Eric yn Albertinalân

Besprek fan Albertina Soepboer "De Twirre yn 'e Tiid"

Eric Hoekstra (Hjir 28-1, 3-5, 1999)

1. Oer lêzen en resinsearjen
It lêzen fan in dichtbondel skreaun troch in oar as dysels, sterker noch, troch in frjemd, is in aventuer, in ferkenningstocht. Oan 'e iene kant lit men ynformaasje út in frjemd perspektyf ta: dat is iepen stelle. Oan 'e oare kant wurdt dy ynformaasje ynpast yn it eigen perspektyf: dat is ferwurkje. It is dus net in kwestje fan objektyf foar subjektyf oer, lykas wol foarspegele wurdt: want der binne gjin akseptearre en kleare noarmen om boeken te beöardieljen ûnder wurden brocht. It is gjin kwestje fan "oardiel", krekt as wie it in rjochtbank: want der binne gjin akseptearre wetten. In resinsint docht oars net as fertelle oer syn smaak. It is it ferslach fan syn ferkenningstocht, en hoe't hy it seach. In goede ferkenner sjocht nei it unike fan in lânskip. In goede ferkenner lit him net troch ien emoasje ferliede ta in stereotype. Hy spilet al syn emoasjes en al syn foaroardielen tsjininoar út om mar sa fier mooglik yn frjemd lân troch te kringen. Wyt er wêr't er wêze moat? Nee, dus hy springt en hy sliept, hy laket en hy gûlt, hy flokt en mislediget en sjocht dan hoe't de gedichten dêr op reagearje. Dat is oant dêr oan ta. It slimste is lykwols foar de resinsint: hoe skriuwt er alles spannend op?

2. Yn Albertinalân
Doe't ik foar it earst it lân yngie, krigen tsjinstridige fiellingen my yn 'e besnijïng. De distânsje ta de lêzer is enoarm, it is tagelyk moai fan lûd en fernederjend yn syn distansearre betsjutting. Myn dwersigens mei my net ta ûnfundearre mieningen ferliede. Taim-out: tiid om analytysk te wurk te gean om te behinderjen dat myn lilkaardigens, wekker makke, alles om him hinne ferniele soe. Ik makke in tal observaasjes en wjerstie de oanstriid en oardielje.

1.
Der sit gjin humor yn, gjin grap, gjin dûbelde boaiem. Der wurdt net lake yn 'e gedichten. (Wannear moat der humor yn gedichten sitte? Wannear moat der lake wurde yn gedichten? Ik sil dy fraach net beänderje ... )
2.
Der sit gjin eksplisite utering fan leafde of haat yn 'e gedichten, dus, gjin útroppen ("ferduld"), gjin sênes dêr't in emoasje de haadrol spilet, gjin streekrjochte utering fan haat ("do moatst dea") of leafde ("ik wol dij"): wol beskriuwingen fan liiflike ferieniging, striid. It tema is lykwols wol de relaasje tusken: emoasjes troch meast machtsstriid mei 'bêdpartners', persoanlike ûntjouwing en poesy. Alles is ynstrumint foar persoanlike ûntjouwing, werjûn as poëzy.
Yn dizze ôfstanlike poesy wurdt justjes noch de emoasje wredens neamd en de emoasje ferachting suggerearre. Dy beide emoasjes binne it minst distansearre.
Wredens: "Dat is de wredens fan leafde dy't ik betink / asto my sjochst en it liif him bûcht nei it / ûnûntkombere. Der is gjin kar as wrede wille".
Ferachting: "Safolle dat ik sjoch. Dy iene dy't oan it / grien fertelt hoefolle er noch om my jout, / in oar fersûpt him yn 'e fiver, wer in oar / himet as in hûn tusken myn tosken en de lêste / set my tsjin in beam om langstme te bewizen."
Der wurde net neamd of direkt as tema jûn: bewûndering, begrutsjen of oergeunst.
3.
It giet nea oer oaren. Dizze hypersubjektive poesy giet allinnich oer de protagonist, lit ús sizze, de dichter sels. It giet dus net oer maatskiplike saken, oer earmoed of sosjale belutsenens.
No't ik myn earste stereotypen oerwûn ha, brekt ynienen ynsjoch troch. Dit is symbolistyske poesy. Net om 'e nocht wurdt it tredde part ynlaat troch in sitaat út 'e iere Yeats, in sitaat dat dreamt fan in klúznerslibben (speaking of hypersubjektiviteit!). En dan de smaak fan dizze poëzy. It docht tinken oan Roland Holst, noch mear oan Rilke, ja Rilke is de dichter dy't mei dizze it naust besibbe is, net Yeats!
4.
Der wurde hieltyd bylden oproppen, bygelyks fan in frou dy't oan 'e knibbels yn it wetter stiet. De symboalen kinne kleuren wêze, byg. "Mar yn dyn eagen lês ik glêshelder / it oker en it koper" (9), "Sa ferrein ik stadich mei it oker," (13). It earste mysterieuze brûken fan oker wurdt letter assosjerre mei it konkrete oker fan fergielde blêden yn 'e hjersttiid. In krêft fan 'e poesy is dat mei de symboalen gauris in byld makke wurdt dat it symboal ferdútst: sa bliuwt it symboal net as wat ûnbegryplyks yn 'e lucht hingjen. De wikseling fan jiergetiden wurdt brûkt as symboal foar feroaringen yn persoanlike ûntjouwing en yn relaasjes ta partners.

De relaasjes ta partners is in striid. Of de protagonist ferliest harsels: "Se lit har betsjoene, / fertelst har fierder fan hûs. / Oant se baarnt / en baarnt fan 'e tûzen nammen dy'tsto neamst." (26).
Of de protagonist wint: "do rinst op my ta, mar ik brek dy, kear op / kear." Manlju wurde ornaris net brutsen yn frouljuspoesy.
Mar der binne ek freedsume leafdesmominten lykas oan 'e ein, of fjoerige mominten dat de protagonist op sie jaget: dat is wat oars as in passive befruchting. Der is in ôfwikseling fan mominten: fan oerwinning, fan nederlaach en fan stiltme.
De keazen foarm is in symbolisme dêr't it weromkommen (rekurzje) fan symboalen of frasen in grutte rolle spilet: tsjoen troch werhelling. It earste gedicht hat as earste en lêste regels: "At ik alles wit fan de ierde / sil ik weiwurde yn 'e tiid. ... At ik alles wit fan 'e ierde / sil de tiid yn my weiwurde." En oan 'e ein "Sy wit alles fan 'e ierde en de tiid / is yn har weiwurden. De twirre begjint." Ek yn 'e poesy fan Yeats wurdt werhelling brûkt om de wurden tsjoen te jaan. En de twirre is sels it favorite symboal fan Yeats ("gyre", de spiraalfoarm). De "gyre" fan Yeats is it symboal fan wurding (yn Yeats syn útlis fan syn tinken "A Vision" brûkt er it symboal sels foar in teory oer de wurding fan it libben yn 'e tiid), krekt lykas it tema fan dizze bondel as tema "wurding" hat.
De dichter hat mei de iere Yeats it symboalistyske en de tsjoen fan werhelling gemien. It retoaryske fan Yeats is lykwols ôfwezich. In regel as "Why should I blame her that she filled my days / with misery, or that she would of late ... " is ûnfoarstelber yn dizze bondel. It prosedee fan 'e dichter is it byinoar setten yn ferfrjemdende konstellaasjes fan ienfâldige eleminten: "Sa weeft in ferhaal / troch wynwetter. Tusken tou dûnsje / triedden fan fleis, komt in frou foarby." In ferhaal, wyn, wetter, triedden, fleis, frou: ienfialdige eleminten gearbrocht yn in ferfrjemdende kombinaasje: dat is wat my oan Rilke tinken docht.
Ik slút ôf mei in sitaat dat ik moai fyn en dat ik karakteristyk achtsje: "Hoe net te bidden om moed, / him oan te roppen, mei him te riden. / Troch de dei troch de nacht draaft it, / myn liif fol flamjend sie. Skonk om / skonk, fjoer om fjoer wjerljochtet it. / Oant it ferskroeit, de letter ynslacht."

3. Werom yn Ericlân
It falt my al ôf dat de poesy fan Albertine Soepboer gauris net rimet, dat hied dochs folle moaier west (just kidding). Gau, gau spikerbroek en skipperstrui út: it klownspak kin wer oan. Ik mei wer waaie en gekoanstekke en aktearje en boartsje. Bin ik te koart yn it frjemde lân west? Bin ik te gau foar langst nei it heitelân (mysels) omlizzen gong? Hoe sil dêr yn oare lannen oer tocht wurde? "Frjemd bloed is slim te begripen; ik haatsje de lêsloikerts" (Nietzsche / Sarathûstra / Oer lêze en skriuwe). Lêzers, nijsgjirrich wurden? Lês dy gedichten dan sels!