Eric Hoekstra

Stil jild, stil leauwe.

1. Neat mis mei jild
It hat my altyd in slimme foarm fan hypokrisy talike en ferachtsje de macht fan it jild. Jild jout ommers in protte mooglikheden. Wat is der foar ferachtliks oan dy mooglikheden? Mei jild kin men bygelyks in literêr tydskrift útjaan. Dy ferachting foar jild, benammen by kristenen en sosjalisten, is eins in foarm fan selsbeskerming. Yn feite suchtsje jildferachters ûnder de macht fan jild. "Hiene wy it mar", suchtet har ûnderbewustens. "Wy ferachtsje jild", ropt har bewustens, as de toanielspiler dy't it is. Persoanlik bin ik gek op jild, mar ik mis it spesjale talint om it te sammeljen. Dêrom sammelje ik letters. Dêr ha ik mear talint foar.

2. Jild, leauwe en fertrouwe
Jild en leauwe binne troud. Se frije. Se lizze mei de skonken oerinoar en it bêd giet op en del. De effektehannel stoart yn as de hannelers har "leauwe" , har fertrouwen yn de takomst ferlieze. Leauwe en fertrouwen rinnen hân yn hân. As men leaut dat it min giet, giet it min. It's a self-fulfilling prophecy. De atleet dy't tinkt "dit wurdt neat", sil nea in medalje winne. Selsfertrouwen. De jildstikken hingje ek fan fertrouwen oaninoar. Wy fertrouwe derop dat wy foar in gûne in krop slaad keapje kinne. Hat de grienteman wolris tsjin jim sein: "wat moat ik mei dat domme stikje izer datsto in gûne neamst. Ast dat krop slaad ha wolst, krij dan in hammer en ripperearje myn fytsehok mar." Nee, it stikje metaal hâldt syn ôfsprutsen wearde. Min ofte mear. Want de jildhannel hat ek wer syn eigen fluktuaasjes, en wa't fleantúchjes yn flats parkearret bringt net allinnich by ferwûnen en neibesteanden in protte pine tewei. Ek op de beurs wurdt Roud.

3. Stil Jild
De Fryske literatuer telt sûnt 1997 ek in komptabele roman, in roman dy't oer jildsaken hannelet. Hette Uilkema publisearre by Utjouwerij Bornmeer it boek "Stil Jild". It boek is prachtich foarmjûn troch Gertjan Slagter, al hat de argeleaze boekzapper dat net earder troch as wannear't er yn de gelegenheid is en jou it omkaft ris wat yngeander eachweiding as yn de hastigens fan in boekhannel en it moderne libben ornaris mooglik is. It boek is fiksje, mar hat wat ekstraas trochdat Uilkema syn ûnderfining as boekhâlder mei de jildwrâld fan bedriuwen deryn ferwurke hat. Dat fernim je goed as lêzer, benammen yn it faaks autobiografysker begjin. By de oerheid is om de jildsaken hinne ek in ivich reekgerdyn oplutsen. Wa wit wat der by de provinsje oan stil en swart jild omgiet. En op it Meertens-Institút dêr't ik wurke ha is ris 10,000 gûne út de kast ferdwûn (dieder nea fûn), de direkteur is beskuldige fan malversaasjes (bewiis nea levere), om oer oare ynstituten fan de Oerheid mar te swijen. In boekhâlder kin dy hurde realiteit better as naivere wurknimmers. Of lykas Uilkema accountant Been en boekhâlder-haadpersoan Jan Smeding sizze lit:-

Wat wie de winst ferline jier?
Been seach helpleas om him hinne. De sekretaresse wie opholden mei typen en harke skerp nei wat der sein waard.-
Dat binne dingen dêr't yn dizze ûndernimming nea oer praat wurdt.-
Nee, sokke dingen hoecht elkenien net te witten, dat begryp ik wol. Mar de boekhâlder moat it dochs witte? (side 9)

It is hast in metafoar foar it libben, dêr't de filosoof dingen fan witte wol dêr't de gewoane minsken har foar ôfslute om't soks net fatsoenlik is om oer te praten, of sels mar oan te tinken.
Leauwe en fertrouwen rinne hân yn hân. Wy leauwe dat bepaalde persoanen ús net ferneuke sille, dat is fertrouwen. Yn "Stil Jild" nimt de direkteur de boekhâlder yn fertrouwen. Dat leit yn de reden en dat bart op in protte plakken. Ommers, de boekhâlder moat de direkteur dekke. De boekhâlder is de fertrouwensman fan de direkteur, en faak is hy op it wurk de iennichste. De fertrouwensrelaasje tusken direkteur Schut en boekhâlder Smeding is moai delset troch Uilkema. Hja meitsje dat sels net eksplisyt. Op in stuit kriget Smeding fan alles fan Schut te hearren en dan realisearret Smeding him letter: "Pas doe't er yn syn eigen auto siet betocht Jan dat Schut net ien kear frege hie om betrouwen". (side 59) It wurdt net frege, it wurdt yn it foar oannommen dat it der wêze sil.
Hoe sit it dan mei de moraal fan boekhâlders? De fertrouwensrelaasje mei de direkteur suggerearret al dat dêr de iennichste loyaliteit fan in goede boekhâlder. In oanhelling (side 51):-

Wat bedoele jo? sei Jan. Hy sei altyd 'jo' tsjin Schut. ...-
Dat hoech ik dy net út te lizzen, wol? It giet om dingen dy't net yn de wet steane, dat snapst wol.-
Ja, dat snap ik, sei Jan. Soks komt foar, ik ha faker mei de belesting yn 'e slach west, en net altyd neffens it reglemint.-
En dat hat dy noait beswierre?
Jan luts oan 'e skouders.-
Ik wit dat it net mei en dat der straf op stiet. Mar it is it jild fan de baas of de klant, op it akkountantskantoar, yn alle gefallen in oar syn jild. Foar my is it in soarte fan sport. Sjen wa't it snoadst is.

Soene weakere sielen dat miskien korrupsje neamme? "Sjen wa't it snoadst is". Dat sil Cor Boontje ek tocht ha, mar dy kaam om syn loontje. It is opmerklik hoe bot as Jan Smeding syn loyaliteit oan persoanen ophinget, en net oan regels, wetten, ynstitúsjes of idealen. Dat docht ik bliken út de ein fan it ferhaal. Smeding hat op in stuit de kâns hân om al it jild achteroer te drukken (side 238):-

Jan, witst wêr't wy it yn 'e auto oer hiene? sei Arjen. Do hiest tsien miljoen gûne dêr'st mei dwaan koest wêr'st sin oan hiest. Wat dochst hjir noch. Der wie net in sterveling dy't it wist.-
Aly wist it.

Aly is de skieden frou dy't Jan Smeding syn faam wurden is. It is Aly waans morele oardiel Jan Smeding yn dizzen oernommen hat. Net om't er it morele oardiel dielt, mar om't Smeding syn eigen moraal basearre is op loyaliteit oan de persoanen dy't him nei steane en oan wat sy wolle. Is dat ferachtlik? Neffens in protte minsken al, mar it spruts my oan.
Smeding wurket graach bûten de regels om; it kin him neat skille dat er feitliks regels brekt. As in direkteur pakt is foar malversaasje (22) is Smeding syn reaksje net "Skande", mar in analyse fan wat der mis gie en hoe't men dat dwaan moatte soe sûnder pakt te wurden. "Dy direkteur hie in pear fouten makke, dy't mei in bytsje omtinken net nedich wiene." De subjektive moraal blykt ek út it kommentaar op it ferskynsel "de swarte kas" ofwol jild dat bûten de boeken holden wurdt (27):

Jan wist dat direkteuren in swarte kas meastal holden, omdat se foar spesjale doelen wat jild om hannen ha woene. Foar dingen dy't op har ôfkamen en dêr't wat oan dien wurde moast. ... Minsken dy't oerwurken wat taskikke sûnder dat der eagen oer gongen. Aardichheidsjes foar guon dy't de ûndernimming in deugd dien hien. It wie de oalje dêr't de masine op draaide sûnder te piipjen. Mar net maklik om út te lizzen oan de belesting of oan bûtensteanders.

Yndie net maklik út te lizzen: Peper kin der oer meiprate. Uilkema syn alter ego Smeding hâldt fan ien-twaatsjes yn de achterkeammerkes fan in organisaasje, bûten de kreauwerij fan de kliber om. It kontakt mei in pear yntimy is genôch, de oerflakkige sosjale kontakten mei kollega's kin er slite: "Jan hie net sa'n grut ferlet fan gemiensumens" (23). En wy hoege ek net te rieden wat er fan 'e sabeare iepenens fynt dêr't de skreauhalzen binnen organisaasjes graach moaie sier mei meitsje (22):

In pear kear wie er nei in gearkomste gongen. It wiene hieltyd deselden dy't oan it wurd wiene. Hy hie argewaasje oan it praat oer ûnbelangrike dingen. As er sels wat sei, wie der net ien dy't der op yngong. Hy hie doe net begrepen dat it praat brûkt wurdt om der mei te boartsjen, om de macht fan it wurd út te probearjen. En om it geniet dat it slagjen fan in moaie formulearring oan de sprekker jout.

Yndie, de flauwe grappen, it triviale petear en de egotripperij skaaimerke mannige gearkomste, lykas ik ek op myn earste gearkomste op it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) wer ris belibje mocht. Dy sosjaal-psychologyske krityk op ús Zeitgeist is in nijsgjirrich ûnderdiel fan in boek dat fierder in pretinsjeleas aventuer yn in boekhâlderswrâld is.

4. Ofljochtsjen: minder jild foar it Frysk
It jild sil de kommende tiid net stil bliuwe. Mei de wrâldwide resesje dy't it ynternasjonale terrorisme teweibringt sil ek de Fryske literatuer it mei minder oerheidsjild dwaan moatte. Brussel hoege wy net folle fan te ferwachtsjen. Okkerdeis wist dy ynerte oerheidsynstânsje noch grutsk te melden dat se lang om let de webside yn de lucht krigen hiene. As men oer sokke simpele fiten al jûchheie moat ... mar fan it Provinsjehûs wurdt men ek net fleurich. Kom, lykas Danny de Vito seit yn "Throw Mama from the train": "A writer writes". En lit de lêzers dus mar lêze.


(eh, 22-09-2001)