhid en in flecht yn 'e tsjinoerstelde smaak: dy tsjinstelling lost de kramp fan 'e ûnderfining yn op, by de ien troch hommelse kâldens, by in oar troch te laitsjen, by in tredde troch triennen en selsopoffering. My liket de grutmoedige - tenminsten it soarte fan grutmoedige dat altyd de measte yndruk makke hat - in minske mei in alderûnbiedichsten toarst nei wraak ta te wêzen, dy't ticht by de befrediging dêrfan is en dy't him dêr sa lyk, sa yngeand en oant en mei de lêste drip al yn de ferbylding oan bedrinkt, dat in ûnhuer flugge wearze op dy ûnberoaidens folget, - hy ferheft him no "boppe himsels", sa't it sizzen is, en ferjout syn fijân, ja seiniget en earet him. Mei dy oerweldiging fan himsels, mei dy hún fan syn niis noch sa machtige wraakdriuwfear jout er him allinnich mar del ûnder de nije driuwfear, dy't niiskrekt macht oer him krigen hat (de wearze), en docht dat like ûngeduldich en ûnberoaid lykas er koart dêrfoar yn syn fantasy op 'e wille fan 'e wraak foarútrûn en dy op in beskate manier útbrûkte. Der giet yn 'e grutmoedichheid deselde graad fan egoïsme beskûl as yn 'e wraak, mar in oare soarte fan egoïsme.

50.
It argumint fan 'e feriensuming. - It gewissebeswier, ek by de lju mei in alderstrangst gewisse, is machteleas by it fiellen: "dit en dit is tsjin de goede sede fan dyn kultuer." In kâld each, in tear by de mûle fan dejingen ûnder wa en foar wa as men grutbrocht is, wurdt ek troch de sterkste noch eange. Wat wurdt dêr eins eange? De feriensuming! As it argumint dat ek de bêste arguminten foar in persoan of saak delslacht! - Sa sprekt it keppelynstinkt yn ús.

51.
Sin foar wierheid. - Ik belofsjong by mysels alle skepsis dy't it my tastiet en anderje: "Lit ús it ris probearje!" Mar ik wol fan alle dingen en alle fragen dy't it eksperimint net talitte, neat mear hearre. Dat is de grins fan myn "sin foar wierheid": want dêr hat de moed syn rjocht ferlern.

52.
Wat oaren fan ús witte. - Wat wy fan ússels witte en yn it omtinken ha, is foar ús libbenslok net sa wichtich as leaud wurdt. Op in dei ploft wat oaren fan ús witte (of tinke te witten) oer ús hinne - en no erkenne wy dat dat sterker is. Men komt mei jins min gewisse gauwer yn it lyk as mei jins minne namme.

53,
Wêr't it goede begjint. - Dêr't de geringe sjochkrêft fan it each de kweade driuw yn syn subtiliteit net mear as kwea werkent, dêr lit de minske it ryk fan it goede begjinne, en de ûnderfining tenei it ryk fan it goede yn te stappen fiteret ek alle driuwfearren oan dy't fan de kweade driuwfearren faai stiene en beheind waarden, lykas it fiellen fan wissichheid, fan behagen, fan goedwillichheid. Dat: wat minder it each, wat fierder fiemet it goede! Dêrfandinne de ivige fleurigens fan it folk en fan bern! Dêrfandinne de tsjusterens en de mei it kwea gewisse besibbe grime fan grutte tinkers!

54.
It bewitten fan 'e skyn. - Hoe wûndermoai en nij en tagelyk hoe gryslik en iroanysk fiel ik my mei myn kennis foar it hiele bestean oer steld! Ik ha foar mysels ûntdutsen dat it âlde minsk- en dierdom, ja, de hiele oertiid anneks ferline fan al it fiellende wêzen yn my fierder dichtet, fierder leavet, fierder hatet, fierder beslút, - ik bin hommels midden yn dy dream wekker wurden, mar allinnich mei it bewitten dat ik efkes dream en dat ik fierder dreame moat om net te'n ûnder te gean: lykas ien dy't rint yn syn sliep fierder dreame moat om net del te ploffen. Wat is no dy “skyn” foar my! Wier net it tsjinoerstelde fan ien of oar wêzen, - wat wit ik fan lykfolhokker wêzen te fertellen, oars as inkeld de predikaten fan syn skyn! Wier net in dea masker, dat men in ûnbekende X opsette en ek wer ôfsette kin! Skyn is foar my wurking en it libjende sels, dat sa fier giet yn syn eigenspot en lit my fielle dat hjir skyn en dwaalljocht en geastedûns is en oars neat, - dat ûnder al dy dreamers ik allyk, de man fan “kennis”, myn dûns dûnsje, dat de man fan kennis in middel is en meitsje de ierdske dûns langer en yn sa fier by de seremoanjemasters fan it bestean heart, en dat de ferhevene konsekwintheid en ferbûnens fan alle kennis faaks it heechste middel is en wêze sil om de algemienens fan 'e dreamerij en de fersteanberens fan al dy dreamers ûnder inoar en krekt dêrtroch it fuortbestean fan 'e dream yn stân te hâlden.

55.
De lêste ealsin. - Wat makket no “eal”? Wis net dat men offers bringt; wa't fan gleonens baarnt bringt ek offers. Wis net dat men überhaupt in rite fan it hert folget; guon riten fan it hert binne ferachtlik. Wis net dat men foar oaren wat docht en sûnder selssucht: miskien is de konsekwintheid fan 'e selssucht krekt by de ealste minsken it grutst. - Mar dat de rite, dy't de eale oerfalt, in bysûnderheid is, sûnder dat er fan dy bysûnderheid wit: it brûken fan in seldsume en singuliere mjitstêf en benei in dwaasheid: it fiellen fan hjittens yn dingen dy't foar alle oaren kâld oanfielle: in rieden fan wearden dêr't de weachskeal noch net foar útfûn is: in offerjen op alters dy't in ûnbekende god wijd binne: in moed sûnder de wil ta de ein: in jinsels genôch wêzen dat oerfloed hat en oan minsken en dingen meidielt. Dat it wie oant no ta it seldsume en it net witten fan dat seldsum wêzen dat eal makke. Betink dêrby lykwols dat troch dy rjochtline al it bewende, meast deunbye en ûnûntbearlike, yn it koart, wat it meast de soarte begeunstige, ûnbinlik beoardiele en oer it ginneraal beleagene is, te'n geunste fan 'e útsûnderingen. Abbekaat fan 'e regel wurde – dat koe wolris de lêste foarm en fynsinnichheid wêze, dêr't de ealsin him op ierde mei oppenearret.

56.
De begearte en lij. - Tink ik oan de begearte en doch wat, lykas dy miljoenen jonge Europeanen hieltyd kidelet en nitelet, dy't allegear de ferfeling en harsels net ferneare kinne, - dan begryp ik dat yn har de begearte en lij earne ûnder bestean moat, om út har lijen in foldwaande grûn om te hanneljen, ta de die te heljen. Need is nedich! Dêrfandinne it roppen razen fan politisy, dêrfandinne it grutte tal falske, optochte, oerdreaune “needtastannen” fan alle mooglike klassen en de bline reewilligens en leau dêryn. Dizze jonge wrâld hat as langst, fan bûten moat, - neat fan lok, - mar it ûngelok komme of sichtber wurde; en har fantasy is al yn it foar dermei dwaande en meitsje der in meunster fan, dat se dêrnei tsjin in meunster stride kinne. Soene dy needsuchtigen yn harsels de krêft fielle en doch harsels fan binnen út goed, en doch harsels wat oan, dan soene se ek witte hoe't se foar harsels fan binnen út har eigen, eigenste need skeppe koene. Har betinksels soene dan subtiler wêze en har befredigingen koene as goede muzyk klinke: wylst se no de wrâld mei har needgjalpen en dus fiersten te folle mei har needfiellen oanfulle! Se kinne neat mei harsels oan, - en dus sketse se it ûngelok fan oaren: se binne hieltyd oaren brek! - Pardon, myn freonen, ik ha it weage en skets myn eigen lok.

[]