Eric Hoekstra

In noflike miks fan ferdivedaasje en earnst


Op 'e nekke fan 'e wrâld is in behindich boekje dêr't 64 kollums fan Grand Old Man (fuortlitte) Trinus Riemersma yn gearswile binne. De kollums binne earder ferskynd yn Frysk & Fry en Trotwaer. De ûnderwerpen binne aldergeloks net al te aktueel; oars soe de lêzer fan no se ommers amper neikomme kinne, of hy moast al histoarikus wêze. Yn de kollums komme ûnderwerpen oan bod dy't almeast mei Fryske taal en kultuer te krijen ha. It kin gean oer taalbefoardering, taalferoaring, it al as net fan in boekefeest, it al as net betinke fan it ûntstean fan ' 'provinsje' Fryslân (= it ferlies fan 'e ûnôfhinklikheid), de ivige reboelje om de Gysbert Japixs priis hinne, en sa mear. Polityk- maatskiplike ûnderwerpen komme ek wolris oan 'e oarder, lykas it oanboazjen fan 'e reklame, de rol fan Amearika, Isreali's fersus Palestinen, frijheid fan mieningsutering yn ferbân mei ûntkenningen fan de holocaust, en sa mear. Al dy ûnderwerpen wurde op luchtige wize behannele. It dolt nearne al te djip, it binne mieningen sa't dy oan de kofjetafel debitearre wurde kinne.
Fansels hat men oer de mieningen yn de kollums wolris jins eigen gedachten. Yn 'Minsken en wat der op liket' kiest Riemersma foar de Palestinen en tsjin de Israeli's. Mar dat liket my no krekt sa'n gefal dêr't men út twa kweaden kiest. Fan beide kanten wurde der ommers bistichheden bedreaun, likegoed troch de Israeli's as troch de Palestinen. Dêr moat men net kieze wolle, as men alteast gjin Israeli of Palestyn is. Mar goed, wit ik folle, miskien is Riemersma wol mei in Palestynske troud of soksawat, en dan is it te billikjen dat men kiest.
In tal kollums giet oer aspekten fan literatuer. Nei myn smaak leit Riemersma tefolle te klam op it literêre keunstwurk as autonoom objekt. Krekt as hat in keunstwurk neat út te stean mei de man/frou dy't it skreaun hat. Foar my is in keunstwurk krekt it tsjinoerstelde, in ynstrumint dêr't ik mei yn it binnenste fan in minske sjen mei, en dêr't er syn emoasjes, syn filosofy en syn aard mei ferriedt. Riemersma fynt ek dat in lêzer bêst muoite dwaan mei om in boek te begripen. Mar eins is dat ûnearlik, om soks fan in lêzer te freegjen. Ik fyn it ek altyd sa ûnearlik as in belêstingynspekteur my seit dat ik dit of dat witte kinnen hie, want it stiet yn de belêstingwetten. Ja, jo ha maklik praten as jo jo foar jo berop alle dagen mei soksoarte saken dwaande hâlde. Allyksa is it ûnearlik as in literator, dy't him alle dagen mei literatuer dwaande hâldt, seit fan jo moatte yn jo skeamele frije tiid mar like hurd studearje as ik oerdeis en foar myn wurk doch. Nee, men mei fan in lêzer ynset freegje, mar men moat it him al sa maklik mooglik meitsje. Sjoch mar nei Shakespeare: foar de dombo's moard, leafde en sensaasje, en foar de yntellektuelen trije ferhaallagen en wichtige etyske kwestjes fan goed en ferkeard en al sa. It kin dus wol.
Tige nijsgjirrich fûn ik de kollum oer metafoaren "Fuort mei de metafoar". Riemersma lit efkes sjen dat guon metafoaren besykje jins emoasjes te manipulearjen. As ien in baan net kriget, kin men sizze: 'Hy is passeard'. Krekt as hie er rjocht op de baan, mar, o wat in rotstreek, hy is passeard. Oar foarbyld: 'It bestjoer hat gjin poat útstutsen', dat safolle betsjut as 'neffens my hiene se dat wol dwaan kinnen.' Enfin, de minske presintearret syn subjektive miening no ienkear geregeld as objektive beskriuwing fan de wurklikheid. It is wol aardich om sokke manipulaasjes te trochsjen.
De opbou fan 'e kollums is goed. De lêzer ferfeelt him gjin tel. Mar bysûnder is foaral de styl. Riemersma syn Frysk is altyd wer in iepenbiering. 'Sa moai kin Frysk dus wêze' tink ik dan. Op syn bêst is er as er de stylfiguer fan de humoristyske oerdriuwing brûkt. As de provinsje feestlik betinke wol dat Fryslân syn ûnôfhinklikheid ferliest, wiist Riemersma derop dat de provinsje dôf is foar alle beswieren basearre op de histoaryske realiteit. Hy beslút (s.65): 'Ik bin bang, der binne yn Fryslân gjin bilen genôch om Provinsjale Steaten de planken foar har harsens wei te slaan.' Moai sein!
Yn de kollum 'Stjerrende moai' komt in prachtige sêne foar. It idee is dat men nei in heroyske dea op it iis daalks nei de himel giet (49).

'In echte iisdea is as jo yn in bast reitsje en mei de kop sa fûl op 'e grûn batse dat de djerre derút fljocht en oer it iis stoot. Dat is spektakulêr. En ik leau fêst, dan geane jo fuortendaalks nei de himel. Dan hoege jo ek net te wachtsjen op 'e jongste dei. Dan stiet de himelpoarte iepen. En God sjantert hielendal net fan do hast noait nei tsjerke west en do seist foar it iten noait fan hearesegendezespijs. Nee, hy seit: 'Kearel kom deryn! Wat sil 't wurre, sûkelarjemolke of bearenburch? En dan komt der in frommes op roltsjeredens en mei iismûts mar fierder neaken en dy klok-klok-klokt jo in glês fol bearenburch. En de Hearegod sjocht jo skodholjend oan en seit: Soest dat no wol dwaan mei dyn wrakke ankels? En dan hâlde jo it by de bearenburch. Sa sil it dejingen fergean dy't op it iis stjerre.'

En no kin ik wol in grutte preek oer it belang fan de Humor hâlde, mar it is no ienkear sjesa: sa'n passaazje fine jo briljant of net. En dêrmei is in skieding fan geasten in feit. It is net oars.

Unstjerlik is de sêne yn "De Reade Bwarre" as Kalma fergees besiket in ereksje te kearen troch in kofjepantsje op syn kullemans te lizzen. Om 'e nocht, want mei in triomfantlike draai fljocht it pantsje de loft yn as Kalma syn geslacht him ferheft, alhiel oeral yn it bywêzen fan safolle manlju mei de broek op 'e knibbels. Miskien is dat oars útsoarte wol in stylfiguer dy't de Fryske literatuer yn positive sin karakterisearret. 'Rimen en Teltsjes' tilt bygelyks op fan it fantastysk geswets, en, om by ús eigen tiid te bliuwen, de ferhalen fan in Jaap Krol ha allyksa in heech absurditeitsgehalte; yn it Nederlânsk kin dy seldichste humoristyske oerdriuwing fûn wurde by Gerard Reve.

Trinus Riemersma
Op 'e nekke fan 'e wrâld
Kar út 'e kollums fan 1992-2002
Utjouwerij Venus, Frjentsjer, 2003