Eric Hoekstra

Glauco en Leonida. In fabel oer rjochtfeardichheid.

"Bern, bern, let op, let op en wês stil. Dan fertel ik jim in fabel."
"Mar juf, de foarige kear wie it sa'n lêbich ferhaaltsje út it âlde testamint, fan in patriargale god en in brommelbosk."
"Ja juf, wy binne te âld om ferhaaltsjes oer god te beharkjen."
"God syn iennichste ekskús is dat er net bestiet."
"Eabele, doch net sa flau; bist no te âld om Stendhal te sitearjen."
"Juf, ús heit ha wy mear as genôch oan, as dat wy ek noch nei tirannike idealisaasjes fan him hearre moatte."
"Bern, skiednis wurdt jûn, dat de skiednis him net werhellet. Jim binne no acht, dat is de geastlike leeftyd dêr't goaden yn oanleard en ôfleard wurde."
"Mar juf, wêr bliuwe de ferhaaltsjes oer ús mem?"
"Dy ha jim by it nije testamint al hân."
"Jo woene, juf, dochs net ymplisearje dat Jezus in âld wiif wie?"
"Stil Grytsje, bern stil, ik sil jim in fabel fertelle oer it probleem fan de RJOCHTFEARDICHHEID."

"Wy skriuwe it fjirde jierhûndert foar Kristus. De Grykske kriichskultuer is oan alle kanten sa sublimearre dat er, nei in prachtige bloei yn de sofistyske filosofy, ynstoart. Dêr hearre twa nammen by, Socrates en Plato. Socrates luts de Grykske moraal yn twifel, en dat die er troch it probleem fan de rjochtfeardichheid op de aginda te setten. Dêr helle er lykwols in streekje by út: hy gie folslein foarby oan it perspektivisme, oan dat alle minsken ferskillend binne. Mei oare wurden, hy woe ha, deselde moraal en deselde beleanning en deselde easken moasten foar alle minsken jilde."
"Aber das ist ja der Waansin!"
"Do seist it, Eabele, en bergje dy Fryske bommelboekjes op, of lês se alteast sa dat ik it net sjoch en dy net hoech te reprimandearjen. Ik ferfetsje myn betooch. Socrates hie fierder as skaaimerk in folsleine blinens foar kreativiteit. Syn kommentaar op de dichter yn Ion sprekt boekdielen. Hy kin net begripe dat immen in rol spilet, dat immen frij kombinearret en assosjearret, dat immen gûlt om in imazjinêr ferhaal, mei oare wurden, it wêzen fan de kreativiteit wie Socrates frjemd. Plato dêr foar oer wie in keunstner, dus immen dy't himsels yn tsjinst fan oaremans ideeën stelt. Plato makke fan Socrates in sprekkende figuer."
(Eabele) "Wêrom hat Socrates selsmoard plege."
"Hy hie genôch fan it libben. Hy lokke in sitewaasje út dat er ta de dea feroardiele waard troch de hearskjende machten, dy't, dom as altyd, net te beroerd wiene wer in martelder te kre-earjen. Lit ús net ferjitte, hy hie maklik út Athene weikomme kinnen en ûntrin de gifbeker. Mar hy seach it libben as in sykte, en wy perspektivisten sizze dan "syn libben", dat hy stapte der út."
(Grytsje) "Mar hy hat dochs wol munt slein út syn dea, as er sa'n grut man wie?"
"Fansels, hy die it foar as stoar er foar de anty-perspektivistyske moraal, en wie it dyselde moraal dy't him ferbea út Athene te flechtsjen."
(Eabele fol bewûndering) "Wat in tûke smjunt!"
(Grytsje) "Ik bleau yn dy eksterne sitewaasje leaver yn libben. Fansels, as ik fan binnen ek Sokrates wie, hie ik itselde dien."
(Eabele) "Dat is in empiryske tautology!"
"Eabele, famkes lizze no ienris foar op jonges yn har geastlike ûntjouwing. Grytsje, Eabele moat noch leare himsels te presentearjen en dêrom hat er it rjocht Socrates te bewûnderjen om syn P.R.-belied. En dan no de fabel."

Der wiene ris in man en in frou, Glauco en Leonida. Glauco wie in, eh, tûke smjunt. Hy wist in izersterk imago del te setten, mar oars koe er net folle. Wat Leonida koe, witte wy net, mar wat se perfoarst net koe wie in izersterk imago delsette. Beide sollisitearren op deselde baan. Beide woene boargemaster fan Athene wêze. Wa't de bêste wie, is net te sizzen, mar Glauco wie in master yn it Lykjen. Dat dy waard oannommen as boargemaster, en spile moai waar yn dy funksje. Underwylst liet er him omkeapje om rinpaden troch bosken oan te lizzen, mar hy die it foarkommen as waard de bosk dêrmei feiliger. Doe waard er rûnom priizge as in beskermer fan de feilichheid. Hy liet syn personiel seehûntsjes delkneppelje, mar hy fersprate earst it geroft dat se de sykte fan Lyme ferspraten. Doe waard er rûnom priizge as in beskermer fan de folkssûnens. Hy rûpele mei syn hurde ekonomyske taktiken de ekonomy fan eilân trije út, mar hy die it foarkommen as learde er de bewenners moderne ûnderhannelingstaktiken. Doe waard er rûnom priizge om syn ûntwikkelingshelpprogramma. Hy sette syn tsjinstanners yn de finzenis, mar hy sei sels "ik bestriid it kwea", en de minsken bouden him nei, "Glauco bestriidt it kwea".
Leonida dêr foar oer wie folslein ûnbekwaam yn it Lykjen. Hja waard al gau slachtoffer fan Glauco syn yntriizjes. Earst rekke se har hûs kwyt, om't Glauco it foarkommen die as wiene dêr kakkerlakken yn sinjalearre. Dat it hûs waard delbrând. Doe gruten Glauco syn tsjinstfeinten (kin der út: der fan) dat Leonida yn de bosk dêr't se tahold satanyske riten organisearre. Neat wie minder wier, want Leonida holp inkeld de skiephoeders mei it hoedzjen fan skiep. Mar wat docht it derta? De minsken leauden yn it imago dat Glauco fan Leonida delsette, dat al gau waard se fan har sinten ôfholpen, en fan de oare besittingen dy't se út har kakkerlakkehûs rêde kinnen hie. Se wie no in útstate heks, en it iennichste wat se hie wie it faaie libben. Hja swurf fan doarp nei doarp en fertsjinne de kost foar har berntsje (de heit woe net mei har trouwe) mei har kunde op it mêd fan krûden en in inkelde kear spile se sels mei de triennen yn de eagen de hoer. Want se leaude yn de leafde.
Glauco dêr foar oer hie it djoerste hûs fan Athene, in prachtige frou, twa maitressen, en in protte freonen. Fan syn baan as boargemaster makke er net folle wurk, mar elkenien leaude dat er it geweldich die. Want hy sette sa'n sterk imago del. As ien wat altefolle fan de wierheid troch hie, dan holp Glauco him of har oan sa'n min imago dat er troch gjinien fan syn stêdsgenoaten leaud waard. De kritisy, at se der al wiene, moasten om yn it libbensûnderhâld te foarsjen Athene wol ferlitte. Glauco koe de bêste dokters komme litte dat hy wie net faak siik. Fansels iet er goed. Miskien sette er ek foar de syktekimen oer in sterk imago del. Feit is dat er stoar doe't er 132 wie. Syn frou en syn maitressen gûlden. Syn bern wiene wiken yn de rou. En de stêd Athene rjochte in stânbyld foar him op. Dêr koene swalkers en boargers lêze: "Glauco ta eare, de kundichste boargemaster en deugdsumste man dy't Athene ea hân hat".
Leonida swurf in jier as tsien troch de bosken (fan) yn it Noarden fan Grikelân. Hja stoar op har trije-en-tritichste oan de gefolgen fan in ienfâldige ynfeksje. It hie maklik te genêzen west, mar se hie no ienris net it jild om de dokter te beteljen. En se woe net langer de hoer spylje."

Bern, dat is de fabel. En de fraach dy't der by heart is: wêr is de rjochtfeardichheid? Glauco, in smjunt, hat libbe as in foarst. En Leonida, in ingel, hat libbe as in bist. Wêr is de rjochtfeardichheid? Wêrom sit it hielal sa yninoar dat soks tastien is? As der goaden binne, wêrom steane se dat dan ta? Is it in wûnder dat de stoïsy tinke dat de goaden folslein ûnferskillich binne? Is it in wûnder dat de grifformearden dimmen sizze: de minske kin Gods paden net (bedjipje) benei komme? Mar de humanist freget en freget om rjochtfeardichheid. En de sosjalistyske humanist bout wetten en finzenissen om de Glauco's yn de macht te krijen. En de finzenissen sitte fol, mar net mei it neiteam fan Glauco, mar mei it neiteam fan Leonida. Want wa't in master yn it lykjen is, lit him net fange. En as de wolven ferdreaun binne, wat ek wol beskaving neamd wurdt, dan komme de foksen.

Plato syn republyk is in fabelboek. Socrates hat syn oplossing klear: as der in libben nei de dea wie, en in rjochtfeardige god, dan soe de kweadogger Glauco straft wurde kinne, en de goeddogger Leonida beleanne.

Bern jim kommentaar graach.

(Grytsje) Alderearst makket de fabel him skuldich oan perspektyfbetizing.
(Juf) Lis út.
(Grytsje) Wolno, hoewol't wy sjoen ha, dat Leonida de nedige ellinde fan bûten op har ôfkommen seach, witte wy neat fan in emosjonele grûnhâlding. Bygelyks: der binne minsken dy't slaven fan har besit wurde. As Leonida sa'n minske is, dan hat Glauco har foar in grut kwea behoede. Wa wit hoe frij at se har sûnder besit fielde!

Fierder wurdt de wet fan de psychologyske effekten fan in ûnferoarlike sitewaasje skeind troch de fabel, mei help fan niisneamde perspektyfbetizing. Dy't dit lêst, lykwols, is in ryk persoan want oars lies er gjin boeken mar wurke er himsels dea. De rike lêzer griist fan it ferlies fan syn boeken en fan syn ferfiermiddel en fan syn oare lúkse, want dat is in enoarme stap efterút. Dat dy identifisearret him mei Leonida. Mar Leonida is net ryk. Krekt it feit dat se sa lang earm is, makket dat de earmoed hieltyd gewoaner en normaler foar har wurdt. Want wat lang oanhâldt, wurdt de maat om alles mei te mjitten.

(Eabele) Mei ik dêrby oanslute, Grytsje, juf? (Hja nikke) De fabel suggerearret dat de kwaliteit fan Glauco's libben better wie as dy fan Leonida om't er riker wie. Mar der binne meardere Leonida's yn de wrâld. Dy sil Leonida grif tsjinkommen wêze. Dat se moat, of se kin, freonen hân ha, at se har eigen psychologyske type net fersmite soe, earm of ryk. Mei oare wurden, har libben mei materieel earm west ha, en dat sil grif in beskaat lijen tewei brocht ha, mar de minske hat fan natuere ups en downs, yn hokker sitewaasje as er him ek befynt.

(Juf) Bern, jim wolle dochs net it lijen fan Leonida goedprate?

(Eabele) Ta in hichte al.

(Grytsje) It wurd goedprate ferûnderstelt al in mienskiplike moraal. Dy is der net. Foar wa't Leonida om hokfoar reden ek as in fijân beskôget, hat der rjochtfeardichheid plakfûn.

(Eabele) O ja, Grytsje, goed fan dij.

(Grytsje) Mei it perspektivisme wurde moraal en rjochtfeardichheid sels in kwestje fan perspektyf. Alle moralen litte har fijannen lije. De fabel ferûnderstelt in Leonidamoraal. Mar wa't in Glaucomoraal hat, sil wille fan de fabel ha.

(Juf, mei triennen yn de eagen) Leauwe jim dan net mear yn Goed en Kwea, dat ûnfergonklik wêze soe.

(Eabele, sjocht ta it rút út) Och ...
(Grytsje, sjocht op it horloazje) Eh ...

(Juf, lilk no) Ha jim dan gjin begrutsjen mei dy earme Leonida dy't mar sa koart libbe, fakentiids siik, en ferspijd fan doarp nei doarp reizge?

(Eabele) Hoe let is it no Grytsje?
(Grytsje) Kertier foar tolven.

(Juf, ferûntweardige) Miskien is se wol martele!

(Grytsje) Ik wie noch bin ferantwurdlik foar it libben fan Leonida.
(Eabele) Ynkapabelens om jinsels te rêden wekt inkel myn ferachting op, juf.

(Juf, slim ferûntweardige) Watfoar meunsters fan desynteresse binne jim? Soene jim Leonida net yn 'e hûs nommen ha?
(Grytsje) Net op grûn fan bûtenkantfeiten. Miskien wie it wol in naar minske.
(Eabele) Of krekt sa'n kwezel as jo, juf!

(De bern laitsje juf no út)

(Juf stiet mei trienen yn de eagen te stampen, mar de bern binne net ynteressearre. Dan begjint juf te laitsjen.)

(Juf) Heul goed, bern, ik bin grutsk op jim. Jim ha gjin belies jûn doe't ik besocht jim kleare hollen mei emosjonele manipulaasje op de rin te bringen. Jim binne net yn de mûklaach trape dat in moreel probleem oan materiële saken ôfmetten wurdt. Ofwol: miskien wie Glauco wol in geselliger figuer as Leonida, en dus profytliker om mei om te gean.

(Bern, stoarmje it lokaal út) Help, ús juf is in moreel meunster!

(Juf laket en sjocht fertedere hoe't de bern it lokaal útstoarmje): Wat ha dy heechbegaafde learlingen in gefoel foar humor!


[ein, 15-08-2001