Twadde Boek

57.
Oan 'e realisten. - Jimme nochteren minsken, sokken as jim fielle har tsjin fjoer en fantasterij wapene en soene graach in grutskheid en in sieraad fan jim leechte meitsje wolle, jim neamme jim realisten en tsjutte dêrmei oan, sa't de wrâld him oan jim foardocht, sa stiet it der wurklik mei him foar: foar jim allinne hat de wurklikheid gjin walen, en jim sels soene faaks it bêste part derfan wêze, - oh jim beminde bylden fan Sais! Mar binne jim yn jim meast ûntbleate tastân ek net noch likegoed bare fjurrige en tsjustere wêzens, ferlike mei de fisken, en net liker as in fereale keunstner? - En wat is foar in fereale keunstner "wurklikheid"? Noch altyd drage jim weardeoardielen oer de dingen yn jim mei, dy't yn 'e fjurrige en fereale riten fan eardere ieuwen har oarsprong ha! Noch hieltyd hat jim nochterenens in geheime en net út te roegjen dronkenens ûnder de lea! Jim leafde ta de "wurklikheid"bygelyks, - oh dat is in âlde oerâlde "leafde"! Yn alle ûnderfining, yn alle sintúglike yndrukken is in stikje fan dy âlde leafde: en likegoed hat ien of oare fantasterij, in foaroardiel, in stikje ûnferstân, in ûnwittendheid, in freze en wat al net dêroan wurke en weve. Dêr dy berch! Dêr dy wolke! Want wat is dêr "wurklik"oan? Lûk ris it fantasma en alle minsklike yngrediënten der fan ôf, jim nochteren folk! Ja, as jim koene! As jim jim komôf, ferline, foarprogrammearring ferjitte koene, - it gehiel fan jim minskheid en dierheid! Der is foar ús gjin "wurklikheid", - en foar jim ek net, jim nochteren lju, - wy binne inoar lang sa frjemd net as jim miene, en misskien is ús goede wil en kom boppe de dronkenens út like achtber as jim leauwe en wês yn it foar al net ta dronkenens by steat.

58.
Inkeld as skeppers! - Dêr ha ik it measte lijen mei hân en ha ik noch altyd it measte lijen mei: om yn te sjen dat it ûntyglike wichtiger is hoe't de dingen hjitte as wat se binne. De rop, namme en oanskyn, it jilden, de wenstige mjitte en it wenstige gewicht fan in ding, - oarspronklik almeast in fersin en in willekeurichheid, oer de dingen hinne wurpen as in kleed en oan it wêzen en de hûd dêrfan alhiel frjemd, - dy binne troch it leauwen dêryn en it fierder waaksen fan slachte op slachte stadichoan om it sa mar te sizzen oan- en ynwoeksen en part fan 'e lea sels wurden: de skyn fan it begjin wurdt by einsluten hast altyd ta wêzen en wurket as wêzen! Wat wie dat foar in soal dy't miende, it folstie en wiis op dy oarsprong en dat dizenich omskot fan 'e waan, om de as wêzentlik jildige wrâld, de saneamde "wurklikheid" te neate te dwaan! Allinnich as skeppers kinne wy te neate dwaan! - Mar lit ús ek dit net ferjitte: it folstiet en skep nije nammen en weardeoardielen en kânsen om op termyn nije "dingen" te skeppen.

59.
Wy keunstners! - As wy in frou leaf ha, dan haatsje wy maklik de natuer, as wy tinke oan alle tsjinnige natuerlikheden dy't alle froulju taparte binne; graach tinke wy dêr hielendal net oan, mar as ús siel ris oer dy dingen strykt, dan beweecht er ûngeduldich en sjocht, lykas sein, ferachtlik op ' e natuer del: - wy binne misledige, de natuer taast yn ús besit te taasten en dat mei oeribele ûnhillige hannen. Dat de earen slute har foar alle fysiology en der wurdt yn it geheim dekretearre "ik wol der neat fan hearre dat de minske noch wat oars is as siel en foarm!" "De minske ûnder de hûd" is al dy't leaf hat in grouwel en in wangedachte, in Gods- en leafdelastering. - Wolno, sa't no noch de leaver fielt, wat natuer en natuerlikheid oanbelanget, sa fielden doedestiids de oanbidders fan God en syn "hillige almacht": yn alles wat fan 'e natuer sein waard, troch astronomen, geologen, fysiologen, artsen, seach er in oantaasting fan syn kostlikste besit en dus in oanfal, - en dêrby ek noch in skamteleasheid fan 'e oanfaller! De "natuerwet" klonk him al yn 'e earen as in ûntkenning fan God; einlings hie er mar al te graach sjoen dat alle meganika op morele dieden fan wil en willekeur weromfierd waarden: - mar mei't gjinien him dy deugd dwaan koe, ûntkende er foar himsels alle natuer en meganika, sa goed as er koe, en libbe yn 'e dream. Oh dy minsken fan doedestiids wisten te dreamen en hiene it net earst nedich om yn te sliepen! - En wy minsken fan hjoed witte it ek noch mar al te goed, mei al ús goede wil ta it wekker wêzen en ta de dei! It folstiet leaf te hawwen, te haatsjen, te begearen, gewoan te fiellen, - fuort nimt de geast en de krêft fan 'e dream ús oer, en wy rinne mei de eagen iepen en kâld foar alle gefaar oer de gefaarlikste wegen omheech, nei de dakken en de tuorren fan 'e fantasterij, en sûnder in kromke hichtefrees, as berne om te kliuwen - wy nachtrinders fan 'e dei! Wy keunstners! Wy ûntkenners fan 'e natuerlikheid! Wy moanne- en goadesiken! Wy deastille, net ôf te mêdzjen rinders, op hichten dy't wy net as hichten sjogge, mar as ús basis, as ús wissichheden!

60.
De froulju en har effekt op in ôfstân - Ha ik noch earen? Bin ik allinnich noch ear en oars neat mear? Hjir stean ik midden yn 'e brân fan 'e brâning, en syn wite flammen tonkje by myn fuotten op: - fan alle kanten beart, driget, raast, gûlt it op my ta, wylst de âlde ierdeskokker syn aria sjongt, dûm as in âljende bolle: hy stampt dêrby sa'n ierdeskokkersritme dat sels dy ferinnewearre rotsemeunsters it hert flugger slacht en bevet. Dan, hommels, as wie er berne út it neat, ferskynt foar de doar fan dat helske labyrint, in pear fiemen fierder, - in grut sylskip, swijsum as in spoek dat út glydzjend. O dy spoekige skientme! Hokker tsjoen kriget er my mei beet! Wat sil dat? Binne alle rêst en swijsumens fan 'e wrâld dêr skipgien? Sit myn lok sels op dat stille plak, myn lokkiger ik, myn twadde, ferivige sels? Net dea wêze en dochs ek net mear libben? As in geastgelikens, stil, skôgjend, glydzjend, sweevjend tuskenwêzen? It skip allyk dat mei syn wite silen as in ûnbiedige flinter oer de tsjustere see hinne rint! Ja! Oer it bestean hinne rinne! Dat is it! Dat soe wat wêze! - - It liket wol as hat it leven hjir fan my in fantast makke? Al it grutte leven hat as risseltaat dat wy ús lok yn 'e stiltme en de fierte sykje. As in man midden yn syn leven stiet, midden yn syn brâning fan wurpen en ûntwerpen: dan sjocht er ek wol stille, tsjoenige wêzens oan him foarby glydzje, en hat er langst nei har lok en tebeklutsenens, - it binne de froulju. Hast mient er, dêr by de froulju wennet syn bettere sels: op dy stille plakkenn wurdt ek de lûdste brâning in deastiltme en it libben sels in dream oer it libben. Mar doch! Mar doch! Myn nommele dweper, der is ek op de moaiste sylskippen safolle lûd en leven en spitigernôch safolle lyts jammerdearlik leven! De tsjoen en it machtichste effekt fan froulju is, om yn de taal fan filosofen te praten, in effekt op in ôfstân, in 'actio in distans': dêrby heart lykwols, foarst en foar alles - ôfstân!

61.
De freonskip ta eare. - Dat it fiellen fan freonskip foar de Aldheid as it heechste fiellen trochgie, heger sels as de meast romrofte grutskens fan dy't himels genôch wie en fan 'e wize, ja om it sa mar te sizzen as dy syn iennichste en noch hilliger bruorskip: dat wurdt hiel moai útdrukt troch it ferhaal fan dy Masedoanyske kening, dy't in wrâldferachtsjende filosoof in talint kado joech en it fan him weromkrige. "Wat," sei de kening, "hat er dan gjin freon." Dêrmei woe er sizze: "ik earje de grutskens fan 'e wize en ûnôfhinklike man, mar ik soe syn minsklikheid noch heger sette as de freon yn him de oerwinning op syn grutskens behelle hie. Foar my hat dy filosoof himsels delhelle doe't er sjen liet dat er ien fan 'e twa heechste fiellingen net ken, - en dan de heechste fan beide!"

62.
Leafde. - De leafde ferjout de beminde sels de begearte.

63.
De frou yn 'e muzyk. - Hoe komt it dat waarme en reinige winen ek it muzikale sin en de kreative nocht oan de meldij meifiere? Binne it net de seldichste winen dy't de tsjerken folmeitsje en de froulju fereale tinzen ynjouwe?

64
Skeptikus. - Ik bin bang, âlde froulju binne yn it geheimste beskûl fan it hert skeptysker as alle manlju: hja leauwe oan de oerflakkigens fan it bestean as wie it it wêzen derfan, en alle deugd en djippens is foar har net mear as in wale fan dy "wierheid", de tige winsklike wale fan in 'pudendum' (eat dêr't jo jo foar skamje moatte) - , dus in saak fan it fatsoen en fan de skamte, en oars net!

65.
Oerjefte. - Der binne eale froulju mei in beskate geastesearmoed dy't, om har djipste oerjefte út te drukken, har oars net witte te behelpen as troch har deugd en skamte oan te bieden: it is foar har it heechste dat se ha. En faak wurdt dat geskink oannommen, sûnder dat it sa djip ferplichtet as de jouwers ferûnderstelle, - in tige mankelyk ferhaal!

66.
De sterkens fan de swakken. - Alle froulju binne subtyl yn it oerdriuwen fan har swakkens, ja se binne fernimstich yn it swakke, dat se yn alle hear en fear teare juwielen lykje te wêzen, dy't sels fan in stofke noch pine ha: har bestean moat de man syn rûgens oan it ferstân bringe en yn it gewisse ynwriuwe. Sa warje se har tsjin de sterken en alle 'fûstrjocht'.

67.
Jinsels húchelje. - Hja hâldt no fan him en sjocht sûnt mei sa'n kalm betrouwen foar har út as in ko: mar oe wee! It wie no krekt har tsjoen dat it hieltyd liek as wie se feroarlik en ûngrypber! Hy hie ommers fan himsels al tefolle stabyl waar! Soe se der net goed oan dwaan en huchelje har âlde karakter? En huchelje leafdeleazens? Is dat net de rie fan - de leafde? Vivat comoedia!

68.
Wil en willichheid. - Der waard in jongfeint by in wize man brocht mei de wurden: "Sjoch, dat is ien dy't troch de froulju bedoarn wurdt!" De wize man skodholle en glimke. "De manlju binne it," rôp er, "dy't de froulju bedjerre: en alles wat de froulju misse, moat yn de manlju beboete en ferbettere wurde, - want de man makket foar himsels it byld fan de frou, en de frou foarmet har neffens dat byld." - "Do bist myld fan hert foar de froulju," sei ien fan it omsteand laach, "do kenst har net!" De wize man andere: "By it aard fan de mean heart wil, by it aard fan de frou willichheid, - dat is de wet fan de seksen, en wier, in hurde wet foar de frou! Alle minsken binne ûnskuldich oan har bestean, mar de froulju binne twaris ûnskuldich: wa koe foar har salve en myldens genôch ha?" - "Wat salve! Wat myldens!", rôp in oar út de kliber, "men moat de froulju better grutbringe". - "Men moat de manlju better grutbringe," sei de wize man en knypeage nei de jongfeint, dat dy him folgje soe. - De jongfeint lykwols folge him net.

69.
It fermogen ta wraak. - Dat ien gjin ferwar dwaan kin en it dêrom ek net wol, makket him yn ús eagen noch net te skande: mar wy lytsachtsje dy't foar wraak noch it fermogen noch de goede wil hat, - likefolle oft it man of frou is. Soe in frou ús fêsthâlde (of sa't sein wurdt "boeie") kinne as wy har net by steat achten en brûk as it sa útkomt de dolk tsjin ús? Of tsjin harsels: wat yn bepaalde gefallen de fynsinniger wraak wêze soe (de Sineeske wraak).

70.
De bazinnen fan 'e bazen. - In djippe machtige altstim, sa't dy bytiden yn it teater beharke wurdt, lûkt hommels de gerdinen foar mooglikheden wei, dêr't wy ornaris net oan leauwe: wy leauwe op slach deroan dat der earne op 'e wrâld froulju mei hege, heldmoedige, keninklike sielen wêze kinne, by steat en ree ta grandioaze moetingen, besluten en opofferingen, by steat en ree en fier it bewâld oer manlju, om't yn har it bêste fan 'e man, boppe de sekse út, it ideaal fleis en bonken krigen hat. Al moatte sokke stimmen neffens de bedoeling fan it teater krekt net dat idee fan 'e frou jaan: ornaris moatte se de ideale manlike leafdesfeint, bygelyks in Romeo, werjaan; mar neffens myn ûnderfining ferrekkenje it teater en de muzikus, dy't fan sa'n stim sokke effekten ferwachtet, har dêr gauris mei. Men leaut net oan dy leafdesfeinten: dy stimmen ha noch altyd in bewiis fan it memmige en húsfroulike yn har, en krekt dan it meast, as der leafde yn har lûd sit.

71.
Oer de froulike keinens. - Der is wat tige nuveraardichs en aparts oan de wize fan grutbringen fan foarname froulju, ja faaks is der neat sa paradoksaal. Hiele wrâld kin it dermei lykfine en bring har yn 'e erotyk sa ûnwitten mooglik grut en bring har siel in djippe skamte by en in aldertigenst ûngeduld en flechtsje wollen by it oantsjutten fan sok ding. Eins stiet alle "eare" fan 'e frou allinnich dêr faai: wat wurdt har fierder net allegear ferjûn? Mar op dat punt moatte se oant yn de djipste ûthoeke fan it hert ûnwitten bliuwe: - se meie noch eagen noch earen noch wurden noch tinzen foar dat har "kwea" ha: ja, it witten is dêr al it kwea. En dan! As mei in gryslike tongerslach yn 'e wurklikheid en it witten dompt wurde, mei it houlik, - en dan troch him dy't se it meast leaf- en heechha: leafde en skamte op tsjinstridichheid betraapje, ja útskroevenens, oerjefte, plicht, begrutsjen en ôfgriis yn ienen ûnderfine moatte om de ûnferwachtse buorskip fan god en dier en wat al mear! - Dêr is yndie in sieleknot knope dy't gjin gelikensen hat! Sels de meilydsume nijsgjirrigens fan 'e wiiste minskekenner is net grutternôch en ried hoe't dizze of jinge frou mei dy oplossing fan it riedsel en dat riedsel fan 'e oplossing yn it kleare wit te kommen, en hokfoar ôfgryslike, wiid fiemjende tinzen har dêrby yn 'e út 'e foegen skuorde siel oppenearje sille, ja hoe't de lêste filosofy en skepsis fan 'e frou op dat punt ankeret! - Dêrnei itselde djippe swijen as earder: en faak in swijen foar harsels, in tadwaan fan 'e eagen foar harsels. - Jonge froulju dogge in protte writen om oerflakkich en sûnder tinzen skine te wêzen: de subtylsten ûnder harren huchelje in soarte fan skamteleazens. - De froulju ûnderfine har manlju gau as in fraachteken by har eare en har bern as in apology of soen, - se ha bern nedich en winksje se, op in hiel oare wize as de man him bern winsket. - Koartsein, men kin net myldernôch foar de froulju wêze!

72.
De memmen. - Bisten tinke oars oer froubisten as minsken; foar har is it wyfke it produktive wêzen. Heiteleafde is der by har net, mar al sokssawat as leafde foar de bern fan in beminde en bewendens oan harren. De wyfkes ha troch de bern befrediging fan har bazichheid, in eigendom en in beuzichheid, eat dat se alhiel begripe en mei kletse kinne: dat alles byinoar is memmeleafde, - it is mei de leafde fan in keunstner foar syn keunstwurk te ferlykjen. It swier wêzen hat de froulju mylder, passiver, banger, earder ree ta ûnderwerping makke; en allyksa set it geastlik swier wêzen it aard fan 'e kontemplativen oan, dat mei it froulik aard besibbe is: - it binne de manlike memmen. - By de bisten jildt it mantsje as it moaie geslacht.

73.
Hillige wredens. - By in hillige kaam in man del dy't in niis berne berntsje op 'e earm hie. "Wat moat ik mei dit berntsje oan?" frege er, "it is in sielepoat, it is misfoarme en it hat net genôch libben om te stjerren." "Meitsje it dea", rôp de hillige mei in gryslike stim, "meitsje it dea en hâld it dan trije dagen en trije nachten lang op 'e earm, datste foar dysels in oantinken bewarrest: - dan silst net wer in bern oansette, as it net dyn tiid is om oan te setten." - Doe't de man dat hearde, foel it him raar ôf en hy gie fuort; en in protte lju lekken de hillige om't er wat wreeds oanret hie, want hy hie oanret om it berntsje dea te meitsjen. "Mar is it net wreder en lit it libje?" sei de hillige.

74.
Dy't gjin sukses ha. - Nea ha dy earme froulju sukses, dy't yn bywêzigens fan dy't se leafha, ûnrêstich en ûnwis wurde en tefolle prate: want de manlju wurde it meast oanlutsen troch in beskate heimsinnige en flegmatyske sêftens.

75.
It tredde geslacht. - "In lytse man is wat paradoksaals, mar dochs in man, - mar lytse wyfkes, tinkt my, binne yn ferliking mei gewûpste froulju fan in oar geslacht," sei in âlde dûnsmaster. "In lytse frou is nea net moai", sei de âlde Aristoteles.

76.
It grutste gefaar. - Hie der net altyd in oermacht oan minsken west dy't fielden dat de tucht fan 'e holle - har "ferstân" - har grutskens, har ferplichting, har deugd wie en dy't troch alle fantasearjen en útspattingen fan it tinken misledige of beskamme waarden, as freonen "fan it sûne minskeferstân", dan wie it minskdom al lang te'n ûnder gien! Boppe it minskdom hong en hinget hieltyd as har grutste gefaar de útbrekkende waansin, - dat wol sizze, krekt it útbrekken fan 'e willekeur yn it fiellen, sjen en hearren, de wille fan 'e ûnberongenens yn 'e holle, de nocht oan it minsklik ûnferstân. Net de wierheid en wissichheid is it tsjinoerstelde fan 'e wrâld fan 'e waansinnige, mar de mienskiplikheid en it algemien ferplichtende fan in leauwe, koartwei it net-willekeurige yn it oardielen. En it wie oant no ta it grutste wurk fan 'e minsken en berik meiinoar oerienstimming oer in grutte bult dingen en lis harsels in wet fan oerienstimming op; - likefolle oft dy dingen wier of ûnwier binne. Dat is de tucht fan 'e holle dy't it minskdom yn stân holden hat; - mar de tsjinkrêften binne noch hieltyd sa machtich dat men eins net mei in protte betrouwen fan 'e takomst fan it minskdom prate mei. Hieltyd skoot en ferskoot it byld fan 'e dingen noch, en wa wit fan no ôf mear en flugger as ea; hieltyd sette krekt de meast bysûndere koppen har yn tsjin dat algemien ferplichtende, - de ûndersikers fan 'e wierheid foarop! Hieltyd set dat leauwe as in allemansleauwe in wearze en in nije gleonheid oan yn subtilere hollen: en allinnich al it stadige tempo dat it foar alle geastlike prosessen ha wol, dat neidwaan fan 'e skylpod dat dêr as noarm erkend wurdt, makket oerrinders fan keunstners en dichters: - dy ûngeduldige geasten binne it dêr't in nocht nei de foarmen fan waansin yn útbrekt, om't de waansin sa'n fleurich tempo hat! Dat der is ferlet fan deugdsume yntellekten, - och ik wol sizze wêr't it op stiet - der is ferlet fan deugdsume dommens, fan lju dy't ûnferwrikber de maat tromje foar de stadige geast, dat de leauwigen fan it grutte mienskiplike leauwe byinoar bliuwe en har dûns fierder dûnsje: it is in ferlet fan 'e earste rang dat dêr gebiedt en easket. Wy oaren binne de útsûndering en it gefaar, - wy ha ivich rjochtfeardiging nedich. - No, der is wier wol wat te'n geunste fan 'e útsûndering te sizzen, foaropsteld dat er nea regel wurde wol.

77.
It bist mei it goede gewisse. - It leech-by-de-grûnske yn alles dat it Suden fan Europa haget, - likefolle oft it no de Italiaanske opera (bygelyks fan Rossini en Bellini) is of de Spaanske aventoereroman (ús yn 'e Frânske ferklaaiing fan Gil Blas it meast tagonklik), - bliuwt foar my net ferburgen, mar it mislediget my net, likemin as it leech-by-de-grûnske dat men by it kuierjen troch Pompei en eins sels by it lêzen fan likefolle hokker antyk boek tsjinkomt: wêr komt dat wei? Is it dat dêr de skamte mist en al it lege him sa beret en wis fan himsels oppenearret, krekt as wat eals, leafliks en ynliks yn deselde soarte roman of muzyk? "It bist hat syn rjochten lykas de minske: dat it mei frij omrinne, en do, bêste meiminske, bist ek sa'n bist, nettsjinsteande alles!" - Dat liket my de moraal yn dizzen te wêzen. Minne smaak hat syn rjochten lykas goede smaak, en sels mear as er it grutte ferlet, de wisse befrediging en om it sa mar te sizzen in algemiene spraak, in sûnder mear begryplike mimyk of meneuvel is: de goede smaak dêrfoaroer is altyd wat dat socht wurdt, besocht wurdt, net alhiel wis dat er begrepen wurde sil, - hy is en wie nea folkseigen! Folkseigen is en bliuwt it masker! Dat sa mei al dy maskerigens yn de melodyen en kadânsen, yn de sprongen en fleurichheden fan it ritme fan dy opera's hinnebruie! Sels it antike libben! Wat begripe de lju dêrfan at se de wille fan it masker, it goede gewisse fan alle maskerigens net begripe! Dêr is it bad en de ferdivedaasje fan de antike geast: - en faaks wie dat bad foar de seldsume en hege natoeren fan de antike wrâld noch earder nedich as foar it fulgus. - Dêrfoaroer mislediget my in fulgêre winding yn noardske wurken, bygelyks yn de Dútske muzyk, ta de teannen út. Dêr is skamte mei mank, de keunstner hat fan himsels nei in leger nivo gien en koe der út noch yn net foar en wurd dêrby rea om de holle: wy skamje ús mei him mei en binne sa misledige mei't wy aanje dat er omwille fan ús miende dat er it op in leger nivo sykje moast.

78.
Dêr't wy tankber foar wêze moatte. - Pas de keunstners, en dan dy fan it teater, ha de minsken each en ear bybrocht om mei nocht te harkjen en te sjen wat elkenien sels is, sels belibbet, sels wol; hja ha ús pas de wurdearring leard foar de held dy't yn elk fan dy aldendeiske minsken ferburgen is en foar de keunst en "set jinsels yn sêne". Allinnich sa komme wy oer needrige details fan ússels hinne! Sûnder dy keunst soene wy oars neat as foargrûn wêze en libje mei hear en fear yn de ban fan dy optyk dy't it deunbyste en fulgêrste foar ûnhuere grut en foar de wurklikheid op himsels trochgean lit. - In lyksoartige fertsjinst ha faaks alle religys dy't it hieten en obstrewearje mei it fergrutglês de sûndichheid fan elke yndividuele minske en meitsje fan de sûnder in grutte ûnstjerlike misdogger: mei't se ivige perspektiven om him hinne beskreaunen, learden se it de minsken en besjoch harsels út de fierte en as wat dat foarby is, kompleet is.

79.
Oanfitering fan 'e ûnfolsleinens. - Ik sjoch dêr in dichter dy't, lykas mannich minske, troch syn ûnfolsleinens in gruttere oanfitering is as alleding dat yn syn hannen in kante en folsleine foarm kriget, - ja fertuten en rom hat er earder fan syn lêste ûnfermogen as fan syn rike krêft. Syn wurk sprekt nea hielendal út wat er eins útsprekke woe, wat er sjoen wollen hie: it skynt dat er in foarpreauke fan in fisioen hân hat, en nea it fisioen sels: - mar in ûnhuer longerjen op dat fisioen hat him yn syn siel fêstset, en dêrfan hat er syn like ûnhuere wolbespraaktheid oer it langjen en gleon hongerhalzigjen. Dêrmei heft er dy't him beharket boppe syn wurk en alle "wurken" út en jout him wjokken om sa heech te fleanen as taharkers oars nea fljogge: en sa, sels dichters en sjoggers wurden, betelje se de oansetter fan har loksfiellen mei in bewûndering, as hie er har fuortendaalks syn hillichste en lêste sjen litten, as hie er ta syn doel kommen en syn fisioen wurklik sjoen en trochdien. It is goed foar syn rom dat er eins net ta syn doel kommen is.

80.
Keunst en natoer. - De Griken (of op syn minst de Ateners) mochten graach in goede sprekker hearre: ja, dêr wiene se tige sljocht op, dêryn mear as yn al it oare kypten se derút ferlike mei de net-Griken. En sa woene se sels fan de emoasjes op it toaniel dat se moai sprieken en lieten de unnatuerlikens fan de dramatyske fersen genietsjend oer har hinne komme: - yn de natoer binne de emoasjes ommers sa min op it wurd beret! En at se wurden fine, sa fertiisd en ûnferstannich en harsels ta skamte! No binne wy allegearre, tanksy de Griken, oan dy ûnnatoer op it toaniel bewend, lykas oan dy oare ûnnatoer, it ferdragen fan de sjongende emoasjes en it graach ferdragen dêrfan, tanksy de Italianen. - It is ús ta in ferlet wurden dat wy yn de wurklikheid net befredigje kinne: minsken yn de dreechste omstannichheden goed en wiidweidich sprekken te hearren: wy binne no út de skroeven as de tragyske held noch wurden, redenen, redenrike gebearten en oer it ginneraal in kleare spiritualiteit fynt, dêre dêr't it libben de ôfgrûnen neieroan komt, en de wurklike minske almeast de holle en wis ek de sprake ferliest. Soksoarte fan ôfwiking fan de natoer is faaks it noflikste iten foar de grutskens fan de minske; dêrom hâldt er eins fan de keunst, as de útdrukking fan in hege, heldhaftige ûnnatoerlikens en konvinsje. De dramatyske dichter wurdt mei rjocht en reden in ferwyt makke as er net alles yn ferstân en wurd omset, mar hieltyd in krom swijen yn syn hân efterhâldt: - sa't de lju mei de muzisy fan de opera net op it skik binne as dy foar it heechste affekt net in melody mar net mear as in affektfol "natoerlik" stammerjen en skriemen wit te finen. Dêr sil no krekt de natoer tsjinsprutsen wurde! De Griken gienen fier op dat paad, fier - om kjel fan te wurden sa fier! Hoe't se it toaniel sa smel mooglik makken en harsels alle wurking troch in djippe eftergrûn ferbeanen, hoe't se foar de toanielspiler it mimespul en de lichte beweging ûnmooglik makken en him yn in plechtige, stive, maskerige sjamme feroaren, sa ha se ek de emoasje sels de djippe eftergrûn ûntkrigen en dy in wet fan moaie sprake diktearre, ja se ha eins alles dien om de elementêre wurking fan bylden dy't bangens of begrutsjen oproppe tsjin te wurkjen: hja woene neat gjin bangens of begrutsjen, - alle lof foar Aristoteles! Mar dy sloech de spiker net op de kop of lykfolwêr, doe't er fan it ûteinlikse doel fan de Grykske trageedzje spruts! Sjoch no ris goed nei dy Grykske dichters fan de trageedzje, wat fiteret har fleis, har fernimstigens, har striidnocht it measte oan, - wis net de bedoeling en kom as taskôger ûnder it bewâld fan de affekten! De Atener joech him nei it teater om moaie sprekkerij te hearren! En moaie sprekkerij wie it Sofokles om te dwaan - ferjou my dy ketterij! -

81.
Grykske smaak. - "Wat is dêr moai oan?", - sei dy fjildmjitter nei in opfiering fan de Iphigenia, - "der wurdt neat yn bewiisd!" Soe dy smaak de Griken sa frjemd west ha? By Sofokles wurdt teminsten "alles bewiisd."

82.
Net de Grykske esprit. - De Griken binne yn al har tinken glûpende logysk en rjocht út rjocht oan; se binne dat, tenminste yn har lange goede tiid, net ba wurden, lykas dat mei de Frânsen sa faak it gefal is: dy dogge mar al te graach in spronkje nei it tsjinoerstelde en ferneare de geast fan de logika eins allinnich as er troch in smite fan sokke spronkjes nei it tsjinoerstelde syn sosjale ynslach, syn sosjale selsferleagening dúdlik makket. Logika is foar har as in needsaak, as wetter en brea, mar allyksa as in soarte fan finzeniskost sagau't dy it ryk allinnich ha wol. Yn in goede maatkippij moat men nea hielendal en allinnich gelyk ha wolle, lykas de suvere logika wol: dêrfandinne it kromke ûnferstân yn alle Frânske esprit. - It sosjale sin fan de Griken hie him op gjin stikken nei sa fier ûntjûn as it Frânske: dêrfandinne hiene har geastrykste mannen mar sa'n bytsje esprit, har grutste grapjagers mar sa'n bytsje humor, derfandinne - och! Dy oardielen fan my sille wol net leaud wurde, en hoefolle fan sokken ha ik noch op de lever! - Est magna res tacere (it is in grut ding en sis neat), - stimt Martialis alle kletsmajoars mei.

83.
Oersettingen. - De mjitte fan histoarysk besef dy't in tiid hat kin ôfsjoen wurde fan hoe't yn dy tiid oersettingen makke wurde en hoe't fergongene tiden en boeken eigen makke wurde. De Frânsken fan Corneille, en ek noch dy fan de revolúsje, makken de Romeinske Aldheid soldaat op in wize dêr't wy de moed net mear foar ha, - fanwegen ús heger histoarysk besef. En de Romeinske Aldheid sels: wat gewelddiedich en tagelyk hoe nayf lei dy de hân op al it goede en hege fan de Grykske Aldheid! Wat setten se alles nei it Romeinske heden oer! Wat fagen se fleurich en mei opsetsin it wjokjestof fan 'e flinter fan it stuit fansiden! Sa sette Horatius te hea en te gers Alcaus of Archilochus oer, Propertius die itselde mei Callimachus en Philetas (dichters fan deselde rang as Theocritos, as wy oardiele meie): wat dearde it har, dat de eigentlike skepper dit of dat meimakke hie en de wjerslach dêrfan yn syn gedichten delskreaun hie! - As dichters hiene se gjin boadskip oan de antikwaryske sneupersgeast dy't it histoarysk besef oankundiget, as dichters lieten se har neat gelegen lizze oan dy folslein persoanlike dingen en nammen en al dat foar in stêd, in kust, in ieu as kostúm en masker te eigen wie, mar setten der fluks it hjoeddeistige en Romeinske foar yn it plak. It liket as freegje se ús: "Moatte wy foar ússels it âlde net nij meitsje en byldzje ússels dêryn út? Soene wy mei ús siel dat deade liif net nij libben ynblaze meie? Want dea is er: wat ûnsjoch is al it deade!" - Se koene it geniet fan it histoarysk besef net; it fergongene en frjemde die har sear, en wie har Romeinske aard in oanfitering ta in Romeinske oerweldiging. Yndie, doedestiid wie it oersetten in oerweldiging, - net allinnich dat it histoaryske weilitten waard, nee, de taspiling op it heden waard taheakke, fral de namme fan de dichter waard trochstreke en de eigen derfoar yn it plak set; - net mei it fiellen fan dat it stelderij wie, mar mei it poerbêste gewisse fan it imperium romanum.

84
Oer de oarsprong fan de poëzy. - De leafhawwers fan it fantastyske yn de minske, dy't tagelyk de lear fan de ynstinktive moraal fertsjintwurdigje, konkludearje sa: "stel, de minsken ha yn alle tiden it nut as heechste godheid fereare, wêr is dan yn de goedichheid de poëzy weikommen? - Dy beritmesearring fan de rede, dy't de dúdlikheid fan de boadskip earder tsjinwurket as begeunstiget, en dy't nettsjinsteande as in húnjen fan alle nuttige doelmjittigens oeral op de wrâld opsketten is en noch hieltyd opsjit! It wylde moaiens fan de poëtyske ûnferstannichheid wjerleit jim, utilitariërs. Krekt fan it nut ris loskomme wolle, - dat hat de minske heger brocht, dat hat him ta moraliteit en keunst ynspirearre!" No moat ik fan datoangeande ris foar de utilitariërs sprekke, - se ha ommers mar sa selden gelyk, it begruttet jin ta de teannen út! De lju hiene yn dy âlde tiden, dy't de poëzy yn it libben rôpen, dêr doch it nut by op it each, in bare grut nut, - doedestiids doe't se it rebed like it ear fan de goaden better te bewinnen. Foar alles woe de minske lykwols it nut fan dy illemintêre oerweldiging ha, dy't er by himsels by it beharkjen fan muzyk ûnderfynt: it ritme is in twang; hy fitert in net te bedimjen gleonens op dy't tajaan, meistimme wol; net allinnich de fuotten, de siele sels folget ek de maat, - alle kâns, konkludearren de minsken, dat de siele fan de goaden dat ek die! Dat se besochten en oefenje troch it ritme twang en stjoer oer har út: se smieten har de poëzy as in magysk helter om de nekke. Der bestie in noch wûnderliker idee: en dat seldichste hat faaks it ûntstean fan de poëzy it meast begeunstige. By de Pytagoreeërs ferskynt de poëzy as filosofyske lear en as keunstgreep by it grutbringen: mar lang foar't der filosofen wiene, skikten de minsken yn dat muzyk de krêft hie en meitsje de emoasjes los en de siele sûn, en bedimje de ferocia animi (de poermâlens fan de geast), - en dan krekt troch it ritmyske yn de muzyk. As de goede spanning en harmony fan de siele poater wiene, moasten jo dûnsje, op de maat fan de sjonger, - dat wie it resept fan dy dokterskeunst. Dêrmei bedarre Terpander in reboelje, bedimme Empedokles in gefal fan poerrazendheid, en makke Damon in fan ferealens dwylsinnige jongfeint wer better; dat wie ek de kuer foar wylde, wraaksuchtige goaden. Foarst troch de mâlens en bolbjirkenens fan har emoasjes op it uterste te fergjen, dus de razende poerrazen, de wraaksuchtige wraakdronken te meitsjen: - alle orgiastyske kultussen woene de ferocia (de poermâlens) fan in godheid yn ien kear los en ta orgy meitsje, dat dy him dêrnei frijer en evenrediger fielle soe en lit de minsken gewurde. "Melos" ferwiist neffens de woartel fan it wurd nei in kalmearjend middel, net om't er sels kalm is, mar om't kalmens it effekt fan syn wurking is. - En net allinnich yn it kultusliet, by it wrâldske liet waard ek in magyske ynfloed fan it ritmyske ferûndersteld, bygelyks by it wetterswingeljen of it roeien, it liet fungearre as betsjoening fan de demonen dy't de lju mienden dat dêrmei anneks wiene, it soe har willich, ûnfrij en wurkark fan de minske meitsje. En sa gau't in minske wat docht, hat er in oanlieding om te sjongen, - al it dwaan is mei de byhelp fan geasten ferknotte: tsjoendersliet en beswarring lykje de oerfoarm fan de poëzy te wêzen. As in fers ek by it orakel brûkt waard, - de Griken seine, de heksameter wie yn Delfi útfûn, - dan soe it ritme dêr allyk twang útoefenje. Jin foarsizze litte, - dat betsjut oarspronklik (wat neffens myn betinken wol de ôflieding fan it Grykske wurd west ha sil): wat foar jin bepale litte; minsken leauden dat se de takomst betwinge koene troch Apollo foar har te winnen: hy, dy't neffens de âldste berjochten folle mear is as in god dy't foarsjocht. Sa't de formule útsprutsen wurdt, krekt neffens ritme en letter, sa boeit er de takomst: de formule is lykwols de útfining fan Apollo, dy't as god fan it ritme ek de goadinnen fan it needlot boeie kin. - Oer it ginneraal sjoen en frege: wie der foar dy âlde, byleauwige minskesoart eins wol wat nuttigers as it ritme? Dêrmei koe alles: in put magysk begeunstigje; noadzje in god om te ferskinen, deunby te wêzen, ta te hearren; lis de takomst neffens eigen wil fêst; befrij de eigen siele fan lykfolhokker tefolle (fan bangens, fan maniakalens, fan meilijen, fan wraaksucht), en net allinnich de eigen siele, mar ek dy fan de kwea-aardichste demon, - sûnder it fers wiene jo neat, dêrmei benei in god. Sa'n basisfiellen lit him nea net mear folslein útroegje, en sels no, nei millennia fan dreech bodzjen yn de striid tsjin sok byleauwe, wurdt ek de wiiste fan ús by gelegenheid de nar fan it ritme, al is it ek allinnich mar dat er in gedachte earder foar wier hâldt as dy in metryske foarm hat en mei in godlik hopsasa oansetten komt. Is it net in tige grappich ding dat noch altyd de meast earnstige filosofen, hoe strang at se fierders alle wissichheden ek neirinne, har op dichterssechjes beroppe om har tinzen krêft en leauwensweardigens mei te jaan? - En dochs stiet in wierheid faaier as de dichter dy meistimt as wannear't er dy tsjinsprekt! Want sa't Homeros seit: "De sjongers lige wat ôf!" -

85.
It goede en it moaie. - Keunstners ferhearlikje aloan, - se dogge oars neat - : al dy seldichste tastannen en dingen dy't de namme ha dat dêrby en dêryn de minske him ris goed of grut of dronken of bliid of woldiedich en wiis fielle kin. Dy

útsochte dingen en tastannen dy't yn har wearde foar it minsklik lok as wis en fêststeld jilde, binne de objekten fan de keunstners: se lizze hieltyd op de kuer om dyen gewaar te wurden en nei it mêd fan de keunst oer te heuveljen. Ik wol mar sizze: se binne net sels de taksateurs fan it lok en fan de lokkigens, mar se kringe har almaroan yn de deunbyens fan dy taksateurs op, mei de grutste nijsgjirrigens en nocht, om dy har ynskattingen daalks út te nutsjen. Sa wurde se, om't se behalve har ûngeduld ek de grutte longen fan de heraut en de fuotten fan de boadskiprinder ha, altyd ek by de earsten hearre dy't it nije goede ferhearlikje, en faak foar dyen trochgean dy't it earst goed neamme en as goed taksearje. Dat is lykwols, lykas sein, in fersin: se binne allinnich mar flugger en lûdroftiger as de wiere taksateurs. - En wa binne dat? - Dat binne de riken en de liddigen.

86.
Oer it teater. - Dizze dei joech my wer sterke en hege fiellingen, en as ik op syn jûn muzyk en keunst ha koe, dan wist ik wol hokke muzyk en keunst as ik net ha woe, nammentlik dy seldichste net dy't syn harkers mei in roes bedwylje wol en jei se op nei in stuit fan sterk en heech fiellen, - dy minsken fan it al-den-dei fan de siele, dy't jûns net oerwinders op triomfkarren belykje, mar mêde mûlezels dêr't it libben syn swipe wat te faak oerhinne helle hat. Wat soene dy minsken eins fan "hegere stimmingen" witte kinne, as der net roesmiddels en idealistyske swypslaggen wiene! - En sa ha se har sutelders fan geastdrift, sa't se har alkoholika ha. Mar wat is my har drank en har dronkenens! Wêr soe de geastdriftige wyn foar nedich wêze? Earder sjocht er mei in soarte fan wearze op dy middels en sutelders del, dy't dêr in wurking sûnder foldwaande grûn produsearje moatte, - in neiapen fan de hege sielefloed! - Wat? Jou de mol wjukken en grutske waanideeën, - foar de sliep, foar't er yn syn hoale krûpt? Stjoer him it teater yn en set him tsjokke glêzen foar de bline mêde eagen? Minsken, dy har libben gjin "hanneljen" mar in nearing is, sitte foar it toaniel en oanskôgje frjemdsoartige wêzens dy't it libben mear is as in nearing? "Dat is fatsoenlik", sizze jim, "dat is ûnderhâldend, dat wol de beskaving!" - No dan! Dan mis ik al te faak beskaving: want dat oansjen is my mar al te faak wearzich. Dy't fan himsels trageedzje en komeedzje genôch hat, bliuwt leafst fier by it teater wei; of, by útsûndering, wurdt it hiele barren, - teater en publyk en dichter ynbegrepen, - foar him it eigentlike tragyske en komyske skôgspul, dat it opfierde stik hat dêrfoaroer foar him net folle te betsjutten. Wa't soksawat as Faust en Manfred is, wat maalt dy om de Faust en Manfred fan it teater! - Wylst it him grif noch te tinken jout, dat sokke figueren útsoarte op de planken brocht wurde. De sterkste tinzen en hertstochten foar harren dy't ta it tinken en de hertstocht net bysteat binne, mar al ta de roes! En dy as middel dêrta! En teater en muzyk it sjitsmoken en kooksnuven fan de Europeanen! Och wa fertelt ús de hiele skiednis fan de narkotika! - It is hast de skiednis fan de "beskaving", fan de saneamde hegere beskaving!

87.
Oer de idelens fan de keunstners. - Ik leau, keunstners witte faak net wêr't se it bêst yn binne, om't se te idel binne en har sinnen op in oanlieding ta mear grutskens set ha, as dy plantsjes lykje te jaan dy't nij, seldsum en moai, yn wiere perfeksje op har boaiem waakse kinne. It úteinliks goede fan de eigen tún en wynberch skatte se út de hichte leech yn, en har leafde en har ynsjoch partuerje net. Dêr is in muzikus, dy't mear as lykfolhokker muzikus, syn masterskip hat yn it finen fan de toanen út it ryk fan lijende, deltreaune, temartle sielen en ek noch stomme dieren spraak jaan kin. Gjinien kin him belykje yn syn kleuren fan de lette hjerst, fan it mei gjin pinne te beskriuwen oandearende lok fan in lêst, alderlêst, alderkoartst genietsjen, hy ken in klank foar dy heimsinnige, wansillige middernacht fan de siele, dêr't oarsaak en gefolch út de foegen skuord lykje te wêzen en alle stuiten wat "út it neat" ûntstean kin; hy hat de lokkichste greep fan har allegearre as er ophellet út de ûnderste grûn fan it minsklik lok en om it samar te sizzen út de leechdronken beker dêrfan, dêr't de bitterste en tsjinnichste drippen op it lange lêst te'n goede of tsjoede mei de swietste gearrûn binne; hy ken it wurge ferskikken fan de siele dy't net mear springe of fleane, ja, net mear fierder kin; hy hat de skouwe eachopslach fan ferburgen pine, fan it begripen sûnder treast, fan it ôfskie nimmen sûnder bekentenis; ja, as de Orfeus fan alle geheime ellinde is er grutter as lykfolwa, en in protte is troch him krekt oan de keunst taheakke wat dêrfoar net út te drukken en sels de keunst ûnweardich like, mei't it mei wurden allinnich te ferbaljen, net te begripen wie, - in protte hiel lyts en mikroskopysk guod fan de siele: ja, hy is de master fan it hiel lytse. Mar hy wol it net wêze! Syn karakter hâldt folle mear fan de grutte muorren en it drystmoedige muorreskilderjen! It mist him dat syn geast in oare smaak en oanstriid hat en it leafst stiltsjes yn de hoekjes en herntsjes fan ferrinnewearre huzen tahâldt: - dêr, ferburgen, foar himsels ferburgen, skildert er syn eigentlike masterstikken, dy't allegear bare koart binne, faak mar ien maat lang, - earst dan wurdt er hiel goed, grut en folslein, faaks dêr allinnich. - Mar hy wit it net! Hy is te idel om it te witten.

88.
Earnst mei de wierheid. - Earnst mei de wierheid! Wat in ûngelike dingen fersteane de minsken ûnder dy wurden! Krekt dy seldichste opfettingen en manieren fan bewizen en útprobearjen dy't in tinker by himsels as lichtsinnichheden beskôget, dy't him ta syn skamte op ien of oar stuit oermânsk wiene, - krekt dyselde opfettingen koene in keunstner, dy't der tsjin oanrint en der in skoft mei omrint, it idee jaan, no hat de alderdjipste earnst mei de wierheid him oangrypt en it is bewûnderjensweardich dat hy, al is er ek keunstner, tagelyk lykwols de earnstichste begearte nei it tsjinoerstelde fan de wrâld fan de skyn sjen lit. Sa is it mooglik dat ien krekt mei syn patos fan earnstichheid ferriedt hoe oerflakkich en selsfoldien at syn geast oant no ta yn it ryk fan de kennis boarte hat. - En is net alles wat wy as wichtich beskôgje, ús ferrieder? It lit sjen wêr't ús gewichten lizze en hokke dingen as wy gjin gewichten foar ha.

89.
No en doe. - Wat soe al ús keunstwurkekeunst, as wy dy hegere keunst, de feestkeunst, kwyt binne! Doedestiids wiene alle keunstwurken yn de grutte feeststrjitte fan it minskdom opsteld, as tinkstiennen en monuminten fan hegere en silliger stuiten. No is der it krewearjen en lokje begrutlik wurch en siik folk fan de lange lijensjammer fan it minskdom fansiden, foar in glei stuitsje; har wurdt in lytse roes en gekkichheid oanbean.

90.
Ljocht- en skaadplakken. - Boeken en skriften binne by oare tinkers oars: de ien hat yn it boek de ljochtplakjes gearswile, dy't er fluch út de sinne fan in him opgeand ynsjoch take en thúsbringe koe; in oar jout allinnich de skaadplakken, de neibylden út 'en skieren en swartens, fan wat him de deis tefoar yn syn siele opboude.

91.
Foarsichtich. - Alfieri hat, lykas bekend, in protte liigd, doe't er syn fernuvere tiidgenoaten it ferhaal fan syn libben fertelde. Hy liigde út dat despotisme tsjin himsels wei, dêr't er blyk fan joech doe't er bygelyks syn eigen taal makke en himsels ta dichter betirannisearde: - hy hie lang om let in strange foarm fan ferhevenheid fûn, dêr't er syn libben en oantinken ynwrotte: dêr sil in protte lijen mei mank west ha. - Ik soe ek it libbensferhaal fan Plato, skreaun troch himsels, net leauwe: likemin as dat fan Rousseau, of it "vita nuova" fan Dante.

92.
Proaza en poëzy. - Beachtsje doch dat de grutte masters fan it proaza hast altyd ek dichters west ha, itsij iepenlik, itsij allinnich mar yn it geheim en foar de "lytse rûnte"; en it is wier, allinnich each yn each mei de poëzy wurdt goed proaza skreaun! Want proaza is in ûnûnderbrutsen, hoflike striid mei de poëzy: al syn stimulâns sit him deryn dat hieltyd de poëzy ûntrûn en tsjinsprutsen wurdt; alle abstrakta wolle as streekjes tsjin de poëzy en as mei in spotsk lûd foardroegen wurde; alle droechheden en koelens moat de leaflike goadinne yn leaflike fertwifeling bringe; faak binne der stappen neiinoar ta, fermoedsoeningen fan in amerij en dan in hommels tebekspringen en útlaitsjen; faak wurdt it gerdyn iepenlutsen en in gril ljocht deryn litten, wylst krekt de goadinne fan har twiljocht en dompe kleuren wille hie; faak wurdt har it wurd út de mûle nommen en mei in melody te'n ein songen, dat se de fine hantsjes foar de fine earen docht, - en sa hat de striid tûzen genietingen, de delslaggen meirekkene, dêr't de ûnpoëtysken, de saneamde proazaminsken, neat net fan witte: - de striid is de heit fan alle goede dingen, de striid is ek de heit fan it goede proaza! - Fjouwer bare spesjale en wier dichterlike minsken wiene der yn dizze ieu, dy't ta it masterskip yn it proaza slagge binne, en dêr is dizze ieu oars net foar makke, - út gebrek oan poëzy, lykas oanjûn. Goethe net meirekkene, dy't lykas binlik is opeaske wurdt troch de ieu dy't him foar it ljocht brocht, sjoch ik oars net as Giacomo Leopardi, Prosper Mérimée, Ralph Waldo Emerson en Walter Savage Landor, de skriuwer fan de "Imaginary Conversations", dy't it wurdich binne master fan it proaza te hjitten.

93.
Mar wêrom skriuwsto dan? - A: ik hear net by dejingen dy't mei de wiete fear yn de hân tinke: en noch minder by dejingen dy't har foar de iepen inketpot oan har hertstochten oerjaan, mei it efterste op de stoel en de eagen op it pompier. Ik ha argewaasje of skamte fan alle skriuwerij; it skriuwen is foar my in lichemsfunksje, - sels yn gelikenis deroer prate is my tsjinnich. B: mar wêrom skriuwsto dan? A: ja, bêste man, yn fertrouwen sein: ik ha oant no ta noch gjin oare wei sjoen om myn tinzen kwyt te wurden. B: en wêrom wolst se dan kwytwurde? A: wêrom ik wol? Wol ik dan? Ik moat. - B: genôch, genôch!

94.
Waaksdom nei de dea. - Dy lytse, drystmoedige wurden oer moralistyske dingen, dy't Fontenelle yn syn ûnstjerlike deadspetearen derút smiet, giene yn syn tiid foar paradoksen en spultsjes fan in dubieuze grappichheid troch; sels de heechste rjochters fan smaak en geast seagen der net mear yn, - ja, miskien Fontenelle sels ek net. Dan bart wat hast net te leauwen is: dy tinzen wurde wierheden! De wittenskip bewiist se! It spul wurdt earnst! En wy lêze dy dialogen mei oare eagen as Voltêre en Helvetius se liezen, en tinke ûnwillekeurich oars oer de auteur, en ha him folle heger yn de rangoarder fan grutte geasten, as hja diene, - mei rjocht en reden? Of te'n ûnrjochte?

95.
Chamfort. - Dat sa'n kenner fan minske en massa lykas Chamfort no krekt de massa bysprong en net op in ôfstân syn filosofyske ûnôfhinklikens bewarre, dat kin ik oars net ferklearje as sa: ien ynstinkt wie yn him sterker as syn wiisheid, en wie nea befredige wurden, de haat tsjin alle bloedadel: miskien de âlde, mar al te ferklearbere haat fan syn mem, dy't troch de leafde foar de mem yn him hillich sprutsen wie, - in wraakynstinkt út syn jonge jierren, dat wachte op it stuit dat syn mem wreke wurde koe. En no hie it libben en syn sjeny en, och, it measte wol it bloed fan syn heit dat yn syn ieren brûze him derta ompraat en slút him oan by en identifisearje him mei dy seldichste bloedadel, - in protte, protte jierren lang! By einsluten koe er lykwols syn eigen oansjen, it oansjen fan de "âlde minske" ûnder it âlde regime net mear ferneare; in ferheftich boetefjoer krige him yn 'e besnijing, en yn dy tastân die er de pet fan de plebejer op, as syn soarte fan boetekleed. Syn ferkeard gewisse wie dat er de wraak fersomme hie. - Stel, Chamfort hie doe in bytsje mear filosoof west, dan hie de revolúsje syn tragyske humor en syn skerpste stikel net krigen: dy hie dan foar in folle platter barren trochgien en net sa'n ferlied foar yntellektuelen west. Mar mei de haat en de wraak fan Chamfort waard in hiele ginneraasje grutbrocht: de trochloftichste minsken moasten dy skoalle troch. Betink doch dat Mirabeau tsjin Chamfort opseach as tsjin syn heger en âlder sels, dêr't er oanwizingen, warskôgingen en oardielen fan ferwachte en ferdroech, - Mirabeau, dy't as minske by in gâns oare rang fan gruttens heart as sels de earsten ûnder de grutte steatslju fan juster en hjoed. - Nuver dat mei sa'n freon en foarsprekker, - de brieven fan Mirabeau oan Chamfort binne ommers oerlevere - , dy meast humoristyske fan alle moralisten de Frânsen frjemd bleaun is, krekt as Stendhal, dy't miskien fan alle Frânsen fan dizze ieu de eagen en earen mei de djipste tinzen derby hân hat. Is it dat dy lêste úteinliks tefolle fan in Dútsker en in Ingelskman yn him hie om foar Parizers noch te fernearen te wêzen? - Wylst Chamfort, in minske, ryk oan djipten en eftergrûnen fan de siele, tsjuster, lijend, fjurrich, - in tinker dy't it laitsjen as it hielmiddel tsjin it libben nedich fûn en dy't himsels hast as ferlern beskôge op dagen dat er net lake hie, - dy docht folle mear as in Italiaan en bloedsibling fan Dante en Leopardi oan dan as in Frânsman! De lêste wurden fan Chamfort binne bekend: "Ah, mon ami," sei er tsjin Sieyès, "je m'en vais enfin de ce monde, où it faut que le coeur se brise ou se bronze - " ("Och myn freon, lang om let fertsjoch ik fan dizze wrâld, dêr't it hert tebrekt of appelet"). Dat binne wis gjin wurden fan in stjerrende Frânsman.

96.
Twa sprekkers. - Fan dizze beide sprekkers bringt de ien allinnich de reedlikheid fan syn saak oer as er him oan syn fjurrichheid oerjout: dy pompt him pas genôch bloed en hjittens yn de holle om syn hege yntellekt ta de iepenbiering te twingen. De oar besiket wol hjir en dêr itselde: jout mei help fan de fjurrigens lûd oan de saak, bringt dy ferheftich en meislepend nei foaren, - mar yn de regel sûnder risseltaat. Hy praat der dan al gau raar en rou yn om, hy oerdriuwt, hy lit dingen wei en ropt mistrouwen op oft syn saak wol reedlik is: ja, hy fielt sels dêrby dat mistrouwen en dat ferklearret de brike setten mei de kâldste en wearzichste klanken, dy't by de harkers twifel oproppe oft al syn fjurrichheid wol echt west hat. By him strûpt de geast der hieltyd ûnder troch de fjurrichheid; miskien, om't dy sterker is as by de oar. Mar hy is op it hichtepunt fan syn krêft as er de opkommende stoarm fan syn fiellen wjerstiet en om it samar te sizzen neehjit: dan komt syn geast pas út syn beskûl, in logyske, spotske, boartsjende, en doch freeslike geast.

97.
Oer de praatskens fan de skriuwers. - Der is in praatskens fan de grime, - faak en folle by Luther, ek by Schopenhauer. In praatskens fanwege in te grutte foarrie fan begrypsformules lykas by Kant. In praatskens út wille om hieltyd nije frazen foar deselde saak: te finen by Montaigne. In praatskens fan smeulske natueren: wa't wurk fan dizze tiid lêst, sil him dêrby twa skriuwers yn it sin bringe kinne. In praatskens út wille om goede wurden en taalfoarmen: net selden yn it proaza fan Goethe. In praatskens út in ynderlik behagen yn leven en grimel-gramel fan fiellingen: bygelyks by Carlyle.

98.
Shakespeare te'n eare. - It moaiste wat ik Shakespeare, de minske, te'n eare sizze kinne soe is dit: hy hat yn Brutus leaud en gjin spatsje mistrouwen op dy soarte fan deugd smiten! Him hat er syn bêste trageedzje wijd, - dy wurdt noch altyd mei de ferkearde namme oantsjut, - him en it freeslikste hichtepunt fan hegere moraal. Unôfhinklikheid fan de siele! - Dêr giet it dêr om! Gjin offer kin dêr te grut foar wêze: sels jo leafste freon moatte jo offerje kinne, en as er dêrby noch de hearlikste minske, sier en tier fan de wrâld is, sjeny sûnder wjergea, - as jo de frijheid as de frijheid fan grutte sielen leaf ha, en troch har dy frijheid faai stiet: - soksawat moat Shakespeare field ha! Sa't er Caesar yn de hichte stekt, dat is de fynsinnichste eare dy't er Brutus bewize koe: dan pas jout er in ûnhuere gruttens oan syn probleem en allyksa oan de sielekrêft nedich om dy knoop troch te slaan! - En wie it wier de politike frijheidssin dy't de dichter it meilijen mei Brutus optwong, - en ta meidieder fan Brutus makke? Of wie de politike frijheid net mear as in symboal foar wat ûnútsprekliks? Steane wy miskien foar ien of oar ûnbekend, tsjuster barren en aventuer út dichters eigen siele, dêr't inkeld mar yn metafoaren oer sprekke koe. Wat is alle Hamlet-mankelikens foar de Brutus-mankelikens oer! - En miskien koe Shakespeare dy ek, lykas er dy oare koe, - út ûnderfining! Miskie hie er ek syn tsjustere oere en syn kweade ingel, lykas Brutus! - Wat der lykwols ek foar oerienkomsten en geheime ferbannen west ha meie: foar de figuer en deugd fan Brutus as gehiel smiet Shakespeare him yn it stof en fielde him ûnweardich en fier fan him: - dat tsjûgenis hat er yn syn trageedzje delskreaun. Twaris hat er dêryn in dichter opfierd en twaris oer him sa'n ûngeduldige en finale ferachting útstoart dat it heart as in gjalp, - in gjalp fan selsferachting. Brutus, sels Brutus, ferliest syn geduld as de dichter him oppenearret, eigenwiis, patetysk, opkringerich, lykas dichters ornaris binne, as figueren dy't lykje te bylkjen fan mooglikheden ta gruttens en it doch komselden yn de filosofy fan de die en fan it libben sels mar ta gewoane rjochtskepenens bringe. "Ken er de tiid, dan kin ik syn kueren, - fuort mei dy klown!" - ropt Brutus. Fertaal dat mar werom nei de siele fan de dichter dy't it dichte.

99.
De oanhingers fan Schopenhauer. - Wat by it kontakt tusken kultuerfolken en barbaren te sjen is: dat gauris de legere kultuer fan de hegere earst de ûndeugden, swakten en ekstremiteiten oernimt, fan dêrút in ynfloed op him útoefene fielt en lang om let troch de oernommen ûndeugden en swakten wat fan de weardefolle krêft fan de hegere kultuer mei oar him hinne komme lit: - dat kin rûnom en sûnder reizen nei barbarefolken ek oanskôge wurde, wol wat subtiler en abstrakter en it is net sa maklik om de hân derop te lizzen. Wat is de oanhingers fan Schopenhauer yn Dútsklân hiem om fan har master as earste oer te nimmen? - Sokken dy't, yn ferliking mei syn superieure kultuer, harsels sa lyk barbaar fielle dat se earst ek as barbaar troch him fassinearre en ferlaat wurde. Is it syn hurde realiteitssin, syn goede wil ta helderheid en yntelliginsje, dy't har faak sa Ingelsk en mar sa'n bytsje Dútsk skine lit? Of de sterkte fan syn yntellektueel gewisse, dat in libbenslange tsjinspraak tusken wêzen en wollen úthold en him derta twong om himsels ek yn syn wurk al mar oan en hast op elk put tsjin te sprekken? Of syn suverens yn sake fan de tsjerke en de kristlike god? - Want fan dat wie er suver lykas gjin Dútske filosoof foar him, dat hy libbe en stoar "as Voltairiaan". Of syn ûnstjerlike lear fan de yntellektualiteit fan de oanskôging, fan de aprioriteit fan de kausaliteitswet, fan de wurkarknatuer fan it yntellekt en fan de ûnfrijheid fan de wil? Nee, dat hat allegear gjin tsjoen en wurdt net as tsjoen field: mar de mystike setten en útflechten fan Schopenhauer, oeral dêr't de realiteitstinker him ferliede en ferdjerre lit troch de idele ambysje en wês de riedselrieder fan de wrâld, de ûnbewiisbere leare fan ien wil ("alle oarsaken binne mar gelegenheidsoarsaken fan de ferskining fan de wil yn dizze tiid, op dit plak", "de wil om te libjen is yn alle wêzens, ek yn it minste, geef en ûnfersnien foarhannen, sa folslein, lykas yn allegearre dy't ea wiene, binne en wêze sille, byinoar nommen"), de ûntkenning fan it yndividu ("alle liuwen binne úteinliks mar ien liuw", "de mannichfâldigens fan yndividuen is skyn"; likegoed as ek de ûntjouwing mar skyn is: - hy neamt it idee fan Lamarck "in geniaal, absurd fersin"), de dweperij mei it sjeny ("yn de estetyske oanskôging is it yndividu net mear yndividu, mar suver, willeas, pynleas, tiidleas subjekt fan ynsjoch"; "it subjekt, mei't it folslein yn it oanskôge objekt opgiet, is dat objekt sels wurden"), de ûnsin fan it meilijen en fan de dêrtroch mooglik makke trochbrekking fan it prinsipium yndividuationis as de boarne fan alle moraliteit, ynbegrepen los sizzen lykas "it stjerren is eins it doel fan it bestean", "de mooglikheid kin net a priori samar ûntkend wurde dat in magyske wurking net fan ien dy't al stoarn is útgean kin"; dyselde en soartgelikense ekstremiteiten en ûndeugden wurde hieltyd it earste fan de filosoof oernommen en ta in leauwenssaak makke: - want ekstremiteiten en ûndeugden binne it maklikst nei te bauwen en ha gjin lange foaroefening nedich. Lykwols prate wy oer de romroftste fan de libjende Schopenhauerianen, oer Richard Wagner. - Him fergie it lykas it mear as ien keunstner fergien is: hy griep mis yn de útlis fan de figueren dy't er skoep en ferkende de ûnútsprutsen filosofy fan syn eigen keunst. Richard Wagner hat him de helte fan syn libben troch Hegel yn de mist fiere litten; itselde hat er nochris dien doe't er letter de lear fan Schopenhauer yn syn figueren lies en himsels mei "wil", "sjeny" en "meilijen" begûn te definearjen. Nettsjinsteande sil dit wier bliuwe: neat giet sa bot tsjin de geast fan Schopenhauer yn as it eigentlik wagneriaanske oan de helden fan Wagner: ik bedoel de ûnskuld fan de heechste selssucht, fan it leauwen yn de grutte beweging fan it moed as it goede op himsels, yn ien wurd, yn it Siegfriediaanske yn it oansjen fan syn helden. "Dat rûkt allegear earder noch nei Spinoza as nei my", - soe Schopenhauer faaks sizze. Lykfolhokke goede grûnen Wagner hie en sjoch krekt nei oare filosofen as nei Schopenhauer om, de tsjoen dy't him foar dizze tinker oer yn de besnijing naam, makke him net inkeld blyn foar alle oare filosofen mar sels foar de wittenskip; hieltyd mear wol syn hiele keunst him as partoer en pendant fan de filosofy fan Schopenhauer sjen en hieltyd útdrukliker sjocht er ôf fan de hegere ambysje en wês partoer en pendant fan minsklik ynsjoch en wittenskip. En net allinnich fiteret al de heimsinnige pronk fan dy filosofy him dêrta oan, dy't ek in Cagliostro oanfitere ha soe, de ôfsûnderlike gebearten en affekten fan de filosoof wiene hieltyd ferlieder! Schopenhaueriaansk is bygelyks Wagner syn grime oer it ferdjer fan de Dútske taal; en wa't op dat punt it neibauwen goedprate wol, moat ek net ferswije dat Wagner syn styl sels net in bytsje oan al de lekken en brekken lijt dy't Schopenhauer dûm makken en dat, mei it each op de dútsk skriuwende Wagnerianen, de Wagnergoarre krekt sa gefaarlik begjint te wurden as lykfolhokker Hegelgoarre. Schpenhaueriaansk is Wagner syn haat tsjin de Joaden, dy't er sels om har grutste fyt gjin rjocht dwaan kin: de Joaden binne ommers de útfiners fan it Kristendom. Schopenhaueriaansk is Wagner syn besykjen en fetsje it kristendom op as in paadbjuster stikje boeddisme, en ried foar Europa, troch in tydlik oansluten by katolyk-kristlike formules en ûnderfiningen, in boeddistysk tiidrek ta. Schopenhaueriaansk is Wagner syn preek te'n geunste fan begrutsjen yn de omgong mei dieren; Schopenhauer syn foargonger fan dat wie, lykas bekend, Voltaire, dy't miskien ek al, lykas syn neifolgers, syn haat tsjin beskate dingen en minsken wist yn te klaaien as begrutsjen mei dieren. Alteast is Wagner syn haat tsjin de wittenskip, dy't út syn preekjen sprekt, him wis net fan de geast fan myldens en goedens ynjûn, - en, lykas fansels sprekt, fan de geast allikemin net. - By einsluten hat de filosofy fan in keunstner net folle om de hakken, as dat mar in filosofy efterôf is en syn keunst sels gjin skea docht. Jo kinne je der net genôch foar hoedzje en wês in keunstner gram om in tafallige, faaks tige ûnlokkige en eigenwize maskerade; lit ús doch net ferjitte dat dy brave keunstners sûnder útsûndering wat fan toanielspilers ha en hawwe moatte en it sûnder toanielspyljen amper op fuotten hâlde kinne. Lit ús Wagner trou bliuwe yn wat oan him echt en oarspronklik is, - en wol trochdat wy, syn learfeinten, ússels trou bliuwe yn wat oan ús echt en oarspronklik is. Gun him syn yntellektuele kluchten en oanslaggen, betink yn alle binlikens hok seldsum droech en wiet in keunst as sines ha mei om libje en waakse te kinnen! It let neat net dat er as tinker sa faak ûngelyk hat; gerjochtichheid en geduld binne syn saak net. It is genôch dat syn libben foar himsels it gelyk oan syn kant hat en hâldt: - dit libben dat ús allegearre taropt: "Meitsje in man út en folgje my net nei, - mar dysels! Mar dysels!" Us libben moat foar ússels ek it gelyk oan syn kant hâlde! Wy moatte ek frij en frij fan freze, yn ûnskuldich selssykjen út ûssels wei waakse en bloeie! En sa klinke my, by it oanskôgjen fan sa'n minske, no ek noch, lykas doedestiids, dizze sinnen yn it ear: "dat bewegingen fan it moed better binne as stoïsisme en hucheljen, dat earlik wêze, sels yn it kwea, better is as jinsels oan de seedlikheid fan de tradysje ferlieze, dat de frije minske sawol goed as kwea wêze kin, mar dat de ûnfrije minske in skande fan de natuer is, en nearne yn de himel of op ierde treast fynt; by einsluten dat elkenien dy't frij wêze wol it troch himsels wurde moat, en dat gjinien de frijheid as in wûndergeskink yn de skurte falt." (Richard Wagner yn Bayreuth, side 94).

100.
Leare te huldigjen. - It huldigjen ek moatte de minsken leare as it ferachtsjen. Elkenien dy't nije paden ynslacht en in protte minsken nije paden ynslaan liet, wurdt mei fernuvering gewaar hoe ûngaadlik en earm at sokken yn de útdrukking fan har tankberens binne, ja hoe komselden as de tankberens him sels mar uterje kin. It is as stike him hieltyd, sa gau as er mar prate woe, wat yn de kiel, dat er inkeld mar kielskrabbet en yn it kielskrabjen fersmoart. Hoe't in tinker it effekt fan syn tinzen en har konstruktive en destruktive macht yn de rekken kriget is hast in komeedzje; bytiden hat it der in aard fan as fielt dy't in effekt ûndergiet him yn feite dêrtroch misledige en kin er oan syn, lykas er freest, faai steande selsstannigens allinich troch alderhanne ûnmanierlikheden útdrukking jaan. Meardere ginneraasjes binne nedich om lykfolhokker hoflike konvinsje foar it tanksizzen út te finen: en pas let komt dat stuit dat sels yn de tankberens in soarte fan geast en genialiteit kommen is: dan is der ornaris ek ien dy't dy grutte tank ynbart, net allinnich foar wat er sels oan goeds dien hat, mar almeast foar wat syn foargongers stadichoan as in tresoar fan it heechste en bêste garre ha.

101.
Voltaire. - Oeral dêr't in hof wie, hat er de wet fan it goede sprekken en dêrmei ek de wet fan de styl foar al dy skriuwt opsteld. De hoftaal is lykwols de taal fan de hofling, dy't gjin fak hat en dy't himsels yn petearen oer wittenskiplike saken alle handige technyske útdrukkingen ferbiedt, om't se nei in fak rûke, dêrom is de technyske útdrukking en alles wat de spesjalist ferriedt yn de lannen mei in hofkultuer in smet op de styl. Wy binne yn ús tiid, no't alle hoffen karikatueren fan doe en no wurden binne, fernuvere dat wy sels Voltaire op dat punt ûnmooglik stiif en skruten fine (bygelyks yn syn oardiel oer sokke stilisten as Fontenelle en Montesquieu), - wy binne no ienris fan alle hofsmaak emansipearre, wylst Voltaire dy foltôge!

102.
In wurd foar de filologen. - Dat der boeken binne, sa weardefol en keninklik, dat ginneraasjes fan learden goed ynset binne, at se troch har krewearjen dy boeken suver en begryplik hâlde, - om dat leauwe hieltyd wer te befestigjen bestiet de filology. De filology foarûnderstelt dat der sokke seldsume minsken binne (ek al sjogge jo se daalks net), dy't sokke weardefolle boeken wier witte te benutten: - it sille wol dyselden wêze dy't sels sokke boeken meitsje of meitsje kinne. Ik woe mar sizze, de filosofy ferûnderstelt in foarnaam leauwe, - dat te'n geunste fan mar in pear lju, dy't hieltyd "komme sille" en der net binne, yn it foar in bare grutte brot fan pynlik, sels smoarch wurk ôfhannele wurde moat: it is allegear wurk "in usum Delphinorum" (te'n geunste fan de hegere machten fan Delfi).

103.
Oer de Dútske muzyk. - De Dútske muzyk is mear as alle oare dé Europeeske muzyk om't allinnich dêryn de feroaring dy't Europa troch de revolúsje ûnderfûn, útdrukking krige: allinnich Dútske muzisy kinne de roeringen fan folksmassa's útdrukke, dat ûnhuere, keunstige leven dat net iens hiel lûd hoecht te wêzen, - wylst bygelyks de Italiaanske opera allinnich koaren fan tsjinners of sldaten hat, mar gjin "folk". Dêr komt by, dat yn alle Dútske muzyk in djippe boargerlike oergeunst op de noblesse te beharkjen is, op esprit en elegânsje, as de útdrukking fan in hoflike, ridderlike, âlde, fan himsels oertsjûge maatskippij. Dat is gjin muzyk lykas dy fan Goethe's sjonger foar de doar, dy't ek "yn de seal", en wol by de kening, goed falt; dêr is it net: "de ridders kipen moedich, yn de skurte fan de fammen". Sels de graasje komt net sûnder de wroechwjirm fan it gewisse foar yn de Dútske muzyk; by de bekoarlikens, de lanlike suster fan de graasje, begjint de Dútsker him pas moreel hielendal yn oarder te fiellen, - en fan dat punt út dan hieltyd mear oant syn dweperige, gelearde, faak nitelige "ferhevenheid", de Beethoveniaanske ferhevenheid. Wolle jo je de minske by dy muzyk yntinke, no, tink dan mar oan Beethoven, sa't er njonken Goethe ferskynt, bygelyks by dy moeting yn Teplitz: as de healbarbarij njonken de kultuer, as folk njoken adel, as de goedaardige minske njonken de goede en noch mear as "goede" minske, as de fantast njonken de keunstner, as dy't treast siket njonken dy't it fûn hat, as de oerdriuwer en stokelder njonken de reedlike minske, as de ritige selskweller, as de ekstatyske dwaas, as de sillich-wanlokkige, as de eigenwize rûchhouwer - en alles bynoar as de "ûnbesnoeide minske": sa fielde en tsjutte Goethe him oan, Goethe sels, de útsûndering ûnder de Dútskers, dêr't noch gjin passende muzyk foar fûn is! - Betink by einsluten ek oft dy hieltyd wider fiemjende ferachting foar de melody en dy fertoarking fan de sin foar it melodieuze by de Dútskers net as in demokratyske ûndeugd en effekt fan de revolúsje begrepen wurde moat. Want de melody hat sa'n dúdlike wille yn wetmjittigens en sa'n tsjinnichheid fan al dat wurdt, net foarme, willekeurich is, dat dy as in klank út de âlde oarder fan de Europeeske dingen en as in ferlied en weromkear dêrta klinkt.

104.
Oer de klank fan de Dútske taal. - Oer de klank fan de Dútske taal. - It is algemien bekend wêr't it Dútsk weikomt dat sûnt in ieumannich de algemiene skriuwtaal is. De Dútskers, mei har earbied foar alles dat fan it hof kaam, ha mei opsetsin de kânselerij as foarbyld nommen yn al dat te skriuwen hiene, dus yn har brieven, oarkonden, testaminten en sa mear. De taal fan de kânselerij, dat wie de taal fan hof en bestjoer, - dat wie wat foarnaams, yn ferliking mei it Dútsk fan minsken har wenplak. Linkendewei waard dy line trochlutsen en sprutsen de lju lyk at se skreaunen, - sa waarden se noch foarnamer, yn de wurdfoarmen, yn de kar fan wurden en frazen en by einsluten ek yn de klank: se diene it hofaksint nei at se sprutsen, en it neidwaan waard by einsluten gewoan. Miskien hat soksawat him nearne oars foardien: de oerweldiging fan de sprektaal troch de skriuwtaal en de oanstelderij en foarnaamdoggerij fan in hiel folk as grûnslach fan in algemiene taal boppe it dialekt. Ik leau, de klank fan de Dútske taal wie nei de midsieuwen glûpende boersk en fulgêr: it is yn de lêste ieuwen wat ealer wurden, fral trochdat minsken it nedich achten en malkje safolle Frânske, Italiaanske en Spaanske klanken nei, en dat fan de kant fan de Dútske (en Eastenrykske) adel, dy't himsels mei de memmetaal net gerive koe. Mar foar Montaigne of sels Racine sil it Dútsk likegoed net te fernearen sa fulgêr klonken ha: en sels no klinkt it, yn de mûle fan de reizger, midden tusken Italiaansk rapalje, noch hieltyd rûch en rou, as oerwâldlûden, heazich, as kaam it út rikkerige hoalen. - No wurd ik gewaar dat ûnder de doedestiidske bewûnderers fan de kânselerijen wer sa'n oanstriid ta foarnamens om him hinne grypt, en dat de Dútskers har deljouwe ûnder in hiel aparte "klanktsjoen", dy't mei de tiid in wier gefaar foar de Dútske taal wurde kin, - want skrikliker klanken siket men yn Europa fergees om. Eat yn de stim dat húnsk is, kâld, ûnferskillich, sleau: dat docht de Dútskers no "foarnaam" oan - en ik beharkje de goedwil foar de foarnamens yn de stim fan jonge beambten, leararen, froulju, keaplju; ja, lytse famkes dogge sels dat offisiersdútsk al nei. Want de offisier, en dy Prusysk, is de útfiner fan dy klanken: dy seldichste offisier, dy't as militêr en fakman dy bewûnderjensweardige fiellingen fan beskiedenheid hat, dêr't alle Dútskers wat fan leare koene (Dútske professoaren en muzisy ynbegrepen). Mar sagau't er sprekt en beweecht is er de meast ûnbeskieden en smakeleaze figuer fan it âlde Europa, - sûnder bewitten fan himsels, sûnder twifel! En ek sûnder bewitten fan de goede Dútskers dy't him angapje as de earste en foarnaamste fan de hegerein en him graach "de toan oanjaan" litte. En dat dochte er ek! - En earst binne it de korporaals en ûnderoffisieren dy't syn toan neidogge en rûch en rou meitsje. Beachtsje de kommandoroppen mar ris, dy't yn alle Dútske stêden letterlik ombruld wurde, no't der foar alle doarren eksersearre wurdt: wat in arrogânsje, wat in dûm bearen fan autoriteit, wat in húnske kjeld klinkt út dat brullen op! Soene de Dútskers wier in muzikaal folk wêze? - Wis is dat de Dútskers har no yn de klank fan har taal militarisearje: alle kâns, at se it ienris leard ha militêr te sprekken, dat se lang om let ek militêr skriuwe sille. Want de bewendens oan beskate klanken taast djip yn it karakter: - no ha se de wurden en frazen, aansen ek de tinzen dy't mei dy klank partuerje! Miskien skriuwe se no al as offisieren; miskien lês ik gewoan net genôch fan wat der hjoeddedei yn Dútsklân skreaun wurdt. Mar ien ding bin ik namste wisser fan: de iepenbiere Dútske manifestaasjes, dy't ek it bûtenlân berikke, binne net troch de Dútske muzyk ynspirearre mar troch krekt dy nij klank fan in smakeleaze arrogânsje. Hast yn alle taspraken fan de earste Dútske steatsman en sels as er fam him hearre lit troch syn keizerlike wurdfierder, is in aksint dat it ear fan in bûtenlanner mei wearze ôfwiist: mar de Dútskers ferneare it, - se ferneare harsels.

105.
De Dútskers as keunstners. - As de Dútsker ienris yn fjoer en flam rekket (en net allinnich, lykas sa faak, yn de goede wil dêrta), dan hâldt en draacht er him sa't er moat, en sint der fierder net op om. De wierheid is lykwols, dat er him dan tige knoffelich en ûnsjoch en as sûnder mjitte en melody hâldt en draacht, dat de taskôgers ha har pine en har emoasjes dêrby en oars neat: - útsein as er him yn de ferhevenens en útskroevenens ferheft, dêr't mannige passy ta bysteat is. Dan wurdt sels de Dútsker moai! In aan fan de hichte dêr't de skjintme syn tsjoen sels oer Dútskers útjit, jaget de Dútske keunstners de hichte en ueberhichte en de útspattingen fan fjoer en flam yn: dat in wier djip langstme en kom oer de ûnsjoggens en knoffeligens hinne, of sjoch der op syn minst oerhinne, - nei in bettere, lichtere, súdliker, sinniger wrâld. En sa binne har krampen faak mar in teken dat se dûnsje wolle soene: dy earme bearen, dêr't ferhoalen nimfen en wrâldgoaden har tsjirgje - en somtiden noch hegere godheden.

106.
Muzyk as foarsprekker. - Ik ha toarst nei in master fan de toankeunst," sei in fernijer tsjin syn learfeint, "dat er my myn tinzen ôfleart en se fierder yn syn taal útsprekt: sa sil ik by de minsken better ta it ear en it hert yngean. Mei toanen kinne de minsken ta alle fersinnen en alle wierheden ferlaat wurde: wa kin in toan wjerlizze?" - "Dat do woest foar net te wjerlizzen trochgean?" sei syn learfeint. De fernijer andere: "ik woe, it sie waard beam. As in lear beam wurde sil, moat der in lang skoft yn leaud wurde: as der yn leaud wurde sil, moat de lear foar net te wjerlizzen trochgean. De beam is stoarmen, twifel, ûnrant, grime nedich, dat er it aard en de krêft fan syn sie iepenbieret; lit him brekke, as er net sterkernôch is! Mar sie wurdt altyd allinnich mar ferneatige, - net wjerlein!" - Doe't er dat sein hie, rôp syn learfeint ferheftich: "Mar ik leau oan dyn saak en hâldt dy foar sa sterk dat ik alles, alles, sizze sil, wat ik noch dêrtsjin op it hert ha." - De fernijer lake yn himsels en kaam mei it warskôgjende fingerke. "Dat soarte fan learfeinten," sei er doe, "is de bêste, mar hy is gefaarlik en net elke soarte fan lear ferdraacht him."

107.
Us lêste tankberens foar de keunst. - Hiene wy de keunst net goedkard en dy soarte fan kultus fan it ûnwiere útfûn, dan hie dat ynsjoch yn de algemiene ûnwierens en leagenigens, dat ús hjoeddedei troch de wittenskip jûn wurdt, - it ynsjoch yn de waan en it fersin as in betingst foar in bestean fan ynsjoch en gewaarwurding, - alhiel net út te hâlden west. De reedlikheid soe de wearze en de selsmoard as gefolch ha. No hat ús reedlikheid lykwols in tsjinkrêft, dy't ús helpt en ûntrin sokke konsekwinsjes: de keunst, as de goede wil ta de skyn. Wy belette it ús each net altyd, en sjoch mei it each op it dichtsjen wat minder skerp: en dan is it net mear de ivige ûnfolsleinens dy't wy boppe de floed fan de wurding drage, - dan tinke wy dat wy in goadinne drage en binne grutsk en bernich yn dy tsjinst. As estetysk fenomeen kinne wy it bestean noch altyd ferdrage, en troch de keunst binne ús each en hân en foaral it goede gewisse derfoar jûn om fan ússels ek sa'n fenomeen meitsje te kinnen. Wy moatte bytiden fan ússels bekomme, troch om ússels hinne, op ússels del te sjen, en, út hege keunstnersfierten wei, om ússels dêrûnder te laitsjen of om ússels dêrûnder te gûlen; wy moatte de held en likegoed de nar ûntdekke, dy't yn ús fjurrichheid om ynsjoch beskûl giet, wy moatte bytiden bliid om ús healwizens wêze om bliid om ús wiisheid bliuwe te kinnen! En krekt om't wy yn lêste ynstânsje drege en serieuze minsken en mear gewichten as minsken binne, docht neat ús sa goed as de narrekape: wy ha dy foar ússels nedich, - wy ha alle oermoedige, sweevjende, dûnsjende, spotske, bernige en sillige keunst nedich om dy frijheid boppe de dingen net kwyt te reitsjen, dy't ús ideaal fan ús easket. It soe in tebekfal foar ús wêze, en bedarje krekt mei ús fjurrige reedlikheid alhiel yn de moraal en feroarje sels noch, omwille fan de heechstrange easken dy't wy op dat punt oan ússels stelle, yn deugdsume gedrochten en fûgelferskrikkers. Wy soene ek heech boppe de moraal stean kinne moatte: en net allinnich boppe har stean, mei de benaude stivens fan ien dy't alle stuiten bang is dat er útglydt en falt, mar sweevje en boartsje ek boppe har! Hoe soene wy fan datoangeande de keunst, de nar misse kinne? - En sa lang as jim jim noch op ien of oare manier foar jimsels skamje, hearre jim noch net by ús!