De konfliktmediator en de ferrjochtsing.

Resinsje fan Bouke van der Hem, "It Poadiumbeest", Frysk en Frij, 2005.

As taboe ha ik oanwiisd (resinsje fan Spyksma "It bêste lân fan 'e ierde. Oer Fryslâns leefberheid" yn HJIR 2005) dat skriuwers oer it ginneraal de polityk fan it libben fan har haadfigueren bûten slute. En fansels seach ik graach dat dêr ek oer skreaun wurdt. Yn myn optyk ha skriuwers allyk as wittenskippers (as kaste, net as yndividuen) as opdracht om sjen te litten hoe't sa'n diskusje fierd wurde kin, en orisjinele stânpunten ûnder wurden te bringen. En ik wurd op myn winken betsjinne want Bouke van der Hem komt mei in roman dêr't de ûntjouwing fan it karakter fan de haadpersoan lykop rint met de ûntjouwing fan it maatskiplike en politike libben yn de lêste tritich jier. Politike ûnderwerpen wurde net mijd as it derom giet de omslach yn it karakter fan de haadpersoan del te setten.

"It poadiumbist" is krekt sa opset as Van der Hem syn earste roman "Sloppe opels". Yn beide gefallen draait it om twa haadpersoanen. De iene haadpersoan is it referinsjepunt, de protagonist. De protagonist hat in soarte fan obsesje mei in antypoade en dat is de oare haadpersoan. Yn "Sloppe opels" hie de fatsoenlike, boargerlike haadpersoan Reinder Beetstra in soartemint fan 'crush' op de smjunterige dokter Sipke Blom. Yn "It poadiumbist" is de fatsoenlike, boargerlike learaar Arjen Wyberen Romsma fassinearre troch it poadiumbist Jilles Frederiks. Arjen kiest rillegau net foar de muzyk mar foar it boargerbestean. Jilles bliuwt in frije jonge. Dy fassinaasje fan de brave boargerman foar de frije jonge / smjunt hat in sublimearre homo-eroatyske komponint, dy't yn "It poadiumbist" lykwols mear yn de eftergrûn treaun is as yn "Sloppe Opels".

De frije jonge / smjunt is foar de boargerman wichtich as oanfolling en tsjinoerstelde foar it eigen boargerlik karakter, dat oars in stlsteand wetter wurdt. Dat is fansels karakteristyk foar in sterke freonskip tusken twa persoanen, lykfolhokker seksuele foarkar oft se ha. It ferskil tusken beide boeken is dat yn "It poadiumbist" de haadpersoan begjint te feroarjen yn de rjochting fan syn tsjinoerstelde.

"It poadiumbist" is skreaun yn itselde turbo-Frysk as "Sloppe Opels", dat ik prachtich fyn. It is in super-konsintrearre taalgebrûk dêr't reklamige slogans dûbele ladingen krije troch se op sitewaasjes fan de haadpersoan ta te passen. Sa ferwiisde "sloppe opel" net allinnich nei in auto dy't it krekt net hie, net wie, mar ek nei de wifkjende haadpersoan dy't krekt net út de dop fan syn eigen idealen of fantasyen oangeande himsels komt, in sekundêr figuer dy't wrakselt mei morele en oare serebrale dilemma's. Knappe symbolyk dus!

Dat bart ek yn it poadiumbist. Lit my útlizze. Yn "Sloppe Opels" slagge it Van der Hem en set njonken de twa haadkarakters ek de Zeitgeist hiel sekuer del op in wize dêr't wy by âldere (metafoarysk sprutsen) skriuwers fergees om sykje. Yn "Sloppe Opels" sjocht de haadpersoan it fleurich fallyt (humor en synisme) fan himsels as persoan yn mar ek it fallyt fan de politike en morele idealen fan syn ginneraasje. Mar ek trochsjocht er syn antypoade. Yn "It Poadiumbist" giet Van der Hem in stap fierder. It symboal fan it poadiumbist ferwiist net allinnich nei Jilles, de antypoade en yndividuele obsesje fan brave Arjen. Brave Arjen de skiter, te skiterich om yn Tsjecho-Slowakije de dea fan syn freon te regeljen, in kalkulearjende boarger - nee, sa binne WY gelokkich net.

It symboal fan it poadiumbist ferwiist lykwols ek nei de maatskiplike obsesje mei dat oare poadiumbist en dy oare frije jonge, Pim Fortuyn. Dy twa saken komme oan de ein fan it ferhaal moai byelkoar. It persoanlike idoal Jilles hat him dan per ûngelok deariden, en it maatskiplik idoal Pim Fortuyn is deasketten. De haadpersoan beslút definityf de Oar yn himsels te ferwurklikjen. Hy makket in ein oan de relaasje mei syn linkse freondinne Geertrui. Mar hy beeiniget de relaasje as nearzich boargermantsje net yn persona: mei in sms-ke. It makket ek gjin yndruk, want hy kriget werom "O god! Ons lieve beheersbeestje terug bij af." Hoe patetysk ek, de haadpersoan fielt it as in fernijing. Hy giet mei syn tiid mei. "Akseptearje it riedsel no mar".

Heech spul wurdt der spile mei it symboal fan de swastika. De swastika is oarspronklik yn alderhanne mytology in symboal fan feroaring. Mar it is ek in symboal fan it Dútske fasisme. En it is in anty-symboal foar al dat polityk korrekt is. No blykt nei de dea fan Jilles dat dy sa'n swastika op 'e rêch tatûearre hat. Ynearsten is Arjen dêr frijwat oeral fan. Mar letter wol er him dêr de holle net mear oer brekke. Hy hat de plektrum fan Jilles by him as talisman. "Sûnder oan te reitsjen al in hâldfêst. En, wûnderlik, it lit op in ferburgen plakje yn syn wite fel in stimpel achter, ûnskuldich." Dat is krekt nei't er it útmakke hat mei Geertrui en har 'fûnemintalisten', dy't de wrâld op de nekke drage wolle. Om op de swastika werom te kommen: de morele fraach dy't men stelle kin is: kin ien him in persoanlike en ôfwykjende ynterpretaasje taeigenje fan in symboal dat yn brede lagen fan de maatskippij ôfwiisd wurdt en in oare en negative ynterpretaasje hat? Moreel sprutsen kin it, mar is it ferstannich? De frijheid fan mieningsutering is ek net in ding dêr't men al te folle gebrûk fan meitsje moat, neffens minister Donner en de moardner fan Van Gogh. Ja, om de leave frede swijt elkenien wolris (mar net altiten ...). Alsa ropt de roman allegear kontroverzjele morele fragen op, en dat is moai meinommen.

Van der Hem as traumaturch trochbrekt it taboe en makket de politike kontekst besprekber. De rasjonele kontekst van de haadpersoan is lykwols iensidich: hy hat wol allegear moai sarkastyske opmerkingen oer links, mar net oer rjochts. Dat falt my fan auteur en konfliktmediator Van der Hem ôf, al kin dy him altiten achter syn haadpersoan ferskûlje - ien fan de moaie dingen fan literatuer! - of achter de like iensidige hâlding fan de konservatyf linkse minsken. Dy lêsten sille grutte muoite mei de twadde helte fan dit boek ha.