Aggie goes pedo yn geniale novelle.

Resinsje fan "Lytse roman fan Jon Fels", Utjouwerij Frysk & Frij, 125 siden.

"Niks is wis, niks is goed omdat it altyd sa wie" (side 8)

Nei't Justus earst oan "Sloppe Opels" fan Bouke van der Hem de heechste wurdearring (5*) takend hie, bûcht er no op 'e nij dimmen de holle en lústeret, yn oanbidding delsinkend foar Aggie's geniale boekje, de lêzers fan De Moanne ta: ek 5*.

In boek mei as ien fan 'e tema's pedofily. Justus tocht "dat kin allinnich mar in draak fan in boek wurde". Mar mirakels, it is in konsintrearre masterwurkje. It is skreaun yn in mearke-achtige nij-testamintaryske styl, en dan doelt Justus net op it gebral fan Paulus mar op de symbolyk fan Jezus. Jezus, dy't as de neoteologen gelyk ha, mei "It keninkryk fan 'e himelen is yn jim", en "elkenien is in bern fan God" earder doelde op in jubeljende ynderlike geastesgesteldheid dy't er symboalysk oantsjutte mei de "Bern fan God" relaasje as op allerhanne ferkalke Paulusiaanske dogma.

Yn "Jon Fels" hinget ek sa'n sfear as yn it Nije Testamint of as yn in mearkeboek. De realiteit bestiet net as eksterne realiteit, mar is allinnich mar útdrukking fan ynderlike realiteit, bestiet allinnich as it emoasje en tinzen opropt of werjout: de eksterne realiteit bestiet allinnich as dûnspartner foar de ynderlike realiteit. Der wurdt dus gjin uterlik, gjin karakter, gjin natuer beskreaun om it feitlike beskriuwen sels, lykas yn in plichtmjittige detective of kranteferslach bygelyks al it gefal is. Alles bestiet allinnich as fielling, as objektyf korrelaat (ahem-ahem) fan immen syn perspektyf.

It plot is boud om in samling relaasjes. De wichtichsten binne: de relaasje fan Jon Fels mei syn mem, dy fan Jon mei de pedo Warner Reints en dy fan Jon Fels syn mem mei har nije freon.

Op 'e achtergrûn spilet de relaasje mei de wat skimmige ferstoarne heit fan Jon. Want dêr prate Jon en syn mem fansels ek noch mei. Men praat ommers mei de deaden, mei de minsken, dy't men kend hat, dy besteanne ommers noch yn jins holle en dêr kin men hiele petearen mei fiere: in feit dat in bytsje as taboe negeard wurdt, mar hjir hiel moai brûkt. Foarbyld is bygelyks hoe't Van der Meer beskriuwt hoe't de mem yn har tinzen mei it probleem fan 'e oanfurdiging fan har nije freon troch har soan omtyspelet:


"De muorren sizze buorfrou net, dat oan 'e oare kant in frou harsels besjocht en wylst de wyn har nei de holle set, yn drok petear is mei twa manlju. Ien fan dy twa hâldt ek de jonge wekker, de oare is in oar." (66)

Se is yn petear mei har nije freon en mei har ferstoarne echtgenoat, en dy echtgenoat, Jon syn heit, hâldt ek de jonge wekker. De oare dy't Jon wekker hâldt, de "oare dy't in oar is", is Jon syn nije freon, de pedo dy't Jon syn mem noch net ken. Prachtich sein, mei in lapidêre direktens.

It lapidêre konsintrearre karakter út it boekje oppenearret him op ferskate fronten: de lapidêre nammen (Ib, Sim, Sjon), de konsintrearre elegante werjefte fan it ynderlike gedachtelibben, de symboalyk fan see, fan fûgels. No in foarbyld fan prachtich brûken fan fûgelsymboalyk. Pedo anneks fûgelleafhawwer Warner is al ris fuortjage út in doarp dat dy fielt him útsletten út 'e minskemienskip en moat huchelje, toanielspylje om in marzjinaal plakje te hâlden:

"De graupiper is syn maat. Prunella modularis hjit er sneins. Dy't net goed sjocht tinkt dat it in moask is. Hiel lang sil er him ûnûntdutsen tusken de trochsneed dominearjende fûgelbesetting hânhâlde kinne, meipikke, gjinien foar de poaten rinne en allinne mei wat praat fan niks in oartsen yn 'e pong dwaan. Oant der ien is dy't sjocht dat er oars is, in tikje behindiger, wat ôfwikend hipt, grappich mar ek wat oanstellerich. En oare dingen lekker fynt." (33)

Dat is symbolyk yn 'e praktyk, symbolyk in wurd dêr't lêzers en skriuwers bang fan binne en it assosjearje mei optochte ûnbegryplike konstruksjes, en sa is it ek wolris, mar hjir transparant en klear as wetter út 'e djipste, skjinste Spa.

It tema is net allinnich pedofily, sintraal stiet earder in samling relaasjes. As tema soe men neamme meie, njonken dy pedofily, it probleem fan 'e oanfurdiging fan Mem har nije freon troch soan Jon en it ferwurkjen fan 'e relaasje mei de ferstoarne heit. Mar der binne mear karakters yn dit rike boek: der is in beppe dy't út en troch by Jon en mem útfanhuzet, Jon har in pear freontsjes fan eigen leeftyd, en Jon praat ek noch tsjin trije poppen. Dat lêste is in teken dat er yn 'e eksterne wrâld petearpartners brek is. Tsjin 'e poppen praat er oer wat er belibbet, oer de ferstoarne heit. Jon hat der wol oan om de nije freon fan Mem te akseptearjen. By dat akseptaasjeproses wurdt Jon tige holpen troch syn grutste freon, Warner. Oan 'e ein fan it boek ha de poppen ôfdien, en hat Warner de rol fan petearpartner oernommen. Warner hat dúdlik in bydrage levere oan Jon syn akseptaasje fan de dea fan syn heit en fan de komst fan Mem har nije freon.

Sintraal steane dy trije karakters: Jon (relaasje mei heit, mem, Warner), mem (relaasje mei Jon, heit en nije freon Aart) en Warner (relaasje mei Jon, en probleemrelaasje mei de maatskippij). Fan harren trijen wurdt it ynderlik moai werjûn. En al dy problemen lykje leadswier, mar dochs hat it boek in lichtfuottige toan. Yn it begjin hat Jon wat lêst fan twangmjittich gedrach. Bern ha wolris, dat se dagen lang net op ûneven stoeptichels stappe meie, en sa. Lês hoe't Aggie dat beskriuwt:

"Hy moat yn seis stappen fan 'e doar fan Eerdes by it hok fan Hansen komme kinne. Koartlyn mocht it noch mei sân. Lene hoecht dat net, mar dy mei net oer swarte stiennen rinne en op 'e wc moat se sjonge, oars pakt in snotteglêde hân har by de billen. Op skoalle wie Balthasar Gerardts, mar Lene woe der net mear oer prate. Se fûn it slim foar Willem fan Oranje." (10)

It boek hat in heech tempo, likeheech as dat fan 'e tinzen, en it assosjearret bliksemse fluch sa't soks yn wurklikheid giet. Yn niis sitearre passaazje wurdt Jon syn twangmjittich gedrach yn twa sinnen delset, kontrastearre mei dat fan Lene, en fan 'e assosjaasje fan in enge hân, komt de assosjaasje mei in enge man (Balthazar Gerardts), en dat slút wer moai oan by it tema fan 'e enge man fan 'e pedofily. Prachtich, en oe sa konsintrearre.

Petearen tusken bern kin Aggie ek goed werjaan, en se soe grif ek in fantastysk berneboek skriuwe kinne, watsei? Dit boek is in berneboek en tagelyk in boek foar folwoeksenen.

Tsja, en dan de pedofily, it probleem fan Warner Reints en fan wa't mei him omgiet. It probleem fan Warner:

"Hoe't de jonge handich oer it stekje springt en him útdaget om ek yn 'e beam te klimmen. Hoe't hy him opheint as er der net mear út doart. It moaie waarme lyfke yn syn earmen. Hy wit dat er net fierder gean mei, dat er de jonge mei syn langstme en begear ferwûnje kin, skeine. Hy wit dat it sa is, mar hy fielt it oars." (38)

Dat probleem kin de skriuwer ek net oplosse. De ein fan it boek is in besykjen fan Jon syn mem om dochs ta te litten dat Jon út en troch Warner befisitearret, en in besykjen fan Warner om no net de fouten te meitsjen dy't er earder al ris makke hat. Want hy is al ris oer de skreef gien. De ûnskuld is dan troch it bewitten fan Warner syn ferline en seksuele foarkar lykwols wat bedoarn by Jon en Warner, mar de mem hat no kontrôle en kennis fan wat der bart. In iepen ein. Ymplisyt bestribbet mem in humanitêr omgean mei de pedofyl, al nimt se dêrmei in risiko wat Jon oanbelanget, al wol Jon sels gewoan trochgean mei de fisites oan syn bêste freon.

De relaasje fan Jons mem mei Aart is wat klisjee. Freon Aart is in man út it polityk-korrekte boekje en bliuwt fierders in wat fage figuer, krekt lykas Jon syn heit. Miskien ek wat swak is in passaazje dêr't de memmeleafde foar Jon yn werjûn wurdt (side 17):

"Se sil him skewiele, se sil besykje te rieden wat der omgiet achter de blauwe eagen, dy't fierten sjogge, dy't sy net sjocht, dy't ferdrinke yn triennen, dy't sy net sjen mei en sa striele kinne dat it har betiist en dat se der ûnrêstich fan wurdt. De wrâld sil te hurd foar him wêze ..."

Der is in parallel tusken dy memmeleafde fan Jon's mem foar Jon en de pedofile leafde fan Warner foar Jon, dy't allinnich symboalysk oantsjut wurdt. Miskien. Jon wurdt nammentlik de "earste" neamd, want hy is it earste bern fan mem en heit. Dêr slút in aparte passaazje oer de see en Jon's mem by oan:

"De see, it ivige yn- en útazemjen, gjin begjin, gjin ein. De ferlieding om har oer te jaan oan syn selsfoldienens, syn earstberne macht. Tajaan dat se him net wjerstean kin om besit fan har te nimmen, har yn en út te gean yn oerweldigjende omearming ..." (23)

De see wurdt ek earstberne neamd. Memmeleafde foar in bern (of heiteleafde) is net seksueel mar sublimearre, pedofile leafde is seksuele leafde. Deselde twang en jou jin oer oan de see hat net allinnich Jons mem lykas hjirboppe mar ek wer Warner, dy't yn in oare sêne de see ynrint, mar noch krekt wjerholden wurdt troch Jon syn mem en Aart (dy witte dan noch net dat de man yn see Warner is). Warner en Jon syn mem binne fia dy seesênes meiinoar ferbûn. Tajaan oan beskate foarmen fan leafde, seksuele leafde, wurdt alsa assosearre mei it oerjaan oan de see? Libbet de behoefte oan liiflike yntimens mei in bern net allinnich yn Warner mar ek yn Jons mem? En dêrfandinne har begryp? It is in spekulaasje.

In resinsint dy't him ferskûlet achter de moraal soe dit in "dapper boek" neamme, mar dêr giet it hielendal net om. Justus seit, mei syn morele problematyk, syn lapidêre styl, syn symbolyk is dit in MOAI boek. Mei "Lytse roman fan Jon Fels" en "Sloppe Opels" hat Utjouwerij Frysk en Frij, troch Klaas Jansma as in net-profesjonele útjouwerij oantsjut, de twa moaiste boeken út 'e Fryske literatuer fan 2001 en 2002 publisearre!