It Liet fan God
Bhagavad Gita
It Boek fan 'e Yoga
Ynh‰ld
1. De yoga fan Arjuna's wanhoop op it slachfjild
fan it libben
2. Yoga troch analyse en devoasje
3. Yoga troch de keunst fan it dwaan
4. Yoga troch kennis fan it sels
5. Yoga troch de keunst fan it net-dwaan
6. Yoga troch
oefening en Selsbetrouwen
7. De
yoga fan it godlike riedsel fan 'e skepping
8. De yoga fan 'e
twa paden fan de ónfergonklike
9. De yoga fan Gods
keninklik geheim
10. De yoga fan Gods oerfloed
11. De yoga fan Gods lea
12. De yoga fan 'e leafde
foar God
Earste
Haadstik (Prolooch)
De
yoga fan Arjuna's wanhoop op it slachfjild fan it libben
1.1.
Dhrita-Rashtra
"Op
it field fan deugd, op it slachfjild Kurukshetra,
wat
is dr bard, Sanjaya,
doe't
myn soannen-en-dy
foar
dyen oer stiene fan myn broer Pandu?"
1.2.
Sanjaya de ferteller
Doe't
jo soan Duryodhana de legers
be‘age
hie fan Pandu's soannen,
joech
er him nei syn master yn 'e keunst
fan
it kriigjen en spruts alsa:
1.3
'Sjedr,
master, Pandu-en-dy har leger,
kundich
delset foar de slach
troch
Drupada syn soan,
jo
eigen eabele learling.
1.4
Dr
sjogge wy oarlochshelden, sterke
b™gesjitters,
betžft as Bhima en Arjuna:
Yuyudhana
en Virata en Kening
Drupada
mei syn keninklike striidwein.
1.5
En
Dhrishtra-Ketu fan 'e fste banier,
en
Chekitana en de heldhaftige kening fan Kasi,
en
Purujit de oerweldiger, en syn broer
Kunti-Bhoja
en de sterke Saibya.
1.6
En
dy winner Yudhamanyu, en de sterke
Uttamaujas;
Saubhadra, Arjuna's soan,
en
de fiif prinsen fan Keninginne Draupadi.
Sjoch
har dr yn har striidweinen stean.
1.7
Mar
slaan ek acht op 'e nammen
fan
œs eigen striders, glorieuze
lieders
fan œs eigen leger.
Ik
jou se jim yn it žnth‰ld.
1.8
Josels
as earste, myn learmaster yn 'e kriich,
en
Bhisma en Karna, Arjuna's fij‰n en healbroer,
en
Kripa, en jo bloedeigen Asvatthama, en myn broer
Vikarna
en Saumadatti, kening fan de Bahika's.
1.9
En
oare helden en striders ree
en
jou har libben foar œs,
allegear
rynsk bewapene en allegear
masters
yn 'e keunst fan de kriich.
1.10
Wy
kinne œs legers telle,
laat
fan Bhisma,
mar
žntelber lykje harres,
laat
fan Bhima.
1.11
Ws
beret en nim
jim
gefjochtsposysjes yn,
ferdigenje
œs
lieder Bhisma.'
1.12
Om
Duryodhana oan te trunen
balte
Bhisma, de ‰ld strider fan de Kurus,
syn
striidkreet, ‰le as in liuw
en
bloes syn skulpen seehoarn.
1.13
Troch
it ferwulf tongere
it
rommeljen fan striidtrommels,
it
‰ljen fan trompetten, en it bžnzjen
fan
blaasskulp en seehoarn.
1.14
Doe
beŠnderen Krishna fan Madhava en Arjuna,
de
soan fan Pandu, yn har gloarieuze striidwein
lutsen
troch wite hynsten, de œtdaging
en
bloezen op har godlike seehoarnen.
1.15
Khrisna
bloes op syn hoarn 'Hear fan 'e sinnen'.
De
winner Arjuna liet de 'Jefte fan 'e Hear' beharkje.
Syn
broer Bhima, ferneamd om žnbidige fiten,
bloes
op 'e grutte seehoarn 'de Rynske Jouwer'.
1.16
Har
‰ldste broer, kening Yudhishthira,
bloes
de 'Ivige Oerwinning',
en
Nakula en Sahadeva bloezen
'De
Swietlždige' en 'Juwielblossem'.
1.17
En
de kening fan Kasi mei syn krftige b™ge
en
Sikhandhi mei de grutte striidkarre
en
Dhrishta-Dyumna en Virata
en
de žnoerwinlike Satyaki,
1.18
en
kening Drupada en de soannen fan syn dochter,
Draupadi
en Saubhadra, Arjuna's heroyske soan,
hja
lieten oeral wei
har
seehoarnen hearre.
1.19
By
dy kelmeitsjende lžden
skodden
de ferwulften boppe de ierde
en
allyksa skodde it yn 'e herten
fan
Duryodhana en syn striders."
1.20.
Sanjaya de ferteller
De
pylken soene no œtfleane en Arjuna,
dy't
de aap yn syn banier fierde, seach
Duryodhana
en syn striders fjochtensree.
Hy
krige syn b™ge
1.21
en
sei Krishna de wurden:
"Bestjoer
myn striidkarre,
žnstjerlike
Krishna,
en
ryd him tusken de twa striidmachten yn
1.22
en
toan my de fij‰n,
longerjend
op 'e striid,
troch
my te befjochtsjen
oan
it begjin fan 'e slach,
1.23
lit
my har sjen,
striidlongerich
en fjochtensree
yn
har langst en bewilligje
Dhrita-Rashtra's
kweade soan."
1.24
Doe't
Krishna de wurden
fan
Arjuna heard hie,
ried
er de striidwein
tusken
beide legers yn
1.25
en
each yn each mei Bhisma en Drona
en
oare keninklike lju, sei er:
"Sjoch,
Arjuna, de legers fan 'e Kurus,
gearkommen
foar de striid."
1.26
Doe
seach Arjuna yn beide legers
heiten,
pakes, soannen,
bernsbern,
heiten fan froulju, omkes,
learmasters,
bruorren, kunde en freonen.
1.27
Doe't
Arjuna syn sibben oan beide
frontskanten
seach, waarden him
lijen
en wanhoop oerm‰nsk en hy spruts
mei
sakjend moed de wurden:
1.28
"As
ik al myn sibben
hjir
sjoch, myn Hear,
dy't
op it slachfjild
opsteld
steane
1.29
dan
fljocht it hert my yn 'e kiel,
myn
knibbels trilje en de mžle
is
my skrok en sear: de lea
riboskje
my en myn hier stiet oerein.
1.30
Myn
grutte b™ge 'Boppe-de-Ierde' falt my
œt
'e hannen en it fel baarnt my op it fleis,
de
knibbels wurde my weak, de holle
dwyl,
de geast tsjusterderoan.
1.31
En
ik sjoch kweade foarskaden,
Krishna.
Ik foarsjoch gjin gloarje
as
ik sibben deadzje
yn
it offer fan 'e kriich.
1.32
Want
my langet gjin oerwinning, Krishna,
noch
in keninkryk noch de wille derfan.
Wrta
in keninkryk, Govinda,
of
de wille drfan of it libben,
1.33
as
hja, foar wa't wy in keninkryk
wolle
en de wille derfan
en
de blidens fan it libjen,
yn
'e slach har libben en besit ferlieze?
1.34
Foar
œs oer op it slachfjild steane œs learmasters
heiten
en soannen, pakes en bernsbern,
bruorren
fan echtgenoates, bruorren fan memmen
en
heiten fan echtgenoates.
1.35
Drom
wol ik net deadzje
sels
al wurdt it myn dea.
Net
foar it keninkryk fan 'e trije wr‰lden,
safolste
minder foar ien fan dizze ierde.
1.36
As
wy kweade sibben deadzje,
libbet
it kwea yn œs.
Wat
deugd soe har dea œs dan dwaan
O
Madhava, Hear fan 'e wiisheid?
1.37
Ik
kin drom myn sibben net deadzje,
de
soannen fan Dhrita-Rashtra, de broer
fan
œs eigen heit. Wat wille hiene wy
as
wy œs sibben op it slachfjild deaden?
1.38
Sels
al hat winstbejach har geast oerwžn
en
sjogge hja gjin kwea
yn
it ferneatigjen fan famylje,
gjin
sžnde yn it ferrie fan freonen,
1.39
moatte
wy dan net,
mei
it kwea fan destruksje
foar
eagen, œs net
fan
dy ferskrikking žnth‰lde?
1.40
De
ferneatiging fan 'e famylje
ferneatiget
har sede fan rjochtsinnichheid,
en
as sokke seden teneate keare,
oerwint
sinleazens de hiele mienskip.
1.41
Sžnder
rjochtsinnichheid
wint
disoarder,
froulju
ha gjin beh‰ld en
sosjale
lagen reitsje œt stjoer.
1.42
Disoarder
is de hel foar famylje
en
fij‰n allyk. De foar‰lden
wurde
net mear mei offers
foar
sede en fatsoen yn eare holden.
1.43
Kweadieden
fan 'e fijannen fan 'e famylje
bringe
maatskiplike disoarder en ferneatigje
it
wžnder fan 'e berte
en
de seedlikheid fan 'e ‰lden.
1.44
En
ha wy net heard
hoe'n
hel it is en libje
as
de bekende seden
en
it rjocht net mear jilde?
1.45
O
tsjustere dei! Hok kweageast rette œs
te
kiezen foar in keninkryk op ierde
en
tsjoch nei it slachfjild, ree
en
deadzje œs eigen minsken?
1.46
Better
wie it yndie
as
de soannen fan Dhrita-Rashtra
mei
har wapens my žnbewapene
fžnen
en my deaden."
1.47
Alsa
spruts Arjuna op it slachfjild.
Him
ržgelen b™ge en wapens œt 'e hannen.
Op
'e flier fan syn striidwein foel er del,
hy
wie troch wanhoop oerwžn.
Twadde
Haadstik
Yoga
troch analyse en devoasje
2.1
Doe
spruts de Deader
fan
Demoanen tsjin Arjuna,
syn
freon dy't gžlde
fan
wanhoop en begrutsjen:
2.2.
Krishna
"Wrom
telider slein yn dizze oere,
Arjuna,
de oere dy't dy hifket?
Sterke
mannen kenne gjin wanhoop, Arjuna,
want
wanhoop wint himel noch ierde.
2.3
Jou
net oan earleaze swakte ta,
soks
foeget net in man, in wiere
man.
Smyt dy lege žnmoed
fier
fan dy en kom oerein."
2.4.
Arjuna
"Ik
bin Bhisma en Drona earbied skuldich.
Moat
ik mei myn pylken
omke
Bhisma delsjitte?
Moat
ik master Drona aansen ™fslachtsje?
2.5
Moat
ik myn masters deadzje, dy't, hoewol
slij
nei myn keninkryk, myn masters binne?
Ik
ha leaver yn dit libben in bidlersmiel
as
keningsspizen dipt yn harren bloed.
2.6
En
wy witte net oft it better is
foar
œs, dat wy winne of sy.
Hja
binne ommers de soannen fan œs omke.
Wolle
wy nei har dea noch wol libje?
2.7
Swakte
en begrutsjen stjoere my,
dat
ik it rjochte paad net mear sjoch.
Ik
bin Jo learling, tagedien, en ik smeekje:
lit
Jo ljocht skine oer it paad fan myn plicht.
2.8
Want
noch in keninkryk op ierde noch
it
keninkryk fan in healgod yn 'e himel
nimt
it leed dat my
it
ferst‰n benimt wei."
2.9.
Sanjaya de ferteller:
Doe
sei Arjuna,
de
betwinger fan fijannen,
tsjin
Krishna "ik fjochtsje net"
en
hy swei.
2.10
"Bern
fan 'e minskestamme,"
spruts
Krishna doe,
midsmank
de legers,
en
hy glimke tear.
2.11
De
Alderheechste ferfette: do
seist
it stoef op, mar do lijst
om
wat gjin meilijen behoevet.
Wizen
treurje om libben noch dea.
2.12
Nea
wie der in tiid
dat
Ik net wie
of
do of al dizze kriichslju
noch
h‰lde wy ea op fan bestean.
2.13
Sa't
de siel yn dit libben trochstapt
fan
bern nei jonkheid nei ‰lderdom,
sa
stapt er nei de dea yn in oar liif oer.
Sa'n
feroaring twingt gjin wize fan syn paad.
2.14
Fan
'e wr‰ld fan 'e sintugen, memmebern,
komme
waarmte en kjeld en wille en pine.
Hja
komme en fertsjogge, binne foarbygeand.
Kliuw
boppe har œt, do minskebern.
2.15
Wa't
har wjerstiet,
yn
lykwicht en net stjoerd
fan
wille of pine,
is
it godlike weardich.
2.16
Wat
net is, h‰ldt gjin st‰n;
wat
is, sil net fergean.
óndersikers
dy't wierheid sochten,
seagen
dat yn.
2.17
Wat
de hiele lea trochkringt,
kin
stikken noch dea.
Nimmen
kin it žnfergonklike
Sels
fergrieme.
2.18
Yn
dizze beheinde liven hœsmannet Hy,
stikken
noch dea te krijen,
žnmjitber,
žnstjerlik.
Drom,
minskebern, moatsto dyn striid stride.
2.19
De
ien mient te deadzjen,
de
oar te stjerren.
It
mist har beide:
it
Sels kin deadzje noch dea.
2.20
De
siel wurdt net berne noch stjert,
it
godlike is ivich,
žnberne,
žneinich:
dat
stjert net wannear as it liif stjert.
2.21
Ken
immen de siel as žnberne, žneinich,
žnferoarlik,
alle destruksje te boppen,
hoe
kin er, O bern, in oar dan deadzje
of
set in oar oan ta deadzjen?
2.22
Sa't
immen ‰lde klean ™f leit
en
nijen oan tsjocht
sa
ruilt de siel de ‰lde lea
foar
in nijen ien.
2.23
Gjin
wapen kin him kwetse,
gjin
fjoer kin him br‰ne.
It
wylde wetter rekket him net,
de
hurde wyn beweecht him net.
2.24
Sterker
as wapens en fjurren,
sterker
as wetter en wyn
is
God yn 'e minske ivich,
allestrochkringend,
žnferoarlik, žnferwrikber, altyd deselde.
2.25
Net
te bedjipjen,
žnferoarlik,
žnsichtber:
wittende
dat it sa is:
rou
net om wat stjert.
2.26
Sels
al soe de siel
libje
en wer stjerre,
sels
dan, O sterke,
moatsto
net rouwe.
2.27
Want
al dat berne is,
giet
dea en œt it deade
komt
it libben, dus lij net
om
it žnfermijlike.
2.28
ónsichtber
binne skepsels foar har berte,
žnsichtber
binne hja nei har dea.
Se
binne sichtber tusken twa žnsichtberheden.
Minskebern,
rou net om dy wierheid.
2.29
Guon
sjogge de siel as wžnder,
oaren
beskriuwe him as wžnder,
oaren
hearre oer him as wžnder,
mar
gjin minsk begrypt dat wžnder.
2.30
O
minskebern, de siel
fan
alle skepsels is žnstjerlik;
drom
hoechsto
om
gjin minskebern te rouwen.
2.31
Rjochtfeardige
striid
foeget
in strider bst:
Dyn
wifkjen jout gjin pas,
do
moatst stride.
2.32
Sterke
moedige man,
dizze
striid
is
in geunst
en
in k‰ns fan de himel.
2.33
Ast
dyn ropping en de striid
foar
it rjocht fersommest
dan
krijst der sžnde, skande
en
žnear foar werom.
2.34
No
en letter sil der fan
dyn
žnear sprutsen wurde.
De
man fan ear is leaver dea
as
sžnder ear.
2.35
De
helden fan beide legers sille tinke
datst
fan klearebare bangens œtpykt bist.
Dyn
freonen hiene dy heech en sille dy no
om
dyn leffens as ferachtlik besk™gje.
2.36
Dyn
fijannen sille dy
mei
smeulske wurden leechlizze
en
achtsje lyts
dyn
namme en dyn moed.
2.37
Ast
falst yn 'e striid, krijst de himel.
Ast
winst yn 'e striid, krijst de wr‰ld.
Drom,
Kunti's soan, kom oerein
en
meitsje dy ree foar de striid.
2.38
Ws
klear op 'e striid mei frede yn it hert,
sin
net op winst noch stin om ferlies.
Sa
en inkeld sa kinst dingen dwaan
sžnder
mispas, skande of skea.
2.39
Dat
is de wiisheid fan sankya, it fisioen fan it ivige.
Hark
en lear no de devoasje fan yoga.
Trochkržpt
yn dy keunst, sterke man,
oerwinst
it kweade karma fan dyn dwaan.
2.40
Op
dat paad is elke stap ien,
op
dat paad wankt gjin gefaar.
In
bytsje deugd besparret al
mannige
reden ta frees.
2.41
Wa't
dat paad beoefent is beret, O freugde
fan
'e Kuru's, en ™fjage op it žnferoarlik doel,
mar
sžnder ein strampelje de doelen
en
tinzen fan 'e doelleazen har œt.
2.42
Lju
mei in bytsje ynsjoch mar in protte
praatsjes
folgje boeken dy't har
baatsucht
žnderstypje. "Mear
bestiet
der ommers net", sizze hja.
2.43
Hja
wolle de foarbygeande wille fan sintugen,
berte
en macht. Har boeken belove it as lean
as
jo je oan har žnderwerpe. Har nochten binne heechst
neffens
har yn dit en neikommende libbens.
2.44
Har
tinken wurdt stjoerd fan ferslaving
oan
sintugen, macht of jild
en
beslœt drtroch net ta it doel
om
ien mei de Heechste te wurden.
2.45
De
natoer mei har trije eleminten is foar de Veda's
de
wr‰ld. Kom dy te boppen, Arjuna, ws frij
fan
'e pearen fan tsjinstellings en fan noed
om
besit of feiligens: fyn dyn besit yn dyn siel.
2.46
Mei
it wetter oeral om je hinne
is
it nut fan in saad mar lyts.
Sa
binne Veda's en oare teksten
foar
wa't it iene doel ken.
2.47
Fyn
dyn motivaasje yn dyn wurk,
set
dyn sinnen net op it risseltaat,
lit
net it risseltaat dy motivearje,
mar
doch dyn taak sa goed aste kinst.
2.48
Doch
dyn plicht, do gouden winner,
st‰nfst
yn yoga, net begearich,
evenredich
yn foarspoed en tsjinslach.
Lykwichtigens
fan geast: dat is yoga.
2.49
Baatsucht
wurket inkeld foar de winst
en
kin tsjin wurkje yn tawij•ng net œt.
Fyn
heil yn 'e yoga fan 'e wij•ng.
Earm
is wa't om winst fanwegen komt.
2.50
Wa't
troch de keunst fan yoga ferbžn is mei godlike wiisheid,
hannelt
mei oerlis en tawijd en wurdt net fan gefolgen beset.
Wurkje
yn 'e wiisheid fan yoga!
Yoga
is de keunst fan it dwaan.
2.51
Ferbžn
mei it dwaan fan God, bekroadzje de wizen har net
om
frucht en fertsjinst fan har wurk.
Befrijd
fan 'e kondysjonearring, meikrigen mei har berte,
komme
se yn 'e tast‰n dr't leed gjin plak mear hat.
2.52
Hast
de doalh™f fan yllœzjes
efter
dy,
dan
maalst net om wat
minsken
skriuwe of sizze.
2.53
Is
dyn geast befrijd,
žnferwrikber
ferbžn
mei
de godlike bewustheid,
dan
hast it doel fan yoga berikt.
2.54.
Arjuna
Hoe
sjochst dat in yogi žnferwrikber
ferbžn
is mei it bewustwzen fan God?
Wat
seit er en hoe is it him te moede?
Wat
docht er en hoe h‰ldt en draacht er him?
2.55.
Krishna
As
immen alle langst gewurde lit,
teweibrocht
troch it doarmjen fan 'e tinzen,
en
yn syn eigen Sels foldwaning fynt,
dan
is er ien mei Gods bewustwzen.
2.56
Noch
foarspoed noch tsjinstuit bepale
it
aard en ferrin fan syn tinzen.
Fan
lilkens noch frees wurdt er bžn.
Sa'n
held hat in geast fan st‰nfst.
2.57
Wa't
net troch barrens bepaald wurdt,
net
bliid is omdat it him goed giet,
net
rouwich omdat it him tsjin sit,
dy
ankeret yn godlike wiisheid.
2.58
Wa't
syn sinnen net set op 'e objekten fan 'e sinnen
mar
syn poaten žnder syn skyld
as
in skyldpod ynlžkt
toevet
yn 'e tast‰n fan godlike wiisheid.
2.59
It
ferslaavjend gerak fan 'e sinnen lit los fan 'e siel
dy't
him ynh‰ldt, mar de smaak priuwt nei yn it žnthŒld.
Mar
as immen him befrijt troch in hegere smaak yn it žnthŒld te hawwen,
dan
is er fst yn boppesinlik witten en godlik bewustwzen ferankere.
2.60
It
gystene geweld fan 'e sinnen,
O
soan fan Mem Kunti, skuort
de
tinzen fan in wize mei
al
stribbet er behearsking nei.
2.61
Bring
dy de harmony fan sinnen te binnen
en
fyn, yn yoga wei, rst yn My,
want
mei de sinnen yn harmony
bisto
frij.
2.62
Mar
bringst dy it gerak fan de objekten fan 'e sinnen
te
binnen, dan krije se krft.
Krft
skept langst, de wil ta besit
en
dat rint œt op lilkens en frustraasje.
2.63
Mei
frustraasje komt betizing fan it brein,
de
harmony fan sinnen wurdt fergetten.
De
reedlikheid wurdt wei, it goede net sjoen
en
dat rint œt op skande en skea: destruksje.
2.64
Mar
wa't ferkeart mei de objekten fan 'e sinnen
sžnder
dat se him stjoere, sžnder
oanlžking
of wearze, dy skept him
in
himelske harmony fan binnen.
2.65
Troch
de himelske harmony
dy't
er skept
lit
alle leed los fan 'e siel
en
it tinken wurdt lykwichtich en klear.
2.66
Mei
it hert en de holle yn konsternaasje
hat
de geast foar harmony gjin konsintraasje.
Sžnder
harmony is der gjin frede,
hoe
kin in minske dan gelokkich wze?
2.67
Ien
fan 'e sinnen dr't de geast him op rjochtet
kin
al mei it ferst‰n
fan
in minsk op 'e rin slaan,
sa't
in stoarm in skip oer it wetter meifiert.
2.68
Drom
hat de minske dy't syn sinnen
net
mear fst set, O sterke,
op
'e objekten fan 'e sinnen,
in
stabyl ferst‰n.
2.69
Yn
'e nacht fan alle folk sžnder Ljocht,
hat
de minske mei macht oer himsels
syn
lemieren, en har dei is nacht
foar
him dy't nei binnen ta sjocht.
2.70
Sa't
de oseaan fan rivierwetter net oars wurdt,
alsa
fielt de wize wol begearte
mar
hy bliuwt ien mei syn kalmte,
en
wa't yn begearte opgiet, net.
2.71
Wa't
alle langst opjout,
alle
bining
oan
besit of eigenikkigens,
fynt
frede.
2.72
Dat,
O bern, is wat de bining mei God betsjut:
hy
dy't dryn slagget, dwaalt net mear.
Wa't
dat folh‰ldt oant de oere fan syn dea,
wurdt
ien mei it wzen fan de Hear.
Tredde
Haadstik
Yoga
troch de keunst fan it dwaan
3.1.
Arjuna
As
neffens jo, O ivige,
it
witten heger is as it dwaan,
wrom
trune Jo my dan, O ljocht,
ta
dit skriklike wurk oan?
3.2
Jo
džbelsinnige wurden
fertiizje
myn ferst‰n.
Wiis
my sžnder omwegen
de
wei dy't befrijt.
3.3.
Krishna
Yn
dizze wr‰ld binne der twa wegen
om
it bewustwzen fan it godlike yn jinsels te realisearjen.
De
sankya's kieze it paad fan it witten troch harsels te hifkjen en te bedjipjen.
De
yogi's kieze it paad fan devoasje troch wurk yn tawijing te dwaan.
3.4
De
minske wurdt net frij fan it karma
fan
syn dwaan troch it dwaan op te jaan
noch
bringt it folslein
fersaakjen
folsleinens mei.
3.5
Nimmen
is in tel sžnder dwaan.
Elk
wurdt troch syn stoflike natoer
likefolle
oft er wolle soe of net
dreaun
ta alderhanne aktiviteit.
3.6
Hy
dy't gjin dingen docht
mar
tinkt oan 'e dingen fan 'e sinnen
wurdt
huchelder en slachtoffer
fan
syn dwaas fersin.
3.7
Mar
wa't de sinnen žnder de leie
fan
it tinkfermogen bringt
en
arbeidet yn tawij•ng oan My,
is
as yogi nei My žnderweis.
3.8
Doch
dyn dingen want aktiviteit
hat
boppe aktiviteitleasheid
de
pree. De lea kin
drsžnder
net iens bestean.
3.9
Alle
dwaan dat de godheid net wijd is,
bynt
en inkeld it offer befrijt:
jou
alle eigenikkige beweechredens oer
en
doch sžnder dy te hechtsjen dyn plicht.
3.10
Alearen
skoep de Hear fan 'e skepping
it
minskdom troch in offer en spruts:
'Lit
myn jefte fan de Hoarn
fan
Oerfloed jim deugd dwaan.'
3.11
Jou
oan wat jim ferearje
en
dat jout werom oan jim.
Sa
jouwe jim inoar tate
en
waakse yn harmony.
3.12
Troch
jim offers jouwe de goaden
jim
de wille fan jim winsken.
Wa't
de jeften fan har oannimt
sžnder
te tankjen, is in dief.
3.13
Wa't
nimt fan wat er oanbean hat
jouwe
de goaden fan sžnde frij,
mar
sžndich is wa't inkeld
oan
himsels jout en oanbiedt.
3.14
Skepsels
libje fan 'e jeften fan 'e natoer.
Natoer
libbet fan 'e jefte fan 'e rein.
It
offer is in jefte dy't libbet
troch
de hanneling fan it jaan.
3.15
De
karma fan 'e hanneling libbet troch Brahman,
it
besteande dat bestiet troch God.
Drom
libbet de godlike deugd
yn
'e hanneling fan it jaan.
3.16
Draai
fierder oan it fjil fan it jaan.
Wa't
himsels yn eigenikkige
wille
opslœt, O bern,
dy
libbet ferkeard en sžnder sin.
3.17
Wa't
lykwols bliid is om,
foldien
yn en ferljochte troch
syn
Godlike Sels
is
alle plicht en foarskriften foarby.
3.18
Wat
it opsmyt wat hy docht
of
net docht, deart him net.
Der
is gjin wa of wat
dr't
hy oan hinget.
3.19
Doch
drom wat dines is te dwaan
sžnder
sinnen op it risseltaat te setten.
Wa't
sžnder deroan te hechtsjen hannelet
slagget
ta it Alderheechste.
3.20
Ek
Kening Janaka en oare striders
waarden
l‰ns de wei fan it dwaan folslein.
Doch
do drom wat dines is te dwaan
as
foarbyld wer foar it wolwzen fan oaren.
3.21
Want
lju dy't achte wurde,
dogge
dieden, stelle noarm-
en
wearden fst. Hja foarmje
it
foarbyld dat de oaren folgje.
3.22
Yn
'e trije kriten fan it hielal, O minsk,
is
neat dat troch My dien wurde moat
noch
is der neat dat noch net Mines is
en
doch bin 'k algeduerich oan it wurk.
3.23
Want
wie Ik net altyd
sžnder
wurgens oan it wurk
dan
soene de lju, O soan,
it
ferkearde foarbyld folgje.
3.24
Dizze
wr‰lden soene fergean as ik net wurke.
Dan
waard ik de oarsaak fan 'e ein
fan
alle mienskip en alle skepsels
gyngen
te sink yn it trelit.
3.25
Sa't
folk dat noch net wit, O minskebern,
wurket
œt slijens nei de frucht fan it wurk,
sa
wurket de wize sžnder droan te hechtsjen,
bewarret
oarder en toant it goede paad.
3.26
De
wize betizet net it tinken fan žnwittend folk
dat
hechtet oan it hanneljen œt baatsucht,
mar
troch fanœt 'e b‰n mei God te hanneljen,
trœnt
er harren ta devoasje oan.
3.27
Alle
dieden wurde weefd yn dizze wr‰ld
troch
de krften fan 'e stoflike natoer.
Wa't
yn dat krftefjild fertizet.
achtet
himsels de oarsaak fan syn dwaan.
3.28
Wa't
lykwols wit hoe't binnenwr‰ld en bžtenwr‰ld
elkoarren
stjoere, wurdt fan gjin krft slaaf.
Is
it besef fan baatsucht en tawijing dy jžn
dan
wurdsto fan gjin doelwinsk bžn.
3.29
Betsjoend
troch krften yn en bžten har
hechtet
žnwittend folk oan hannelingen
Lit
wa't dat alles sjocht har libben net
fersteure
noch fertiizje har benul.
3.30
Wurkje
yn tawijing oan My
en
ws fan binnen mei My ien.
Ws
frij fan ego, hoop en frees
en
striid mei frede yn it hert.
3.31
Wa't
him mei goede wil en trou
taleit
op Myn lear,
komt
troch de yoga fan it dwaan
fan
syn ™fhinklikheden los.
3.32
Wa't
lykwols Myn lear lyts achtet
fertiist
yn 'e kleaune fan kennis
en
bedarret troch mistaast en wanleauwigens
yn
'e žnderw‰l fan wanhab en mislokkigens.
3.33
Guon
lizze drtsjinyn: de wize
folget
sljochtwei syn eigen aard,
alle
skepsels dogge nei't se skepen binne.
Wat
hat selsbehearsking dan foar sin?
3.34
It
bržken fan 'e sintugen is keppele
oan
bewžndering en wearze en weardeoardiel.
Reitsje
net yn 'e besnijing
fan
dy stroffelstiennen op it paad nei ferbettering.
3.35
It
is better en ws sljocht yn 'e eigen plicht
as
treflik yn oarmans.
Sels
žngemak en dea op it eigen paad
binne
sinfoller as de risiko's op oarmans.
3.36.
Arjuna
"Wat
driuwt de minske
ta
wandie
as
wurke der in wil
tsjin
syn wil?"
3.37.
Krishna
It
is kama, langst, dy't him driuwt,
fij‰n
berne œt baarnende besitstwang.
Yn
fersinnen oer wat wichtich is yn it libben,
yn
grime en frustraasje skžlet hy.
3.38
Sa't
smook in fjoer beset
en
stof in spegel dekt,
sa't
de liifmoer it sicht op 'e frucht benimt,
sa
sjocht de minske yn syn langst Himsels net.
3.39
Sa
fertsjusteret wa't hjir is om te learen
dat
neat de langst, dat neat de lust
fan
'e ivige fij‰n fan 'e learling
œteinliks
befrediget, œteinliks blust.
3.40
Yn
'e sinnen, it tinken en de wil
hat
de langst syn sit,
benimt
it sicht op selskennis
en
makket de minske fan streek.
3.41
H‰ld
drom de sinnen yn 'e stokken,
oars
wurde se it symboal fan sžnde.
As
kennis en ynstinkt ferkrommelje,
wurde
maat en harmony ferleard.
3.42
It
sizzen is, de sinnen binne machtich.
Machtiger
as de sinnen is it tinken.
Machtiger
as it tinken is de wil.
Mar
machtiger as de wil is Hy.
3.43
Wit
wat machtiger is as it wollen
en
h‰ld dyn sels troch dyn Sels byinoar
en
oerwin de fij‰n, O Sterke,
mar duchtsje syn foarmen fan langst.
Fjirde
Haadstik
Yoga troch kennis fan it sels
4.1. De
Alderheechste spruts
Ik learde
Vivasvan de Strieler
de žnœtputlike lear fan yoga,
Vivasvan
fertelde it oan Manu de Minskeheit
en Manu oan
Ikshvaku de Ferwekker
4.2
Fia
learmasters hearden
de hillige
foarsten fan yoga
oant tiids
tosk
dizze
kennis tefriet.
4.3
Dy
seldichste oer‰lde yoga
joech Ik dy
hjoed te kennen
want do bist Myn freon, My tawijd.
Dat is it
Heechste Mystearje.
4.4. Arjuna
Mei't Jo
berne waarden
nei't
Vivasvan libbe,
hoe kin ik
my dan begripe
dat Jo him
dat fertelden?
4.5. Krishna
Ik bin
meardere kearen berne,
en do ek, O
Arjuna.
Ik wit it
allegear noch, mar do,
O
fij‰nbetwinger, net mear.
4.6
Al bin ik
žnberne, is myn wzen ivich
en bin ik
Hear fan alle skepsels,
dochs kies
Ik yn elk tiidrek fleis en foarm
troch it
fjoer en de krft fan myn wzen.
4.7
Komt
lykfolwr, likefolle wannear
žngelikensens
fan wet en rjocht foar it ljocht
en boazet
it knipen fan žndeugd oan,
dan meitsje
Ik Myn wzen sichtber.
4.8
Om tawijden
te befrijen
en
kweadoggers te dylgjen
om de deugd
wer stal te jaan,
ferskyn Ik
ieu nei ieu.
4.9
Wa't fan
Myn berte en dwaan
wier it godlike wit,
fynt nei it ferlitten fan syn lea
gjin nije
berte mar My.
4.10
Frij fan
ferslaving, lilkens en frees,
ien en mien
mei My yn My,
alsa waard
mannichien troch selskennis te betrachtsjen
lottere en
woutere ta leafde foar My.
4.11
Al nei't se
har oan My oerjouwe
alsa jou Ik
har werom, O soan,
want
elkenien, lykfolhoe
is nei My
žnderweis.
4.12
Guon dy't
langje nei gewin
offerje oan
legere goaden.
Fluch
folget hjir op ierde
sukses op
ynvestearring.
4.13
De
maatskippij komt œt My
en de
klassen mei har eigen aard en wurk.
Al bewurke
ik dat,
dochs bynt
My, de ónferoarlike, gjin wurk.
4.14
Wat Ik
doch, rekket My net
noch
longerje Ik op 'e fruchten fan Myn dwaan.
Wa't dat fan My begrypt,
fertiist
net yn 'e wjerslach fan syn dwaan.
4.15
Dat wist it
foarteam,
sadwaande
koene se dingen dwaan
en dryn
befrij•ng fine.
Folgje dus
foarheite foarbyld.
4.16
Wat is
dwaan, wat is net-dwaan?
Sels de
wizen ferbjusteret dit.
Ik sil dy it dwaan œtlizze.
Mei dy kennis žntrinst it žnk.
4.17
Begryp it aard fan it dwaan.
Begryp it aard fan it misdwaan ek.
Begryp it
aard fan it net-dwaan ek.
It is
dreech en meitsje dat eigen.
4.18
Wa't it
net-dwaan yn it dwaan sjocht
en it dwaan
yn it net-dwaan
is de
wiisheid žnder de minsken
en docht yn
'e geast fan God.
4.19
Wa't by syn
writen en wramen
langst en
longerjen
yn it
kennisfjoer stookt,
giet by de
wizen foar wiis.
4.20
Fan alle
langst nei de frucht fan it wurk los
hat de yogi
frede yn syn žn™fhinklikheid.
Al is er
mei fan alles dwaande,
fan binnen
docht er feitliks neat.
4.21
Sžnder
langst liedt er syn ferst‰n
en jout
alle eigendomskens oer.
Hy wurket inkeld foar it h‰ld fan liif by siel,
foar him
gjin neiklap fan ferkearde die.
4.22
òt himsels
kontint mei wat him tafalt
hat er
twastriid en oergeunst oerwžn,
h‰ldt er
lykwicht yn foarspoed en tsjinspoed.
Alsa is er
dwaande, net oandien.
4.23
Gjin slaaf
fan wat stofliks mar frij
wennet er
yn godlike wiisheid,
wurket er
omwille fan it jaan
en lost
dryn syn dwaan en fiellen op.
4.24
De
offerjefte is Brahman, Brahman it brea,
Brahman it
fjoer, jžn troch Brahman.
Nei Brahman
sil er gean
troch alles
yn 'e Geast fan Brahman te dwaan.
4.25
Guon yogi's
oanbidde de goaden
mei jeften
en dat is har offer.
Yn it fjoer
fan Brahman binne oaren
it offer en
dat is har oanbidding.
4.26
Guon wije
it gehoar en de sinnen
yn it fjoer fan har selsdisipline.
Oaren wije
de objekten fan 'e sinnen
lykas lžden as offer yn har fjoer.
4.27
Alle
aktiviteit fan sintœch en sykheljen
hilligje oaren as offer
yn it fjoer fan 'e yoga dy't de geast bestjoert,
troch
selsžnderfining žntstutsen.
4.28
Oaren wije
besit troch soberens
of wije
harsels troch yoga
of troch
stœdzje fan minske en God,
wer oaren
troch strange geloften.
4.29
Yn 'e
ynadem wije guon de œtadem
en de
œtadem yn 'e ynadem,
sa't ek
oaren har adembeweging beheine,
en stribje
nei adembemastering.
4.30
Wer oaren
beheine har yn it iten
en wije yn
'e œtadem de œtadem.
Allegear
witte se fan wijing en tawijing
dy't har
fan žnwit en wjerslach genze.
4.31
Wa't de
wijing fan syn wurken smakke hat
komt neier
ta Gods ivige kommuny.
Wa't net
wijt, hat gjin plak op dizze wr‰ld,
lit stean
op in betteren.
4.32
Sa wurde
Brahman žnderskate wurken
fan wijing
en tawijing jžn.
It wijde
jaan wurdt berne œt it dwaan;
aste dat
witst, fynst de frijheid.
4.33
Better as
de jefte fan stoflike saken
is it sakramint fan selskennis.
Alle
hannelingen einigje sžnder œtsžndering,
O
tebroazelder fan wjerst‰n, yn selskennis.
4.34
Lear en
begryp troch tsjinstberheid,
ws
nederich, stel fragen.
Yn kennis
sille hja dy ynwije dy't
harsels
kenne, dy't wierheid sjogge.
4.35
Mei dat
witten begžchelest dy net wer,
lykas niis, O soan fan Pandu,
en drtroch
silst alle skepsels mei inoar
sjen yn it Sels, ofwol, yn My.
4.36
Sels al
wiesto fan alle
sžnders de
slimste,
yn it skip
fan selskennis
stekst alle
kwea oer.
4.37
Sa't it l™gjend fjoer br‰nhout
ta jiske makket, Arjuna,
sa makket
it fjoer fan selskennis
alle
kweakarma ta jiske.
4.38
Suverjender
krft as selskennis
is der net.
Wa't himsels
yn yoga ripe en harmoniearre hat,
žnderfynt dat yn himsels mei it ferrin fan 'e tiid.
4.39
Dat leauwe
trou kriget de minske kennis,
st‰nfst
dryn bestjoert er syn sinnen,
en drmei
slagget er ta
de
krftichste gemoedsrst.
4.40
Wa't
selsbetrouwen en selskennis mist
en wifket,
giet te sink.
Nea yn dizze wr‰ld noch yn in oare
wint de
wankelmoedige ea it lok.
4.41
Wa't troch
yoga fan fertsjinste ™fst‰n die
en troch
kennis syn twivel oerwžn,
ankere yn it Sels, O winner-fan-goud,
wurdt net
troch syn hannelingen bžn.
4.42
It gefolch
fan dyn žnwittendheid is de twivel yn dyn hert.
Fykje dy
midstwa mei it wapen fan kennis
fan dyn sels, sittend yn yoga.
Jou dy
oerein en fjochtsje, O minskebern.
Fyfte
Haadstik
Yoga troch de keunst fan it net-dwaan
5.1. Arjuna
Jo priizgje it ™fsjen fan it dwaan,
en it
dingen dwaan yn yoga.
Hok fan
beiden is heilsumst?
Kinne Jo
dat ferklearje?
5.2. Krishna
It
fersaakjen fan it dwaan en it tawijde dwaan
lizze beide
op it paad nei de frijheid.
Ferlike mei it fersaakjen fan aktiviteit
is it wurkjen yn yoga lykwols better.
5.3
Erkend as
st‰nfst fersaker is hy
dy't wearze
noch langst mear fielt,
want hy
dy't frij fan tsjinoerstelden is,
komt fan
alle ™fhinklikheid los.
5.4
Sankya en
yoga, tawij•ng en wiisheid
binne
neffens dwazen tige žngelyk,
mar wa't
him œtleit op it iene
krijt fan
beide de fertuten.
5.5
Wr't de
sankya's op œtkomme,
dr komme
de yogi's ek,
want sankya
en yoga binne ien.
Wa't dat
ynsjocht, hat ynsjoch.
5.6
Mar it
fersaakjen, O sterke, mislearret
sžnder de tawij•ng
yn yoga.
De tinker
dy't him oerjout oan yoga
wurdt mei
gauwens ien mei God.
5.7
Jžn ta yoga
mei lottere lea en geast,
bestjoert it
sels fan 'e yogi de sinnen,
syn wzen
ien mei it wzen fan oaren,
al wat er
docht, docht him gjin kwea.
5.8
'Ik doch
sels neat', alsa tinkt
wa't de
wierheid sjocht, wa't yoga docht,
as er
sjocht, harket, oanrekket of ržkt,
yt, rint,
sliept of sykhellet,
5.9
praat,
™fwiist, oannimt,
de eagen
ta- of opdocht.
Hy wit dat
it de sinnen binne,
dwaande mei
har dingen: sa is syn tinken.
5.10
Wa't alle
gehechtheid oer jout
en al syn
dieden oan God jout,
op him
krijt it kwea lykfol fet
as in drip
op in lotusbld.
5.11
Mei lea,
mei tinzen, ferst‰n,
ja, mei
sintugen sels dogge yogi's
inkeld
dieden om gehechtheid oer te jaan
en suverje
sadwaande har sels.
5.12
De tawijde
minske hinget net oan de frucht
fan syn
krewearjen en slagget ta frede,
wylst oaren
dy't longerje op it lean fan har wurk,
droan
hechtsjend, dryn fertiizje.
5.13
De tawijde
minske is net mear ferslaafd oan it stinnen en meallen
fan syn geast: hy hat himsels yn syn freugde yn 'e
macht.
Alsa residearret de ynkarnearre siel yn 'e std mei de
njoggen poarten
en stribbet noch longeret noch bringt hy oars wat yn
syn sels tewei.
5.14
Gjin
wilsdie noch wilsdoel fan minsken
bewurket de
Hear fan binnen
noch de
bining tusken wil en doel:
it is
selswurding dy't dat docht.
5.15
Yn nimmens flaters noch frommens
hat it Heechste in oanpart.
ónwittenheid
omwolket it witten
en bringt
al dat libbet op 'e doele.
5.16
Mar as
troch kennis dy žnwittenheid
fan it sels ferneatige wurdt,
dan
ljochtet as opgeande sinne
dy kennis
en toant it Heechste.
5.17
Mei de wil,
mei it sels rjochte op it Heechste,
drnei
žnderweis, mei inkeld Dat foar eagen
slagje se en falle nea werom:
har
dwalingen binne suvere troch kennis.
5.18
De man fan
God, emosjoneel stabilisearre
troch
kennis, en de ko en de oaljefant
en de hžn
en de hžnefleisiter:
wizen
besjogge har allegear like goedgeunstich.
5.19
Yn dit
libben hat de wize berte en dea oerwžn,
syn tinken
hat st‰nfst yn žnfersteurberens fžn
want
žnfersteurber en sžnder brek is it Heechste.
Drom hat
er yn it Heechste syn h‰ld.
5.20
Him wynt de
blidens om it noflike net op
noch wat
žnnoflik is en syn ferst‰n
is
žnfertiisd en rjochte op it Sels.
It Heechste
kennend stiet er yn it Heechste fst.
5.21
Net hechte
oan sintugen en bžtenwr‰ld
fynt er
wille en lykwicht yn it Sels.
Yn yoga ien
mei God
ha syn
wille en syn lok gjin ein.
5.22
Want de
wille fan sintugen en bžtenwr‰ld
is in
boarne fan fertriet troch de žnderwerping
oan har
begjin en ein, O Kunti's soan:
it ferst‰n
is dr net bliid om.
5.23
Wa't yn dit
libben bysteat is,
noch ear't
er de lea priisjout,
it driuwen
fan frustraasje en begearte te wjerstean
is yn harmony mei it hegere ferbžn.
5.24
Wa't
ynderlik kontint is, ynderlik warber
en ynderlik
allinne it ljocht sjocht,
dy is in yogi yn Gods nirwana,
dy hat God yn himsels realisearre.
5.25
Dyen slagje
ta Gods nirwana
dy't,
ynderlik warber, ferkeardens mije,
dy't sžnder
twastriid selsrealisaasje bestribje
en bodzje
om alle wzens drby te helpen.
5.26
Langst en
frustraasje beynfloedzje net
de hilligen
mei macht oer de geast.
Hja binne
deunby Gods nirwana,
se kenne en
realisearje har Sels.
5.27
De
bžtenwr‰ld kin sa'n yogi net bewege,
fan binnen
h‰ldt er de eagen tusken de brauwen,
de adem op
en del h‰ldt er sweevjend
yn 'e
amperoan snœvjende noasters.
5.28
Mei de
sinnen, it tinken, it ferst‰n yn 'e macht
is de yogi
op befrij•ng œt.
Is er
langst, frees en frustraasje kwyt,
duorsum,
dan is er frij.
5.29
Ik bin de
Genieter fan alle jeften en offers,
Ik bin de
Heechste Hear fan alle wr‰lden,
Ik bin de
Freon fan alle kreatueren:
Dejinge dy't My ken, fynt frede.
Sechste Haadstik
Yoga
troch oefening en Selsbetrouwen
6.1
Dy't docht
wat dien wurde moat,
mar net
hechtet oan 'e frucht fan syn wurk
is in yogi
yn it it dwaan en it net-dwaan,
net dejinge
dy't syn plicht net docht.
6.2
Wit, soan fan Pandu, fersaking
is yn feite itselde as yoga.
Sžnder
begearte op te jaan
kin nimmen
in yogi wurde.
6.3
Foar wa't
mei yoga begjint
is dwaan de
wei.
Foar wa't
yn yoga slagget
is
net-dwaan de wei.
6.4
Want as ien
him net mei dieden
of dingen
fan sinnen ferbynt,
mar alle
langsten fersaakt,
dan is er
yn yoga slagge.
6.5
Ferhef it sels troch it sels
en lit it sels net falle.
It sels is de freon fan it sels
en it sels is de fij‰n fan it sels.
6.6
It sels is in freon fan it sels fan him
dy't it sels troch it sels oerwžn,
mar is syn
sels net oerwžn
dan bliuwt
it sels syn fij‰n.
6.7
Wa't it
sels oerwint en slagget
ta de frede
fan selsbehearsking
bliuwt
konsintrearre op it heechste Sels
yn kjeld en
waarmte, bliidskip fertriet, eare en žnear.
6.8
Syn sels is
sde mei kennis žnderfžn en praktisearre,
boppe
gemoedsbeweging, mei de sinnen yn 'e macht.
Alsa wurdt sein, de yogi is yn fersaking disiplinearre.
Stiennen,
kluten, goud, dat is him likefolle.
6.9
Wa't by
freon, baas, fij‰n, ™fsidige,
žnferskillige,
tsjinstanner, foarstanner,
goede en
kweade lju allyk,
oeral de
reedlikheid sels is, munt œt.
6.10
De yogi
konsintrearret him hieltyd
op syn
sels, op in eigen plak,
ienlik,
wach, oandachtich,
sžnder
winsken, sžnder besit.
6.11
Op in
himmel stee makket hy
foar
himsels in sitplak ree,
net te
heech of te leech,
fan hillich
gers mei ree‘fel oerdutsen.
6.12
Mei
algeduerige oandacht fiert er strak
de leie oer
it dwaan fan sinnen en tinzen.
Sa sit er
op syn sitplak en oefenet,
docht yoga ta suvering fan it sels.
6.13
Boppelea,
nekke en holle binne rjocht,
sžnder
ferwegen en stil.
Hy sjocht
nei it puntsje fan syn noas
en oars
nearne hinne.
6.14
Syn sels is
žnferweegd en frij fan frees,
hy h‰ldt him oan de eed fan it selibaat,
de tinzen
žnder kontr™le, op My konsintrearre,
Ik bin it
eindoel fan syn disipline.
6.15
Troch
hieltyd syn sels te trainen
troch syn tinken
te feroarjen
slagget de
yogi ta evenredige
frede mei My feriene.
6.16
Net yn yoga is wa't tefolle yt
noch wa't him fan iten žnth‰ldt
noch wa't
tefolle sliept
noch wa't
tefolle wekket.
6.17
Mei oerlis
ite en jin ferdivedearje
mei oerlis
wurkje by it dwaan fan jins plicht
mei oerlis
sliepe of wekker wze:
troch dy
yoga saksearret it lijen.
6.18
Is it
tinken žnder 'e kwint
en
situearre yn it Sels
dan hjit de
minske frij fan winsken,
st‰nfst en
disiplinearre te wzen.
6.19
Sa't in
lampe net flakkeret
op in
wynlij plak
alsa is de
yogi mei syn geast yn 'e macht
sžnder brek
dwaande mei de yoga fan it Sels.
6.20
As it žnberoaide tinken him deljout
bedarre troch beoefening fan yoga,
as it sels troch it sels ta selsbesef
komt en
blidens fynt yn it sels,
6.21
de boppeste
bste blidens dy't
de
reedlikheid begrypt, foarby de sinnen,
as hy dat
wit en sžnder ridel
wennet yn
it hžs fan 'e wierheid,
6.22
as er,
dryn thœs, neat heger
achtet as
dat,
as yn dat
bewitten, gjin ellinde,
gjin lijen
him ferdriuwt,
6.23
dan sil er
witte: de žntbining
fan 'e
bining oan ellinde
hjit yoga.
Dat sil er beoefenje,
beret en
mei betrouwen.
6.24
De doelen
berne œt begearte
jout er op.
Mei de leie
fan it tinken stjoert er
sintugen en
sinnen,
6.25
stadich,
stap foar stap, bestille,
troch te
leauwen yn it wollen
troch te
sinnen op it Sels
en oars
nearne op.
6.26
Lykfolwr't
de tinzen doarmje,
ržzich, flakkerjend, žnlykwichtich,
bring se by dysels werom
en lit se yngean ta it Sels.
6.27
Hat de yogi
syn tinken bedimme
dan slagget
er ta de boppeste blidens,
syn
driuwfearren ha frede fžn,
hy is
žn™fhinklik, ien mei God.
6.28
De yogi yn
yoga is jimmeroan
fan bining
frij mei it Sels ferbžn.
Hieltyd yn
kontakt mei God
is it heechste lok syn lot.
6.29
Hy sjocht
it Sels yn alle wzens
en alle
wzens yn it Sels.
Dr is er
yn yoga mei ferbžn,
hy sjocht
oeral itselde.
6.30
Foar wa't
My yn alles sjocht
en alles
sjocht yn My,
bin Ik net
ferlern
noch is hy
ferlern foar My.
6.31
Wa't My as yn alle wzens oanwzich
eart en
himsels yn dy ienheid situeart,
wat hy yn
'e wr‰ld ek wze mei,
sa'n yogi is yn My.
6.32
Wa't hifkjend oan it Sels oeral
itselde sjocht, Arjuna,
oft it no fertriet of blidens is,
hjit yn yoga folmakke.
6.33 Arjuna
Dy yoga troch Jo beskreaun
fan oeral
deselde te wzen,
dy
evenredigens is te dreech
troch de
ržzigens fan 'e minsk.
6.34
Want it
ržzige tinken malket
en fljocht
oeral hinne, steech,
stiifhollich
en dreech te belearen,
wyld as de wyn neffens my.
6.35 De
Alderheechste
It stiet
net yn best‰n, stege strider,
dat it
tinken feroarlik en dreech te stjoeren is,
mar troch
te oefenjen en troch distansearring
kinst it
žnder kontr™le krije.
6.36
Yoga lit him hoaie noch troaie
troch in
ržch en žnberoaid sels
mar wa't
syn sels troch metoade en praktyk
traint, sil
slagje yn yoga.
6.37 Arjuna
Dy't mei
betrouwen trachtet,
mar yn it dwaan fan yoga faalt
en it doel
fan yoga mist,
wr
bedarret dy, O Krishna?
6.38
Sil hy net
fan beiden skaat
as in
skuorde wolke
sžnder
stipe weiwurde,
betiisd en
Gods paad bjuster?
6.39
Dat is myn
twivel, Krishna,
nim doch
myn twivel wei.
Oars as Jo is der nimmen
by steat en stean my by.
6.40 De
alderheechste spruts
Noch yn
dizze wr‰ld noch yn in takommende
sil sa'nent
telider slein wurde,
want gjint
dy't it goede bestribbet
belibbet it
kwea nei dit libben.
6.41
Sa'nent sil
hinnegean en h‰ld skoften ta
yn 'e swide
wr‰lden fan bewurkers fan it goede,
en yn in
hžs fan suver en achtensweardich folk
wurdt hy,
dy't faalde yn yoga, werberne.
6.42
Of hy wurdt
hikke en tein yn in hžsh‰lding
fan yogi's
mei deugd en freugd bejeftige.
Tige
seldsum is de tref
fan sa'n
berte op dizze wr‰ld.
6.43
Dr begjint
er mei de kennis en devoasje
ferwurven
yn syn foarige lea en libben
en hy
trachtet op dy trime, O soan
fan Kuru,
opnij nei perfeksje.
6.44
Want troch
syn eardere beoefening fan yoga
avensearret
er fansels de goede kant œt.
Sels wa't
inkeld mar fan yoga witte wol
stiet boppe
wurd en ritueel fan 'e religy.
6.45
Mar de yogi
dy't warber stribbet,
syn lekken
en brekken oerwint
en sa op
perfeksje ta libbet
berikt syn
heechste bestimming.
6.46
De yogi
stiet boppe de askeet en boppe
de minske
fan kennis, sis Ik,
en boppe de
minske fan goede dieden.
Wurd drom
in yogi, Arjuna
6.47
Mar fan
alderhanne yogi's,
ta My
kommen troch it binnenste Sels,
is dyjinge
My it leafste
dy't my fol
fertrouwen leaf hat.
.
S‰nde Haadstik
De yoga fan it
godlike riedsel fan 'e skepping
7.1
Hark! En hear no hoesto My,
ast it tinken altyd op My rjochtest
en yoga
dochst en fertroust op My,
folslein en
sžnder mis kenne silst.
7.2
Teory en
praktyk fan wiisheid wol Ik
dy wize en
nei Myn žnderwizing
is der oars
op dizze wr‰ld gjin wiisheid
of witwat
kenbers it witten wurdich.
7.3
Fan tžzen
mannichten minsken
stribbet
faaks ien nei folsleinens
en fan elk
dy't sa stribbet
ken My altemets
ien.
7.4
Ierde
wetter fjoer wyn
romte
tinken bewustens
ikheid: dat
binne de acht
materialisaasjes
fan Myn aard.
7.5
Njonken dy
mindere manifestaasjes toan Ik in hegeren,
trachtsje
dy te befiemen, O fier-rikjende minsk:
dat binne
alle libbene wzens mei•noar,
dy't
besteane troch it bržken fan it materi‘le.
7.6
Dy twa
manifestaasjes binne de boarne
fan al dat
is. Wit:
alleding op
'e wr‰ld is œt My
en yn My
fynt alleding syn ein.
7.7
Bžten My is
neat, der is
gjin
Bžten-My, O gouden bern.
Yn My reau
ik alle dingen
as pearlen
op in string.
7.8
Ik bin de
smaak yn wetter, Kunti's bern,
en ljocht
bin 'k yn 'e sinne en de moanne,
it wijde
wurdlid AUM yn alle Veda's,
it lžd yn
'e ether, de moed yn 'e minske.
7.9
Sawol de
bewende rook fan 'e ierde
as de gloede
yn it fjoer bin Ik,
it libben
yn alle libbene wzens
en
strangens yn wa't himsels disiplinearret.
7.10
Allyk bin
Ik it sie fan alle libben,
begryp dat
minskebern, yn alle ivichheid,
de rede yn
'e reedliken bin Ik
en yn al
dat moai is, de skientme.
7.11
En de krft
yn 'e sterken bin Ik, en,
mits frij
fan gehechtheid, dy't ferslavet,
mits
deugdsum bin 'k yn alle wzens
de Leafde,
O Hear fan Bharata-en-dy.
7.12
Manearen
fan wzen hawwe de harmony fan Sattva yn,
it fjoer
fan Rajas, de tsjusterens fan Tamas:
wit dat dy
stringen troch My besteane,
mar Ik bin
net yn har, sy binne yn My.
7.13
De
wzenstastannen dy't stimme
fan 'e
trije stringen betiizje
de hiele
wr‰ld en dy wit net
fan My, de
Alderheechste, sžnder ein.
7.14
Want Myn
godlike ferskining fan 'e trije stringen,
dit
yn-en-bžten-dy, is net maklik te oerwinnen,
mar dy't har oan My wije
sille
dertrochhinne slagje.
7.15
De smjunten
žnder de minsken, de healwizen,
de
leechsten jouwe har net oan My oer.
Kennis brek
en betiisd yn 'e wr‰ld
hechtsje se
oan it demoanysk wzen.
7.16
Der binne fjouwer
soarten lju dy't My tsjinje,
allegear
godleavjend folk, Arjuna,
de
needdriftigen, de ynsjochsikers, de lju fan langst,
O Hear fan
Bharata's, en de ynsjochhawwers.
7.17
Far harren is bst de ynsjochhawwer,
jimmer yn yoga mei My ferbžn.
Ik h‰ld it meast fan him,
en hy it meast fan My.
7.18
Hja stekke
alle fjouwer œt, foar wis,
mar Ik
sjoch yn 'e minske fan ynsjoch Myn Sels
want hy
wijt syn sels oan My en is
nei My as
heechste doel žnderweis.
7.19
Nei't er
fakentiids berne is, jout
de minske fan ynsjoch him oan My oer,
wittende,
fan God komt it wžnder fan al dat is.
Sa'n grut sels is seldsum.
7.20
Hy waans
begearjen syn witten misfoarmet
jout him
oan mindere goaden oer
en folget
navenant geboaden,
bestjoerd
troch syn eigen aard.
7.21
As in
oanhinger trachtet mei betrouwen
syn god of
ideaal te oanbidden
dan is it
in fst betrouwen
dat Ik him
jou.
7.22
Troch sok
leauwen disiplinearre
trachtet er
syn god te tsjinjen,
krijt
drtroch wat er begearre
want dat
haw Ik ferordonearre.
7.23
Mar soks
rint œt op koart geniet,
folle
ferst‰n hat sa'n ien net.
Dy't de ™fgod siket, komt by de ™fgod œt.
Wa't h‰ldt fan My, komt œt by My.
7.24
Net Myn
iepenbiering mar Myn manifestaasjes
bepale
hoe't healwizen My besk™gje.
Hja kenne
net Myn heechste wzenstast‰n,
dy't boppe
ding en tiid ferheven is.
7.25
Net
elkenien wurdt My gewaar, Ik gean beskžl
efter de
wale fan manifestaasjes fan Myn yoga.
De dwaze
wr‰ld begrypt dit net:
Ik bin
sžnder begjin en sžnder ein.
7.26
Ik ken it hjoed allyk as it ferline,
en de
takomst likegoed, Arjuna,
en de
wzens dy't yn alle tiden libje.
Lykwols ken
gjinien fan harren My.
7.27
Minskebern,
troch de dualiteit
fan
™fstjitten en oanlžken, wearze en begearte
reitsje
alle wzens yn 'e skepping betiisd,
begžchle, O
oerwinner fan 'e fij‰n.
7.28
Mar lju
dy't har dwalings oerwžnen
en deugdsum
en deugdlik libben
frij fan
begžchling en dualiteit,
binne fst yn har leafde foar My.
7.29
Wa't syn heil by My siket,
frij fan
‰lderdom en dea wol,
snapt it doel fan 'e skepping,
fan it sels en fan it dwaan.
7.30
Sokken kenne My en it geheim fan it stoflike
en fan goaden, idealen, en it mystike Offer,
sels yn 'e oere fan har dea noch:
want se drage My fst yn it hert.
Achtste Haadstik
De yoga
fan 'e twa paden fan de ónfergonklike
8.1. Arjuna
Wat is
Brahman? Wat it geheim fan it sels?
Wat is de
karma fan it dwaan, O Alderheechste?
En dat wat
it geheim fan 'e skepping neamd wurdt?
En dat wat
foar goaden, langst en idealen giet?
8.2
Hoe en wa is it mystike Offer hjir
yn dizze lea, O deader fan demoanen?
En hoe
kinne Jo yn 'e oere fan 'e dea
kend wurde
troch lju fan harmony en disipline?
8.3. De
Heare sprekt
Brahman kin
stikken noch dea, leech noch op.
It geheim fan it sels wurdt selswurding neamd.
Mei de
karma fan it dwaan rint kreaasje mank,
dat wat libjen
oanpoent of tewei bringt.
8.4
It geheim
fan 'e skepping is de feroaring fan dingen.
Goaden,
langst en idealen gedije drop.
It mystike Offer bin Ik Sels hjir
yn 'e lea, O bste fan al dat lea hat.
8.5
En wa't by syn dea oan My weromtinkt,
as er los
fan syn lea komt,
jout him by Myn wzen:
dat stiet
net yn best‰n.
8.6
Lykfolhokker
tast‰n as immen op sint
as er oan
'e ein syn lea opjout,
dy
seldichste kriget er, O soan fan Kunti,
de dream
dy't er hoedet yn it žnth‰ld.
8.7
H‰ld My
drom altyd yn gedachten
en achtsje
dit sizzen en striid!
Rjochtsje
dyn tžkens en omtinken op My
en do silst
My sžnder mis berikke.
8.8
Wa't him oan 'e beoefening fan yoga wijt
mei in wil
dy't him net weit™gje lit
komt œt by
de alderheechste godlike geast,
O soan fan
Parta, ta dat doel meditearjend.
8.9
De foarste
fisionr, eabelst bestjoerder
sels fan it atoom, tink altyd oan Him,
dy't alles
skoep, žnfoarstelber ferskaat,
Hy is ljocht, ferljochte, it tsjuster foarby.
8.10
Net weit™ge
fan tinzen yn 'e oere fan 'e dea,
troch de
krft fan yoga hieltyd rjochte op devoasje,
midsmank de
wynbrauwen de libbensamme sykjend:
wa't dat
docht komt by de Alderheechste œt.
8.11
Wat de
Veda-kenners it žnœtputlike neame,
wr't wizen,
de wr‰ld fersaakjend, hinne wolle,
wr't it
libjen sžnder langsten hinne liedt,
dy tast‰n sil ik dy yn it koart ferdœtse.
8.12
Ws baas
oer alle doarren fan 'e lea
en tink mei
hiel dyn hert of tink net,
doch yoga, yn 'e holle situearre,
mei de libbensamme fan it sels.
8.13
Sjong
'Aum', de galm fan žneinichheid
en h‰ld my
jimmeroan yn dyn gedachten.
Wa't alsa de lea ferlit,
slagget ta
it heechste doel.
8.14
Elk dy't
net paadbjuster rekket,
mar him
hieltyd op my rjochtet,
fynt my maklik, soan fan Partha:
sa'nent is mei my ferbžn.
8.15
Hat immen it paad nei perfeksje fžn
en is er
einlings ien mei My,
dan wurdt
sa'n grutte geast nea berne
yn dit
jammerdearlik libben.
8.16
De
bžtewr‰ld is Brahmans wr‰ld
en dr komt
alles ivich werom,
mar Ik,
soan fan Kunti,
bin de ein
fan berte en dea.
8.17
Tžzen
tiidrekken duorret
Brahmans
dei, Syn nacht
in tžzental
allyk:
alsa Syn
dei, alsa Syn nacht.
8.18
òt it
žnwzen komme alle wzens
ta wzen,
at Syn dei œtein set,
wurde wei,
at Syn nacht œtein set,
yn wat niis
it žnwzen hiet.
8.19
Dy
seldichste swaarm fan wzens
dy't ivich
werom komt, wurdt wei
as de nacht
œtein set, O soan,
en žntstiet
as de dei wer œtein set.
8.20
Mar
drboppe is in ivige tast‰n,
in žnwurding dy't nea ta wzen wurdt,
dy't, as alle wzen ta neat keart,
nea net
teneat dien wurdt.
8.21
Dy
žnwurding hjit net-te-ferneatigjen
en stiet
bekend as it heechste doel;
dy't dat
berikt, komt net werom;
dr is Myn
heechste himel.
8.22
Dat
bewustwzen wint elk,
st‰nfst yn
devoasje en leafde.
Yn Him
binne alle wzens,
troch Him
binne alle dingen.
8.23
In eigen
seizoen beselskippet
it al as
net weromkommen
fan
kommende of geande yogi's.
Dat sil ik
dy beskriuwe, Myn bste.
8.24
Fjoer,
ljocht, dei, ljochtmoanne,
wylst de
sinne lange dagen makket,
dy tekens
reizgje mei Brahmankenners
mei nei
Brahman žnderweis.
8.25
Reek,
nacht, de moanne dy't sit,
wylst de
sinne koarte dagen makket,
by it ljocht fan sa'n moanne reizget
de yogi
dy't wis werom komt.
8.26
Want dy twa
paden, ljocht en tsjuster,
binne ivich
foar de stoflike wr‰ld:
oer it iene
is der gjin werom,
oer it oare
moat men werom.
8.27
In yogi wit
hoe't se ferskille
en sil nea
ferbjustere wze.
Ws drom
allegeduerigen
yn yoga mei
My ferbžn.
8.28
Boekbestudearjen,
opofferjen, žntsizzing,
fuortjaan,
al dat goeddwaan, dat omtinken
wurdt noch
oertroffen troch de yogi dy't wit
fan 'e
heechste tast‰n, de oerharmony.
Njoggende Haadstik
De yoga
fan Gods keninklik geheim
9.1
En
no sil Ik dy in grut geheim fertelle
want
do bist net ego•stysk of oergeunstich.
Ast
it bewitten fan dy kennis praktisearrest,
silst
dysels fan dyn kwea befrije.
9.2
Keninklike
kennis, in machtich mystearje,
better
is der net en meitsje dy kein,
fuort
te žnderfinen, deugdsum en deugdlik,
maklik
te beoefenjen en jimmeroan jildich.
9.3
Wa't
dizze wierheid oer deugd,
O
fij‰nbetwinger, wantrout,
komt
net by My œt, mar keart
yn
'e wr‰ld fan 'e dea werom.
9.4
Ik
trochkring g‰ns dit universum
mei
Myn žnmanifestearre foarm.
Alle
libbene wzens binne troch My,
mar
Ik bin net yn har.
9.5
En
d™ch binne wzens net yn My.
Oansk™gje
Myn mysterieuze yoga:
boarne
fan wzens net yn wzens situearre
en
d™ch is de oarsaak fan harren Myn Sels.
9.6
Sa't
de wyn altyd yn 'e romte is
en
oeral hinne waait, wit:
sa
is alle libben
yn
My situearre.
9.7
Alle
wzens, Myn soan,
wurde
ta stof yn Myn natoer
oan
'e ein fan 'e tiid en Ik stjoer
har
wer de tiid yn ta in nij begjin.
9.8
Myn
stoflike natoer stjoert
de
swaarm fan wzens hieltyd wer
neffens
Myn natoerwetten
yn
ta romte en tiid.
9.9
Mar
My bine dy aktiviteiten
O
sterke freon, net!
Ik
wurd der net ™fhinklik fan,
Ik
stean der boppen en bžten.
9.10
ónder
Myn bestjoer skept de natoer
alles
dat beweecht of net.
Drom,
Myn dierbere freon,
evolueart
dit universum.
9.11
Dwazen
ferachtsje My
yn
Myn minsklike foarm,
miskenne
Myn heger wzen
as
bestjoerder fan it hielal.
9.12
Wat
se wolle, wat se dogge,
wat
se leauwe, wat se litte:
it
doocht allegear foar gjin stoer,
foar
it kwea keas har natoer.
9.13
Mar
grutte sielen kieze foar My,
fertrouwe
op har godlike natoer,
binne
My tawijd sžnder paadbjustere tinzen
en
kenne My as de žneinige boarne fan it wzen.
9.14
Aloan
en alwei besjonge se My
en
binne beret yn har stribjen
en
lizze yn tawijde oanbidding
oan
Myn fuotten, mei My ferbžn.
9.15
Oaren
oanbidde troch kennis en sitte
alsa
oan myn fuotten del,
op
syk nei de ienheid yn it foarmferskaat
it
g‰nse hielal befiemjend.
9.16
Ik
bin it ritueel, Ik bin it offer,
Ik
bin de offerjefte, Ik bin it kržd fan genzing,
Ik
bin de mantra, Ik bin de raande bžter,
Ik
bin it fjoer, Ik bin it wijde wetter.
9.17
Ik
bin de heit fan it hielal,
de
mem, de hoeder, de oerpake, Ik bin
itjinge
lju witte moatte, wat suver makket, it wurdlid AUM,
it
heechliet, de psalmen en de offerformules der Veda's.
9.18
It
doel, de behoeder, de hear, de tsjžge,
wente,
taflecht, bste freon,
skepping,
žntbining, ynst‰nh‰lding,
skatkeamer,
žnfergonklik sie.
9.19
Ik
jou waarmte, Ik jou rein,
Ik
wjerh‰ld, Ik stjoer œt;
žnstjerlikheid
en stjerlikheid,
wzen
en net-wzen bin Ik.
9.20
Skriftlzers,
drinkers fan wijd wetter, fan sžnde skjin,
oanbidde
My fia in omwei, bestribje de himel.
Hja
winne de godlike wente fan har god,
priuwe
de swide geneugten fan goaden.
9.21
Nei't
hja yn har paradys har penjes fan fertsjinst spandearre ha,
komme
se nei de omrin fan libben en dea werom.
Wa't
alsa de lear fan oare skriften folget,
slij
nei it lean, wint foarbygeande wille.
9.22
Wa't
op My meditearret
en
mei My harmoniearret,
st‰nfst
en tawijd, krijt
wat
syn yoga rekwirearret.
9.23
Lju
dy't oare goaden tawijd binne,
dy't
yn har leauwe en har oanbidde,
oanbidde
yn feite My, O soan,
al
is soks net de bste manier.
9.24
Want
fan alle foarmen fan godstsjinst
bin
ik sawol de žntfanger as de Hear,
mar
hja kenne My net sa't Ik bin
en
falle drom œt har himel tebek.
9.25
Dy't
goaden oanbidt, sil goaden fine,
dy't
foar‰lden ferearet, sil foarteam fine,
dy't
yn geasten leaut, sil geasten fine
mar
dy't My oanbidt, fynt My.
9.26
In
blom, in bld, in frucht, wat wetter,
as
ien My dat mei leafde jout,
nim
Ik sa'n blyk fan leafde oan
fan
immen dy't him oan My jout.
9.27
Watst
ek dochst, watst ek ytst,
watst
ek oanbiedst of weijoust,
watst
dysels ek opleist, bern,
draach
dat, as offer, oan My op.
9.28
Alsa
wurdst fan it lean fan goed en kwea,
fan
'e b‰n fan dwaan en net-dwaan, ferlost.
Mei
dyn sels ankere yn 'e yoga fan distansearring
befrijst
dysels en fynst it paad nei My.
9.29
Ik
bin foar alle wzens deselde:
gjinien
bin ik fij of lžk Ik foar,
mar
dyjingen dy't My oanbidde,
binne
yn My en Ik yn har.
9.30
Sels
in grutte smjunt, mits hy
My
sžnder wifkjen tawijd is,
moat
as ferljochte besk™ge wurde
want
hy hat foar it goede keazen.
9.31
Mei
faasje fynt syn sels de deugd
en
slagget ta ivige frede.
Freon,
do kinst der wis fan wze:
wa't
h‰ldt fan My, sil net fergean.
9.32
Want
dyen dy't har heil by My sykje,
likefolle
har ™fkomst of omstannichheid,
froulju
of wurkfolk, legerein,
dochs
slagje se ta it heechste doel.
9.33
Namste
mear jildt it deugdsume hegerein,
tawijde
prysters en fisionre foarsten.
Foarbygeand
is de wr‰ld en syn wille:
men
docht der better oan en tsjinje My.
9.34
Tink
oan My en ws My tawijd,
h‰ld
fan My en earje My.
Kom
nei My ta troch dyn devoasje,
keppelje
dyn sels oan My.
Tsiende Haadstik
De yoga fan Gods oerfloed
10.1.
De Alderheechste spriek:
Beharkje
Myn bliid boadskip,
O
sterke, dat ik fertel
oan
dy ta dyn bedijen;
do
stelst soks tige op priis.
10.2
It
goadeteam ken Myn oarsprong net
noch
de grutte fisionren.
Ik
bin fan beiden
it
begjin en de ein.
10.3
Wa't
My ken as sžnder ein,
de
žnberne master fan 'e wr‰ld,
wurdt
as stjerling net mislaat
en
fan alle kwea ferlost.
10.4
Ferst‰n,
wiisheid, net ferslaafd te wzen,
geduld,
wierheid, selsbehearsking, frede,
wille,
pine, wurding, ferwurding,
benaudens
likegoed as moed,
10.5
žnskuldigens,
™fstanlikens, tefredenens,
žnth‰lding,
gollens, rom en skande,
lykfolhokke
tastannen fan libbene wzens,
lykfolhoe
žngelyk, komme fan My.
10.6
De
s‰n grutte fisionren œt it ferline
en
de fjouwer stamheiten fan 'e tiidsgewrichten
binne
œt Myn geast ea berne;
sa
kamen alle kreatueren op 'e wr‰ld.
10.7
Wa't
dizze yoga en manifestaasje
fan
Myn macht folslein beseft,
is
aloan yn yoga, tawijd,
sžnder
twastriid; dat is wis.
10.8
Ik
bin de boarne fan it hielal,
Ik
set it oan, it komt œt My.
Yn
dat bewitten oanbidde My
ferljochte
geasten, ferstannige lju.
10.9
Troch
oan My te tinken, troch har styl fan libjen
ferljochtsje
se inoar, ferljochtsje se harsels.
Hja
prate aloan en alwei oer My.
Sadwaande
binne se foldien en bliid.
10.10
Se
hawwe harsels altyd yn 'e macht
en
h‰lde fan My en earje My.
Ik
jou har de yoga fan 'e geast;
drmei
kinne se ta My komme.
10.11
My
begruttet har tsjusterens
berne
œt har brek oan bewitten.
Ik
ferdriuw wylst Ik ferbliuw yn it sels
har
tsjusterens mei de lampe fan it witten.
10.12.
Arjuna spruts:
Learmaster
Brahman, ferheven Ljocht.
Jo
lotterje, Jo suverje!
Jo,
de ivige, godlike geast,
boppeste
godheid, žnberne bestjoerder!
10.13
Dat
seine de fisionren fan Jo,
allyk
as de godlike sjenners Narada,
Asita
Devala en Vyasa,
en
Jo seinen it sels tsjin my.
10.14
It
is allegear wier, tinkt my,
wat
Jo my fernijden, Kesava.
Noch
de goaden noch de demoanen
binne
mei Jo iepenbiering bekend.
10.15
Jo
kenne Jo eigen natoer
troch
Josels, O Heechste Persoan:
Oarsprong
fan wzens, Grytman fan it wzen,
God
fan goaden, Hear fan it hielal.
10.16
Ik
bid Jo, ferklearje my no
Jo
rynske manifestaasjes,
hoe't
Jo alle wr‰lden trochkringe
en
yn alle dingen Jo hžs ha.
10.17
Hoe
kin ik Jo kenne, O Yogi, -
om
altyd oan Jo te tinken?
Wat
is Jo natoer, O Heechste?
Dy
wol ik bewarje yn it žnth‰ld.
10.18
Som
de rynske manifestaasjes fan 'e yoga
fan
Jo Sels foar my op, O deader fan it kwea,
want
ik krij der gjin gen™ch fan
en
priuw de nektar fan Jo wurd.
10.19.
De Alderheechste spriek:
Ja,
ik sil tsjin dy sprekke
oer
Myn Selsmanifestaasjes.
Rynsk
is myn rykdom,
oermjitte
en sžnder ein.
10.20
Siel
en Sels bin Ik
fan
alleding, Myn freon,
yn
al dat libbet situearre,
it
begjin, de midden en de ein.
10.21
Vishnu
bin Ik fan 'e Aditya's,
fan
boarnen fan ljocht de baarnende sinne,
fan
'e Maruts de lieder, Marīci,
oan
'e nachthimel bin Ik de moanne.
10.22
Fan
'e Veda's bin ik Sama, it sjongboek,
fan
goaden Vasava Indra,
fan
'e sinnen it tinkfermogen,
en
yn al dat libbet bewustens.
10.23
Fan
'e Rudra's bin Ik Samkara Siva,
fan
kweageasten Kubera, it Jild,
fan
'e Vasu's bin ik de fjoergod,
fan
bergen de berch Meru.
10.24
Fan
prekers bin Ik de preekgod
Brhaspati,
O freon Arjuna.
Fan
stoarmtroepen bin Ik de striidgod Skanda,
en
fan alle iepen wetters de oseaan.
10.25
Fan
briljante wizen bin Ik Bhrgu,
fan
lždstrillingen it hillich wurdlid AUM,
fan
offersangen bin Ik it liet fan lof,
fan
berchtmen bin Ik de Himalaya.
10.26
Fan
beammen bin Ik de oanbeane figebeam,
fan
himels wize lju de nommele Narada
fan
himels muzikanten Citraratha
fan
himels folsleine wzens de sjenner Kapila.
10.27
Fan
hynders Uccaihsravas, Indra's hoars
berne
œt it tsjernjen fan 'e oseaan,
fan
oaljefanten Airavata, Indra sines
en
fan minsken bin Ik de kening.
10.28
Fan
wapenreau bin Ik de tongerslach
en
fan kij de ko dy't žneinich jout,
fan
ferwekkers bin Ik de god fan 'e leafde,
fan
'e slangen bin Ik kening Vasuki.
10.29
Fan
'e naja's bin ik Ananta,
fan
wetterskepsels wettergod Varuna,
fan
it ferstoarne foarteam de god Aryaman
en
fan alle bestjoerders Yama, de god fan 'e dea.
10.30
Fan
demoanen bin Ik prins Prahlada,
fan
krften bin Ik de tiid,
fan
bisten bin Ik de liuw
en
fan al dat fleant Vishnu syn fžgel Garuda.
10.31
Fan
wat suveret bin Ik de waaiende wyn
en
fan alle kriichslju Rama
fan
wettermeunsters bin Ik de haai
fan
rivieren de Ganges.
10.32
Fan
skeppingen bin Ik de ein en it begjin
en
de midden allyksa, Arjuna,
fan
kennis bin Ik de selskennis,
fan
sprekkers bin ik it sprekken.
10.33
Fan
letters bin Ik de A
en
fan gearstalde wurden de kopulative.
Ik
bin de ivige tiid
allyk
as de alskeppende hoeder.
10.34
Ik
bin de alslinende dea,
Ik
set komstige dingen oan.
Fan
de-wurden bin Ik de wiisheid, de rom, de spraak en de trouw.
Fan
it-wurden bin Ik it lok, it žnth‰ld, it geduld en it fertrouwen.
10.35
Fan
it sjongboek Sama bin Ik de Brihat-hymne,
fan
metra it Gayatri-metrum,
fan
moannen bin Ik Margashirsha,
fan
jiergetiden de maitiid.
10.36
Fan
falskspilers bin Ik it dobbelspul,
fan
al dat ljochtet de gl‰ns.
Ik
bin de sege, Ik bin it aventoer,
Ik
bin de moed fan 'e moedigen.
10.37
Fan
'e Vrishni's bin Ik Krishna,
fan
Pandu's soannen Arjuna.
Fan
wizen bin Ik Vyasa
en
fan tinkers bin Ik Usana.
10.38
Ik
bin de roede fan 'e hoeders fan it rjocht,
Ik
bin de keunst fan it bestjoeren fan bestjoerders.
Ik
bin it swijen fan geheime dingen,
Ik
bin it witten fan hja dy't witte.
10.39
Boppedat
bin Ik it sie
fan
alle wzens, Arjuna.
Neat
kin sžnder My bestean
oft
it no libbet of net.
10.40
Myn
godlike oerfloed hat gjin ein,
oerwinner
fan 'e fij‰n.
De
foarbylden dy't Ik joech
binne
mar in fraksje drfan.
10.41
Al
wat in manifestaasje is
fan
oerfloed, skientme of kracht,
wit
dat it inkeld weikomt
œt
in glimke fan Myn pracht.
10.42
Mar
wat hat it foar sin, Arjuna,
en
wit dit yn bysžnderheid?
In
glim fan My draacht dit hielal.
òt
My is alle hearlikheid.
Alfte Haadstik
De yoga fan Gods lea
11.1.
Arjuna sei:
Goedgeunstich ha Jo my ferteld
fan it geheim fan siel en sels.
Jo žnderrjocht hat fertuten dien:
myn žnwittenens is ferdreaun.
11.2
Ferskinen en ferdwinen fan al dat libbet
haw ik yn detail te hearren krigen
fan Jo, O Lotuseach, likegoed as
de žneinichheid fan Jo hearlikheid.
11.3
Jo Sels is sa't Jo my
beskreaunen, Albestjoerder.
No is it myn winsk en sjoch
Jo stal as God, O Hear.
11.4
Binne Jo fan betinken, O Hear fan Yoga
dat ik bysteat bin soks te sjen,
ws dan sa goed en toan my
Jo Sels, dat ivich is.
11.5. De óneinichheid andere:
Oansk™gje Myn aspekten, bern
by hžndert- en tžzentallen,
in mannichf‰ldich mirakel
mei allegear kleurige foarmen.
11.6
Sjoch de Aditya's, Vasu's, Rudra's,
de Asvin-twilling en de Maruts
en oaren nea bel™ke,
oansk™gje skientme, bern.
11.7
Sjedr de ienheid fan it hielal
mei alles dat beweecht of net
yn Myn lea, Myn freon;
besjoch mar watsto wolst.
11.8
Mar do kinst mei dyn eagen
My net sjen, dat Ik jou
dy godlik sicht: oansk™gje
no Myn mystearje en macht.
11.9. Sanjaya de ferteller sei:
Alsa spruts, O kening,
de almachtige Yogi
en toande oan Syn learling
de oerfloed fan Syn lea.
11.10
It wie allegear mžlen en eagen,
allegear skientme fan antlit,
rynske toai en opsier
en kostber kriichsark blonk.
11.11
In pronk fan klean en blommekr‰nsen,
bjustere swietrook en swiete parfums,
ien en al wžnder, Hy, de óneinige
bylke yn alles oeral œt wei.
11.12
As tžzenen sinnen yn 'e loft
hommels begjinne te skinen,
dan is har ljocht faaks net wanlyk
it ljocht fan òs Hear.
11.13
Op dat stuit seach Arjuna
alleding yn syn ™fsžndering
yn it hiele hielal as ien
yn 'e lea fan 'e God fan goaden.
11.14
It wžnder taaste him yn it moed,
it hier stie him oerein en hy
fereare God, de holle foardel,
de hannen gear, en spriek:
11.15
Hear, ik sjoch de goaden yn Jo lea
en follerlei libbene wzens
en Brahman dy't yn 'e lotus sit
en godlike slangen en sjenners.
11.16
Buken, mžlen, earmen, eagen, alles by de ržs,
alle kanten œt sjoch ik Jo žnbegrinzge lea.
Ik sjoch gjin ein, gjin midden, gjin begjin,
O Hear fan it hielal, yn Jo lea fan it hielal.
11.17
Helmen, knotsen, smytskiven,
it ljocht spat alle kanten œt.
Amper te oereagjen stekke de gleone strielen
fan l™gjende sinnefjurren žneinichheden oer.
11.18
Jo binne de ónfergonklike, it doel fan alle
kennis,
Jo binne de gržnslach fan it hielal, Jo binne
de žnstjerlike hoeder fan 'e ivige deugd,
Jo binne de Hillige Geast dy't altyd is.
11.19
Sžnder begjin, midden of ein, mei einleaze macht,
Jo earms roere žneinichheid, Jo eagen binne
moannen en sinnen,
ik sjoch Jo antlit l™gjen mei in kr‰ns fan fjoer,
Jo waarme gloed ferwaarmet it hiele universum.
11.20
Alle kanten œt binne himel en ierde
en de romte drtusken fan Jo trochkrongen.
De trije wr‰lden fielle it wžnder fan Jo lea
en se trilje derfan, O ferheven Sels.
11.21
In mannichte goaden komt Jo neieroan, O Hear,
benaud bidde guon Jo oan mei de hannen gear.
Wize žndersikers en sjenners roppe 'frede'
en psalmsjonge en lofpriizgje Jo.
11.22
ïfbrek-Rudra's, sinne-Aditya's, fjoer-Vasu's,
biddende Sadya's,
Visva-healgoaden, de Asvin-twilling, de Maruts fan
waar en wyn, famyljegoaden,
kloften ingelen dy't sjonge, elfen, hilligen en
demoanen
oansk™gje Jo, yn Jo wžnder wei.
11.23
By it oansk™gjen fan Jo machtich stal
mei al dy mžlen, eagen, earms en al
dy dijen, fuotten en grimmitige tosken
trilje de wr‰lden en trilje ik.
11.24
Jo roere de himel mei Jo gleone kleuren,
jo wankende mžlen en žnbidige eagen:
kjel fernim ik se yn myn binnenst sels
en de moed sakket my yn 'e hakken, Vishnu.
11.25
Jo mžlen driigje mei teskuorrende tosken;
ik sjoch se as it fjoer oan 'e ein fan tiden
mei frettende tongen: lit my flechtsje! Wrhinne?
Genede, Hear! Jo binne it beh‰ld fan alles.
11.26
De soannen fan Dhrita-Rashtra
mei de kloften fan keningen,
en Bhisma, Drona, de soan fan 'e hynstemenner,
allyk as œs kundichste kriichslju:
11.27
Hja sette rimpen op Jo mžlen ta,
op žnhuerige tosken, mei aaklik trelit.
Guonlju bliuwe tusken de tosken stykjen,
de holle tehaffele op 'e stjerrende lea.
11.28
Sa't wetterweagen by de ržs yn rivieren
oerinoar hinne tommelje, dat œt nei de see,
sa sette de helden fan 'e wr‰ld fan 'e minsken
op Jo l™gjende mžlen ta.
11.29
Sa't motten by in baarnende flamme
harsels de fernieling yn jeie,
sa jeie by Jo mžlen de minsken
harsels de fernieling yn.
11.30
Jo sline, Jo slokke oan alle kanten
minsken op, mei ham en gram.
Jo l™gjende tsjeaken, Vishnu,
oerskaadzje en trochstriele it hielal.
11.31
Fertel my, wa binne Jo, mei Jo freeslik stal?
Foar Jo is de eare, O Hear fan goaden, genede!
Stomme graach woe ik Jo begripe, Alderheechste
God,
want ik ha gjin benul hok doel Jo hjirmei ha.
11.32. De Heare spriek:
Ik bin de tiid, Ik slyn de wr‰ld,
en bring de minsken striid en doch har dea.
Sels sžnder dy sil gjint fan 'e soldaten
dy't foar dy stean aansen noch bestean.
11.33.
Rjochtsje dus de rch en set op gloarje ta,
slach de fijannen del en bring dyn ryk yn bloei.
Ik ha se om har ferline al ta de dea ferwiisd,
ws do it ynstrumint, loftshannige b™gesjitter.
11.34
Drona en Bhisma en Jayadratha
en Karna en oare kriichslju ek
binne troch My al dea; wifkje net.
Fjochtsje en oerwin de fij‰n yn 'e striid.
11.35. Sanjaya de ferteller sei:
Doe't Arjuna de wurden fan Krishna beharke
knibbele er triljend, mei de hannen gear,
de rch yn 'e bocht en spruts Him oan,
stammerjend en benaud, oanienwei bžgjend.
11.36
Mei rjocht en reden, Master, wurde de wr‰lden
bliid by it sjongen fan Jo lof.
Kweageasten flechtsje deabenaud alle kanten œt
en helden dy't harsels ferfolmakken earje Jo.
11.37
En wrom soene se Jo net earje, machtich Sels?
Jo binne Brahman oerm‰nsk, Jo as heechste skepper,
žneinige Hear fan goaden, beh‰ld fan it hielal,
žnfergonklik, oarsaak en gefolch en alles
drboppe.
11.38
Jo binne de boppeste god, de ‰ldwr‰ldske geast,
it byntwurk, it swiet beh‰ld fan it hielal,
Jo binne de witter, it witten, de foarste
taflecht,
Jo trochkringe it hielal mei Jo žnbidich stal.
11.39
Loft, dea, fjoer, wetter, moanne,
Brahman binne Jo en it foarteam.
Tžzen kear betsjžgje ik Jo ear
en jitris tžzen kear jou ik Jo ear.
11.40
Ear foar Jo fan foaren en fan efteren,
ear foar Jo fan alle kanten, Jo binne alles.
O žneinige Macht, gjin grinzen hat Jo pracht,
Jo binne alles yn alles, oeral oanwzich.
11.41
Doe't ik tocht dat Jo gewoan in maat wiene,
sei ik tsjin Jo "Hoi Krishna, Yadava,
maat",
en wist ik neat net fan Jo hearlikheid
œt žnnoazelens, affeksje of lykfolwat.
11.42
En as ik Jo tenei kaam, de gek mei Jo hie,
grapjage as wy lins namen, œs deljoegen, wat
ieten,
tegearre, ónfersteurbere, of beselskippe fan
oaren,
foar al dy kearen freegje ik om ferjouwing, Rynske
Jouwer.
11.43
Fan it hielal mei beweging en stilst‰n binne Jo de
heit
en de leave oanbeane learaar fan al dat libbet.
Jo hawwe gjin gelikensens, der is gjin oar as Jo
yn 'e trije wr‰lden, O óneinige.
11.44
Drom knibbelje ik en lis ik op 'e gržn
en smeek Jo om ferjouwing, oanbeane Hear.
As in heit mei in soan, as in freon mei in freon,
as in leaver mei syn leafste, haw geduld mei my, O
Hear.
11.45
Ik bin bliid dat ik seach wat nimmen seach
en tagelyk bin ik benaud en fan streek.
Toan my, Heare, jo eardere foarm,
genedige God, œs rding en taflecht.
11.46
Mei helm, knots, en smytskiif yn 'e h‰n,
sa woe ik Jo graach wer sjen
yn Jo eardere foarm mei fjouwer earms,
net as hielal-lea mei tžzenen earms.
11.47. De Alderheechste spriek:
Troch Myn geastlike yoga, Arjuna,
hasto Myn manifestaasjes fernommen
as fjoer, hielal, begjin en žneinichheid:
sa hat nimmen My ea fernommen.
11.48
Net troch de Veda's, bidden, stœdzje of offer
noch troch ritueel of strange askese
hat ien My lykas niis, O held,
yn 'e wr‰ld fan 'e minsken ea sjoen.
11.49
Ws net ferbžke of feralterearre
om it oansk™gjen fan Myn freeslik stal.
Fleurich op, h‰ld heech it krop:
sjoch hjir Myn eardere foarm.
11.50. Sanjaya de ferteller sei:
Doe't Krishna dy wurden sprutsen hie,
naam er Syn eardere foarm oan.
Mei't Arjuna benaud wurden wie,
waard God wer minske fan stal.
11.51. Arjuna sei:
No't ik Jo minsklik stal wer sjoch,
Jo skientme, O fij‰nbetwinger,
bin ik wer gerst en fol betrouwen,
by sinnen en mysels wer baas.
11.52. De Alderheechste spriek:
It is dreech en sjoch de foarm
dysto fan My oansk™ge hast.
Sels de goaden besykje
hieltyd dy foarm te sjen.
11.53
Net troch de Veda's of askese,
goede wurken of oanbidding
kin oansk™ge wurde
watsto oansk™ge hast.
11.54
Strider, inkeld troch tawijing
kin Ik yn 'e foarm fan niis
kend en oansk™ge wurde
en kin men ta My yngean.
11.55
Wurkje yn Myn tsjinst, haw My yn gedachten,
ws tawijd oan My, fan gehechheid frij,
ws foar gjin inkeld wzen fijannich:
want sa, O bern, giest yn ta My.
Tolfte Haadstik
De yoga fan 'e
leafde foar God
12.1.
Arjuna frege:
Guon binne hieltyd mei Jo ferbžn,
hja binne Jo tawijd en eare Jo.
Oaren fereare wat-wurdt-noch-ferwurdt.
Wa binne fan beiden de bste yogi's?
12.2. De godlike Learaar andere:
Wa't syn tinken oan My hechtet,
My oanbidt, mei My ferbžn
troch syn leafde en fertrouwen,
dy is meast mei My ferbžn.
12.3
Mar wa't oanbidt wat-wurdt-noch-ferwurdt,
net te omskriuwen, wat ivich is,
oeral oanwzich, žnfoarstelber,
žnbeweechlik en altyd itselde,
12.4
wa't de baas oer syn sinnen is,
by al it besteande itselde is,
dy komt allyksa by My œt,
dy wurket foar elk syn wolwzen.
12.5
Dreger is it bodzjen fan dyen
dy't hechtsje oan wat-wurdt-noch-ferwurdt
want it paad nei it net-manifestearre
is net maklik foar lju mei in lea.
12.6
Wa't lykwols alle dieden oan My oerjout,
oan My hechtet mei žnferdielde oandacht,
troch syn yoga op My meditearret,
fan My leart en My al learendewei fereart,
12.7
foar sokken wurd Ik al gau
dejinge dy't har rdt
œt 'e see fan syklyske dea,
at se har wil goed bestjoere.
12.8
Set it tinken op My fst,
bržk dyn yntellekt foar My,
dan komsto by My œt:
bou drop, fertrou drop!
12.9
Mar kinsto My net st‰nfst
yn dyn tinzen h‰lde,
besykje My dan te berikken
troch yoga te dwaan, Arjuna.
12.10
Ast dat net beoefenje kinst,
ws dan in feint yn Myn tsjinst.
Wurkje omwille fan My
en win dr de sillichheid mei.
12.11
Mar bist dr ek net ta bysteat,
nim dan dyn taflecht ta Myn yoga
en fersaak it risseltaat fan dyn wurk
troch dysels yn it Sels te ferpleatsen.
12.12
Want kennis is better as oefening
en better as kennis is meditaasje
en better as meditaasje is fersaking
want mei it fersaakjen komt frede.
12.13
De yogi hat yn nimmen in hate,
hy is freonlik, ynfiellend en myld,
net besitterich of eigenikkich,
hy is freedsum yn pine en geniet.
12.14
De yogi is altyd tefreden,
beret en baas oer himsels,
ferbynt syn wil en syn tinzen oan My:
wa't My sa ferearet, dy haw Ik leaf.
12.15
Wa't oaren net oerstjoer makket, noch
fan oaren yn žnstjoer rekket, stjoerd
fan blidens noch žngeduld, frees noch emoasje:
sa'nent, dy haw Ik allyksa leaf.
12.16
Belangeleas, suver, kundich,
frij fan kommer en kwel,
net yn 'e grip fan ambysje of emoasje:
wa't My sa leaf hat, dy haw Ik leaf.
12.17
Wa't him net meislepe lit
fan freugde, fertriet, begearte of geklei,
net yn 'e grip fan foardieltsjes, neidieltsjes:
wa't My sa leaf hat, dy haw Ik leaf.
12.18
Dy is itselde by freon en fij‰n,
yn skande en sukses itselde,
by kjeld, hjitte, freugde, fertriet,
dy is fan elke ™fhinklikheid frij.
12.19
Dy is swijsum by lof en by blaam,
tefreden wat der ek bart,
oeral thœs, sterk fan geast
en tawijd: sa'nent, dy haw Ik leaf.
12.20
Wa't dy plichten as libbenselikser
drinkt, eigen makket, folbringt,
fol fertrouwen, mei My as doel,
sa'n minske is My it leafst.