De ynderlike twaspjalt yn Simke Kloosterman: tusken natuer en kristendom

Eric Hoekstra



1. Ynlieding
Yn dit koarte essee sil ik de twaspjalt tusken natuer yn 'e wiidste betsjutting fan it wurd en kristendom beljochtsje sa't dy him yn it wurk fan Simke Kloosterman oppenearret. Uteinliks is Kloosterman as tinker in pessimistysk filosoof dy't nei it kristendom as in foarm fan treast grypt. Dêrnêst is der altyd in spanning tusken de heidenske en de kristlike illeminten yn har, wat wy benammen by njoggentjinde-ieuwske skriuwers obstrewearje. Ik sil bewiisplakken oanhelje út De Hoara's fan Hastings, It Jubeljier en út de gedichtebondel Myn Lân (Kar út de fersen fan Simke Kloosterman). Foar ynformaasje oer de skriuwster en de romans (ûntsteandsskiednis, eftergrûn, wurdearring, en sa fuorthinne) ferwiis ik nei de útliedingen fan Ph.H. Breuker by dizze boeken. Yn sa'n koart stikje kin ik net op allegear saken yngean dy't guon oaren faaks nijsgjirrich fine soene, lykas de partijdigens fan Kloosterman yn It Jubeljier of har karaktersketsen yn it algemien. Mei oare wurden, ik skriuw benammen oer aspekten fan har wurk dy't, better net te witen, oan de krapperein kommen binne. Dêrmei doel ik op it estetysk-dekadinte yn har wurk, sa't dat him yn 'e natuerbeskriuwingen oppenearret.

2. Oer de morele sublimaasje fan seksuele enerzjy
Yn 'e morele tinkwrâld fan Simke Kloosterman wurdt it ynderlike seksuele oanfiterjen dat de minske fielt omfoarme en feroaret yn in moreel oanfiterjen. De ûnderwerping oan de seksuele driuwfear wurdt yn dizze tsjustere algemy in ûnderwerping oan 'e morele fisy en dochfoarskriften fan it kristendom. In morele fisy en foarskriften dy't, ûnder de namme fan kristendom of feminisme of sosjalisme of hokker oar -isme ek dat de rankune fan 'e swakken of fan 'e swakkens mobilisearret, noch rûnom it ryk allinne ha. Besjoch it neikommende sitaat út It Jubeljier, dêr't ik in stikmennich stekwurden yn fetprinte ha (side 8):

Anne Hopperus, o dy namme! Him te flústerjen wie de muzyk fan syn dagen en it geniet fan syn nachten. Yn syn alderdolste fytmannerijen stie er mei flamjende letters foar de doar nei it ferbeane en bewarre him foar it deryn-gean - diich er wat goeds nei de ynjouwing fan syn licht-fielich hert, dan seach er har foar him, rein en sêft as syn lytse goede ingel.

Earst komt it oanfiterjen fan it seksueel geniet, dat hjir sels net as fantasije belibbe wurde mei en ferbean is. Is dat realistysk? Resint ûndersyk hat sjen litten dat de trochstringse man alle tsien minuten in kear oan seks tinkt. Fansels, wy binne net hûndert persint wis dat dat twa ginneraasjes ferlyn ek sa wie. Mar wy kinne no al konkludearje dat de behanneling fan de seksuele oantrún by Simke Kloosterman yn alle gefallen âldfrinzich is. En jawohl! Ik leau dat wittenskip krekt lykas filosofy fan belang wêze moatte soe foar literatuer. "Troch de literatuer leare je de minske kennen"; sa wurdt je de literatuer oanpraat. Yn 'e praktyk hannelje skriuwers yn ûnsinnich byleauwe en berneftich idealisme: ik kin dêrom, tusken twa heakjes, gjin romans mear ferneare.
De seksuele enerzjy dy't Kloosterman by de haadpersoan opfitere hat mei him net útlibje. Dat der moat wat oars mei barre. Yn it plak fan in fûl liiflik útlibjen skoot de skriuwster dan in moreel útlibjen. De haadpersoan, Ryklef Ripperda, stelt him it ferbeane net foar, mar in swakker geniet komt der foar yn it plak: hy docht wat goeds. Wat goeds is wat dat har haget, en wat har haget sil wol ien oft oare kristlike hanneling wêze. En syn beleanning is dan dat er har foar him sjocht: net as in frou mei in liif, in bûk en earms en skonken, nee, as in ingel. GOI! Wat is dy kristlike manipulaasje trochsichtich! De fraach, wat is goed, komt hjir sels net op. Dy is ommers al beändere yn de Bibel (of troch de Maatskippij of de Publike Opiny) en dat hoecht in minske net subjektyf-eksperiminteel, troch himsels as eksperimint te ynterpretearjen, fêst te stellen. Wy sjogge hoe't de meganismen fan de minsklike natuer, lykas de seksuele oantrún, bespile wurde yn tsjinst fan kristlike wearde-oardielen en oertsjûgingen.
Wat is dan de sjarme fan Simke Kloosterman, as skriuwster?

3. Oer natueroanbidding
Kloosterman bidt de natuer mei fûlens oan en it slagget har, taalkeunstneres dat se is, en bring dy ûnderfining op 'e lêzer oer. Yn 'e natuerlyryk komt it heidenske illemint by Kloosterman, lykas by safolle oare skriuwers út de foarige ieu foar it ljocht. It seksuele illemint, sublimearre en idealisearre as in foarm fan fruchtberheids- en natueroanbidding dy't heaks op it kristendom stiet, kin him hjir wiid útfiemje sûnder troch moralistyske prekerij bedoarn te wurden. It neikommende gedicht is dêr in foarbyld fan en kontrastearret moai mei de niis oanhelle passaazje út It Jubeljier:

Simmerjubel (47)

Oer 't lân himet de hjitte middei,
No syn heftige langstmes út,
Hoe steane de blommen te bloeien,
Fol prykjend geknop en gesprút!

De wyn waait swier oer 'e krunen,
En flústert heimsinnich en fol;
Wat is 'r yn dizze neimiddei,
Dat ik wûnder wat dreame wol?

Dat hie Herman Gorter of in oare lyryske dichter ek skriuwe kinnen. Ik ha de suggestive wurden fetprinte om de dûbele boaiem fan it gedicht klam te jaan. Wat stadiger opboud fine wy itselde seksuele illemint, ferbûn mei natuer en fruchtberens, yn it neikommende gedicht:

Midsimmerlok (45-46, allinne begjin sitearre)

d'Ald terp draacht op syn brede, sterke rêch,
De swiete lêst fan 't boartlik, sjongend sied,
Oer 't iepen fjild komt luftich wei de wyn,
En sinne laket fel oan 't hege blau.

Dit 's wol de lêste dei fan hjitte freugd!
't Al fielt sá sterk it wûnder fan folripens,
Dat no sa bleat en kenber foar him leit - -
Sa 's iepenpoarre frucht yn teppers hân -
Dat d'ierde huvert fan it oerfolpreaune
En ûnder 't wicht fan rispings bûcht, dy't tritichfâld
Werjouwe, wat hja, ploege, sidd'rjend naam.

It oanbiddingsillemint wurdt faak werjûn, by Simke lykas by oare lyrisi, troch it symboalysk brûken fan it begryp "kening", dat ommers de heechste foarm fan minsklike macht en gloarje rippresintearret. Twa foarbylden:

Ik groet dy, kening ... (91)

Net de skiente, dy't ik besitten ha, besjong ik, o kening,
Mar de skiente, dêr't al de hjitte herteweagen fan myn bloed,
Al myn ferlangsten nei rikke!
As in earme beam yn 't skaad
Syn krûmgroeide tokken nei de sinne
Boppe de hege hurde muorre ...
Dy skiente, dy't ik nea net myn eigen neamde,
Waans foetprint ik aai mei myn eagen.

Keningsbreid (67)

Ik wol fan in kening wêze,
En sitte mei him yn 't seal,
En litte de spyllju komme,
Rûmmantelich, bûnt en feal.

En litte de sangen skatterje,
Yn in júbling, heech en fel,
Hoe sille de harpen klinke,
En pearje oan fidel en skel!

Oant safier de bewûndering, de oanbidding, de ferhearliking fan al dat moai is: natuer, begearte, folripens, it ûndergean fan macht en geniet. Yn 'e poëzy komt lykwols ek in oare emoasje oan 'e oarder. Hoe sil ik dy emoasje neamme? Libbenswurgens, de haat om ûnfoldiene begearte, it jinsels tekoart dien fielen? Dy emoasje wurdt werjûn as pessimistyske filosofy. Ik helje begjin en ein oan fan "De bûleblazer" (side 84):

De wyn is in wrede boarter,
En nimt de bûlen mei,
It jonkje blaast wer nijen
En sjocht se blier efternei.

... (de wyn lit in bûle fan it jonkje foar syn eagen útinoar spatte; eh)

Och gûl net om dreamfantazije,
Mar gûl om dyn eigen lot ...
Want as in kleurige bûle,
Wurdt elts libben yn leed tespat. -

It gedicht is troch syn filosofysk boadskip wat prekerich, benammen om't it boadskip net goed troch it gedicht droegen wurdt. Want it jonkje ûnderfynt de bûlen net as dreamfantasije mar as besit. It is in klisjeemetafoar fan folwoeksenen om de bûle as takomstfantasije te sjen. Foar it jonkje is de bûle in boartersbûle, in besteande skjintme, in besteande wurklikheid. In dream oer de takomst is lykwols in hypoteze en as dy mis is, kinne je wol yn in hoekje gûle en klei it libben oan, mar dat is net de iennichste hâlding dy't mooglik is. Sa'n hâlding is klisjee wurden yn filosofy en literatuer beide, en it bliid boadskip is dan fansels it libben nei de dea sa't it kristendom dat taseit. In oar kristlik klisjee is de rigel "'t Wie leafde, hja learde mij lijen." (83, De Geande gast). Ommers, lijen is net wat dat je LEARE moatte. It is wat dat je OERKOMT. Nee, dan bring ik my Simke de dichteres leaver yn it sin mei twa rigels út "Tûzenen" (23)

Do wiest yn 'e sinne, do wiest yn it ljacht,
Do wiest yn 'e bloeiende blommen.

Sokke rigels kin men sjonge.
Simke's natueroanbidding sil grif sterker wurden wêze troch har ûnfermogen en oanbid yn it persoanlike. In skriuwer is altyd in minske waans objekten fan emoasje allinne op papier besteane; oars hied er gjin papier fanneden.
It begjin fan de "Hoara's fan Hastings" is fansels ek in bekend foarbyld fan Kloosterman's natuerlyryk: de roman begjint mei twa siden mei natuerlyryk dy't kwa styl wat tinken dogge oan de natuerlyryk fan Emily Brönte yn har obskuere masterwurk Wuthering Heights. Neffens my kin De Hoara's sels besjoen wurde as in Fryske wjergader dêrfan. Ik sil no it tema fan striid en it rjocht fan de sterkste by Kloosterman fierder ferdútse.

4. De sterkste wint
De natuerferhearliking bringt meast gjin morele twangtinkbylden mei. De natuer is oarekant goed en kwea. Dêr komt noch by dat de natuer in kant fan it libben sjen lit, dy't Simke Kloosterman, as it kristendom har de eagen net bedjert, ek sjocht: by it libben wint de sterkste.
Lit ús dan no in stealtsje sitaten jaan dêr't út bliken docht dat Simke's haadpersoanen in iepen each foar Der Wille zur Macht hawwe. It neikommende sitaat komt út It Jubeljier en folget daalks op 'e niis oanhelle sêne mei Anne Hopperus. Ryklef Ripperda syn tinzen ferkundigje in âlde wierheid (side 8):

Mar winne soe se it dochs net ... dat lytse ynfierene ding! Wie se him net al heal en heal tasein?

Mar ek oare persoanen út itselde boek ha wittenis fan deselde wierheid. Yn 'e neikommende oanhelling ferlustiget Van Rhee him yn it feit dat er syn soan Popke ferbine kinnen hat mei de gaadlikste frou fan Ljouwert (side 10):

Popke hie it en salich is de besitter. Dy't sels op 'e stoel wol, moat in oar der wol ris ôfsmite

De naïvens fan romanskriuwers makket dat Kloosterman gjin tsjinstelling fielt tusken it Kristendom oan de iene kant en de opfetting fan it libben is in striid oan de oare kant.
It machtsbesef dat swakkeren foar harsels net sjen wolle hat Simke Kloosterman as lid fan in hearskjende klasse dúdlikernôch weet fan. In oanhelling út De Hoara's:

(in ferliking tusken Fokke en Lys Hoara, 19): Hja miste it karakteristike fan syn antlit, de wissichheid fan macht, it ûnbewuste besef fan hearskippij oer oaren, swakkeren ...

Yn De Hoara's giet it meast om de macht dy't jild jout mar der bestiet ek soksawat as psychologyske macht lykas Hester hat, dy't ommers sawol Wychman Hoara as in kliber oeral folk doart te stean. En Nuttert fansels, dy't tsjin Wychman yn fersetkomt as Wychman syn lytse jonge slein hat. De swakken komme yn ferset om't de sterken har te bot op it sear komme: rankune is in machtige emoasje. Lykas Nuttert seit: "ik nim wraak" (33): hy wurdt foaroanman fan de sosjalisten. En dat hat Kloosterman goed sjoen: it sosjalisme is in rankunebeweging fan de swakken tsjin de sterken. Krekt as it kristendom sels, mar dat hat Kloosterman net troch hân.

5. It sosjale tinken: In kritikus sjokearre troch Simke's hurde wierheden.
It is dit aspekt fan it libben, it rjocht fan de sterkste, yn syn sosjale ynterpretaasje, dy't Trinus Riemersma yn it krús taast, dy't him mishaget. Besjoch it neikommende sitaat út syn boek It koarte ferhaal yn 'e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu (side 37):

(der is) ... ek yn dizze ferhalen, fan solidariteit mei de yn 'e nederklits sittende gjin bewyske te finen. Simke Kloosterman hat de need fan de arbeiders net sjoen of net sjen wollen.

Krekt as soe dat moatte! Fierderop yn itselde stikje hat er it oer Simke Kloosterman har "ûnsympatike tinkwrâld". It is hast as hat Riemersma in persoanlike ôfkar fan de persoan fan de skriuwster omwille fan de wierheden dy't se útdraacht. Doe't ik Riemersma lies, krige ik it idee dat Kloosterman de ien of oare Thatcher wie dy't alle sosjaal fielen en meilijen frjemd wie. Neat is minder wier. De waarme sympaty dêr't se Nuttert mei beskriuwt (en de oare sosjaal swakken op 'e heide) toant oan dat se krekt hiel sosjaal fielde. Boppedat is Nuttert, dy't ommers troch de grutboer Wychman Hoara negere en fernedere wie, lang om let de winner en de wraak dy't er nimt is net in ding dat yn it boek as in skande delset wurdt. Riermersma hat him opwûn oer it feit dat Simke gjin sympaty hie foar de politike beweging dy't sosjalisme hjit, mar dat wol net sizze dat se net sosjaal fielde. It sosjalisme as beweging wie ek mar de safolste groep minsken dy't op macht út wie mar dat net wêze woe. En dus praat de sêfte kritikus dy't de wierheid net ûnder eagen sjen wol fan in "ûnsympatike tinkwrâld". Miskien hiene de ferhalen fan Kloosterman wol goed west yn Riemersma syn eagen as de haadpersoan him oan 'e ein fan it ferhaal oanmeld hie as lid fan in sosjalistyske party? Breuker hellet yn syn útlieding by De Hoara's in lyksoartich beswier fan Riemersma oan (215). Syn beswier is dan de "maatskiplike, strukturele ferhâldingen fierhinne ûntkend wurde en de personale betrekkingen dêrfoar yn it plak skood". It wurd "struktureel" wurdt hjir allinne brûkt om oan te tsjutten dat maatskiplike ferhâldingen struktureel binne en personale net. Sa wurde by Riemersma de personale betrekkingen ûntkend en wurdt de minsklike libbenswrâld redusearre ta maatskiplike ferhâldingen, in typysk efterhelle Marksistysk stânpunt. My liket lykwols ta dat in skriuwer net ferplichte is de politike opinys fan kritisy, dy't oars ek fyftich jier letter libje, stal te jaan.

6. Estetisme as tsjinwicht tsjin pessimisme
Yn it sosjale is Kloosterman mei har observaasje dat it giet om it rjocht fan de sterkste in pessimistysk tinker. Dat hie net needsaaklik sa wêze hoecht. Se hie ommers datselde rjocht fan de sterkste dat yn 'e maatskippij foar master opslacht ferhearlikje kinnen. Mar it is binnen de kristlike tradysje hiel gewoan om te skriemen om it ûnrjocht yn 'e wrâld, en dêrby krekt te dwaan as ha je it net oer ûnrjocht tsjin jesels mar oer Unrjocht yn it absolute. It kristendom is dêrby de morele treastjouwer. It aardige is dat der by Kloosterman ek altyd in ymmorele treastjouwer is: de niisneamde skientme fan minske en natuer. Dat is in heidensk, estetyskerich illemint yn har wurk, dat oan ien trie wei werom komt. De tsjoendersstreken dy't Kloosterman mei de taal úthellet tsjinje om de skientme fan dat wat beskreaun wurdt op te roppen. Dêrtroch is Kloosterman ek in wjerlizzing fan alderhande lektuer dy't "realistyske", sis mar, sjoernalistike beskriuwingen wol. It probleem mei soksoarte "realisme" is dat in letterlike beskriuwing fan in aparte ûnderfining deaslacht. Om it effekt fan in aparte ûnderfining of barren by de lêzer op te roppen moatte je aparte dingen mei de taal dwaan. In lêzer kriget gjin ûnderfining fan skrik as er lêst dat de haadpersoan "him dea skrok" of "tige kjel waard". Sa besiket Kloosterman de skientme fan de estetyske ûnderfiningen fan de haadpersoanen op 'e lêzer oer te bringen mei estetisearjend taalgebrûk. Om in pear foarbylden te jaan.
As it hjerst wurdt en der komt mear wyn en rein wurdt net skreaun, lykas in sjoernalistike skriuwer (Van der Ploech, Kingma, Hylkema) dien ha soe: "It waard hjerst. Der kamen mear dagen mei rein en hurde wyn as dat earder it gefal west hie", of sokssawat. Nee, by Kloosterman wurdt dan bygelyks skreaun (It Jubeljier, 73):

Yn 't Súdwesten groeide in swarte wolken, djip ûnder de sinne groeide 'r, yn 'e lijte fan 'e wyn, dy't hinne en wer gong fan 't Westen nei 't Noardwesten, as in sterke, dy't klinge en delte mint.

De wyn wurdt de universele leafdesfeint dy't yn alle lyryk him oppenearret as dejinge dy't alles nimt en troch alles nommen wurdt. De swarte wolken dy't groeit personifiearret de komst fan 'e hjerst.
De beskriuwing fan dy hjerst is estetysk en dekadint. It is estetysk om't it op geniet en wille út is. Kloosterman, ek al is se kristlik, is der net op út en meitsje fan de lêzer in better minske. Se wol him huverje litte fan wille. It is dekadint om't yn prinsipe alles foar wille tsjinje kin. Dat de hjerst de blêden fan 'e beammen lûkt, is gjin noftere konstatearring mar wurdt by Kloosterman in orgy fan destruksje, in ferhearliking fan it ûndergean fan macht, it begean fan macht (It Jubeljier, side 73-74):

De wolken yn it Súdwesten groeide ... rikte begearlik nei de felreade sinne mei swarte, wrede hannen, wiet fan kâlde buien. Sjoch him rikken, de geweldige, mei syn sterke hannen! As fangearms binne se, belust op 'e hearlikheid fan it ûnbedoarne, reine each, dêr't se opslach har skaden oerhinne smite sille, dat de gouden glâns der út weitriennet as kostlike oalje en noch skoften op 'e weagen fan 'e loft omkralet
...
Der is drift oan 'e loft, drift en geweld, ...

In soksoartige beskriuwing fan in natuerproses tsjut wer (ferlykje seksje 2) in sublimaasje fan seksuele enerzjy oan. It is de fertsjinst fan de romantisi dat se yn har natuerbeskriuwingen dy sublimearre seksuele enerzjy in utering joegen, en sa as ûnderwerp op skriuwersaginda's pleatse soene. Want in pear ginneraasjes letter foldie de natuer ek net mear en koe der oer lustbelibbing by de minske sels praat wurde. Dêrmei waard it seksuele yn it sin brocht, yn it sin fan filosofen en psychologen, dêr't it ieuwen lang as duvelske macht út ferballe wie. Kloosterman har wille fan skientme yn aksje, destruktyf of konstruktyf, makket dat se by de romantysk-dekadinte skriuwers heart lykas Wilde, Couperus en Proust. Sokke skriuwers wolle net op it foarste plak de wrâld better meitsje en ferminderje it lijen. Se wolle op it foarste plak it geniet en de wille grutter meitsje.

7. Ôfsluting
Ik hie niiskrekt al de oerienkomst tusken De Hoara's en Wuthering Heights op it aljemint brocht. Yn beide boeken spilet in estetisearjende, hast dekadinte, natueroanbidding in grutte rol. Fierder binne it beide "hurde" boeken dêr't it besef dat de sterkste dejinge is dy't wint mei in steurende klearrigens nei foaren brocht wurdt. Ik sis steurend, want wy wolle dat fansels net wêze, dat it libben striid is en dat de sterkste dejinge is dy't wint. Der binne ek ferskillen. It kristendom is folslein triviaal yn Wuthering Heights, yn De Hoara's oppenearret it him wat sterker, mar minder as yn It Jubeljier. Fierder wurdt de leafde mear idealisearre, mar dan as natuerkrêft, yn Wuthering Heights as yn De Hoara's. De Hoara's is pessimistysker fan dat, en giet mear oer de obesesje mei de macht fan it jild sa't dy him yn De Hoara's, benammen yn Wychman, oppenearret. Mar it obsesjonele aspekt yn it minsklik aard is in ding dat yn beide boeken op emininte wize stal kriget. Kloosterman slút as skriuwster fan It Jubeljier en De Hoara's oan by de Ingelske romantradyske út de foarige ieu. Dêr waard de minske benammen yn in sosjale kontekst delset. En, dat sil gjin tafal wêze, frouljusskriuwers binne yn Ingelân alteast de wichtichste skriuwers fan it sosjaal realisme. Fryslân hat yn 'e persoan fan Simke Kloosterman ek in fertsjinwurdiger fan dy tradysje.


Referinsjes Rieplachte Wurk Simke Kloosterman (ek fanwege sidenûmers brûkte edysjes)
De Hoara's fan Hastings. A.J. Osinga, Drachten. 1992. Utlieding "Oer skriuwster, boek en útjeften" fan Ph.H. Breuker, 207-221.
It Jubeljier. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert. 1994. Utlieding "Oer skriuwster, boek en útjeften" fan Ph.H. Breuker, 413-435.
Myn Lân. Kar út de fersen fan Simke Kloosterman. Besoarge troch A.D. Wumkes. De Tille, Ljouwert, 1982.