Eric Hoekstra

Fitale weemoed en eksistinsjele suverens

Resinsje fan Pier Boorsma "Net allinne genôch". Koperative Utjouwerij.

1.

"Wat ha dy Fryke skriuwers dochs mei Rilke?" Suchte Marijke Spies doe't ik mei har yn de Gysbert-kommisje siet, en wy foar de safolste kear in ferwizing nei Rilke fûn hiene. Pier Boorsma no ek al! Syn bondel "Net allinne genôch" iepenet mei in oanhelling fan Rilke dêr't de bondel syn titel fan krigen hat:

Ich bin auf der Welt zu allein

Und doch nicht allein genug

Um jede Stunde zu weihn

O in nuodlik sitaat foar in dichter as Boorsma dy't ommers selskipswiet is en it as klúzner noch gjin twa dagen úthâlde soe. Mar dat docht neat ôf of ta oan de gedichten. En dy falle net ôf. De bêste gedichten drukke middels in suver bernlike ienfâld in weemoedich langst en in eksistinsjele suverens út.

2. Eksistinsjele suverens

Der sitte in pear gedichten yn de bondel dy't echt foar in blomlêzing binne en dus tiids tosk oerlibje sille. Ien derfan is it ferrifeljend ienfâldige "In memoriam matris" mei dêryn de wûndermoaie rigels:

sa is it goed seisto

sa is it ivige libben no

en mei dyn leave lytse hân

seinigesto myn ûnferstân

It fertrouwende leauwe fan de mem en it ymplisearre skeptysk unleauwe fan de soan komme hjir yn tsjinstelling ("jukstaposysje") te stean. En dêr't de mem mei lytse hân it ûnferstân seiniget, seiniget de soan de mem werom middels it begrutsjen dat út it gedicht sels sprekt, begrutsjen sawol om de dea fan de mem as ek om har naivens. In begrutsje dat akseptearret.

Ik soe Boorsma karakterisearje wolle as it type dichter dat de suverens as foarste tema en obsesje hat, lykas ek Bloem, miskien Leopold, Keats, en nei alle gedachten, ek al is dat in romanskriuwer, Proust. Neffens Yeats, yn syn dichterstypology "A vision", siket dat type dichter middels sels-hate, ferachting en bytiden leafde in kristallen suverens fan emoasjes, fan sels-belibjen. It tema komt eksplisyt oan de oarder yn "Kristallografy".

suverens

is mei minsken net te dielen

even yn in flits

de leafde tusken twa sielen

mar dan al net mear

de triedden fan de kosmos

komme yn myn tinzen gear

en ienlik yn it hielal

bin ik it suverste kristal

Inselde soarte fan koele, net komplekse, klip en kleare hâlding sprekt ek út it "selsportret":

alles bestjurre yn in frjemd fertriet

sjoch ek hoe't my de mûle stiet

krekt boppe de tsjeak

as in frjemde winkelheak

Sokke Komrij-jaanske helderens is hearlik nei alle taaljarre dy't de "vijftigers" ús oandien ha. Misskien it moaiste gedicht út de bondel is "jierren lyn". Ik sitearje út de twadde helte fan it gedicht:

in keal sûcht oan myn hân

en fierderop yn it lân

balte de kij

hjir binn' de grûnfoarmen

fan myn siele lein

al wêr't ik gyng lang om let

de grûntoanen wiene foar altyd set

Deselde "amor fati", de erkenning en akseptaasje fan de basale ûnferoarlikens fan it eigen aard (tsjin alle geien en jûchheien fan revolúsjeprekers yn), lêsde ik ek yn de roman fan Bouke van der Hem "It poadiumbist". Der waard it tema útdrukt mei de metafoar fan dat der in stimpeltsje set wie.

3. Weemoedich Langst: "Is that all there is".

Elkenien dy't ta it minsktype heart foar wa't hysels wichtiger is as de wrâld om him hinne rinne de kâlde grillen oer de rêch by it beharkjen fan it ûnstjerlike liet, songen troch Peggy Lee, "is that all there is", it iennichste liet dat my (anti-weemoedichheid yn eigenste persoan par excellence) weemoedich meitsje kin. En wat is no it "frjemde fertriet" fan dizze dichter? Ut "reizgje nei de east":

hiel de skiednis

ha 'k yn my opnommen

en it bûthús fan Postma

is my like nei

as de slachtfjilden fan europa

myn geast is nea iensum

...

ik bin burgen

ik bin oeral burgen yn dizze wrâld

Oeral burgen. Mar dan ek oeral feilich, oeral safe, oeral saai. Dit is it tema fan de langst nei it oare:

ik reizgje yn 'e nacht

fierder en fierder

mar in grut langstme bliuwt

net te wêzen wêr't men wêze moat

net alles te omfiemjen yn 'e geast

sa bliuw ik reizgjen nei de east

4. Earder wurk

Weemoed sûnder langst wurdt mear direct útdrukt yn de geroft-metafoar yn it gedicht "comité ergo non sum". De regels binne net sa sterk, suver klisjeemjittich:

ik bin in geroft

as ik kom

bin ik der net

as ik gean

ha ik der net west

Opfallend is lykwols dat de geroft-metafoar ek foarkomt yn de twa oare bondels dy't Boorsma publisearre hat: "De neidagen fan in keamerhear" (1971) en "Under frjemde wetten" (1978). Yn de "soan fan Vietnam" (Under frjemde wetten) lêze wy: "yn ús lieten / yn dizze geroften / dy't as suverjende winen / fan hûs nei hûs geane". En yn "nei hûs" (Keamerhear): "mar thús / geane freonen / as geroften om / ik rin troch huzen / as ferhalen". It giet konsekwint om swakkere gedichten.

"De neidagen fan in keamerhear" bestiet út tsien gedichten mei fraaie foto's derby. Ik mei dat wol lije. Dy formule paste Daniël Daan (Willem Abma) ek ta yn syn bondel, ek yn de santiger jierren. De titel "De neidagen fan in keamerhear" klinkt oars wat rjochts, mei de aristokratyske konnotaasje dy‘t út de term keamerhear sprekt; en dat wylst de dichter yn dy bondel ek kritysk oer Vietnam en oer it kapitalisme dichtet. Boorsma liket my sa’nent ta dy’t yntellektueel rjochts, sosjaal-ekonomysk links is: sokke aristokraten falle altiten tusken de wâl en it skip as plebeërs links en rjochts de tsjinst útmeitsje.

In part fan de gedichten út "De neidagen fan in keamerhear" is ek opnommen yn "Under frjemde wetten" (Pier Plagiaat?). Yn dy bondel steane 25 gedichten yn totaal. Boorsma is dus in seldsum ûnproduktyf dichter; gjin niget dat er kritysk foar it kapitalisme, mei syn produksjeneurose, oer stiet! Mar de tiid oardielet in dichter net op kwantiteit mar op kwaliteit: ien weareldgedicht is by einsluten genôch foar in dichterslibben om, yn de bloemlezingen, te oerlibjen.

Yn "Under frjemde wetten" stiet in gedicht der't Boorsma koartkriemich it tema fan de suverens yn werjout:

ik draach in bern yn my

in lyts en suver bern

it wikt oer dwaan en litten

en earne is it witten

as ik ea oan dit libben wen

dan is dit bern yn my ferlern