Eric Hoekstra

 

Eric Hoekstra

 

De Fries as Fries nei de žntmytologisearring fan de žntmytologisearring

 

(2006, Hjir 35, 1, 67-72)

 

Doe wie fan 't geve Fryske aard

Noch 't ien en oar te merken,

Want raasde in stoarmsee oer de Waard,

Dan bea men yn fiif tsjerken:

 

(Wibren Altena, De laitsjende wierheid, 1990, side 39)

 

Ald is wer modern, en wat modern is, is fer‰ldere. Sa stek ik de holle yn de lucht, ik snœf de Zeitgeist djip yn 'e fynfiellige kultueranalytyske noastergatten: tritich jier lyn soene wy grutsk op in pear cartoons en œs frijheid fan mieningsutering wst ha. Mar no kinne sokke cartoons gjin genede fine yn it hert fan 's wr‰lds' grutste teokrasy, foarhinne it l‰n fan de frijheid: Amearika. Inkeld de Fr‰nsen tinke dat se it noch meitsje kinne en misledigje religieuze of oarstinkende groepearrings. By œs begžn de nije tiidgeast mei minister Donner dy't de dei nei de moard op Van Gogh al doarde te sizzen dat je net alles sizze koenen. Wylst doart gjin minske, en wis gjin Nederlanner, it mear oan en nim de fundamentalisten ris satyrysk geweken. Eigen hžd earst.

 

Respekt foar oarmans idealen, dat wol safolle sizze, as der gjin grappen oer meitsje en der mei respekt oer sprekke. En yn dy kontekst en yn dy Zeitgeast moat ik it no oer in oar leauwe ha: it leauwe yn de Fryske folksaard, it leauwe yn de treflikens drfan. Mei ik dr wol de draak mei stekke? Of byn ik pas yn as in pear minske har opblaasd ha, en pas ik, krekt as de Nederl‰nske kranten, der wol moai foar op en stek de nekke œt foar de frijheid ta satire? Dit sei yn 1907 Jan fan 'e Gaestmar deroer yn "Omstikken en sydstikken"(94):

 

Den ha wy fierders it roune fryske aerd.

Roun, det is safolle to sizzen as earlik en oprjucht, trou yn sizzen

en dwaen, en yn 't neikommen fen yens žnthjitten.

'Rjuchtœt as de bargesnœt', seine œs foarfears,

 

En dat wie ek satire fan dy Fryske beweger, want de bargesnœt is net rjochtœt en de baarch is, sa't alle moslims witte, in žnrein bist.

 

Lit œs de saak dan marris wittenskiplik benei komme, al tsjžget krekt dat neffens guon fan noch minder respekt as satire dat docht. Ik ha ris yn de Taaldatabank fan de Fryske Akademy omsneupt nei nijsgjirrige oanhellings omtrint it Fryske aard. Dit seit Burgy yn 1950 yn "Tusken Boarn en Tsjonger" (244):

 

Mar dat is de oast net. In Fryske boer skrept leaver in bytsje hurder, lžkt de skoat

leaver noch hwat strakker oan, as er dan mar baes wze kin op eigen groun. It hierboer-wzen strykt alhiel net mei it Fryske folksaerd. - Ik ha dan ek fan de Sjaerda's eigen boeren makke. Mei Wimer woe 'k nei foaren bringe de jonge Fries, dy't sžnder bluisterich greatdwaen selsbiwust syn wei giet. In

ÒkeardelÓ, lyk as dr Kalma it yn syn bioardieling sei.

 

It sil klearrichheid ha. De Fryske boer skrept graach, faak en folle. Oars sein, Friezen binne wurkferslaafd. En twad hat Burgy it oer "sžnder bluisterich grutdwaan". Dat is wol sa nijsgjirrich. Der sprekt œt dat Friezen te sleau binne om warber en flitich har eigen imago te promootsjen. Dus, wol wrotte en wrame yn it wurk-wurk, mar te loai om oan imago en byldfoarming te wurkjen. Yndie, dat is aktueel. Want om de pear jier kin men yn de krante lze fan in pommerant dy't œth‰ldt dat dy sleauwe Friezen harsels en Frysl‰n net goed 'ferkeapje'.

 

En krekt de ferkeap fan jinsels wurdt hieltyd wichtiger, mei't de beskaving komplekser en kapitalistysker wurdt. Leve de seine fan de merkwurking, tapast op it himsels ferkeapjende yndividu! Ja, yn in simpele agraryske beskaving is gau nei te gean wa't dreech boddet en wa net. Dat is maklik. De kij ‰le wol at se net molken wurde. Ik bedoel mar. Mar yn in komplekse beskaving ha wy it net oan tiid en rin nei wa't syn wurk dien hat en wa net. Wy moatte op de imago's ™fgean. Op de skyn. Dat dogge wy by ferkiezings, dat dogge wy by sollisitaasjes. Hoe witte wy oft in hegere burokraat of in politikus syn wurk dien hat? Unmooglik soks œt te skykjen. Wy hifkje syn imago. En as wy gjin ferst‰n fan imago en skyn ha, dan sprekke wy mei Burgy dom fan "bluisterich grutdwaan" ...

 

In oar faset fan Fryske folksaard, dat wol sizze in kultureel winsklik achte selsbyld, komt op it aljemint by Wiedema yn "It Eigene" (74):

 

De measte fen dy toanielstikken  hiene net folle om 'e hakken: it wierne sotte kluchten. skreaun mei it doel de ljue ris laitsje to litten, ef neimakke spil dat by it Fryske folksaerd paste as de aep by de pesleinkas.

 

Wiedema leit in relaasje tusken "net folle om 'e hakken ha" en "it doel de lju ris laitsje te litten". Mear as wat er tinkt te sizzen foaržnderstelt de oanhelling fan syn h‰n in oar foaroardiel dat djip yn it Fryske aard ferankere is: laitsjen is oerflakkich. Nee, leafst it gesicht yn drege tearen en f‰lden, ynbannich, serieus, saai, humorleas. Wr is de humor fan de 19e ieu bleaun? Dit stie der yn "Rimen en Teltsjes" oer it Fryske folksaard yn de 19e ieu:

 

Sa dageliks wei sjonge se yn har œtdrukkingen, as dimmene lju, meastal žnder de noat, mar yn it spotten en gekjeijen sjonge se boppe de noat, en dat driuwe se sa fier, dat it iggen noch kanten roait. Yn dy groteske oerdriuwing leit krekt de biiseftige bispotlikheit. De gelearden neame dat de hyperbole.

 

Wr is it fleurich-Fryske folksaard bleaun dat œs œt de "Rimen en Teltsjes" temjitte komt? Dy't it wit mei it sizze. Yn de 20ste ieu wie it laitsjen net yn oansjen. Mar dat is net inkeld by de Friezen sa, oer it ginneraal is de Europeeske literatuer troch ende wer troch droech, taai, serieus, postkristlik. Miskien is it Fryske laitsjen fan de "Rimen en Teltsjes" wol unyk, want yn de 19e ieu fan de buorfolken falt safolle net te laitsjen.

 

In oar nijsgjirrich ding yn Wiedema syn oanhelling fan nyskes sit him yn it foaroardiel tsjin oersettingen: "neimakke spil". Twa fragen. Wat is it Fryske folksaard dat beskate stikken dr goed by passe soenen, en oaren net? Dat is dochs gjin kritearium foar it kiezen fan oersettingen? En wrom eins sa leechlizzend oer oersettingen prate? Dochs bart dat no ek noch. Sels yn œs tiid wurdearret de provinsje 'oarspronklik' Frysk proaza mear as oersettingen fan it bste fan de wr‰ldliteratuer. Wol grappich is dat Wiedema it fierder noch hat oer de oarsaak fan de minne kwaliteit fan de oersettings, dy't hy op it negative konto skriuwt fan "œs jachtige tiid". En dan prate wy oer 1934. De man moast no ris libje, no't de jongelju mobyljend oer de strjitte fleane.

 

It dreech-serieuze aspekt fan it Fryske folksaard wurdt ek opmurken troch Kalma yn 1915 yn "De Jongfryske beweging" (35):

 

ho 't it yn 'e fryske folksaerd leit, eltse saek earst soarchf‰ldich en earnstich to bisk™gjen, ear 't men tawird ef goedkarring œtsprekt,

 

Wat betsjut dat eins, as men in saak earst "soarchf‰ldich en earnstich" besk™gje wol. Unmacht ta primre reaksjes? In brek oan direkte yntelliginsje? De wil om alle faasje, alle gong en entžsjasme, op te kearen, dea te meitsjen, oant elk inisjatyf smoart yn de negative krityk fan in ferst‰n dat net mear ta positive aksje bysteat is? Aldmannepraat?

 

Anne Wadman kiest in oare yngong en belžkt it konsept "jeugdtrauma" yn syn analyse fan Slauerhoff syn b‰n mei Frysl‰n:

 

Yn Frysl‰n koed er net libje, mar in stik fan Frysl‰n t™ge er de wr‰ld oer, yn de foarm fan jeugdoantinkens dy't er nea en to ninter kwytreitsje soe.

 

It is sžnder mis wier dat Frysl‰n op in hopen folk in traumatyske œtwurking hat. Sa't Slauerhoff faaks ek op syn haat fereale wie (ferslaafd oan in emoasje, jawis), sa binne der yn alle tiden figueren dy't der in deitaak oan ha om Frysl‰n, it Frysk en de Friezen leech te lizzen. En sa't der yn de tiid fan de Fryske Beweging (ržchwei de earste helte fan de 20ste ieu) tefolle minsken omržnen dy't Fryslan te heech hiene, rinne der no tefolle minsken om dy't Frysl‰n te leech ha. Dat is it risseltaat fan de žntmytologisearring.

 

Wat is dat, žntmytologisearring? It is in term œt de folkskunde (dat no etology hjit). Earst hie men, ek de wittenskippers, in oanstriid om it folksaard te ferhearlikjen. En dy ferealens op de eigen folksaard ferlate mannich wittenskipper en skriuwer derta en leau dat folksaard in fstleine saak wie mei woartels oant yn it djipste ferline. Doe kamen de lju dy't de maskers ™fropten, en sokssawat as "leafde foar de eigen kultuer"  ta in grutte deasžnde makken. No moast alles dat mar mei it eigene te krijen hie, ™fkreake wurde. In foarbyld. De 'grutte' folkskundige Vrijhoff hie it yn syn ynaugurele rede oer in toanbyld fan foute, regionale, byleauwige manipulaasje, oer it skandalige mytologisearjen, oer in oanfloiting foar œs ferljochte tiid. Wr gie it om? Och, yn in folder fan de VVV fan in doarpke earne yn Twente waarden de 'witte wieven' wer opfierd as ieuwen‰lde Twentske myte. Och, och, tocht ik, professor siket syn tsjinstanners wol œt. In VVV-folderke, skreaun nei alle gedachten troch in œtsendkrft fan it lokale œtsendburo, en dat moast troch de grutte professor Vrijhoff as ™fskrikwekkend foarbyld wjerlein wurde yn syn ynaugurele rede. Doe begriep dat de žntmytologisearring syn bste tiid h‰n hie, en dat de žntmytologisearring sels marris žntmytologisearre wurde moast. Wat ea in grouwelich nij en kontroversjeel ynsjoch wie, is no in klisjee wurden. Ja, wa't tsjintwurdich tinkt dat er in masker ™fropt, blykt by neier besjen syn neilen djip yn it fleis fan in minsklik antlit set te hawwen, as in ordinre beul. Of makket fan de VVV syn grutte deadsfij‰n.

 

Wy prate net mear oer folksaard. Wy ha it oer 'œs kultuer'. Us skultuer is kultuer fan mieningitis, it ferslaafd wzen oan mieningen en dy oan oaren opkringe wolle. Dat hie dy gekke Folkertsma doch mar moai sjoen:

 

Ik kin yn dit bistek gjin folsleine biskriuwing fen it Fryske folksaerd oangean. Mar faeks kom ik dr djip midden yn, as ik as de sžnde fen Frysl‰n de eigengerjuchtichheit neam. In greate eigengerjuchtichheit hearsket yn œs, en wy habbe jerne det hja hearsket. Wy wolle gjin žngelyk habbe en de minste net wze. Wy kinne net forjaen noch forjowing freegje, noch œtstean det immen œs forjowing freget.

 

En dat is net typysk Frysk mar ek typysk Nederl‰nsk. De Nederlanners ha dochs al de namme de wiispraters fan Europa te wzen, fral yn de santiger jierren, al is it mei de rjochtse kabinetten fan pears en no wer kristlik-rjochts aardich belune. 

 

Wat is no it aardige fan de žntmytologisearring fan de žntmytologisearring? Dat myten wer mooglik binne. Wy kinne en meie wer dingen leauwe dy't wy net mei it ferst‰n bewize kinne. Wy meie wer yn God leauwe. Wy hoege net ferachte te wurden omdat wy kristlik binne, mar ek net omdat wy moslim binne, en sels net omdat wy rjochts binne. En sa komt it yrrasjonele mei al syn goed en kwea werom. Ynienen is der wer in Nederl‰nske kultuer. Men kin men der sels eksamen yn dwaan. En dus is der ek in Fryske kultuer. En in Twintse, en in Achterhoekske en in Limburchse. As it team fan fuotbalklub It Hearrenfean spilet, dat ommers op it nivo fan de žntmytologisearring in soadsje hiersoldaten is, skriuwe de kranten steefst fan "de Friezen dit en de Friezen dat". En dy 'Friezen' taaste de oare Friezen, dre op de tribunes, yn it hert. Se raze fan lilkens, se juchheie fan entžsjasme: it is ien en al heldeferearing en duveldea. En sa jouwe se har libbens smaak. Fansels binne œs myten, de myten fan skriuwers en akademisy, ferhevener: wy ha œs eigen Literre helden en duvels, of Filosofyske of Politike of ensafuorthinne. Sa jouwe wy œs libbens smaak. Want it binne de myten dy't it libben smaak jouwe. De žntmytologisearring is žntmytologisearre, Fryske Literatuer en Beweging binne ien, de Fries Bestiet en as it meiwierret, wurdt It Fean noch kampioen.