Oer de Stichting Elektroanyske Letteren Fryslân
De Stichting Elektroanyske Letteren Fryslân (ELF) is in inisjatyf fan Drs. Henk Wolf
(skriuwer), Drs. Siebren de Boer (penningmaster) en Dr. Eric Hoekstra (foarsitter).
Doelen
De Stichting hat as doel it algemien en permanint tagonklik meitsjen fan alle
Fryske oersettingen fan klassike wurken út de wrâldliteratuer. Foar dat doel wurde
sokke oersettingen
- folslein digitalisearre,
- fia Ynternet permanint as kompjûterbestân beskikber makke,
- fia printing-on-demand permanint as boek beskikber makke.
Fierders jout ELF ek nije oersettingen fan klassike wurken út.
Maatskiplike relevânsje
Oersettingen fan klassike boeken wurde net beheard en ferdwine nei in pear jier
yn de boekhannel lein te hawwen. Dochs behâlde oersettingen út de
wrâldliteratuer har kulturele en edukative wearde. Der bliuwt altyd fraach nei, want
it skaaimerk fan "Klassike Boeken" is dat se noch altiten lêzen wurde. Yn it
ûnderwiis komme alle bern dermei yn kontakt. Elkenien hat bygelyks wolris fan
Shakespeare heard. De Stichting ELF wol sokke wurken beheare, algemien
tagonklik meitsje en sa tefoaren komme dat it wurk fan útjouwers en oersetters,
dy't tegearre ea in klassike oersetting produsearre ha, ta weismiten keard is. Alsa
foarsjocht it wurk fan ELF yn in kultureel en yn in edukatyf ferlet.
Aktiviteiten "Elektroanyske Letteren Fryslân" (ELF)
De Stifting beheart op dit stuit 8 Fryske oersettingen fan klassike wurken útjûn by
ferskate útjouwerijen. Alle wurken binne foarsjoen fan in nijsgjirrige ynlieding dy't it
klassike wurk yn kwestje yn de kontekst fan tiid en minske plak jout. Yn in artikel yn
de LC (LC 21-06-2002) is mear te finen oer it wurk fan de stichting en oer it lêste,
tige suksesfolle, projekt fan de stichting,it tagonklik meitsjen fan Thomas More syn
"Utopia", mei subsydzje fan de Provinsje Fryslân.
Foar fragen en foarstellen, mail: ehoekstra@fa.knaw.nl