Resinsje fan Tsjisse Hettema It eachwyt fan de simpele rider

Eric Hoekstra (Hjir 29-1, 8-13, 1999)

1. De Eskimo sprekt
Der sit ferduld noch bloed oan myn analytyske sabel; hawar, gjin bettere manear om ld sear te ferjitten as troch nij sear tewei te bringen. Of lykas myn broer sei as de ferkearing wer ris tskuord wie: nei dizze wer in frisse. Ja, sear! Dat is de dominante ympresje dyt it debt fan Tsjisse Hettema op my makket, sear fwiksele mei stuiten fan freedsumens, skier ljocht tusken de reinbuien troch. Soks is my frjemd: dat fier fan hs in twedstriid foar my, de lzer anneks kritikus. Oer himsels as lzer anneks kritikus seit Tsjisse yn it gedicht Serieus:

Ik fiel it topke fan myn iisberch
hearlik tekear gean
yn it achterste fan in oar
hiel bekend grut dichterman
...
snder behindering om troch te gean
nim ik, eskimo
myn grutte taak op my
om dizze dichterman
bleat te lizzen

Yndie, en no kriget wat dit skreau sels in beurt. Mar snder behindering om troch te gean? Net myn gewisse, sat in Offisjele Kritikus sizze soe, mar myn smaak is hjir in behindering want dy stiet de koartste klap yn e wei. Slaan ndertusken acht op de poetyske hyperlink slein tusken iisberch en Eskimo tanksy de semantyske besibbens fan dy wurden. It yntellekt is kld as in iisberch, as it fielen him net beselskippet. Mar dan de deftistyske, selsfkreakerige ein fan dit gedicht:

mar al sa bonkendewei
slagget my neat
ik bin allinnich mar hymjend
myn noasdrip de baas

It probleem is net de kldens fan je yntellekt (dat is sels in pree) mar de fiellingen dyt je drby oer jesels ha. En dy binne by Hettema leechlizzend, sat dit gedicht treflik tdrukt. Of de protagonist fielt neat (iisberch) of hy hat negative gefoelens oer himsels (slagget my neat). Drmei is de haadtoan, das Leitmotiv, foar de bondel set.

2. Sear, Skuld en Selsfkreakjen
Sear kin twa foarmen oannimme: oergeunst en skuld. Oergeunst is sner want dat rjochtet him op oaren, op de btewrld. Skuld is nuodliker want dat rjochtet him op jesels, op de binnewrld. By Hettema is it skuld. Skuldgefoel besiket jesels leech te lizzen; drom binne skuldgefoel en selsfkreakjen nau mei-inoar ferbn. Yn it gedicht Skuld wurdt in mem delset dyt mei in berntsje op e earm foar de gewearlopen trint, en dat gedicht einiget sa:

en salangt ik sjuch
bin ik dy soldaat
allinnich mar oan t wurk

Yn dit gedicht spilet deselde emosjonele problematyk as yn it foarige: of neat fiele, of negative emoasjes (selsfkreakjen, skuld); dat is gjin noflike fwikseling.
Emoasjes binne boppedat ferslavend. Drfandinne dat de dichter (och toe ju, lit my it no autobiografysk opfetsje) yn Ympotint: sprekt fan myn dwylsinnige langst / nei bestraffende fuotten. Want de skuldige wol straf, straf ferlost de skuldige tydlik fan syn skuldgefoel. Yn dy ferslavende fwikseling fan skuld en straf hat de skuldige himsels finzen nommen. It is ek foar de dichter in fertroud proses, sat er yn Nacht seit:

selsferwyt kiest syn drager
siedend bloed giet oer fertroude skiven

By skuld past wredens, want de skuldige is wreed yn syn selshaat. Yn Aldln, ien momint tsjut Hettema syn manear fan sjen oan mei de frase myn wrede sykljocht. En as er himsels sear dien hat, as er him wer skuldich fielt, dan komt er t by syn Ein en begjin, dat is selsmeilijen:

ik doch alle wierheden
troch de souwe fan
myn praktysk selsmeilijen

Och moat ik noch mear bewiisplakken bybringe? Ien dan, dyt faaks it paad nei de ferlosssing wiist. Yn Rom sprekt de dichter fan syn jierrenlange skuld / te lossen / oan har, myn sinnebyld.

3. Leafde as ferlossing mar seks as wurklikheid en as lyryk
Stiet dat sinnebyld foar in tskuorde relaasje? Mar in relaasje soe ek de ferlossing wze kinne, sat de ein fan Rom tstelt, in ferlossing drt lykwols gjin hoop op is:

besteld hie k in sinnebyld
oan board
mar it is net kommen
o ja, even t de fierte tusken de huzen
hat it swaaid
mei wat ik noadich bin

Wat is Tsjisse dan noadich? Fansels, leafde: hok oar teoretysk klisjee? Yn e praktyk dus relaasjeproblemen. Hawar, de klisjees dan. Oan e ein fan Ympotint:

ik moat wiere leafde
noch stadich leare

Mmm, dat sil t wol. As we dan dochs wat minne regels siteare moatte, dan bygelyks de klisjeemjittige ein fan Slske, de rivier lit syn wetter de frije loop, of de patetyske ein fan Do, leafste, wat foar wyn stjoert / dyn wurge seilen (hea, it lykje wol regels fan Abma), of gedichten snder rchbonke lykas Hjir en Linige geast (Candlelight!). Ok, dy lste dan yn syn hiele hear en fear:

rekt him net de lea
nei it ivich wurge yn
dit bestean

skrept net de geast
nei
ja, wrnei

de lea
en it ivich wurge yn syn skreppen

No goed, lit oaren de mislearre gedichten mar besprekke. Yn Atelier drukt de dichter syn filosofy (dat is, syn psychology) t yn e neikommende kar:

nthld sear dyt
sear dy diene
of haw ien hetsich leaf

ien fan twaen

Leafde foar in oar wurdt hjir noch sjoen as in mooglike ferlossing fan skuldfielen, wat fansels in yllzje is. Wat dat oanbelanget is it niiskrekt sitearre fragmint t Rom earliker.
Fierders is de rol fan de leafde net idealisearre mar konkretisearre yn e seksualiteit. En dr hat Hettema no krekt in pear lyryske mominten. Ut Suvere :

lit myn tonge
dyn tongerbui heine

lit myn tonge it hynder wze
dat grutsk dy dynje lit

do mei dyn tosken
teskoar yn myn fel

Let op it wurd grutsk. It fielen fan grutskens past by lyryk, dat foar de skulddichter Hettema in tsnderingstastn is. Sa ek yn it moaie gedicht Frou.

yn dyn oerweldige wzen bist
gjin romantysk byld fan in frou
gjin sachte erotyk
mar in hurde rots
dyt har skurte iepenspjalte lit

Ofsjoen fan seks wurdt der in dizze bondel neat ferhearlike. Ferhearliking komt mar ien kear eksplisyt oan e oarder, en dr ferntskuldiget de dichter him dan ek foar (Slske):

de skeansakke, fermge oanlispeallen
jouwe my it frij
om dizze fergetten oarde
in bytsje te ferhearlikjen

Jouwe my it fry! Mar as it om skuld en sear giet, dan freget de dichter gjin fry mar nimt it, kear op kear! En sa lit de dichter himsels bonkendewei beride troch syn dominante emoasje en jout dy stal yn syn gedichten.

4. Taaie lilkens, taaie moaiens
De omslach drukt fry aardich it taaie sear- en skuldfielen fan Hettema t. Want dr sjogge we in bewurking fan Edvard Munch syn ferneamde ekspresjonistyske skildery de skreau. Mar drt it ferneamde plaatsje fan Munch ek eangens tdrukt, sjogge we hjir fral it sear sels yn al syn taaie lilkens. En dan de titel It eachwyt fan de simpele rider, mei op de achterflap, skreaun fan rjochts nei lofts it komplete fragmint t it lste gedicht fan de bondel, Earne:

de wil om te winnen is dr net

dy wurdt wei
achter
it eachwyt fan de simpele rider

Yn it Fryske lnskip fynt de simpele rider oan e ein fan e bondel in beskaat soarte frede, want dr is de wil om te winnen fwzich, dy lost him op achter it eachwyt yn it hymjende liif fan de sporter. En dan, as beslt, dit skoan delsette byld, en dy hearlike wrede grap der deun efteroan:

syn fuotten binne buizen
neonljocht
yn in strakke treningsbroek
nder it tboljend krs
drt alles omhinne draait
en yn beweging is

hy soe twaentritich sizze wolle
mar njoggentjin-twaentritich bliuwt
tusken de tosken hingjen

5. In grut dichterman bleatlein
De Amerikanen dogge Europa yn 3 dagen, en de lzers fan HJIR dogge Tsjisse Hettema yn 3 minuten. Mar goed, it kin, want se ha treflike gidsen ta har foldwaan. De Amerikanen alteast. De besprekker, de aventurier, hat gjin twifels mear want hy slt syn reis yn e frjemdens f mei de lste regel fan Hettema syn bondel: wat soe er bemale: hy is ths.