Eric Hoekstra

It libben as spiritueel aventoer.
Resinsje fan Aggie van der Meer "Untdekking fan 'e Wrâld".

Al wer in geniale roman.

Al wer in geniale roman fan Aggie van der Meer! In filosofyske roman. En dat skreaun troch immen dy't ik yn libbensbeskôglike sin as de Fijân oantsjutte moat. Och Fijân, dat is wat teologen en humanisten "the significant other" neamme, de petearpartner yn je holle dêr't je mei diskussearje (of net ...). Fijân want produkt fan it platoanysk kristlik-sosjalistysk idealisme dat it minsdom al mear as twa millennia yn 'e besnijing hat en dat sawol de grutte diktators as dejingen dy't har tsjin har fersetten produsearre hat. En dat dy fijân sa'n moaie styl hawwe moat dat ik wol gûle kin. Ik kin der net oer út.

De titel is in fariant op Mulisch syn titel "De ontdekking van de hemel". Dat boek ha ik net lêzen en boppedat ha ik in hekel oan Mulisch, mar gjin probleem: op http://studenten.samenvattingen.com is in rige gearfettings fan it boek te finen. "De ontdekking van de hemel" giet oer de minske dy't de ierde mishannelet troch net mear yn God te leauwen. It spilet yn in miljeu fan (hie ik it net tocht) linkse yntellektuelen. De kulturele achtergrûn is dy fan it Alde Testamint, en dy hatet jo Homearyske resinsint hast noch mear as it Nije. Yn it boek fan Van der Meer (side 124) wurdt ek noch referearre oan in oar boek fan Mulisch, nammentlik "Het stenen bruidsbed". Dat boek giet oer oarlochsferline, skuld en destruksje. Sels de gearfetting wie droech! Enfin, wûnderbaarlik dat in leafhawwer fan Mulisch sokke wûndermoaie boeken skriuwe kin; it libben is fol paradoksen en ferrassingen.

In boek mei slanters.

Aggie van der Meer hat in unike, hiel konsintrearre, poëtyske en lapidêre styl dy't sawol har poëzy as har proaza trochkringt. Yn it boek is it taalgebrûk sa konsintrearre, sa ryk, sa aforistysk, dat gewoane romans dêrnei net mear smeitsje: gjin wetter yn de wyn, graach. As men mear fan har lêzen hat, kringt men ek fierder yn har fassinearjende tink- en ûnderfiningswrâld troch. "Lytse roman fan Jon Fels" hie ûnder oaren pedofily as tema. Yn dit boek sit Aggie van der Meer harsels tichter op 'e hûd, mei't dit in eksplisyt autobiografysk-filosofysk boek is. It is ommers opdield yn trije parten: "bernetiid", "net langer bern", en "de wrâld; in boek mei slanters". It is in prachtige foarm fan selsekspresje troch middel fan anekdoates, karakteristike tinzen, aforismen, petearen en ûnderfiningen dy't gauris boartsjendewei ta symboalen makke wurde fan in fizy op wrâld en minske.

Se makket har eigen wrâld troch har eigen metafoaren en symboalen te kreëarjen, soms is it foar de lêzer net hielendal nei te kommen, mar dat steurt net, behalve as je it útsykje wolle (Wa kin it yndividu hielendal folgje op syn eigen paden?) Wat is bygelyks de fûgel Jorislov? Ik wit it net, en Ynternet ek net. Mar út de kontekst blykt dat it wat mei oarloch te krijen hat: "De loft wie yn hannen fan 'e fûgel Jorislov dy't no gefaarliker wie en Lankester hjitte of Spitfire" (side 53). Op side 8 komt er ek foar: "Boppe de beam mei de rûpstekkige parren en it perk mei klarkia's sylden de wolken, reuzen, draken en de fûgel Jorislov, dy't allang sjoen hiene wat de muoikes noch ûntdekke soenen: it skip fan Anko Franko, de baron von Münchhausen mei it heale hynder en in bern dat tresore-mio seit". De fûgel Jorislov kin ik yn beide sênes net goed meiinoar yn ferbining bringe en der ien kant en klear symboal fan meitsje. Ja, dat is myn krityk op dit boek: de symboalen komme net altyd like moai út, der wurdt wat mei sloaid, it is in boek mei slanters. Rûk ik wer metafysyske kompleksiteit dêr't ik foar yn it stof moat? Mar ik soe sizze dat de fûgel Jorislov foar de fantasy stiet dy't it libben foarm jout. De oarloch is in gefaarlike fantasy. De bernefantasy is ûnskuldich. Yn it part "bernetiid" geane wurklikheid en fantasy gewoan yninoar oer, krekt sa't dat by bernebelibjen it gefal is. De symboalyk is my somtiden te ympresjonistysk. As ik in symboal neirin, moatte iepenbieringen folgje, net de ympresje fan o wat kompleks, ik moat op de knibbels foar in kompleksiteit dy't ik as ik earlik bin leaver obskurantisme neam. Mar likegoed, likegoed.

Humor as rydark foar ferljocht synisme.

Der sit ek in protte funksjonele humor yn it boek. Nim bygelyks de neikommende dialooch (side 26):

'Haw ik wolris in deasûnde dien?'
'Nee, bern kinne net sa'n sûnde dwaan.'
'Mem wol?'
'It soe kinne.'
'No, dóch dan ris ien.'

Sa kinne bern wêze. En tagelyk komt it tema fan de sûnde op it aljemint, en hoe frij as bern noch foar de keatlings fan de folwoeksenen oer steane: in weromkommend tema by Van der Meer. Allyk as it ferset tsjin de beheinde al te beheinde normaliteit.

In oar foarbyld fan goed yntegrearre humor. Yn it haadstikje "flokke yn tsjerke" (side 103):

"Yn 'e Martinitsjerke yn Boalsert ha se ek gjin hilligen, mar wol in byld fan keapman Heeres. Dat sil it wol ûntjilde moatte by de opstân fan de anty-globalisten."

Mei in simpel grapke wurdt in brêge slein tusken de opstân fan de reformaasje en de beweging fan de anty-globalisten, in nije morele macht tsjin in âlde. En tagelyk wurdt it bedjer fan 'e sittende machten efkes oantipt: mei it byld fan keapman Heeres sit de keapman op de troan. Ut it hiele boek priuwt de lêzer de miks fan it âlde idealisme fan de jonkheid en it 'wize' synisme fan de âlderdom. Wat hat it allegear jûn? Dat is net allinnich in probleem foar Van der Meer, it is in probleem fan de ginneraasjes fan dizze ieuwen. Fan de machthawwers fan no bygelyks, de sechtigers dy't no op it pluche sitte en dy't al gau like bedreaun yn it spul fan de macht waarden as de krêften dy't se bestrieden. De filosoof Sloterdijk sketst itselde probleem yn syn "Kritik der zynischen Vernunft". Yn de ferljochting as ideaal kinne wy net mear leauwe. Mar irrasjonalisme is in flecht, fan de synyske wierheden nei de synyske simplifikaasjes .

La condition humaine: tusken idealisme en synisme.

Ja, "Untdekking fan 'e wrâld" is in synysk boek. Sa't de mem tsjin de bern seit (en it is ek de titel fan in haadstik, side 22: "Oanpasse, letter snappe je it wol". Wat snappe je letter wol? Hoe't de wrâld yninoar sit, hoe't oare minsken wêze kinne, en, yn lêste ynstânsje, hoeste sels wêze kinst ... Dat lêste mis ik miskien in bytsje yn dizze roman. Hoewol't de protagonist yn de twadde helte fan it boek in protte mei Kiif yn petear is (de twifel), is Kiif dochs wat oars as "the significant other". De tsjinpartij komt nearne ta (reedlike) wurden. Kiif bliuwt abstrakt. Der komme gjin konkrete flaters fan de protagonist oan it ljocht. De 'Fijân' is foaral de âlde duvel, diskear yn 'e foarm fan allerhanne dizige pro-oarlochs partijen.

Mar dat effekt fan al te grutte earnst wurdt hieltyd relativearre, betwongen, troch de humor yn de foarm fan selsspot. In foarbyld (side 132): "Se hiene ús wizer ha wollen. Wy ek." Wat komt yn dizze roman net foar? Van der Meer grypt dúdlik werom op de kristlike tradysje. Neat gjin Griken, gjin Renaissance. Opfallend ôfwêzich is fierder de freonskip. Fansels, de freon is yn de kristlike tradyske net wichtich, folle minder wichtich as de relaasje fan it yndividu mei syn gewisse (God), en mei de dingen dy't er dwaan moat. Oer freonen praat, Nietzsche komt ek noch yn it boek foar (side 122), as in kritikaster fan oarloggen, mar mei in stekje los, want hy leaut net yn frede. Yn dat haadstik wurde de minsken fan de oarlochspartij as 'gekken' oantsjut. Ja, ivich dilemma, de sitewaasje dat allinnich geweldbrûkers winne sille: brûkst gjin geweld en ferlieste, of brûkste geweld en begjinst op dyn tsjinstanner te lykjen? Elk suksesfol idealisme wurdt rot, fan dat perspektyf út besjoen.

Yn "Untdekking fan 'e wrâld" hat Aggie van der Meer harsels dellein, har libben, har filosofy, har libbensûnderfining. Dat is it heechste wat in keunstner dwaan kin.

"Ik seach de sûchkrêft fan ekstremen, de macht dy't beulen skept, mar ik waard net de wize dy't ik wurden kinnen hie, net de nar sûnder lêst en lytsens." (side 143).

Suver beskamme swij ik stil foar sokke moaie sinnen.