Eric Hoekstra

Rauwe kastanjes op in hjit fjoer

Resinsje fan "Kastanjes poffe. Teksten oer de 'oare' literatuer. Literatuer bûten de stringen." Venus, Frjentsjer.

In resinsje skriuwe oer in boek oer it resinsjeskriuwen, ja, dat is trewes foar my. Literêre boeken is ommers al wat foar fynpriuwers. In lyts tal fan dy fynpriuwers lêst dan ek noch wolris resinsjes yn de literêre tydskriften. En in lyts tal fan it lytse tal fan dy fynpriuwers bekroadet him om de teory fan it resinsjeskriuwen. Resinsjeskriuwen is ommers hast synonym mei de appresjaasje fan literatuer, dy't yn resinsjeskriuwerij in delslach fine kin, mar net moat, want net alle lêzers skriuwe resinsjes fan wat se liezen. Alsa is de resinsint in soarte fan bernlike boadskipper: syn mem is de lêzer, syn heit is de skriuwer. En lykas Oedipus slacht en naait er wolris wyld om him hinne.

De samling "Kastanjes poffe" bestiet út trije skiften, foarôfgien troch in yntroduksje dy't men ek in striidskrift of in yntinsjeferklearring neamme kin. It earste skift hjit "Opstellen - Essays" (siden 19- 78), it twadde skift "Ananlyses Poëzy" (79-152) en it tredde skift "Analyses Proaza" (153-234). Lit ik daalks derby sizze dat de heechdravende namme "Analyses" wol wat tefolle eare is foar it gebral en it frijbliuwende geassosjear fan de hear De Haan. Oan de oare kant meitsje syn fjoer en syn belutsenens faak goed wat der oan de rasjoneel-analytyske kant oan mankearret, want lit dit dúdlik wêze: De Haan hat de Literatuer as ideaal.

Dat docht bliken út de yntinsjeferklearring dy't de bondel iepenet (siden 5-18), en út de rûge statements dy't yn it earste skift dien wurde. Nim in namme fan in subhaadstikje lykas "Keunst kontra kadavermins" (side 23). Wat is dat no foar twaskieding? Ik krij fuortendaalks oanstriid en nim it foar de kadavermins op. Moat elkenien mar fan eksperimintele keunst hâlde? Dat is deselde beropsmjittige blinens as fan de belestingynspekteur dy't ferwachtet dat elts de belestingregels kinne moat, de wittenskipper dy't syn berop o sa wichtich fynt, en sa fierder. Wat wurde wy fierder gewaar oer it Literêre Ideaal, it Keunst-Ideaal:
"Literatuer is in foarm fan permaninte revolúsje".
Och kom, permaninte revolúsjes kinne likemin bestean as fjouwerkante sirkels. De essinsje fan in revolúsje is dat der nei in tiidrek fan stabiliteit in gewelddiedige machtswiksel plakfynt. Yn de grutte wrâld rint dat gauris mank mei boekferbrannings en bloedferjitten. Yn de letteren stapt in taalminnende redaksje fan meast âlde hearen op, en nimme in machtsgleone en taalminnende jongerein har plak yn. Permaninte revolúsje! Tsien fûneminten, mar gjin dak, tink?

Poëzy is neffens De Haan "it ljochtskitterjende fan in nije dreamtaal". Tsja, sok romantysk geauwehoer kin men no echt net mear mei oankomme. It ferdraacht him ek min mei it idee fan in permaninte revolúsje, dy't ommers dy dreamtaal ûnderút skoppe moatte soe, ear't se goed en wol yn de ruften sit. Leve de anargy! Neffens myn betinken hat Aggie van der Meer hiel wat yntelliginter oer de tsjinstelling oarder - anargy skreaun as De Haan. Foar De Haan, yn syn naivens, is it iene goed, it oare ferkeard. Van der Meer (yn har roman "Untdekking fan 'e Wrâld") begrypt dat sawol anargy as oarder op ûnminsklike tastannen útrinne kin, en dat it goede libben krekt bestiet út in optimale miks fan dy beiden ("frijheid in gebondenheid" en oarsom). It ljochtskitterjende fan in nije dreamtaal ... hallo, hallo, wat sizze jo?
"Oarder is altiten opset ta moard." Wat moat ik my sokke ûnwiere simplifikaasjes? Is anargy altiten opset ta moard? Leare sokke gjalpen ús wat oer literatuer.

De blastige taal fan De Haan nimt ûnwurklike foarmen oan yn dit earste skift essays. Ik helje oan (37):
"Yn in gaos fan foarmen en yn in woastyn fan wurden kin der in frij objekt ferovere wurde en kin de taal befrijd wurde fan har skuldige sosjale toanen."
Eh? Lekker militant, dat feroverjen fan frije objekten, it klinkt hast as in multinational dy't in nije oername fan in "frij objekt" fan doel is! Ja, "de taal befrije" docht it ek altyd goed. Dit, jonges en famkes, is dus in foarbyld fan klisjees. Ea wie dat gelul oer de Taal, as soe it in autonoom en úteinliks doel wêze, orisjineel. No is it achterhelle. De permaninte revolúsje is in ferstienne revolúsje wurden.

It earste skift mei essays oer literatuer stiet fol mei ditsoarte fan âlderwetsk gebral. It twadde skift befettet konkrete "analyses" en dat is in stik nijsgjirriger as wannear De Haan syn literêre gospel ferkundiget. By de poëzy wurde Sikke Doele, Albertine Soepboer, Willem Abma, Henk van der Veer en Cornelis van der Wal besprutsen. By it tredde skift, proaze, wurde Trinus Riemersma, Willem Abma, Steven de Jong en Meindert Bylsma besprutsen. No soe men tinke dat De Haan in strang krititkus is. It tsjinoerstelde is wier. Hy is suver altyd like posityf; fannijsten omdat er Literatuer as Ideaal hat ... Yn alle gefallen, dat positivo-eftige makket dat de resinsjes lekker te lêzen binne. Boppedat sitearret De Haan altyd rynsk út de boeken dy't er besprekt. Dat makket it makliker foar de lêzer en foarmje in eigen idee fan it besprutsen wurk.

Troch al it roppen en razen hinne, troch alle útspraken hinne dy't kant noch wâl roaie beharket men as lêzer in autentike belutsenens fan De Haan by de Literatuer. En dat wurket stimulearjend. Nei it lêzen fan De Haan syn resinsje fan Riemersma ("De skjintme vurt ferbwólguodde") krige ik suver sin om dat boek sels wer ris te lêzen. Itselde barde by de oare boeken dy't de Haan bespruts, en eins is dat folle wichtiger as lykfolhokker holle diskusje oer wat literatuer is of wêze moat.
Mear as analysearjen assosjearret De Haan derop los yn syn resinsjes, en dat wurket ferfrissend. De Haan jout syn eigen reaksje op in keunstwurk, en pretindearret almeast net de wiisheid yn pacht te hawwen, lykas er docht yn syn teoretyske beskôgings oer keunst. Yn in resinsje fan Abma sitearret er in folslein gedicht fan Achterberg om it mienskiplik tema fan de Orfeusmyte te adstruearjen. Mei oare wurden, ik mei de resinsjes fan De Haan graach lêze. Se binne fris en licht. De resinsjes yllustrearje as foarbylden De Haan syn ideëen oer wat literatuer wêze moat better, as wannear't er dat eksplisyt yn wurden, yn revolúsjetaal, besiket te eksplisitearjen. Men kin mei it ferstân wol fan alles op dy resinsjes oanmerke, mar binne rauwe kastanjes net libbener (revolúsjonêrder), net lekkerder as pofte kastanjes?