It kwea en de dea fan Pim Fortuyn.

Ik sit midden yn de oersetting fan Friedrich Nietzsche syn "Jenseits von Gut und Böse" (Oarekant goed en kwea) as myn broer my opbellet om oer de moard op Pim Fortuyn te praten.
"Wat ferskriklik", bear ik, "is der einliks ris ien dy't de wurden "ja" en "nee" werombringt yn de polityk en dan wurdt er fermoarde. Wêrom ha se Kok, Melkert of Dijkstal net delsketten? Al die Saaio's libje troch en de iene dy't kleare taal skonk en it laitsjen werombrocht yn de polityk wurdt delsketten."
"No", seit myn broer, "ik ha bêst wol bewûndering foar Folkert."
En dêrmei is de toan set. Mei wat grappen en grollen dûnsje wy oer de media-hype hinne, en ha de gek mei alle slachtoffers, dieders, mediaprysters en ekskústrusen.
Hitler wie in goeie fint.
Lit ús de WAO ôfskaffe.
Wannear sjitte se Rosemüller no ris dea?
Mei ik mei dyn mem op bêd? Nee? Mei dyn dochter dan?
Wy ferkeapje it oerheidsmonopoalje op wetter yn Fryslân oan NUON en sitte sels yn de rie fan kommissarissen fan Nuon.
Hoefolle kostet dat jonkje? (Foar de seks of om te hâlden?)
Dat blêd kriget trije ton, en dat blêd kriget 10.000.
Al dy misdie yn Amsterdam ... altyd wer dy kutmarokkanen!
As wy him goed martelje, bekent er wol.

It jild foar it Frysk Festival wurdt oan myn freonen yn Occitanië útjûn. As jim krityk ha, sis ik "ik doe het ook nooit goed", mar ik doch it al!
Hy skriuwt op wat er tinkt.
Hy skriuwt net op wat er tinkt.
Sa mar in pear stealtsjes fan kwea, it kwea dêr't safolle fan beard is troch profeten, gelearden en filosofen mei dûbele aginda's. kwea is synonym mei ûnrjochtfeardich, goed mei rjochtfeardich.
Rjochtfeardichheid. It goede moat beleanne wurde, it kwea moat straft wurde. Yn dit libben, lykas men sjen kin, gebeurt dat net. Net altyd. Lang net altyd. Neffens Plato, en elkenien dy't de eagen iepen hat.
Hoe kin it goede beleanne wurde, it kwea straft, as it net yn dit libben gebeurt? Allinne as der in libben nei de dea wêze soe, en in God om beleanning en straf út te partsjen. Neffens Plato, en guon oaren. Kristenen en Mohammedanen kinne it op dat punt lykfine. Der MOAT rjochtfeardichheid wêze, dus MOAT der in God en in libben nei de dea wêze. Fansels kin God wol wat help brûke. Dêrom moat syn útferkeazen folkje ek yn DIT libben de rjochtfeardichheid in hantsje helpe.
En sa brocht it stribjen nei rjochtfeardichheid ûnder oaren de brânstapel foar oarstinkenden mei en de oanslach op de Twin Towers yn New York en de dea fan Pim Fortuyn.
Foar in protte minsken is God dea, of as er net dea is, dan is dochs al Syn bestean ûnwis:

Is der in God?
Wa sil it sizze.
Is der in libben nei de dea?
Wa sil it sizze.
Is der rjochtfeardichheid nei de dea?
Wa sil it sizze.
Op dit punt oankommen hâlde in protte minsken fêst oan it idee fan rjochtfeardichheid, mar sûnder God, sûnder libben nei de dea. Dat hjit etyk, of yn it politike lutsen: demokrasy of kapitalisme of sosjalisme. Men konkludearret: oft der rjochtfeardichheid NEI de dea is, witte wy net, mar lit ús der foar soargje dat der safolle mooglik rjochtfeardichheid rjochtfeardichheid FOAR de dea is.
Ok. Rjochtfeardichheid FOAR de dea. Mar ho: wa bepaalt wat rjochtfeardich is, wat goed is, en wat ûnrjochtfeardich is, kwea? Foarhinne diene God en Syn prysters en profeten dat.
Oplossing Ien. Nayf. kwea is wat dyn hert seit dat kwea is. Spitich dat minskeherten inoar tsjinsprekke op tal fan punten. Exit de hypothese fan it hert.
Oplossing twa. Demokratysk. kwea is wat de measte minsken fine dat ferkeard is. It sosjalisme stribbet eksplisyt nei "it lok fan de measten". Wa't net by de measten heart, hat pech hân. Dy moat him mar skikke, dy moat him opofferje ...
De spraakmeitsjende mannichte fan ús westerske kultuer is no, oan it begjin fan it tredde milennium nei Kristus, by oplossing twa oankommen. goed en kwea binne saken dy't in kwestje fan MACHT wurden binne. Neat gjin religieuze of boppenatuerlike opfetting. Ja, de New Age is tierich genôch, en Kristenen binne der ek genôch. Mar de dominante tinkrjochting lit by goed en kwea de macht fan it getal jilde.
Dat is wol praktysk. It betsjut ek dat goed en kwea in kwestje fan perspektyf wurden is, in kwestje fan smaak. Uteinliks is der gjin ferskil tusken etyk en estetyk. Yn beide gefallen is it in kwestje fan smaak wat je goed en wat je ferkeard fine.
Minskene smaak is wif genôch. Smaak is te beynfloedzjen en dêrom binne ideeën oer goed en kwea te beynfloedzjen. Eigenbelang is in ûnderdiel fan je smaak. Nim no de útspraken oan it begjin fan dit stik. It hinget fan je ynskatting fan je eigenbelang ôf, de WEARDE dy't je der oan takenne, oft je dy útspraken as kwea kwalifisearje soene. En by eigenbelang giet it net allinne om dom materialistysk eigenbelang, mar ek om psychologysk eigenbelang: fielle je je noflik by in útspraak (posityf oardiel, "dat is rjochtfeardich") of net noflik (negatyf oardiel, "dat is ûnrjochtfeardich"). Wat ik krekt as stealtsjes fan kwea joech, is neffens guons hielendal gjin kwea. Foar elke kwea binne der guons dy't it goed fine. En oarsom. En dêrmei is ús maatskippij ûnderweis, nei in oarekant fan goed en kwea yn de tradysjoneel-moralistyske betsjutting fan it wurd.
Der is in striid tusken smaken. En dy striid wurdt net allinne demokratysk útfochten, mar ek yn de media en y it minsklik kontakt, want minsken binne te beynfloedzjen. Elkenien wol syn smaak trochsette, wol dat syn ynskatting fan goed en kwea DE ynskatting fan goed en kwea wurdt. Want dan kin er gedije. Hoe kin ik gedije yn in klimaat dêr't myn oardielen oer goed en kwea folslein oars binne as dy fan myn meiminsken?
It ferskynsel Fortuyn wie in poging om de smaak oangeande it gedrach fan politisy te feroarjen. Yn lêste ynstânsje gong it net om asylsikers, om WAO of hokfoar polityk issue ek. Yn lêste ynstânsje wie der in striid oer: wat foar soarte fan minsken moatte wy as politisy ha? Drege moralisten of humoristyske gentlemen? Langpraters of koartpraters? Toanbylden fan fatsoen of lju dy't eksperimintearje, oan de râne, oer de râne. Fortuyn wie sa radikaal oars as alles wat yn de Nederlânske polityk karjêre makket, dat it jin net hoecht te fernuverjen dat de konservatyfste krêften har dêr troch bedrige fielden. Hy waard swart ôfskildere troch Telegraaf en NRC, húnsk behannele troch mediaminsken as Jan Mulder. Hy waard delsketten. goed? kwea?
As er kwea wie, goed dat er Dea is. En as er goed wie, spitich dat er Dea is. En dan de nuansearringen: goed dat er dea is, mar net dat er deamakke is. Of: net goed dat er dea is, mar syn dea sil syn saak goeddwaan. Yn lêste ynstânsje binne al dy oardielen, simpel of nuânsearre, smaakoardielen. En dêrmei is it kwea by de subjektive estetyk ûnderbrocht. Elke minske hat syn eigen smaak, en dêr't ús smaak oerien komt, wurkje wy om praktyske redenen gear, om ús smaak, ús idee fan goed en kwea, troch te setten.
(eh)