Voilá Jan Kooistra. Resinsje fan "Gershipper"
(Koperative Utjouwery, fl. 19.95, 45 siden, 33 gedichten)

Trotwaer 31, 262-264. 1999.

Eric Hoekstra
 
 

1. Voilá, Jan Kooistra, 33 gedichten foar 19.95, eefkes sjen, dat is 60 centen per gedicht, dat is minder as in strip op in strippekaart kostet en mei in gedicht reizgje je wol sa fier. Ja, minsken, dat kin altyd út. Lit Kooistra mar skowe. Op him kin men net lilk wurde. In thúswedstriid foar my, om in reynkarnaasje fan dat ivige tipe, de Liryske Dichter, sjonger fan Wille & Sintugen, te besprekken. De Liryske Dichter hat ek fruchtberheidssangen makke yn alle kultueren fan Že wrâld, dy hat it Heechliet dichte en de Sji Tsjing yn Sina en de Rig Veda yn Yndia (dat alles trije milennia ferlyn) en och sels Dante en Petrarca, dy âlde kristenpropagandisten, wiene liryske dichters en yn ús tiid Perk en Marsman, Shelley en Yeats, en gean sa mar troch. Fansels, wy kinne ússels te goed om mei dat tipe net bekend te wêzen. Ba, dit wurdt grif in saaie resinsje: alles is fierstente bekend. Hawar, de wrede mikroskoop der by, it analitysk each, en syn tolk, de meifielende emoasje; wa wit wat we dan noch foar it ljocht helje.

2. De ympopulêrens fan gedichten yn it algemien komt trochdat minsken net mear wend binne lûdop foar te lêzen. Gedichten wolle lûdop lêzen wurde, oars slacht it dea as in tin stikje proaza. Mar at men gedichten foarlêst, dan binne se ek daalks twa kear sa moai as proaza. Dit is yn it bysûnder it gefal by de gedichten fan Jan Kooistra. Dy libje as muzyk, net as noateskrift, wylst yntellektuele gedichten byneed teare kinne op de lûdleaze sjarme fan ûnkonvinsjonele (en trochstrings smakeleaze) gedachteeksperiminten.
De oerjefte oan 'e oerweldigjende sintugen wurdt by Kooistra mei útdrukt yn 'e ynterpunksje, of better sein, it brek oan ynterpunksje. Kooistra is ek sa'n dichter dy't gjin ynterpunksje brûkt (it is fansels ek in bytsje moade), mar by him tsjinnet it weilitten fan ynterpunksje de werjefte fan 'e oerweldiging troch de sintugen. De frasen komme binnen as sintúglike ympresjes, hast sûnder ferbân:

brune kop en brune billen
dikke boeken, lange tochten
dronken nachten, Stones en Dylan
gatten sliepe yn 'e dei
en primityf de drokten
frije foar of nei it iten
(út "Eros reaget jin mei bern om 'e earen")

Yn dit gedicht wurdt de gaos fan it libben sels field. Dat tema wurdt ek útdrukt troch de tsjinstelling tusken it eigen libben as folwoeksene mei lusten en lasten en it libjen foar en je ûnderwerpe oan bern.
Bern litte har as hynders troch har eigen lusten en lasten beride, en oare minsken moatte neffens har likegoed tsjinje as de lûkhynders foar wat har emoasjes wolle. Dat is moai útdrukt yn it gedicht žHuningÓ. Dêryn ferwâdet ien fan Že bern it sânkastiel dat heit foar him boud hie. It einiget mei de rigel žIk wie Bambi, hy wie StamperÓ. Je sjogge it foar je, de wolwollende heit en it bern dat gehoar jout oan in destruktive ympuls. Op saŪn bern kinne je dan ek net lilk wêze, dy wie Stamper. Boppedat binne bern "agents of chaos". De dichter is sels ek bern (neffens Nietzsche is der mear bern yn 'e man as yn 'e frou). It boartlike ha bern en dichter mienskiplik.
It gebrek oan frije wil foar sintúglike wille oer komt op it aljemint yn "Hja is it wurd", dêrŪt de protagonist, ek al hat er wat striid mei de frou, gjin wjerstân oan syn gleonens biede kin:

Men sjocht har lizzen en gjin lekken oer
jins hynder stegert, men hat gjin kar
hja is it wurd, hja is it fleis
men snúft en snokt en falt foar har

By dizze dichter wurdt it momintane ûnderfinen fan 'e wurklikheid werjûn, dus werjûn, soe ik hast sizze, as in "stream of consciousness", útfûn, by the way, troch Virginia Woolf, en de ôfwêzigens fan ynterpunksje heart no ienris by de žstream of consciousnessÓ as in koekje by de kofje. In karakteristyk foarbyld fan in žstream of consciousnessÓ gedicht is "Wol nuodlik boartsje" dêrŪt it neikommende fragmint út komt:

wol sân froulju en de lusten alle dagen
ik wol op Redford en Schimanski lykje
wol de jongsten mei de moaie skonken
sjoch se hingjen, mei net sykje

wolst har treast, har wûnderlike wyskes
ik har lippen, har kûpeltsjes fan tytsjes
ik wol har mankelike nachten wytsje
wol safolle, kin in bytsje

Voila, hjir sjogge je it Kooistra-prosedee op syn dúdlikst, ferbaal-assosjatyf (bygelyks žwolÓ as befêstiging en as ôfkoarting fan žik wolÓ), net simbolistysk. No't ik sa de klam lein ha op 'e útdrukking fan 'e oanwêzigens fan 'e gaoatyske sintugewrâld, kinne je je ôffreegje: hoe komt it dat dizze poëzy net as los sân útinoar falt? Dat komt ûnder oaren trochdat de foarm, ôfsjoen fan ynterpunksje, konvinsjoneel is. De measte gedichten ha einrym, en it ritme wurdt moai yn 'e stokken holden. Sa fjouwerje we mei de dichter de sintugen en de lusten by del, besykje de bern, wurde traktearre op har skjintme. Dochs sit der wol ôfwikseling yn it ritme, dat it net ferfeelt en in mars wurdt.
Ik soe Jan Kooistra graach jukstaponearje mei Harmen Wind, as kontrasten. Beiden binne liryske dichters, mar sa ûnkein as Harmen Wind foar my is, sa suver is Kooistra (lis ik Wyn Žomkromte byŪ, lit in oar dat dan rjochtsette). Kooistra, oars as Wind, hat gjin oanstriid om it libben yn it algemien te besmodzgjen at er him ris machteleas, ferfeeld of ympotint fielt. Hy skriuwt dan op wat er fielt, sûnder dat er wraak nimme wol of oankleie. "Dat heart der ek by, alles heart derby", soe it motto fan syn ûnpretinsjeuze poezy wêze kinne.
Grappich, der sit ien gedicht by dêr't de protagonist himsels yn oanklaget, wat wol sa earlik is, en net it libben of oare minsken of la condition humaine. Dat is "Mei de bear yn 'e put hie ik wurden", dêr't by wize fan útsûndering in amerij fan wearze, wearze dy't de dichter foar himsels fielt, yn beskreaun wurdt. Mar ek dêr it besef, dat dit in tydlike fase is, dy't foarby giet, en dêrom gjin boaze ivige wierheden op 'e wrâld sette moat:

hâldst fan druk op 'e grime, wintelst dy yn
rabberij en oarmans leed, op Žen duer ferdomst
dysels en my derby, út myn eagen stjonkend swyn
sjoch datst by dyn skeukend team fan skimen komst

it lid derop! it wit wol dat er my te sizzen hat
dat ik him yn myn put as miich mar daaie moat

Goed, en miich mige je út. Mar dit gedicht is kwa ynhâld net karakteristyk.
En ûnkarakteristyk binne ek de twa gedichten dy't beide Rely prizen wûn ha, "De komst fan Romeo" en "De dei fan de gershippers". Dy gedichten binne earder ferhalend as sintúglik (dat gedicht fan Soepboer dat de Rely priis wûn wie ek ferhalend). En de dominante emoasje yn dizze winnende Rely gedichten fan Jan Kooistra is ferachting. De lêste sin fan "De dei fan de gershippers" is: "doe ried er fan it hiem / as in dief yn 'e nacht." De lêste sin fan Romeo: "Romeo kaam, klaaide de dream út dy't er altyd noch hie / swaaide de slieper út dy't er jierrenlang wie", en dat Romeo gedicht giet fierder oer de fernedering fan de protagonist troch Romeo. De gedichten fan Kooistra stean ornaris lykwols net yn it teken fan ferachting mar yn it teken fan bewûndering, fan oanbidding fan sintugen, fan skjintme, fan liven, fan gleonens. Ut "Sa wol de maitiid":

o wat binne se gysten, dy beide blonde frijers
hoe't se geie, hoe't se fan 'e sinne drinke
se rinne net, se hippelje, se djoeie as in fôle
twa fûgels frijer, ik kin se sa no net betinke

se komme no al neieroan en hâlde har wat yn
binne hast al njonken my, har boarsten springe sa
myn eagen dwylje, twa ljurken trêdzje yn 'e greide
ik klaai se even út, sa wol de maitiid dat no ha

In krityske noat: hjir en dêr sitte wolris opfolsintsjes dy't net sa lekker rinne. Yn boppesteand sitaat is dat bygelyks "twa fûgels frijer, ik kin se sa no net betinke". Sa'n ûnhandich, wat gekunsteld sintsje past net, en alhielendal net by in dichter fan foarmlike en ferbale ienfâld. Sa ek yn "Molke", de fjirde regel:

hy sobbet mar en sobbet
molkedrippen om syn mûltsje
it is sa'n lytse smichel
yn syn wankje sit in kûltsje

žMolkedrippen om syn mûltsje / Yn syn wankje sit in kûltsjeÓ. Dy lêste regel giet krekt te fier, en literêre ienfâld ferfalt ta rymtwang. Sa ek binne yn it earste sitaat út dizze resinsje, út "Eros reaget jin mei bern om 'e earen", de lêste twa regels oerstallich (žen primityf de drokten / frije foar of nei it itenÓ).
Mar goed, op saŪn dichter dyŪt ždie Unschuld der WerdensÓ besjongt kinne je net lilk wêze. Ik woe Kooistra graach it sitaat taskikke, dat Nietzsche Emerson joech (yn Twiljocht foar de Ofgoaden, Striidskriften fan in ûneigentiids man, nûmer 13): žSyn yntellekt fynt hieltyd redenen en wêst kontint en sels tankber; en bytiden komt er ticht by de blide boppewrâldskens fan dy feint dy't fan in ôfspraakje werom kaam as fan in goed ôfhannele saak. ŽUt desint viresŪ (ek al mist my no de krêft), sei er, Žtamen est laudanda voluptasŪ (dochs moat de gleonens priizge wurde).Ó

3. Ien fan Kooistra syn gedichten hjit "Dichter und Bauer", mei ymplisyt earbetoan oan Dylan foar syn regel "All the tired horses in the sun / How am I supposed to get any ridin' done". Ik ha dy Dylan opsocht yn 'e ensiklopedy en dat blykt in popsjonger út 'e sechtiger jierren te wêzen. En ik tocht al, wêrom skriuwt Kooistra Stiennen mei in haadletter en op syn Ingelsk (oars hat er ek gjin ynterpunksje en haadletters) mar dat blykt in popgroep te wêzen. Mar "Dichter und Bauer" dat is fansels ek wer wat oars as "Dichter und Denker", wat de oarspronklike Dútske útdrukking is dêr't Kooistra op fariearre ...