Eric Hoekstra

Skuld sûnder boete: de fiksaasje op it ferline.

Resinsje fan Koos Tiemersma, "De Mjitte", Friese Pers, Leeuwarden, 264 siden.

"Ik nim mysels de mjitte, ik kin net oars." (207)

1. De konstruksje fan de roman: werom nei it ferline

Ja, hy kin skriuwe, dat stiet net yn bestân. In âlderwetske romancier, dy't tsjokke boeken út syn mouwe skoddet as wie it neat. Earst wie der "De Ljedder" en no "De Mjitte". Foar my is Tiemersma in skriuwer mei in ferrifeljende styl. Yn it earste oankommen liket "De Ljedder" mar ek "De Mjitte" in lyryske roman mei dichterlike ferlikingen, in boartlike skriuwstyl en humor. Lykwols, lykwols ... Yn beide boeken sjocht de haadpersoan werom op syn libben. In ferskil tusken beide boeken sit him yn de serebrale konstruksje. Yn "De Ljedder" is om it eigentlike ferhaal in serebrale literêre konstruksje bout, dy't de natuerlike styl fol fantasyfolle eleminten ôfbrek docht. Yn "De Ljedder" binne der stapstiennen, de triemmen fan in ljedder, dy't metafoar binne foar de tocht nei it begripen fan it ferline. Yn "De Mjitte" is sa'n keunstmjittige ombou der net, aldergeloks. Fan dat is "De Mjitte" lykwichtiger as "De Ljedder", al is it ek net sa spetterjend as de bliidste stuiten yn "De Ljedder".

Yn "De Mjitte" nimt de haadpersoan harsels de mjitte troch it ferline nochris opnij te belibjen. Want dat is de eigentlike tematyk fan de romans fan Tiemersma: de fiksaasje op it ferline. De haadpersoanen besykje dêr mei klear te kommen. Yn "De Ljedder" rekonstruearre de haadpersoan syn ferline, skynber lokkich, mar by neier besjen in trageedzje fol skuld en mislearring. Hiel kristlik, hiel bibelsk allegear. Al de humor, de lokkige stuiten, de lytsere ûntdekkingen wurde by einsluten wei achter it skuldkompleks oer de ûnderdûker dy't ûntdutsen waard. Skuld sûnder boete. Tige lêsber ferpakt. Sa is it ek mei "De Mjitte".

2. De boartlike styl mei fantastyske eleminten

Yn "De Ljedder" wie it part oer de lokkige jonkheid fan de haadpersoan skreaun yn in lyryske styl fol fantastyske eleminten, ferbaal fjoerwurk en metafoaren. Fan dat is "De Mjitte" grimmitiger. De styk mei fantastyske eleminten is ek wer folop oanwêzich, mar de lokkige jonkheid is der net. It fantastyske docht fuort al bliken oan it begjin fan de roman. It lytse healbruorke befantasearret in ûnsichtber bruorke mei de namme "Namme". Dy namme fyn ik sa keunstmjittich, sa serebraal-optocht, sa fan o dat is wol hiel literêr en djip wylst ik it iiskâld trúkje fyn. Mar goed. It imazjinêre bruorke sels fyn ik wol leuk, dat jout Tiemersma degelegenheid bysûndere sitewaasjes te skeppen. It moaist oan Tiemersma fyn ik syn boartlike skriuwstyl. As it jier op de ein rint, skriuwt er net "it jier rûn op de ein", mar makket er der dit fan (side 251):

Desimber luts in swarte jas oer de tolve moannen, de ivige reinbuien ferstroepen it lân, it Kanaal blies himsels op oant it wetter sawat op de kade stie en mem makke risselwaasje om oaljekoeken te bakken.

As it oer de ferwachting fan in normale takomst foar de abnormale famylje giet, dan skriuwt Tiemersma it sa op (side 82):

It wie ûnfoarstelber dat sa'n takomst mei yngong fan de oare wike as in brodske hin op ús delsakje soe.

As Mette boarsten kriget, wol se dat net wêze, en docht se writen dat te ferbergjen. Dat wurdt sa opskreaun (side 93):

Myn foarleafde foar flodderklean die de rêst. It slagge my it suvelbarren te bedimjen oant it net mear gie.

It suvelbarren, hoe komt er derop. Sokke dingen binne moai om te lêzen. In oar foarbyld fan de boartlike styl. De bern (haadpersoan Mette en bruorke Boyen) ha bygelyks fêststeld dat in jierliks delkommende beppe de kwalifikaasje 'kring' fertsjinnet. Dan skriuwt Tiemersma (side 22):

De fraach wie en is fansels oft de kwalifikaasjes dêr't it minske mei optúgd waard wat fan har of mear fan ús seine, skuld ferskoot - wip - maklik - wap - fan de ien op de oar. It wie foar in bern as ik net ienfêldich sympaty op te bringen foar ien as beppe Sjoek.

De styl is boartlik. De wipwapmetafoar wurdt brûkt yn de kontekst fan in haadpersoan dy't neitinkt oer har bernetiid, dat wipwap is ek noch gaadlik. It achterlizzende tema is lykwols wer skuld. It leit hielendal net yn de reden dat men jin sels skuldich fielle moat as men jin beppe net sympatyk fynt, boppedat ien dy't mar inkeld ris delkomt. Dit om oan te tsjutten dat Tiemersma syn obsesje mei skuldgefoelens doch wol frij grut binne, in bytsje bestoppe ûnder it tekkentsje fan in boartlike styl.

3. Ta de skuld

Der binne safolle redenen ta skuld en skande. It begjint al mei de heit. Dy hat yn Yndonesië sitten en hat dêr in houten skonk oan oerholden. Dan skriuwt Tiemersma (side 163):

Dit wie de mjitte fan ús delgong: 58,4 by 42 sintimeter.

In lyts Tiemersma-puzeltsje sa't der wol mear yn it boek foarkomme. De lêze tinkt fan wêr slacht dit op en wurdt nijsgjirrich. De oplossing twa siden fierderop:

It rútsje fan de achterdoar wie stikken, foar de safolste kear.

Wy koene de maten út 'e holle: 58,4 by 42.

De heit is nammentlik in sûplak en komt faak dronken thús. Dan slacht er gauris it gleske by de doar derút om himsels deryn te litten. Sa'n prosedee brûkt de skriuwer wol faker. Earst seit er wat geheimsinnichs dat de lêzer nijsgjirrich makket en in pear siden fierderop komt de oplossing. De dronkenskip fan de heit is foar de bern fansels in reden ta skuldgefoelens.

Dêr komt dan noch by dat Mette, de haadpersoan, har heit net ken, noait kennen hat. Har mem is it hûs útskopt doe't se swier rekke, de heit woe har net en bliuwt geheim. Letter is Herre, werom út Yndonesië mei in houten skonk, mei har troud. Wer heart Mette by de abnormalen. Heit sûplak, mem earst ûngetroud. Wer in reden ta skuld.

It healbruorke Boyen wurdt hieltyd narre troch in binde jongfolk ûnder lieding fan Paulus. Se fernederje him alderraarst. En wa wurdt de leafdesfaam fan Paulus? Krekt, Mette. En dat jout har wer in reden om har skuldich te fiellen, diskear foar har healbroer oer. Foaral om't Mette ek nochris in kear it regelt dat har broer in ekstra fernedering ûndergiet. Dat docht se út in soarte fan perverse wredens. Of omdat se út in asosjale hûshâlding komt? Sosjalistyske dogma's skimerje om de hoeke. Ik priuw wol in soarte fan langst nei it normale út dit boek, it gewoane. Letter siket Mette har healbroer wer ris op, mar dêr wurdt se net wizer fan. Se besjogge in film fan Hitchcock (nammentlik "Vertigo") dêr't Tiemersma wiidweidich út sitearret (siden 205-206), mar ik fyn dat it neat as goedkeape mystifikaasjes oan de roman taheakket. Dat lette kontakt tusken Boyen en Mette ferrint ûnbefredigjend foar de lêzer. Boyen is frij helder, praat no Hollânsk, mar brûkt wol allegear medisinen. Wat er seit werpt lykwols gjin nij ljocht op de haadpersoan.

Dit is de roman fan Mette dy't weromsjocht op har libben, en harsels de mjitte nimt. En ja hear, "Mette" is fansels hast in anagram fan "metten", it folslein mûlwurd dat by "mjitte" leard. It komt my no pas yn it sin; de skriuwer syn serebrale kant komt wer boppe, mar dit steurt my net. Tiemersma skriuwt romans oer skuld sûnder boete. Der kin gjin boete wêze want de haadpersoanen binne net kristlik. It bliuwt by it fiellen fan skuld, en it ta in hichte begripen fan de oarsaken dêrfan.

En dêrmei begryp ik ek wêrom as ik gjin leafhawwer fan Tiemersma bin, al hoe knap as er ek skriuwt (en dat is tige knap). Skuld is net myn dominante emoasje, en ik oarderje de barrens fan myn libben net neffens de emoasje skuld, sa't mjitfrou Mette docht. Op side 260 wurdt it Tiemersmajaanske leitmotif nochris gearfette: "Wa hie skuld, wa gie frijút doe't ús delgong ynsette?" De echte Tiemersma-leafhawwers sille dat as in sintrale fraach fan ús bestean sjen.