Eric Hoekstra

O Rykdom fan ús Fryske literatuer!

Resinsje fan Doeke Sijens "Douwe Kalma yn piama en oare stikken oer de Fryske literatuer". Koöperative Utjowerij, Easterein.

Lêze oer literatuer.

Lêze oer literatuer is faak noch aardiger as literatuer lêze. Foaral as Doeke Sijens de ferteller is. Syn spesjaliteit is it lêzen fan wurk dat net mear lêzen wurdt, en it leafst sneupt er yn argiven om. Nim no sa'n Douwe Kalma. Ja, syn namme is rûnom bekend, en ek dat er net doogde yn de oarloch, en dat er dochs fan positive betsjutting foar de Fryske literatuer west hat. Miskien is syn striidgjalp "Fryslân en de Wrâld" noch krekt bekend. Is bekend dat er de folsleine wurken fan Shakespeare oerset hat? Der sille net folle minsken wêze dy't in koart ferhaal of toanielstik fan Kalma lêzen ha. Ik ha it besocht mei syn gedichten, mei elke stekproef einige dermei dat ik it boek mar gau wer dellei. Wat dan mist in in paadwizer, immen mei in moderne smaak dy't seit fan 'lês dit en dit, it oare is de muoite net wurdich'. Sa'n paadwizer is Doeke Sijens. Of it no om ferjitten bekende of ferjitten ûnbekende figueren giet: hy lêst har wurk, hy skiftet en komt mei in beriddenearre lêsadvys dat ik alteast tige op priis stel. Ik bin dan ek fêst fan doel om in tal fan syn tips nei te lûken.

Nim no sa'n Kalma.

Nim no sa'n Kalma. Ik ha 'Kening Aldgillis' lêzen en dat fûn ik in draak en aldergeloks lês ik datselde oardiel, mar dan mear tusken de regels opskreaun, by Sijens werom. Want 'Kening Aldgillis' besteget er gjin omtinken oan, wylst er wiidweidich yngiet op toanielstikken fan Kalma dy't neffens him kwali-kwali binne: 'Rykdom', 'Film yn Fryslân', 'Fete', 'Hûs op sân', 'Sa ienfâldich is it libben'. In moai sitaat dat Sijens oanhellet om in brek oan orisjinelens yn 'Fete' sjen te litten beskôgje ik lykwols as in moaie gearfetting fan Kalma syn eigen karakter (en miskien hie Kalma dat sels wol troch doe't er it opskreau, en Subtile Sijens doe't er it oanhelle):

'Just. Jo libje en prate oft jo de iennichste minske op dizze wrâld binne. Ik leau dat jo lang net frij binne fan de sûnde fan de heechmoed.'

Mar it binne inkeld de heechmoedige minsken dy't grutte saken út 'e wei sette; beskiedenens stjert yn har eigen loaiens, mar dat tusken twa heakjes. It is spitich dat Kalma syn bêste stikken net yn in moai bantsje útjûn binne. 'Film yn Fryslân' is sels in 'loftige komeedzje'. Der komt in Amerikaanske filmster yn foar, Stark Cable, en Subtile Sijens merkt net op (opsetsin of subtilens) dat it om in ferfoarme anagram fan Clark Gable giet. Dy komeedzje wol ik yn alle gefallen lêze.

No ha ik wiidweidich skreaun oer Sijens syn essay 'Douwe Kalma yn piama' dat giet oer Kalma syn toanielstikken. Lykwols beslacht dat tige nijsgjirrige stikje mar siden 91-100 yn it boek. Ik stip noch in pear oare essays oan. 'Foar de poarte fan marmer' (78-90) giet oer de ferhalen fan Kalma. Dúdlik is dat it Kalma net slagget om syn persoanlik belibjen (homoseksualiteit) yn syn ferhalen te ferwurkjen. De ferhalen binne faak ferfeelsum, de plot is konvinsjoneel en ûnoprjocht. Ik krij diskear as boadskip mei dat 'Alrik Loara' in ferhaal is dat roert oan Kalma syn djippere fiellings ('Sljucht en rjucht' 1917), en dat der nich in spannende brief oan in jonge freon yn 'Frisia' stiet (1933). Foar it oare liket Kalma syn skriuwtrant op (Ph. H. Breuker:) 'ienlûdich gesûs'. Fan datoangeande die Kalma syn proaza my tinken oan de gedichten fan Poe, dy't ek sa monotoan fan klanksetting binne.



Literêre rykdom.

De essays yn de bondel binne oardere yn trije skiften. Ik ha foaral de essays oer Kalma besprutsen, mar oaren komme ek oan bod. Ik helje hjirûnder ynhâldsopjefte oan dat de rykdom fan de bondel dúdlik makket. Tusken rûne heakjes steat somtiden in ferklearjend kommentaar fan myn hân:

Skriuwers (earste skift)

9 'En by dat halte-stasjon hear ik syn stim'. Oer de dichter Obe Postma en syn homoseksualiteit.

21 'Oanlutsen troch in fier ljocht yn de kimen'. Douwe Kalma en de Jongfryske Mienskip.

42 ''t Wurk hat goed west'. Douwe Kalma as promotor fan Reinder Brolsma.

78 'Foar de poarte fan marmer'. Ferhalen fan Douwe Kalma.

91 'Douwe Kalma yn piama'. De skriuwer fan modern toaniel.

101 'En heftich is de dreamblom iepenblet'. Anne Jousma as Jongfries.

117 D.H. Kiestra. Fertiisd yn skuld en rjocht.

137 Fan bûgjen frjemd. De earste Fryske romans oer de oarloch.

146 Mear as in goede ferteller. Piter Terpstra as Frysk skriuwer.

162 In sorbet, sa heech as in faas blommen. De ferhalen fan Hylkje Goïnga.

Koart en goed (twadde skift)

183 De wylde boerinne (T.E. Holtrop)

187 De kar (Nyckle Haisma)

190 Ypéus (Reinder Brolsma)

193 Fergetten post (Reimer van Tuinen)

Moaie blommen fan ús Fryske letterkroane (tredde skift)

199 Fan 1856 oan 1859 (Tjibbe Geerts van der Meulen).

204 De Fryske Thyl Ulespegel (W. Dykstra)

209 In oantinken (J.S. van der Steegh)

214 In profeet yn syn eigen lân (J. Baarda)

219 Anne Wadman en 'De kaartlizzer' (Hjerre Gerrits van der Veen)

223 'Op 'e neiteam hoech ik net te tiidgjen'. By it grêf fan Auke Boonemmer.

Yn it earste skift stiet in skriuwer sintraal. Dy stikken binne ek wat langer. It twadde skift binne hiel koarte notysjes oer in boek of ferhaal. Dy hiene om my wat wat langer, wat ynformativer mocht. It tredde skift giet oer wurk út de njoggentjinde ieu. Ik hâld sels noch altyd út dat der yn de njoggentjinde ieu better wurk yn it Frysk as yn it Hollânsk skreaun is. De Hollânske literatuer is Viktoriaansker, is ynsletten troch de morele nearzichheid fan de middenklasse, wylst yn de Fryske literatuer in frijer folkslibben brûzet en siert. Likegoed, wa lêst noch njoggentjinde-ieuske boeken, Hollânsk of Frysk? Dochs is der moai wurk skreaun. De 'Fryske Thyl Ulespegel fan Waling Dykstra ha ik tafallich al lêzen en dat wie tige de muoite wurdich. Op myn takelistje foar de rêst fanmyn libben stiet noch altyd it plan om my ris goed yn te lêzen yn de Fryske literatuer. Yn dit ferbân is it foar Sijens en oare skriuwers en útjouwers faaks handich te witten dat in protte njoggentjinde-ieuske wurken ynscand of oertypd binne troch de Fryske Akademy. Dy wurken meie troch oaren foar úndersyk of werútjefte rieplachte wurde.

De rykdom makket dat it boek fan Sijens is skitterend neislachwurk is. Mar as lêsboek is ek tige slagge. Moai is it ek as in eigen oardiel of fynst troch Sijens befestige wurdt. In skofte lyn haw ik ris de anonym publisearre oarlochsroman 'Häftling nr. 10039" lêzen, fan Reimer van Tuinen. Doe foel my al op dat de skriuwer fole earliker is as de trochhinne skriuwer fan sokke romans. Van Tuinen lit dúdlikernôch útkomme koe kompleks as minskene motiven en kies foar kollaboraasje of ferset wêze kinne (itselde blykt ek út Sijens eigen essay oer Kiestra). Opfallend wie ek hoefolle humor as der yn in roman oer it kamplibben noch sitte koe. Sijens wiist op deselde kwaliteiten yn it boek "Fergetten Post" fan dyseldichste Van Tuinen. Frjemdernôch hat Sijens "Häftling nr. 10039" net besprutsen yn syn essay oer oarlochsromans 'Fan bûgjen frjemd', noch neamt er dy roman fan Van Tuinen yn syn besprek fan 'Fergetten post'. Diskear kinne subtiliteitsarguminten net fan tapassing wêze. It sil de master mist ha dat Van Tuine de skriuwer fan it anonym publisearre "Häftling nr. 10039" wie! 'Douwe Kalma yn piama' is in echten oanrieder foar literêre fynpriuwers!

Hannen út 'e mouwen.

Wat opfalt as men lykas my graach âldere boeken lêst is de grutte rykdom fan de Fryske literatuer troch de tiid hinne. Mar der moat om socht wurde, en by dat sykjen hat men help fan oaren nedich. It boek fan Sijens biedt sokke help. Wol wat spitich binne de opmerkingen yn de noaten yn de trant fan "nea wer werprinte", of "allinnich yn hânskrift besteande". Hjir leit in moaie taak foar ... ja foar wa eins? Wa sil dy hanskriften ris yntype, de boeken ris ynscanne, dat se fia Ynternet te besjen binne, miskien sels goedkeap printe wurde kinne? En dan punt twa. In lef en lau boekje as "Lyts hânboek fan de Fryske literatuer" is fierstente min in paadwizer, jout fiersten tefolle opfettingen oer skriuwers dy't fierhinne troch de moderne tiid net mear akseptearre wurde. Wy ha net mear de smaak fan mids foarige ieu. Eins soe immen as Sijens sa'n hânboek skriuwe kinne, en ús dan wize op dy skriuwers en dy wurken dêr't wy mei ús smaak begjin 21-ste ieu noch aardichheid oan ha soene. En wa soe dy taak op him nimme wolle?