In feestlike priisútrikking yn it Oranje Lach- en Gierhûs.
De ANCO-priis (ANne en COr) is foar Hoekstra en Hettinga fan Kistwurk.

Eric Hoekstra

Dy middeis ha ik frijnommen. Ik stean foar de spegel yn myn seegriene pak en ynspektearje oft ús wurkster de mansjetknopen wol kreas poetst hat. Gelokkich: de ûnderbetelle au pair fan de Filipijnen wit har plak. As DE MAN stap ik it hûs út en rydt yn myn tsjinstfehikel nei it Oranje Lach- en Gierhûs, dêr't Heeltsje H en ûnderskreaune de ANCO kultuerpriis yn ûntfangst nimme sille. Foar't ik binnenstap sjit in redakteur dy't anonym bliuwe wol my oan mei de fraach oft ik noch in útnoeging oer ha. "Sorry", sis ik, "de ballotagekommisje is no ienkear tige strang".

"En dat is mar goed ek", tink ik, en stap it kafee binnen dat swart fan de minsken is. En fan de smook. Earbiedich wykt de mannichte foar my útinoar en Anne Feddema begroetet my mei in big smile. Achter him Cornelis van der Wal, want achter elke succesfolle man stiet no ien kear ... in suksesfolle man. Tinkt Heeltsje, wylst er ACHTER my it kafee binnenstapt. "Och Heeltsje bisto der ek?", seit Anne, en begroetet myn Kistwurklike broer hast like hertlik as myselme.

It is frij drinken op kosten fan it Anco-komité en dat ferklearret faaks de manmachtige opkomst yn it oars om dy tiid frij stille kafee. Penningmaster Feddema wurdt al wat bleek om de noas as er sjocht hoefolle minsken as der fan it frije drinken profitearje sille. En dat wurdt net minder as er sjocht yn hok tempo syn kollega-komitaat Van der Wal ynnimt.

Oan de sjuerytafel sitte Aly van der Mark (fertsjintwurdichster fan Omrop Fryslân) en Asing Walthaus (haadredakteur fan de Ljouwerter Krante) dan al klear om it sjueryrapport foar te lêzen. "Gjin inkel oar tydskrift, literêr, kultureel of oars, doart it oan om Ynternet en keunst sa meiinoar te ferfrisseljen sa as jim dat dogge. Fansels, guon keunstners en blêden ha wol in ynternetside as statysk úthingboerd. Mar by jim gebeurt wat. Jim meitsje "action-painting" of better "action literature", "interaction-literature" op it Ynternet. Jim ha de resinsje ta keunstfoarm ferheven. Jim ynteragearje mei skriuwers en lêzers allyk. Jim stelle jimsels oer it Ynternet as minske en as redaksje yn de weachskeal, in weach-skeal dêr't jim jim gewicht en dat fan oaren yn hifkje en weagje en dêr't jim nuodlike fiten weagje en út de wei sette, jim weachhalzen." Yn dy trant giet it noch in skoftke fierder, dat ik wurd der hast ferlegen fan. Hoe wier as it fierder ek is.

Dan komt Knilles van der Wal oan it wurd. It bierskom komt op de mûle te stean as de geast fan Douwe Kalma yn him fart, en hy mei in mediamike heech-nichterige stim (dy't gjin tsjinspraak duldet) begjint te lêzen:

Wolkom mannen fan Kistwurk!
Eric en Eeltsje. Hoe en Het.
Guon seagen driuwen it swurk
mar tegearre ha se it ret.

De provinsje sjocht it net sa sitten,
in tydskrift op dat o sa slimme net.
In bytsje Startersjild ha se it by litten,
in soad fidúsje hat de provinsje net?

Rimmer, Franke en Elske mar ferjitte?
Wolnee, al bestiet de iene einlings net
en wienen de oare twa te let om hjir te sitten.
Sy meie ek in baltsje ite en sûpe út it fet.

Kistwurk, Kistwurk! It bêste blêd fan Fryslân!
Al is it faaks ek gekkewurk, hâld hoek!
Faaks krije de Steaten it foar it ferstân
troch dizze priis foar Het en Hoek!

Tige tank! Dan skoot Stentor Feddema syn manmachtich liif nei foaren en eidet it sjueryrapport nochris oer. In hân, in munt giet de lucht yn want Eeltsje en ik moatte lotsje om de skilderijen. It binne twa, ien foar elk. De ien hat in skriemerige poppe en in tinkende man. Ik tink "dy is foar Eeltsje, want dat is echt in skriemer". ('Jou my subsydzje" en sa fierder). Op de oare stiet in fleurich neaken mantsje yn bliere kleuren mei in read pikje. Eeltsje tinkt "dy is foar Hoek mei syn dubieuze skimmeltsjes fan de Wearze". En sa komt it ek út. Elk in echte Feddema kado.

As wy ús ûnder it publyk minge en diel wat hantekeningen út, systeret in galereihâlder ús ta "ik nim se foar tritich tûzen fan jim oer". Mar Cornelis hat it heard en fernijt ús "net dwaan, ik kin dy skilderijen fan Anne wol foar fjirtichtûzen foar jim slite, tsien persint provyzje". Dêrút begripe wy dat Anne syn skilderijen wol sa'n fyftichtûzen euro wurdich binne, dat wy hâlde se moai ûnder de hoed.

Op it iene skilderij, dy mei it kultsje, stiet de namme fan Francois. "Francois Bouillon", seit Knilles, "dy hat de soepblokjes útfûn". "Welnee", seit Anne, "dat wie Julius Maggi".

En om sokke moppen en oare fiten wolle Hoe en Het hertlik tanksizze oan Francois Bouillon en Julius Maggi foar it feit dat se ús de ANCO-priis takend ha. It is de grutste priis fan Fryslân, net allinne yn finansjeel opsicht (keunst is no ienris "onbetaalbaar' en de oare keunstprizen besteane inkeld mar út dom jild) mar ek yn emosjoneel opsicht. Lang om let erkenning! Wy wurde feestlik útswaaid troch Barman Rob as wy wer yn op ús tsjinstfehikels op hûs oan sette. Want de omset wie wer bêst.

NOAT De ANCO-priis is de earste priis dy't ek fleksibel úrikt wurde sil. Dus wannear as der behoefte is om him út te rikken. It kin oare wike wêze, ik kin trije jier duorje. Wês dus wach en lies alle dagen Kistwurk. Miskien krije jo him wol.