Justus syn oardiel: ***

De koele kamera fan Poortstra: klinyske yntegriteit yn telegramstijl.

Resinsje fan Margryt Poortstra, "Kâldfjoer", Utjouwerij Frysk en Frij, 172 siden.

It plot. Mem giet stadichoan dea en de bern komme dêrtroch tichter byinoar. Dat wol sizze, der komme wat famyljegeheimen boppe wetter. Nijsgjirrichheid wurdt befredige. Dat alles wurdt sjoen troch it perspektyf fan 'e haadpersoan, dy't ien fan dy bern is.

De skriuwer Poortstra set de haadpersoan del as seach se (Poortstra) hieltyd troch in kamera. Dy sels-registraasje, dat selsbewustwêzen makket dat de roman in klinyske yndruk makket. Sels as de haadpersoan lilk is, of as it moed har fol sjit, heart men as lêzer de kamera rinnen.

It ramt fan de roman is lykwols moai konstruearre. De haadpersoan makket miniatuerhuzen, fan besteande huzen. Har partner riedt har oan in miniatuer fan it âlderlik hûs te meitsjen. Dat bringt har wer allegear oantinkens en fragen yn it sin. Om dy fragen te beanderjen nimt se dan kontakt op my broer Jan en suster Afke, en sa komme dy tichter byinoar. En se moetsje inoar by de sike mem yn it ferpleechhûs fansels. Wylst it miniatuerhûs fierder stal kriget, komme de famyljegeheimen los, kriget it ynderlike hûs fan de oantinken en it klear kommen mei it ferline ek stal. Mar dat is in rasjoniele appresjaasje.

De haadpersoan hat in oare frou as partner. Wylst it deistich libben mei dy oare frou (Nynke) beskreaun wurdt, assosjearret de haadpersoan regelmjittich fan it no nei it ferline. De roman is typysk in gefal fan in "monologue interieur", in ynderlike monolooch. De roman is dan ek yn de ik-foarm skreaun.

As ik myn sin sis, is de haadpersoan sa sletten as in bus. Men kin wol mei de kamera beskriuwe hoe't men pisset of jins partner, mar dat is gjin yntym feit. Yntime feiten binne feiten of barrens of ûntjouwings dy't it karakter fan 'e haadpersoan bleat jouwe. De haadpersoan, de skriuwer, ferberget har achter de ik-foarm, achter de kamera. Emoasje wurdt rapportearre, mar wat moat de lêzer mei in rapport? Dy wol ... meifielle ... Dat moat de skriuwer troch tûk te skriuwen ôftwinge, mooglik meitsje.

Der binne minsken dy't einleas oer harsels prate kinne en dochs neat oer harsels fertelle. Dy yndruk fan ûnpersoanlikens hie Justus by dit boek fol selsobservaasje, in soarte fan ûnpersoanlikens dy't Justus ek faak by psychologystudinten obstrewearre doe't er sels noch studint wie.

De famyljegeheimen dy't boppe wetter komme, benammen dy fan 'e haadpersoan, binne út en troch spannend mar it boek kin der net op driuwe. Yn it middenstik eamelet it mar troch. De fakânsje fan de haadpersoan en partner is suvere blêdfulling en hâlde de ferhaallijn op. Oan 'e ein wurdt it pas wer spannend.

De yndruk fan ûnpersoanlikens en ûnspontanens (ferjou my it wurd) wurdt fersterke troch de ôfwêzichheid fan humor. Ik ha net ien kear lake. It stiet my net by dat de haadpersoan lake hat. De titel "kâldfjoer" liket hast in blyk fan selskennis te wêzen.

Dochs is it ek net in min boek. It ferfalt net ta sentimintelens, it ferfalt net ta swart wyt tinken, it ferfalt net ta klisjees. Dat is opfallend: as Justus de deugden fan it boek opneamme wol, dan binne it allegear 'negative' deugden. Sa fan, dy flater net, dy flater net, mar in boek sûnder flaters is noch gjin goed boek. Der binne boeken dy sitte fol mei flaters mar dochs binne se ek meinimmend en briljant. Dit boek is beskaafd, ynteger, mar ek sa griis, sa objektyf, sa saai.

Op in bepaalde manier is it ek wol knap dat de skriuwer allinnich mar registrearret, mar gjin miening jout. Dochs hat Justus leaver mei it yrrasjonele yn 'e minsk te krijen. Wêr kin er oars op rache en skelle? Dit boek is ynteger, te ynteger, dêr is neat mis mei. Mar wat is der goed oan? Memorabele sitaten misse folslein. Soe it oan Justus lizze? In willekeurige greep dan mar.

"It is drok yn Frankryk. By de grins gong it moai flot, mar wat fierder wy komme, wat stadiger it giet. It is gleonhyt. As wy om Parys hinne binne, til ik de Michelingids omheech en skuor in side los dy't my oan 'e billen fêstplakken bliuwt. Nynke moat derom laitsje.
'No wurdt it tiid om te stopjen', mient se.

Trije stjerren dan mar fan Justus, want oars wurdt er ek noch fan polityk ynkorrekt of sels frou-ûnfreonlik hâlden en dragen betichte.