Eric by boer Bartle om hûs en hiem
In resinsje fan Bartle Laverman syn Boerefersen

Eric Hoekstra (Hjir 28-1, 6-9, 1999)
 
 

1. Oer dichters, resinsinten en mannen ûnder inoar
Ja, dat moatst mar dwaan. Yn 'e njoggentiger jierren foar literatuer trochgean wolle mei in titel as "Boerefersen", mei gedichten oer leafde foar lân, bisten en Fryslân. En dan lilk wêze ast delsabele wurdst troch resinsinten mei diploma's literatuer oan 'e muorre. Dy ha ek wol troch dat se útdaagd waarden. Dat ik ha gjin begrutsjen mei dy, B., hiest it sels oankommen sjen kinnen. Of lei dat gedicht dat yn Hjir útkaam al klear? Oer dat lytse lultsje út Frentsjer mei syn negatyf besprek yn 'e Ljouwerter? Ja, no silst wol lilk op my wêze, mar is it wier of net? Do bist dochs net sa sêft datst ditsoarte reäksjes net foarsjoen hiest? Hâldt Bartle noch tefolle fan Bartle? Op 'e bealch, dêr wurdst hurd fan, godferdomme! B., sentimentalist, joust noch om it oardiel fan it nearzich resinsintefolk dêr't ik ek ta hear. O.k., do bist in heale Dútsker, mar dochs, salang't dyn maten it mar moai fine. Of net dan?

2. By boer Bartle om hûs en hiem
De gedichten yn 'e bondel stean yn omkearde gronologyske folchoarder. Utjouwers wolle graach de bêste gedichten oan it begjin ha (se wite net hoe't guon lêzers troch bondels hinne en wer sjitte ... ). Lit ús earst ris wat observaasjes dwaan.
1. Wat in protte foarkomt, is humor troch oerdriuwing. Yn "ryp sûkerguod" sjogge gnyskjende nôtfôlen (?) inoar ûnder 'e sturt mar at de jager der oan komt geane se gau foar dea op 'e grûn lizzen. In beskriuwing fan swier boerewurk, fan switte en wrotte en wrame einiget mei "Ik sis mar sa, buorkjen moat in hobby bliuwe!" Yn isolaasje, sa't ik se sitearje, ferlieze de regels in protte fan har sizzingskrêft mar yn it gedicht wurket it goed. It sprektalige ("ik sis mar sa") is taboe yn "serieuze" poezy mar de sprektaligens past just goed by wat de dichter oerbringe wol: syn leafde foar lân, it deistige boereplattelân mei alle omballingen. Troch de humor wurdt no krekt it klisjee fermeden, de emoasje relativearre. Yn "it nut fan in boerepet" wurdt oan 'e ein it byld oproppen fan boereëaren dy't foar de wyn foar boereëagen flappe. It komt ûnferwachts, it is grappich, humor troch oerdriuwing.
It earste gedicht ("smakelijk eten") giet oer in bist dat slachte wurdt om't de "verloren zoon" thúskomt. It is in gedicht mei in enoarme sizzingskrêft. It tema fan it bist, it bist datst kinst, dat dea moat om opiten te wurden komt op oar plak ek foar ("syn stjerren bringt ús karbonaden" yn "Adfint", "en fjirde krysttiid meist op ús itensboardsje / lendelapke" yn "Martha"). Dat is de paradoks fan 'e boer dy't fan syn bisten hâldt en se dochs opyt. Goedkeape emoasje wurdt altyd fermeden troch har net út te sprekken: de lofsang op Martha wurdt allinne mar jukstaponearre mei de niiskrekt sitearre lêste regel. Werom no nei it earste gedicht. Opfallend is dat dêr it barren út it perspektyf fan it keal besjoen wurdt, dat wol sizze, de dichter sprekt it keal ta en libbet him yn har yn, yn persiflearre foarm:

Smakelijk eten!

't sil dy mar oerkomme
dat se sizze datstû
it 'gemeste kalf' bist
en dy kloat fan in omrinner
komt thús
en om de blidens fan de boer
moatstû dea

dy fuile junk!
o.k. dû bist in heale piemontees
mar in pear jier los
yn it farske gers
is dat tefolle frege
foar in healbloed?
hast oant no ta
allinne mar wat yn 'e jister
oan in tou stien te balten

smakelijk eten
godferdomme!

Hjir ha we de parabel fan de "verloren zoon" út it perspektyf fan it keal wei. Hoe oars kin dat einigje as mei in flok? It is in gedicht dêr't de dichter optimaal slagget yn wat er oerbringe wol.
In oar tema wat oanrierd wurdt is it tema fan dy kranksinnige leafde foar Fryslân. It is in tema dat oan 'e iene kant taboe is om't it negatyf assosjearre wurdt mei it ferline, mei de oarloch, mei de Jongfriezen en har jammerdearlike poesy, en boppedat, it is yn Nederlân taboe om leafde foar it eigen lân te bekennen (men seit net "by ús is alles better"), yn Fryslân is dat taboe allinnich yn 'e hegerein ynkrongen. (Hoe fielt it om te sizzen "ik hâld fan Fryslân"?). We ha dus de paradoks dat it tema fan leafde foar it heitelân yn it ferline akseptearre wie en yn klisjees útdrukt waard. Laverman fermijt dat troch humor, en troch it net te sizzen mar te suggerearjen yn syn beskriuwingen fan deistich barren, troch sprektalige retoryk en wendingen te brûken. Lykas safolle oaren begrypt Laverman dy leafde net, mar oars as oaren is hy der net stil oer:

en trochtraapjend flok ik
wêrom
wêrom litte jo dochs ta, heare
wêrom is Lavermann,
dizze mof
sa frysk ...

Dêr is in fraach mei steld. Yn "Jarrelân" allyksa:

o boerelân, wat rûkst wer lekker
wat miicht dyn boer mei mânske straal
syn brune jarre oer dyn greiden
it is in griis hoe lekker ik dit fyn

De poesy is altyd konkretisearre. Der wurde net allinnich dingen sjoen, mar ek heard, rûkt en sein. It is poesy dy't direkt is: men hoecht der net op om te stinnen. Dochs is it gjin maklike poesy om te meitsjen: ienfâld ferifelet. Yn sokke gedichten moat oan 'e ein in punt skoard wurde, in grap makke wurde. At dat net sa is, lykas yn "In dei temjitte", is der gjin effekt op 'e lêzer; it slacht dea. Yn it momentane geane de gedichten bytiden rjochting "haiku", mar de stivens fan 'e haiku, it passyf-fisuele en ûnpersoanlike, wurdt by Laverman yn syn bêste gedichten omsile troch de pastiche en troch de do-foarm. En Laverman hat nea it anonime fan 'e Haiku, it giet oer "Klaas, Sikke of Jorrit", en de dichter is as sprekker oanwêzich, mei syn sprektaal.

3. Fan it hiem ôf
Genôch, genôch, ik krij nocht en stap it lân yn. Mar ik krij ek noch om wer ris nei te tinken, te spekulearjen, te fantasearjen, te redenearjen. Op 'e omkaft fan it boek stiet in oaljeferfôfbylding fan Nynke, de ko dy't de boer tefiter hat yn it gedicht "Nynke". Nynke sjocht treurich achterom. Wêrom dochs? Is dat de bitterens en de helpeleazens yn 'e leafde? Wat tinke jo, lêzer?