Eric Hoekstra

Klef!
Mar dochs boeiend ...
Resinsje fan Willem Tjerkstra "Snijpunten", KFFB 420, 200 siden


Hat de dwylsinnige resensint Justus op it Ynternettydskrift Farsk in jubeljende resinsje fan it earste diel fan Tjerkstra syn "Ridder fan Snits" skreaun, sjit de evenredige Hoekstra yn Hjir dizze nij lansearre stjer daalks wer út syn grutske baan. Want as der ien eigenskipswurd (epithet, foar de klassike lêzerkes ûnder ús) fan tapassing is op dizze roman, dan it dat wol it wurdsje "Klef!". Oan de pluskant wol ik lykwols ek daalks kwyt dat ik dizze roman flot útlies, hiel oars as bygelyks in Poortstra of in Ploeg, dêr't ik my mei izeren wilskrêft trochhinne wrakselje moat.

Earst in wurdmannich oer de konstruksje fan dizze roman. It draait om twa mannen dy't tafallich in nacht yn deselde sikehûskeamer tahâlde. De ien is Hidde Keimpema, in wat stinnerige learaar dy't derút rekke is nei't syn enthousjasme as lesjouwer troch de tiid efterhelle wie. Och in hiele generaasje leararen en ûnderwizers is der mei skeel en bitterens útrekke. De oar is Ralf Lanting, in hurde fleurige sakeman. Dy mannen fertelle inoar yn ien nacht inoars libbensferhaal. Hidde K. fertelt fan it begjin nei de ein, Ralf L. fertelt fan de ein nei it begjin, om bar in haadstik. En as elk wer in bar hân hat, dan in koart ferbinend stikje yn it no fan 'e sikehûsnacht dêr't dy dûbele bycht of autobio opdold wurdt út 'e krochten fan it ûnthâld. Mei oan de ein ek noch in ûnknoping, mei't it lêste ferhaal fan Ralf in âld en ferkrongen trauma fan Hidde bleatleit en oplost.

Nochal in konstruksje dus. Is dat ûnnatuerlik of ûnrealistysk? Op himsels net, mar al sa't Tjerkstra dat docht. De ferbinende dialoochjes yn it no kamen op my frijwat ûnnatuerlik oer, om't se fergees besykje oannimlik te meitsjen dat dy twa manlju ta inoar reitsje. In foarbyld (side 14), Ralf begjint:

"Ik bin it net wend om mei ien op 'e selde keamer te lizzen, of it moast mei in frommes wêze."
"Dan hast it net troffen."
"Ik hie it minder treffe kind."
"Soa?"
"Wolst witte wêrom fansels."
"Ast it foar dysels hâlde wolst ..."
"Wêrom soe 'k?"
It liket pôdome wol in pearingsdûns fan twa fûgels! In tútsje, jonges! En dat dan fan twa manlju dy't inoar amper kinne. Hie dan dy tuskenbeurtsjes mar weilitten. Yn literatuer mei, moat men it ûnnatuerlike poneare sûnder it oannimlik te meitsjen.

It oare aspekt oan dy op himsels fraaie konstruksje is dat de twa manlju inoar sabeare inoars ferhaal fertelle. Dan ferwachtet men as lêzer ek de ik-foarm. Mar nee, de ferhalen fan Keimpema en Lanting binne út it eachweid wei fan 'e alwittende skriuwer, yn 'e tredde persoan skreaun.

Keimpema wurdt fierders delset as de idealistyske learaar mei in hert foar al dat earm en ferhûddûke is, Lanting de sakeman dy't skraachwurk oer de liken fan frou en bern hinne it winkelsukses neijaget. Foar't er siik wurdt, siet er mei in djoere hoer yn 'e auto. It hie aardich west as de learaar no krekt mei de djoere hoer op stap west hie, wylst de sakeman in saai en kein frijfeintelibben libbet. Mar nee, alle klisjees wurde wer befestige.

En al gau wurdt ek dúdlik dat de skriuwer mear affiniteit mei de sêftsedige learaar as de hurde sakeman hat. Sa krije wy wer it fan âlds bewende skema fan dieder (Lanting) en slachtoffer (Keimpema).

Keimpema wrakselet boppedat mei de "fragen des levens". Dêrmei komt de filosofy ek op it aljemint, en dat is foar de leafhawwers fan dy fragen en fan 'e filosofy wer aardich. Spitich is wol dat Lanting gjin tsjinwicht biede kin. De sakeman wit fansels neat fan filosofy. Hoe soe it ek! Ut ûndersyk hat ommers bliken dien dan sakelju neat fan filosofy witte en leararen alles. Mar lit ús ek dat klisjee mar efkes gewurde litte. It feit dat Lanting as klankboerd tsjinnet foar Keimpema syn filosofyske gewisseneed makket de roman wat asymmetrysk. De partijen binne net lykweardich genôch. De skriuwer stiet te ticht by Keimpema, en Lanting, dat de tsjinpoal wêze moatten hie, wurdt meastentiids degradearre ta oanjouwer, ta klankbuord fan Keimpema syn filosofyske gewisseneed.

As studint fan Nietzsche gean ik fansels graach yn op Keimpema syn gewisseneed. Keimpema begûn as folgeling fan Rousseau.

'As de minsken tichtby de natuer libben, wie der frede en lok. Mar as se in stek om in stik grûn setten en seine dat it fan harren wie, kaam der rûzje en op it lêst oarloch.'
Hy fernaam dat it yn de klasse begûn te rûzjen. Hoewol't foar himsels de skiednis fan Jean Jacques syn eigen ferhaal wie, hied er it net rjocht op 'e bern oerbringe kinnen. (96)

O sancta simplicissimus. Tichtby de natuer libje is lokkich libje! Minskeoffers, frouljusbesnijing, stamhademachtsmisbrûk! It is nayf en ûnwier te tinken dat dingbesit de boarne fan it kwea wêze soe - mar goed, moarn lit ik myn hûn út op Keimpema (Tjerkstra?) syn grûn - want as folgeling fan Rousseau wol er dy fansels net mear yn eigendom ha!

Om ûndúdlike redenen falt Keimpema foar Nietzsche. Dat is it begjin fan depresjes. In jierrenlange wrakseling mei drege al te drege fragen. Ik sis sels altiten: Nietzsche is spinaazje. In bytsje is krachtfoer, in protte fergif, en benammen foar folgelingen fan Rousseau. Keimpema seit oer Nietzsche (171): "in geniale gek dy't my beynfloede hat. Hy liet my dûnsje nei syn pipen." Op oare plakken stelt Keimpema himsels ek foar as wie er in slachtoffer fan Nietzsche. It giet my lykwols krekt wat te fier en jou in oar, boeken notabene, de skuld fan jo eigen depresjes.

En wat hat it kristendom mei de swakken by útstek, de oarstinkenden, dien? Utroegje, opbrâne, op letterlike brânsteapels of yn de hel fan binnen smoare litte. As eksegeet fan Nietzsche sis ik: it rjocht fan 'e sterkste wint altyd, mar it spul fan wa't de sterkste is wurdt hieltyd op 'e nij definearre! It kristendom hat gewoan oare definysjes fan sterk en swak makke en oplein. Der binne ek yn it kristendom winners en ferliezers. Winners binne dejingen dy't yn 'e himel komme (sokken "swak" neamme is misbrûk fan wurden, is propaganda): de ferliezers binne dy, dy't brâne yn 'e hel, sy dy't harsels net yn it kristlike stokramt ynterpretearje koene ...

De filosofyske tema's om it kwea hinne bliuwe ek wol wat abstrakt, en dêrom goedkeap. It tema fan 'e oarloch begjint allinne te libjen as it ferbûn wurdt mei in leafde fan Hidde (earder ponearre as toand) foar de Joadinne Ester dy't yn kampen sitten hat en der famylje ferlern hat. Likegoed bliuwt it dochs wat in fier-fan-it-bêd show om't it út twadde hân belibbe wurdt, en om't Ester dochs wat abstrakt, hast as in case-study, suver om Hidde syn wrakseljen mei it kwea te yllustrearjen, delset wurdt. Hidde K bliuwt dochs in teoretikus, dy't nea it kwea yn syn eigen libben, it kwea dat er bedreaun hat, oan de lêzer sjen lit, mar dat fan Ralf wurdt breed útmetten. Falsk spul!

Hidde syn bewûndering foar Bonhoeffer bliuwt ek wer suver yn it abstrakte. Bonhoeffer wie yn 'e finzenis ree om "de lêst fan dy fertrape minsken mei op 'e skouders te nimmen". Moai abstrakt. Hoefolle kilo waacht soks, dy lêst? Wat ik bedoel is, wat betsjut dat yn konkreto foar Hidde? Wy krije gjin foarbylden fan syn kwea en mar ien foarbyld fan syn 'goedens', dat er in learling Mark helpt dy't narre wurdt, yn in tige kleffe sêne op side 128-129. Mark bekent ûnder fjouwer eagen dat er gjin krante lêst, wylst it húswurk is om de krante mei te nimmen nei skoalle ta. In sitaat:

Mark die de holle foaroer. De ljochte krollen dêr't gjin kaam troch west hie, liken skomkopjende weagen dy't tsjininoar botsten.
'Lit mar.'
Hy soe oerein.
'Wy litte ús net pakke, Mark ... ast it leaver foar dy hâldst ....'
Der klonk wer in klap as út 'e djipte, in lûd dat earst gjin bylden oprôp, mar in reinbôge fan kleuren dêr't allinnich it read fan oerbleau. Dêrtrochhinne kamen twa gesichten, earst dizenich, stadichoan klearder, oant er gewaar waard dat syn eigen en dat fan Mark yninoar oerrûnen.

Klef! As wie it in sublimearre beskriuwing fan in orgasme! Ik bespeur in swier sublimearre homo-eroatyske komponint. En as wy betinke dat Keimpema nea troud west hat ... En ik bespeur in suver eroatyske fasinaasje fan Keimpema foar de lijende minsken, dy't wy fan Reve sa goed kenne, en fan katoliken dy't foar byldsjes fan 'e lijende kristus oer yn ûnstjoer reitsje. Sawol Mark as Ester, de wichtichste leafdesobjekten foar Keimpema yn dizze roman, binne by útstek lijende minsken. Foar Ralf oer bliuwt Keimpema lykwols kâld, sels as Ralf blyk fan emoasje foar him toant.

Foar de spanning yn it boek is it spitich dat Keimpema syn filosofysk ferhaal dwaan kin, sûnder dat Lanting him tsjinsprekke mei. It hie spannender west as Lanting him mear útdage hie, ynstee fan as oanjouwer foar Keimpema fungeare te moatten. Ik mis ek de wiere humor. Ralf Lanting moat foar sabeare relativearjende opmerkingen soargje, mar relativearjende opmerkingen is net itselde as it wiere laitsjen, as humor. Benammen de sintrale figuer Hidde Keimpema wurdt troch himsels en troch de auteur fiersten te serieus nommen. Ralf Lanting wurdt dêr foar oer in stik killer en dêrtroch helderder beskreaun.

Yn it begjin fan it boek steane de ûnderfiningen fan Keimpema op 'e foargrûn, los fan syn lettere filosofyske ûntjouwing. Dêr blykt de krêft en geheime spesjaliteit fan Tjerkstra op syn bêst: symbolisme. Krekt sa't Dickens in barren, in ding in symboalyske lading jaan kin, dus dat it ferhellet fan in oar, in psychologysk barren, sa kin Tjerkstra dat ek. Troch de roman hinne spylje de symboalen fan it spoar en de lokomotyf, it byldsje, it saaien fan stientsjes oer it wetter in wichtige rol, dy't de roman in gearhing jouwe boppe it programmatyske en artifisjele út. Allyk wie der yn "Ridder fan Snits" by riten sprake fan sterke symboalyske sênes.

In foarbyld. It bern Hidde Keimpema moat fanwege in regelmjittige skoallegong by omke en muoike útfanhûzje. Syn âlden binne altyd mei de boat ûnderweis, foar de breawinning. It spoar dat er alle dagen sjocht is symboal fan 'e skieding, fan in wiffe faaie ferbining. It byldsje dat er fynt wurdt foar de jonge symboal fan syn wil om himsels steande te hâlden yn de fijannige húshâlding fan syn omke-en-dy. It saaien fan stientsjes fan Ralf is symboal fan dy syn lichtens, behindigens en wil om te slagjen. En sa mear! Dy symboalen komme hieltyd werom yn it boek en soargje foar in hecht literêr stiksel. Dat alles oertinkende seit de resensint: klef, mar dochs boeiend ...