Kûgels foar de Wierheid?

Resinsje fan "Kûgels foar Kant", Sietse de Vries, Friese Pers Boekerij, 232 siden.

Ha, in literêre triller fan 'e Yntellektueel fan 'e Ljouwerter Krante! En dan ek noch sa'n sympatike titel! Want der stiet net "Kûgels foar Marx" of "Kûgels foar Kierkegaard" en sels net "Kûgels foar Arendt", mar "Kûgels foar Kant"! Kant, ommers de lêste teolooch dy't besocht binnen it ramt fan 'e filosofy in godsbewiis te leverjen, en de Moraal earne op te fundearjen. En krekt dy Kant kriget de kûgel.

Ik tocht, dy namme Kant, dat sil wol tafal wêze, mar it boek giet echt oer in ferzje fan 'e teory fan Kant. En dat yn in triller! En dat yn in triller fan 'e Friese Pers! Ik hoopje dat Kant-oanhinger Jabik Veenbaas gau komme sil mei in Fryske oersetting fan it wurk fan 'e grutte filosoof.

It boek is opset neffens in moreel skema. Der binne Goede minsken, der binne Kweade minsken, en der is in macht oan ûnferskillige minsken dy't sûnder dat se it troch ha it Kwea tsjinje. De Goeden, dat binne de myljeubewegers, lykas de haadpersoan fan it boek, de anty-held, de brigadier fan plysje Jurre Stapensea. By de Goeden hearre ek de myljeuaktivisten Hedzer en Koop, dêr't de haadpersoan tafallich op in terraske by Wyns mei yn 'e kunde komt. Opfallend detail: der komt gjin Goede frou yn it boek foar. De myljeuaktivisten wurde fertocht fan in dûbelde moard, op twa jonge froulju, en dat smyt foar Stapensea in gewissekonflikt op. Doge syn freonen wol?

De Kweade minsken, dat binne direkteuren fan grutte bedriuwen en provinsjale politisy fan 'e trije grutte partijen. De direkteur fan in soarchfersekerer hat eksperimintearre mei in nij medisyn, mar dêr binne acht deaden troch fallen. Hy kriget foar dat eksperimint jild fan in grut medisinekonsern. Om de affêre stil te hâlden, sjantearret er de provinsjale politisy min of te mear. Dy geane mar al te maklik oerstaach om't se de affêre sels al in skoftke stilholden ha. De direkteur hat ek syn mantsjes dy't smoarge putsjes foar him opknappe. No, it oare lit him riede: Stapensea en syn fertochte myljeufreonen komme achter de wierheid, mar wurde troch de 'mantsjes' fan 'e direkteur eliminearre: kûgels foar Kant.

Wêrom kûgels foar Kant? Eins wurdt dat net rjocht útlein yn it boek. Myljeuaktivist anneks terrasfilosoof Hedzer ynterpretearret de filosoof Kant as immen dy't úthâldt dat de wrâld út allegear foarmen fan skyn bestiet, en dat de wierheid, it Ding an Sich, net te kennen is. Dêr seit Kant fierder net folle oer.

No hie ik ferwachte dat it boek tagean soe op in plot, dêr't de wierheid dan ek wat wêze soe dat net te kennen is. It soe dan in Fryske ferzje wurde fan "De donkere kamer fan Damocles". Lykas it heart yn in goede triller, wit de lêzer likemin as haadpersoan Stapensea, oft de myljeuaktivisten no de moardners, de Kweaden, binne, of net. Oan 'e ein lykwols komt de wierheid as yn in klassike triller boppe wetter: de myljeuaktivisten binne goed, de direkteur is ferkeard. De wierheid is ienfâldich, mar de measte minsken wolle him net sjen. As Stapensea deasketten wurdt, konkludearret de plysje dat de myljeuaktivisten de smjunten wiene, en Stapensea kriget in earfolle begraffenis.

Wêr slacht de titel dan noch op? It boek past yn in simpel en rasjoneel Goed-Kwea skema. Wêr't Kant úthâlde soe dat de wierheid mei it ferstân net te efterheljen is, seit Sietse de Vries tegearre mei alle konvinsjonele trillerskriuwers dat dy al mei it ferstân te efterheljen is.

Fierders hat it boek in dúdlik boadskip: it gros fan 'e minsken is dom. Se brûke alle grûnstoffen op, út lamlendigens. Om it mei Hedzer te sizzen "Hokker man tusken de fjirtich en de fyftich reint noch wolris wiet op 'e fyts." (177) It minskdom "jaget alle grûnstoffen, alle skjinne lucht, alle brûkbere wetter en grûn der leaver yn fyftich of hûndert jier troch as dat it hiel saai en planmjittich wat foar de takomst bewarret." (22) It minskdom sels is in soadsje lammelingen neffens Hedzer: "Nee, de tragyk is dat de betide ein fan it minskdom feroarsake wurdt troch al dy lju mei in kantoarbaan dy't as yndividu foar in lang, saai libben fan tachtich jier kieze. Want in lang en saai libben is foar sokken allinnich draaglik as se trije kear yn 't jier mei it fleantúch op fakânsje kinne, as se de ferfeling yn it wykein ferdriuwe kinne mei kilometerslange autotochten." (22) Hitler, de nasjonaal-sosjalist, hat alris sein "Jeder soll ein Wolkswagen haben", en yndie, gjin politikus fan PvdA, CDA of VVD soe de gewoane minske it rjocht op de auto, dy izeren myljeufergriemer op fjillen, ûntsizze wolle ...

De titel bliuwt mysterieus. Betsjut it "Kûgels foar de wierheid"? It sil 't wol. Der wurdt ek noch sydlings ferwiisd nei de moard op Fortuyn, ek ien dy't dingen sei dy't oaren net goed útkamen. Miskien ha ik wat mist, want ik hat it boek yn ien nacht útlêzen. En dêrmei kom ik op de deugden fan dit boek. It morele skema irritearret amper, om't it meastentiids ûnsichtber is. Pas oan 'e ein, by de ûnknoping, falle de morele stikjes definityf op har plak. En dan is der fansels al wat yrritaasje, want propaganda foar Grienlinks is allinnich foar de stimmers op Grienlinks akseptabel. Boppedat, sa't Hedzer oer Kant prate, mei de ûnkenbere wierheid, hie men as lêzer ferwachte dat de wierheid wat ûngrypberder wêze soe as ferkiezingspropaganda.

Fan 'e oare kant is it ek wer Goede Saak (!) dat der ris in literator is dy't it doart en ferwurkje syn politike tinzen yn syn boeken. Anekdoate. Doe't ik by de presentaasje fan Giphart syn nijste boek wie (en dy yn it Frysk, titel "Der is gjin dêr, dêre"), frege ien út it publyk wat Giphart syn eigen politike plak eins wie. Dy fraach wimpele Giph kundich ôf! Ommers, sagau't er lofts of rjochts wêze soe, soe er de helte fan syn lêzerspublyk teloarstelle. Mar, ik leau, it giet djipper. It is net allinnich om kommersjele redenen dat de measte auteurs in polityk-filosofyske stellingname skou binne. It is in taboe EN SKRIUW YN LITERATUER OER POLITYK. De measte Fryske boeken pretindearje ferskriklik realistysk te wêzen, mar de politike foarkar, de ferbining tusken libbensfilosy en aktualiteit, is altiten pynlik ôfwêzich. Foarbylden: Margryt Poortstra "Kâldfjoer", Lieuwe Pietersen "Eva Godthelp", Aggie van der Meer "Lytse roman fan Jon Fels" en sa mear. En mei polityk bedoel ik net de polityk út 'e krante, mar wat minsken, haadpersoanen, dêr sels oer tinke. Wêrom dy skouwens? In Nederlanner fertelt alles oer himsels, behalven hoefolle as er fertsjinnet en wêr't er op stimd hat en wêrom ...

Dat ik fyn it te priizgjen dat de auteur net bang west hat en ferwurkje syn eigen tinzen oer polityk en aktualiteit fan no yn in boek. Elke skieding tusken in auteur syn priveeopfettingen en syn skriuwerskip, sa't Giph ús wiismeitsje woe, is keunstmjittich en mear as in bytsje hypokryt. Jou josels bleat, skriuwer!

De stege PvdA-oanhinger lies fansels net graach dat in PvdA deputearre ta de dôfpôt gie, mar hy is bliid mei dizze literêr-filosofyske triller fan Sietse de Vries. En net allinnich om't er it taboe fan it stilswijen oer polityk ferbrekt. Mar ek om't it boek spannend en ûnderhâlden is. De sfear die wat tinken oan dy yn Sjöwall en Wahlöö; dy ha ek sa'n stinnerige haadpersoan dy't yn in maatskiplike aktualiteit libbet en net yn in ûngefaarlik literêr fakuüm yn des skriuwers holle (dy't dochs wat as in ivoaren toer op syn sabeare apolitike nekke stiet). De haadpersoan fan Sjöwall en Wahlöö, Martin Beck, oppenearret him ek efkes yn 'e tinzen fan 'e haadpersoan, en ik leau dat dy in foarbyld foar de auteur west hat.

As swakste punt soe ik derop wize wolle, dat de tsjinpartij wol wat al te folle as de duvel ôfskildere wurdt. En dat mei noch hinnebruie, as de duvel ek mar syn arguminten jaan mei. Mar de oare partij, it Kwea, de direkteur, wurdt krekt as yn 'e kristlike tradysje in stereotype dy't syn kant fan 'e saak net beargumentearje mei. Myljeuaktivist anneks terrasfilosoof Hedzer kriget gjin werwurd fan 'e haadpersoan of syn freonen, nee, dy fungearje inkeld as oanjouwers. In echte diskusje, filosofysk-polityk besjoen, mist. Allyksa wurdt de baas fan 'e haadpersoan delset as in ûnsympatike heale idioat, dy't in idioat is neffens de haadpersoan om't er seis jier oer de MAVO dien hat. Krekt as soene skoalleprestaasjes wat oer yntelliginsje sizze ... De auteur hat faaks in oprjochte haat ferwurke yn it portret fan dy baas Auke Wessels? Yn alle gefallen is Auke Wessels ek gjin partij foar ús sympatike haadpersoan. Dat makket dat it wrâldbyld dat de auteur yn syn boek útdraacht eins likegoed in iensidich klisjee is as dat fan 'e persoanen (lykas niisneamde Auke) dy't er mei ferachting beskriuwt. Dêrom ûntkear ik dit boek in fyfte stjer, mar jubelje likegoed: fjouwer stjerren.