Boekoankundiging troch Eric Hoekstra
Hadewych: Fersen fan Minne, ferfryske fan Klaas Bruinsma. Utjouwerij Frysk & Frij. 387 siden.

De PR-man fan útjouwerij F&F, Goasse B, presentearre op de nijiersresepsje yn it gebou fan Tryater ferskate nije útjeften. Ien fan de nije útjeften wie Klaas Bruinsma syn ferfrysking fan de "Fersen fan Minne" fan de midsieuske dichteres Hadewych.

Hadewych libbe yn de trettjinde ieu. Fan har libben is net folle bekend oars as dat se de leafde oan it hôf út eigen ûnderfining koe, en dus ek wol fan eale kom-ôf west ha sil. Sa't it heart by in klassike útjeften hat in boek in ynlieding, dêr't wat yn ferteld wurdt oer it klassike wurk, de auteur en de tiid dêr't it yn makke is.

It is ûnbegryplik dat de klassiken yn it Hollânsk fan Ambo trochstrings amper in ynlieding ha. Mar ja, de Hollanners binne ek bekend om har brek oan histoarysk besef, en om de arrogânsje dy't de fundamentalisten fan "de moderne tiid en de aktualiteit" (om filosoof Roeland Geartsema oan te heljen) no ienkear eigen is. Wylst by de Ingelske klassike útjeften fan Penguin de ynlieding bytiden noch nijsgjirriger as it wurk sels, as in finster op oare minsken yn in oare kultuer.

It wurk fan Hadewych sels wurdt faak, ek troch ynlieder anneks oersetter Bruinsma, as mystyk oantsjutte. Persoanlik krige ik lêzendewei de yndrok dat mystyk in misnomer is. Wêr geane de fersen fan Minne oer? Oer de ops en dels fan de ferealens. Dan wer priizget Hadewych de Minne, dan wer beskriuwt se har lijen om de Minne. Dy ups en downs wurde bytiden sa ginneralisearre en sa abstrakt makke, dat it likegoed gean kin om de ups en downs fan it minsklik bestean.

Opfallend is de sterke abstraksje fan Minne. It is hast in soart fan abstrakte God. Dêrtroch krije de gedichten de Status fan Mystyk. Mar yn feite is dat in poëtysk bedroch fan Hadewych: want it is in poëtysk bedroch om je eigen stimmingen en mankelikens net oan in psychologyske driuwfear ta te skriuwen mar oan de fergodliking dêrfan, oan God. It begryp "poetysk bedroch" soe troch de literatuerkritisy wol wat útwreide wurde meie, mar hawar, dêr stiet it poëtysk selsbedroch fan de kritikus sels yn de wei. Ik soe Hadewych har fersenearder omskriuwe wolle as: in writen dwaan om de eigen ynstabiliteit teweibrocht troch ferlyfdheden om te smeien en te ferkeapjen as religieuze mystyk. It nijsgjirrige fan Hadewych sit net yn de religieuze komponint, dy't in ferniske is, mar yn de ekspressive werjefte fan de superynstabile en dus nijsgjirrige tastân fan ferealens, ferlyfdhyd.

Oer de ferlyfdhyd skriuwt se:
"Wannear hja net alles krijt,
hoe'n grutte smert har dan deart"
(liet 6, side 61)

Allyksa:
"Hja gunt de ien wat hja 'm bemjit:
de swiete peaæen fan har mûle;
wylst hja de oar yn boeiens stjit."
(liet 3, side 45)

En dêrmei beskriuwt se akkuraat de ekstreme ûnreedlikens yn de ferlyfdhyd, en it idee fan ûntefredenens en te-min-krijen dat de fereale man of frou eigen is.

Religieus-moreel bedroch fine wy op side 41. Deselde Minne, yn it foarige sitaat realistysk delset as in tastân fan selsbeklach en ûnreedlikens, wurdt no ynienen delset as de boarne fan moraal:

Dy't Minn' omfiemt, begjint
mei it mijen fan list en kwea.

Wat makket dat Hadewych klasse hat, is dat se har eigen yllúzjes en hope sels faak wer delstekt mei sarkastyske opmerkingen teweibrocht troch de realiteit fan har lijen. Want it sitaat sakrekt jûn, giet fierder mei:

Har praat is swiet as mea,
mar gau wurdt wol bekind
har falske lokkebrea.
(liet 2, side 41)

It wrakseljen mei swiete yllúzje en hurde ûnderfining, dy twaspjalt, dat makket it wurk ta literatuer. Opfallend genôch is dat wreed-sarkastyske sitaat ek de ein fan in lange passaazje dêr't de minne earst yn priizge wurdt.

Soms wurdt de oarsaak by Minne sels socht, lykas hjirboppe. Likefaak skriuwt se de oarsaak fan it lijen ta oan in brek oan ferealens. Se siket dan, guon froulju eigen, it kristendom ek eigen (de minske hat skuld, God net), de skuld by harsels ...

It boek bestiet út 45 lieten fan sa'n stik of tsien alve kûpletten. It is in ferslach fan Hadewych har wrakseljen mei har fiellingen, de seldsume roes fan ferealens en de lange lange kater dêrnei. Opfallend is hoe abstrakt as it boek is. Dat wol sizze, der wurde nearne konkrete aventuren beskreaun, gjin minsken fan fleis en bloed opfierd. Allinne Minne is dêr, as wie it in almachtich persoan, de tiran waans slaaf Hadewych is. Dit boek is sûnder mis in nijsgjirrich sado-masogistysk dokumint.

Soe men my freegje in dichter út ús tiid te neamen dy't yn de tradyske fan Hadewych stiet, dan kin ik allinne mar sizze: Harmen Wind.

De útjefte sjocht der PRACHTICH út. Sels AMBO, dy't klassiken yn it Hollânsk oerset, soe oergeunstich wêze kinne op it omkaft, dat djip út 'en readens skynt. It boek is bûn. Foar wa't de anatomy fan de ferlyfdhyd begripe wol, en wa wol dat no net ..., is dit boek in echte oanrieder.

(eh)