Eric Hoekstra

Healwize oanslaggen yndie: in rampefilm ferteld as in dokumintêre sûnder kommentaar.

Resinsje fan Tr. Riemersma "Healwize oanslaggen. Filmsenario."

Grand old man Trinus Riemersma hat wer in nij boek útbrocht. En dan noch wol in filmsenario. Dat makket wol benijd. Riemersma hat fansels prima boeken skreaun lykas "Sinleas Geweld" en "Tinzen oer it libben en dea", mar ek belachlike foarmeksperiminten lykas "De Hite Simmer". Guon skriuwers produsearje no ienkear kwalitatyf tige ûngelikense boeken. Spitigernôch falt "Healwize Oanslaggen" yn de kategory fan de healwize oanslaggen. Ta de saak.

In filmsenario is op himsels wat nijs. It giet yn dit gefal om it senario foar in rampefilm. It senario beskriuwt hiel presys hoe't in groep terroristen in baktearje ferspraat dy't eksplosive deminsy teweibringt. Minsken wurde demint, dus neat funksjonearret mear. Gaos is it gefolch. Dêrtroch wurdt de ekonomy en kultuer fan Europa en Noard-Amearika yn it ûnleech fierd. Op it lêst slagje Ruslân en Sina deryn om de út de foegen skuorde maatskippij wer op de rails te krijen, nei't se in antyfirus ûntwikkele ha. Mar it is dúdlik dat Europa en Amearika tenei ûntwikkelingsgebieten wêze sille, en dat de ekonomyske supremasy oergien is nei Ruslân en Sina. It boek bestiet út 245 nûmere sênes. Guon dêrfan binne noch fierder ûnderferdield yn A, B en C.

In grut part fan it filmsenario giet oer de technyske útfiering fan de aksje fan de terroristen: ûntfiering fan in learde, in dûbelgonger yn it hotel sette, fermommingen fan terroristen, reizen fan terroristen. Dêr ha ik myn earste beswier tsjin dit senario. Bepaalde parten fan de aksje wurde mei in meganyske presisy beskreaun. As kaam it út it hânboek foar terroristen. In goede film hat mei in goed boek gemien dat it konsintrearre is. Gjin oerstallich gedoch deryn. Der komme fierstentefolle sênes yn dit boek foar dy't op meganyske wize allegear technyske details fan de terroristyske hannelingen útwurkje. As lêzer ha je dêr gau je nocht fan. As filmsjogger ek. Der komme ek in protte shots foar fan de út syn foegen skuorde maatskippij, mar dat past by in rampefilm.

Der is noch wat raars mei dit terroristyske rampefilmsenario. Hoe dom in rampefilm ek wêze mei, wy krije altyd minimaal wat ynsjoch, hoe stereotype ek, yn de idealistyske en minder idealistyske motiven fan terroristen. It idealistyske motyf is bygelyks polityk of religieus; it minder idealistyske motyf is faak dat in terrorist (meastal de oanfierder) gewoan in sadist is, of in psychopaat. Neat fan dat alles. As idealistyske motyf krije wy allinnich te hearren dat it om "rjochtfeardichheid" giet. En de terroristen wurde fierders as gewoane, sels fatsoenlike minsken delset: se meitsje sels gjinien dea. De ministers wurde as liichbisten delset, dy't it publyk belige oer de omfang fan de ramp. Dus de ministers wurde al as (negative) stereotype delset, mar de terroristen net. Dat is apart. It senario hinget sa yn in moreel fakuum. Wêr stiet Riemersma? In bytsje oan de kant fan de terroristen? Dat mei! (Respekt foar de frijheid fan mieningsutering.) Mar wês dan dúdliker.

Dat morele fakuum oppenearret him ek wer oan de ein fan it boek. It senario einiget mei in shot fan de baas fan de terroristen dy't by, nei alle skyn, syn swimbad in gleske wyn drinkt, wylst syn frou mei syn twa dochters har yn it swimbad fermeitsje. Wol Riemersma de lêzers noch efkes narje? De epilooch mei dêryn dy sêne hat as titel "Yn 'e jamske fâlde". It haadstikje dêr't de sêne yn foarkomt hjit "Elk op syn plak".

Wy ha dus in meganysk fertelde rampefilm mei in lichte foarkar fan de senarioskriuwer foar de terroristen. Dêr spilet dan in bytsje sike humor trochhinne. Net folle. Mar de titel fan it boek is, sa't Kalma sizze soe, in wurdboarterijke, in wurdspiling. Dus dan ha wy in filmsenario mei aksje dy't oant yn de lullichste details deaserieus útwurke is, mar dan net efkes in like serieuze titel foar it boek betinke of serieuze nammen foar de terroristen. Ja, want de terroristen binne neamd nei de moannen yn it Frâns. De baas fan de terroristen is Janvier ("jannewaris"), hy wurdt holpen troch Fevrier, Juin, Juillet en sa mear. No, ha ha, wat moat ik laitsje. Allyksa binne de truttige titels fan de haadstikjes flau: "Lyts en grut leed", "It kin ûngelyk", en sa mear. It iene byt it oare: dy pear bytsjes humor en it ferhaal fan de ramp bite inoar. Deselde ûnderfining fan in bytsje sike en net paslike humor fûn ik ek yn it boek fan Steven de Jong "Swarte Eagen": in komyske trageedzje dêr't it iene it oare biet. Utdrukking fan machteleas sinisme?

Haadpersoanen of helden misse yn it senario. No kin dat yn rampefilms wol mear foarkomme. De ramp stiet sintraal; der hoecht net perfoarst in haadpersoan te wêzen. Ik ha ek wolris meimakke dat de haadpersoan nei 100 siden stoar: wat in ôfknapper foar de lêzer. Yn de science fiction komme genôch rampferhalen foar sûnder haadpersoan. Mar it filmsenario hie wol in sintraal karakter brûke kinnen, dat Riemersma dêr wat yntelliginte tinzen oer terrorisme, it libben en dea oan ophingje kinnen hie.

Wat wy hjir dus ha is in rampefilm ferteld as in dokumintêre sûnder kommentaar.

Dan no noch efkes oer it "Wurd mei op reis" dat taheakke is oan it filmsenario. It liket wol as kin Riemersma gjin alinea skriuwe oer literatuer sûnder dat ik tink, dat slacht wer nearne op. No ek wer. Riemersma skriuwt: "Yn it tydskrift De Oesdrip, blêd fan it Skriuwersboun, haw ik ris skreaun dat it toanielstik slimme beheiningen hat. Men sit fêst oan op syn heechst trije lokaasjes, men kin mar in beheind tal personaazjes meispylje litte, spektakulêre foarfallen binne ûnmooglik, de meispyljende persoanen moatte altiten yn in minofmear ûnnatuerlike hâlding it publyk oansprekke. De film hat dy handikaps net." Unsin fansels. Wat Riemersma skriuwt, jildt op syn heechst (en sels dat net hielendal) foar toanielstikken dy't opfierd wurde. As men in toanielstik skriuwt dat net opfierd wurdt (inkeld bedoeld is om te lêzen), dan is men frij fan dy beheiningen. Riemersma syn filmsenario is nammentlik ek net bedoeld om ferfilme te wurden. Lykas er sels skriuwt: "it sil funksjonearje as 'lêssenario'".

Oare naiviteiten oer films wurde allyksa debitearre yn dit "wurd mei op reis". Hy skriuwt "Dochs hat de film, fergelike by de roman ek in beheining. De ferteller, leaver de 'sjen-litter', is altiten neutraal." Ja, mar in film hat ek dialooch, stereotypen, plot: en dêr kin men likegoed manipuleare en jins wrâldbyld yn útdrage as yn in roman! Riemersma giet fierder "De 'sjen-litter' heakket gjin eigen opfettingen ta en hy kin de tinzen fan de minsken ek net meidele." Wer ûnsin, want in film bestiet net allinnich út in sjen-litter. In earste persoan ferteller oppenearret him wolris yn films. Yn "Look who's talking" beskriuwt in poppe (stim fan Bruce Willis) hoe't er berne wurdt. De ferskillen tusken roman, film en toaniel binne lang net sa grut as Riemersma ha wol. Allyksa kin men yn films ek tinzen fan minsken werjaan troch in monolooch by in byld op te nimmen.

Gearfetsjend: dit eksperimint is mislearre. Op nei it folgjende.