Fjirde Boek

Sanctus Januarius

Dyn flammespear stekt ree
Troch myn siele-iis in wei,
Dat er strûzend nei de see
Fan syn heechste hope jeit:
Helderder en hieltyd sûner
Yn leafdefolste moatten frij: -
Sa priizget er it wûnder, dy,
Moaiste Januarius!

Genua yn Jannewaris 1882.

276.
By it nije jier. - Noch libje ik, noch tink ik: ik moat noch libje, want ik moat noch tinke. Sum ergo cogito: cogito, ergo sum. ("Ik bin, dus ik tink: ik tink, dus ik bin.") Hjoed stiet elkenien it himsels ta en sprek syn winsk en leafste tins út: no, sa wol ik ek sizze, wat ik mysels hjoed tawinske en hokker tins as my dit jier it earst oer it hert rûn, - hokker tins as my basis, boarch en swietekau fan al myn fierdere libben wêze sil! Ik wol hieltyd mear it needwindige oan de dingen as it moaie leare te sjen: - sa sil ik ien fan dyen wêze dy't de dingen moai meitsje. Amor fati: lit dat fan no ôf myn leafde wêze! Ik wol gjin oarloch fiere tsjin 'e ûnsjoggens. Ik wol net oankleie, ik wol net iens de oankleiers oankleie. Fuort-sjen sil myn iennichste ûntkenning wêze! En, alles byinoar en yn it grut: ik wol ea allinnich noch mar in jasizzer wêze!

277.