Humor en macht yn 'e (manlike) himel.

Resinsje fan Steven Sterk syn "Regaad yn 'e himel." Bornmeer, Ljouwert.
In ferdivedearjende roman. In humoristyske roman. En neffens de tekst op it omkaft "in roman grôtfol sterke stikken, moaie froulju en stjonkende duvelkes ... In satire op macht en leauwe." It is allegear wier, útsein dat fan de moaie froulju en de stjonkende duvelkes, want dy komme dochs amper foar yn de roman.
Sterke stikken fertelle ... dat heart eins net rjocht mear by de kultuer fan de man út de hegere miljeus. Yn in boek oer moppen fan Giselinde Kuipers ("Goede moppen, slechte smaak") lies ik dat it fertellen fan moppen by útstek dien wurdt troch mannen út de legere miljeus. Tsjintwurdich. En sa is it ek in bytsje mei sterke stikken. Dat heart mear by de mantsjes op de leagenbank. By de "Rimen en Teltsjes", Tsjibbe Gearts van der Meulen, Waling Dykstra en oare manlju út de njoggentjinde ieu. By dy tradysje slút Steven Sterk him mei dit boek oan.
De ferhaalline fan it boek wurdt yndie gauris ûnderbrutsen troch sterke stikken dy't de haadpersoanen inoar fertelle. Dochs is dy foarm de âldste en oarspronklike foarm fan de roman. Yn antike romans wurdt de ferhaalline ek regelmjittich ûnderbrutsen troch sterke ferhalen dy't mar in hiel yndirekte relaasje mei de rêst fan it ferhaal ha; lês mar ris "De gouden ezel" fan Apuleius, of noch dúdliker "The Canterbury Tales" fan Chaucer, "Tûzen en ien nacht" of de Dekamerone. En ek allegear troch manlju skreaun.
En de sterke stikken fan Steven Sterk binne ek like ûnderhâldend as de haadline fan it de roman sels. De haadpersoan is de griffermearde, lytsboargerlike anty-held Andrys van der Keur. Nei syn dea bedarret er yn de himel, mar dy liket in protte op de ierde. God is ôfwêzich en nimmen wit wêr't er keard is. De kristlike himel is opdield yn gerakken, skiften. Dêr húsmanje de ferskate kristlike streamingen. Fia in achterdoarke kin men út en troch ek de Islamityske himel in besite bringe. Dat is in tige eroatyske himel, en dêrom is it net al te drok mear yn de kristlike himel. Andrys van der Keur is frijwat betommele as er yn de rekken kriget dat de himelbestjoerders, Petrus en Bismarck, it derfan nimme en sûpe, frette en neuke as heidenen. Dat lêste dogge se at se op besite binne yn de Islamityske himel ... It is Andrys min nei it sin. It slagget him en gryp de macht yn de kristlike himel. Dy begjint ûnder syn bewâld hieltyd mear op krusing tusken Staphorst en Nazi-Dútsklân te lykjen. Hoe't it ôfrint? Lês it boek mar!
It boek wurdt op de achterflap omskreaun as "in satire op macht en leauwe", mar it is earder in satire op it leauwe as op macht. De apostels dy't de macht ha yn de himel lykje mear op âlde reaksjonêre libbensgenieters as op de apostels út de Bibel. Opfallend is hoefolle as der smookt en sûpt wurdt yn it boek. Besjoersgearkomsten fan himelbestjoerders beginne steefêst mei ferskate slokjes. Enfin, it is kleardernôch in satire op it leauwe. Mar is it perfoarst gjin satire op de macht. Om in satire op de ûnwjerlisbere realiteit fan de Macht te skriuwen moat men sels ommers ek idealist wêze, en dat is de auteur yn dit boek dúdlikernôch net.
De fisy op macht yn dit humoristyske boek is dan ek neo-konservatyf. De tige ymplisite boadskip (want elk boek hat in boadskip) is: om macht wurdt fochten, de revolúsjenêren binne altyd slimmer as de machten dy't se bestride, it âlde bewâld is altyd better as it nije, en, as tsjinwicht suver, is der dochs ek it besef dat frijheid in grut goed is, al fergiet it de martlers foar de frijheid almeast net sa goed. Ja, oan dit skynber fleurich-humoristyske boekje leit in sinyske filosofy te'n grûnslach. Dat is dus moai meinommen.
Net inkeld wat it fertellen fan sterke stikken oanbelanget slút "Regaad yn de himel" oan by de humoristyske tradysje yn de Fryske literatuer. It is ek skreaun yn opfallend geef Frysk, en dan bedoel ik net it plastic geef boekjefrysk dat in skriuwer as Abma wolris pleaget, mar it Frysk dat tagelyk geef en orisjineel is, dat wy fine by âldere skriuwers, fansels, mar ek by Riemersma, by de Tom Poes oersettingen fan Jarich Hoekstra en Harke Bremer, en, by de jongere garde, yn it wurk fan in Henk Wolf. En tafallich binne dat ek wer allegear skriuwers dy't wy ta de humoristen rekkenje meie. "Hâld faasje" fan Jarich Hoekstra en Harke Bremer wie oars ek in humoristyske roman dy't bestie út in ramtfertelling mei dêryn allegear fabels, sterke stikken. En it Magnum Opus fan Riemersma, de Reade Boarre, is eins ek in samling ferhalen en sterke stikken (de skoatteltsje-kul sêne mei Douwe Kalma, de sekssêne mei de boerinne), diskear ferpakt yn in literatuer-teoretysk jaske om serieus nommen te wurden. Want humor is blykber is rjochtfeardiging fanneden. Want humoristyske literatuer is meastal gjin literatuer neffens de literatuerders. Krekt sa't sinyske filosofy neffens de measte filosofen gjin filosofy is. De fijannigens tusken literatuer en it humoristyske sjenre blykt ek út de twarigelige tekst op de achterflap dêr't in Steven Sterk himsels yn beskriuwt: "Steven Sterk is keapman yn boeken, hâldt him fier fan de literatuer en is út en troch warber as útjouwer." Yn de mainstream literatuer siet fanâlds net folle humor, ik bedoel mar, wat falt der yn Hermans, Wolkers en Mulish no te laitsjen? Net folle! In bak mei geseik wurdt al gau serieus nommen. Allinnich Reve joech de humor in plak yn syn boeken, mar dy is dan ek krekt wer de meast kontroversiele fan de âlde ginneraasje fan grutte Nederlânske skriuwers. By de jongere ginneraasje komt de humor der wol hieltyd mear yn, grif in gefolch fan de ûnttsjerkliking (yn de bibel wurdt ek net folle lake).
De frou is opfallend ôfwêzich yn "Regaad yn 'e himel". Yn de kristlike himel rinne foaral sûpende en smookjende manlju om. As der al froulju foarkomme dan binne it seksobjekten, lykas de froulju út de Islamityske himel, of froulju dy't seks as middel ta macht brûke, lykas it eks-hoerke dat de holle fan haadpersoan Andrys van de Keur yn ûnstjoer bringt. En as de frou (fierhinne) ôfwêzich is, dan de bern hielendal.
It Frysk fan de roman, en ek de Fryske sprektaal fan de haadpersoanen, it is allegear like geef. Dan wurdt it fansels in ekstra tak fan sport en besykje der doch noch in flaterke yn te finen. En dat is my slagge. It tiidwurd "bliuwe" lit him yn it Frysk allinnich mei keale ynfinitiven as "sitten, stean, lizzen, hingjen" kombinearje: "ik bliuw stean", mar net "ik bliuw praten" (dan wurdt it "ik bliuw te praten" of "ik praat troch"). Op side 137 lykwols "ik wol lekker twifeljen bliuwe", op side 64 "' ... en ik foarsjoch skielk grutte problemen as de paus de kondooms ferbieden bliuwt', ferkundige Jehannes". Kom, lit in resinsint ek ris bernich wêze. Ofsjoen fan dy lytse puntsjes is it Frysk wûndermoai. Hast elke Fryske skriuwer kin derfan leare.
Wy beslute mei de wurden fan Petrus (it evangely fan Sterk 286:3-6):
'Jo leauden sels yn jo eigen yllúzje ...mar jo moatte feiten en dreamen skiede. Earst as men de werklikheid wit, kin men dreamen stal jaan.'
'... en de yllúzjes behearskje', folle Bismarck oan.