Feestlike Dei by it Produksjefûns (Felix Meritis, Amsterdam)

1. Minsklike gemy? Oer de tillefoan hie har stim in sêft-opportunistyske klank dy't my net alhiel sûnder beruorring liet. Mar yn persona hiene wy neat meiinoar. As praktysk psycholooch bin ik altyd wer benijd mei hokker nije minsken as ik ynteragearje, dûnsje, en hokker as my frjemd binne. Der springt wat oer, net perfoarst in spark, mar gewoan in weachje sympaty, of loaie noflikens by spraaksume stuiten. Somtiden springt der wearze, ôfkear, haat oer. En faak bart der neat lykas no. Atomen kinne molekulen foarmje. Mar soms stjitte se oare atomen krekt ôf, en soms bart der neat. O Gerlyn, kille fampier-keniginne fan it romroft nij-Frysksinnich literêr produksjefûns. Mar de dei wie dik yn oarder. Ja, ik moast myn stikje oer Fryske poesy yn 1000 wurden foarlêze, en ik hie net de trieleaze mikrefoan regele dat ik stie fêstspikere oan it sprekkersbureel wylst ik sa graach al pratendewei hinne en wer rinne mei. En ferduld, dêr seach ik Tseard Bruinja moai mei in trieleaze mike nêst dat sprekhout stean. Kinst sjen dat dy jonge mear ervaring hat as my, want dy hie dus moai yn it foar dat regele, nim ik oan. Wylst ik Gryt van Dunen der op it lêste momint mei oerfoel mar dy wist fan neat. Gryt ha ik lêsten by de Akademy in hân jûn mar ik iwe yn sân hasten en sy ek. It gie net fierder as har "Dus do bist Eric Hoekstra", en ik "Jaaa" op deselde toan as Jim Carrey yn "The Mask" tsjin de sjoernalisten dy't der efter komt dat hy de skriuwer fan de ynstjoerde brief wie "Nice guys get nowhere". As presintatrise hie Gryt oars wer dy tintebongels om 'e lea hinne te flodderjen dat ik ferkear noch hieltyd yn ûnwissens oer har krekte maten, wylst dat foar in man hiel wichtich is. Oer myn fysike smaak yn froulju (wanhoopje net, tinne freondinnen), sjoch myn artikel yn Trotwaer oer Gaston Lachaise, ek op myn webside yn te sjen www. fega.demon.nl. Mar ik doarmje ôf fan psychyske gemy tusken twa en wie al wer bedarre by myn ienrjochtingsferkeargleonens. Werom nei de platoanyske ynteraksje. Ja, mei Mireille Buse fan it niisneamde produksjefûns hie ik wol wat, mar wat no krekt bleau in fraachteken. Ik sei tsjin har soksawat as "spitich fan de frije sneon, oars bedoeld om te relaxen" en se sei soksawat as dat dat hjir ek koe, en ik sei "yn in iepenbiere romte", want ik bin in húslike Fries en massagearkomsten, hoewol stimulearjend, krij ik de sinen fan en ik skyt sân kleuren stront ear't ik oankommen bin. Mar dat sei ik net, mar miskien flirte se wol mei my, betink ik my no, mar nee, dat wol der by my ek wer net yn.

2. Is men hjir net wat kontrolearderich, tink ik, as ik net as ûnder produksjefûnsbegelieding de seal yn mei, en dan as sprekker ek perfoarst op de foarste rij sitte moat. Tegearre mei Josse de Haan wurd ik nei in geheime yngong laat troch in produksjefûnsnymf. Eeltsje Hettinga mei net mei want dy is gjin sprekker en moat troch in oare doar dy't achter yn de seal útkomt. "Ferskil moat der wêze, Eel!", rop ik him noch ta en hy gnysket goedmoedich. Yn de gong dy't by de Geheime Yngong útkomme moat stel ik my noch fluch foar oan Josse. Dêrfoar wie er wat noartsk, faaks is it de oergong fan Baskyske sinne nei Hollânsk wolkedek. Noartsk net tsjin my persoanlik, mar yn it eachkontakt. Mar doe wie ik sels noch net sosjabel en dan wol ik dat oaren tsjin my begjinnen te praten, yn plak fan dat ik de earste stap doch. Sil ik in fuile resinsje fan Josse skriuwe? Soe er dat ha kinne? Of soe er lilk op my wurde? Sjoch, sokke fragen hâlde myn tinzen altyd dwaande. Myn heit seit, myn tinken hâldt net op. Dat ha ik ek wolris, en dan is de bealch derop in genêsmiddel, yn 'e tún dolle, it hûs fervje, mar dat binne wite yntellektuelen ferjitten. By de Geheime Yngong fernijt de wite produksjenymf my:
"Er is nog een plaats vrij, naast Aad Nuis".
"Wie is Aad Nuis" besykje ik humoristysk.
Mar it wurdt oars útlein:
"Die man met dat witte haar".
Ik set my del nêst de wite Romeinske retor, dizze machtige man fan de macht. Beide lije wy op de ynferieure stuoltsjes. De rêchlining blykt like illastysk te wêzen as it keunstbelied sels. Wy draaie mei. Mar ik sit mar krekt of ik begroetsje de oare yncrowd oan de top fan de literary scene. Ik wikselje glimkes út mei Piter, mei Trinus (dy't dus net lilk op my is om alles wat ik oer him skreaun ha, de myldewiisheid fan in lokkige âlderdom?) mei Tseard, en oare helden. Tseard laket my bysûnder freonlik ta. Is it gemy. Of is it omdat ik op de earste rij sit, nêst de Literatuerpaus Nuis? Of is tusken dy twa gjin ferskil? Ik mis wat minsken hjir, betink ik my ynienen wylst Josse foarlêst oer de Lyts en de Grut. Wêr binne Helden as Knilles van der Wal, Anne Feddema en Pier Boorsma? Of is men wat te kontrolearderich west en is de muzyk fan dizze potinsjele drankoargels yn it foar al ferballe troch de Kristlike Advysie fan it Produksjefûns? De kolbêrtsjes fan Teake en Jabik ha blauwe knopen ...

3. Gerlyn moannet ús om ta de seal yn en ik freegje my ôf, is men hjir net wat kontrolearderich? As ik myn eigen ferhaaltsje ôfdraaid ha, falt de spanning fan my ôf. Ik kin no oerdwealsk, arrogant, fleurich, gay yn de prehomofile betsjutting fan it Ingelske wurd wêze. Mar Louw noeget my oan tafel nêst Jetske Bilker en ik wit dat ik my bedimje moat. Moat fan mysels want Ik Streber wol altiten in goeie yndruk meitsje en dat hâldt yn, net tefolle opfalle. En ik wol by einsluten net ôfmakke wurde lykas Marga Claus mei Piter Boersma die, wol tige humoristysk oars. Ja, en hoewol ik bewûnderer fan Jetske har sublime koarte ferhalen bin, bin ik namste hoedner by dit akderskerpste froulike yntellekt, ôfjage op de ûnraffeling fan de psyche en eigenwearde fan mannen. En myn bedimjen docht fertuten want wy ha in aardich petear oer it ferhaal dat ik yn de bundel by gelegenhyd fan it fyftichjierrich bestean fan de PB hie. Jetske lit sjen dat ik wat koart om 'e hoeke gie yn it ferhaal. Dat jou ik ta. Dat is altyd myn krêft en myn swakte. Ik sis mar net tsjin Jets hoe goed as ik har ferhalen fyn. Ik bliuw hoeden, en boppedat fertrou ik derop dat Louw soks wol oerbrocht ha sil. It soe oars ek op "slijme" lykje kinne. Dy ferrekte Louw hat in moaie boekestand ynrjochte mar ferjitten om myn Nietzsche mei te nimmen. As kompensaasje moat er no wol sizze dat it berneboek dat ik werskreaun ha no in stik better is. Ik nutsje syn skuldgefoel sûnder moederaasje út.

4. De seal sit bomfol. Sa fol dat it my benearret. De waarmte en de reek slaan my yn de kiel en ik fiel hoe't ik by de fersen fan Margryt Poortstra wat langer wat reader wurde. Ear't ik der trochhinne kochelje, flechtsje ik de seal út. "Dy Hoekstra kin ek net folle ha", hear ik achter my ien sizzen mei in Grinzer aksint. It barren mei slagge hjitte foar de kwantiteitsneukers ûnder ús. Doch kin ik it idee net by my wei krije dat de seal gewoan fol siet mei Friezen en dat it ideaal fan ynformearring fan de Hollânske fakbruorren ... in ideaal bliuwe sil. It foardragen fan Fryske teksten is fansels ek net befoarderlik. Miskien hie men de Hollânske teksten foardrage moatten? Mar Ingelsk en Frânsk wurdt doch ek yn de orisjinele taal foardroegen. Faaks hie dit heule barren ek yn de Harmony plakfine kinne, al is de sfear nobetter. As men de muoite nimme moat en reizgje twa trije oeren foar in happening dan is men ek te rie en meitsje der wat fan. Wylst men yn Ljouwert fierstente maklik te plak is, en fierstente maklik wer fuort. Geart de Vries wiist my der op dat yn de printe tekst fan it boekje oer Fryske literatuer by my weilitten is dat ik skreaun hie dat Tsjêbbe Hettinga in potinsjele Nobelpriiskandidaat is! Ferduld dat hie ik noch net iens sjoen. En yn de fersje dy't ik foardroech hie ik dat al skreaun! Alderraarst. Ik helje fierder yn it kafeepart fan Kongrissintrum Felix Meritis noflike oantinkens op, tegearre mei Gertjan Slagter, earst oan dy prachtige Nietzsche-útjefte, it fysike uterlik bedoel ik no, al mei de ynhâld der ek wêze. En noflike oantinkens oan mienskiplike kunde, want Gerjan blykt fan oarsprong út De Jouwer te kommen, en kin de nammen fan myn middelbere skoalfreonen. Hy is in jier jonger as my, mar hy siet op it ferkearde gymnasium: it kristlike Nassau-kolleezje yn stee fan de iepenbiere Rijksscholengemeenschap mei de hjoeddeistige belachlike namme "Sevenwolden". Wy binne hjir potdôme net yn Wassenaar. Of is it gjin Ald Nederlânsk mar Stellingwerfsk? Kint skele, ju. Ien fan ús mienskiplike kunde is Sytze-Jan, syn âlden wiene al feestbisten. Ien fan syn perverse fantasyen komt myyn it sin. Hy woe by de deeglike Gloria wol de earm ynbringe en dan stadich omdraaie. Foar en efter tagelyk leau ik. Hy skeat út syn bêd wei by it simmerdeis ek de aksters fan de garaazje. Syn dissertaasje wie cum laude, dierproeven op ratten lea ik, en hy is post-doc yn Texas wurden. Doe bin ik him út it each ferlern. Ik ha normaliter gjin wrede fantasyen dat de wredens fasinearret my as filosofysk en psychologysk ferskynsels. Ik leau dat al myn wredens sublimearre is yn myn wil ta wierheid. Ik fyn it wol leuk om leagens troch te prikken, benammen morele.

5. As ik de twadde kear ta de seal yn strûs, set ik my as TYP (Tyge Ymportant Persoan) wer del op de earste rige. Nêst de frou yn reade jurk dy't ik earder ek al bewûndere hie doe't ik nêst Nuis siet. "Knappe frou hat Aad", tocht ik doe by mysels. No hie ik har foar my allinne want Aad wie yn oarrewei keard. Sa'n dizinige ripe frou fan om ende by de fyftich. Hoe sil ik har oansprekke en echtgenoat Aad de hoarnen opsette? Wylst is fijân Harmen Wind begûn te deklamearjen. Op in wat patetyske toan dy't goed mei syn deskundige candlelight gedichten partueret. Dan bûgt de frou har nei my oer/ Leit sy it kontakt? Ik krij flinters yn myn bûk. Hja lústeret: "wat in prachtige poëzy". It is my op slach oer. Hat de frou fan Nuis sa'n bytsje smaak? Om my hoecht it net mear. Ik ferweardigje my net en anderje har. Letter hear ik dat dat Rudy Wester is fan it produksjefûns. Mei my sil it sa nea wat wurde.

6. "Is der in advokaat yn 'e seal?" Och ja, ik sil myn jild wol krije. It is myn tiid. Ik pak yn it foarbyrinnen in Folia mei, útfierd yn de kleuren fan de Fryske flagge want dit Amsterdamske universiteitsblêd hie in spesjel oer "Wittenskip yn Fryslân". De Akademy, myn wurkplan, kaam der noch genadich ôf. Wol ha ik lêst fan plakferfangende skamte as ik Durk Gorter syn slijmerige útspraak lês: "Het idee dat Friesland zich moet afscheiden leeft helemaal niet, alleen bij een enkele zonderling die taal en staat vereenzelvigt". Moat ik myn argewaasje no echt útlizze? Sucht. It is dus tafal dat yn de Staat der Nederlanden 99% fan it ûnderwiis yn it Nederlânsk plakfynt? En is der neat yn it grutte field oan mooglikheden tusken folsleine ôfskieding en it hanthavenjen fan de status quo? Mar wa wit fersin ik my wol yn Durk en krûpt er de Hollânske media op 'e lije side oan mei dingen dy't er net mient. De bewuste liichbisten ha myn sympaty, mear as de leauwige ligers. Of soe it wier wêze wat Nietzsche oer gelearden skriuwt (haadstik 3 Oarekant Goed en Kwea): "dass sie gerade dort nicht mehr brauchbar sind, wo die grosse Jagd, aber auch die grosse Gefahr beginnt: - gerade dort verlieren sie ihr Spürauge". Genôch no, want ik moat moarn ek wer nei de Akademy om my hân op te hâlden. Krekt as Gerlyn en de oaren fan it produksjefûns: in amtner yn tsjinst fan de Steat!