Eric oan it klisjeejeien by Goasse en Teake.

Oer "Do bliuwst wol. Do wol" gearstald troch Goasse Brouwer en "Snie & Iis" gearstald troch Teake Oppewal.
"Do makkest my brekber" (Klaske Hiemstra / Do bliuwst wol)

1. Ferliking sekundêre aspekten fan de twa bondels

Oan it begjin fan it tredde milennium bringe twa fúl konkurrearjende útjouwerijen tagelyk in bondel mei gedichten fan ferskate auteurs út. Frysk & Frij fart ûnder de oplein-moderne titel "Do bliuwst wol. Do wol", wylst De Friese Pers Boekerij it gesellich hâldt mei "Snie & Iis". Ja, dy werhelling fan in oertsjûging, "Do bliuwst wol; do wol", hat wat prinsipjeel-monomaans dat ik assosjearje mei in idealistyske geloofsoertsjûging en dat makket dat ik oanstriid krij en tink "no, dat wit ik noch sa krekt net". Wylst "Snie & Iis" gemaksuchtich appelearret oan de teoretyske winteridylle dy't de Friezen mei har bar klimaat fermoedsoenje moat: se wachtsje ommers seis moanne op in winter dy't nea komt (de oare seis moanne wachtsje se op in simmer dy't nea komt).
It toanferskil tusken beide bondels komt net inkel nei bûten yn de titel mar ek yn de ûndertitel en it fysike oansjen derfan. "Snie & Iis" hat as bytitel "Sneeuw & IJs" en as ûndertitel "Friese wintergedichten met een vertaling in het Nederlands". Dêrmei rjochtet de bondel him net allinne op Fryske lêzers mar ek op Hollânske; dêr wurdt de doelgroep aardich grutter fan. Ik soe graach witte wolle oft soks him ek yn de ferwachte ferkeapsifers wjerspegelet. Soe fan "Snie & Iis / Sneeuw & IJs" wier folle mear printe wurde as fan it fierhinne ientalige "Do bliuwst wol. Do wol"? Ik eamelje beide útjouwerijen mei in fersyk om ynformaasje, dat dan tagelyk in lytse yndikaasje is fan hoe't der mei ynformaasjefoarsjenning nei de doelgroep ta omsprongen wurdt. De gearstaller fan "Snie & Iis" lit witte it net te witten wylst de wurdfierder fan de Friese Pers Boekerij my trochdocht dat dy ynformaasje ûnder it kopke bedriuwsgeheim falt en dus, lykas dan yn 'e reden leit, net frijjûn wurde kin. De gearstaller fan "Do bliuwst wol" is tafallich ek de wurdfierder fan de útjouwerij en jout my daalks de ynformaasje dy't ik ha wol: de bondel hat in oplage fan 350 eksimplaren, en dat is ek de noarm dy't de provinsje stelt (as ûndergrins, net as boppegrins) om yn 'e beneaming foar in subsydzje te kommen. Enfin, de gearstaller fan "Do bliuwst wol" rjochtet him yn de ûndertitel wat idealistysker as "Snie & Iis" op de takomst fan Fryslân: "Fryslân nei 2000. Fersen."
En dan it oansjen fan beide boeken. It gesellige "Snie & Iis. Sneeuw & IJs" is mei Frysk-Hollânske sunigens staljûn. Lytse skytletterkes dy't foar jins heit en mem hast net te lêzen binne, wylst men har it boekje no krekt graach kado dwaan soe! En boppedat bekweadiget it him oan de PERVERSITEIT en set bytiden twa gedichten - fan ferskillende auteurs - byinoar op ien side. Sa mei op side 10 Baukje Wytsma optrede yn it foarprogramma fan Bartle Laverman wylst op side 14 Harmen Wind as neigesetsje optsjinne wurdt by Jan J. Bylsma. Yn totaal steane der 37 gedichten yn dizze bondel, mei 37 kreaze oersettingen yn de Herrentaal. In part fan de gedichten is troch de skriuwer sels oerset, in part troch in oar.
It oansjen fan beide bondels is kreas, al is it sunige "Snie en Iis" fansels lytser yn 'e bridte en yn 'e lingte as "Do bliuwst wol". It formaat fan 'e bondel jout in yndikaasje fan it formaat fan de útjouwerij, sille wy mar rekkenje. Snie & Iis hat in foto fan brutsen iis op 'e omslach: it is sa'n gaos-teoretysk patroan fan skotsen, dat de oprjochte reedrider in griis wêze sil want hoe kin men dêr no noflik op ride? De titel stiet yn in giel rjochthoekje ôfprinte. Dat makket dat de bondel my kwa oansjen wat tinken docht oan de poëzybondels dy't útjouwery Bert Bakker tsien jier ferlyn foar in apel en in aai op 'e merk brocht. It omslach is wol moai mar wat plichtmjittich: hie topûntwerper Gertjan Slagter syn kreatyf sie fersketten op de skitterend foarmjûne Nietzsche- útjefte "Dat sei Zarathustra" fan Bornmeer? "Do bliuwst wol" hat earder in "keunstsinnich" oansjen. Utjouwer Goasse Brouwer hat de bondel fan gearstaller Goasse Brouwer (en faaks ek begelaat troch Goasse Brouwer?) opsiere litten mei in plaatsje fan de yllústrator Goasse Brouwer. By einsluten wiis ik noch op in oar ferskil tusken beide bondels. "Snie & Iis" is gearstald út earder publisearre materiaal. "Do bliuwst wol" dêr foar oer befettet allegear nij materiaal. Wa is no de koördinator literatuerbefoardering, freget men jin ôf? Tenminste as it om it befoarderjen fan de skriuwerij giet. In nijsgjirrich omballinkje is dat "Snie & Iis" net eksklusyf út de wenstige subsydzjepotten betelle is, mar mei-finansierd troch Zandstra BV fan De Jouwer. Sa meie wy it sjen.
Gearstaller Teake Oppewal hat it der yn it neiwurd oer dat er de gedichten in "spannende associatieve opbouw" meijûn hat. Blikje, ik bin benijd hokker gedicht oft Oppewal op it gedicht fan Hoekstra (iksels) oanslute litten hat. Hoekstra syn gedicht einiget mei de regel "In oar minske sylt oer it iis". Wat soe Teake O. dêr by socht ha? Wolno, it gedicht dêrnei begjint mei de regels "Koaltsje Gleonkop wie net wiis, / hy woe te hurdriden op it iis" (fan Diet Huber). Alderraarst! In "oar minske sylt oer it iis" en in "spannende associatieve opbouw" yndie.
Ik sil hjirûnder op in kar út de gedichten yn beide bondels yngean, en dêrby spesjaal omtinken jaan oan it klisjeejeien. Dêrby komt de klam hast fansels op it negative te lizzen. Dêrmei meitsje ik de dichters brekber, en soks wol de wrede want wierheidsleavjende resinsint.

2. Klisjeejeie yn "Snie & Iis".

"De rommen fol griene bananen" (Sikke Doele / Snie & Iis)
En dan in kar fan oanhellingen út 'e gedichten, om wat lytse opmerkingen by te meitsjen. Ik sil twa soarten fan klisjeegedichten oanwize: de iendimensionale winterbeskriuwing en it stereotype idealisme. Ik sil fierder omtinken jaan oan 'e ein fan 'e gedichten, want dokters en dichters witte, neffens in ferneamd filosoof, dat it makliker is om der noch in strofe by as in ein oan te breidzjen. Gryt Witbraad blaast it wenstige tema fan de winterwille dat Breughel in heal milennium ferlyn al beskildere, nij libben yn. Lêste regel: "se hawwe tûken om 'e wekken lein / it hâldt". De ympresjes binne konkreet mar stereotyp, en de hearen analytisy ha as twadde beswier dat de beskriuwing nearne foar stiet, dat it in iendimensionaal gedicht is. Dat jildt foar folle mear gedichten: L.C. Murray Bakker "Sa kin mar ride, saaie en glide, / Gûnzje oer it iis, in drege Fries!", Kees Jongsma "Hjoed is Fryslân fan ús beiden / En nimt ús mei op izeren wjok". En sa mar fierder klune oer de klisjees dy't de kultuer op 'e grûn fan it tinken lein hat. Tusken twa heakjes, ik jou gjin sidenûmers. De gedichten en de auteurs binne yn de ynhâldsopjefte te finen; boppedat is de oardering fan 'e gedichten by "Do bliuwst wol" ek nochris alfabetysk.
Baukje Wytsma ( "Bomiis") gliedt út op 'e stront fan it klisjee-idealisme: "Troch haat ferbline wurde minsken ûnmeilydsum / út har huzen dreaun, de kjeld temjitte, / de bange nacht." Ja, braaf, sy is braaf. Sjoch, achte poezijstudinten: dat is no in klisjee. Jou my dan mar deselde Baukje Wytsma yn in gedicht ("Beferzen Wrâld") dêr't bewyskes fan dea en erotyk in spanning oproppe likegrut as de lûdste retoaryk:

Wy rieden oer it swarte iis
dat foar ús út mei triljend lûd
yn lange skuorren song.
Tusken it reid in stive fûgelflerk
dy't nei de himel wiisde.

Der sit mear klisjee-idealisme yn dizze bondel: allyksa in útglieder, mar dan op in himelske hûnedrol is J. Piebenga ("Snie"): "Wy wachtsje yn stil en earbiedich ûntfangen / De sljuchte en dimmene jefte fan God ... Hoe wifkjend en lyts no it minskene lot ... Wy flokken, fersille yn romte en tiden, / Us Stjoerder ûntflechte, fan 't doel net mear wis, ... Mei dreamen fan takomst en langst nei 't ferliden, / Wy geane werom ta de Iene dy't i s." Sjoch in typografysk grapke: i s. En dat yn in gedicht dêr't ek noch yn f l o k t wurdt troch "wy flokken". In kristlik gedicht kin wol goed wêze, mar dan moat it mear wêze as religieuze eksegeze oan de hân fan in met it ferstân útberiddenearre flokmetafoar (de flok as in beskriuwing fan la conditon humaine). Sorry. Next!
Ja, next yn de rige God-winter klisjees is Pyt van der Burg. Gjin inkelde orizjinele winterobservaasje, om it mar net te hawwen oer it deadlik droanjend rym.

Snie wie as in mylde seine
As in wijing fan it reine
Lein oer hjerstich keale fjilden
Dêr't de wurge minsken tilden
Oan har krusen en har lêsten,
Sûnder lins en sûnder rêsten;

Genade, genade! Ja, eartiids smieten de grutte jonges my tsjin 'e grûn, rolden mei har knibbels oer myn spieren dat ik har sizzen werhelje soe, "famkesgenade". En sa rolje de kristlike en postkristlike dreechdoggers mei har gedichten en resinsjes oer my hinne dat ik har sizzen werhelje, "Jezusgenade" of hokker oare moraalgenade ek. Achte poezystudinten, ek yn Van der Burg syn gedicht ôfsliten kisjeemetafoaren (bygelyks "Winter lei de wrâld oan bannen,") dy't boppedat ek noch útrinne op in âld nearzich boadskip fan de lytse minsken as mychhimels ûnder de grutte mychhimelgod. In kultuerpatroan kin in bêd wêze dêr't je kreativiteit moaie dreamen yn opdreamt (Dante, Shakespeare en oare kristliken dy't skiuwe koene) mar meastal is it in grêf.
Oer grêven sprutsen, fan de romans fan Theun de Vries wurdt men al like depressyf as fan 'e gedichten, en se geane deun by de râne fan de klisjees lâns. "De skries ropt wer syn wee / As pine yn oarmans ear. Myn lea - wat wie de sin? It spoar is hast al wei. En dochs - ". Theun sil wol tinke: En dochs hie ik wol graach in moraal hân mar dy ha ik net, dat him dan mar suggerearje. En út it oare gedicht OP DESELDE SIDE NOCHRIS SKANDE dizze deadogger "Tiid net te fermoarzeljen / Fermoarzelet ús."
Fan de ferneamde Ingelske kritikus F.R. Leavis waard sein dat er allinne mar lêbje koe, dat wol sizze, negative krityk jaan. Mar it goeie koed er net oanwize. Om mysels foar sa'n lot te behoezjen, helje ik noch in pear moaie regels oan.

Eeltsje Hettinga:

Ropt er dyn namme, betsjurret him de amme
yn rûne ballonnen fan
beferzen lucht

Albertina Soepboer:

At se har noch
ien kear by de wyn opset, sakket se
troch de flier hinne en brekt bonke.

Harmen Wind:

Ja, dit is eartiids: in wite jonge mei in
knoffelige mûle en kroandeade hannen,
fêstbûn op Fryske houtsjes, keppels
guozzen jeuzeljend oer him hinne.

R.P. Sybesma:

Yn it wite fjild de slide, heech en fyn
Rûgelt it oan út lytse koop'ren skillen.
(...)
Hoe haw ik langstme hân om ek mei klang
Mei plommen wiuwend bliid en dert'ne sier
My út te rissen en op slach te kommen.

3. Klisjeejeie yn "Do bliuwst wol."

"safolle libbene elegiën nei sa'n oerdosis frysk requiem" (Tsead Bruinja / Do bliuwst wol)
En dan no op klisjeejacht yn de oare bondel. It klisjee dêr't wy op jage is: "doe wie alles better en aansen wurdt alles minder." Alde minsken leauwe dat, want it is wier as it oer harsels gean soe; wat sei, it is ek al wier foar my, âld skarlún en divelsbanner. Ik sil dus ek it bertejier fan klisjeedichters yn 'e rekken hâlde.
Abma iepenet de bondel mei wat science fiction gedachten oer dea en ûnstjerlikheid. En dan ja hear: Wim Beckers mei de wenstige krityk op fretterijketens lykas MacDonald. Beckers stelt him yn in obskuer idealistyske fantasy foar dat MacDonalds ryk wurden is fan 'e Slachtedyk en in nije Mac Walk iepenet. "In goeie set, / nee stom is Donald net, / om de twa kilometer / in Mac Kroket of Big Mac". Goede saak, sis ik dan, dan kinne jy ûnderweis ek noch in hapke ite, jonge freon fan 1955 dy't yn dit gedicht alteast net oer de poëzylatte hinnespringe koe; it is der fier by del.
Allyksa de klisjeekrityk op de masinalisaasje fan it boerededriuw by Jelle Bangma "Fan it sifermjittich buorkjen ha ik my distansearre". Ja, mar wol in stofsûger, in waskmasine en in auto thús fansels! Goedkeap klisjee, achte poezystudinten, want evidint ûnwier. Sjedêrrr!!
Eize de Boer! Skande! Klisjeekoaning! "De ein, is er tichtby of noch hiel fier? / Sa lang al ûnderweis nei moarn en letter, / mar oan 'e kimen bliuwt it altyd skier." En it gedicht bliuwt ek skier. Ja, dat kinne jy fan in titel as "Libbensrin" ferwachtsje.
Neeltsje Bonnema (1949), koest it wer net litte? "Fryslân, lit dyn swidens / net ûntkomme. / wês wach, slaan op tiid / de tromme." En de rêst / kin my net bomme.
Atze Bosch (1927) hat ek in stikje krantesjoernalistyk op rym set want "as wy ús taal yn wurd en liet mar hearre litte / sil Fryslân Fryslân wêze." Jawisse, mar ditsoarte gemienplakken kinne wy mar better net hearre litte.
Jan J. Bylsma (1931) wit dat froeger alles better wie want doe kaam de dokter en no krigest "nei hiel wat skiljen en gesanger / de singeneurige ferfanger."
En sjochdêr, de twillingbroer fan de Klisjeekoaning: Freark Dam (1924). "En wannear / sit aanst wêrearne op hokker hikke / de alderlêste skries? / Ik wol 't net witte ... " Ik al, want dan hingje ik de flagge út: wer in klisjeefûgel minder om de Fryske poëzy te fersmoargjen! En dan de ein fan Dam syn gedicht: "... Mar wat ik witte wol oant it alderlêste / Fryslân fan alle lannen 't alderbêste." Halleluja. En dat fan de dichter fan it gedicht oer Joadebern, dat my ta triennen ta ûntroerde. Lokkigernôch is ús Lêste Oardiel basearre op it bêste gedicht, net op it minste. En it bettere kin sûnder it mindere net bestean.
Berber van der Geest (1938) makket har soargen oer it oanwaaksend tal autos en dat frisse loft aansens yn flessen ferkocht wurde sil en dat Ynternet de iennichste foarm fan kontakt is en dat mei it oanboazjende Ingelsk en en en. En dan wol se fan de ierdbol ôfstappe. Just do it, Berber. "En de dichters dy lige tefolle!"
Ytsje Hettinga (1946) warskôget ús "Moarn leit útstoarn 't gea te sliepen / ear't de nacht it tsjuster bringt / nimmen die yntiids de eagen iepen." Wy sille de wekker sette, Ytsje.
Ernst Huisman (1922) foarseit dat binnen hûndert jier de Waddensee ynpoldere wurde sil, in plan dêr't ik no alris fan grútsjen heard ha. De Waddenpolder, lit ús it hoopje, want in protte arbeiders yn Fryslân hawwe gjin folkstúntsje.
Wieke Kroijenga (1956) fernijt ús dat "hjoeddedei / rekket it bern fan bethlehem my / krisis wurdt kâns / myn ynderlik bern / wurdt opnij berne / de himel kin ierdzje / de wrâld wurdt fernijd" en sa fuorthinne. De potinsjele Godslestering "ik groei ta de folle mjitte fan kristus" makket it gedicht noch aardich, al freegje ik my fuortdaalks ôf hokker part fan liif of ûnderliif oft hjir "ta de folle mjitte fan kristus" groeit.
Aly van der Mark (1939) sjocht yn de nije ieu "gjin doarpen / gjin tuorkes / gjin Fryslân". Want "wêr binne se / de kij / de hynders / de skiep". Dat is de fraach. Wêr binne se dan? Och, wat neukt it, as Omrop Fryslân der mar is. As de radio der mar is. En foar radio ha je elektrisiteitsmêsten en útstjoermêsten nedich. En radiofabriken. En frachtweinen om dy radios te ferfieren, o keine klisjeekeniginne.
Och en Tjitske Mud-Norbruis (1948) wol har foardwaan as ek al sa'n braaf froutsje dat har oant en mei de titel (Fryslân nei 2000) oan it opjûne tema hâldt. "Fan bûgjen frjemd en yn jamk betrouwen" wylst "de stiennen man gûlt, syn eagen read / fan it seewetter bewosken". Skriuw oer dysels. Do bist dochs mear as in samling klisjees?
No, Tiny, do ek? Et tu Bruta? Tiny Mulder? En do ek Jantsje Oost. Moat ik no leauwe dat froulju oars net as yn kranteklisjees dichtsje kinne? Goedkeap skelle op "jildsuchtige projektûntwikkelders"? AAArgh Marije Roorda "dêr't de klauwen fan kommersje / op dyn klokkestuollen houwe." Hypokrite prekers fan goedkeape krantemoraal!
Froulju, it is dochs folle moaier "te dûnsjen oer machtige grêven" (Willem Schoorstra). No moat ik as kompinsaasje wol in pear goeie regels fan frouljudichters oanhelje, oars krij ik de namme fan in frouljushater te wêzen. En dêrom in pear regels fan Anneke Gerbrandy-Posthumus:

Ik befrege de Master fan de tiid
woe fan oersprong en takomst witte.

Ja, it is retoryk mar it is moaie retoryk, en ek:

de siker dy't myn pake ek al wie
de least wêrop myn bern har bern útsnie.

Pim Rodenboog:
Eltse jier opnij nimsto de foto's
en ik sjoch it ferskil yn jierren
as ringen yn in beam;

Ik werken dyn ferslaving
oan it fernijen fan dyn kamera.


Margryt Poortstra:
Ik skaai wat mei de rêch
tsjin greiden en draai
my yn 'e sliep ûnder de romte
fan 'e loften om.

Ja, dat binne moaie regels. Dat jout moed om de lêste klisjees fan dizze bondel foar it ljocht te skuorren.
Marten Sikkema: "Dat lân hjit Fryslân, wiid en bliid en gol, / in gea fan rynsk ferfolle dream en winsken / mei romte, frede, frijheid foar syn minsken: / in stee fan lok foar dy't it fine wol." Braaf, hij is braaf. Age Tanja ferrast ús mei "Fryslân sil Fryslân bliuwe". Hea, hea, hark, hark. Johan Veenstra, oars mei safolle humor op 'e radio, kin ek allinne mear krantekleie: "Mien laand is verkaveld, / moedwillig verrinneweerd." Net seure Veenstra, dat is no demokrasy/kapitalisme. Boppedat makkest my net wiis dat der sels yn 'e Stellingwerven gjin nije skjintme skepen is. Ek dêr wurde hearlike wyfkes yn 'e widze lein. Mar dêr moat men in jeugdich each foar ha, gjin kwea- each.
Sipke Veenstra is al like orizjineel: "hark! ... de kimen fan / de nije ieu / winke en roppe: Aldfaarserf / wy weitsj' oer dy!". En Sytske "wynmoles" Wallinga hâldt it agadferjamme ek mar by wat myljeu-aktivisme (ynpolderje dy waddensee!).
As klisjeejager komme jy jimmeroan mei rike bút nei hûs werom!

4. De moraal fan it ferhaal

"Har stjerren bringt ús karbonaden" (Bartle Laverman / Snie & Iis)
En sa ha ik de slimste klisjees foar it ljocht skuorre en belachlik makke, dêrmei wreed de fiellingen fan fersemakkers en ferseprakkers har eigenwearde misledigjend. Mar achte poezy-studinten, lear dizze les. Om jimsels te ferbetterjen moatte jim wreed tsjin jimsels wêze kinne. Wat soe it dat in gedicht mislearre? Jim stjerren sil jim karbonaden bringe. By de earstfolgjende sprong is alles wer mooglik. Myn advys oan de achte keapers. Ik soe beide bondels keapje omwille fan it rynsk ferskaat dat se biede, de iene bondel soe ik foar mysels keapje en de oar foar heit & mem. Dat der safolle klisjees yn steane, dat is de poezy no ienris hiem. De moraal fan myn ferhaal: by in min gedicht kinne je je likegoed fermeitsje en skrieme of laitsje as by in goed gedicht, al is it ek om oare redenen.
(EH)