Bouke van der Hem "Sloppe Opels". Ferhaleroman. Utjouwerij Frysk en Frij. Ljouwert.

Bouke van der Hem: Dûnsjend sinisme.

Justus syn oardiel: *****

Bouke van der Hem syn "Ferhaleroman" is in ferhaleroman, in triller, in tiidsdokumint, in egodokumint, in bekentenisroman, in parodiearjende roman, in humoristyske roman, in relaasjefehaal, in politike ferantwurding, it ferhaal fan in tragyske leafde, in fluggertsje, in komeedzje, in trageedzje, in ynkringende statement oer eutanasy, in lichtsinnige roman, in swiersettige roman, in trip op speed, in gedegen en trochlibbe analyse fan 'e tiidgeast, in boartlik stikje selskrityk, in taalkeunstich masterwurkje, in stikje Nijfrysk mei peper yn 'e reet, a fuck without a rubber mar klaaid yn lear, Slauerhoff revisited, in doktersferhaal, it faillisemint fan linkse idealen, de ferantwurding en dêrtroch kroan op dy selde idealen, in psychologyske roman, in sosjologyske roman, in roman oer macht en geweld, in roman oer de tearens fan de minske en de tinnens fan wat it pantser fan syn hûd wêze moatten hie mar dêr't wredens of nee gewoan gedachteloaze boartlikens sûnder te witten IN STIMPEL SET ... . Such is life yn Fryslân.

It ferhaal draait om meardere persoanen, mar de spil foarmje Sipke Blom en Reinder Beetstra. Troch dy persoanen hinne wurdt in byld fan minske en tiidgeast oproppen dat eins troch ende wer troch synysk is. Mar it wurdt mei safolle faasje, humor en masterskip dien dat it de lêzer, dizze lêzer, fan begjin oant ein meinimt. De minske, by einsluten in sloppe opel.

"No ek wer net oerdriuwe: der waard in bulte jild opmolken. En dan dochs sa'n sloppe opel." (57-58) Want dy rike boer hie mei dat jild wol in pasliker styl fiere kinnen.

"Op it bûnsburo rop ik altyd: 'opels bliuwe slop, koereurs bliuwe klasbakken". (52)

Wat is in klasbak? Op Ynternet fûn ik it antwurd. It is it tsjinoerstelde fan in kruk, it is in natuertalint. Mar Sipke sil, ek al is er koereur, doch yn it wiere libben gjin klasbak wêze.

It earste sitaat, út 'e mûle fan in arbeider fan 'e Beetstra's, set de opel del as symboal fan it net realisearjen fan jin smooglikheden troch lyts te tinken, sûnder styl, sûnder gefoel: jild ha en dan yn in sloppe opel ride. En sa is jins libben ek. Under jins mooglikheden. It twadde sitaat, út 'e mûle fan 'e fulgêr-flamboiante bûnssekretaris Bobo Jansonius, makket fan dat tekoart oan fitalisme in beskriuwing fan la condition humaine, wat dat net foar te kommen is, in brok fatalisme.

By de stúdzje Ingelsk waard de studinten yndruid dat synysme plat, saai en ferkeard wêze soe. Neat is minder wier as it synysme trochlibbe is en mei safolle faasje, humor en dûbele boaiems presentearre wurdt as troch Bouke van der Hem. Eins is dat synysme it logyske einpunt fan in etyk dy't wierheid as earste noarm hat. Wa't de wierheid sjen wol, kriget in Medusa te sjen: jins idealen fertoarje en teskronfelje derfan, oant se slop en leech op 'e grûn lizze. Mar no "hineinynterpretier" ik wol te eksplisyt boadskip yn Bouke van der Hem.

Wat in fleurige, lichtsinnige styl! Atoomstyl, Kuitenbrouwers-talk, Frysk mongen mei it hipste Hollânsk en it glêdste Ingelsk. Hypertekst mark-up language. Ynter netwurkjend, so to speak. En sa mear.

"Drinten witte faninoar dat se net hielendal te betrouwen binne.
'En seker de pee-fan-de-aa-ers", sei sy planút, se skrok der sels wat fan." (94)

O, de begearde jongfeint, letter Dokter (Unfrijwillige) Eutanasy anneks pilledealer, is in wreden hûn, in dieder sûnder begryp foar slachtoffers:

"Ien keas letter foar de jagers: Sipke, dy draaide oansketten einen de hals om, skopte mei syn klomp in hazze kroandea, draafde der mei de mannen temjitte en liet hymjend de jonges in stoer sjen - ' Foar sa'n lêste triuwke, wat wolle je noch mear!'" (95)

Even hie it der fan wei dat er it al by har ferbruide doe't er mei sin oer in fûgel hinneried dy't net mear fuortkrûpe koe - in gjalp, hantsje foar de mûle, hantsje op syn earm - wylst hy ûnder jûchhei in haal oan it stjoer die om de natuer te helpen.
Wat in yndirekste bestjoering, tinkt er, is dit soms in Jeep Cherokee> Hy remmet en stapt út. Sy seit: "Haal wel even de vogelveren van de band, wil je, Sip?" Hy: "Ik wol witte hokker merk ik ryd; nee, hm, dizze komt út it Nissan-fabryk." (45)

Sip is folslein ûngefoelich foar de gefoelens fan oaren. dêrom rint syn frou by him wei. Dêrom docht de bekentenis fan de ferealens fan Reinder (dy't er as jonge in pear kear pakt hat) him neat. No ja neat, hy slacht him al op 'e noas fanwege sok ôfwaaid praat, mar dêr bliuwt it by. It makket neat yn him los, it glydt by him del, as by in "femme fatale". Mar wa falt foar de femme of homme fatale?

Reinder wurdt sels desyllusjonearre wethâlder. Miskien koe Reinder wol by himsels te riede gean wêrom as er foel foar krekt in brút sûnder fiellingen, mar dat paad wurdt net útwurke. It steurt ek net om't Sip sûnder wraaksuchtich moralisme beskreaun wurdt, en wylst Reinder himsels, masogistysk, dochs wat te kyk set mei syn desyllúzjes. Altyd mei faasje, de faasje dy't bewaaret foar plechtstatige moraal, foar skuldfragen, foar de hiele bliksemse ellinde dy't je it sicht op de feiten benimt.

Dy jeugdaffêre hat by Reinder in "stimpeltsje set". It bliuwt in sloppe opel. In minske syn seksualiteit kin troch in lyts (yn tiid) barren út 'e bernetiid folslein bepaald wurde. Trauma?

Ah, Sip komt sels prachtich oan syn ein. Hy wurdt eutanisearre troch rivalisearjende Grinslânsk dialekt pratende drugsdealers. Och, dat wurdt wer sa prachtich beskreaun. Zappend synysme? Dûnsjend synysme!