Eric Hoekstra

Fryslân en de Wrâld

Essays (Stobbe, Spyksma, Stobbe, Kramer). Douwe Kalma Stifting.

Achtergrûn

De Douwe Kalma Stifting hat by gelegenheid fan 'e 50ste stjerdei fan 'e stifter in priisfraach útskreaun, mei as tema Kalma syn ûnstjerlik biedwurd, ofwol slogan, "Fryslân en de Wrâld". De bêste slogans binne dyen dy't yn in sloganeske foarm it sintrale idee werjouwe, en "Fryslân en de Wrâld" is dêrom in fantastyske slogan. De lûken fan it hûs Fryslân moasten iepen. Gjin benypte folkskeunst mear, mar in breed útsjoch op de West-Jeropeeske keunst. Yn de bondel essays binne de trije bêste fan de ynstjoerde alve essays ôfprinte, en dêrby it oarspronklike essay fan Douwe Kalma "Fryslân en de Wrâld" (89 - 108). De trije bêste essays wiene:

Japke Stobbe: Fryslân en de wrâld II (17 - 44)
Johannes Spyksma: Oer en wer mei de wrâld (45 - 74)
Johannes Kramer: Dreame foar Fryslân en de wrâld (75 - 88)

Fan dy trije waard it earste troch de sjuery, besteande út Klaske Jaspers, Goffe Jensma en Jelma Knol, it bêste achte. Dy binne yn it boekje (111 siden) ôfprinte

Taboe: gjin polityk yn de literatuer

In logysk gefolch fan it krewearjen fan de Jongfriezen wie dat de hechte bân tusken folkskeunst en folk ferfongen waard troch in minder hechte bân tusken literatuer en Fryslân. Dy lâste moast wol útskuorre, want Kalma hie de yndividuele keunstner as in geast út de flessse loslitten, al besocht er de noazen mei in abstrakt en retoarysk idealisme noch al deselde kant út wize telitten. Nei de oarloch kaam Fedde Schurer mei syn ferneamde stik "De ferbining ferbrutsen". Sûnt dy tiid is de Fryske beweging taboe foar Fryske skriuwers. En yn dat opsicht rint Fryslân net út de pas mei Hollân, dêr't ommers de skriuwers as by ôfspraak swije as it om politike saken giet. Unôfhinklike keunst, dat betsjut blykber, fral net prate oer de rol fan polityk yn it libben. In frjemde saak. Te mear as men betinkt dat dy seldichste Fedde Schurer wol deeglik polityk aktyf wie, bygelyks yn it oanwynderjen en opklopjen fan it Kneppelfreedskandaal. Mar lykas sein, de polityk waard bûten de literatuer holden, en dat late der al gau ta dat skriuwers har ek amper mei polityk ynlitte woene of, at se al diene, der yn har romans amper oer prate woene. Hjoeddedei wurdt Kalma by útstek sjoen as in Frysk beweger, al propagearre er dan de yndividuele keunst. Yndie, de spanning tusken yndividuele keunst en in gemiensum nasjonalisme wurde yn Kalma net oplost, net iens problematisearre. De nei-oarlochse ginneraasje weve mei Kalma en de Fryske beweging ôf. Dat wie doe miskien revolúsjonêr, tsjintwurdich is soks konservatyf, want in hâlding dy't tritich jier lang net feroaret neam ik konservatyf. Yn dat ljocht mocht men ek ferwachtsje dat de essay-kriich fan de Douwe Kalma Stifting gjin typyske skriuwers oanlûke soe, mar earder politisy en bûtensteanders. En dat komt út. Stobbe is in bûtensteander, in Noarske Friezinne dy't begûn is te skriuwen. Spyksma en Kramer binne gjin (literêre) skriuwers mar beide politisy. Spyksma publisearret gauris oer leefberens, en docht ferslach as in kronikeur fan skandalen lykas it Megapark ("It spul fan Noarmen en Wearden"). Kramer is de listlûker fan 'e FNP en beseare de sieltsjes fan sjoernalisten en politisy mei de ûnskuldige suggestje dat it goed wêze soe en tink ris nei oer gruttere autonomy foar it Noarden. Au! Want men mei fral net neitinke oer oare politike struktueren as de besteande. Hawar, troch it taboe op polityk yn de literatuer ûntbrekke dus yn de bondel de nammen fan typyske literêre essayisten of kolomnisten lykas Jabik Veenbaas, Trinus Riemersma, Doeke Sijens, om mar ris in pear nammen te neammen fan minsken dy't bewiisd ha in moai essay ôfleverje te kinne. Sijens hat oars hiel ûnderhâldende essays oer Kalma as literator ûnderbrocht yn syn boek mei essays "Douwe Kalma yn piama". Tige nijsgjirrich is oars ek dat Geert Mak okkerdeis it taboe op literatuerbemuoienis mei polityk trochbrutsen hat mei syn flammend pamflet "Gedoemd tot kwetsbaarheid", rjochte tsjin it neo-konservative belied fan it rjochtse CDA-VVD regear.

De winnende essays 1: Stobbe as nayf realist.

De sjuery neamde it essay fan Stobbe "mear persoanlik", dy fan Spyksma en Kramer "rasjoneel-analysearjend". En sa is it mar krekt. Stobbe har essay is skreaun yn in styl dy't wy, as it skilderkeunst wie, omskriuwe meie as "nayf-realistysk". Ut en troch wurdt it wol wat ûnnoazel. Op side 20 klaget de skriuwer oer de ferwurding fan de Fryske taal, omdat de stavering feroare is. Dan komme der domme opmerkings as:

"Ik wit hwat in Frysk 'paed' is en hwat yn it Nederlânsk 'pad' is. Mar hwat is 'paad' no?"

En:

"Sa is 'to' bygelyks al 'te' wurden en 'bi-' en ' for-' respektivelik ' be-' en 'fer-'. Soks is wierskynlik ûngemurken gien."

Ungemurken?? Wit de skriuwer dan net dat der sprake is fan twa steveringen, in âlde en in nije? It falt ommers wol op dat boeken systematysk ferskille. It is of 'paed' en 'bimurken' en 'forspraet' OF 'paad' en 'bemurken' en 'ferspraat'. Noait is der in miks. En dat komt omdat de Steaten fan Fryslân yn 1980 de Steatestavering ynfierd ha, dy't krekt al dy feroarings bewurke hat. Dus neat gjin nayf geklets graach oer de ûngemurken ferloedering fan it Frysk. En boppedat is stavering it misnt belangryk oan in taal, yn ferliking mei wurdskat en grammatika. Dochs is dom praat oer taal nei it foarrjocht fan nije skriuwers. Kanon W.F. Hermans brocht noch grutter domheden op it aljemint oangeande de stavering fan de Nederlânske taal: frou Stobbe is yn goed selskip, woe ik mar sizze.

Frijwat nayf is de ynhâld ek as it giet om it Fryske aard. "Dat trochsetterige! Dat úthâlderige." As dat wier wie, dan wie Fryslân ommers wol selsstannich bleaun. En ferhearliking fan frijheid is in skaaimerk fan alle minderheidsgebieten. Nee, de sjarme fan dit essay sit him yn it autobiografyske. De skriuwer ferhellet hoe't se yn Ingelân wurke hat, har yn Noorwegen nei wenjen set hat. Dat is aardich om te lêzen, hast as in reisboek. Wat ek aardich wie, is dat de skriuwer yn Noorwegen har mear Friezinne as Nederlânske fielt, en sadwaande by einsluten ek de Nederlânske nasjonaliteit opjout.

De winnende essays 2: Spieksma tsjin de globalisearring.

It stik fan Spyksma is tige ynformatyf. Hy lit oan de hân fan konkrete foarbylden sjen hoe't it misbeteart mei de lokale ekonomy troch it machtsmisbruk fan globalisearre spilers yn 'e mande mei dôfhûdige bestjoerder. In moai foarbyld is subsydzjetoerist SCI dy't handich gebrûk makke fan de net op kennis fan de regio basearre ambysjes fan de linkse gemienterie fan It Hearrenfean. De praktyk is dat it megapark noch altyd gjin grutte bedriuwen oanlutsen hat. Mei it MKB rint it wol goed, want dêr sit yn fan de sterke punten fan de Fryske ekonomy, mar dat wolle guon megalomane bestjoerders fan Fryslân (noch) net witte. Wat it stik mist binne tosken, it byt net. Men sil om 'e nocht sykje nei in sarkastysk aforisme, in ûnmeilydsume oneliner.

De winnende essays 3: Kramer of alles begjint as dream.

It stik fan Kramer is bout om in tige wichtich punt hinne: selsrespekt. Men moat dermei beginne en sjoch it plak dêr't je tahâlde (Fryslân) as it sintrum fan 'e wrâld. Sa gau as je jesels as perifery beskôgje is de slach eins al ferlern (81).

"Wêr't it dan om giet is om yn it domein fan de geast Fryslân frij en oerein te hâlden, dat wol sizze, net perifear, mar sintraal."

Yndie. soks is oars net as sûn selsrespekt dat men elke lytse regio, elk lytsskealich ferbân tawinskje soe. Moai is ek in ferwizing nei wurden fan Jan Marijnisse, foaroanman fan de SP (81):

"Net foar neat sei Jan Marijnisse fan de SP dat Nederlân mei syn fêsthâlden oan de ôfspraken út it Stabiliteitspakt it Fryslân fan Europa drige te wurden. Fryslân as byld foar alles dat net de realiteit fan de hjoeddeiske tiid ûnder eagen sjocht."

Hoewol't Kramer der fierder gjin omtinken oan jout, is it ûnbegryplik dat krekt Marijnisse fan de SP, dy't ommers foar de swakken opkomt, Fryslân as in soarte fan skelwurd brûkt. In moai stealtsje fan Rânestêd-sintrysk tinken.

De master sels: Kalma as hol retoarikus

De titel fan Kalma syn rede mei dan in fantastyske boppeslach wêze (Fryslân en de wrâld), de ynhâld falt ôf. Ien stik organisaasjeretoaryk. Hie Kalma yn ús tiid libbe dan hie er grif by in reorganisaasjeburo wurke. Kalma syn ideaal is op dat stuit om Fryslân de brêge tusken Skandinavië en Ingelân te meitsjen, in Noardseekultuer dus. It liket wol as hat er dat allinne mar betocht út eangstme. As wol er him foar de beskuldiging weiwine dat er steatkundige konsekwinsjes oan syn pro-Fryske stribjen ferbine wol, wat doe en no noch altiten in grut Taboe is, sawol yn 'e polityk as yn 'e literatuer, dy't fan datoangeande opfallend en fertocht ienriedich binne. Yn syn stik makket Kalma de neikommende statemint (side 96-97):

"Achte mienskipsleden, somlike lju ... ha my bylein dat ik op steatkundich tinkbylden hie dy't, waarden hja trochset, de goede en saneamde fruchtbere ferhâlding tusken Hollân en Fryslân fersteure soene; sels hat der ien, waans namme ik hjir net neame sil, my driigje doaren dat, as ik soks ea ûndernaam, hy dat fuortdalik te witten dwaan soe, dêr't men dêrfan op 'e hichte hearde te wêzen. ... noch sil ik derop oanstean eat te ûndernimmen, wêrtroch't de iendracht fan it Ryk earnstige skea lije koe. Ik hâld it winsklik, soks hjir mei klam te ferklearjen, om't somlike net tige skrandere lju efter de geastlike oansluting mei Ingelân dy't ik ferdigene yn "De Jongfryske Beweging" dochs wer steatkundige mienings socht hawwe, om my makliker bestokelje te kinnen;"

It liket wol as wurdt Kalma sjantearre troch immen dy't driget nei de plysje te stappen as Kalma al te rebelske taal útslacht. Blykber makke dat safolle yndrok dat Kalma der yn politike saken fierder it swijen ta die. Sadwaande is de steatkundige angel út de Jongfryske beweging lutsen, en is, steatkundich sjoen, ta in ûnskuldich klupke keunstners ferwurden wat dochs likegoed ek in politike beweging wêze kinnen hie. It oare fan Kalma syn foardracht is in frijwol hollich program dat tsjintwurdich hielendal net oansprekt. Blykber is it sukses fan Kalma tige oan syn tiid en persoan bûn.

Ta beslút.

It si in goede saak dat fan de trije priiswinners in koart biootsje opnommen is. Nijsgjirrich bin ik al nei de essays dit it boekje net helle ha. Hoe wiene dy? Wa ha der meidien? Om it tal siden hiene der om my noch wol in pear essays by mocht. Dan hie ik ek myn hypoteze fierder toetse kinnen dat fral polityk oriintearre skriuwers en bûtensteanders meidien ha, en net de reguliere literêre skriuwers. Likegoed fûn ik it sa ek in nijsgjirrich wurkje, mei omdat wer ris besocht is it Izeren Gerdyn tusken Literatuer en Polityk te trochbrekken. Yn Hollân is dat proses ek geande, nei trillers en films oer de dea fan Fortuyn, en okkerlêst mei it polityk pamflet fan Geert Mak. Dat wy sille net lang hoege te wachtsjen ear't itselde ek yn Fryslân bart. "Fryslân en de wrâld" is in foarboade fan dy nije weach.