Eric Hoekstra

Ik bin in stêd hinkeljend op mear as twa gedachten.

Resinsje fan Aggie van der Meer "Wachtsje op it daagjen". Gedichten. Utjouwerij Frysk en Frij.

Dit sitaat ha ik lang om let as motto keazen foar de resinsje fan Aggie van der Meer har gedichtebondel. Lang om let, want ik fertiisde skraachwurk yn de doalhôf fan byldspraak dy't Aggie van der Meer mei dizze (ik sis it skytskoarjend) dochs wol geniale gedichtebondel opropt. Ik hie ek oare titels yn gedachten, lykas "ideology is poëzy wurden", of "hermeneutyske boadskippen", of "it keninkryk is no", mar dy titels soene noch de gedichten noch myn lêsûnderfining foldwaande rjocht jaan.

Op de achterflap wurdt út in resinsje fan it Frysk Deiblêd siteard. "Byldspraak op alderhanne nivo's". En sa is it mar krekt. Allegear motiven komme werom. Mei dat de lêzer him dêr bewust fan wurdt, wurde de ferbannen ek dúdliker, begjint de symboaletaal fan Aggie van der Meer in bytsje minder ûnbegryplik te wurden. Mar dêr leit ek myn foarnaamste kritykpunt. Ja, de struktuer is hecht, allegear symboalen komme werom, nei trije kear lêzen klonterje der wat betsjuttings gear yn de mealstream fan ferwizings. Mar net genôch. Ja, wat minsken mar heal begripe, wolle se namste gauwer ferearje. Mar ik hâld net fan heal wurk. Hoe geniaal ek, de saus wurdt my net tsjokkernôch, de betsjutting is bytiden krekt wat te skimerich, tefolle mystifisearre.

Dêrom fyn ik Aggie van der Meer har proaza krekt in slach better as har poëzy. Want yn har proaza is de miks fan symboalyk, betsjutting en helderens krekt neffens myn smaak, mar yn de poëzy is krekt tefolle hermeneutyske mystifikaasje foar my, as leafhawwer fan kristallen helderens, om alhiel kontint te wêzen. Mar likegoed, likegoed, wat is de poëzij moai, war is it hecht, wat wurdt der in fraaie symboalewrâld sketst, dy't tinken docht oan de bêste parten fan it nije testamint. Ik sil de bondel no fierder fierhinne besprekke oan de hân fan it iepeningsgedicht, dat daalks ek in sintraal gedicht foar de hiele bondel liket te wêzen.

Hermeneutyske ferwizings? O ja, ferwizings nei oare boeken, nei oare kennis. Tige obskuere kennis, en sûnder dy kennis wol it gedicht him net bleatjaan. Mar de resinsint is taai. Bygelyks, yn it iepeningsgedicht "De dei is jong" komme de fraaie rigels foar:

Dy't sitearje út 'e sânde brief fan Plato
wachtsje op it daagjen fan 'e geast
sizze: wat is werklik wêzen,
wat is it objekt dat net kend wurde kin?
Se skerpje har earen, heine de echo
hearre it gromjen, fiele de oergeunst,
werkenne de ivige langst fan 'e see.

Mar no wol ik witte wat dit betsjut, ik wol byt ha. Troch de ferwizing nei "werklik wêzen", en "it objekt dat net kend wurde kin", tocht ik oan it sânde boek fan Plato's Republyk. Dêr komt dy grotmetafoar yn foar, fan dy minsken dy't allinne de skaden fan wurklike dingen sjen kinne, net de dingen sels (metafoar foar ús breklike kennis). Mar it gedicht hat it net oer it sânde haadstik mar de sânde brief.

Ynternet-research docht út bliken dat der fan Plato in lange brief bewarre is. Dy giet oer syn mislearre avontuer yn de polityk, doe't er besocht de tiran Dionysos ta syn deugd en moraal te bekearen. Mar dy brief giet oer polityk, net oer "werklik wêzen" en kennisteory. Dat bedoel ik mei dat de tekst hermeneutysk liket, net maklik tagonklike ferwizingen befettet, mar as je dy ferwizingen neilûke wurde je as warbere lêzer net beleanne mei in heldere betsjutting. Der bliuwt yn dit gefal betizing.

Yn itselde gedicht komme ek de neikommende rigels foar:

Se seine lit ús de binnenmar sykje dêr't Dag Hammarskjøld wie,
de stream dy't nei de boarnen fiert yn it frjemde lân,
dêr't de grûn hurder en de loft kâlder wurdt, prikeljend,
mar de bern dogge krús of munt.

Wa wie dat ek wer, dy Dag Hammarskjøld? Efkes Ynternetresearch plege. Ja, in sikretaris fan de VN, dy't nei alle gedachten yn Rodesië mei syn fleantúch delsketten is. Rodesië wie in lân dêr't doe apartheid wie, mei blanken oan de macht, en swarten as ûnderdrukte ûnderlaach. Dochs is de lêzer net folle wizer wurden, as er dy ferwizing neilutsen hat.

Yn it gedicht komme ek ferwizingen foar dy't ik net achterhelje koe, mar dy blieken dan letter yntern, binnen de bondel, oplost te wurden. Sa is der sprake fan in skip "De Invincible", mar in hiel protte skippen blieken op Ynternet dy namme te hawwen. Earlik is lykwols earlik: dy ferwizing wurdt fierderop oplost yn in gedicht mei de namme "De Invincible". Poëzy wurdt sa in soarte fan wiskunde mei variabelen dy't fierderop minder variabel makke wurde. In folslein legitym prosedee, oft men soks persoanlik moai fynt of net. Itselde prosedee waard ek brûkt troch grutte dichters as Wallace Stevens, Adriaan Roland Holst en Emily Dickinson, dy't eins folle obskuerder binne as Van der Meer. Nee, Van der Meer docht net foar sokken ûnder. En Achterberg? Achterberg ba! Ja like hermeneutysk retoarysk as nisneamde auteurs, mar Achterberg is fiersten te klinysk. Lykwols: ik dwaal ôf.

Der is fierders yn it iepeningsgedicht sprake fan in suster Anne Brandaan, mar dy ha ik ek net fine kind. Dy ferwizing wurde noch binnen de gedichtebondel noch dêrbûten oplost. Der hat wol in Sinte Brandaan (Patrick) west, in man, dy't in lange reis makke, in Ierske muonts earne yn de fyfte ieu nei Kristus of dêromtrint. Yn itselde gedicht wurdt ek noch ferwisd nei de fisioenen fan Johannes, en God komt der ek noch yn foar:

Wêr is Hy dy't de sân stjerren yn syn rjochterhân hâldt,
de earste en de lêste, dy't dea wie en wer libben waard?

Dit beskûgje ik mar as langst nei in ferlosser, de kristlike revolúsjeheld dy't ús in bettere wrâld jaan sil. De oerdie fan de ferwizingen fyn ik gjin probleem (Plato, sânde brief, Johannes, God, Anna Brandaan, Dag Hammarskjøld, de Invincible), ek net it hermeneutyske (min tagonklike) karakter derfan, mar al dat ik nei al myn research bytiden amper opsjit kwa ynsjoch yn it gedicht. Omdat de ferwizingen net altyd gearklonterje ta ferhelderjende betsjutting of symbolyk! It gedicht beslút mei de rigel:

Achter de diken libbet de fraach as in kakkerlak nei de sûndfloed.

De fraach is achter de diken sûnt de sûndfloed dus wat ûnwinskliks. Dat begryp ik, dizze poëzy stelt foaral fragen, en wol de wurklikheid net mei antwurden tichtspikerjeok. Goed, men mei gjin antwurden ha wolle, mar men mei dochs wol in beskate helderens ha wolle? Ja, want dat definear ik as ien fan myn estetyske kritearia!

De ferwizing nei de geast ("wachtsje op it daagjen fan 'e geast") wurdt fierder útwurke yn it twadde gedicht (hechte formele struktuer dus).

De geast dy't de dikdik en de agûty, de sealjakhals en
de gibbon oplein hat monogaam te wêzen, mids alle lust en
útfanhuzens, biedt in luchttút, in ferbliuw yn 'e wolken

Wer moaie rigels, diskear om it tema monogamy / polygamy hinne. De neamde bisten binne allegear monogaam. De sy-figuer yn it gedicht "berne de dagen, it ljocht, de beam fan it witten ... en de minsken dy't de earen opstekke as se seeliuw roppen hearre". De seeliuw is notoir polygaam, de mantsjes ha in harem. Mar ek hjir wurdt de hongerige lêzer klearrichheid ûntkeard. It tredde kûplet begjint mei: "Se is dy't se is en wêze sil, lit in fear dêr't se wie, in fraach yn it hûs". In fraach yndie, gjin antwurd. De ferhâlding fan de protagonist ta polygamy / monogamy bliuwt ûndúdlik. Mei opsetsin? It docht my tinken oan de tantalisearjende poëzy fan Emily Dickinson, like mysterieus en suggestyf, en yn lêste ynstânsje, ûngrypber.

Yn it gedicht "de goaden" is sprake fan in licht fijannige sfear fan de protagonist foar de goaden oer. It is wer in moai gedicht, Moai en Mysterieus, en men kin it hûndert kear lêze mar it wurdt net helderder. Der binne wol direkte gedichten by. Dêryn fynt almeast in ôfwizing fan it boargerlike libben plak, dat almeast oantsjut wurdt mei de frase "it libben achter de dyk". De see stiet foar it avontuer, mar kin sawol posityf as negatyf wêze. Foar de haadpersoan is de see de útdaging, de gaos, mar de see is it plak dêr't it skip Invincible mei syn hierlingen omswalket. It libben achter de dyk stiet foar feilichheid, mar ek foar de saaiens fan it sletten bestean, dêr't it fragen stellen like ûnwinsklik is as de kakkerlak.

En sa't de frase "it libben achter de dyk" yn it earste gedicht foarkomt, wurdt it symboal in pear siden fierder útwurke yn in apart gedicht mei as titel "it libben achter de dyk". Dêrnei wurdt ek de ferwizing nei de Invincible útwurke yn in apart gedicht. Dan docht bliken dat de Invincible stiet foar de ferkearde gaos, de hierlingen dy't om goud en geniet moardzje, "as de simmer oars net is as / wachtsjen op 'e winter, yn 'e huzen achter de dyk." Ah, ik begryp it no, de Invincible stiet foar it ûnoerwinlike kwea yn 'e wrâld! Benammen it kwea dat komt út gaos. Deselde gaos dêr't ek it nije en it nije goede út weikomt. Eins dochs wol hiel moai, hoe't alles yninoar grypt.

Der binne ek frijwat ferwizingen nei de sûndefal. As antykristlik frijtinker kin ik dêr net safolle mei. Mar los dêrfan is it plak dêrfan yn Van der Meer har symboalewrâld ek wat ûndúdlik. Dêr spilet de fraach: stelt de protagonist har al as net op kristlik stânpunt? Of is dat ek wer in ferkearde wil ta antwurden fan in resinsint achter de dyk wei? Nei de sûndefal wurdt ek hermeneutysk ferwiisd yn "Spegelskrift" fia de rigel "Oant yn it reade sân fan Ispahan / se it antwurd lies". Ispahan is nammentlik neffens beskate boarnen de namme fan it stee dêr't de sûndefal fan Adam barde. Ik lit dit tema mar gewurde.

Ik leau dat de gedichtebondel opboud is om de tsjinstelling lân - see hinne. Op it lân besykje wy alles feilich te meitsjen, mar wy meitsje it ek dea. Op de see is it avontuer, mar yn dy gaos kin ek moard en gefaar wêze. De oare dea. Dêrom binne wy ek bang foar de see. "Ik wit it paad net, sis ik, ik doar de / see net oer mei al dy skerpe haaiebekken" (út "It útbrekken fan de finzene") . En dy wiisheid liket foar de idealistyske protagonist dochs dreech te akseptearjen. Yn it ambysjeuze "It útbrekken fan de finzene" komme oars ek wer lestige ferwizingen foar. "Nee, se giet noch / net werom nei Uelen". Neffens Ynternet snije keunstners te Uelen, Siberië, keunstwurk út walfiskbonken. "Ik fernim hoe't sy har stappen telt oant Anchorage". Havenstêd, Alaska. "Ik hoech net nei Antofagasta te gean, sy sil my wize". Antofagasta, Chili, mar wêrom yn de goedichheid, it liket wol in wrâldtournee. "Se sjocht hoe't de / geasten fan de Araucanen-froulju de manlju gekmakket". Dy Araucaanske kontrei yn East-Columbia hat slim te lijen fan guerilla's, mar it ferbân ûntgiet my. As assosjative retoaryske poëzy is it moai, dat al. Ynhâldlik wurdt it him net, dat gedicht.

Enfin, de bondel beslút mei it opbrânen fan it hûs (symboal uteraard fan feilichheid). De haadpersoan liket de wrâld achter him te litten, "It dôvjende fjoer bea gin himd foar / har neakenens". Wachtsje op 'e geast: in bettere wrâld of de dea? Untanks de nij-testamintaryske ynslach fan de bondel liket der gjin sprake fan metafysyske treast te wêzen, wat ik altyd dapper fyn. Fan it idealisme om de wrâld te ferbetterjen hjir en dêr in fiere echo, bygelyks de ferwizing nei Hammarskjøld, de ferwizing nei Platonov (in Sovjet-skriuwer dy't de ûntminskliking fan 'e maatskippij oanklage).

Ik ha mysels ek de fraach steld wat NET yn dizze bondel te finen is. No, ôfsjoen fan de ferwizing nei Plato ûntbrekke de Griken en de Romeinen. En miskien hinget dêrmei gear dat de humor en de irony dochs ek ûntbrekke. It is gjin beswier. Hjir en dêr mis ik de minske wol wat achter de wrâldomfiemjende retoaryk. Mar hawar, lit dat krekt de spesjaliteit fan Van der Meer wêze. Is in ferliking mei Roland-Holst misledigjend? Mar dan dochs net sa bedoeld. It is in prachtige bondel mei kompekse retoaryske ferwizende poëzy. Ta myn ûntsetting sjoch ik dat der Van der Meer gjin wurk opnommen is yn de gesachhawwende "Dream yn blauwe reinjas!" O histoarysk fersin! Dan hiene de gearstallers fan in dichter as ... wol wat minder fersen opnimmen kinnen.

Ja, ik jou belies. "Wachtsje op it daagjen" is poëzy fan ynternasjonale klasse! Ik slút ôf mei myn favorite gedicht.

Ik bin gjin tún

Ik bin gjin tún.
Ik bin gjin tún, behimmele foar hjeldagen, geve parren yn 'e hjerst,
gjin wyldernis yn lykwicht, ta utersten ferwaakst,
gjin toverheks, fergif foar snoade plannen.
Ik bin gjin roazebosk, ik ha gjin rook dy't pauwe-eagen lokket.
Ik bin gjin bûterblommedyk, yn memme-earmen pronkjend.

Ik bin in stêd op 'e klaai,
Ik bin in stêd hinkeljend op mear as twa gedachten,
de oarder is skyn,
de beammen ha luzen,
de huzen jouwe har geheimen net,
de strjitten suchtsje ûnder ieuwen spoaren.

Ik bin in stêd op 'e terp.
Ik ha de kelders sletten,
de echo's fanit roppen troch it kear
lit ik mei it lieden fan 'e klokken smoare.
Ik bin in stêd, healôf, healwiis,
in nar yn omswalkersklean.

Ik bin in stêd,
ferlis in paad, fersier de brêge tusken doe en letter,
swets mei de keaplju op 'e merk,
slaan myn slach en lit de noazen bliede.
Ik wol in eintsje fan 'e grûn en
ivich libje fan 'e dakken.