In kosmopolyt op syk nei it yndividu.
Resinsje fan Ulke Brolsma syn "Ioana".
Erics oardiel: ****

De ferhalebondel Ioana befettet sân ferhalen: "It spoar, Ioana, Lima, In swak hert, Laban, Teodora, Toaniel". Guon ferhalen ferskynden earder yn de blêden Trotwaer en Kistwurk.

Alle ferhalen ha in ynternasjonale ynslach. Yn It Spoar binne de haadpersoanen Frânsen, ek al hâlde se ek in skoft yn Fryslân ta. It is in histoarysk ferhaal en in triller, yn tsjinstelling ta Brolsma syn oare ferhalen. Tagelyk is it ek in minst slagge ferhaal. Brolsma is better op 'e gleed is er ien of in pear yndividuen delset op sa'n menier dat ús benijdens fitere wurdt en wy trochlêze om te sjen hoe't it mei dy yndividuen ôfrint. Syn mêd is eins: de yndividue as triller, en net de gewoane triller mei syn moard en syn klû sûnder dat de yndividu sintraal stiet.

Om op de ynternasjonale ynslach fan syn ferhalen werom te kommen: "Ioana" giet oer Roemenen yn Roemenië (konfrontaasje stêd mei plattelân), "Lima" oer in Hollânske jonge opgroeid yn Lima dy't yn Hollân weromkomt, "In swak hert" wer oer spulsikerige Roemenen op it Roemeenske plattelân, "Laban" oer stêdsminsken dy't it plattelân opsykje, "Teodora" oer in Roemeenske plattelânsfaam dy't nei de stêd fertsjocht.

Foar ús lêzers binne al dy ferhalen ynternasjonaal, eksotysk, en dêrmei appelearret Brolsma oan in populêre stereotype yn Nederlân. Mar de ferhalen binne ek spannend. Men wol witte hoe't it mei de haadpersoanen ôfrint. It binne min of mear ferhalen fan in libben, kondinsearre ta in spannend koart ferhaal.

"Toaniel" is krekt as "It Spoar" in konvinsjoniele triller. Brolsma syn favorite tema is dat fan it yndividu dy't him yn in frjemde kultuer / omjouwing bejout. Dat is yn konvinsjonele trillerferhalen tebekstald. Lykas sein, dy ferhalen binne wol te lêzen, mar folslein net orizjineel.

De oare fiif ferhalen ha de sjarme fan it eksotyske. Dat jildt sels foar "Laban". Hoewol't dêr allinne Nederlanners yn foarkomme, wurdt de froulike haadpersoan dêr as in soarte fan "ueberfrou" / heks delset. En de jonge stoefe Fryske jonge, dêr't se in ferhâlding mei begjint, wurdt út it Rânestêd-perspektyf fan 'e bedragen echtgenoat beskreaun. Dêrtroch sjogge wy ús eigen Fryslân as wat eksotysk. Hiel ferfrissend en knap dien fan Brolsma.

Myn favorite ferhaal wie Lima. Yn dat ferhaal moat in Hollânske jonge, opgroeid yn Lima, nei de dea fan âlden weromkomme nei Nederlân om fierder troch in omke grutbrocht te wurden. De waarmte fan it Latynsk-Amerikaanske libben en it kontrast mei de Hollânske kâldens en it berekkene hâlden en dragen dat ús kultuer eigen is wurde hiel moai delset.

Opfallend is by Brolsma ek it tema fan de relaasje tusken in âldere frou en in jongere jonge ("Ioana", "Lima", "Laban"). Miskien is Lima fan datoangeande wol wat tefolle in wiete jongesdream, en is it wis ek wat goedkeap sa't it ferhaal wat as in nachtkear útgiet. Yn Laban einiget it ferhaal mei it bestean fan syn relaasje, mar it wurdt op ôfstân beskreaun: it ferhaal einiget mei de fynst troch de echtgenoat fan it hûs mei twa nammebuordsjes. Yn Lima wurdt sa'n relaasje it meast fan binnen beskreaun, mar is tagelyk ek it sentiminteelst en literêr miskien it minst, hoewol't ik der fan smulde ...

Brekt Brolsma mei dat tema, dat him faaks nei oan it hert leit, in taboe? Ik leau it al. Yn ús kultuer is de heit-dochter relaasje (âldere man - jongere frou) noch altyd de stannert. Yn de religy fine wy in âlde God en in jonge Maria, gjin âlde Goadinne en in jongesmaagd. Tichter by hûs: by pearkes is de man, neffens de lêste sifers dy't ik sjoen ha, troch de bank nommen twa jier âlder as de frou. Noch tichter by hûs: iksels bin no populêrder by it jongfammich folk as doe't ik sels jong wie ... Romrofte boeken út 'e wrâldliteratuer geane earder oer in âldere (man) en jongere (frou) as oarsom, nim bygelyks Nabokov's "Lolita" mar, dat better net te witten gjin pendant hat mei in âldere frou en in jongere man.