Eric Hoekstra

 

In protte jittik yn 'e slaad: oer Eelke Lok syn "Polityk yn FryslČn (Steven Sterk útjouwers).

 

Sěnt Pim Fortuyn is polityk wer spannend wurden. Fortuyn sels wie, foar't er bekend waard, al begěn mei it skriuwen fan lźsbere boeken oer polityk dy't oer it ginneraal by De Slegte bedarren (bygelyks Fortuyn 2002). Dźryn ferkundige er krityk op ‘e besunigingen op ‘e wurkflier, krityk op de jildklauwerij en yneffisjinsje fan ‘e hegere burokrasy en krityk op it geastlik ěnfrije deaswijersklimaat kreĎarre troch machtige linkse media. Sěnt ha politisy fan ferskate partijen boeken oer polityk útbrocht, oer it ginneraal krekt foar de ferkiezings. Mar net allinnich politisy skriuwe boeken oer polityk. Sjoernalisten dogge dat ek wol; it boek fan Halsema (2006) is skreaun troch sjoernalist Zonneveld.

 

De fraach wie dus net sa lyk oft der in Frysktalich boek oer polityk skreaun wurde soe, mar wannear. Lykas wol faker (Harry Potter-oersetting troch Jetske Bilker yn it Frysk, prachtboek fan Oebele Vries oer it Aldfrysk) wie Steven Sterk it masterbrein achter dit projekt. Hy hat Eelke Lok opskille om him der waarm foar te meitsjen. Lok joech belies en alsa ha ik no, noch moai foar de Steateferkiezings (al lźze jim de resinsje dernei), dit noflike boek yn 'e hannen.

 

It boek bestiet út 22 koarte haadstikjes, dy't yn trije skiften oardere binne:

Sa't út de nammen fan de trije skiften al bliken docht, hat it boekje ek in edukative ynslach. Eelke Lok wol ús graach sjen litte hoe't de politike wurklikheid yninoar stekt, en dźr slagget er goed yn. 

 

De toan fan it boek is apart. Desyllusjonearre, mei spyt yn it hert skreaun. Ik ha derby skreaun “Bekentenissen fan in sinikus”, en alle sinisy binne teloarstelde leafdesfeinten, lju dy’t fan in ideaal holden ha. En dochs is it boek tagelyk ek libben en humoristysk as er anekdoaten opikkeret. Ik tink, it boek hie noch helte aardiger west as Lok mear makke hie fan de minskekant, fan it fertellen oer de fiten en grappen dy’t er meimakke hat, oer de minsken sels. It haadstik “Minskewurk” bygelyks, nei klisjeegeklei oer de partijprogramma’s, wurdt hiel ěnderhČldend sagau’t it oer de minsken-politisy giet. Dźr hie mear fan yn mocht om my.

 

Posityf is dat Lok ek krityk op sjoernalisten doart te jaan. Meastal slute sjoernalisten de rigen, as der krityk op de parse komt. As yntellektueel wurd ik dźr altyd wer rare kjel fan. Mar Lok doart wol krityk op ‘e fakbruorren te jaan, benammen op harren sensasjonalisme (s.16):

 

... parselju hČlde net fan gewoane paadsjes, dy wolle der altiten omhinne. Dus as der immen racht en skelt, skriuwe se dat op en sizze dat it nijs is.

 

Lok jout dan de lźzers fuortdaalks ek mar in snútslach:

 

En jim leauwe dat, no seker, want der stiet neat mear yn ‘e krante of der is neat mear op radio en televyzje as was skellerij.

 

En dan tink ik wer: no oerdriuwt er. Want sa dom binne lźzers no ek wer net, en sjoernalisten moatte no ien kear skoare. Lok slacht troch yn it synyske.

 

De steatepolitike diskusjes wurde troch Eelke wiidweidich ter kak steld as einleas saai.

 

Steateleden ha net it fermogen ien of twa diskusjepunten út in stik te heljen. Se beĎamelje it hiele ferhaal.

 

Ik leau daalks, nee ik wit, dat dat wier is. Dus dat hie Lok om my net sa breed útwierje hoechd, want no wurdt it boek der sels saai fan. Ik ha sels ek traumatyske ěnderfiningen hČn. De Langpraatminske slacht no ien kear foar master op yn ús tiid, by alle politike partijen: dy hat letterlik it (ferbale) geweld allinnich. Ik ken se sels ek. Běten de gearkomste binne it noflike minsken, dźrbinnen roppe se inkeld moardsucht by my op.

 

Yn it boek fan Lok komt safolle naars foar. Men wurdt der sels hast in bytsje naar fan: it wie neat, it is neat en it wurdt neat, mar dan mei weemoed en in fleachje bitterens beskreaun. Is der dan neat posityfs oer FryslČn te melden? Tink ik dan. It lČnskip? De romte? De Eco-katedraal? De moaie Fryske boeken dy’t der skreaun of oerset wurde. De fytspaden. De marren om te farren. O en it ABE-spektakel. Lok sangeret inkeld mar oer de problemen om de finansierring fan ABE hinne. Mar it is der doch mar moai kommen, dat unike spektakelstik: soks meie jo op priis stelle en priizgje en dat mis ik by Lok. Oan al dy aardige saken hat de polityk ek harres bydroegen. De skaadkanten fan alles komme wiidweidich oan ‘e oarder, mar de sinnekanten binne der ek, en dźr hear ik amper wat oer.

 

By it Frysk Museum wiist Lok derop dat it FNP stČnpunt Ljouwert (tsjin) oers wie as dat fan de provinsjale FNP (foar). Lok, de man dy’t oars alles wit, ferskělet him dan achter in skealik grapke: de provinsjale FNP wie foar “om de polityk sa ěnbegryplik mooglik te hČlden.” Ja leuk grapke, mar hoe siet dat no? Ik tink dat wa’t de leafdesferklearrings tusken FNP en PvdA oer en wer beharke hat it wol riede kin. Yn oar ferbČn skriuwt Lok oer de troch Kramer oanfitere rel om tsjinstauto’s hinne dat Kramer wer skoard hie “en tagelyk de PvdA net sear dien”.

 

In bytsje lilk wurdt de skriuwer yn it haadstik oer de weryndieling fan gemeenten. Dat is seldsum want meast oerhearsket de weemoed by de skriuwer (papa is niet boos maar verdrietig). In grut tsjinstanner fan twongen weryndieling is wethČlder Germ Gerbrandy fan Wymbritseradiel. Dźroer skriuwt Lok “dy hearsket oer alles en elkenien”. Dy opmerking doocht net, want Gerbrandy is net it type fan de hearsker. As ik efkes inside information jaan mei: Ik ken Gerbrandy as de ěnferbidlike optimist. Hy liket totaal ěngefoelich te wźzen foar negativiteit, tsjinslaggen, wraaksucht, synisme. In hiel oar persoan as Lok en iksels dus. Mar mei’t Lok fral de steatepolitisy ken, ken er Gerbrandy, dy’t net yn ‘e Steaten sit, net.

 

Wat ik yn it boek miste wie de yntellektuele en histoaryske bagaazje om allegear foargrěnsaken yn better perspektyf del te setten. It boek bliuwt no wol hiel bot oan it oerflak. Lok nimt it krewearjen foar it Frysk as in natuerlik gegeven oan, mar dat wie it net, sa’t er yn Van der Schaaf (1977) lźze kinnen hie. Fertuten hie ek dwaan kinnen it wurk fan Spyksma (2001, 2004, sjoch ek myn resinsjes Hoekstra 2005a,b), bygelyks foar in goed begryp fan it falen fan de gemeentlike ôfdielings fan lanlike partijen, dy’t faak skealfergrutting te’n koste fan alles neistribben: in foarbyld is it SCI-drama op it bedriuweterrein fan It Hearrenfean (Spyksma 2001:16-31), wylst doe al dúdlik wie dat sokke grutte bedriuwen foar FryslČn neat opsmite, mar ynvesteare yn MLB (Midden- en Lytsbedriuw) al. Uteinliks hat SCI gjin heechweardige banen opsmiten, wiene de wurkomstannichheden min, wiene der kontinu misstannen dźr’t de fakběn oer gear moast, en wie it bedriuw sels nei in pear jier, - farwol gemeentlik subsydzjejild - , wer fertrokken nei in lege-leannelČn. De opkomst fan partijen lykas Gemeentebelangen en fan in provinsjale partij as de FNP is no krekt te tankjen oan it feit dat dy net as bline hynders efter de moade fan Den Haach of it eigenbelang fan de RČnestźd oanrinne, mar besykje in eigen fyzje te ěntwikkeljen dy’t útgiet fan de spesifike sitewaasje en it belang fan de eigen gemeente of provinsje.

 

Troch niisneamde boeken kriget men ek better ynsjoch yn de efterlizzende problematyk en idealen. Lok hČldt him fiersten tefolle oan de smelle kaders dy’t de lanlike polityk opleit oan de provinsjale. Oer it plattelČn skriuwt er oer naive provinsjale planning (53):

 

It easten fan ‘e provinsje soe wat minder hurd groeie moatte, it westen wat mear, dan soe de leechrin dźr miskien wat ophČlde. Earme steateleden. Earme planologen. Hiene amper idee oer hoe’t de gesinsgrutte ôfnimme soe. Koene fansels nea foarsizze wźr’t minsken wenje wolle.

 

Kom op, Lok: wa is hjir no nayf? Do sels. Brain-drain! Ik hie neat te kiezen doe’t ik om te studearjen nei Grins ta MOAST. Of doe’t ik om in baan nei Amsterdam MOAST. En dat mis ik by Lok: efkes běten de kaders stappe om de grutte line op te pakken. Mei oare wurden: de provinsje hat net genôch foech. NederlČn is in sintralistyske steat; wy binne fierstefolle běn oan Den Haach, en dźrom sjogge wy gjin sinten fan it ierdgas werom, en ferdwynt alle yntellektuele potinsje nei plakken dźr’t al in universiteit is. Lok fersommet ek te fermelden dat der al sěnt de foarige ieu foarnimmens oer desintralisaasje makke binne, dy’t it ryk stelselmjittich fersommet yn te foljen of nei te kommen (Wijbenga 1948). Ik miste in breder perspektyf yn dit o sa lźsber skreaune boek.

 

Yn fan de leukste parten fan it boek is de ferkiezingsprognoaze oan de ein. Dy wol ik jim net ěnthČlde, want as jim dizze resinsje lźze, kinne jim sjen yn hoefier as Lok dernźst siet. Ik jou daalks ek myn eigen prognoaze:

 

 

Foar de ferkiezings

Lok

Ik

CDA

16

14

13

PvdA

15

13

14

FNP

7

6

4

VVD

6

5

4

CU/SGP

3

2

2

SP

2

1

4

D66

1

0

0

GL

3

2

2

 

LPF (1) en GemBelangen (1) geane der neffens Lok en my út. It totaal tal sitten yn ‘e Steaten giet fan 54 nei 43, wat oars wiist op in oansteande útholling fan it provinsjaal bestjoer. Opfallend is fierder dat leden fan Provinsjale Steaten mar sa’n foantsje fertsjinje (minder as 10,000 euro yn it jier) wylst de Twadde Keamer fan Den Haach faak net skromme hat himsels leansferhegingen te jaan wylst de befolking de broekriem oanhelje moast. Ut dat ferskil yn finansjele wurdearring blykt ek in wearde-oardiel oer it respektive belang fan lanlike en provinsjale polityk, dźr’t ik ek graach fraachtekensw by sette soe.

 

Al mei al: in prima lźsber boek, mei in mankelyk-sinyske ynslach. Miskien fěn ik it boekje as document humain noch it nijsgjirrichst, want de weemoed oerhearsket, en dy makket de auteur sympatyk.  It boekje gie deryn as slaad mar de skriuwer is wat útsketten mei de jittik.

 

Bibliografy

 

Fortuyn, P. (2002) Droomkabinet. Hoe Nederland geregeerd moet worden. Van Gennep, Amsterdam.

Halsema, F. (2006) Linkse Lente. Bert Bakker, Amsterdam.

Hoekstra, E. (2005a) Resinsje fan "FryslČn en de WrČld: trije priiswinnende essays" (Japke Stobbe, Johannes Spyksma, Johannes Kramer). Hjir 34,2: 18-22.

Hoekstra, E. (2005b) De ferbining wer makke. Resinsje fan Johannes Spyksma syn "It bźste lČn fan 'ierde. Oer FryslČn's leefberheid". Hjir 34,2: 23-26.

Schaaf, Sj. Van der (1977) Skiednis fan de Fryske Beweging. De Tille, Ljouwert.

Spyksma, J. (2001) It spul fan wearden en belangen. Stifting Frija, Sumar.

Spyksma, J. (2004) It bźste lČn fan de ierde. Oer FryslČns leefberheid. Koperative Utjouwerij, Easterein.

Wijbenga, P. (1948) Decentralisatie. Een recht en een noodzakelijkheid. T. Wever, Franeker.